DE SEEREIS FAN SINT BRENDAN


Oerset út it Latyn troch Eibert van der Veen

neffens

NAVIGATIO SANCTI BRANDANI ABBATIS

fan

Carl Selmer
University of Notre Dame,Indiana 1959
 
 

Brendanskip



 

 YNLIEDING.


Neffens syn plan hat er de ôfgrûn ta bedarjen brocht
en dêr eilannen yn plante.
Dy`t de see befarre, ferhelje fan har gefaren,
en wy fernuverje ús oer wat wy te hearren krije;
der binne ûnwierskynlike en wûnderlike skepsels,
alderlei soarte fan seemeunsters.
Want de Hear hat alles makke
en de frommen hat hy wysheid jûn.

Ecci 43: 23, 24, 25 en 33.
Ecci. is de ôfkoarting fan Ecclesiastici, de Wysheid fan Jezus Sirach.

Dizze teksten soenen hiel goed it motto wêze kinne boppe de Navigatio Sancti Brendani Abbatis. De seereis fan de abt Sint Brendan, en hja binne de oanlieding ta De Reis van Sente Brandane. Mar hja binne net allinne it doel dat de skriuwer foar eagen hat.
It doel fan de skriuwer is ek de hillichheid fan syn abt en patroan fan syn kleaster sjen te litten. No is sa`n Ierske hillige net in man sûnder wryt of slyt, mar immen dy`t in bysûndere bân mei God hat.
It is dus in stikje reklame om gebeden yn it kleaster dwaan te litten en missen foar de ferstoarnen sjonge te litten, want sjochris, derby hawwe we de help en foarspraak fan ús abt Sint Brendan, en sjochris wat dy kin. Men sjocht dan foaral ek typyske bewizen fan de hillichheid fan de abt Brendan:
Hy hat sa`n goede relaasje mei God, dat dy him folle dingen fan te foaren iepenbierret. God ferheart kear op kear syn gebed, meast fuortdaliks en oars nei trije kear of in pear dagen fêstsjen.
Syn gebedskrêft is sels sa grut, dat op syn gebed de aldergrutste dogeniet dy`t yn`e hel ferkeart, Judas de ferrieder fan de Hear, in heale dei ekstra ferlichting krijt. Wat dan tagelyk in bewiis is, dat it bidden en foaral it fakkundich bidde litten yn it kleaster fan Clonfert, ek foar de grutste dogeniet noch fertuten dwaan kin.

Dizze reklame is ferpakt yn mystearje ferhalen. De bylden en motiven binne net oarspronklik, hja komme eins allegearre al foar yn âldere Ierske en ek Arabyske, Grykske en Romeinske seemans ferhalen, mar hja binne wol oan it doel en de tiid oanpast.
De see, en dan foaral de oseaan, wie foar de minsken fan dy tiid krekt sa nijsgjirrich as yn ús tiid de romte. Wat men net krekt wit, dêr fantasearret men oer, dat is no noch sa, sjoch mar nei de sience fiction ferhalen, en tink mar oan de ferhalen oer fleanende skûtels en minsken út oare diminsjes, der`t hjoed de dei ek serieuze gelearden harren mei ynlitte.

Sa wie de reis fan Sint Brendan, foar de minsken fan doe in nijsgjirrige S.F. dy`t fantasearre oer:
Hoe`t sit dat no mei de lotsbestimming fan de minske. (de trije neikommende bruorren.)
Soenen der behalve fallen ingels yn de hel, en steande bleaune yn de himel, ek noch tusken beidene wêze. (De demoanen yn fûgel gedaante)
As it paradys fan Adam en syn twadde frou Eva op ierde wie, soe dan it paradys der`t de Hear fan sprekt tsjin de moardner oan it krús: 'Do silst mei my yn it Paradys wêze,' ek net op ierde wêze?

En Brendan siket en fynt it ierdske paradys, mar hy kin der net ynkomme! De rivier, en dermei moat tocht wurde oan de Deadsjordaan en de Styks, keart him. It paradys is der, mar oan`e oare kant. En as it paradys op ierde is, dan fansels ek de hel, al lizze hja fier útinoar. Sint Brendan fynt de hel alhiel yn it noarden en it paradys yn it suden.
En hoe hillich Sint Brendan ek wêze mei, hy kin sels en allinne, it paradys ek yn sân jier net fine, dêrfoar is hy de help nedich fan de fersoarger, sûnder dy fersoarger hie ek syn hiele swalktocht net mooglik west. Sjocht men dy tocht as in mystike ôfbylding fan it minskelibben, dan is dêryn de fersoarger, de persoanlike patroanhillige, dy`t de minske helpe en liede moat nei it paradys.
En dermei jout de Navigatio dan ek in byld fan it teologysk en wittenskiplik tinken fan dy tiid, mei foaral oandacht foar it lot fan de minske nei de dea, en de mysterieuze romte fan de wrâldsee.
 



