svb.gif
Kleasterterrein mei Krústsjerke
De krústsjerke foar de restauraasje, mei in fine wite streep is it plak dêr't it kleaster stien hat oanjûn

SKIEDNIS FAN IT BERCHKLEASTER

 

 

DE REGULIERE KANUNNIKEN OF KOARHEREN

 

Doe`t yn 1974 it nije part fan it tsjerkhôf yn oarder brocht waard, moast it alhiel út groeven wurde, omdat de grûn dêr fol siet mei pún fan in grut gebou.

Op dat plak stie foarhinne it kleaster "Sint Nicolaas", fan de reguliere kanunniken fan st. Augustinus. 

It wie neffens de ideeën fan de roomske tsjerke net goed dat in geastlike omgong mei in frou hie. Mar as in pryster allinne libje moast mei in húshâldster, dan wie de ferlieding grut. Dêrom dat men der in gewoante fan makke dat prysters oan grutte tsjerken, meiinoar yn gemienskip wennen neffens foarskriften, dy`t Augustinus makke hie foar groepen mienskiplik libjende manlju. Dy rigels waarden letter noch in pear kear oanskerpe, mar wienen dochs net sa strang, as dy fan oare kleaster oarders.
Dat koe ek hast net omdat hja, as prysters ek oan sielesoarch dienen, en dus net bûten de wrâld sletten wienen, sa as de bedoeling fan oare kleasters wie.

Kanunniken komt fan canonici, canon is latyn foar regel, en de minsken dy`t harren oan dy regel hâlden hieten regulieren, yn ûnderskied fan oaren dy`t wol libben fan in ynkommen út harren gemienskip, mar der net yn libben, en dêrom seculieren neamd waarden.
Dizze reguliere kanunniken wurde ek wol Augustijners neamd of koarheren, omdat harren foarnaamste wurk it sjongen yn tsjerke wie. De froulju hieten moniales, regularissen of Augustinessen. It lêste kleaster fan dizze oarder yn Nederlân is dat fan de Augustinessen yn Ravenstein.

Wienen de regels eins bedoelt foar prysters oan kathedrale tsjerken, wat moasten dy kanunniken dan op it plattelân, dêr`t allinne mar lytse doarps tsjerken binne dy`t krekt of kwalik in geastlike ûnderhâlde kinne.
No dat wie it no krekt. De doarps pastoar moast boer en geastlike tagelyk wêze en faaks noch hiel wat mear, as ienige dy`t lêze en skriuwe koe yn`e doarpsmienskip. Syn húshâldster wie tagelyk boerinne, en fan har hong de kwaliteit fan bûter en tsiis ôf, en dus it ynkommen.
Fan in betelle krêft koe men net itselde fergje as fan eigen. De pastoar moast dus ien fan beiden trouwe, of omheukerje mei boaden. Syn parochianen hienen fierwei it leafst dat er troude. Yn Fryslân wienen dan ek in protte pastoars troud.

De kanunniken kleasters beaën in oplossing foar geastliken dy`t dit net woenen. Yn it kleaster koenen de prysters fan de doarpstsjerken út de omkriten harren gelofte fan celibaat heechhâlde, en foar lytse en earme parochys wie it in útkomst, hja mochten yn ruil foar de ynkomsten út it pastoarsguod in pryster út it kleaster kieze. De pastorije pleats waard dan ferhierd.
Sa betsjinne it kleaster fan Burgum neffens in oarkonde út 1328 de parochys Grou, Warten, Suwâld, Tytsjerk, Noardermar, Eastermar, Hamorke, (Himrik?), Gerdekerka, (Gytsjerk?) en Suedbergahusum. (Burgum?) (S&Y 184)
Yn dy tiid moatte der dus wol mear as tsien kanunniken yn it kleaster tahâlden hawwe. want as regel mocht de prior net in parochy betsjinje. (B&B 35)

Hja hienen in tige drok libben. Hja moasten op de horae canonicae, de geregelde oeren yn tsjerke wêze. Moarns om fjouwer oere, klepte de klok foar it tarieden foar de earste tsjinst(matutina), dan kaam elk der ôf en makke him ree en wachte lêzend op it twade teken, dan gongen hja yn twa rigen, de jongsten foarop, nei de tsjerke. De earste tsjinst duorre meiinoar sawat in oere en foarmen de matutina en de prima yn ienen. Om seis oere gongen hja werom nei harren sellen en begûnen oan harren deistich wurk meast it skriuwen of oerskriuwen fan boeken. Om sân oere klipte de klok foar de folgjende tsjinst, de tertia, elk lei syn wurk del en makke him ree, troch fromme oertinking of it lêzen fan in stichtlik boek, oan`t de klok foar de twadde kear klipte, en elk him wer op syn plak yn de rige opstelde foar de twadde gong nei tsjerke. De terts duorre sawat in heal oere en as dat ôfrûn wie wie der sprekferlof, dat wol sizze dat se dan efkes meielkoar prate mochten oars wie dat net tastien of it moast fanwege it wurk of de sitewaasje needsaaklik wêze. It sprekferlof duorre oan`t om sawat acht oere it earste teken foar de sexta klonk en elk him wer yn syn sel tebek luts om him geastlik ta te rieden op de folgjende tsjinst. Sa wikselen tsjerke tsjinsten en wurk elkoar ôf. De tiden wienen blykber net altyd en oeral gelyk, simmer en winter makke ferskil, en de tiid fan iten, meast healwei alven, as men teminsten iet, want op fêsteldagen en yn de fjirtich dagen fan it fêsten waard der mar ien kear iten, oars twa kear. Meastal waard der om healwei alven iten. Krektlyk as nei de tsjerke tsjinsten gie men neidat de klok it teken foar it iten jûn hie yn`e rige nei de ytseal, it refter en wachte dêr foar de doar oan`t de tafelskille fan de prior it sein joech dat hja der yn mochten, swijend gyng elk op syn plak sitten. Wylst der iten waard, waard der foarlêzen, der mocht dus net praat wurde, der mocht net klage wurde oer te min, te folle, of de smaak fan it iten. Nei it iten gongen hja sjongend de ytseal út nei de tsjerke foar it Gratias. Dat moast om alve oere dien wêze. Tusken alven en tolven mochten hja yn`e simmer in oerke sliepe. Om tolve oere gienen se wer oan it wurk oant om trije oere it earste teken foar de vesper jûn waard dan moast elk him wer ree meitsje foar de tsjinst dy`t om healwei fjouweren begûn. Nei de Vesper oant it earste teken foar de collatie of it jûnsmiel wie der wer sprekferlof. Om healwei fiven gie de klok foar it earste teken foar de complete en gyng elk wer nei syn sel om him derfoar ree te meitsjen. Om healwe seizen waard der wer iten. By`t simmer in waarm miel, behalve op fêsteldagen en by`t winter dan kriich men wat te drinken, bier mei wat bôle. Nei it iten gienen hja wer meiinoar nei tsjerke om de dei te besluten. Om sân oere lei elk op bêd. Opbliuwe wie ferbean. (Acq I 164-167)

It sjongen yn it koar wie foar harren tige wichtich. Hja dienen tige flyt op de kwaliteit. Wa`t net sjonge koe hie net folle kâns opnaam te wurden ek al wie er pryster, (Acq I 106(5)) Oarsom, guon dy`t gjin geastlike wurde koenen, mar wol de oplieding hienen en goed sjonge koenen, waarden wol opnaam. Hja waarden redditen neamd en stienen op it leechste plak yn it koar, ûnder de jongste kanunnik. (Acq I 106)  

WAT DER MEAR WENNE EN BARDE YN IT KLEASTER. (Acq I 108 144)

 

De prior, foar 1450 de proast, hie de geastlike lieding fan de gemienskip. Hy hie absolute macht, der barde neat yn it kleaster bûten him om of sûnder syn goedkarring (Acq I 131, 132)
Hy hearde de kanunniken ienris yn`e wike de bycht, de conversen ienris yn`e fjirtsjin dagen, hy klaaide de nije bruorren yn, betsjinne de stjerrenden, en begroef de deaden.
As fertsjintwurdiger fan fierwei de grutste lâneigener yn de omkriten, hie hy ek bûten it kleaster ferplichtingen, mar hy mocht likemin as de oare kleaster bewenners allinne bûten it kleaster komme, hy moast him dus altyd beselskipje litte troch in convers of in likebroer.
De gearkomsten fan Eastergoa waarden faak hâlden op harren úthôf it Barrahûs en sa sil de prior dus ek wol as fertsjintwurdiger fan Eastergoa de lândagen by wenne hawwe, of de Upstalbeam op pinkster trije.
It ferdrach fan Appingadaam, fan 1338, nei de seisjierrige oarloch yn`e Ommelannen, dat mei de stêd Grins sletten waard om de muntslach te regeljen, is mei ûndertekene troch de proast fan Burgum. (HWS II 135)
En hy tsjinne yn syn omkriten as notaris, dy`t kontrakten en neilittenskippen fêstlei, net allinne foar it kleaster, mar ek foar tredden. (HS 558 11, 86-90)
Doe`t it kleaster him oansleat by Wyndesheim moast hy dêre de jierlikse gearkomsten fan it algemien kapittel bywenje, de twadde, letter de tredde snein nei peaske. (VD I 50) 

De subprior. As de prior ôfwêzich wie, waard hy ferfongen troch de subprior = ûnderprior. Dy hie salang as de prior ôfwêzich wie it selde gesach as dy, mar hy mocht allinne mar beslisse oer dingen dy`t beslist net wachtsje koenen, alle oare dingen wachten oan`t de prior werom wie. En as dy werom kaam moast de subprior him en syn begelieder de bycht hearre. (Acq I 133)

De procurator. De saaklike lieding fan it kleaster wie yn hannen fan de prokurator = fersoarger. Hy moast soargje dat it kleaster as bedriuw goed draaide. Der wie mear as trijetûzen pûnsmiet lân mei fansels ferskeidene pleatsen, foar`t grutste part ferhierd, mar guon ek yn eigen gebrûk.
Dêr wie in hiel kompleks gebouwen, dat ûnderhâlden wurde moast, ek it ûnderhâld fan de tsjerke, wol net alhiel foar rekken fan it kleaster, sil dochs wol ûnder syn behear west hawwe. Hy kocht en ferkocht foar it kleaster. Hy hie it tasicht op it wurk, betelle de losse arbeiders út en as der troch likebruorren of conversen wurk foar tredden dien wie, barde hy harren lean yn, want nimmen mocht eigendom fan himsels hawwe. Omdat hy it measte mei de likebruorren en losse arbeiders te dwaan hie, wienen dy dan ek oan syn geastlike fersoarging tabetroud. Lykwols mocht hy neat dwaan sûnder tastemming fan de prior.
Fan syn behear moast hy ienris yn it jier ferslach en ferantwurding dwaan oan it konvint en syn ûntslach oanfreegje, as alles nei winsk wie, koe hy op`e nij beneamd wurde, oars waard der in nijen keazen. (Acq I 134)
De cellarius of keldermaster ek wol kellenaar, meastal ien fan `e conversen, stie fuort ûnder de prokurator. Hy gie oer de kelderfoarried, en behearde de bakkerij, de brouwerij en de keuken.

