DE MONETIS - OER IT JILD

DE MONETIS

In koerslist śt it manuscript M.S. 558 śt‛e stedsbibleteek fan Brugge, side 3 versa.
(neffens Prof. H. E. Van Gelder śt de neisimmer of de hjerst fan 1464.)
 
  3r    De Monetis

Item een engels stoter ij braspenningen of iij philipus of iiij½ kromstaart.
Item i olt groet idem valet.
Item i yagher ij phs, iij krs.

Item i braspenning, i½ phs ix scheiskens.
Item i butdrager ij krs. viij scheis.
Item i wit stuver, vij  scheis, ij butkens.
Item i phs. et  kolsche penning et lewe, vi scheis. i½ krs.
Item aliqui leon ½ bras
Item i antiquus grossus flandrie, v½ scheis. Item i grossus, v scheis.
Item i krs iiij scheis. Item I butken iij½ scheis.
Item florenus aureus arnhemensis xi stu. xvi grs. x½x krs. xiij phs. minus i sch. xiiij olde grs. xxij but.
Item florenus  arnhemensis comens  x phs. xij grs. xi olde grs. viij½ stuver, xvij but. xv krs.
Item florenus postulatus xxiiij½ krs.  xvi phs et ½ krs. xxvij but. xiij½ stuver. xx grs minus ½ krs. xi brasp. minus ½ but.
Item florenus bavarie xiiij stuver.
Item florenus renaldi tantum.
Item florenus episcopi Frederici tantum.
Item clymmers cum gladio tantum
Item sine gladio xx but.
Item i peterman. xix stuver. xxiij phs. minus i scheis. xxvij grs. minus i scheis. xxxiiij krs. ende i scheis. xv bras.  ende ½ but. xxxviij butkens.
Item i gelresche rider xvii½ stu. xxxi ½ krs. xxv grs. xxi phs. xiiij brasp.
Item florenus davidi episcopi xvi stuver.
Item florenus renensis xx stuver. xxiiij phs. xxix grs. xxxvi krs. xvi brasp. xl but.
Item florenus groningensis tantum
Item scutum iohannis tantum.
Item florenus juliacensis minus i but.
Item florenus ulrici minus ij vel iij but.
Item i scutum philippi. xv stuver, xxx but, xviij phs minus i scheis, xxi grs. xxvij½ krs.
Item scutum wilhelmi xxi stuver, xxv phs,  xxx grs. xxxvij½ krs. xvij brasp. minus ½ but.  xlij but.
Item saluyt, corona, ½ nobel, xxv stuver. xxx phs. minus i scheis. xxxvi grs. xlv krs. xx brasp. l but.
Item i burguns rider xxvi stuver.
Item i lewe xxx stuver. xxxvi phs. xliiij grs. liiij krs. xxiiij brasp. lx but.
Item nobilia secundum quod ponderant valent communiter ij½ renensis (Henrici regis)
Item nobile ponderat communiter iiij½ engels, et sunt l stuver vel xx grossis angliae.
  3r   OER DE MUNTEN  bylage 1 side 274

In ingelske stoater is 2 braspennigen of 3 philippus of 4½ kromsturt [=18 skeisen.]
In āld grut is likefolle wurdich.
In jager = 2 philippus = 3 krs.[= 12 sk.]

In braspenning = 1½ philippus = 9 skeisen.
In boerddrager = 2 kromsturt  = 8 skeisen.
In wite stoer = 7 skeisen = 2 botsens.
In philippus [fliger] en in keulske penning en in liuw = 6 skeisen =1½ kromsturt.
De oare liuw = ½ braspenning [= 4½ sk.]
In āld flaamsk grut = 5½ skeisen. In grata = 5 skeisen.
In kromsturt = 4 skeisen. In botsen = 3½ skeisen.
In Arnhemse goudgūne = 11st, 16 grata, 19½ krs, 13 ph -1 sk, 14 āld (fl) grt, 22 botsens.
In Arnhemse rekkengūne = 10 ph, 12 grata, 11 ald(fl) grt, 8½ st, 17 botsens, 15 krs.
In postulaatgūne = 24½ krs, 16 ph + ½ krs, 27 bots, 13½ st, 20 grt - ½ krs, 11 brasp.- ½ botsen.
In beierske gūne = 14 stoeren.
In Reinouds gūne itselde.
In biskop Frearks gūne itselde.
In klimmers mei swurd itselde.
In klimmers sūnder swurd 20 botsens.
In piterman 19 stoeren, 23 phs - 1 sk, 27 grata - 1 sk, 34 krs + 1 sk, 15 brasp+½ bots, 38 botsens.

