YNHALD

  • WETTERSKIP "SUAWOUDE
  • WETTERSKIP "HET SUAWOUDSTERVELD"
  • WETTERSKIP SUWALDSTERFJILD II
  • WETTERSKIP SUWALDSTERFJILD  III
  • WETTERSKIP "SUAWOUDE OOST"
  • WETTERSKIP "SUAWOUDE ZUID."
  • WETTERSKIP DE NOARDERPOLDER
  • IT WETTERSKIP 'DE  RUCHFINNE'
  • WETTERSKIPPEN

    Om Suwāld hinne

    Wetterskip "Suawoude"

    Yn Augustus 1909 wie it peil fan it būtewetter al fiersten te heech, troch dat it sa‛n wiete simmer wie. It hea yn de mieden fersūpte, en it jongfee moast hastich en te gau śt de skarren helle wurde. As gefolch te min hea, dźr‛t men te gau mei begjinne moast te fuorjen, dus moast der in protte fee ferkocht wurde, en dat drukte de prizen.

    It wetter bleau de hiele hjerst te heech, troch wiet waar en ūngeunstige wyn om te stromen. En doe kaam dźr ein jannewaris begjin febrewaris noch in protte wetter mei stoarm śt west en noardwest oer hinne. De seediken hālden it gelokkich, mar it wetter yn‛e boezem kaam troch opwaaien op plakken oant 90 cm boppe FZP, (frysk simmer peil is NAP - 66 cm) en de measte simmerpolderdykjes wienen net heger as FZP +50 cm. It legemidden yn Fryslān wie ien grutte binnesee. In grut part fan it lān wie ūnbedike, of befeilige mei simmerdykjes. In fźste dykhichte wie nea fźststeld, allinne as it yn wetterskip kaam koe dźr in noarm foar steld wurde, en ek dat doarsten deputearresteaten noch net iens oan. As hja in noarm stelden, moasten hja dy ek kontrolearje en handhavenje.

    It op peil hālden fan it wetter wie al ieuwen in hiele toer, en de sitewaasje waard hieltyd slimmer, troch dat de see heger kaam, it lān sakke Der kamen almar mear polderkes en wetterskippen, dy‛t mei hieltyd better mūnen harren wetter op in hieltyd lytser wurdende boezem brochten.

    De skea wie ūnfoarstelber. It wie dśdlik dat men sa net fierder koe. Rūnom waard dan ek praat oer in bettere behearsking fan it wetterpeil. De foarstanders fan it oprjochtsjen fan ien of mear stoomgemalen beleinen op sneon 19 febrewaris in gearkomste yn‛e klanderij yn Ljouwert. (LC 18-2-1910) In protte gemeenterieden stiene der by de Steaten op oan dat der no dochris wat dien wurde moast.(LC 19-2-1910)
    De folgjende gearkomste fan de foarstanders fan stoomgemalen wie op 24 febrewaris yn Snits. It kommitee is śtwreide, meistanders kinne ‛adhesy‛betsjoegje troch de plannen te ūndertekenjen (LC 22-2-1910) Hja hienen op 23 febr oan de ministers fan wettersteat en lānbou in adres oanbean śt namme fan eigeners, hierders en oare belanghawwenden om in ōfdwaande ōffier fan it boezemwetter troch middel fan stoomgemalen op‛e seediken. De ministers seinen ta dat hja so gau mooglik komme soenen te sjen. De foarstanders hienen it adres ek oan de keamerleden stjoerd en oan alle suvelfabrieken yn Fryslān om it de leden foar te lizzen om steun en hāntekens.
    Witteveen
    Yn Warten, Earnewāld en āldemiede wie it wetter, yn it lźst fan febrewaris noch altyd neat sakke en by hurde wyn wienen Suwāld en Tytsjerk noch slim gefaarlik.(LC 25-2)
    Yn de gearkomste yn Snits, sei de foarsitter dat se nei de ministers west hienen, en wat dy tasein hienen. En dat hja dat as kommitee dogge, omdat Prov. Steaten en de Fryske maatskipij fan Lānbou, net tidich maatregels naam hawwe, en dus ferantwurdlik binne foar de ūntstiene skea. Sprekkers dźrfan warden har omraak, mar it spriek net oan. Der wurdt al te lang te folle praat mar neat dien.(LC 26-2)
    Ek yn kranten būten de provinsje waard drok diskusearre oer oplossingen. En ek dźr like de bou fan stoomgemalen de goedkeapste en de bźste. Der waard al advertearre mei driuwende stoomgemalen om polders leech te pompen!
    De krante stie fol ynstjoerde stikken foar en tsjin stoomgemalen, ien skreau: Alles hoecht dochs net tagelyk en ien stoomgemaal is dochs wol genōch! De kosten wurde te bot oerdreaun.(LC 2-3)
     En Ir. Witteveen dźr tsjin yn: Gemalen binne fiersten te djoer, goede śtwetterings-slūzen binne folle goedkeaper en helpe mear!
    En in oaren: It duorret noch oant heal maaie, teminsten as der geunstich streamd wurde kin, eart it wetter fuort is. Ynstjoerd mei berekkening (LC 3-3-)

    Yn ‛Het Volk‛ waard Suwāld ta foarbyld steld: Te Suawoude is namelijk besloten in een vergadering van landeigenaren om een waterschap op te richten, bevattende direct 1300 pondematen land. Dit zoogenaamde Suawoudsterveld lag als het ware noch voor eb en vloed, ten dele werd het gemaaid en geweid met jongvee. Nu gebeurde het verleden jaar in Augustus reeds, dat dit land al meerendeels onder water liep, tot grote schade van de vele huurders, die het hooi verloren of genoodzaakt waren hun jongvee (hokkelingen) er vandaan te halen.
    De belanghebbenden hadden drommels goed begrepen dat er andere maatregelen genomen moesten worden en maar dadelijk tot het oprichten van een waterschap besloten, waarin mede een stoomgemaal zal geplaatst worden.
    Dat is eigenlijk zakendoen in het algemeen belang, en waar heden heel Friesland roept om stoomgemalen voor de afvoer van het boezemwater, zal het mede ernstig overweging verdienen of ook voor meer geregelden afvoer uit de polderlanden meer stoomgemalen niet dienstig zullen zijn. (LC 5-3)
    TroelstraEk P.J. Troelstra mong him yn‛e diskusje, der moat net allinne in ferbettere ōffier, en stoomgemalen komme. Mar foaral in bettere organisaasje fan de Prov. Wettersteat. En ek mear wetterskippen. It moat net langer oerlitten wurde oan de grutgrūnbesitters, dy‛t it oant no ta sloere litten hawwe. Mar it is in publyk belang dat troch de oerhyd regele wurde moat, op kosten fan de eigeners, mei help fan it ryk.(LC 30-03)
    Advertinsje

     Mar yn Suwāld wienen se al śt‛e rie: In berjochtsje fan 25 april 1910: Foar in pear wike waard besletten om it Suwāldsterfjild yn wetterskip te bringen, no wol men de Muontslannen ek meidwaan litte, en ek alle oare polders om Suwāld hinne yn ien wetterskip bringe en dat mei ien stoomgemaal bemealle, meiinoar wol 850 ha.

    As dat slagget sille der alve wettermūnen būten wurking steld wurde kinne.
    En it gie troch: De namme waard Waterschap Suawoude.
    Neffens in advertinsje fan Deputearre steaten fan 21-12-1911 lizze de plannen ta oprjochting by Ate Visser yn Tytsjerk te besjen fan 28 desimber ōf, fjouwer wike lang. It wetterskip yn oprjochting is dan al groeid oant 977 ha.
    11 maaie 1912 wurdt bekend makke dat troch deputearre steaten as it foarriedich bestjoer foar it "Waterschap Suawoude" beneamd binne de heren: S.B. Drijber, Hurdegaryp, S.W. Oostenbrug, Tytsjerk, D.R.van der Meulen, A. S. Hoekstra, O.A. Antonides, U. P. Hornstra en B. van der Meulen, allegear śt Suwāld.
    En dat bestjoer lei syn plannen mei in kaart om yn te sjen, al op 21 augustus 1912 by E. Westerhof yn Suwāld.
    Mar stoomgemalen wienen djoer, en dus tocht men oan noch mear śtwreiding.





    WETTERSKIP LJOUWERT-BURGUM.

    Grut, grutter te grut
    11 maaie 1918 stie de advertinsje yn‛e krante, dat deputearre steaten as foarriedich bestjoer fan it op te rjochtsjen wetterskip Leeuwarden-Bergum beneamd hienen:
    U.P Hornstra te Wergea; J.K. Inia te Nijegea; H. Posthumus te Gytsjerk; D.R. van der Meulen te Suwāld; en J.J. Inia te Tytsjerk.
    Yn de Ljouwerter fan 18 maaie 1918 folge in berjocht dat de plannen foar in op te rjochtsjen wetterskip Leeuwarden-Bergum, foar belanstellenden yn te sjen wienen by Bunt op Swarteweisein.

