DE PROFEET

Yke Franses Bergsma

Fan it fjild om Suwld hinne wienen it Suwldsterfjild en de Noarderkrite my folle better bekend as de Suderkrite of it ln ten oasten fan Suwld. Blykber wienen de skipfeart en de noardertochtsleat te wiid foar s as bern om der oer te springen. Us swerftochten, gewoan op aventoer of om te aaisykjen, beheinden har dus ta dit gebiet, al wie dat yn s eagen al in hiele wrld. Sa wienen we, Durk fan Jan en Atsje, en ik de moarns al ier, doe‛t heit-en-dy der fgienen te melken,  it fjild yngong om te aaisykjen. Wy hienen in hiel stik fan de noarderkrite fsocht en noch in hiel stik fan it Suwldsterfjild, doe‛t we om in oere of tsien, wurch en toarstich yn de Simen Oeges-petten achter de reidbult delsiichden, dr‛t Yke Franses Bergsma mei oan reid it ferbinen wie.
Foar de minsken dy‛t net mear witte wat reidferbinen is; reid wurdt yn‛e winter, leafst as it iis sterk is, snien en dan yn hiele dikke bosken bn en yn‛e bult set te droegjen. Under dy bult sitte takkebosken om ek it nderste reid droech te hlden. Sa‛n reidbult biedt prachtige nstplakken foar murden, harmelingen en wezelingen, en foar lytse fgels. Mar om it te ferkeapjen moat it reid wer losmakke wurde, de rchte dy‛t der tusken sit moat der t en dan wurdt it yn lytsere bosken wr opbn. Dat neamt men reidferbine. Dat wie yn dy tiid krekt in putsje foar ldere arbeiders, om noch wat te fertsjinjen mei net te swier wurk. Hja koenen it yn oannaam wurk dwaan, en hienen dan de tiid oan harsels.
Ike Franses Bergsma
Yke Bergsma wie doe in man fan sawat 70-jier. Hy hie, lykas elk doe, in bynamme en waard Yke bonkebrekker neamd. Dat sloech echt nearne op, want it wie in poerbste man dy‛t gjin minske kwea die. Mar hy moat, doe‛t guon jonges him pesten wylst hy oan it baanfeien wie, ris roppen hawwe. "As jimme hjir werkomme brek ik jim de bonken!"
Wy wienen dus toarstich, en lieten s fuort by de tochtsleat op‛t liif falle om te drinken, mar  Yke griep s yn‛e kraach en sei: "Ho jonges, dat kin net mear, dat is fiersten te gefaarlik, jimme kinne samar gjin sleatswetter drinke. Ik wit wol wat betters."
Hy pakte syn swartrikke koperen tsjetteltsje, liet dat foarsichtich fol wetter rinne sadat der gjin einekroas yn kaam. En hong it doe oan in gaffelstk boppe it fjoerplak.
Brandsjestoke, dat wie krekt wat foar s, dus sochten en brutsen we takken nder de bult wei en leinen dy op it fjurke dat noch in bytsje rikke, sadat it al gau oplge, it duorre fansels even foar dat it wetter sea, mar doe kaam der t in doaske, in ld tebaksdoaze as ik it my goed herinnerje, in bytsje thee tusken tme en finger yn it wetter,  noch efkes trekke, en doe koenen we theedrinke.
Der wie fansel mar ien kopke, mar dat wie foar s alhiel gjin beswier, dan krigen we om bar in kopke thee. Yke die ek mei, mar wurke ndertusken troch.