In gelderske rider = 17½ stoer, 31½ kromsturt, 25 grata, 21 philippus, 14 braspenning.
In biskop Davids gūne = 16 stoeren.
In rijnske gūne = 20 stoeren, 24 philippus, 29 grata, 36 kromsturt, 16 brasp, 40 botsens.
In Grinzer gūne itselde.
In Johannes skyld itselde.
In Gulikse gūne is 1 botsen minder.
In greve Ulriks gūne is 2 of 3 botsens minder.
In Philips skyld = 15 stoeren, 30 botsens, 18 philippus - 1 skeisen, 21 grata, 27½ kromsturt.
In Willems skyld = 21 stoeren, 25 ph, 30 grata, 37½ krs, 17 brasp - ½ bots, 42 botsens.
In saluit, in kroan en in heale nobel, 25 stoeren, 30 philippus - 1sk, 36 grata, 45 kromsturt, 20 braspenning, 50 botsen.
In Boergondyske rider = 26 st.
In [Boergondyske] liuw = 30 st, 36 ph, 44 grata, 54 krs, 24 braspenning, 60 botsens.
Nobels (fan kening Hindrik) binne neffens har gewicht gewoanlik 2½ rijnske gūne wurdich.
In nobel waacht ornaris 4½ ingelsk en is 50 stoeren of 20 ingelsk groat [of ‘stoater’].

Item nota in pondere
seis    vel vi is een engels.

Item    fiif vel v is een ½ engels.

Item   fjouwer     vel iiij, 1 quartale.
          
Item   trije vel iij, 1 achtendeel.
        
Item een engels is x½x  but vel xvi krs.

Item saluyt, ducaten, rynsche gulden, nywe cronen, weghen gelyc ½ nobel henrici myt een cog ende lely.
Item i burguns rider,  een augustyns croen die gheen lely en heeft biden schilden ende iij lelie inden schilt ende i phs schilt,  ende i peterman even swaer.
Item sijs i florenus arnhemensis aureus.
Tink der om by it wagen,
seisin wichtsje mei 6 stippen is ien ingelsk.

En   fiif mei 5 is in heal ingelsk.

En  fjouwer  mei 4 is in kwart ingelsk,

En  Trije mei 3 is in achtste ingelsk.

In ingelsk is 20ste-heal botsen of 16 kromsturten.

In saluit, in dūkaat, in rijnske gūne en in nije kroan wage likefolle as in heale Hindriks nobel mei in kogge en leelje.
In Boergondyske rider, in Augustijnske kroan dy’t gjin leelje by it skyld hat mar trije leeljes yn it skyld, en in Philips skyld en in Piterman binne like swier.
Belźsting 1 Arnhemse goudgūne.

 
ald flaamsk grut
lt flaamsk Liuwengrut fan Loadewyk f Male

Hollansk skyld
Hollansk āld skyld fan Willem VI
Arnoldus gūne
Arnoldus gūne fan Gelre
Biskop Davids gūne
Biskop Davids gūne
boergondysk skyld
Boergondysk skyld
Boergondyske liuw
Boergondyske liuw
Boergondyske rider
Boergondyske rider
franske kroan
Franske kroan mei trije leeljes yn it skyld