    W ljouwert - Burgum

    Ien wetterskip fan it Langdeel, de Greuns, it Kealledykje by Ljouwert, oan‛t de wei Quatrebras- Burgumerdaam en tusken de Wide Ie, it Wiid Hop, de Langemeer en de Grinzerstrjitwei. Ien dyk der omhinne koe 160 km besteande polderdiken en dykjes ferfange. Der kamen trije slūzen yn, sadat it allegear befarber bleau. Ien op‛t Alddiel, ien yn de Burgerfeansterfeart, en ien yn‛t Nijdjip. 77 mūnen koenen ferfong wurde troch 14 wynmoters. 10 wetterskippen koenen opheven wurde.
    Oer in stoomgemaal waard net mear praat!
    En der kaam in nije wei oer de Rūchfinnewei, mei in brźge oer de Lune, oan‛t de āldeskoalle op Aldemiede, en dźrwei nei it suden oan‛t de Langemeer, en nei it noarden oan‛t de Grinzerstrjitwei fuort by de Hege brźge.
    Mar de tsjinstanners hienen ek al in advertinsje yn‛e selde krante, trije dagen achter inoar; dat hja in beswierskrift "ter inzage en ondertekening" dellein hienen yn cafe Spoorsicht te Ljouwert.
    Blykber wie de tsjinstān te grut. Yn de Ljouwerter fan 18-11-1919 stie dit berjocht ūnder Gemengd nieuws: Het voorloopig bestuur van het ontworpen waterschap Leeuwarden- Bergum heeft eenparig als zoodanig bedankt met ingang van 17 November !!

    Yn it ferslach fan de provinsjale steaten van 23 July 1921 wurdt śtienset dat it earste fersyk om oprjochting fan dit grutte wetterskip de steaten berikte yn desimber 1913. Troch de oarloch duorre it oan‛t 1916 foardat der in śtwurke plan wie, en doe‛t dat mei opmerkings en oanpassingen wźromstjoerd waard, duorre it oan‛t 1918 foar‛t der in ferbettere plan wie. Dat blykte safolle tsjinstān en beswieren op te roppen, dat de haadingenieur fan wettersteat advisearre om it mar net troch gean te litten en fierdere tariedingen stop te setten.
    Yn de steaten gearkomste fan 27 july waard dźr omstandich oer debattearre. Oer dat net oprjochtsjen wienen se it mei de haadingenieur iens, mar de provinsje hie ƒ 2500 foarsketten, dat wienen se no kwyt. Allinne de "deskundigen" hienen der fan profitearre, en dy lieten har betelje neffens 5% fan de totale kosten, gjin wūnder dat se it sa djoer mooglik opsetten. Der waard al praten oer wetterskipsswendel. En dat sil it bestjoer te folle wurden wźze.
    Deputearre Okma wiisde der op dat de plannen foar de oarloch yn 1913 opmakke wienen, doe troch de oarlochsomstandigheden śtsteld, en no nei de oarlog wie alles folle djoerder. Kom. v Harinxma
    De foarsitter, de kommisaris fan de keningin, foel der tusken: wol fjouwerkear sa djoer.
    Dat lei him net oan de deskundige, of oan de ūnbekwaamheid fan it bestjoer, mar oan de tiidsomstandigheden.
    Elk fūn dat der foarsichtiger mei it oprjochtsjen fan wetterskippen omgien wurde moast. Mar de maatregels dy‛t hja dźrta oandroegen wienen by dit wetterskip allegear ek al tapast en dochs wie it misgien. Wat yn 1913 in tige goed plan like, wie no in fierste djoere, fierste lśkse en achterhelle oplossing.

    Mar ek yn 1913 wienen der al minsken, dy‛t dit grutte wetterskip net de oplossing fūnen.  15 nov. 1913 stie der in ynstjoerd stik yn de Ljouwerter, oer it "Waterschap Westelijk Tietjerksteradeel". Der yn sette U.P. Hornstra, doe lid fan it bestjoer fan wetterskip "Suawoude" en letter fan it foarriedich bestjoer fan "Leeuwarden - Bergum", śtien dat de arguminten fan de tsjinstanners, foaral notaris Ottema, net doogden, dat hja de kosten te heech en de foardielen te leech ynskatten. Sa woe de notaris hawwe dat in dyk mei in ringfeart allinne al wol ƒ100.000 kostje soe. En de totale kosten wol op in heal miljoen kamen. En dat wie yn dy tiid in ūnfoarstelber en ōfskrikwekkend grut bedrach.
    Ottema en konsorten hienen sirkulaires rūnstjoerd mei har beswieren, en foarbedrukte folmachten, dy‛t de minsken dy‛t it dźr mei iens wienen, tekene wźromstjoere koenen, sadat hja safolle stimmen sammelje soenen, dat hja de oprjochting tsjinhālde koenen.

    Men kin oan de toan fan Hornstra fernimme dat hy dat mar achterbaks gedoch fūn.
    Hy focht de berekkening oan, en sette dźr tsjinoer, hoe‛n grutte ferbettering it foar de hiele streek fan Tytsjerksteradiel wźze soe, en ek foar de stźd Ljouwert; as dat hiele gebied dat no winters, en soms ek simmers al, ien grutte wetterflakte wie, mei in protte skea foar de eigners en hierders, aanst foargoed droech lein waard en yn fruchbere greide feroare wurde soe, goed ūntsletten mei hurde wegen en goed ūnderhālden befarbere wetters. Dat Ottema tocht dat dat folle goedkeaper berikt wurde koe mei lytsere wetterskippen fūn Hornstra ek sa‛n misrekken. Yn lytsere wetterskippen sille de kosten de ha. altyd heger śtfalle. Mar it gie oer, en dus moasten der oare plannen komme, want sa koe it net langer!!


    WETTERSKIP "HET SUAWOUDSTERVELD"


    Wy seagen dat de plannen foar in wetterskip dat hiel Suwāld omfette, en dat letter śtwreide waard ta in foar dy tiid "mega‛" wetterskijp Ljouwert- Burgum, śtgie fan it al besteande wetterskip It Suwāldsterfjild. Hoe kaam dat no.
    Dat wetterskip "it Suwāldsterfjild" wie al oprjochte yn 1891.
    It gie doe noch om in simmerpolder, der kamen dykjes omhinne om it lān by‛t simmer droech hālde te kinnen. Winter bemealling like salang de provinsje der net ynslagge om it wetterpeil yn‛e macht te hālden, noch ūnmooglik, dan wie men sokke gebieten ek beslist nedich om genōch wetterberging te hawwen. Bemeallen ferge ek in folslein oare ynrjochting fan it gebiet, dat doe foar in grut part noch op ferfier mei preamen ynrjochte wie. In oantal fan de tochtsleatten wienen noch iepen nei it Nijdjip en de Lune, die waarden noch brūkt foar it bemodderjen, en foar it ferfier fan it hea en it fee. De reden wienen, omdat it lān by‛t winter ūnder wetterstie, faak min te beriden. Yn it begjin gie it dus oer it goed ūnderhālden fan de farwegen, Lune en Nijdjip en de iepen tochtsleatten, en de reden en barten om ridende op it fjild komme te kinnen.

    Yn april 1893 wie de earste yngelannen gearkomste. It bestjoer besocht om in subsydzje te krijen śt it slykjildfūns foar it ferbetterjen fan de fearten. De reden soenen direkt, de fearten sa gauw ast koe oanpakt wurde.  Mar yn de yngelannen gearkomste fan jannewaris 1894 bliek dat de subsydzje earst ōfwiisd wie, omdat de fearten te ūndjip wienen, op guon plakken ek te smel, en guon noch net iens hekkele.  In tsjinfaller dus, mar der wie ek in meifaller: De oerbleaune saldo‛s fan de kommisjes dy‛t earder de Lune en it Nijdjip ūnderhālden, kamen no it wetterskip ta en koenen mooglik brūkt wurde foar in flapbrźge oer it Nijdjip by de Langemear. Dy flapbrźge wie in ideaal dat yn de lettere jierren faak neamd waard, der binne prizen opfrege, en ek twaddehāns brźgen besjoen, plannen makke, mar it is nea wat wurden!
    Nei in petear mei B&W en in nij fersyk waard yn 1885 ƒ1227 tasein, op foarwaarde dat de fearten op 5 meter breedte brocht waarden by in djipte fan 75 cm ūnder simmerpeil. En B&W krigen opdracht dat earst te kontrolearjen eart hja de subsydzje śtkearden.
    It wetterskip bliek doe yn eigendom te hawwen, 8 set barten, 1 draachberje, 2 brede planken en wat latten alles opburgen by Tseard Klazes Hoekstra, dźr‛t ek de gearkomsten hālden waarden, en dźr‛t it meidielingen boerd oan‛e būtenmourre siet, blykber de doarpskroech.
    As by‛t hjerst it wetter heech waard, en de barten dochs net mear brūkt waarden, dan waarden hja ophelle, neisjoen en tarre en droech opslein en by‛t maitiid as it wer droege waarden hja wer te plak brocht.  H.A.Mulder bea oan dat foar ƒ8,00 yn it jier te fersoargjen.
    It folgjende jier dielde it bestjoer mei dat it slatten net trochgean koe, omdat it fierste djoer wie. Dus gjin subsydzje!