Wy woenen witte wrom we net mear t de tochtsleat drinke moasten, dat dienen we oars altyd as we toarst hienen, en it wetter wie lekkerder as t de pomp, it smakke echt swiet sa as it hjitte te wzen. Wy hienen der noch nea lst mei hn, en alle bisten drinke it snder der dea fan te gean. Mar, wy moasten tajaan dat master s ek alris warskge hie, en dat we yn‛e krite ek net t de sleat drinke doarsten.Yke fertelde s, dat doe‛t hy sa‛n jonge wie, it allegear noch iepen wetter wie. Doe koest sa fan it Nijdjip nei de Lune farre en fan de Lune nei it Langdiel en ek de krite wie doe noch hast allegear iepenwetter en winters stie alles blank. Sa waard doe alles noch altyd trochspield, al wie it net drekst streamend wetter, it waard dochs geregeld ferfarske.
Dat wie no alhiel foarby. Alles wie ynpoldere, en no wie dus alles eins stilsteand wetter wurden. Op it fjild waard eartiids alhiel net donge, dat bleau op‛e bou of yn‛e krite, sa ticht mooglik by hs. Drom wie it wetter yn‛e krite al lang net mear te drinken. En no begnen se yn it fjild ek al te dongjen, en noch folle slimmer, keunstdong te struien. It grs moast de grn t jage wurde. Hy pakte in kaartsje dat oan in keunstdongsek sitten hie, en sei: Jim heit is ek al neat wizer al hat er nei in lnboukursus west. Op it kaartsje stie: Vulkaan, en de ferhlding fosfor, kali en stikstof. "Sjoch, dat binne slten, sei Ike, soks past alhiel net yn de natoer. Sa meitsje se aanst alles kapot, want it giet har allinne om it mear en noch mear, mar se sjogge net nei de skea foar de skepping. Earst giet it wetter der oan, dan de grn, dan it wyld en de fgels, en mei der tiid wy sels ek."
Dat gong my bot gench, en ik soe dizze les allang fergetten wze as ik net in tritich jier letter, yn‛e santigerjierren, werris troch dat gebiet fytste.
Der wie ndertusken wetterlieding kaam, mar der wie noch gjin riolearing. Elk hie ndertusken in waskmasine en in does. En al dat spielwetter kaam no yn de poldersleatten. It wetter hie in frjemde grize kleur en it stonk.
Op it Suwldsterfjild wie de hiele histoaryske ferkaveling sa‛t ik dy kend ferbrutsen en feroare troch de ruilferkaveling. Reid en petten wienen der net mear te sjen. En ek lang net safolle fgels mear as eartiids.
Doe tocht ik wrom oan de wurden fan Yke Bergsma. Wa hie ea tinke kinnen dat Yke bonkebrekker in profeet wie?  It wie mei grut ntsach dat ik weromtocht oan syn wurden. Hy hie gelyk! En hy wie it net mear allinne, ik hie yn dy tiid heard fan it boek Silent Spring, oer de gefaren fan DDT, en fan ‛Grinzen oan de Groei‛ fan de Club fan Rome. Hieltyd lder wurde de warskgings fan de klimaatferoaring.
Sjoch marris om jim hinne yn it fjild. Sjogge jim noch ljippen, skriezen, tsjirken? Hearre jim noch wolris in ljurk sjongen, of in waarlamke bletterjen. Hearre jim noch wolris in reiddomp yn‛e stille maaitiidsjn? Of in teapert? Binne der noch koloanjes mei kobben of blaustinzen?
No driegje de bijen dea te gean fan fergif dat men tocht dat alhiel gjin kwea koe. En snder bijen gjin bestowing en gjin fruchten. Dat soe liede kinne ta in hongersneed sa as de wrld noch nea kend hat.
Profeten binne der om de minsken te warskgjen om werom te kommen fan de ferkearde wei dy‛t hja ynslein binne. Dat wie grif ek de bedoeling fan Yke Franses Bergsma, al yn 1937 en drom fyn ik dat hy in echte profeet wie. Drom hoopje ik dat jim him yn Suwld heech yn eare hlde en syn warskging ter herte nimme, ta behld fan de skepping en om te kommen ta in bettere wrld.