OPMERKINGS BY DE LIST FAN MUNTWEARDEN

Taljochtings by side 3

De list jout, neist wat skiednis fan it jild en de ekonomy fan de 15e ieu, in ynsicht yn de gebieten der`t it kleaster saken mei die en de mooglikheid fan in frij krekte datearring. Fergeliking mei oare koerslisten śt dy tiid jout oan dat er skreaun wźze moat yn 1464 of krekt der foar. (
meidieling fan prof. dr  H.E van Gelder)
IT LYTSJILD: Der wienen yn Fryslān dśdlik twa stelsels fan lytsjild yn omloop, it iene yn Westergo, de Sānwālden, en de Ommelānnen wie basearre op de ingelske penny, al wie dy yn’e lźste tiid ferfong troch de flaamske butken, dy’t hjir letter botsen neamd waard, en it dūbele dźrfan, de stuver dy’t hjir stower en letter stoer neamd waard. Botsen, stoer en stoater hearre dus thśs yn dat gebiet.
It oarde, yn Eastergo, Grins, Eastfryslān en it Jadegebiet, hie as standerd in soart nijfryske peinje ūnder ferkate nammen, sawat de helte lytser as de ingelske.
Dy fan Eastergo wurdt hjir skeisen neamd, mar hiet ek wol Ljouwerter peinje, it grut fan 5 skeisen wie de standard munt fan Eastergo, de grata, en letter waard dat de philipus of swarte stoer fan 6 skeisen.  
De jager, braspenning, butdrager, fliger en kromsturt, dat is jild fan Grins en Eastfryslān
De philipus, dy’t yn in Grinzer akte fan 1454, oantsjut wurdt as: de 'philipus burgoensche braspenninge die nu ter tijt zwarte stuvers geheten sint'; hiette yn Grins fliger, de skeisen hiette dźr plak.
Yn Westergoa hie de botsen  yn it begjin fan de 15-de ieuw it plak ynnaam fan de Ingelske penning/ sterling en dźr wie no de wite stoer fan 2 botsens de standerd.
Der neist wie noch būtenlāns lytsjild yn omloop.  Ingelske’groaten’ dy’t hjir  stoaters neamd waarden,  Flaamske liuwen, grutten en boerddragers,  Boergondyske stoeren en Keulske penningen. Alle lytsjild wie doe noch sulverjild hoewol it alderlytste lang net alhiel śt sulver bestie.  As men alles neirekkend kloppet it net altyd krekt, dat kin komme troch ōfrūnjen, mar dan sitte der noch aparte dingen yn. Nim de rijnske gūne, dy is 20 stoeren = 140 skeisen, 24 fligers =144 sk,29 grata= 145sk, 36 krs =144 sk,16 brasp=144sk en 40 botsens= 140 sk. Dat is net allinne ōfrūnjen want 28 grata soe krekt 140 wźze.
Om in idee te jaan fan de wearde, in arbeider fertsjinne doe deis in stoer of faaks noch minder, in tige fakman in braspenning deis. Fan de boumaster fan de āldehou wurdt ek sein dat er in braspenning deis hie! Dat kloppet net want yn it kontrakt fan 28 maaie 1529 stiet: acht stoeren foar elke dei dat er wurket, frij wenjen en in nij "kleed" elk jier, en dat is aardich wat mear.