De refectorius hie de ytseal, "refter", op syn noed. Hy moast soargje dat it iten op`e tiid ree stie, behearde it itensreau, soarge dat it wer skjin kaam en opburgen waard. Hy ferdielde it iten, soarge ek dat de siken op`e sikeseal harren part krigen. Hy moast soargje dat alles perfekt ynoarder wie want der mocht ûnder iten net praat wurde. By syn wurk waard hy bystien troch de hebdomadarius de broer fan`e wike yn in grut kleaster wienen der mear as ien, dat wie in wurkje dat elk ombar dwaan moast.  

De vestiarius soarge dat elts goed passende klean hie, en dat dy op`e tiid wer skjin en hiel kamen. Ek fersoarge en behearde hy it bêdeguod. Ôfbyldingen fan it habyt fan de kanunniken fine we yn (MW I 124, 151, 152, 153. MW III 226, 227 en fan de regularissen MW 238 en VD I 353), en yn H. van Vliet e.o. Burgum Wâld en Wetterdoarp side 151.  

De infirmarius wie de sikenferpleger. Hy paste op de siken yn de sikeseal`infirmarium', en fersoarge se sa goed mooglik. Hy warskôge, as der ien siik wie, altyd de prior en as dat nedich wie de dokter of de sjirurgyn, hy lies de siken foar, bea mei harren, en soarge dat hja harren medisinen krigen. As de sike opknapte gie hy nei de rêstkeamer `valetudinarium` en bleau dêr oan`t hy wer oan`t wurk koe.
As it minder waard mei de sike, dan soarge de sikeferpleger dat alles klear stie foar de lêste sacraminten, en as de sike stoar, makke hy him ree foar syn begraffenis.

De custos sacrarii, sacristein, de koster, moast soargje dat alles yn de tsjerke klearstie foar de tsjinsten. Dat alles wat brûkt wie wêr opburgen waard en klean en doeken skjin en hiel wienen. Hy moast de klok liede foar de tsjinsten. Soargje dat de kearsen brânden, dat der op`e tiid nije kamen. Fjouwer kear yn it jier moast de tsjerke skjin makke wurde. En hy moast soargje dat de doarren op`e tiid iepene en sletten waarden.  

De cantor hie de lieding fan it koar, hy sette yn, joech it tempo oan. Hy makke in roaster op fan elk syn tsjinsten yn sjongen en lêzen, regele de prosessy`s en hy hie noch in ferfanger, de succentor, dy`t him ferfong as hy behindere wie.  

De librarius stie noed foar alle boeken dy`t net ta de tsjerke tsjinst brûkt waarden. Hy moast dêr in list fan byhâlde, geregeld kontrolearje of se der allegear noch wienen en ek de prior fan in list foarsjen, sa dat dy him kontrolearje koe. Hy mocht sûnder tastemming fan de prior gjin boeken bûten it kleaster útliene. Joech dy tastimming dan mocht hy it boek útliene tsjin in ferklearring fan ûntfangst of in ûnderpân.

 

Hânskriften Der binne noch twa hânskriften behâlden bleaun dy`t yn it Burgumer kleaster skreaun binne.
It âldste is it hânskrift 588 fan de Stedsbybleteek te Brugge.
It befettet neist allerhande oantekens, in traktaat fan Robert Grosseteste biskop fan Lincoln oer de sân haadsûnden, in kursus briefskriuwen, in protte model brieven foar de korrespondinsje mei it kapittel, ferskate preken, oanmoedigingen, beskôgings, ensfh. Gjin wichtich histoarysk nijs.
Der steane in oantal datearre stikken yn fan 1450 oant 1464 en de koerslist op side trije waard troch pref. Van Gelder ek datearre op 1464.
Der is troch my in ôfskrift fan makke en in oersetting. De oersetting komt yn febrewaris 2006 út ûnder de namme Oantekens út it Berchkleaster as in útjefte fan it Streekmuseum.

Yn it hânskrift dat yn it kleaster yn Burgum skreaun is om 1464 hinne, en dêrt allerhande oantekens ynsteane, fine we ek in list mei jild wearden, dat kin der op wize dat it kleaster ek as bank fungearre, ek yn in brief is sprake fan winst út it jildwikseljen. Dêr steane ek listen yn mei krûden foar de siken en materiaal foar de sjirurgyn. Mei grûnstoffen foar ferve byg. om muorre skilderingen te meitsjen. Mei stoffen foar klean, mei materiaal foar de keuken, net allinne foarrieden, mar ek koper om potten en pannen út te meitsjen en kandlers fan te jitten en om bierbroutsjettels fan te meitsjen.
Hja kochten iik om lear te touwjen, izer en houtskoal foar de smid, hout foar de timmerman, estrikken, laaien, glês en lead. Blykber materialen foar nijbou of in ferbouwing.
Dêr steane ek oantekens yn oer it brânen fan kalk en it brouwen fan bier. En materiaal foar in grutte ferbouwing fan de mûne. Út dizze listen blykt dus dat it kleaster oan turfwinning, oan kalkbrânen, leartouwjen, timmerjen, smeien en bierbrouwen die. It hie in koarnmûne, in krûdetún, in apteek, in sjirurgyn en heechst wierskynlik in skoalle en in hospitium, in ûnderdak foar de geande en de kommende man. (HS 558 3-7)

Hânskrift nr 12078 yn de Keninklike bibleteek te Brussel.
(M. M 6 nr 18 75-78) is in gebeden boek, it is mar 86 x 57 mm, mei opskriften yn read. Initialen, dat binne de fersierde earste letters, yn read, goud en blau. Op`e lêste side stiet it jiertal Anno Domini M CCCC XCVI. (1496), dêrûnder min lêsber: Dit boeck . . . . berent. . . ij. . . ende heft ghescreven broeder . . . . us regelleer to berghum ende men salt neet vercopen. 

Dat is alles dat der oant no ta weromfûn is fan de boeken út it kleaster. It is net ôfbaarnd of troch in ramp ferwoaste. By de oerdracht oan de biskop moat der dochs in regeling oer de boekerij troffen wêze, boeken wiene doe noch folle weardefoller as no. Dat der twa yn België terjochte kaam binne, jout hoop dat der hjir of dêr noch wol mear foar it ljocht komme kinne. 

 

De portarius wie de portier. Hy wenne yn of by de poarte, yn Burgum sille se wol twa portiers hân hawwe want der wienen twa poarten, in súder en in noarder poarte. Hy moast soargje dat de poarte by nacht ticht wie en by deiljocht wer iepen kaam. Hy moast elkenien freonlik te wurd stean, hy dielde iten en jild út oan de earmen en biddelers. Hy mocht nimmen dy`t net yn it kleaster thús hearde der ynlitte sûnder tastimming fan de prior. En dy yn it kleaster wennen moasten foar poarte sluten binnen wêze.  

De hospitarius fersoarge de gasten fan it kleaster, dêr waarden hege easken oan steld, hy moast in ynnimmend en ûntwikkele man wêze, dy`t mei elkenien prate koe en op passende wize beuzich hâlde. Hy moast de gasten de fuotten waskje en as hja dat net woenen, soargje dat hja waarm wetter krigen, dat hja it sels dwaan koenen. Hy moast harren sa goed mooglik fersoargje, mar as immen nei in kleasterling frege, dan mocht hy him der net hinne bringe, mar moast de prior warskôgje, of`t dy de persoan dêr`t nei frege wie, stjoere woe. Froulju mochten der net yn, mar de hospitarius soarge wol, dat hja in goed ûnderkommen yn it doarp krigen.  

Prior, subprior en cantor wienen kanunniken, de oaren hoechden gjin geastliken te wêzen en dat koe dus ek dien wurde troch conversen of likebruorren.

Conversen, wienen de wurklju, ambachtslju en it leger fan it kleaster. Hja hienen de geloften ôflein: besitleasens, keinens en hearrigens, mar wienen net geskikt ta of oplaat foar geastlik of letterkundich wurk.
Hja soargen dat de kanunniken de hannen frij hienen ta skriuwen, bidden en sjongen en pastoraal wurk en dy beaën en songen dan ek foar harren.
Inkelen brochten it letter ta kanunnik. Yn de Wyndesheimer tiid waard it tal conversen dat yn in kleaster opnaam wurde mocht, beheind ta acht. Earder wie it faak folle grutter.

Donaten, siz mar goedgunders, wienen minsken dy`t al wat hja hienen oan it kleaster skonken, yn ruil foar in fersoarge âlde dei. Salang`t hja koenen moasten hja mei helpe yn alle foarkommend wurk. Hja mochten it kleaster ek wol wer ferlitte, mar neat werom easkje. Der mochten net mear as fjouwer donaten tagelyk yn it kleaster wêze.

Likebruorren of familiaren dienen it selde wurk as de conversen, mar hienen minder bân mei it kleaster. Hja seinen hearrigens ta oan de prior en trou oan it hûs. Hja wienen frij te gean as hja harren nocht hienen, krigen dan werom wat hja ynbrocht hienen, mar gjin lean of rinte.

Hierlingen of mercenarii wienen de losse arbeiders, oannaam foar tydlik wurk fan allerhande soart. (Acq I 106-124) 


 

EAT ÚT DE SKIEDNIS FAN IT KLEASTER.