    It gie der ek noch hiel gemoedlik om-en-ta. Yn it ferslach fan 1899 beskriuwt Drijber, de sikretaris/ūntfanger, de skou. Dat wie de jierlikse kontrōle of‛t elk syn sleatten dammen en reden goed skjin en ynoarder hie.
    Schouw: Heden 9 september 1899 door de heeren Antonides, Castelein en Drijber reidende, onder leiding van de voerman A.B. van der Meulen van Suawoude op een boerenwagen, werden de reeden zoomede de veele vaarten slooten en greppels opgenomen!  Hja wienen  de hiele dei ūnderweis, hja mochten alle fjouwer ek wol graach in slokje, dat der sil ek noch wol wat drinken meinaam wźze.

    Nei elke wiete simmer, wienen der klachten dat it lān net te brūken west hie. Hjerstmis
    1903 wie der troch it hege wetter fan it wurk yn it wetterskip neat te lāne kaam, sadwaande wie der wat grutter saldo, mar dat moast sa gau mooglik wol oan it wurk dat lizzen bleaun wie bestege wurde, foaral de reden. Dźrom waard foarsteld in dwarsreed oan te lizzen fan perseel F397 yn‛e Latten oan‛t perseel E 234 by de Langemear. Dus fan noard nei sśd, (no fan healwei de Lousmarwei oan‛t de westkant fan it djippegat by de Langemear). En fan dy reed ōf, oer de besteande reed,(Dźr‛t no de wei nei Aldemiede rint) nei it Nijdjip. In brźge op it plak fan de barten noard fan de skipfeart en dan in wei by de skipfeart lāns oan de strjitwei ta, śtkommend tusken de pasterije en de āldskoalle. De kosten waarden begrutte op ƒ 7000. Fansels wie net elk it der fuort mei iens, guon pleiten foar trije tafierwegen. In dwarsreed by it Nijdjip lāns ensfh, dus waard der in kommisje beneamd dy‛t de plannen besjen moast en op de folgjende gearkomste ferslach dwaan.

    Doe wie de belangstelling grut, 42 stimmen.
    De kommisje stelde foar:
    A. It bestjoer op te dragen in deskundige te beneamen dy‛t plannen makke foar:

    Achtkant mūne
    Achtkantmūne I  it bedykjen en bemeallen as simmerpolder en
    II de oanlis fan reden en wegen.
    B. De kosten dźrfoar op de begrutting te setten.
    De diskusje wie levendich. Mar it simmerpolderplan waard mei 41 stimmen oannaam. It plan foar de reden mei 29, en B sūnder haadlike stimming.
    De begrutting waard dźrop oanpast ta ƒ640,27 dat joech in omslach ƒ 1,50 de ha.
    Op‛e folgjende gearkomste wienen 51 stimmen oanwźzich. De rieplachte deskundige wie de Heer D. Hoogkamp fan Follegea en it plan omfette bedykjen, tochtsleatten slatte, ferbetterjen fan de reden en it bouwen fan in grutte achkantmūne oan‛e Langemear. Grutste beswiermakkers wienen dr. Reeling Brouwer en K.G. van der Veen, de rintmaster fan notaris. Albarda.
    De beswieren wienen nochal fier socht en fan de troch har freze hegere kosten wie gjin berekken. Mar ek fan de foardielen net. En sa waard it plan mei 29 tsjin 22 stimmen ōfwiisd.

    Trije jier letter, op de bestjoers gearkomste 2 desimber 1909 kaam it bemeallen wer oan‛e oarder. It hea en it weidzjen wie dy simmers wer folslein mislearre troch it hege wetter. Dat moast oars. Hja hienen yn 1906 Hoogkamp in plan meitsje litten, dat lei der noch en hja woenen dat hy dat op de yngelanden gearkomste, 24 jannewaris 1910 nochris śtlizze soe. Mar doe wie it al heechwetter, der waard in extra gearkomste belein op 11 febrewaris oer it foarstel śtwreiding mei de Moeslannen en de Latten en de winterpolders om it doarp en bemealling mei stoom of diesel. 3 febrewaris dienen D.R.van der Meulen en S. Oostenbrug ferslach fan de gearkomste mei de yngelanden fan de winterpolders yn it doarp, dy‛t op 2 febrewaris hālden wie, om meiinoar te kommen ta ien polder mei bemealling. It belang waard no ynsjoen, mar guon griisden noch tsjin de kosten oan. Dus waard der in kommisje yn it libben roppen om de mooglikheden te besjen en te besprekken.


    Mar it bestjoer fan it Suwāldsterfjild sette troch; 14 febrewaris waard it bestjoer machtige om alles te dwaan om te kommen ta ynpoldering, bemealling en śtwreiding; fan de 68 oanwźzige stimmen wienen 51 foar, foar śtwreiding mei de winterkriten 36 stimmen. 25 april waard meidield dat de Moeslannen en de Latten meidienen, en de winterkriten achte waarden ek mei te dwaan, sa waard de oerflakte 820 ha. It plan koe dus nei de steaten en it bestoer waard mei 4 leden śtwreide.

    It oare jiers jannewaris wienen de plannen ree. De kosten waarden begrutte op ƒ86270.
    Dat soe liede ta in ferheging fan de wetterskipslesten fan ƒ2,50 of ƒ3,– de ha. De oanrinkosten soenen troch it Suwāldsterfjild foarsketten wurde.
    It plan kaam dus net samar śt‛e loft fallen, hja wienen der al lang mei oan‛e gong. It hege wetter fan 1910 joech in ekstra stjit. En as hja it ear net hingje litten hienen nei noch mear en noch mear dy‛t meidwaan woenen hie it samar klear west. Mar in folle grutter gebiet hie slim lźst hān fan it hege wetter, en no‛t der in stoomgemaal by de Lemmer tasein wie, no wienen de tiden ryp om ta ferbettering te kommen. Elk nij plan joech wer śtstel en doe kaam de oarloch en doe gie alles oer!

    WETTERSKIP SUWALDSTERFJILD II


    It wie dus de earste wrāldoarloch en de dźrtroch ūntstiene kostenferheging, dy‛t makke dat it grutte wetterskip Ljouwer-Burgum net troch gean koe. Dy oarloch hie ek makke dat men earst yn 1917/18 begjinne koe te bouwen mei it  stoomgemaal, dźr‛t al yn 1913 ta besletten wie. Dat foel dus ek folle djoerder śs as begrutte. Neidat  it de simmers al op heale krźft draaid hie, waard it 7 oktober 1920 iepene troch keningin Wilhelmina.
    Op de yngelannen gearkomste fan it Suwaldsterfjild, 15 maart 1920 waard in nei reglemint besprutsen, en besletten ta ūndersyk troch de hear Wierda foar śtwreiding mei de Moeslannen en de Latten, dy‛t beide ek belang hienen by in bettere ōfwettering en foaral bettere reden. Yn september wie der in bysūndere gearkomste dźr‛t Wierda syn rapport bespriek. In simmerpolder mei de Moeslannen en de Latten wie foardieliger as it fjild allinne. In winterpolder skatte hy nochal wat djoerder, want dan moasten de diken heger.
    Yn desember waard it plan besprutsen mei de eigeners fan de Moeslannen en de Latten, en nei wat op en oanmerkings, (guon fūnen it fan belang dat it by‛t winter ūnder wetter stie en woenen de diken dźrom leger dat ek goedkeaper wźze soe), mei 12 tsjin 5 stimmen goedkard.
    It foarstel waard besprutsen yn de steatengearkomst fan 11 Jannewaris 1921 en joech noch al wat stof ta diskusje, want in simmerpolder, koe dat noch? Moast dat net in winterpolder wurde, moasten dy diken net omheech nei 1 meter + FZP? No‛t der in stoomgemaal wie hoegde men dochs gjin simmerpolders mear. De steaten doarsten dźr noch net oer te beslissen. Hja moasten noch ōfwachtsje wat foar gefolgen de bemealling fan de boezem ha soe. Dus earst mar diken fan 0,70 m. + FZP, dy koenen letter altyd noch ophege wurde, en faaks wie dat alhiel net mear nedich.

    WynmoterWynmoter by Weidum Hercules 12m

    Yn 1921 bestelde it bestjoer in wynmoter mei in reddiameter fan 12 meter by Stokvis yn Rotterdam foar ƒ20.620, ek de totale kosten liken mei te fallen, it kaam op ƒ90.000. De moter waard it selde jiers noch levere, en śs heit oansteld as mūnder. Op fersyk fan de gemeente waard it slotten fan de tochtsleatten yn de Moeslannen yn wurkferskaffing śtfierd, tsjin it begrutte bedrach. Jild lienen wie sa omslachtich en djoer, dat it bestjoer foarstelde de kosten yn ienkear om te slaan as de klassifikaasje klear wie. It waard mei algemiene stimmen oannaam, want dat wie op in doer folle goedkeaper. Dat blykte it oare jiers foar guon dochs net mooglik, doe waard beslist it dan mar yn fiif jier te dwaan, elk jier f 16.000
    Yn 1922 is it reglemint wizige, de fergoeding fan de bestjoersleden gie fan ƒ10 nei ƒ50 fan de sikretatis/ūntfanger fan ƒ40 nei ƒ200 yn it jier, omdat it wetterskip grutter wurden wie en mear wurk easke.
    In reed en in brźge nei de Moeslannen koe noch net, omdat se der op‛e Aldemiede noch net śt wienen wer‛t de reed komme moast, dźr‛t se op oanslute moasten.
    Yn in ekstra gearkomste waard der oerlein mei de belanghawwenden by de Aldheawei, de reed fan E.Westerhof oant it Nijdjip. It wetterskip woe dy oankeapje fan de eigeners en ferhurdzje litte.
    Troch min waar en letter troch droechte koe de oannimmer fan de diken net op tiid klear. Der drige him in boete fan f 4000 mar de yngelanden seagen yn dat it oermacht wie en omdat de man syn bźst dien hie en it wetterskip der alhiel gjin skea fan hān hie, krige hy, op syn fersyk, syn sinten mei in koarting foar de kosten fan it langer tasicht.
    Ek Veeninga, dy‛t de dūker ūnder de Lune makke hie, dat folle mear muoite koste hie as ferwachte, wie te let, mar krige ek de hiele som śtbetelle.