 

IT LIBBEN FAN DE HILLIGE ABT BRENDAN


HAADSTIK 1

Sint Brendan heart fan it 'It Beloofdelân foar deHilligen'

Sint Brendan wie in soan fan Findlug, dy`t in pakesizzer wie fan Altha, út it geslacht fan Eogen en ôfkomstich út de buert fan Traigh li (Tralee) yn Munster yn Ierlân. Hy wie in man fan grutte ûnthâlding en ferneamd yn deugden en abt oer hast trije tûzen muontsen. Doe`t hy yn syn amt wie, yn it plak dat 'Miede fan de wûnders fan Brendan'  neamd wurdt, barde it op in jûn dat in muonts by him kaam dy't fan Barintus hiet, in neef fan him. En doe`t de abt dêr mei gâns wurden by him op oanstie, begûn dy te skriemen en foel  foaroer op`e grûn en bleau lang lizzen te bidden. Mar Sint Brendan holp him oerein, patte him en sei: ' Wat no pater, werom hawwe wy fertriet by dyn komst, do wiest dochs kaam om ús te treasten? Do soest de bruorren wat ferdivedaasje jaan. Ferkundigje ús it wurd fan God, fleurje ús sielen wat op mei de ferskate wûnders dysto sjoen haste op de oseaan.'
Doe`t Sint Brendan dizze wurden sein hie, begûn Sint Barintus te fertellen oer in  eilân, en sei: 'Myn soan Mernoc, fersoarger fan de earmen fan Kristus, flechte by my wei en woe allinne wêze. En hy fûn in eilân neist in berch fan stien, mei namme 'It Hearlike'.
Mar nei in lange tiid waard my trochdien, dat hy mear muontsen by him hie en dat God folle wûnders troch him fertoand hie. Dêrom bin ik op reis gien om myn soan op te sykjen. En doe`t ik nei in reis fan trije dagen tichte by it eilân kaam wie, kaam hy my hastich temjitte mei syn bruorren, want de Hear hie him myn komst iepenbierre. Wylst wy nei it eilân ta roeiden, rûnen de bruorren ús temjitte as in swaarm bijen út`e ferskate sellen. Mar al wie harren ferbliuw ferspraat, dochs wie harren omgong ienriedich yn leauwe, hoop en leafde, ieten hja oan ien tafel en wienen hja ek ta de tsjinst fan God altyd ferienige.  Neat oars waard optsjinne om te iten as apels, nuten, woartels en oare soarten fan griente. En nei de komplete bleau in elk yn syn eigen sel oan`t it kraaien fan de hoanne of it lieden fan de klok.
Mar myn soan naam my mei om op te bliuwen en it hiele eilân oer te kuierjen nei de seekust yn it westen, dêrt in skipke lei, en hy sei tsjin my: 'Heit, gean yn it skip en lit ús nei it westen farre, nei it eilân dat 'It Beloofdelân foar de Hilligen' neamd wurdt, dat God yn it lêst fan de tiid oan ús neifolgers jaan sil.
Doe`t wy yn it skip gien wienen en fearen, beduts in tsjokke mist ús alhiel fan alle kanten, sadat we kwalik achterskip of foarstjûne sjen koenen. Mar doe`t der sawat in oere foarby wie, omstriele ús in geweldich ljocht en ferskynde ús in tige rom, gerzich, en fruchtber lân.
Doe`t it skip oan`e wâl lei, gienen wy derút en rûnen en kuieren it eilân oer fyftsjin dagen lang, en de ein dêrfan koenen wy net fine. Wy seagen gjin plant sûnder blommen en gjin beam sûnder fruchten, en sels de stiennen dêrfan binne fan in kostbere soarte.
Op de fyftsjinde dei fûnen wy in rivier, dy`t fan it easten nei it westen rûn. Doe`t wy dit alles oerleinen, wisten wy net wat ús te dwaan stie, wy woenen eins de stream wol oerstekke, mar wy wachten op'e rie fan God.
Doe`t wy dat by ússels oerleinen, ferskynde der ynienen foar ús in man mei in strieljend glâns, dy`t ús fuort by ús eigen nammen neamde en groete en sei: 'Wês bliid, bêste bruorren. Want de Hear iepenbierre jimme dit lân, dat hy oan syn hilligen jaan sil. Dit is mar de helte fan dit eilân oan't by dizze rivier. It is jimme net tastien dêr oerhinne te gean nei de oare kant. Dêrom moatte jimme weromgean nei dêr`t jim weikaam binne.'
Doe`t hy dit sein hie, frege ik him fuort wer`t hy wei kaam en hoe`t hy neamd waard. Hy antwurde: 'Werom fregest nei my, wêr`t ik weikom of hoe`t ik neamd wurdt? Werom fregest my net oer dit eilân?  Sa asto it no sjochst, sa hat it fan it begjin fan de wrâld ôf west. Hasto ferlet fan iten of drinken of fan klean? Ien jier bisto ommers no al op dit eilân en do hast gjin iten of drinken preaun. Do hast gjin lêst fan sloegens hân, de nacht hat dy net oerfallen. De dei is hjir altyd sûnder it tsjuster fan de nacht. Want ús Hear Jezus Kristus is it ljocht dêrfan.'
Fuortdaliks binne wy de reis wer oangien en dy man gie mei ús oan de kust ta dêr`t ús skip lei. Mar wylst wy yn it skip gienen, waard hy foar ús eagen wei skuord en wy kamen troch de earder neamde dize oan by it hearlike eilân.
Doe`t de bruorren ús seagen, jubelen hja mei grutte opteinens oer ús komst en jammeren dat wy salang weibleaun wienen, en seinen: 'Werom, heiten, lieten jimme jimme skiep sûnder hoeder omdwale yn dit wâld. Wy witte dat ús abt wol faker by ús wei giet, mar wêrhinne witte wy net; en dat hy dêr bleaut, no ris in moanne, dan ris in wike of twa wike of wat mear of minder.'
Doe`t ik dat hearde, treaste ik harren en sei: 'Bruorren, jim moatte hjir neat oars as goeds fan tinke. Jim libje hjir sûnder mis foar de poarte fan it paradys. Hjir fuortby is in eilân dat 'It Beloofdelân foar de Hilligen' neamd wurdt, der`t gjin nacht hearsket en de dei net ophâld. Dêr gie jimme abt Mernoc faak hinne. Mar in Ingel fan de Heare hâldt dêroer de wacht. Fernimme jim oan de swietrook fan ús klean net dat wy yn it paradys west hawwe?'
Doe seinen de bruorren: 'Abt, wy  begripe dat jim yn it paradys fan God west hawwe, earne yn de wide see, mar wêr`t dat paradys wêze mei witte wy net. Want wy ha faak fernaam dat wy de rook oan de klean fan ús abt wol fjirtich dagen lang rûke koenen as hy derwei weromkaam.'
Sa bleau ik dêre by myn soan noch twa wike lang sûnder iten of drinken. Wy wienen lichaamlik noch sa sêd, dat it de oaren talike as wienen we dronken.
Neidat ik nei fjirtich dagen, de seiniging fan de bruorren en de abt ûntfongen hie, bin ik mei myn maten weromgien, om wer nei myn sel te gean, dêr`t ik moarn hinne reizgje sil.'
Neidat hja al dy dingen heard hienen, foel Sint Brendan mei syn hiele byienkomst foaroer op`e grûn, ferhearlike God en sei: 'Rjochtfeardich is de Hear yn al syn wegen en hillich yn al syn wurken, dat Hy oan syn tsjinners sokke en safolle wûnders iepenbierre, en seinige yn syn jeften, omdat Hy ús hjoed ferkwikt hat mei sokke geastlike spize.' Doe`t hy dat allegear sein hie, sei Sint Brendan: 'Lit ús ús no deljaan en rêste foar de nije opdracht. En doe`t dy nacht om wie, is Sint Barintus, seinige troch de bruorren weromgien nei syn sel. 
 