It kleaster yn Burgum wie stifte fanút it kleaster "Sint Martinus" better bekend as Lúnjetsjerk (Ludinga tsjerke) ûnder Achlum fuort by Harns. Lúnjetsjerk sels is stifte yn 1157. In krekte stiftings datum is (noch) net bekend. It formaat fan de stien oan it kleaster en de earste ferbouwing fan de tsjerke, komt goed oerien mei de tiid dy`t Douwama neamt, om 1180 hinne. Dat betsjut dat hja fuort begûn binne mei it bouwen fan in grut kleaster en dat de tsjerke dêr by oanpast is. Dy tsjerke hie dêr al langer stien en wie nei skatting al hast hûndert jier âld. It wie de tsjerke fan Noardermar, (B&B 5) en fan Súdbergahusum.
Earst yn 1292 komme we Burgum tsjin yn in oarkonde. It is dus net wis dat dat doe al bestie.

Neffens in meidieling fan Janco Douwama ferfarden de regulieren yn 1187 fan Barrahûs ûnder Wurdum nei Burgum. (S&Y T 183) Mar prof. Joh Mol bestriidt dat yn in artikel oer it kleaster fan Burgum en syn úthoven en tinkt dat Barrahûs syn namme oan Barraconvent te tankjen hat.
It Barrahûs, wie in in stins mei in kapelle, oan de útmûning fan de Luts of it Alddjip yn de Middelsee. It wie in úthôf fan it kleaster dat brûkt waard foar de gearkomsten fan de Westergoa en Eastergoa, en dêr't de oarkonden bewarre waarden in soart kânselarij dus.

It kleaster mei syn besittingen en úthôven. (út Mol: Uithofsysteem)

It kleaster mei syn úthôven

Yn 1338, doe`t troch it begjin fan de hûndert jierrige oarloch, oan de rêst yn eigen lân wurke wurde moast en tagelyk op de selde lândei in ferbûn mei Frankryk sletten waard tsjin Hollân, Gelre, Gulik en de keizer, dy`t op`e hân fan Ingelân wienen, kamen we de proast fan it Berchkleaster tsjin as ûndertekener fan it muntferdrach.

Earst yn 1399 hearre we wer fan it kleaster, en dat is gjin min teken, want doe krekt as no wie goed nijs meast gjin nijs, sa dat je fan kleasters meastal hearre troch rampen en reboeljes en dy wienen it Berchkleaster blykber besparre.

Yn 1399 beoardere Albrecht fan Beieren, krekt efkes baas yn Fryslân, dat de nonnen fan it Barraconvent in Dominicaner as pater (rektor) nimme moasten. Dêr sil wol in polityk luchtsje oan sitten hawwe, mar sa wurde wy gewaar dat it yn Burgum om in dûbelkleaster gie.

Wer`t de Augustinessen yn Burgum krekt tahâlden, of`t hja yn in fleugel fan it selde gebou wennen of earne oars binnen of bûten de muorren fan it kleaster is net bekend.

De ynfloed fan de Ljouwerter Dominicanen bleau lykwols, ek doe`t Albrecht allang wer tebek lutsen wie, bestean. Der is in oarkonde fan de paus yn 1412 dat de Dominikaner Nikolaas Heerkini, proast fan it konvint yn Burgum waard en dat dêrfoar de eardere proast Hoytatus frijwillich ôfstân die. (MW III 154)

Dy selde Hoytatus blykt letter proast fan it kleaster Anjum (MW III 124) en administrateur fan Lúnjetsjerk te wêzen (MW III 306) en hy wurdt troch de Wyndesheimer kronykskriuwer Busch, tige priizge foar syn herfoarmings wurk yn Eanjum en Lúnjetsjerk, sa dat we nei de reden fan dizze wikseling riede moatte.

Dat we fan it wurk fan Hoytatus yn kleaster Eanjum en Lúnjetsjerk hearre, hat te meitsjen mei de herfoarming dêre troch it kapittel fan Wyndesheim. De kronykskriuwer spuit raar guod oer de misstanden foaral yn Lúnjetsjerk, dat yn 1428 oergie nei it kapittel. (B&B 31, Acq III 92)

Yn it gemeente argyf fan Grins is in oarkonde mei segel fan it kleaster yn Burgum, mei it opskrift, S CVETVS CANONIC REGVLAR IN BERGUM, sigilum conventus canonicorum regularium in Bergum, segel fan it konvint fan de reguliere kanunniken yn Burgum. (MW III 152) It hinget mei in hiele protte oare segels oan it lânfrede ferdrach fan febrewaris 1422. In frede dy`t foarlopich in ein makke oan de binnenlânske ûnrêst, dy`t ûntstien wie, nei dat de fetkeapers mei Albrecht fan Beieren yn`e mande dien hienen. In frede foar hiel Fryslân fan de Sudersee oant de Wezer.

Yn 1450 is it kleaster yn Burgum ek by it kapittel fan Wyndesheim, mar it komt yn`e kronyk net foar, en dat sil wol betsjutte dat dêr gjin misstanden fan betsjutten wienen.  

IT KAPITTEL FAN WYNDESHEIM.

It kleaster Wyndesheim by Swolle wie it sintrum fan de"Moderne Devotie" yn de Nederlannen. It wie stifte troch de "Broeders des Gemenen Levens" út Dimter, de folgelingen fan de seculiere kanunnik Gerrit de Groote, dy`t nei syn bekearing, syn prebendes opjoech en syn hûs iepenstelde foar earme minsken dy`t mei him God tsjinje woenen, en sels fierder libbe yn úterste ienfâld en earmoed en troch it lân swalke as boetepreker, dêr`t hy gâns meistanners en gâns tsjinstanders troch kriich.

Yn Dimter samle hy in groep meistanners om him hinne, dy`t har ferienigen ta in mienskip fan bruorren fan it mienskiplike libben. Nei syn dea stiften dy it kleaster Wyndesheim, dat in sintrum waard, wêrútwei in protte kleasters herfoarme waarden, dy`t har ferienigen ta it kapittel fan Windesheim. In ferieniging fan wol 80 kleasters fan kanunniken en augustinessen, ûnder lieding fan de Prior Superior yn Wyndesheim en it Algemien Kapittel, de jierlikse gearkomste fan de priors. (Acq I 13-58)

Ta dizze feriening hearde Burgum nei 1450. Yn 1449 waard de kleasters Thabor en Lúnjetsjerk opdroegen te ûndersykjen hoe it der yn Burgum foarstiet en der oer ferslach út te bringen oan it Kapittel. (ACG 1449 46)
Dat ferslach moat geunstich west hawwe, want we hearre der neat mear fan en it kleaster blykt letter opnaam te wêzen.

Wie it kleaster oan`t dat stuit hast in útstjoerburo foar doarpspastoars. Dat feroare doe't hja by Wyndesheim kamen. It waard net ferbean, mar foaral ek net oanmoedige en oan tige strange regels bûn. It wie byg. foar dejinge dy`t de tsjerke fan Grou betsjinne hast ûnmooglik om de tsjinsten yn it kleaster by te wenjen. Soks moast ien fan beiden of it kleaster of de parochy belije.
Dat betsjutte dat it betsjinjen fan parochytsjerken safolle mooglik beheind wurde moast. (Acq II 313)

De pastoar fan Burgum, broeder Wessel, woe blykber net om lyk. Yn 1456 waard oan de visitatoren fan Burgum opdroegen, dat hja broeder Wessel pastoar fan de parochytsjerke dêre, ta de oarder roppe moatte en werom bringe ta hearrigens oan it kapittel. Fierders moat hy him fuortdaliks melde by de prior fan Thabor (de fertsjintwurdiger fan it kapittel yn Fryslân) en dy moat him twinge werom te gean nei syn kleaster, neidat hy him losmakke hat fan syn parochy! (ACW 1456 55)
Pater Wessel en syn gemeente moasten fan de Wyndesheimer nijljochterij faaks net folle hawwe! It hie ommers altyd sa west!  

It folgjende jier bliik ek Tytsjerk it net lyk fine te kinnen mei de oanskerpe easken fan it kleaster. Hja koenen it net iens wurde en beneamden trije "sones lioed": Rumbertus persona tho Wirdum ende decken tho Liuwert, Jellardus persona tho Alda hou tho Liouwert ende Tzommo Wiarda, om in útspraak te dwaan dêr't beide partijen harren dan by dellizze soenen.

It bliik te gean oer it pastoars plak. Der waard besletten: Dat it konvint 7 postulaat gûne stoarte soe foar in "alter festinga", twa postulaat gûne foar de kosten en jierliks in heal skûte swarte turf of in âld skyld fan tritich flaamsk(e) (stoeren). Dan soenen hja frij wêze fan fierdere oanspraken fan de tsjerkfâlden fan Tytsjerk en harren lân dêr frij brûke kinne.
Ende da gaemeghen tho Thietzerka schillith hyr neymels buta da conuent een persona tzesa weer hya willet (PS OFO I 148 93, 23-6-1457)

Doe`t yn 1581 it kleasterguod oerdroegen waard oan de steaten fan Fryslân, hie allinne Burgum mar mear in pastoar fan it kleaster, en hie it kleaster allinne noch jildlike ferplichtings oan Tytsjerk en Suwâld. Op Burgum nei wienen alle tsjerken dus opjûn.

Yn it hânskrift stiet in stik "forma presentationis" dêr`t de prior Everhardus ter Huet 1464-1472 nochris yn betsûget oan de biskop dat hy as prior fan it kleaster it presintaasje rjocht hat fan de parochytsjerke fan Sint Martinus by Burgum. (Hs588 91)  

 

It kleaster en de Daam

 

Yn 1453 de 23ste july waard der in ferdrach sletten oer de te hâlden jiermerken yn Eastergoa, oer de feilichheid fan de keapman en in elk dy`t fan en nei de merke gie en om elk yn syn diel, wegen oan te lizzen en te ûnderhâlden. Fan Ljouwert nei it Berraconvent, fan Dokkum nei it Berraconvent en derwei troch Smellingerlân oant Opsterlân. En om de Lioedsmerdaam nei wenst en rjocht te ûnderhâlden. (PS OFO II nr 34 s43)
Wat it kleaster dêr krekt by dwaan moat stiet der net by, mar út lettere stikken blykt dat hja in part fan de daam op har noed hienen.