    Handtekens     Handtekens Drijber en pake Daniel Rinderts van der Meulen

    Yn juny 1923 waard troch de steaten wer in śtwreiding goedkard, no mei de Rūchfinne om ek op de noardkant in bettere tagongswei te krijen. En der wie in plan foar de oan te lizzen reden. Dat waard troch de yngelanden goedkard, mar der wienen in pear dwarslizzers. Dy woenen gjin oaren oer har lān hawwe. It bestjoer besocht it yn oerlis te regeljen, mar de juridyske adviseurs fan dizze lānhearren wisten, dat in rjocht fan reed oer in oar sines, net samar tastān komme koe, en easken in wetlike regeling. Soks soe eins allinne mar kinne as it wźtterskip de reden oankocht, en as hja dy yn eigendom hie, de yngelanden it rjocht joech se te brūken en dan de kosten omsloech nei it belang dat elk der by hie.
    Omdat de tsjinstanders, troch ferkeap te wegerjen, dan it plan jierren tsjin hālde koenen, soe men dy dus ūnteigenje moatte. Dat wie in dreech en djoer gedoch, in ūnderhānse regeling soe folle goedkeaper west hawwe. Mar as se oars net woenen, dan moast it sa mar. Der waard in advokaat ynhierd en in kommisje beneamd dy‛t it regelje moast.

    S.B.DrijberSikko Berend Drijber
    Yn 1924 betanke ald boargemaster Drijber, dy‛t fan it begjin ōf oan, dus al 32 jier, sikretaris/ūnfanger west hie. Sunt waarden de notulen gāns koarter en minder lźsber, hoewol Drijber syn skrift ek net altyd dūdlik wie. Hy waard opfolge troch Notaris Van der Ley fan Hurdegaryp. Dy‛t al gau der nei opfolge waard troch P. Jacobs dy‛t it śthālde oant it opheffen fan it wetterskip yn 1956.
     
    Yn 1925 kaam it bestjoer mei in plan om in dwarsreed by it Nijdjip lāns fuort op winterhichte te bringen mei it śtbaggerjen fan it Nijdjip. Foarstel om dan alle diken op winterpeil te bringen, waard ōfstemd. It wetterskip soe no śtwreide wurde mei de aldheawei en in reed oer it lān fan śs beppe, de widdo. D.R.v.d.Meulen en dy soenen ferhurde wurde. Dy wei hyt no Daniel Bouweswei, mar pake Daniėl Rinderts hie as foarsitter fan it wetterskip jierren tige skrept om in ferhurde wei, en doe‛t dat oars net slagge, der sels in streek fan syn lān foar ōfstien, dy hie dus better Daniėl Rindertswei hite kind.

    Men tocht oan in rolbrźge op betonnen fundearring oer de Lune, mar it wachtsjen wie op it plan foar de reden. En dat wie dreech, doe‛t it plan der wie, moast it noch ‛ter ynsage‛ lein  en troch de provinsjale steaten goedkard wurde. Der wie ek noch in beswierskrift fan in famylje de Jong, mar der wienen ek minsken dy‛t śt eigen beweging tastimming joegen om oer har lān. Roolvink en Daniėl Aans v.d.Meulen. No woenen de bewenners fan Aldemiede en de eigeners fan de Moeslannen de reed nei de Lune graach by de tocht achter de wynmoter lāns hawwe, en dan rjocht fan reed oer de middenwei. It bestjoer beprate it mei de belanghawwenden, it soe f 7000 kostje moatte en dan dochs mar mei in flapbrźge.
    En de yngelanden woenen as de reden klear wienen, dochs mar in ferheging fan de diken nei it winterpeil. Sa waard it ein 1929 foardat alles klear wie, en doe moasten der hjir en der noch dammen en pompen en ek de Aldheawei oer it Nijdjip wie noch net alhiel klear.
    Alles meiinoar hie it gāns jild ferge. Hja sieten no op hege kosten, en doe kaam de krisis.

    WETTERSKIP SUWALDSTERFJILD  III


    Like it oan‛t 1929 ta dat de tiden hieltyd wat better waarden. De krisis fan de 30-ger jierren, dy‛t nimmen ferwachte hie, joech grutte problemen foar alle minsken en bedriuwen dy‛t op hege lźsten sieten omdat hja krekt wat nijs begūn wienen en dat wienen der in hiele protte.
    Eins hast alle minsken dy‛t nei de oarloch fan 1914 - 1918 in hśshālding of in bedriuw begūn wienen, tsjin de hege kosten dy‛t der fuort nei de oarloch betelle wurde moasten, sieten te djoer, en hienen slim ferlet fan goede merkprizen en fikse leanen en dat wie foarbij.
    Ek de wetterskippen om Suwāld hinne, wienen yn it begjin fan de 20-ger jierren begūn, en wy seagen dat de lytse wetterskippen Sśd en Noard, ek noch al djoer sieten en dźrtroch op  hege wetterskipslźsten kamen. De krisis wie foar in protte minsken in ramp, en ferskate bedriuwen koenen har lźsten net mear betelje, en gienen oer de kop.

    It Suwāldsterfjild wie troch omstannichheden wat letter begūn mei it meitsjen fan grutte kosten, mar dźr moast wol jild foar liend wurde tsjin de hege rinten fan doe.
    Yn 1930 moasten der noch f193000 betelle wurde foar de nije wurken, en wer in liening sluten fan f80000 omdat betelje te kennen. Men fūn de rinte eins te heech en besocht fuort om in goedkeapere liening te sluten, mar dat slagge earst yn 1939. En yn it wetterskip stienen de kosten nea stil, de tochsleatten, de  reden, de wynmoter, de barten, de flapbrźge en al it oare materiaal moast ūnderhālden, oars gie it hurd fan jin ōf. En ūndertusken waard it foar de yngelanden hieltyd lestiger om dy almar heger wurdende lźsten op te bringen.

    Wienen der yn de oare wetterskippen meastal net folle klachten. By it Suwāldsterfjild wienen der foaral nei 1929 wol in protte. Oer it meallen bygelyks, op‛e Latten is it de iene kear te wiet, en oare kear te droech. De mūnder krige de skuld, mar by kontrōle blykte dat de tochtsleatten dźr hinne te smel en te ūndjip wienen, it duorre te lang foar dat it meallen of it ynlitten fan wetter dźr effekt hie. Yn 1929 wie de skroef fan de wynmoter al fergrutte, blykber krige men nei acht jier meallen al lźst fan it ynklinken fan it feanige lān, mar dat wie noch lang net de oplossing fan alle problemen.
    Oan de sśdkant klagen de minsken oer by‛t simmer te leech wetter, gjin drinken foar it fee. It peil, dus de mūnder, krige de skuld, mar it bliek dat de eigeners de sleatten net goed genōch ūnderhālden.

    De reden, op de feanige ūndergrūn, wienen, by tiden by‛t hjerst en yn wiete riten, mar min te brūken, der waard foaral klage oer de brūkberens fan de dwarsreed by it Nijdjip lāns en de reed nei Aldemiede. Oan it ferhurdzen fan de dwarsreed en it oanlizzen fan in wei fan de middenwei nei de Lune waard wol tocht, mar der wie gjin jild foar, it soe de lźsten fan de brūkers te folle ferheegje, en der kamen no al hieltyd mear ‛wanbetellers‛ dy‛t it net mear betelje koenen. It oantal groeide by it jier.
    Yn 1931 waard besletten alle leanen, fan de arbeiders foar it hekkeljen, en fan de mūnder en de sikretaris/ūntfanger mei 15% te ferleegjen. Op alles moast besunige wurde, sels op it bytsje smaroalje foar de wynmoter, dat earst troch Harm van Vaals levere waard, men besocht it no rjochtstreeks fan Shell te krijen, skilde wer in pear gūne it jier! En der wie in foarstel om it aaisykjen, it fiskjen en de jacht te ferhieren! It gie net troch, de yngelannen wienen der op tsjin, want wa soe dat dan dwaan en wa soe dat kontrolearje moatte??