HAADSTIK 2

Sint Brendan en syn bruorren beslute 'Deo Volente' it Paradys te sykjen.

Dat sadwaande, keas Sint Brendan twaris sân bruorren fan syn hiele keppel, sleat him mei harren op yn in kapel, en sei tsjin harren: 'Myn bêste meistriders, ik ferwachtsje rie en help fan jimme, want myn hert en al myn gedachten binne gearklibbe ta ien wollen. Allinne as God it wol, haw ik my yn myn hert foarnaam, it Beloofdelân foar de Hilligen, dêr't pater Barintus fan spriek, te sykjen. Hoe liket jimme dat ta of wat rie wolle jimme my jaan?'
De bruorren, dy`t wol begrepen wat de abt woe, seinen allegearre as út ien mûle: 'Abt,wat jo wolle wolle wy ek. Hawwe wy net ús âlders ferlitten, hawwe wy net ús erfskip minachte en ús lichemen oerjûn yn jo hannen? Dêrom binne wy ek ree, om ta de dea of ta it libben mei Jo te gean. Lit ús ien ding allinne freegje, of't  God it wol.  

 HAADSTIK 3

Sint Brendan freget rie oan de abt Enda

Dêrom stelde Sint Brendan en dy`t mei him wienen út, dat hja 40 dagen fêstsje soenen, hieltyd trije dagen oanien, en om dêrnei fuort te gean.
Doe`t dy fjirtich dagen om wienen en de bruorren groete en alles tabetroud wie oan de proast fan it kleaster, dy`t him letter opfolgje soe op dat plak, is hy fuorttein, it westen yn, mei fjirtsjin bruorren, nei it eilân fan de abt, Enda.
Dêr is hy trije dagen en nachten bleaun.  