SICCO BERENT DRIJBER

1-03-1848       9-01-1936
Sikke Berent Drijber hat foar de hiele gemeente fan grutte betsjutting west. In ienfldich, tige warber man, dy‛t him alhiel ynsette foar it wolwzen fan de befolking. Nei‛t hy sels sei: "Snder oansjen fan persoan of steat." Sa as hy dat by it oangean fan syn amt sward hie. Yn it argyf fan de Ljouwerter fn ik in ynstjoerd stikje fan him, dr ‛t hy efkes fl t ‛e hoeke kaam, foar it gewoane folk en de sjongferiening fan Anjum, tsjin in wat smeulsk en delbgend stikje, dat de wurksumheden fan it Nut en de prestaasjes fan it sjongkoar lekke.  Hy wie, nei al de adel dy‛t hjir as grytman en letter as boargemaster west hienen, echt wat nijs en wat oars. Foar de boeren/wethlders as myn oeroerpake Danil Bouwes wie dat gjin probleem, mar de baronnen van Welderen Rengers en de Sminia‛s sille der wol wat oars foar oer stien hawwe. Hy moast him dus wier meitsje tsjinoer sokke hege hearen riedsleden.

Syn famylje wie fan boerekomf t de omjouwing fan it doarpke Drijber yn Drinte en hie drfan syn namme oannaam. Guon fan har gienen de bestjoerlike kant t.
Syn pake Sikke Berends Drijber wie adjunkt direkteur fan de Kolonie van Weldadigheid te Frederiksoard. En syn heit wie herfoarme dmny yn Gryptsjerk en lde Pekela. Syn broer Roelof wie dmny yn Moarmwld/Ikkerwld en letter yn Ljouwert. En syn neef Jacobus Adriaan wie boargemaster fan Starum, en letter fan Anjewier.

Sicco Berend DrijberDrijber hat 34 jier boargemaster fan Tytsjerksteradiel west, ophimsels al een hiel lang skoft, mei ferskate werbeneamings, dr‛t wol t blykt dat er as bestjoerder skoan foldie. Doe‛t hy hjir kaam hie hy al wat jierren nderfining opdien yn Warkum, yn Ezinge en  Eastdongeradiel. Hy wie dus al aardich yn‛t slt bebiten doe‛t hy yn Tytsjerksteradiel beneamd waard.

Doe‛t hy de 3de desember 1880 yn Ljouwert troch de kommissaris fan de keninginne bedige wie, fytste hy oer Wargea en Warten nei syn nije gemeente. Gjin flaggen, musyk, of earepoarten, sa wie Sikke Drijber.
Yn de riedsgearkomste, de oare deis, de 4e desember waard it keninklik beslt, dat Sikke Berent Drijber earfol ntslach krige hie as boargemaster fan Eastdongeradiel en beneamd wie as boargemaster fan Tytsjerksteradiel foarlzen. En doe waard de nije boargemaster troch de locoboargemaster Danil Bouwes van der Meulen mei in pear tapaslike wurden ferwolkomme en it amtsteken omhongen. Ek de nije boargemaster makke der net in lang ferhaal fan. Hy wie hjir kaam as in frjemdling, wylst syn foargonger in foarnaam ynwenner fan de gemeente wie en in tige goede boargemaster, dat makke it der foar him net maklikker op, hy hope dan ek op de steun, it fertrouwen en de freonskip fan alle riedsleden om meiinoar it wolwzen en de belangen fan de gemeente te befoarderjen. Fan syn kant woe hy dy freonskip graach biede.
En drmei naam hy de lieding fan de gearkomste op him en gienen hja oer ta de wurklist.
Hy wie gjin man dy‛t himsels op de foargrn sette. In goede persoanlike ferhlding en bn mei de ynwenners fn hy hiel belangryk. Syn redefieringen binne koart en op it stik f mei net folle omhaal fan wurden.

