In Memoriam Eibert van der Veen

Eibert is 1926 yn Suwâld berne as 5e bern fan Geart Eiberts van der Veen en Hendrikje Daniels van der Meulen. Flak foar syn berte, yn 1924 en 1925 binne 3 fan syn âldere broerkes overleden. De âldste dêrfan hiet ek Eibert.

Eibert is opgroeit oan it Noarderein yn Suwâld, hat dêr de legere skoalle trochrûn. Yn 1942, op 16 jierrige leeftiid, is hy mei syn âlden nei de Bolderen ûnder Garyp ferhúze. Hy hat koart op de ULO yn Ljouwert west, en dêrnei syn oplieding ôfmakke oan de lânbou skoalle fan Drachten.

Syn beropslibben is begûn mei in baantsje as 'ynjekteur' by de KI yn de Gerdyk. Dat wie fuort nei de oarloch. Eibert wenne doe as kostgonger yn Hoarnstersweach. Dêr hat hy syn lettere frou troffen. Sy binne troud yn 1952, hawwe earst noch in skoftsje by de âlden fan Eibert oan de Bolderen wenne, dêrnei in pear jier oan de Singel, en letter oan de Tuije yn Garyp. Dêr hawwe sy 7 bern krigen. Koart nei berte fan de lêste binne hja ferhûze nei in hûs oan de Kleasterloane yn Burgum.

Nei syn baantsje by de KI hat Eibert noch by de foljende bedriuwen wurke: Yn de Noardeastpolder as polderarbeider, by syn heit yn Garyp as boerearbeider, Halbertsma Grou as arbeider, Phillips Drachten as produksjemeiwurker, Ljochtmêstenfabryk Burgum as lasker, by in tal ierdgasboaringen yn Fryslân as lasker, skipswerf Burgum as lasker, skipswerf Koatstertille as technysk tekenaar. Foar de funksjes fan lasker en technysk tekenaar hat Eibert jûns opliedingen folge.

Bûten syn arbeidslibben wie Eibert belutsen by de folgjende ferieningen: Stifting Slach by Warns, Fryske Krite dr. G.A. Wumkes, Kulturele Kommisje Burgum en stifting Doarpstier, Iepenloftspul Burgum en it Streekmuseum yn Burgum. Yn 2010 is hy foar syn ynset beleane mei de 'Trochsetterspriis' fan Doarpsbelangen Burgum.

Eibert hie in protte belangstelling foar skiednis. Earst foaral yn it ûtstean fan de minskheid, letter yn de midsiuwske skiednis, en dan mei namme it, nei syn miening, ûnderbeljochte plak fan de Friezen dêryn. Doe't hy jonger wie hat'er him ek noch dwaande hâlden mei fotografie en stjerrekunde.

Nei syn pensionering yn 1986 is Eibert úteinset mei de fertaling fan in Latynsk hânskrift dat K.R. Henstra ûntdutsen hie yn Brugge, en dat oanspronkelik út it kleaster fan Burgum komt. Eibert hat oanbean om it Latynske hânskrift te fertalen. It paste mooi by syn belangstelling foar midsiuwske skiednis, en by syn wensté oan de Kleasterloane, fuort by it plak wêr it kleaster eartiids stien hat. Foar de fertaling fan it hânskrift hat hy earst in kursus Latyn folge oan de universiteit fan Grins. Hy hat sawat 20 jier wurke oan de fertaling. It boek is yn 2006 útjûn troch it Burgumer streekmuseum. Sjoch 'Oantekens Berchkleaster' en 'It Berchkleaster' op dizze side.

Nei it kleasterboek hat Eibert it archyf, by Tresoar, fan syn âlddomke Albert Arjens Veeninga bestudeart. Veeninga wie troud mei Wytske Jans Bosma, in suster fan Eibert syn beppe Sijke Jans Bosma, hy wie eartiids timmerman- oannimmer yn Suwâld. Op basis fan dit argyf hat Eibert in serie ferhalen skreaun foar 'Mei Inoar', de doarpskrante fan Suwâld. En dêr is 'Oantekens fan myn âldomke' op dizze side út fuortkaam.

'De Wetterskippen' en 'Markante Persoanen' is allyksa fuortkaam út Eibert syn belangstelling foar de skiednis fan syn bertedoarp Suwâld, en de minsken dy dêr wennen.

'Sint Brendan' giet oer fertalingen fan ferhalen oer Sint Brandaan. Oarspronkelik stiene dy ferhalen op dizze side. Letter binne de ferhalen opnaam yn it boek 'Sint Brandaan yn Fjouwerfâld', yn 2012 útjûn troch Elixer, en makke yn gearwurking mei Klaas Bruinsma. Fanwege it kopie rjocht binne doe in tal ferhalen fan dizze side fuorthelle.

'De Earste Ieuwen' hat Eibert skreaun foar 'De Earn', it blêd fan de 'Earnewâldster Rûnte' oftewol it Frysk Oekumenysk Wurkverbân Earnewâld. It is 2012 ôfdrukt yn de folgjende 4 nûmers fan de Earn; 57 'De Ballingskip', 58 'Modernisearring of tradysje', 59 (gjin titel), en 60 'Yn de ferdrukking'.

Eibert van der Veen is 12 Febrewaris 2021 yn Burgum overleden. Hy is begraven op it tsjerkehôf fan syn berteplak Suwâld.


YNDEX