    Dat gie sa troch oan‛t 1933/34, doe waard der, op oanstean fan de wurkgelegenheids kommisje fan de gemeente, oer praat om alle achterstallich ūnderhāld oan reden, dammen en tochtsleatten, yn wurkferskaffing śtfiere te litten, en dat slagge ek, mei 100% subsydzje op de arbeidersleanen.
    Doe waarden der troch guon eigeners plannen makke om de petgatten ek yn wurkferskaffing oan te meitsjen ta brūkber lān mei ūnderbemealling.
    It wetterskip wie der tige foar, it ferwachte mear ynkomsten, want lān betelle mear lźsten as wetter. En de eigeners hienen, as hja dat goed dienen en der brūkber lān fan makken, rjocht op it ‛slykjild‛, dat wie jild dat by de ferfeaning yn in fūns stoart wie, en dat wer śtkeard waard as it fergroevene lān wer yn kultuer brocht waard. En dat wie no dus tige wolkom.
    Not. N. OttemaNotaris Ottema
    Mar it makke de "boezem" de opslach kapasiteit foar reinwetter lytser en de polder gefoeliger foar in dikke bui of in reinige rite mei net folle wyn. En sa kamen der no twa lytsere wynmoters as ūnderbemealling by, yn de petten fan notaris Ottema en fan Simen Oeges Hoekstra, dy‛t mei subsydzje yn wurkferskaffing oanmakke wienen. Ut de notulen liket it dat dat śtfierd waard fan 1934 oan‛t 1937, doe wie de slimste krises oer, mar de wurkleazens noch lang net.

    En sadwaande waarden yn 1937/38 ek de barten yn wurkferskaffing ferfongen troch betonbrźgen. Dat wie eins fuort al nedich west, want dy barten sūnder leuning, wienen net sa  breed, en wol wat gefaarlik.
    Ik ha dat as jonge fan 11 jier,  as tusken menner, noch wol meimakke. Mei ōfladen weinen mei dong hinne en mei in lege wein wźrom, en ik fūn it altyd hiel spannend om fan de reed ōf oer de barten te stjoeren. As it der op oan kaam mocht ik as jonge fan alve op de iepenbiere wei net iens in wein bestjoere. Ik hie it hynstemennen by omke Peet leard, dźr hoech
    de ik de wei net op. En de middenwei, no Daniel Bouwes wei, wie ‛eigen weg‛ fan it wetterskip, dźr jilde de plysje feroardering fan it wetterskip, en dźr stie soks blykber net yn. It koste heit wol sinten, want hy hie my thśs hālden fan skoalle, en dat mocht Oerbliuwsel wynmoterek net!!
    Foaral as men mei in pear weiden hea achterinoar, mei twa hynders der foar, fan de dwarsreed ōf heaksom oer de barten moast, kaam it tige krekt, en dan wie it foaral as de hynders wat skrikachtich wienen, lang net sūnder gefaar. It wie dus in hiele ferbettering dat der in brźge kaam.  In wūnder dat der nea ūngelokken mei bard binne, dat is my teminsten net bekend en ik bin it yn de notulen ek net tsjin kaam, wol wienen der klachten oer it minne ūnderhāld, en stikkene, smoarge en gledde barten.

    Ek in gefolch fan de krisis wie dat guon wetterskipsūntfangers net goed mei de sinten omgienen. Deputearresteaten easken no dat alle wetterskippen de boeken fan de ūntfangers nei gean lieten. Mar in accountant-bero ynhiere like it bestjoer net goed ta, dat soe har mar op kosten jije. Hja namen dźrom
    it beslūt in kaskommisje te beneamen, fan twa bestjoersleden, dy‛t de boeken en de kas fan de ūntfanger twaris jiers ynsjen en kontrolearje moasten, en dźr in ferslach yn trijefāld fan meitsje, ien foar deputearresteaten, ien foar de foarsitter, en ien foar de ūntfanger. 

    Wat der oerbliuw fan de Wynmoter

    Nei 1938 wurde de bestjoersgearkomste notulen gāns koarter, gjin begruttings foar elke legger mear sa as om foar te lizzen oan de yngelanden. Blykber hie men dźr wat oars op betocht, stensils bygelyks, om oan de yngelanden, fuort mei de śtnoeging foar de gearkomste rūn te stjoeren, sa dat men net mear nei Visser yn Tytsjerk hoechde te reizgjen om de stikken yn te sjen. As dat de reden wie, dan binne der dźrfan dochs gjin yn it argyf te finen. Ek de ferslaggen fan de yngelands gearkomsten wurde koarter, it liket of‛t der net folle nijs mear wie. Nei de oarloch komme der plannen foar ruilferkaveling en wetterskip Lytse Geast. Men hie wol beswieren mar seach ek foardielen, der like ek net oan te ūntkommen.
    Op de lźste gearkomste 5 april 1956 wienen der mar twa yngelanden oanwźzich, der waarden gjin besluten mear naam en gjin ferkiezings mear hālden. Sa gie it as in nachtkears śt. Allinne de betonnen ūnderbou fan de wynmoter stiet der noch as in monumint foar it wetterskip Suwāldsterfjild.


    WETTERSKIP "SUAWOUDE OOST"


    Al sūnt 1910 bestie der in wetterskip "De Oude Hooiweg" dat him foaral dwaande hālde mei it ūnderhāld fan de āld Heawei, en fan fearten, sleatten, pompen, dūkers en dammen, en it ūnderhāld fan de barten en it barteset oer de Bartefeart.
    Yn 1913 wie der al besocht dit wetterskip om te setten yn in wetterskip mei bemealling, ta it behearskjen fan it wetter tusken Burgum en Suwāld en tusken de warrenwei en de feart. Troch de plannen foar it gutte wetterskip Ljouwert-Burgum wie dat oergien, mar no yn 1920 seach men dźr wer in kāns ta, 21 maaie 1921 waard der noch oer fergadere, mar wat der besletten waard witte we net want der binne gjin notulen mear fan.

    Doe't, der yn Suwāld plannen makke waarden om te kommen ta in bemeald wetterskip tusken Suwāld en de Bartefeart, kaam der protest śt dit wetterskip, sy hienen dat stik der ek by yn ha wollen, mar yn Suwāld hienen se it gruttinken ōfleard, dat it helle neat śt. It is net earder as yn 1965, doe<t it by it wetterskip Burgum ynsletten waard, ūnder bemealling kaam.
    Yn septimber 1921 fersochten P.J. de Boer en fjouwer oaren de oprjochting fan in wetterskip "Suawoude Oost", mei in opperflakte fan 210 ha. 25 jannewaris 1922 wie de earste gearkomste ta de oprjochting fan dit wetterskip. In wike letter wie der in gearkomste fan tsjinstanders (De oude Hooiweg) yn de Bearzen op Burgumerdaam. 14 desimber1922 wie it foarstel ta oprjochting yn de provinsjale steaten. Ien oanwźzige, dy 't 3 ha fertsjintwurdige, wie tsjin de yndieling fan dat stik lān by it wetterskip. Dat wie de stifting op Toutenburg, it gie om it arbeidershūs en it stik lān tusken de ālde en de nije wei, dat mei in dūker ūnder de warrenwei troch bemeald waard troch it eigen gemaal by de pleats fan de stifting.
    Yn april 1923 frege it bestjoer, dat bestie śt trije leden en in deskundige, de heren P.J.de Boer, Antonides en D. R.v.d.Meulen en as 'adviseur' C.J.Wierda,   tastimming om te begjinnen mei de śtfiering fan wurken.
    It wurk waard gund oan Boltje fan it Hearrefean foar f 7120 en wie begrutte op f6500. De  ūnderbou fan de wynmotor waard gund oan H. Kuipers te Boalsert foar f 5197
    Twa wynmoters mei sentrifugaalpompen, noch mar inkele jieren brūkt waarden te keap set. Yn in advertinsje yn de Ljouwerter stie: Verkoping voor het waterschap "Suawoudsterveld" van 3 BARTEN afkomstig van het Meerszet en voor het waterschap Suawoude Oost: 1 MOLEN van de Krullenspolder, 1 MOLEN van Bergsma,1 JASKER van de Jong, 1 JASKER van D. Zuidema.
    Kaart Ut de kaart fan de bestaande toestand  blykt dat de molens spinnekoppen wienen. 14 dagen letter stie der wer in advertinsje yn:Te koop aangeboden 2 in goede staat verkerende enkele jaren gebruikte Windmotoren voor polderbemaling, respectievelijk 3 en 3½ M raddiameter (met centrifugaalpomp) staande in het waterschap Suawoude Oost.
    Der wienen yn it begjin noch minsken dy 't klagen dat hja der no net mear farre koenen. Dźrom hie it wetterskip in pream oanskaft, eigendom fan it wetterskip, sadat immen dy 't modder of stront oer it lān bringe woe dy hiere koe. Yn it begjin wie dźr wol gebrūk fan makke, der wie in opslachplak by de  Wide Ie en ien by de wynmotor, om klaaimodder oan te fieren. Mar nei ferrin fan tiid waard it lān fźster en leger troch de ynklink, dus moast it polderpeil oanpast wurde, en doe wie it wetter eins net djip genōch mear, gefolch altyd klachten oer it hekkeljen. It wie dus gjin sukses, de minsken koenen no mei hynder en wein op it lān komme, folle makliker.

    Mar der wienen nochal wat kosten makke om /dy fearten befarber te meitsjen, dus wienen der skulden. En dźrom koe de legger net ōfskaft wurde ek al waard der net mear fard. Ja, al koe der net iens mear fard wurde, dochs koste it noch elk jier jild en dat hat eins de hiele skiednis fan it wetterskip duorre. Yn 1942 wienen de barten tige min en der wie gjin materiaal te krijen, it bestjoer stelde foar de barten troch dammen mei dūkers te ferfangen, mar hja koenen it der net oer iens wurde wa <t dan de skuld fan de befarbere sleatten oernimme moast, dat it gie oer.  Yn 1946 besocht it bestjoer it nochris, mar ek doe gie it net troch.
    Yn de advertinsje fan de wynmoters waard de Krullenspolder neamd, dat is in fersin foar Kreulenspolder. It wie lān dat dumny J.R. Kreulen, fan 1882 oan 't 1891 dumny yn Suwāld, oankocht, en ynpolderje litten hie.