HAADSTIK 4

Sint Brendan bout in skip

BrandonbayNei de seine ûntfongen te hawwen fan de abt en alle muontsen dy`t mei hem wienen, is hy dêrnei nei it úterste ein gien fan it gebiet, dêr`t syn âlders wennen. Dochs woe hy dy net sjen, mar op'e ein fan'e berch dy`t fier yn de wrâldsee útstekt, op it plak dat 'Setel fan Brendan' neamd wurdt, hat hy in tinte spant, dêr`t mar plak wie foar ien skip.
Doe namen hja it izeren ark, en makken Sint Brendan en dy`t mei him wienen in tige licht skipke, de spanten en de kyl en stjûnen fan hout sa as wênst is yn dy lannen, en dy bedieken hja mei oksehûden, touwe yn iikskyl. En se besmarden alle ferbiningsnaden fan de hûden fan bûten mei bûter en brochten twa reserve beklaaiïngen foar it skip fan oare hûden yn it skip en foarrieden foar fjirtich dagen en bûter ta it behanneljen fan de hûden fan de ôfdekking fan it skip en fierders alle rêding dy`t yn it minske libben brûkt wurde moat. Hja setten ek in fêste mêst yn it midden fan it skip en it seil en fierders wat ta it bestjoeren fan in skip heart. Doe gebea Sint Brendan syn bruorren, yn namme fan de Heit en de Soan en de Hillige Geast, om yn it skip te gean.

Brandonbay

HAADSTIK 5

Trije oerhearrige bruorren komme nei.de neikommers

Doe`t hy noch allinne op de wâl stie en de haven seinige hie, sjoch, dêr wienen trije bruorren út syn kleaster dy't him neikaam wienen. Dy foelen fuortdaliks foar de fuotten fan de abt del en seinen: 'Heit,lit ús mei jo gean wêrhinne`t jo reis ek mar gean sil, oars sille wy op dit plak stjerre fan honger en toarst. Wy hawwe dochs besletten ús hiele libben te pylgerjen? 
Doe't de godsman seach hoe bang hja wienen, gebea hy harren yn it skip te gean, en sei: 'Jim wollen mei barre, o soannen.' En hy foege dêr oan ta: 'Ik wit hoe`t jim hjir kaam binne. Dizze broeder hat in goed wurk dien. Want God hat foar him in tige gaadlik plak bestimd. Jimme sil Hy lykwols in skriklik oardiel reemeitsje.
  
 

HAADSTIK 6

It ûnbewenne eilân, in wûndere spiziging en in dief.

Mar doe gie ek Sint Brendan yn it skip en nei de seilen hyst te hawwen, fearen hja út  yn`e rjochting fan de simmer sinnestilstân, want hja hienen in geunstige wyn, en neat oars te dwaan as de seilen te hâlden. Mar nei krekt fyftsjin dagen waard it wynstil en hja begûnen te roeien oan`t se net mear koenen. Fuort begûn Sint Brânden harren te bemoedigjen en oan te trunen, en sei: 'Bruorren, wês mar net bang, God is ommers ús helper, ús skipper en stjoerman en Hy stjoert. Lis de riemen en de stjoerriem mar binnen board. Lit allinne de seilen stean, lit God dwaan mei syn tsjinners en syn skip wat Hy wol. ' Hja rêsten altyd tsjin`e jûn. En soms hienen hja wyn, mar dochs wisten hja net út wat hoeke at er kaam, of yn wat rjochting it skip dreaun waard.
Doe`t der no fjirtich dagen ferrûn wienen, en alle iten en drinken op wie, seagen hja yn it noarden in tige rotsich en heech eilân. Mar doe`t hja tichter by de kust kamen, seagen hja in tige heech klif lykas in muorre en ferskate beekjes, dy`t fan de hichte fan it eilân ôfrûnnen en delstoarten yn de see. Mar hja koenen gjin haven fine, dêr`t it skip oanlânje koe. En de bruorren waarden tige pleage troch honger en toarst. Elk pakte in beker om wat fan it wetter heine te kinnen.
Sint Brendan dy`t dat seach,sei: 'Net dwaan, dat is dom wat jimme dogge. Oan`t no ta wol God ús gjin haven wize om yn te gean en wolle jim stelle? De Hear Jezus sil nei trije dagen syn tsjinners haven en plak wize om te bliuwen, dat de lea fan de yneine minsken wer wat bekomme kinne.' 