Mar hy wist fan oanpakken. De fearten en wegen waarden fiks oanpakt. Ek de nijbou fan skoallen hie syn omtinken. It gefolch wie dat de gemeente foaral yn it begjin fan syn amtstiid tige krap by kas wie sa as de sikretaris by it 25jierrich jubileum opmurk, mar dat der ek in berch wurk ferset waard. Faak moasten der lieningen sletten wurde, om wer nije wurken tfiere te kinnen.  En it wie in hurde wurker, dy‛t ek neist syn amt in protte wurk fersette. Sa wie hy mei oprjochter en bestjoerslid fan acht wetterskippen. Lid fan de provinsjale steaten. Regint boekhlder foar de Stifting op Toutenburg. En dan hie hy noch in stik of acht oare mear of minder wichtige funksjes. Sa dat hy ek nei syn fskie yn 1914 noch wurk gench hie.
It waard him al gau ddlik dat de wolfeart fan in grut diel fan de gemeente hast alhiel fhong fan bettere behearsking fan it wetterpeil. Dat liet in protte te winskjen oer. Net allinne yn hjerst en winter, mar ek by‛t simmer yn‛e ngetiid, wie it wetter faak fiersten te heech, sadat it ln en it fee lang net opbrocht wat it opbringe koe. In grutte skea foar de hiele mienskip.
Yn de provinsjalesteaten levere hy 1893 in fersyk yn ta it ynstellen fan in ndersyk hoe te kommen ta in fdwaande fwettering. De haadyngenieur kaam mei in foarstel ta ferbetteringen mei fsluting fan de Lauwersee. De kommisje kaam yn har rapport ta deselde konklzje. Frysln en Grins soenen mei help fan de ryksoerheid de Lauwersee fslute moatte mei in dyk mei grutte fstreamslzen en in feilige haven foar de fiskerskippen. It plan fan de kommisje waard 4 des. 1894 mei algemiene stimmen goedkard. 8 des 1895 wie der noch gjin beslut, en Drijber frege dus wat der no dien wie. It foarstel wie mei it provinsjebestjoer fan Grins besprutsen en nei de minister stjoerd, dy‛t it yn ndersyk jn hie by de rykswettersteat, en no op de tslach drfan wachtte. Dat wachtsjen duorre Drijber te lang, hy hie it idee dat amtenaren yn den Haag de boel op‛e lange baan skowden. Hy stelde foar nochris in skriuwen nei de minister te stjoeren om dy ta mear haast oan te setten. Dat foarstel waard wer mei algemiene stimmen oannaam. Mar it avesearde net.
Heechwetter 1910
Doe‛t yn 1910 wettersneed wie, wie der noch gjin beslissing. Dat wie de reden de ministers hjir sels hinne te heljen om har te oertsjoegjen fan de needsaak. En dit kear holp it. Net it bedykjen fan de Lauwersee, mar in stoomgemaal by de Lemmer waard de oplossing. Drijber waard beneamd yn de Wettersneed kommisje.


Heechwetter yn Tytsjerk 1910 flnr: Drijber, min. Talma, min. Regout, van Harinxma thoe Sloten


Dat hy tige wurdearre waard  bliek wol yn 1905, doe‛t hy hjir 25 jier boargemaster west hie, dat waard fierd mei grut flachfertoan, in konsert fan alle korpsen, in feestlike riedgearkomst, in resepsje foar elk en ien, in diner, en in jnsfeest yn it Rea Hert foar it jongfolk, dr‛t de jubilaris en syn frou net mear by wienen, omdat hja ek noch in feest yn Hurdegaryp hienen. By syn fskie yn 1914 wie der in kommisje ynsteld foar in kado ensfh.  Yn allerhande funksjes gie hy noch lang troch, sadat it tige fertsjinne wie dat hy yn 1935 nderskieden waard as Ridder yn de oarder fan Oranje-Nassau. Hy stoar 9 jan. 1936 yn Hurdegaryp.


GERM OASINGA ‘BOTS’
23-3-1880 - 23-3-1939
gemeenteplysje 1925
It gemeente plysjekorps 1925: steand flnr, Tjitze Kingma, Jacob v.d. Leest, Jelle Hoekstra, Gerben Osinga, Anne Feenstra; sittend Siebren Dykstra, chef Roelof Krottje, Geerlings