Yn itselde jiers 16 septimber, waard der in oerienkomst sletten tusken de fjouwer dielen yn de Leppa en de doarpen Noardermar, Jistrum, Eastermar en Sumar oer in syl yn de daam, dy`t dêre Buylsyl neamd wurdt, mei in trochrin fan sân foet en in djipte dat der in heal laden skûte troch farre koe.
De doarpen moasten de syl sels ûnderhâlde en as belêsting oan de Leppa in braspenning betelje foar elk hûs "deer ku of ey vt gheet" dus dêrt in ko of in skiep hâlden waard. (Yn in oerienkomst tusken de Leppa en it kleaster Klaarkamp by Rinsumageast, blykt dat dy "huyskys braspenninck" betelle waard oan Dantumadiels Sylfesten, foar de kosten fan in frije útwettering troch Ferwerderadiels âlde syl, by Dokkum. (SP OFO II nr 85 110)).

De oerienkomst waard segele:Troch de fjouwer grytmannen en de Leppa fanwege de Leppa en foar de fjouwer doarpen troch: Her Wessel persona toe Birgum foar Noardermar; Her Ubele persona toe Eestrem; Her Hennes persona toe Aestemer; Her Peter persona toe Suwamer ende mit des paters sighel toe Birgum. Hear Wessel is deselde dy`t we yn de acta fan Wyndesheim, 1456 tsjin kamen as broer Wessel dy`t de parochy tsjerke yn Burgum fersoarge. Mei de pater kinne we tink wol trije kanten út. It soe de rektor wêze kinne fan de regularissen, sjoch de lienings akte fan Albrecht fan Beieren, mar ek wol as meartal opfette wurde, dus as it segel fan de paters fan Burgum, en dan giet it om it konvintssegel. Yn 1581 ferklearren ynwenners fan Burgum dat hja frije kar hienen út it kleaster, neist in pater in "pastoir" en in koster, de pater is dan de eigenlike pryster fan de tsjerke, en de pastoir in kapelaan. It soe ek noch de prior fan it kleaster wêze kinne, dy`t ommers sei it presintaasje rjocht te hawwen en him "curatus ecclesie in Birghum" neamde. (HB 558 91, 93). De Monasticon neamt dit segel dan ek in mooglik prior segel. (MW III 152)                    

Tritich jier letter, op 1 augustus 1482 waard der wer in oerienkomst sletten. No tusken de grytmannen en rjochters yn de fjouwer dielen fan de Leppa, Ljouwerteradiel, Tytsjerksteradiel, Idaarderadiel en Smellingerlân en it Barra konvint, oer fernijing en ûnderhâld fan de "Lyoedmersdaem mey syn tobyheer". Derby waard "dae convents lyoden fan berghum" tastien de daam mei syn tabehear te hoedzjen en te hâlden" toe ewyghe daghum" sa dat de iene wein de oare passearje kin op`e daam. En om der in syl yn te lizzen fan acht foet rin, fan boppe ticht mei hout en mei ierdwurk oan beide siden.

Hja moasten dan de âlde Burnsyl ticht hâlde, dat de dielen der gjin skea fan krigen.

De muontsen soenen dêrfoar de fiskerij hawwe no yn de daam en sa as hja fan âlds al hienen yn de muontsetynje. En fierders gjin tynjes as fan âlds beskreaun en no te jaan.

De konvints lju moatte de daam sa hâlde en brûke dat de fjouwer dielen der gjin skea of hinder fan hawwe.

As dêr brek yn falt en de konvints lju dat net tidich meitsje, derfoar sette de muontsen as ûnderpân yn, mei tastimming fan it konvint en it kapittel, hûndert pûnsmiet lân yn de stûken en ek dêr nêst oer it djip.

As it barre mocht, dat it wetter der yn de winter in gat yn sloech, dan moatte se dat meitsje foar Sint Benedictusdei (21 mrt.) oars kost it harren tachtich pûn oan it rjocht of oan de dielen as dy it ierdwurk dwaan moatte.

Wa`t de muontsen skea docht, oan de daam, de fiskerij of it wurk, dy ferbart tachtich pûn, heal foar it konvint heal foar de rjochters, as der in klacht oer komt.

Dy fan Noardermar, Jistrum, Eastermar en Sumar, meie no de nije syl brûke ynpleats fan harren âlde "burnsyl". Tsjin de "alde hwske braspenning" of de wearde dêrfan, te beteljen foar Sinte Benedictusdei.

Fan it ûnderhâld fan de suderdaam soenen hja no fierder frij wêze. De muontsen dy`t earder allinne de noarder igge ûnderhâlden foar it fiskrjocht yn de "mencka tynje" te Risum, krije no de hiele daam en hja hâlde ek dat fiskrjocht.

Elk dy`t earder ferplichtings hie foar de daam sil dêr fierders frij fan wêze en ek de fjouwer dielen, foar de som dy`t hja hjirby betelle hawwe. (PS OFO nr108 140) (GA. L 42)

Der stiet net by wat it kleaster dêr foar barde.

De Leppa, dat in rjochts mienskip wie en net in soart wetterskip, droech wol mear silen, op sa`n menier oer oan kleasters. Kleasters wienen eins frij fan lêsten, mar hienen as grutte lâneigeners wol grut belang by in goede wetter húshâlding. Op dizze menier droegen hja dêr oan by, sûnder jild te beteljen. Hja hienen de daam ta har lêst, mar dêr foaroer it fiskrjocht yn dy daam en yn twa tynjes, dy`t beide muontse tynje neamt wurde, al hyt dy by Suwâld yn it stik "monkin teenye" en dy by Risum "mencka teenya". Van Buytenen lêst hjir dat hja it fiskrjocht krigen "tot oan de tynje by Risum. " (M. P van Buytenen De Leppa 107, 113).  

De 21ste maaie 1599, de moarns om tsien oere, wie der in lytse byienkomst yn it steatenhûs yn Ljouwert. (Dat hûs wie eartiids fan it kleaster yn Burgum west, as ferbliuw fan de prior as er yn Ljouwert wêze moast, yn 1570 wie it ferboud ta paleis fan de biskop Cunerus Petri en by opheffing fan it bisdom bestimd ta ferbliuw fan de deputearre steaten.) De deputearren Kempo Syuerts Wiarda en dr Henrico Gualthery, kamen der gear mei de folmachten fan de fjouwer dielen en de stêd Ljouwert om te kedizen oer de Ludsemerdam te Burgum. Yn dy gearkomste waard de oerienkomst fan 1482 foarlêzen dy`t de folmachten meinaam hienen, "seekere oldt contrackt ofte instrument inde Vriessche taele geschreven"

Der waard besletten dat de steaten de ferplichtingen "van het gewesene konvint Bergum comende" oernimme soenen en dat it opmeitsjen en ûnderhâlden fan de daam fierders foar harren rekken wêze soe. De syl soe ferbrede wurde fan acht foet nei alve foet ûnder en trettjin foet boppe. Fierder hoechde der yn it kontrakt neat feroare te wurden "maer in volle vast te blijven, ende voor sooveel nodich bij deesen weederomme vernieuwdt. (GA. L nr262)   

In ûnrêstige tiid.

Yn 1491 like der in ein komme te sillen oan de tsierderijen yn Fryslân. Sa as Grins ek mei de Ommelannen ta in oerienkomst kaam wie, besocht it no ek Eastergoa oan har te ferbinen. Der wie al jierren oan wurke, net allinne mei oerredings krêft ek wolris mei grou geweld. Mar yn septimber slagge it in ferbûn mei Eastergoa te sluten.
It Berchkleaster dat yn Eastergoa lei wie blykber net samar ree him oan te sluten, dan hienen se fuort wol mei dwaan kinnen. Mar it sil harren wol net mooglik west hawwe der bûten te bliuwen, no`t elk en ien mei die en sa sleaten hja har yn Oktober oan by it ferbûn mei it fetkeaperske bestjoer te Grins. Alhiel frijwillich? De toan is tige dimmen en smeekjend: Wy Henricus prior ende dat ghemene conuent van berghum belyen ende bekennen . . . . . dat wy vrendelicke begheren ende bidden anden Eersamen borghermeysteren ende Raed . . . . ende der wijsheyt der stad Gronynghen dat uwe eerweerdicheit onse cloester van berghum mit alle sinen lantsaten mede wolden nemen in de beschermenisse ende verbond . . . . . opdat wij ontlast van allen ghewelde ende onruste god almachtich soeueel te bet dienen moghen. . . . (GA grins register Feith 1491. 17)(Pax Groningana nr54 78)

It is bêst mooglik dat de troepen fan de stêd flink druk útoefene hawwe. Sa as yn it folgjende jier wol bliik, seagen hja dêr net sa krekt as it om harren belang gie.
Yn 1492 dienen de Grinzers, yn folle frede, in ynfal yn Eastergoa en fongen in Sikke Bolta by it Berchkleaster. Omdat hja him fan ferrie fertochten, setten hja him te Dokkum op it rêd. In protte lju betsjûgen dat hy alhiel ûnskuldich wie. Sa waard hy nei trije dagen fan it rêd helle en earfol begroeven. (WfT IV 193)  

Striid om Barrahûs.

De úthôven yn Ljouwerteradiel. (út Mol: Uithofsysteem)
 Yn 1498 waard de stins Barrahûs in pear kear it toaniel fan de striid. Westergoa hie foar in part de Hartoch fan Saksen huldige, Ljouwert, Eastergoa en de Sânwâlden wegeren noch. De Sânwâlden hienen de help fan Ljouwert ynroppen om de Saksyske steedhâlder Schomburg yn Starum te belegerjen. De Ljouwerters teagen mei mannemacht út, mar kamen te let, Schomburg hie net op harren wachte, mar de Wâldlju by Laaksum oanfallen en ferslein. (HWS II 333) De Ljouwerters triiken werom, mar by Barrahûs besocht Keimpe fan Unia harren te kearen. Dat slagge lykwols net. Unia ferlear nochal wat minsken en moast him op syn stins, dêr fuort by, tebek lûke. Hy fersterke him dêr hastich mei minsken en materiaal, wol begripend dat de Ljouwerters dit net op har sitte lieten. Dy dienen dan ek in oanfal, dy`t net folle úthelle. Aucke Unia plondere dêrnei it Barrakleaster yn Burgum en belegere de stêd Ljouwert. De Ljouwerters dienen oanienwei útfallen, Unia koe noch foarkomme dat hja help út Grins krigen, troch de Grinzers te ferslaan. Doe, 11 sept, foelen de Ljouwerters út nei Barrahûs, plonderen it en stieken it yn`e brân. (Abma 294, 295).