En yndied, doe`t hja trije dagen lang om it eilân hinne fearn wienen, fûnen hja de tredde deis, de middeis om trije oere hinne, in haven dêr`t plak wie foar in skip. En fuortdaliks riisde Sint Brendan oerein en seinige de yngong. Want it wie in kleaude rots, mei oan beide kanten in geweldige hichte as in muorre.
Doe`t allegearre út it skip gien wienen en op it lân stienen, gebea Sint Brendan dat hja neat fan de útrissing, fan it skip ôf oan'e wâl bringe mochten. Wylst hja fierder kuieren by de seekant lâns, kaam der fan in sydpaad in hûn op harren ta en gie by de fuotten fan Sint Brendan lizzen sa as hûnen plichtsje te dwaan oan de fuotten fan harren baas. Doe sei Sint Brendan tsjin de bruorren: 'Hat God ús net in goede boadskipper stjoerd? Lit ús him folgje.' Doe folge  Sint Brendan mei syn bruorren de hûn nei in stêd ta. 

Doe't hja de stêd yngienen seagen hja in grutte seal beset mei bêden en banken en wetter om de fuotten te waskjen. Mar doe`t hja sitten gienen, gebea Sint Brendan syn maten, en sei: 'Tinkerom bruorren, dat de satan jimme net yn fersiking bringt. Want ik sjoch him ien fan de trije bruorren, dy`t ús fan ús kleaster neikaam binne, oerheljen ta slimme stellerij. Bid foar syn siel, want syn fleis is oerjûn yn`e macht fan satan.'
Dat hûs dêr`t hja sieten wie oan de wanden yn`t rûnom, as besiedde mei hingjend potte- en panne-guod fan ferskillende soarte metaal, en ek teamen en drinkhoarnen beslein mei sulver.
Doe sei Sint Brendan tsjin syn tsjinner, dy`t de bruorren it brea plichte foar te setten: 'Meitsje it moarnsmiel ree dat God ús stjoerd hat.'
Dy gie fuort oerein en fûn in tafel ree set en tafelkleden en inkele wite bôlen en fisken.
Nei`t alle dingen teplak set wienen, seinige Sint Brendan it miel en sei tsjin syn bruorren: 'Tankje de God fan de himel, dy`t brea jout oan alles wat libbet.' (Ps 136:25) Derom gienen de bruorren sitten en tanken God.

Op`e selde manier fûnen hja ek safolle drinken't hja mar woenen. Nei`t it miel behimmele en de tsjinst fan God ferfolle wie, sei de godsman: 'Jou jimme del, sjoch, dêr is foar jim elk in goed opmakke bêd. Jim hawwe it nedich dat jimme lea, ôfmêde fan tefolle wurk, útrêste.'
Mar doe`t de bruorren al ynslomme wienen, seach Sint Brendan de duvel oan it wurk. Dat wol sizze, in lyts negerke dat in teame yn`e hannen hie, en dy pleagjend foar de niis neamde broeder hâlde. Fuortdaliks gie Sint Brendan oerein en begûn te bidden, de hiele nacht troch oan`t it dei waard. En yn`e moarn, doe`t de bruorren harren nei de tsjinst fan God haasten, om dernei de reis nei it skip te meitsjen, seagen hja wer in reemakke tafel lykas ek de foarige deis. Sa makke God, trije dagen en nachten lang in miel ree foar syn tsjinners.

HAADSTIK 7

Sint Brendan ûntmaskert en begraaft in dief

Hjirnei reizge Sint Brendan mei syn maten fierder, en sei tsjin de bruorren: 'Tinkerom dat net ien fan jimme wat fan it guod fan dit eilân meinimt.' En allegearre antwurden him: 'Gjin sprake fan heit, dat eat dat stellen is ús reis ûntwije soe.' Doe sei Sint Brendan: 'Sjoch ús broeder, oer wa`t ik jim dat juster foarsein haw, hat in sulveren teame yn syn bûse, dy`t de duvel him fannacht oerjûn hat.' Doe`t dy broeder dat hearde, smiet hy de teame út syn bûse en foel foar de fuotten fan de godsman, en sei: 'Heit ik haw sûndige, ferjou my, bid foar myn siel, dat dy net ferlern giet.' Fuortdalik foelen allegear tagelyk foaroer op`e grûn del en smeken de Hear foar de siel fan dy broeder.
Doe`t de bruorren har wer oerein joegen en de broeder oerein holpen wie troch abt, sjoch dêr seagen hja in lyts negerke út syn bûse springen, dat lûd jammere en rôp: 'Werom, man fan God smite jo my út myn wente, dêr`t ik al sân jier lang wenne ha en keare jo my út myn erfskip?' Sint Brendan sei tsjin dizze stim : 'Ik gebied dy yn`e namme fan de Hear Jezus Kristus datsto gjin ien minske skea dochst oan`t de oardielsdei.'
Doe kearde de godsman him wer ta dy broeder en sei: 'Nim it lichem en bloed fan de Hear, want dyn siel ferlit no it lichem, want hjir is it plak fan dyn grêf. [Mar dyn broeder dy`t mei dy fan ús kleaster kaam is fynt syn grêf yn hel.]' En sa, nei it brea en de wyn ûntfongen te hawwen, is de siel fan de broeder út it lichem tein, en opnaam troch de ingels fan it ljocht, wylst de bruorren it seagen. Mar syn lichem is troch de abt op dat selde plak begroeven.
 