FLORENUS:Yn de trettjinde ieu wie men yn Florence begūn mei it oan muntsjen fan goudstikken, mei op de iene kant Jehannes de Doper, de patroanhillige fan de stźd, en op`e oare kant it bondeltsje leeljes, de "flore" (blom) fan Florence. Dizze munt wie yn hiel Jerope neifolge, earst mei de selde ōfbyldingen, letter waarden dy oanpast oan lān, stźd of foarst, dy`t de munt slaan liet. Hy waard gūne neamd, mar de offisjele namme bleau florenus.
As Fryske gūnen komme yn de list foar dy fan Grins en fan Eastfryslān.
Neffens it ferdrach sletten yn Appingadaam yn 1338, mei besegele troch de prior fan it Barraconvint, waard de muntslach fan de stźd Grins kontrolearre troch in kommisje śt’e Ommelannen en Drinte.
Yn Eastfryslān wie Ulrik fan Cirksena greve wurden yn 1464, mar de Cirksena’s hienen  dźr al langer de macht śtoefene, en sloegen al sūnt 1435 imitaasje rijnske gūnen yn Emden. Ek Fokke Ukes Ukena 1428 - 1433 sloech al gūnen yn Norden.(Henstra s.198) Dy gūnen wienen 9% lichter as in echte rijnske gūnen, dus 3 botsens minder kloppet wol sawat.
De Fryske stźden sloegen allinne noch mar lytsjild, in pear jier letter begūn Frjentsjer mei gūnen.
Bekende būtenlānske gūnen wienen de gūnen śt it Rijnlān. De aartsbiskoppen fan Keulen, Mains en Trier en de greve fan de Palts hienen in monetaireuny  sletten, en sloegen gūnen fan garandearre gewicht en gehalte, 3,5 gram fan 18 karaat. In protte kontrakten yn it Dśtske ryk waarden opsteld,  te beteljen yn rijnske gūnen.
Hearde in gūne 20 stoeren te wźzen?  Om’t goud- en sulver- priis ferhāldingen altyd feroaren wie dat hast net mooglik. Mar, de wearde fermindering fan muntjild is alderearst in gefolch fan slytaazje. Gouden munten hienen in folle lytsere omloop snelheid as sulveren, de sulveren slieten dus it meast, en de lytsten it measte. Hie men dus in muntsysteem mei in gouden munt ūnderferdield yn sulveren lytsjild, dan soe nei 50 jier it lytse sulverjild,  40 botsens byg, minder wūrdich wźze as in goud gūne, ek al wie de goud sulver ferhālding de selde bleaun. As dat ferskil te grut wurdt ferdwynt it goudjild śt’e merk, ( men neamt dat de wet fan Gresham. Henstra s 6) de minsken wolle it net mear ruilje foar 40 botsens of 130 skeisens. De ienige oplossing is it goudjild nei ferrin fan tiid lichter te meitsjen. De ferhālding yn eigen lān bliuwt dan itselde, mar it ferliest yn wearde ferlike mei it būtenlansk jild Foaral Gelre hie der lźst fan, de Arnhemske gūne hellet mar 11 stoeren, sokke minne gūnen waarden "blauwe gūnen" of "postulaten" neamd.
De earste postulaten wienen fan de biskop fan Utert, Rudolf fan Diepholt, dy`t yn 1423 ta biskop keazen wie, mar earst yn 1432 ta biskop wijd waard. Salang wie hij dus "postulatus episcopus"of postulaat. Hy moat op in minne namme lein hawwe, want syn gūnen wienen neat minder as dy fan syn foargonger Frederik fan Blankenheim, mar syn opfolger David fan Boergondiė hie mear kredyt,  syn gūnen binne 2 stoeren mear wurdich.
Fan Gelre binne fierders de renaldus en de klimmers, mei de ōfbylding fan in klimmende liuw, mei of sūnder swurd. De Arnhemske rekken gūne is gjin munt mar in fźste rekken ienheid, sa eat as de Europeeske ecu/euro oant 2002 ta.
De grinzer gūne joech wat fernuvering by de deskundigen, dr. H.E. van Gelder dy’t dochs de heechste autoriteit wie op dit gebiet yn Nederlān, hie dźr noch nea fan heard, en wist net dat der yn Grins foar 1491 gūnen slein waarden mar hy erkende dat it der stie en stelde fźst dat de list net fan nei 1491 mar fan 1464 wźze moast.
Dus in nije gūne ūntdekt? Alhiel wis is dat net salang it allinne om in oantekening giet, wis binne we net earder as dat der in munt fan fūn wurdt. It soe ek in ‘keapmans’gūne wźze kinne, dat is in sulveren munt mei de wearde fan in gouden rijnske gūne, dus 20 stoeren, en dat hat dizze grinzer gūne ek. En it is net de guilder fan 10 stadsvlegers, want dat is de Arnhemse rekken gūne. (Henstra s.236) Fan Hollān binne de Beierske gūne, fan Willem V fan Beieren, en de skylden.