Yn 1504 ferhierden de regulieren fan Burgum de púnfal foar in prikje oan Folkert fan Aytta, hja wienen begûn mei it lizzen fan de fûndearring fan in nij kleaster, mar seagen troch de ellindige tiid en de oarloch gjin kâns it te bouwen. (Dirks 326) (HvP I, 1 5) Sa hie it kleaster dus slim skea fan de al mar slimmer wurdende tsierderijen. Mar it Barrahûs is wol wer opboud want 19 Oktober 1507 waard Wigle fan Aytta dêr berne. (HWS 410(a)) (V. H$V. R 363, 364) Yn 1515, doe`t Ljouwert it bolwurk fan de Saksers wie en it plattelân, de skattingen sêd, it mei de Geldersken hâlde, dienen Janko Douwema en oaren mei de Geldersken in oanfal op`e stêd en belegeren dêrta earst it Barrahûs, om`t Folkert Aytta it blykber mei de Saksers hâlde.

De Ljouwerters kamen mei 1500 man ta ûntset en ferwoasten Uniastate en Juwsmastate. Mar foar Barrahûs wie it al te let, de gebouwen troch brân ferwoaste en alle guod plondere, moast Folkert fan Ayta mei syn húshâlding ferhúzje nei Ljouwert. George fan Saksen bea him Mintsjemastate yn de stêd as fergoeding. (HvP I, 1 5)

Under de Saksen.

Yn 1501 wie de Saksyske steedhâlder yn it kleaster (GA Lj 110)

Yn 1504 like de Saksyske macht yn Fryslân fêst te stean. Op de 4de july waard de hartoch George fan Saksen yn it kleaster te Burgum huldige troch de fertsjintwurdigers fan de Stellingwerven en de Sânwâlden, as lêsten yn Fryslân. (WfT IV 60)

Yn 1508 de 26ste oktober skreaunen de visitatoren, Simon prior fan Amsterdam en Henricus prior fan Elsegem by Oudenaarde, fan út it kleaster yn Burgum in brief nei de steedhâlder Hans Schenk, dat hja, sa as hja him de deis fan te foaren, doe`t hja by him west hienen, al ferteld hienen, nei Burgum gien wienen om de pastoar fan Burgum, Jehannes van der Elburch, wegens mancherhande excessen, ôf te setten. Doe`t hja dat dien hiene, hie dy him dêr fuort tsjin ferset. Dêr wie Teake Kennema op ôfkaam mei mear minsken fan de gemeente fan Burgum en dy hienen pastoar Johannes tsjin it wollen fan de vistatoren meinaam bûten it kleaster! Dêrom fersochten hja de Saksyske steedhâlder om Teake Kennema en de gemeente fan Burgum, dy`t it blykber mei de pastoar hâlden, te befelen om har der net mear mei te bemuoien en as pastoar Johannes by de steedhâlder komme mocht, of yn de stêd Ljouwert, dat dy him dan fêsthâlde woe oan`t dat hja mei harren visitaasje yn it kleaster klear wienen. As Schenk bang wêze mocht dat te dwaan, omdat it in preester betrof, woenen hja him út namme fan har Kapittel dêrta wol machtigje. (GA Lj 110 136)

Der wie yn Burgum dus krekt as yn 1456 spul om de pastoar foar de parochy. It wie blykber in slim kerwei om tagelyk pastoar en kanunnik te wêzen en it de parochy en it kapittel nei it sin te dwaan. 

Under de Boergondiërs.

Yn 1516 waard it kleaster beset troch de Boergondyske bindelieder Lubbert Turck mei fiif findels, earst hienen se fanút Kollum noardeast Fryslân en in stik fan de Ommelannen plondere, no wienen fanút it Berchkleaster Tytsjerksteradiel, Smellingerlân en Opsterlân oan bar. En doe`t dat leech stellen en platbrând wie gienen se nei Dokkum. (WfT V 186)

Yn 1521 wie it wer raak. Philips fan Boergondië biskop fan Utert hie, om Karel V te helpen, mar ek om dat de Geldersken syn gebiet om Stienwyk en Vollenhove hinne brânskatten, in binde soldaten oanwurven, dy`t de biskopsheap neamd waard en dy yn Fryslân stjoerd om de Geldersken dwers te sitten, wat der op delkaam de boargers útplonderje.
Plonderjend, moardzjend en baarnend triiken hja troch de Stellingwerven, Opsterlân, Smellingerlân en Achtkarspelen, leinen in skoft yn Bouwekleaster, plonderen dêrwei op Kollumerlân en Dantumadiel en de Dongeradielen en kamen doe nei it kleaster yn Burgum om dizze omkriten nochris goed nei te sjen, earst yn`e winter triiken hja ôf nei Westergoa.

Hoe grut de skea yn it kleaster wie stie der net by. It wie fansels it leger fan harren geastlike hear, mar ik tink net dat hja der yn it kleaster tige wiis mei west hawwe. (HWS II 357)
 Yn 1529, doe`t de Boergonders it optlêst dochs wûn hienen, kaam de rêst wêrom en koe der wer oan opbou tocht wurde. Yn Burgum moast de tsjerke opknapt wurde. Dat late ta skeel tusken de parochy en it kleaster. De rieden foar geastlike saken fan it nije, troch Karel V ynstelde hof fan Fryslân, Keimpe Martena en Marten fan Naarden, dienen útspraak yn acht punten:

1 De parochy mocht as fan âlds in pastoar kieze út it kleaster, net de prior, de prior koe harren dêr by riede, mar hja hâlden frije kar.

2 It kleaster soe in koster leverje, troch de prior oan te wizen.

3 It kleaster moast de arbeiders oan de tsjerkebou twaris deis in miel iten jaan foar net minder as oardel stoer de man. As it folk mear bier hawwe woe, as by it iten, moasten se dat sels betelje.

4 As de parochy timmerje woe, soe it kleaster harren de kost jaan, deis foar in blank.

5 De pastoar en de koster moasten in kaai fan de Súderpoarte hawwe, en de koster moast der ek wenje.

6 It ûnderhâld fan de Lykwei wie foar de bewenners. As it kleaster in bolle hâlde, mochten de buorlju der ek gebrûk fan meitsje. It kleaster mocht 350 skiep weidzje op de leien by Noardermar en safolle as hja woenen om it kleaster hinne, dy`t nei 5 Juny oeral weidzje mochten.

7 De parochy moast har offerjeften ôfstean oan de pastoar en de koster.

8 It kleaster soe de pastoar syn iten en drinken op syn keamer bringe, as er der net al te rûch mei wie. (SA 405) 


RJOCHTSAKEN OER IT ERFRJOCHT

Yn dizze selde tiid krige it kleaster te dwaan mei ferskate erfskippen en de bestriding dêrfan. Troch de ynfiering fan it romeinske rjocht wienen der by erfgenamten wolris wat misferstannen oer wat harren takaam. Eartiids koe erfskip fan lân of hûzen net út de famylje ferfrjemde wurde, troch skinking of testamintearjen. No koe dat al, neffens romeinsk rjocht koe in eigener mei syn eigendom dwaan wat hy/sy woe. It dus ek bûten de famylje ferfrjemdzje. Guon erven hienen dêr alhiel gjin begryp foar en besochten it foar it rjocht.

SKINKING FAN FOLCKE EN EELKE

Yn 1504 krige it kleaster en de tsjerke fan Burgum in skinking.
It betrof in oerienkomst fan prior en geastliken fan it kleaster fan Burgum mei Folcke Wijtije en syn frou Eelke, minsken út Burgum, ta it lêzen fan trije missen yn‛e wike, op snein, tiisdei en tongersdei, salang as it harren goed tocht!!
Dêrfoar krige it kleaster nei de dea fan Folcke en Eelke:
Alles meiinoar, in stins mei it dêrby hearrende lân en noch goed 11,5 ha lân en 0,6 ha fean.

Mar as it kleasterlingen fan dy ferplichting ôfwolle, dan moatte hja dat allegear wêr ôfstean oan de freonen, de twa neisten fan beide kanten, (dat binne de rjochtsjildige erven, Folke syn broer Sipke Wijtties en Eelke har broer Wierd Metthijs).
Mei fjouwer fan de beste mannen út it gea fan Burgum, en mei rie fan de prior fan it kleaster, moatte dy dan in goede pryster kieze om foartoan dy missen te lêzen. It kleaster hat dan oer dit guod neat mear te sizzen!
Gie it wêrom nei de erven en betellen dy dan de pryster?? dat stiet der net by! It kin dus ek in lien wurden wêze, dêr‛t in pryster út betelle waard om dy trije missen wyks te lêzen.
Dizze jefte wurdt dus eins gjin eigendom fan tsjerke of kleaster, mar bliuwt fan de erven, en giet wêrom nei de erven as it kleaster net mear oan syn ferplichtingen foldwaan wol of kin. En om rjochtsaken te foarkommen binne de wettige erven by it opstellen oanwêzich en litte dy it mei besegelje. Sa waard it âlde erfrjocht dus noch mei yn eare hâlden.

SKINKING FAN GERBRAND FOPPEMA

Dizze Folcke en Eelke wurde ek noch wer neamd yn it folgjende stik.
Dat is in acte út 1523 werby‛t Gerbrand Foppema út Burgum oan it kleaster oerdroech al it lân dat hy destiids fan Gaytije Broersma fan Kollum kocht hie, mei de achterstallige hier, dy‛t de widdo fan Gaytije, Anna Broersma, net ôfstean woe, en noch twa goudgûne jierlikse en erflike hier út in pleats yn Dyksterhúzen op de nije dyk by Gerkeskleaster.(No Dykhuzen tusken Lutkepost en de trekfeart)
Dêrfoar soe it kleaster foar him en syn ferstoarne frou Freed en foar harren freonen, foar ivich, trije missen yn‛e wike lêze, werfan ien foar sint Anna, mar net op de dagen dat de missen foar Folcke Wytgema lêzen wurde. 
(Blykber wie dat kunde en waarden dy missen nei 19 jier noch altyd trou lêzen en wie it patronym ûndertusken in achternamme wurden.)