    Yn de trytigerjierren wienen der faak klachten oer it yn oannaamwurk śtfieren fan it hekkeljen. Elk woe graach wurk hawwe, en as men it oan de leechste ynskriuwer gunde, koe dat best misbeteare, trochdat de man mear ferlet fan wurk hie as ferstān fan hekkeljen, mei as gefolch wol goedkeap, mar min hekkelwurk.

    Douwe BosmaDouwe Petrus Bosma
    Mar yn 1939 wie it dik ynoarder. Der waard fol lof sprutsen oer it kreaze en krekte hekkelwurk fan Douwe Bosma, dy 't it yn dat jier te goedkeap oannaam hie, mar hy wie in tige sekuer man, dy 't it syn eare tenei wie om broddelwurk te leverjen, dat hy die it nei ear en gewisse sa goed as er koe, mar it koe foar him net śt. Op de yngelanden gearkomste wienen guon dy 't foarstelden him wat mear te jaan, dan koe it foar it wetterskip noch bźst śt, sa goed wie it wurk dien ferlike by oare jierren. Oaren woenen dźr neat fan witte.
    It wie oannaam wurk. De man hie wol faker hekkele, hy wist dus wol wat er die. Ja seinen de oaren, mar hy koe net witte dat it sa bot ferwaarleaze wie. It foarstel waard yn stemming brocht, en oannaam, it bestjoer soe it yn oerlis mei Bosma regelje. Op de folgjende gearkomste waard meidield dat Bosma ƒ10 extra krige hie.

    Yn1938 ferstoar Piter Jelmers de Boer, de oprjochter en foarsitter fan it wetterskip. Hy wie in tige warber man, dy 't foar it doarp in protte betsjutte; riedslid foar de CHU, foarsitter fan de ōfdieling Burgum fan de Fryske My fan Lānbou, bestjoerslid fan de suvelfabryk yn Burgum, fan de Boerenleenbank yn Tytsjerk, fan it wetterskip Suawoudsterveld, fan de CHU kiesferiening yn Suwāld, fan de begraffenis feriening, fan doarpsbelang en fan de VPN. (Verenigde Pluimveehouders Nederland).
    Hy waard yn Sumar begroeven, en by syn grźf sprutsen de locoburgemeester Steensma, de wethālder Lambarts, dūmny Schroten, J.A.Kielman, G.K. v.d.Veen, en A. Veeninga Sr. In grutte begraffenis, foar in warbere mar tige beskieden man.
    Hy waard opfolge troch Douwe Franses Bergsma oant 1949 dernei wiksele it flugger en wienen achterienfolgens foarsitter: Klaas Allema, Klaas Poelstra, Pier Mulder, Pieter Sibma en Auke Hoekstra.
    Yn 1944/45 hie it wetterskip Tytsjerk problemen omdat it gemaal gjin genōch stroom krige, doe hienen hja holpen mei de wynmoter. Tytsjerk soe it wol fergoedzje en ek de mūnder syn extra wurk beleanje. It folgjende jier frege immen op de gearkomste wat dat opsmiten hie. It blykte fergoede te wźzen mei 5 liter smaroalje, en ƒ10 gūne foar de mūnder Teye Luimstra. De gearkomste spriek der skande fan! Troch it oprjochtsjen fan it wetterskip Bergum e.o. waard it wetterskip yn 1965 opheven.

    Wetterskip "Suawoude Zuid."


    Sa as we seagen yn it stik oer de mūne oan de Skipfeart, sjoch ūndersteand adres
    http://members.chello.nl/e.veen36/UT DE OANTEKENS FAN MYN ALDOMKE.html
    begūn it wetterskip sśd yn 1924. It tariedend bestjoer wie A.J.Bosma, R.A. Sytema, K.C. Haisma, C. Wartena en B.J.van der Meulen. Doe‛t yn 1926 it wetterskip in eigen bestjoer keas waard C. Wartena foarsitter, yn 1936 opfolge troch Bouwe v.d. Meulen, foarsitter oant 1945. Neitiid wie Klaas Allema foarsitter fan beide wetterskippen oan‛t de opheffing yn 1957.

    Op 5 juny 1924 stie der in advertinsje yn‛e krante oer de oprjochtingsgearkomste en it plan de Draaisleat ōf te damjen. Op 10 juny kaam it  beslśt fan provinsjale steaten ta oprjochtsjen fan it wetterskip en ōfdamjen fan de Draaisleat. Mar nei protest oer dat ōfdamjen kaam der neier oerliz mei de wetterskipsdeskundige fan de provinsje en 30 juny besleaten de steaten ta goedkarring wetterskip Suawoude Zuid en hja koenen har der yn fine dat it lān tusken de wei en de Draaisleat net yn it wetterskip kaam, sadat de Draaisleat iepen bliuwe koe.
    Mar 9 july klagen E.L. Westerhof en de herfoarme diakonije by deputearresteaten dat hja foar it wetterskip stimd hienen yn‛e hoop dat dan de Draaisleat ōfdamme waard en hja fan it ūnderhāld fan it barteset ferlost wienen. Hja stelden foar, dat de belanghawwenden by it iepenbliuwen, dan no ek de kosten foar it barteset drage moasten. 
    Mar de deputearren wiisden dat ōf; it foarstel ta ōfdamjen wie bedoeld om perseel 1007 (no de iisbaan) ek bemealle te kinnen. No‛t dat net nedich blykte te wźzen, (it koe mei in pomp ūnder de weitroch wol op it wetterskip-east śtwetterje), hie dat ōfdamjen gjin sin en koe dit farwetter dus iepen bliuwe. It barteset bliuw dus bestean en moast nedich opknapt wurde, mar dat wie oan de brūkers en net oan it wetterskip.

    Yn maart 1925 folge de oanbesteding fan it slatten fan tochtsleatten en it oanlizzen fan de diken.  Wartena wie doe waarnimmend foarsitter. Bosma wie blykber al siik, hy stoar 3 juli 1925. Op de gearkomste fan de yngelanden yn april 1925 waard Cornelis Wartena stemd as foarsitten en doe‛t dy it oannaam, memorearre hy it wurk fan de earste foarsitter en ynysjatyfnimmer ta it wetterskip Andries Joukes Bosma.
    As sikretaris-ūntfanger waard net Kielman beneamd, mar nei stimming Frans Bergsma, in soan fan Yke Franses Bergsma, dy‛t ek al de administraasje foar it wetterskip East die en in pear jier letter ek fan de Noarderpolder.

    WynmoterWynmoter- sśd
    Yn april waard de ūnderbouw fan de wynmoter oanbestege, en de wynmoter boud. Dźr hie Teake Kooy gelokkich noch in plaatsje fan.
    Augustus 1925 waarden der 3 ālde wynmūnen ferkocht. Ien fan B.D v.d.Meulen  en de mandielige mūne achter A.Veeninga en ien fan de widdo fan A.J.Bosma. Op de kaart fan de besteande tastān stienen der noch twa, ien by it Heechhiem en ien oan de Draaisleat. Dźr heard men neat mear oer, dat dy wienen blykber al fuort.
    Yn oktober 1925 kaam it beslśt fan de steaten ta goedkarring fan de klassifikaasje, en doe wie ek dit wetterskip offysjeel ynstalearre.

    De notulen sawol fan de bestjoers- as fan de yngelannen- gearkomsten smite net folle nijs op. Der is ek net folle krityk op it bestjoer, in inkele kear bin der klachten oer it yn oannaamwurk net goed hekkeljen en te stijl kant ōfsnijen. Mar slimme problemen binne der net.
    Op de yngelannen gearkomste april 1943, waard yn it plak fan Frans Bergsma, dy‛t ūntslach frege hie omdat er in oare baan krige, mei hast algemiene stimmen, Reint van Dijk as sikretaris-ūntfanger keazen, krekt as yn de Noarderpolder.
    Ut de notulen nei de oarloch blykt dat de kosten fan dit wetterskip de hektare, nochal djoer śtfallen wienen, blykber troch de liening dy‛t men oangien wie om de kosten fan oanlis en ynrjochting te beteljen.

     Doe ‛t yn 1947 foar it earst sprake wie fan ruilverkaveling en in plan Lytse Geast, wie der dźrom wol belangstelling en hoop op ferbettering, mar doe ‛t bliek dat it Nijdjip iepen bliuwe moast, gie dy hoop ferlern en ferwachte men allinne mar hegere kosten en gjin ferbettering, dan woenen hja der būten bliuwe, want hja sieten al djoer.
    Yn oktober fan dat jier wie der in ekstra gearkomste mienskiplik mei de Noarderpolder. Hja fielden har ūnder druk set troch de provinsje, hja woenen wol meidwaan oan de (subsidiearre) dykferheging en koenen faaks wat oan dyk-ferkoarting dwaan as de skipfeart ōfdamme wurde mocht. Mar doe‛t dat yn 1951 mooglik waard, bliek dat de kosten earder te ferheegje as te ferleegjen, dus dat gie ek oer.