HAADSTIK 8

Sint Brendan wurdt foarsjoen fan Iten en Drinken

Sa kamen de bruorren mei Sint Brendan wer oan`e kust fan it eilân, dêr`t harren skip lei. Wylst hja yn it skip giene, kaam der in jonge man oanrinnen, dy`t in koer fol mei bôlen en in krûk mei wetter droech. Hy sei tsjin harren: 'Nim dizze jefte fan de hân fan jimme tsjinner. Der wachtet jimme noch in lange reis, eardat jimme fertreasting fine, dochs sil it jimme fan hjoed ôf oan`t Peaske ta oan bôle en wetter net ûntbrekke.'
En nei de golle jefte oannaam te hawwen, fearen hja de oseaan op, hja ieten hieltyd om'e oare dei. Sa waard it skip troch de ferskate streken fan de oseaan stjoerd.
 

HAADSTIK 9

Wite Tongersdei op it Skieppeeilân

It skieppeeilânOp in dei seagen hja net fier fan harren ôf in eilân. Doe`t hja dêr hinne fearen, kaam harren in geunstige wyn ta help, sa dat hja net mear hoechden te skreppen dan't hja koenen. Doe`t it skip yn'e haven lei, gebea de godsman allegearre om oan wâl te gean. Sels gie hy der as lêste út. Doe`t hja it eilân rûngienen, seagen hja út ferskate boarnen tige rike wetters streamen, fol mei fisken. Sint Brendan sei tsjin syn bruorren: 'Lit ús hjir de mis fiere. Lit ús God it ûnbeflekt offer offerje, want hjoed betinke wy it Lêste Jûnmiel fan de Hear'. En hja bleauwen dêre oan`t de hillige sabbat fan Peaske.
Doe't hja it eilân oer kuieren, fûnen hja dêr ferskate keppels wite skiep, safolle, dat hja de grûn fierder op net sjen koenen fanwege de mannichte fan skiep. Sint Brendan rôp de bruorren byinoar en sei tsjin harren: 'Nim fan de keppel wat nedich is ta de feestdei.'
De bruorren gienen neffens de opdracht fan de godsman hastich nei de keppel. Hja namen earst in skiep fan de keppel en doe`t hja dat in tou om'e hoarnen dienen, folge it dejinge dy it tou yn syn hân hâlde as of't it in húsdier wie, nei it plak dêr`t de godsman stie. Nochris sei de godsman tsjin ien fan de bruorren: 'Nim in sniewyt laam fan de
keppel.' Dy gie hastich  hinne en die lykas him opdroegen wie. Doe`t hja alles klearmakke hienen ta de tsjinst fan de folgjende dei, kaam der in man nei har ta, mei in kuorke yn'e hân, fol ûnder de jiske bakte bôlen en fierdere dingen dy`t nedich wienen. Doe`t hy dat foar de godsman delset hie, foel hy trijeris op syn gesicht foaroer foar de fuotten fan de abt, en sei: 'Wer haw ik it oan fertsjinne, o pearel fan God, dat Jo sêde wurde meie yn dizze hillige dagen, fan it wurk fan myn hannen.' Nei him fan de grûn oerein holpen en in tút jûn te hawwen, sei Sint Brendan: 'Soan, ús Hear Jezus Kristus stelt ús in plak foar der`t wy syn hillige opstanning fiere kinne.'
Dy man sei tsjin him: 'Heit, hjirre sille jim de hillige sabbat fiere. De nachttsjinst en de missen fan syn opstanning, stelt God jim foar om moarn te fieren, op it eilân, dat jimme dêr sjogge.' Doe`t hy dat sein hie, begûn hy it iten fan de tsjinners fan God en alle dingen dy`t de folgjende deis nedich wienen ree te meitsjen.
Doe`t alles klear makke wie en nei it skip brocht, sei de man tsjin Sint Brendan: 'Jim skipke kin net mear drage. Oer acht dagen sil ik jimme de dingen bringe, dy`t jim nedich hawwe oan iten en drinken oan`t Pinkster.'
Sint Brendan sei: 'Hoe witsto wer`t wy wêze sille oer acht dagen.' Hy sei: 'Dizze nacht sille jim op dat eilân wêze dat jimme hjir tichteby sjogge oan't moarn tolve oere. Dernei sille jim nei in oar eilân farre, dat net fier fan dat eilân ôf nei it westen leit en dat 'Paradys fan de Fûgels' neamd wurdt. Dêr sille jim bliuwe oan`t de acht dagen fan Pinkster.'
Ek frege Sint Brendan him, hoe`t dy skiep dy`t hja dêr seagen sa grut wêze koenen, want dy wienen grutter as kij. Dy man sei tsjin him: 'Nimmen op dit eilân melkt de skiep en de winter hindert harren net, want hja bliuwe dei en nacht yn de weide. Dêrom binne hja grutter as yn jimme kontreien.' En doe, neidat hja elkoar seinige hienen, binne hja nei it skip gien en útfearn.
  