Omdat it yn beide gefallen om oanfochten guod gie, mocht it kleaster, as it minder profyt oplevere as ferwachte, it oantal missen ek oanpasse. Mar as de hieren ôfkocht wurde soenen, dan moast it jild wer yn lân belein wurde, sadat de missen altyd troch gean koenen.
Gerbrand brûkte dit as in middel om oanfochtenguod by in machtiger organisaasje ûnder te bringen, dy‛t de jurydyske middels hie om it yn te barren.
Anna Broersma wie it net iens mei de ferkeap fan it lân dat har man blykber sûnder har tastimming ferkocht hie en dat hja fûn dat har takaam, mooglik hie hja it by it houlik ynbrocht. 

En de hier út it guod by Gerkeskleaster, dêr miende de abt fan dat kleaster as erfgenamd fan Gerbrand rjocht op te hawwen.
 Dus kaam der in fersyk fan de pastoar en tsjerkfâlden fan Burgum oan it hof fan Fryslân, om tuskenbeiden te kommen yn har konflikt mei de abt fan Gerkeskleaster. Dy berôve de earmen yn Burgum fan de har takommende stipe en iten troch te bewearen dat hy de erfgenamd fan Gerbrand Foppema wie. Hy hie sa dryst west dat er de grytman fan Achtkarspelen, Sytse Boelens, beslach op it spul lizze litten hie.
Mar Gerbrand wie sa âld wurden, dat as de abt miende rjochten te hawwen, dan hie hy dat by it libben fan Gerbrand tige goed regelje kinnen.
Wy witte net hoe dit ôfrûn is.

Wol hawwe we de útspraak fan de rjochtsaak tsjin Anna Broersma:
27 oktober 1534 dus earst 11 jier letter kaam de útspraak fan it hof fan Fryslân:
Inder saecken hangende voorden hove van Vrieslant: Tusschen den Pater met de gemeene conventualen van Bergum Impetranten ter eenre; tegens Anna Broersma gedaeghde ter andere zijde.

It kleaster easke 44 goudgûne. Anna wie wol ree te beteljen, mar woe dan de kosten dy‛t hja yn dy jierren makke hie oan it lân, en de lêsten deroer dy‛t hja betelle hie, der ôflûke. It kleaster koe dêr net yn meigean en bleau by de eask fan 44 gg. 
It hof joech harren gelyk en feroardiele Anna ta beteljen fan 43½ gg plus de kosten fan it preses, nei taksaasje fan it hof, mei de wurden:
"condempneert deselve gedaechde den voorseide impetranten de voorseide somme van drieenveertich ende eenen halven golden guldens vrijen ghelts te betalen. Ende inde costen fan desen processe tot des hoffs taxatie."

It Tichelwurk yn Drinte

 

Yn 1531 krige de prior fan it kleaster Hermanus de Mepsche, as neilittenskip fan syn broer Johan, in grut diel fan it gea om Roan hinne yn besit. 
Lân , in stins, bosken, heechfean, fiskwetter en it wichtichste, in tichelwurk dat stien en foaral dakpannen meitsje koe, wol in 10.000 yn it jier. No mocht neffens de regels fan de oarder, yn it kleaster nimmen persoanlik eigendom hawwe. Dus waard dat erfskip it eigendom fan it kleaster. No jilde yn Drinte dat romeinsk rjocht net. Salangt prior Herman libbe wie der neat te redden, hy wie de neiste famylje, mar doe't hy, it folgjende jier al, stoar easke de famylje it hiele besit wer op. It kleaster besocht mei de famylje te akkoartsjen, dat ek slagge. Mar der wienen oare, machtige belanghawwenden, de Ewsums fan Nienoard by de Like, erfgrytmannen fan Fredewold, drokdwaande mei de feanûntginning en fearten graven en turfhannel. Johan van Ewsum, wenne op Mensinge sate yn Roan, en wie dus 'markegenoat' en neistlizzer fan it kleaster. As it kleaster it guod ferkocht hie, hie hy 'niaer'rjocht jilde litte kinnen. Mar der wie gjin ferkeaping west. No besocht hy it oars, hy spoarde in erfgenamt op, dy't yn de oerienkomst fan it kleaster mei de famylje net kend wie en sette dy oan om it Mepsche guod op te easkjen, omdat it yn striid mei it Drintskerjocht ferfrjemde wie. It waard oant de heechste Drintske rjochtbank, de Etstoel, ta útfochten, de man krige gelyk, it waard him takend, as hy de selde som betelje woe as it kleaster oan de famylje bearn hie. Dat die hy en doe wie hy, in lyts boerke, ynienen grutgrûnbesitter, wer't it jild weikaam stiet der yn de oarkonden net by, mar is wol te rieden! 
De man hie lykwols it jild leaver as it guod en bea it wer oan it kleaster te keap oan foar mear as trije kear safolle. Hja waarden it iens, mar doe kaam de neistlizzer, Johan van Ewsum en easke niaerkeap.( Naasting, naderjen, niaerkeap, wie it rjocht fan in neistlizzer om fersnippering fan besit foar te kommen, troch by in ferkeaping fan ûnrêplik guod de keaper út te sluten en de keap oan te gean foar de priis dy't de earste keaper bean hie.)

Hoe't it kleaster ek tsjinstribbe, hja koenen der net foarwei. Mar Johan van Ewsum hie it jild net en dat skode it op 'e lange baan, mar hy liet harren net wer mei rêst. Op lêst waard yn 1559 oer ien kaam om it besit yn Drinte te ruiljen foar in pleats fan de Ewsums yn Damwâld, en in noch te leverjen partij fan 4000 dakpannen it jier, dy ferplichting bestie noch yn 1569 doe't it kleaster opheven waard en oergie nei de biskop.

Dat hja dy dakpannen foar allerhande saken brûkten blykt út:

DE TEGULIS EMPTIS A CONVENTU IN BERGUM.

ex:Albergensia, stukken betrekkelijk het klooster Albergen, troch Johannes fan Lochum, prior fan 1520-1525, 
útj erven J. J. Tijl, Zwolle 1878; siden 105-106.

Dêr yn wurdt ferteld dat it kleaster Albergen, in broer út Burgum ferpleechd hie. Der hie it kleaster yn Burgum kostjild foar betelje moatten, mar dat wie net bard. Yn Burgum fûn men blykber dat de man noch goed genôch wie om syn eigen kost te fertsjinjen. Dat duorre in hiel skoft en oplêst waard it op de gearkomste fan it kapittel yn Wyndesheim troch bemiddelers besletten, dat it Berchkleaster betelje moast, en dat hja dat wol mei dakpannen dwaan mochten sa as hja al earder oanbean hienen. Albergen hie dat wegere omdat hja sels mei in oven foar dakpannen oan it bouwen wienen.

No gie it lykwols tsjin har sin dochs troch. Hja moasten sels foar it ferfier soargje.  Der stiet net by wêr't se laden waarden, mar wierskynlik oan it Peizerdjip, dêr't de dakpannen oars ek levere waarden. De skippers easken foarút beteljen! en soenen se dan yn Almelo ôfleverje. Dêr moasten se dan op weinen laden wurde om nei Albergen brocht te wurden. It kaam allegear klear, de procurator klage omraak oer de hege kosten. It kaam op 9 Philipsgûne de 1000, dat soe dus 36 Philipsgûne meiinoar wêze, mar hja betellen mar 15 Phg. it oare waard ynhâlden foar de ferpleechkosten, sa dat it ek foar Albergen gjin grutte strop wie.

 

Sic transit gloria mundi. (Sa fergiet de ierdske gloarje)


Al yn 1520 wie yn Fryslân de herfoarming begûn yn Emden. En hjirre preken ek al guon de nije lear. Yn Dútsklân wie de reboelje fan de Werdopers, dat mei de nije wetten kamen der ek fuort plakkaten tsjin "ketters en neaken rinders". It tij wie lykwols ek mei wreed geweld net mear te kearen.

 

De bisdommen yn westeuropa wienen eins fan it begjin ôf hast itselde bleaun en dat wylst de politike tastân gâns feroare en de befolking tanaam wie.
Der wie al wol earder tocht oer folle mear bisdommen, mar it grutste probleem wie wer`t dy fan bestean moasten.
Noch tochten steat en tsjerke dat hja, mei mear kontrôle en tasicht fan tichteby, de ketterij wol keare koenen.
De foarstanners wiisden hieltyd op te folle kleasters, op min besette kleasters, wêrfan`t de ynkomsten better ta in bisdom dan ta it fetmesten fan in pear muontsen brûkt wurde koenen.

Willem van der Linden, dy`t him deftich Lindanus neamde en dy`t as ynkwisyteur oan it hof fan Fryslân tafoege wie yn 1567, brocht yn it folgjende jier in tige ûngeunstich rapport út oer it kleaster yn Burgum: 

Yn it kleaster fan de kanunniken, dy`t harren regulieren neame yn Burgum. Troch dronkenskip, huorkerij en oare sûnden no hast ûntfolke, hearskje, nei`t hja sizze, rokkejagers en echtbrekkers. Der wie him ferteld dat de prior mei in troud frommes libbe en der ek in bern by hie en dat dat frommes by him yn it kleaster wie. Hy hie troch de visitatoren út te kloarkjen besocht te witten te kommen wat dêr fan wier wie, mar die seinen dat dat foar syn prioraat west wie, mar dat de prior no tige heech oanskreaun stie. Oaren seinen lykwols dat dat frommes dêr noch altyd tahâlde en dat er dêr ien of twa bern by hie, mar fan troubrek wisten hja net. Nei`t him troch dien wie soe it der in losbandige boel wêze. De poarte siet nachts ticht. Der wie him ferteld troch ien dy sei it sels meimakke te hawwen, dat dy en oaren midden yn`e nacht fuort by it kleaster, twa muontsen tsjin kamen, smoardronken ûnder de modder, dy`t mei útlutsen swurden ien fan it selskip bedrigen, mar dy`t hja op`e flecht jagen en twongen de grêft oer te swimmen.