    T. KooyTjitte Kooy

    Yn 1951 wie de mūnder Tjitte Kooy 25 jier yn tsjinst. Him waard, yn in bysūndere bestjoersgearkomste by him oan hūs, in wandboerd oanbean as oantinken. En dat hatWandboerd de famylje Kooy kreas bewarre.    
                            It Wandboerd

    Yn 1952 waard in foarstel fan it bestjoer om de pomp ūnder de Heawei en de dźr op oansletten tochtsleat ferfalle te litten. De pomp soe gjin doel mear hawwe, en dan dus de tochtsleat ek net. It foarstel, in besuniging op kosten fan in pear belanghawwenden, waard yn stimming jūn en oannaam.

    De wynmoter wie oan ūnderhāld ta, de fa. Bakker śt Drylst en smid Hoekstra begrutten it op ƒ1650.  De kosten fan de ripperaasje foelen wat ōf, troch it minne waar en it protte wetter dat der foel, moast der in skoft in helpgemaal komme en betsjinne wurde, dźr hienen hja net op rekkene.

    De iisferiening "Winterwille" klage oer de lekke pomp ūnder de reed nei Steven Scholte. Hja kamen mei it foarstel sels de pomp te ferfangen en de nijje sels yn eigendom en ūnderhāld te hālden. Hja fertrouden dat net ta oan wetterskip de Lytse Geast.

    Yn 1955 waard it foarstel fan deputearre steaten om de polderdiken te ferheegjen oan‛t 1,2 m boppe FZP oannommen. Mar hja hienen in probleem om immen te finen dy‛t de skroef fan de wynmoter tarje woe en koe. As hja in fakman fregen waard it folle djoerder dan it begrutte wie. Tjitte Kooy hie dat earder wol dien, mar woe no blykber net. Neffens de oantekens, hienen hja wat spul mei  Kooy oer it opromjen fan hout en it hekkeljen fan in stik draaisleat, neffens Teake, kaam it ek omdat se it oer it lean foar it meallen en hekkeljen ek net iens wurde koenen, en dat syn heit dźrom dit wurk, dat būten syn mūndersynstruksje wie, der net om‛e nocht by dwaan woe.
    De draaiDe draai
    Der is noch in draai!oer de draaisleat.
    Yn 1956 waard de draaisleat al by de betonbrźge yn de Heawei ofdamme en de brźge ōfbrutsen. Op fersyk fan doarpsbelang en Jelle Spykstra bleau it oare stik oan de feart ta iepen, sadwaande is dźr noch in sleat en noch in draai en kin dat noch draaisleat hjitte.
    De oarspronklike draai, dźr‛t de sleat nei neamd wie, lei yn it fuotpaad nei it Heechhiem, dus folle noardliker
    Yn febrewaris 1957 wie de lźste mienskiplike gearkomste fan de beide wetterskippen de Noarderpolder en Suwāld- Sśd. Op 1 maart 1957 moasten it foech, de beskieden en jildmiddels oerdroegen wurde oan it bestjoer fan it nije wetterskip "De Lytse Geast"



    WETTERSKIP DE NOARDERPOLDER

    Kaart
    Myn pake Daniėl Rinderts van der Meulen, dy‛t ek yn de bestjoeren fan it Suwāldsterfjild en it tariedend bestjoer foar it grutte wetterskip Ljouwert-Burgum siet, hie al yn 1906 besocht te kommen ta in wetterskip tusken de Skipfeart en de Noardertochtsleat. Mar dat wie him doe net slagge. Ik tink dat doe de ālde mūne, dy‛t it sśdlike diel bemealde, al slim oan ūnderhāld ta wie.  It heucht my noch dat śs heit, dy‛t sūnt 1920 dy mūne mealde, dźr net sokke bźste oantinkens oan hie. Yn 1926, nei pake syn dea, besochten  Yke D. Bergsma, A.A.Veeninga, J.O.Hoekstra, J.M.de Boer en S.S. Wadman it wer, en doe kaam it klear.

    De mūnen op de kaart

    Ut de motyfaasje yn it fersyk oan de provinsjalesteaten blykt dat it gebiet doe noch yn twa net folslein fan inoar skieden polderkes ferdield wie, werfan de noardlikste bemeald waard troch in wynmotor, en de sśdlike troch in, folle kosten en ūnderhāld easkjende, spinnekopmūne. De sitewaasje wie lykas op it stikje kaart hjir bope. De slingerjende loop fan de te graven tochtsleat folget noch sawat de loop fan it ferdwūne Alddjip. De opfeart tusken de perselen 542 en 1220 waard no troch de polderdyk ōfsletten en yn 1928 feroare yn in strjitwei nei it Suwāldsterfjild, dy‛t yn de stikken ‛middenweg‛ hiet, no de Daniėl Bouwes wei.
    Yn de oprjochtings gearkomste 17 maaie 1926 waard besletten de besteande wynmoter foar ƒ600 en de mūne foar ƒ500 oer te nimmen, net ien fan beide wie ynsteat it hiele gebiet te bemeallen. Beide moasten foar ōfbraak ferkocht wurde, hja rekkenen op in ferlies fan ƒ800.
    Neffens it rekkenboek koste it ōfbrekken ƒ20 en wie de opbringst fan de mūne ƒ75,25 en fan de wynmoter ƒ210.

    Foarsitter fan it foarriedich bestjoer wie Yke Douwes Bergsma.*1850,+1929. Hy wie noch foarsitter yn maart 1928. Neitiid wie Klaas Allema foarsitter en dy bleau dat salang as it wetterskip bestie.
                                                                                                  Frans Bergsma
                                                                                                                   F.Y.Bergsma

    Yn april 1928 wie, yn it plak fan de foarlopige sikretaris/ūntfanger Kielman śt Ljouwert in Suwāldster, Frans Ykes Bergsma beneamd, in soan fan Yke Bergsma, dy 't leard hie, en him op administraasje śtlei.  
    Dat joech Kielman blykber safolle argewaasje, dat hy gjin notulen fan dy gearkomste makke.
    Reint van Dyk
    Yn de notulen fan yngelanden gearkomste fan 22 april 1929 wurdt fźststeld dat de notulen fan eardere gearkomsten net mear oanwźzich binne, troch neilittichheid fan de eardere sikretaris-ūntfanger de hear Kielman.
    Frans Ykes wie ek sikretaris ūntfanger fan de wetterskippen Sśd en East.  Hy bleau dat oant 1943 doe‛t hy ūntslach frege omdat hy in fźste baan krige, ik
    mien by it Provinciaal Electrisiteits Bedrijf en ferfongen waard troch Reint Annes van Dyk.
    Reint Annes van Dijk

    De nije mūne, in Herkules waard levere troch R.S.Stockvis, oant dy klear wie moasten se har noch behelpe mei de ālden. Yn 1928 waarden dy sloopt en ferkocht, en op 12 nov. 1928 droech śs heit it meallen oer oan Simen Bergsma.

     
    Doe wie dus de nije mūne yn bedriuw. It is hiel spitich dat ik gjin foto‛s fine koe fan dy mūne. It wie ien lykas dizze hjir njonken, mar dan in slach grutter, mei in 6½ meter diameter wynrźd. De wynmoter foldie bźst, hie net folle ūnderhāld nedich en klachten kamen der earst doe‛t it lān begūn yn te klinken en men it peil ferleegje moast yn 1948, dy klachten hālden oan, mar der waard ek al drok praat oer al of net opnaam wurde yn it plan Lytse Geast, it like dat it Nijdjip iepen bliuwe moast, dan woenen hja net meidwaan:"want dan binne der allinne mear kosten en gjin baten." Dus dan moast de mūne mar opknapt wurde. Mar doe it der op oankaam bliek de mūne goed, mar de skroefbak fersakke en lek, sadat er tefolle wetter ferlear. Doe‛t dat ferholpen wie wie de mūne wer klear, en melde de mūnder dat hy tige tevreden wie. Sūnt de mūnder ek it hekkeljen fan de tochtsleatten der by hie, wienen dźr ek gjin klachten mear oer. En ek fierder wienen der yn de jierren dat it wetterskip bestie net folle klachten. Blykber in goed bestjoer!!
    6 m HerkulesIn 6 meter Herkules
    Doe‛t it feanige Alddjipdal begūn yn te klinken, moasten der hjir en dźr strykdammen en skśfpompen set wurde, omdat oars yn it hegere lān de sleatten droech leinen en it fee gjin drinken hie. Mar dat wienen saken dy‛t nei klachten fuort oplost wurde koenen.
    Oare dingen duorren lang, s
    a wie de mūne boud op in stikje grūn dat foar de helte tahearde oan Tryntsje Ykes Bergsma, en foar de oare helte oan śs beppe, Sijke Bosma. Oer oerdracht waard wol praat, mar hja koenen it jierrenlang oer de priis net iens wurde, ek al skilde it mar ƒ5.  Earst yn 1942, nei it ferstjerren fan beppe, droech śs heit, śt namme fan de erven van der Meulen, it stikje mūnehiem foar ƒ20 oer oan it wetterskip.