DE SKYLDEN: Om de hūndert jierrige oarloch te finansierjen hie de Frānske kening in nije munt slein, wat grutter mar tinner as de gūnen, mei op de foarkant de kening sittend op in troan. Ecu d`or ‘gouden skyld’ neamd. Omdat de Dśtske keizer him dźr yn fuort neiboude, hiet it Frānske skyld hjir keningsskyld en it Dśtske keizersskyld. It foarbyld wie ek yn Hollān neifolge, ek noch doe`t Frankryk en Dśtsklān allang wer op oare jildstikken oer gien wiene. Sa wie yn it begjin fan de 15e ieu it skyld in typysk Hollānske munt. It Willems skyld is fan Willem VI fan Oistervant, it Jehannes skyld is fan Jan fan Beieren (Jan sūnder genede), it Philips skyld is fan Philips fan Boergondiė (de goede), śt de tiid dat hy ruwaard (regint) fan Hollān wie. Doe`t hy greve fan Hollān wurden wie sloech hy in nije ienheids munt foar de Dśtske Boergondyske lannen, de Boergondyske rider, letter folge troch de liuw.

INGELĀN: Nei in koart ferbūn mei Frankryk, sletten yn 1338, hie Fryslān yn de hūndert jierrige oarloch meast oan de kant fan Ingelān stien. Ek no`t de oarloch oer wie, mar de driging fan de Boergondiėrs tanaam, wie der in ferbūn en in hannelsferdrach mei Ingelān, sadwaande dat der hjir yn dy tiid nochal wat Ingelsk jild yn omloop wie. Ingelān hie tige weardefźst jild, tige wolkom yn de handel en tige djoer. In nobel gau 50 stoeren hy woech 6,87 gram suver goud 23,8 karaat, suverder koe men it doe net meitsje.


JILD WAGE: Sok seldsum en djoer jild koe maklik mei knoeid wźze, it wie dus ferstannich it nei te wagen. Derby gie men śt fan it Trooisk pūn fan 490 gr.  ferdield yn 2 mark, 16 ūns, 320 ingelsk, 10240 azen .
Der waard opjūn hoefolle munten slein waarden śt in mark suver goud.
Fan de nobel gienen der 36 yn in mark,  dat is dus 160:36= 4,444 ingelsk.
Dus jout de list as gewicht 4,5 ingelsk. Om in nobel te wagen moat men dus op de oare skaal 4 plaatsjes fan  seis  en 1 plaatsje fan fiif lizze.

   
FERLYKJE: Hie men gjin muntwichtsjes dan koe men noch ferlykje mei bekende munten. Dźrom wurde munten opneamd dy`t like swier wienen.
Saluit, kroan, heale nobel en rijnske gūne binne dus like swier,  3,5 gram.
de rijnske gūne is 20 stoeren, de oaren 25, dat komt fan it alloai, it gehalte oan suver goud. 100% goud is 24 karaat. De rijnske gūne is 18 karaat, en bestiet dus foar 0,75 śt goud, de oaren besteane foar 0,992 śt goud en binne dus 23,8 karaat en dertroch in kwart mear wurdich.
Ek de Boergondyske rider, Augustijnske kroan, Philips skyld en Piterman binne like swier, 3,63 gram ek hjir is gāns ferskil yn waarde de rider is 26 stoeren it skyld 15 en de piterman 19.
De augustijnske kroan koe ik net thśsbringe, ek net mei help fan prof. H. E.  van Gelder fan it keninklik pinningkabinet yn Leiden, dy`t sa goed wie my syn lźzing fan de tekst te jaan en de measte fragen te beäntwurdzjen.
Foar syn tige deskundige help wol ik him hjirby fan herte tank sizze. En ek dr. D.J. Henstra fan Noardlaren, dy’t in dissertaasje skreau oer 'The money standard of medieval Frisia, en dy’t myn wurk neisjen woe en in protte ta ferbettering oandroegen hat, dźr’t ik tankber gebrūk fan makke ha. Syn kennis nimming fan De Monetis en noch wat oare boarnen hat him der tabrocht in oantal ferbetteringen yn in takomstige 2de printing fan syn boek oan te bringen, dy’t ik foar safier fan tapassing hjir ek fuort oanbrocht ha.

Boarnen:
Munten en muntvondsten. Dr H.E. van Gelder & drs. Joh. Boersma, Fibula-Van Dishoeck. Bussum 1967
De Nederlandse Munten. Dr. H. Enno van Gelder. Het Spectrum N.V. Aula. Utrecht-Antwerpen 196
The Evolution of the Money Standard in Medieval Frisia. Dr D.J. Henstra. Uitg Verloren Hilversum 2000