 

It kleaster soe tige ryk wêze wol 4000 daalders, ja neffens kenners wol 6000 goudgûne ynkommen hawwe en dan telde er de ynkomsten út`e turfwinning noch net iens mei en dêr libben dan mar fiif muontsen fan! Derby wienen de kanunniken fûl en ûngastfrij. Hja setten him en oaren beskimmele en swart brea foar.
Wylst der hongersneed wie, yn 1557 wienen hja te lui om it koarn út te terskjen, hja fuorren it sa oan harren hynders en struiden de bisten dêrmei, en stjoerden de earmen mei lege hannen foarby. Oaren beweare dat hja de ûntucht yn it kleaster bewize kinne. Willem beklaget him der oer dat hy dat net kin, omdat hy noch net de machtiging hat dat te ûndersykjen. Neffens dat hja sizze, soe de koartlyn ferstoarne prior, syn folk frijwat ferrike hawwe. En ek dizze soe mei syn basterds oerlizze. Want dat der in protte ree jild oanwêzich is, dat moat sa wêze! (A. Hensen)
 De prior protestearre by de steedhâlder oer it skandlik oerdriuwen fan Lindanus.
Het ynkommen fan it kleaster wie grif net mear as 2000 gûne jiers en dêrfan moasten hja ek noch de tsjerke ûnderhâlde en in pastoar, in vicaris en in koster leverje en dammen en silen en it kleasterlân ûnderhâlde en dat foar in kleaster op lichte en meagere grûn. Fierders dat it kleaster him altyd tige oan de regels hâlden hie, sa as harren oerste, de prior superior en de visitateurs bewize koenen.

Mei it lêste hie de prior grif gelyk, as it der slim foarstien hie yn it kleaster dan hienen we dat grif witten út`e ferslaggen fan Windesheim en dêr stiet fan dat neat yn oer Burgum.

Wat it ynkommen betrof oerdreau hy hast like bot as Lindanus, de ynkomsten fan it kleaster wurde skat op 3565 gûne. (Ph. Br) En it hie mear lân op`e klaai as yn`e wâlden. It needlot fan elke wierheid is dat it net alhiel wier is.  

Mar Lindanus makke der alhiel in potsje fan. Hy praat allinne fan hearren en sizzen. Ek út syn fierdere skiednis blykt dat hy in alhiel ûnbetrouber tsjûge is, en in man dy`t it alhiel net krekt naam mei de wierheid.

Ek it ferhaal by Hensen soe lang net klopje, en op mear as tritich plakken ôfwike fan it oarspronklike. (VB 70-73, 136-164)

It holp de prior neat. Al it folgjende jier waarden troch in bul fan paus Paulus IV de fjouwer bisdommen yn de Nederlannen, ferfongen troch trije aartsbisdommem en achtsjen bisdommen. Yn 1561 besliste syn opfolger paus Pius IV dat ek Ljouwert in biskopssit wurde soe en dat derfoar trije kleasters opheven wurde soenen en de ynkomsten dêrfan de biskop taparte. Mariengaard yn Hallum, Sint Nicolaas yn Burgum en It Sân yn Boalsert.

 

Mariengaarde by Hallum
Mariengaarde by Hallum
It kapittel fan Wyndesheim protestearre by de lânfâd Alva. Net by harren geastlike hear de paus, dy achten hja ûnfeilber, dêr doarsten hja har net tsjin fersette, hoewol dy fiif fan harren rykste kleaster yn Nederlân oan biskoppen tawiisde. (Acq II 151) It Motyf fan`e paus hat faaks west dat hy fan de regulieren absolute hearrigens ferwachtsje mocht en grif minder wjerstân dan fan oare oarders. It protest helle dan ek neat út.  

Mar mei de biskop waard it earst ek noch neat. Der wie al ien beneamd, mar de wjerstannen, sawol fan de steaten as fan de geastliken, wienen sa grut dat hy syn bisdom nea sjoen hat.
Ek wegeren hja de bydrage oan it konsily fan Trente te beteljen. Dat lei net yn Fryslân! Boppedat hie Karel V yn 1524 besward dat der gjin mear of oare wetten yn Fryslân fan tapassing wienen as doe oerienkaam.

Mei it útwikseljen fan nota`s en protesten tusken it hof te Brussel en de steaten en tusken de nije aartsbiskop te Utert en de geastliken, ferstriik de tiid. De aartsbiskop rôp yn 1565 in synoade byinoar te Utert. De út Fryslân oproppen geastliken wegeren te kommen en rôpen steaten en geastliken gear te Ljouwert om in antwurd oan de aartsbiskop op te stellen, wêryn`t hja ferklearren dat hja net ferplichte wurde koenen om nei it bûtenlân te reizgjen en grif net om dizze tiid fan it jier. En dat hja de besluten fan Trente net ynfiere koenen, sûnder de steaten en dat dy planút wegeren om dat te dwaan. De synoade yn Utert gie dus troch sûnder de Friezen.

De steedhâlder Aremberg seach by sa'n algemiene tsjinstân gjin kâns de befelen fan de lânfâd troch te setten. Mar it wie útstel gjin ôfstel.

De herfoarming sette troch en waard hieltyd iepenliker en dêrtroch de tsjin stellings grutter. Gâns geastliken gienen oer nei de herfoarming, de eallju sleaten in bûn en tsjinnen protest yn by de lânfâldesse tsjin de plakkaten. En doe`t dat wol tasein, mar net dien waard, plondere it dûme folk de tsjerken. Yn Ljouwert waarden de bylden troch it stedsbestjoer út de tsjerken helle en yn feilichheid brocht. Doe stelden hja de tsjerken iepen foar de herfoarmen.

 

Aremberg easke dat de tsjerken wer ynoarder brocht wurde soenen, mar it stedsbestjoer wegere. Hja hienen yn`e simmer foarkomme kinnen dat Aremberg soldaten yn it blokhûs lei, en foar him allinne wienen hja net bang.
Aremberg sette ôf nei Oerisel, wurf der soldatefolk oan en kaam yn jannewaris mei fjouwer findels soldaten werom en legere him yn it kleaster te Burgum. Hy easke dat de dûmny`s foar sinneûndergong de 11te jannewaris de stêd ferlitten hawwe soenen en dêr net werkomme. De tsjerken moasten wer ynoarder brocht wurde. De stêd foar him iepensteld, krûd en wapens oan him útlevere en ek njoggen boargen út it bestjoer en de hegerein as ûnderpân.
Dan soe der oer wat der bard wie net mear praat wurde, gjin ynkwisysje, hy soe oars gjin soldaten yn`e stêd bringe, dan syn liifwacht fan 50 ruters.
As it rêstich bleau, kamen de gizelers mei in jier wer frij.

 

It stedsbestjoer doarste har net te fersetten, foaral om dat dêr gjin ienriedichheid yn de stêd wie en ek net by de skutterij. De roomsken hienen ek in delegaasje nei Burgum stjoerd om harren te bekleien oer it ûnrjocht harren oandien en om te betsjûgjen dat hja neat dien hienen tsjin de eed dy`t hja sward hienen op de kening en dat hja fuort ree wienen dy eed jitris te befêstigjen as Aremberg dat winske. (Chr. S 738)
Sa krige Aremberg syn sin. Omdat hy it leger net yn de stêd bringe mocht sil dat noch wol in skoft te Burgum tahâlden hawwe.
It gyng allegear sa maklik, dat it Aremberg fuort al muoide dat er sa skiklik west hie op it stik fan de besetting fan `e stêd en de ynkwisysje. Wa`t in hûn slaan wol fynt altyd wol in stôk. Op twa maart helle er dochs twa findels yn`e stêd. Der kamen ek nije ynkwisiteurs. De ferfolging boaze wer oan.
Mar yn 1568 sneuvele Aremberg by Heiligerlee, it leger fan Loadewyk fan Nassau belegere Grins, mar waard troch Alva ferneatige.

Doe siet de skrik der sa goed yn dat it bisdom troch gean koe. Dat wol sizze dat de Friezen ûnder swiere bedrigingen fan Alva in biskop optwong krigen dy`t hja perfoarst, roomsk of net roomsk, net hawwe woenen. In oerwinning foar Alva, mar foar de Biskop, al hie er in hillige west in ûnmooglike taak.  

Cunerus Petri in Sieuw út Brouwershaven waard de twadde biskop fan Ljouwert, de earste wie ûndertusken al te Brugge befêstige. Op 23 jannewaris ferliet er Leuven om op 1 febrewaris yn Ljouwert oan te kommen. Dêr dienen se doe dus noch ryklik in wike oer! Nei in skoftsje by de Grauwe Beginen útfanhûze te hawwen naam er syn yntrek yn it hûs fan de prior fan it Berchkleaster yn Ljouwert dat er der "deftich" foar ynrjochtsje litten hie. Op sân maart kaam er yn it kleaster te Burgum om dat op te easkjen. (V. H&V. R 304)

 

De prior Johannes Bernhardi protestearre foar de foarm, want fjouwer dagen earder hienen hja al in oerienkomst makke. (MW 156) Derby krige de prior in talage fan 600 gûne en fjouwer skûten turf it jier, in keamer yn it Sint Anne kleaster yn Ljouwert, dy`t hy meubilearje mocht mei meubels út syn kleaster en twa bêden, syn skulden waarden foldien en hy kriich om te ferhúzjen noch hûndert gûne. Trije of fjouwer noch oerbleaune kanunniken krigen troch bemiddeling fan`e riedshearen fan it hof elk hûndert gûne jiers, ek hja mochten in bêd meinimme út it kleaster. Hja wienen by de oerienkomst tusken prior en biskop blykber fergetten. (Gab 526, 527)
It liket hast net te leauwen, dat dat alles wie wat der yn it kleaster oerbleaun wie, mar Lindanus hat it yn syn rapport ek oer mar fiif minsken yn it kleaster. (Hensen. 220)

 

It kapittel wie fansels min te sprekken oer dizze gong fan saken. Wis hja hienen optlêst it kleaster ek net rêde kinnen, mar dat de prior sûnder dêr it kapittel yn te kennen it kleaster oerdroech oan in oar, en him derfoar betelje liet, dat wie ferried oan alle begjinsels fan it kapittel.
Yn tsjintwurdichheid fan de biskop, protestearre Paulus Costerius prior fan Thabor, as fertsjintwurdiger fan it kapittel, tsjin de oerienkomst, makke op de tredde fan maart tusken de biskop en Johannes Bernardi. En ferklearre dat it kleaster lykwols ûnfermindere eigendom fan it kapittel wie. (Acq II 153(1))
Derby drigen hja Johannes Bernhardi mei exkommunikaasje. En hja hienen him grif mei help fan de wrâldske macht oppakke litten en him feroardielje litten foar it wrâldske gerjocht, foar it him taeigenjen fan wat net fan him wie en him dernei grif foar syn ferried, syn oerhearrigens oan de prior supperior, it ferbrekken fan syn kleaster geloften, foar syn fierdere libben yn syn sel opsletten. Neffens harren regels hienen hja dêr it rjocht ta. (VD I 415, Acq I 174)
Hja krigen de kâns lykwols net, Alva bemuoide him dêr persoanlik mei en skreau in brief oan it kapittel dat yn Eindhoven byinoar wie, dat hja de prior en syn kleasterlingen mei rêst litte moasten. (Acq II 152, 153)