HAADSTIK 10

Hja fiere de opstanning op it symboal fan it deaderyk.

JasconiusMar doe`t hja by it oare eilân kamen, bleau it skip stykjen foar dat hja de haven berikke koenen. Sint Brendan gebea de bruorren út it skip te gean yn de see, en sa dienen se, en hja lutsen it skip mei touwen oan beide kanten, oan`t hja yn`e haven kaam wienen. Mar it eilân wie stiennich en sûnder gêrs. Bosk wie der seldsum, en op it strân wie alhiel gjin sân. Wylst de bruorren doe bûten oernachten yn de gebeden en de nachttsjinsten, siet de godsman binnen yn it skip. Want hy wist wat soart eilân dat wie, mar hy woe it harren net ferklappe, om foar te kommen dat hja bang wurde soenen.
Mar doe`t it ljocht waard, sei hy de prysters dat hja elk in mis sjonge moasten en dat dienen se. Doe`t Sint Brendan yn it skip ek sels in mis song hie, droegen de bruorren it rauwe fleis en ek de fisken dy hja meinaam hienen fan it oare eilân, út it skip nei bûten om it te sâltsjen. Doe`t hja dat dien hienen, setten hja in pot op it fjoer, mar doe`t hja hout op it fjoer brochten en de pot begûn te sieden, begûn dat eilân te golvjen. De bruorren stoden nei it skip en rôpen de abt om help. Mar hy luts se ien foar ien mei de hannen oan board. Hja lieten alles benefter dat hja op it eilân brocht hienen, en fearen fuort. It eilân dreau fierder de oseaan op en it brânende fjoer koenen se oer in ôfstân fan trije kilometer noch sjen.
Doe fertelde Sint Brendan de bruorren wat dat wie, en sei: 'Bruorren ferwûnderje jim jim oer wat dit eilân die?' Hja seinen: 'Wy steane fersteld en boppedat binne we geweldich bang wurden. Hy sei tsjin harren: 'Fuort net bang wurde jonges. Want God hat my fan nacht troch in fisioen it geheim fan dizze saak iepenbierre. It is gjin eilân, dêr`t wy west hawwe, mar in fisk, de grutste fan allegearre dy`t yn`e see swimme. Hy  besiket hieltyd mei de sturt oan de kop ta te rikken, mar dat kin net fanwege syn lingte, hy hjit fan Jasconius.'
  