    Fuort nei de oarloch, gienen de notulen foar in grut part oer de grutte dingen dy‛t der om Suwāld hinne te barren stienen, de ruilferkaveling en it plan Lytse Geast.
    De ruilferkaveling like elk f
    oar te wźzen, mar dan moast it net stopje by de wei troch Suwāld  dan moast it oasten der ek by, fuort oan Burgum ta!  It plan Lytse Geast, sa‛t dat der earst lei, noaske harren net: "Wy wolle der leaver būten bliuwe as it Nijdjip iepen bliuwe moat." Mar de provinsje gie gewoan troch. Doe besochten hja de Skipfeart ticht te krijen en de Noarderpolder en Suwāld-sśd te ferbinen. Earst wegere de gemeente: der soe dan temin bluswetter te krijen wźze as der brān komme mocht yn de buorren. Lykwols yn ‛50 gie de gemeente akkoard, mar doe bliek it ōfdamjen wol safolle kostje te moatten dat it nea śt koe, dus gie it foarearst oer.

    Yn 1953 waarden hja opnaam yn it plan Lytse Geast, mar as selstannige polder mei eigen bemealling. En yn de polder gjin ruilferkaveling, mar de diken, en dus de lźsten, moasten wol omheech. Hja wienen der poer op tsjin, mar tochten it net keare te kinnen.

    Yn 1954 wienen de foarsitter Klaas Allema en de mūnder Simen Bergsma beide 25 jier yn tsjinst fan it wetterskip en waarden huldige. Simen Bergsma, in mūnder dźrt hja tige oer te sprekken wienen, krige as presintsje in wandboerd mei tekst.
    Ek Klaas Allema waard wurdearjend tasprutsen troch it bestjoerslid Theunis Oostenbrug en him waard in stoflik blyk fan wurdearring yn it foarśtsicht steld, mar dat wie noch net klear.
    It folgjende jier waard der belanstellend nei frege, mar doe wie it noch net klear, letter wurdt it yn‛e oantekens net wer neamd.
    It folgjende jier woe de provinsje al begjinne mei de dykferheging. Wat it kostje moast wisten se noch net, dat soenen se noch wol hearre. Fūl protest śt de gearkomste: "Fierstente dizenich sa witte we net wer‛t we oanta binne."
    Yn 1955 waard Simen Bergsma 65 jier, mar hy woe noch wol efkes trochgean dan hie er noch wat te dwaan. Yn ‛56 kaam der in plan om de mūnen ferfalle te litten en, mei dūkers ūnder it Nijdjip troch, de polder troch it gemaal fan it Suwāldsterfjild bemealle te litten. Dat helle harren oer om mei te gean yn de Lytse Geast. It notule boek einiget mei de opmerking. "De lźste notulen steane yn it boek fan Suwāld-Sud."

    IT WETTERSKIP 'DE  RUCHFINNE'

    Doe‛t de plannen foar in wetterskip Suwāld mei in stoomgemaal, en it folle gruttere wetterskip Ljouwert-Burgum, troch de oarloch en de folle hegere prizen, mar ek troch de tsjinwurking fan in pear grutte lāneigeners, net troch gienen. Wienen de problemen fan it altyd hege wetter by‛t winter, mar ek te faak by‛t simmer,  net oplost.

    Begjin 1918 skreau de foarsitter fan de krite Tytsjerk-Suwāld fan it Praktyske Boerenbūn, dat hja de skea, dy‛t de leden lit hienen troch it hege wetter yn oktober 1917, ūndersykje litten hienen. Hja kamen op in bedrach fan hast ƒ 19000, allinne al by de 63 boeren dy‛t mei dien hienen, hast ƒ300 it bedriuw en hja hienen allinne de ekstra kosten foar hea en it ferlies oan molke troch it ferlerngean fan it nijgźrs rekkene. Oer it hiele gebiet en alle boeren rekkene wie de skea fansels folle grutter. En der wie ek oare skea, guon moasten it jongfee śt de skarren helje, dźrt hja foar betelle hienen en guon moasten it fee folle earder as oars op‛e stāl sette.  Dźrtroch hienen hja no te min foer en moasten fee skealik ferkeapje of no tsjin folle heger prizen hea of vee wźrkeapje.
    Der moast net langer praat wurde, der moast wat barre!
    En dus wie men nei de fźstrūne plannen al drok dwaande nije te meitsjen. Ek al omdat it stoomgemaal by Teakesyl, dźr‛t yn 1913 al ta besletten wie, no hast klear wie, it waard yn oktober 1920 troch keningin Wilhelmina offisjeel iepene, mar it hie dy simmer al proefdraaid, hoewol noch net op folle krźft.
    Tytsjerk begūn 1921, Suwāld-east 1922, Suwāld- sud 1924, de Noarderpolder 1926
    Yn Suwāld en rūnom yn Fryslān wie men dus op wetterskips gebiet tige aktyf. En sa krigen fjild en kriten in hiel oar gesicht. De tsjaskers en spinnekoppen waarden ferkocht of ōfbrutsen en der kamen "amerikaanske" wynmoters foar yn it plak.
    Yn Suwāld, as ik my net fersin, wol 5 en in pear lytse.
    ADVERTINSJE
    De Rūchfinne
    By it wetterskip de Rūchfinne gie it krekt as by de wetterskippen Simmerdyk en Alde Heawei, net om it behearskjen fan it wetter mar foaral om it ūnderhāld fan reden dammen en tochtsleatten, dus om de berikberens fan it lān oer de reed of it wetter. 
    By de Rūchfinne gie it om de tagongswei, no de Simen Halbeswei, de barten oer it Nijdjip , letter in daam, en noch in reed en in set barten yn‛e Latten, fierderop nei it lān om de Ketelersmar hinne.
    De yngelannen wienen noch hast de selden as fan it eardere mandelige barteset.
    It wetterskip de Rūchfinne is offisjeel oprjochte yn 1910 om de bestrating fan de wei te beteljen. It joech yn de rapporten fan de provinsje noch oanlieding om oan te stean op it oanpassen fan it reglemint op‛e Boezemwetterskippen, sadat it in wetterskips- bestjoer mooglik makke wurde koe, om in yngeland, dy‛t syn part fan in reed net goed genōch ūnderhālde, dźrta te twingen of it op syn kosten ynoarder bringe te litten.


    Yn 1913 waard de reed, oant de barten oer it Nijdjip ta, ferhurde ta strjitwei. De totale kosten foar it oanlizzen, ūnderhālden en op‛e tiid ferfangen, en fernijen fan 1913 oant 1928 wienen ƒ4090,73. De begrutting by de oprjochting wie f 4016. Hja wienen dus aardich by de begrutting bleaun, en dat wylst de wei geregeld ūnderhāld nedich hie en in pear kear op‛e nij ‛ferstraat‛ wurden wie, de ōffreding ūnderhālden en ferbettere en de beide bartensetten mei de bypassende barten fersoarging en ūnderhāld ferge hienen.  It set op‛e Rūchfinne koe, doe‛t yn 1921 it wetterskip Tytsjerk it Nijdjip krekt noardlik fan de barten mei in strykdaam tichtsette, troch in daam ferfongen wurde mar dat barde earst yn 1925.

    Yn 1922 besleaten de yngelanden dat hja ek wol meidwaan woenen yn it Wetterskip Suwāldsterfjild, as dy meibetelje woenen yn de kosten fan de wei en de reden, en har net opdraaie lieten foar de ekstra kosten fan dat wetterskip, en as dy ree wienen de skulden mei oer te nimmen. Hja hienen doe‛t hja begūnen jild liend foar it ynoarder bringen fan wei en barten, en dat wie noch net alhiel wźrombetelle.

    Yn de gearkomste fan provinsjalesteaten van 31 juny 1923 waard it beslśt dźrta, mei  yn achtnimming fan de beswieren fan de Stichting op Tautenburg en R. Smids fan Hurdegaryp, oer rjochten fan reed, mei algemiene stimmen goedkard.
    Om rjocht fan reed te krijen oer it lān fan in oar moast de wet folge wurde, foar it stiftsjen fan in ‛erfdienstbaarheid‛ en koe net folstien wurde mei in wetterskips-reglemint.
    Dat wol net sizze dat it wetterskip de Rūchfinne doe al opheven waard, want de notulen geane noch troch oant 1928, doe‛t de lźste rekkens foldien waarden. It Suwāldsterfjild hat de ālde skulden grif net alhiel oernimme  wollen.  Simen Halbes wei
    De Simen Halbeswei.
    De reed nei de Rūchfinne mei dźr in batteset en dźrwei in paad nei de Lytsje Geast en dan fierderop nei it Tynje set en sa nei Ljouwert bestie al jierren, faaks al ieuwen.
    De foarśtgong siet him dus yn in ferhurding fan de reed ta strjitwei.
    It paad nei Ljouwert kaam dźrmei net wźrom. Men moast no oer Tytsjerk en Swarteweisein.

    Earst mei de ruilferkaveling en it wetterskip Lytse Geast waard de wei trochlutsen nei de Lytse Geast, hast oer it selde spoar dźr‛t earder it fuotpaad lein hie. Foar de skoalbern, dy‛t nei Ljouwert nei skoalle fytse, in folle koartere ferbining mei de stźd. En as ik op‛e fyts nei de bybleteek yn Tresoar gean, mei ik dźr ek graach del fytse, fansels mei in elektryske fiets.