Foar de minsken fan hjoed is it wurd ‘veldwachter’ hast nbekend, en as se it noch wolris heard hawwe,tinke se drby oan in figuer as Bromsnor yn de televysje searje oer Swiebertje.
As ik har dan dizze foto sjen lit, fan it hiele Tytsjerksteradielster fjildwachters korps yn 1925 dan sil har dat yn dy miening grif fuortsterkje, want it hawwen fan in fikse snor hearde blykber by it plysje wzen. It stie yn elk gefal wol manhaftich en dat moasten hja ek wol wze, want der wie samar gjin help te beroppen, en hja moasten har dus ek mei gefaarlike sitewaasjes faak allinne rde. En krekt as hjoed de dei wienen der ek doe minsken dy’t de plysje net lije mochten, en as hja dan in boete of presesverbaal oprnen, lilk en gefaarlik waarden, tink mar oan immen as Eije Wykstra, dy’ fjouwer plysjes deaskeat yn 1929.
It wienen dus guon dy’t har mantsje wol stean moasten, en oan de oare kant ek freonlik en behelpsum wze moasten foar minsken dy’t help nedich hienen.
Fan dizze mannen ha ik mar twa wat better kennen leard, Germ Oasinga fan Tytsjerk en Suwld, dy’t de bynamme “bots’ hie, en letter doe’t we yn Garyp wennen, Jacob van der Leest.

Dat ik dit stikje oer Germ Oasinga skriuw is omdat ik him dochs likegoed as Yke Franses en Dreiber as in opmerklike figuer sjoch, dy’t soks 75 jier nei syn dea dochs wol fertsjinnet, al wie net elkenien altyd like goed oer him te sprekken.
Us heit fn him mar in bangskiter, heit en Simen Bergsma kamen op in jn t it fjild, hja hienen te streupen west, want hja hienen wol gewearen mar gjin jachtakte, en hja hienen ek wyld by harren. Hast oan hs ta moeten hja Oasinga, dy’t dr mei ien stie te praten. Hja rnen gewoan troch, ‘Bots’ doarste twa wapene mannen dochs net oanhlde.

Gerben Oasinga

Streupen seach men doe yn Suwld net as in kwea. Tine fan tante Atsje en ik sieten op in jn yn’e hjerst op de jarrekolk achter hs mei it hntsje Fanny tusken s yn. De omkes Jan en Peet wienen oan it melken, mar omke Peet hie s dr delsetten om te warskgjen as der guozzen oerkamen. Hy hie it ald guozzeroer achter it bynt set, foar it gripen. En dr kamen guon. Wy rpen ‘guozzen’!
Omke Peet nder de ko wei, it guozzeroer en ‘pang’, it gewear wer achter de stile en wer melke. Fanny fleach it ln yn achter de guozzen oan.  En dr wie Oasinga: “Hjir waard sketten” sei er. Omke Peet sei: “Man wer ha je it oer, wy binne drok oan’t melken.” Mar Oasinga hlde fol dat der sketten wie. Hy wie krekt foarhs op de wei, it koe him net misse. Omke Peet helle syn dbbelloops jachtgewear t de kast yn it foarhs en liet Oasinga fiele en rke dat der net mei sketten wie. Dat oertsjoege him mar heal, mar hy hie gjin bewiis en sette f. Hy wie noch mar krekt fuort of dr wie de hn mei de guozze!

Us Daniel en ik wienen, yn de droege sleat njonken Jan Ykes, in hutte oan it bouwen fan prikken dy’t yn de sleat leinen en guon dy’t we fan de beammen fbrutsen. Doe ynienen dr wie Oasinga. Wat er krekt sei wit ik net mear, mar wy waarden sa bang dat we tnaaiden, nei s beppe, dat wie it tichste by. Oasinga s, op de fyts mei syn grutte sabel der oan, achternei. Beppe liet s yn’e skourre en skoattele de doar, en omke Peet stie Oasinga te wurd en jage him fuort fan it hiem: “Kinst oars net as achter lytse bern oansitte, ophoepelje”!Dea berjocht
Oasinga 'bots'
Nee, it jongfolk yn Suwld makke it him faak ek net maklik, want dogeneaten ha je oeral en dy wienen der yn Suwld ek gench. En der gienen hiel wat sterke ferhalen oer hoe’t se Oasinga te fiter hn hienen, mar dy ha ik sels net mei belibbe, dat dy lit ik mar gewurde.