 

De Biskop ferboelguodde alles wat der yn it kleaster noch te finen wie. ( Gab. 516)
Dernei ferbouwde hy it ta syn simmer ferbliuw. Mar lang hie hy der gjin wille fan. Acht jier letter wie it mei de Spaanske macht yn Fryslân gebeurd, der sûnder koe hy him hjir net hanthavenje. Op lêst fan de steaten waard hy yn Harns finzen nommen en in pear dagen letter nei syn bûtenferbliuw yn it kleaster fan Burgum oerbrocht, dêr`t er mear bewegings frijheid hie. De lânfâd Mathias hie him in talage fan 600 gûne tasein, mar de steaten wegeren dat út te beteljen, eardat hy rekkening en ferantwurding fan syn behear dien hie. Wylst hy dêr noch siet krige, (of hie), hy selskip fan de reguliere kanunniken fan Lúnjetsjerk, dy`t sûnt de ferwoasting fan harren kleaster (1515) yn Achlum sieten, dat yn 1572 ek ferwoaste wie. Namen hja it kleaster wer yn besit foar it kapittel?
De opbringst fan de landerijen hawwe hja grif net hân.
De 600 gûne foar Johannes Bernardi is oan syn dea yn 1578 ta oan him betelle. Dernei is op fersyk fan it bestjoer fan de stêd Ljouwert dizze 600 gûne brûkt om de Ljouwerter dûmny`s fan te beteljen (HWS II 412)

 

De steaten stelden de kleasters dy`t de biskop ûnderhâlde moatten hienen ûnder tafersjoch fan Popke Roorda as rintmaster, hy behearde ek it Haskerconvint, dat it Hof fan Fryslân him wierskynlik ta eigene hie, nei dat it ferwoaste en troch de muontsen ferlitten wie. (V AP 373, 374)
Lang duorre dy tastân net. Nei it ferried fan Rennenberg (1579) wienen alle roomsken fertocht en faai. De measten flechten of dûkten ûnder.
Ek biskop Cunerus Petri wist te ûntkommen, hy flechte oer Munster nei Keulen en stoar dêre 15 febrewaris 1580. (V. H&V. R 311)
Sa lei dan it kleaster ferlitten, mar net ûnbeheard. Roorda die syn bêst alles sa goed mooglik te ferhieren.

 

De striid tusken de steatsken en Spanje boaze hurd oan, doe`t Verdugo steedhâlder en oanfierder foar de Spanjaarden waard en út Grins en Oerisel wei Fryslân slim bedrige. De leechsteande kleasters, dy`t nei twa ieuwen striid en ûnrêst suver fêstingen wienen, soenen de fijân hâld en skûl biede kinne. Tagelyk wie der slim ferlet fan materialen om op strategyske plakken skânsen te bouwen. Yn 1581 waard derom troch de steedhâlder frij jûn de kleasters of wat derfan net ferhierd wier ôf te brekken. In pear dagen letter waard dat feroare, de frij kommende stien moast ta beskikking fan de steaten bliuwe.
It sil wol betsjutte dat de muorren en poarten fan it kleaster ôfbrutsen binne en faaks ek guon fan de gebouwen foar safier as dy net ferhierd wienen.

Yn elts gefal blykte yn 1606 it kleaster der noch te stean. It waard brûkt as pastorij en omdat it dêrfoar wol wat grut wie, wie de helte ferhierd as buorkerij. Dy ynwenning blykte problemen te jaan, doe`t de earste Burgumer dûmny Daniël Johannis opfolge waard troch dûmny Wilhelmus Faber. Wylst der gjin dûmny wie, hie de oare hierder alles oan him lutsen en hy sette de nije dûmny de foet dwers troch, doe`t dy efkes ôfwêzich wie, de doarren ticht te spikerjen en de studearkeamer oeral te heljen.

Dat is it lêste dat we fan it kleaster hearre foar dat yn 1973 de tsjerkfâden it tsjerkhôf út wreidzje moasten en derta proef gatten yn it nije part makken. Dêrút blykte, dat it sa net brûkber wie as begraafplak, fanwege it pún dat dêr yn`e grûn siet.

Doe`t ik op in dei dy gatten beseach en hearde dat dat stik by it tsjerkhôf lutsen wurde moast en dat it dêrfoar alhiel útgroeven wurde moast, haw ik my yn ferbining steld mei Elzinga, doetiids argeolooch fan it Frysk Museum en mei him de gatten, en it pún dat dêr útkaam wie, besjoen en de mooglikheid besprutsen om kontakt op te nimmen mei de tsjerkfâldei om tastimming te jaan it op te graven, omdat we dan yn elts gefal in frij goede plattegrûn hawwe soenen fan it kleaster.

 

De foarsitter fan de tsjerkfâldei sei, dat hja fan plan wienen it de folgjende winter út te graven, mar dat dêr noch gjin jild foar wie, sa dat it ek noch wol folle langer duorje koe, hoewol it wol hast tiid waard omdat it, nei it útgraven en wer opfoljen, wol in pear jier besakje moast foar dat it brûkt wurde koe. Wol wienen hja ree it jild dat it oars dochs komme soe te kostjen by te dragen.
In besykjen om de Gemeente foar de opgraving jild en G. S. W. ers beskikber stelle te litten mislearre.
De amateur opgravers yn oplieding wienen der noch net ree foar. En der wienen folle mear en faaks wichtiger plakken om harren yn te setten.

 

Sa stie de saak doe`t de tsjerkfâldei in oanbod krigen fan it leanbedriuw Van Adel, dat grûn brûke moast foar it opheegjen fan in hiem yn`e Warren foar in nije pleats foar W. Mulder. Dat wie de gelegenheid dêrt hja op sieten te wachtsjen, in pear dagen letter begûnen hja mei it útgraven.
De manier dêr`t Elzinga op reagearre, doe`t hy it berjocht krige, wie mear spontaan as ferstannich. De tsjerkfâldei wie frijwat rekke en ferbea elk en ien it terrein. Doe`t alles wer wat by lein wie, wie it measte útgraven al bard. De konklúzjes yn in brief oan B&W binne dan ek tige meager. Der binne yndied fûneminten fûn fan in 14de ieusk gebou, dat boud wie op in heuvel dy`t dêrfoar op smiten wie. Troch de wat ûnhandige oanpak, gjin platte grûn dus.

WAT IS DER NOCH FAN OER


Opgraving op it kleasterterrein


Op it eardere hiem fan it kleaster dat rûchwei lei tusken Skoalstrjitte en de poel en tusken de Lykwei en it Skoalleloantsje, kin noch fan alles yn`e grûn sitte, dat ôfkomstich is fan it kleaster en de bewenners of besikers dêrfan. Sa binne der munten fûn fan om 1570 hinne, mar ek út eardere en lettere tiden. Der is in segel fûn dat no yn it museum leit. En foaral fyn`t men dêr hele of faker stikkene stienen, dakpannen en laaien, en by graafwurk stikken fûneminten, flierren, kelders, ensf fan it kleaster of bygebouwen. It melden fan sokke fynsten en it yn kaart bringen dêrfan kin noch altyd bydrage oan it lytse bytsje dat wy mar witte oer it "Domus Sanctus Nicolai" yn Burgum.  


Opgraving op it kleasterterrein yn Burgum 1995








Boarnen:

Abma     G. Abma. Ljouwerterdiel. De Tille, Ljouwert 1984

Acq     J. G. R. Acquoy. Het klooster Windesheim en zijn Invloed. Utrecht 1880

B&B     A. Baart en M. P. van Buytenen. Bergums Kerk Klooster en Omgeving, overdruk uit de Vrije Fries dl 43, 1957

Dirks     M. J. Dirks. Losse stukken betrekkelijk Friesland. De Vrije Fries 1859

Hensen   A. Hensen. De toestand van sommige Friesche kloosters in de tweede helft der zestiende eeuw.  
                    Artikel yn Archief voor de geschiedenis van het aardsbisdom Utrecht. dl 52, s 214-223

HvP     Hoynck van Papendrecht. Analecta Belgica Hagae Comitum. Vita Viglii ab Aytta Zuichemmeii

Chr. S   Chr. Schotanus. De Geschiedenissen Kerkelijke als Wereldlijke van Friesland. Frjentsjer 1658.

Gab.     Gabbema. Verhaal van de stad Leeuwarden.

GA. L     Gemeente archyf Ljouwert

H. W. S.   H. W. Steenstra. Algemeene Geschiedenis van Friesland. Minnertsgea 1845. reprint Van Sijen Ljouwert.

HB588   Stedsbibletheek Brugge Hânskrift 588

M. M     Maria Meertens. De godsvrucht der Nederlanden 6. Antwerpen 1934

MW     Monasticon Windeshemense. W. Kohl e. o. Brussel 1980

Ph. Br     Ph. Breuker. De midsieuske kleasters yn Fryslân en harren grûnbesit. yn It Beaken nr 37 1975

PS OFO   P. Sipma. Oudfriesche Oorkonden

SA       Van Sminia argyf, yn it ryks argyf yn Ljouwert

S&Y     Spahr en Ypma. Tietjerksteradeel. De Tille Ljouwert 1978

WfT     Worp van Thabor. Kronijk van Friesland

V. AP     L. J. van Apeldoorn. De Kerkelijke goederen in Friesland. Ljouwert 1915

VB       Dr P. Th. van Beuningen. Wilhelmus Lindanus als Inquisiteur en Bisschop. Van Gorcum&comp. Assen   1966

VD R.     Th. M. van Dijk. De Constituties der Windesheimse Vrouwenkloosters voor 1559. Nijmegen 1986

V. H&V. R  Van Heusen en Van Rijn. oudheden en gestichten van Vriesland.

Mol      Prof. J.A. Mol. Het Uithofsysteem van het koorherenklooster Bergum in Friesland. yn Historisch-Geografisch Tijdschrift 22e j.g. no. 3  2004 

Thússide --------- Brendan --------- YNHALD ---------- E-post