Letter makke ik Oasinga ek wol fan in oare kant mei.  En dan blykte it in hiel freonlike behelpsume man te wzen. Lykas by de feesten en by brn en ngelokken. Ik ha ek wolris by him ths west yn Tytsjerk, hy wenne fuort by de bosk.  Dat kaam omdat ik in beurs ferlern hie, en wy hearden dat ien him fn hie en nei de plysje brocht. Ik waard freonlik ntfong mei in kopke thee, en moast tlizze hoe’t de beurs der t seach en wat der yn siet. En doe’t dat kloppe mei it “gevonden voorwerp’ krige ik him wer mei.

Blykber koenen de gemeente plysjes al op harren 58-ste mei pensioen. Op 2 juny 1938 naam it plysje korps fskie fan Germ Osinga, nei 24 jier tsjinst. De taspraken, fan burgemeester Steenhuizen, chef fjildwachter Haken, dy ‘t Krottje opfolge wie, majoor Deelstra van de ryksfjildwacht en Bos fan de marechausjee, wienen tige loovjend foar syn ynset, syn trou, iver, kundigens en meiwurking.

By syn mearderen en kollega’s hie hy dus grutte wurdearring wn. Men hie der in hiel feest fan makke, mei presintsjes fan de gemeente, syn kollega’s, en sels fan it personiel fan de gemeente sikretarije. Ik tink dus dat dy wurdearring wol miend wie.
Al hie hy no pensioen, dochs siet hy net stil, en wurke hy noch as parkwachter, foar de reginten fan de Stichting op Tautenburg, yn de bosk fan Ypey. Lang hat hy net fan syn pensioen genietsje mocht. Mei neiststeand berjocht makke de Ljouwerter krante bekend hoe’t Oasinga yn syn wurk op it Alddiel hastich ferstoarn wie.
Dochs in skrik foar in protte minsken dy’t him kend hienen.


REINT ANNES FAN DYK

Reint as amtner

Fan de famylje fan Dyk krige ik, te lien, de foto boeken en de boeken mei kranteknipsels oer Suwld, dy ’t Reint fan Dyk makke en sammele hie, sa dat ik se oernimme koe. Dat is wer in boarne foar nijsgjirrige stikjes oer Suwld fan fjirtich jier of langer ferlyn. En dan is it foar de hn lizzend, om te begjinnen mei in ferhaal oer de samler sels.

Doet hy al slim siik wie socht ik him faak op yn ‘Hillemastate’, en doe ha we in oantal fan de dingen dy’t hy noch wist t syn jonge jierren op de bn fstlein.

Reint is berne 15 april 1917, as bern fan Anne fan Dyk en Haukje Beerda, yn de noardlikste fan de doe noch trije ienkeamer wenten, no tsjerkebuorren nr. 65.
Syn heit Anne wie foarman timmerman by de Veeninga’s, syn mem in achter bernsbern fan de eardere skoalmaster Reint Teakes Beerda.

Reint syn jonge jierren wienen net sa maklik, hy wie gauris siik, hie faak lst fan brongitis, hy stammere wat, prate net maklik, hy wie der by de oare bern faak wat oer en waard in bulte pleage.

It wie ddlik dat hy net it postuer hie foar in boufakker of boerearbeider. Gelokkich soarge syn mem dat hy de kns krige om te learen, en dat slagge goed. Hy die de ULO-skoalle yn Ljouwert, en in ULO-diploma wie foar de oarloch al hiel wat om goed oan’e slacht te kommen.

Nei in pear jier yn it magesyn fan garaazje Statema yn Ljouwert, kaam hy op kantoar by de gemeente ntfanger Siepma yn Burgum, en yn 1937 waard hy amtner foar soasjale saken yn Tytsjerksteradiel, op it gemeentehs te Burgum.
 
Yn Suwld foel Reint op trochdat hy op de jongfeinteferiening en it fraachlearen opkaam foar it frysk. Dat wie wat nijs yn Suwld, en lang net elk wie it dr mei iens. It heucht my dat wy as bern, let yn de tritiger jierren, warskge waarden foar sokke ‘trochdriuwers’ as Fedde Schurer en Reint fan Dyk!
 
Dochs wienen der ek yn Suwld wol frysksinnige minsken, Reint wie lid wurden fan it Kristlik Frysk Selskip, en it slagge him om yn Suwld in fryske krite op te setten. En hja sutelen al foar de oarloch mei fryske boeken en kranten. Sa learde ik myn earste frysk lzen t in boekje dat s beppe oan ’e doar fan de sutelers kocht hie. It koste my net folle muoite en ik fn it moai, folle chter as it hollnsk dat we op skoalle learden en it is neitiid altyd myn ‘earste’  taal bleaun.

Reint mocht ek graach dichtsje. De earste prebearsels wienen gelegenheids gedichten op fersyk. Foar sinterklaas, of in feest. Sa as hjir op it feest fan 1938, it jubileum fan keningin Wilhelmina, dr’t hy foardroech of song nder begelieding fan in ‘sigeuner’ dy 't in protte op Warren Kamminga liket, mei in rommelpot.
Dr foar en om syn ynliedingen op de jongfeinteferiening yn it frysk dwaan te kinnen learde hy frysk te skriuwen en helle letter ek de fryske akte, sa dat hy kursussen jaan koe.  

1938


En hy skreau, nder de sklnamme “Reginhart” ek serieuze gedichten, dy’t opnaam waarden yn de deiblden, de Burgumerkrante, Actief, en De Stim fan Frysln, Frysk en Frij, en fst ek wol yn Meiinoar. Der binne ek dichtbundels fan him tjn by de Kristlik Fryske Folks Bybleteek, mei de titels Ynkognito en Diggelfjoer. Mooglik binne se by de KFFB of by Steven Sterk noch wol te krijen. En Tresoar hat in knipselmap fan him oanlein mei mear as 50 artikels fan of oer Reint van Dijk.

Hoewol syn skrippen foar it frysk, yn tsjerke en op it gemeente hs, net altyd op priis steld waard, hat hy er dochs hielwat mei berikt. It wie dochs mei droan te tankjen dat Tytsjerksteradiel foarbyld gemeente waard by it brken fan it frysk yn it offisjele ferkear. En ien fan de earste gemeenten drt de plaknammen ferfryske waarden.

Op in jn kamen we wrom fan in gearkomste fan it Kristlik Frysk Selskip, Jaap van der Meer, Reint fan Dyk en ik, en doe besleaten we om de krite “G.A.Wumkes” yn Burgum, dy’t al jierren net mear gearkaam, wer aktyf te meitsjen. Dat slagge, en dy krite bestiet noch, en ek dryn hat Reint as bestjoerslid en ek as lid fan it haadbestjoer fan it K.F.S. syn paadsje wol skjin makke.
Foar my wie hy in foarbyld, in wize riedjouwer, dus in echte ‘Reginhart’, in bste en trouwe freon, en in bytsje famylje, hy wie troud mei myn nicht Frouke Lykles van der Meulen. It wie in hiele slach foar harren bern en foar s, dat hja beide  sa jong en sa hastich stoaren.
Hjirby dan noch in tapaslik gedicht fan Reint oer Suwld.

Ode oan Suwld

Oan ‘e rnne fan ‘e Wlden                Leit it leaf lyts doarp Suwld
Fan dat doarpke wol ik sjonge
Omt ik fan dat plakje hld.

‘t Is in rstich fredich herntsje
Fier fan ‘t drokke wrldbeweech.
Yn syn lytsens leit syn greatens
Ja, dat doarpke haw ik heech.

Stil te drgjen lizz’ syn pleatsen
Mei it bonte fee ta sier
Twa spitse tuorkes wize omhegen,
Fan dat doarpke hld ik wier

From en froed binn’ syn bewenners
Hja libje sljocht, hja binne oprjocht
Yn ‘e wraksling fan ‘e tiden
Hawwe hja om it heechste socht.

Hja earje God en ek de kening
Mar sjitte sels ek neat tekoart
Is it drom dan myn herte
Foar har sa’n greate leafde hat?

Oan ‘e rnne fan ‘e Wlden
Leit in leaf lyts doarp Suwld
Fan dat doarpke wol ik sjonge
Omt ik fan s Kanan hald.
            Reginhart