HAADSTIK 11

Fan Peaske oan`t Pinkster yn it Fûgelparadys

Mar doe`t hja nei it eilân dêr neistoan fearn wienen, dêr`t hja trije dagen earder ek west hienen, en op`e útein dêrfan kaam wienen oan de westkant, seagen hja flakby harren, mei allinne in smelle seeingte der tusken, in oar eilân, tige gerzich en beboske en fol mei blommen, en troch om it eilân hinne te farren sochten  hja in haven. Doe`t hja nei it suden fan dat eilân fearen, fûnen hja in rivierke dat útstreamde yn de see en dêr setten hja it skip oan lân. Doe`t hja út it skip gienen, gebea Sint Brendan dat hja it skip mei touwen tsjin it soal fan it streamke op lûke soenen safier as hja koenen. It streamke wie net folle breder as de breedte fan harren skip. De abt siet yn it skip, en sa lutsen hja it oer de ôfstân fan oardel kilometer, oan`t hja by de boarne fan'e stream kamen.
En Sint Brendan sei: 'Sjoch hjir hat ús Hear Jezus Kristus ús in plak jûn om syn hillige opstanning te fieren.' En hy sei der by: 'Al hienen wy oars gjin foarried as dizze boarne, dan soe dy, leau ik, foar ús wol genôch wêze oan iten en drinken.'
Mar dêr wie boppe dy boarne in beam bûtenwênstich grut fan omfang en net minder fan hichte, oerdutsen mei skitterjend wite fûgels. Hja bedutsen him sa alhiel, dat syn blêden en tûken suver net te sjen wienen. Doe`t de godsman dat seach, betocht hy by himsels en oerlei wat dat wol wêze mocht of wat reden of`t er wie, dat sa`n mannichte fûgels yn ien kloft byinoar wêze koe. En it makke him sa bang dat hy skriemde en op syn knibbels God smeekte en sei: 'God, kenner fan it ûnbekende en bekendmakker fan al it ferburgene, Jo wite de eangstme fan myn hert. Ik smeekje Jins Hearlikheid, dat Jo Jo weardich achtsje wolle yn Jo grutte ûntferming, om oan my sûnder Jo geheim te iepenbierjen, dat ik hjir foar myn eagen sjoch. Net op myn fertsjinste of weardichheid, mar op Jo ûnmjitlike genede fertrou ik.'
Doe`t hy dit yn himsels sein hie en wer sitten gien wie, sjoch doe fleach ien fan dy fûgels út de beam wei, nei it skip ta dêr`t de godsman siet, en har wjokken klonken as beltsjes. Hja siet op it puntsje fan de foarstjûne en hâlde de wjokken útspraat as teken fan blydskip en seach mei in blier gesicht de godsman oan. Fuortdaliks begriep de godsman dat God syn smeekbea ferheard hie en hy sei tsjin de fûgel: 'Asto in boade fan God bist, fertel my dan wer`t dy fûgels weikomme, en om wat foar reden hja hjir byinoar binne.' Dy sei fuort:'Wy binne fan de grutte fal fan de âlde fijân, en hoewol wy net sûndigen, stimden wy wol mei harren yn. Dat sa gau as wy skepen wienen, hat de ûndergong ek ús troffen, troch de fal fan de duvel  mei syn trawanten. Mar ús God is rjochtfeardich en betrouber. Troch syn machtich oardiel hat hy ús nei dit plak stjoerd. Straffen ûndergeane wy net. Hjirre kinne wy de tsjintwurdichheid fan God sjen, allinne hat hij ús ferwidere fan de gemienskip mei de oaren dy't steande bleaun binne. Wy swalkje troch ferskate streken fan loft, himel en ierde, sa as oare geasten dy`t stjoerd wurde.(Hebr 1:14) Mar sneins en op hjeldagen, krije wy in lichem, lyk asto no sjochst en dan binne wy hjirre en priizgje ús Skepper.
Mar do en dyn bruorren hawwe no ien jier fan jimme reis om. No bliuwe der noch seis oer. Dêrsto hjoed it Peaske fiert hast, dêr silst it elk jier fiere, en dêrnei silsto fine watsto dy yn dyn hert foarnaam hast, dat is it Beloofdelân fan de Hilligen.' Doe't de fûgel dit sein hie, joech hja har op fan de stjûne en fleach nei de oaren.
Mar doe`t de oere fan`e vesper kaam wie, begûnen alle  fûgels, dy`t yn`e beam sieten, as mei ien stim te sjongen, har op'e siden te slaan en te sizzen: 'Jo komt de lofsang ta, o God op`e Sion, Jo wurdt de gelofte betelle.' (ps 65:2) en hieltyd herhellen hja it neamde fers hast  in oere lang. De godsman en dy`t mei him wienen like dat ritme en it lûd fan de flerken earder in treursang dan leaflik.

Doe sei Sint Brendan tsjin syn bruorren: 'Fersterkje jimme lichemen, want ús sielen binne hjoed al troch godlike ferkwikking sêde.' Doe`t hja it iten op hienen, folbrochten hja it Wurk fan God. Doe`t dat allegear dien wie, joegen de godsman en dy`t mei him wienen har del, oan`t de tredde nachtwacht. Doe't de godsman wekker waard rôp hy syn bruorren ta de nachttsjinst fan de hillige nacht, troch dit fers yn te setten: 'Hear, iepenje my de lippen,' (ps 51:17). Doe`t it gebed fan de hillige man beëinige wie, wjerklonken alle fûgels mei wjokken en bekken, en seinen: 'Loovje de Hear, loovje him al syn ingels, loovje him al syn legers.'(ps 148 :2) Krektlyk as ek by de vesper songen hja in oere lang.
Doe`t de dage oanbrutsen wie, songen hja: 'Mei sa de geunst fan de Heare ús God  oer ús wêze.' (ps 90:17) Hja songen yn'e selde mjitte en like lang ek yn it lof fan de metten. Krekt sa op de tredde oere dit fers: 'Sjong, foar ús God, ja sjong, sjong foar ús Kening, ja sjong. Want kening oer de hiele ierde is God, sjong foar Him in keunstich liet.'(ps 47;7,8) en op de seisde oere: 'Lit, Hear it ljocht fan Jo antlit oer ús daagje en wês ús genedich.' (ps 4:7) Op de njoggende oere psalmsongen hja: 'O, wat is it goed, wat hearlik dat bruorren byinoar wenje en it iens binne.' (ps.133:1) Sa brochten de fûgels dei en nacht de Heare lof . Dêrom liet Sint Brendan syn bruorren útrêste oan`t en mei de achtste dei fan it feest fan Peaske.
Doe`t dy feestdagen foarby wienen sei hy: 'Lit ús wetter foarried mei nimme fan dizze boarne, dy`t wy oan`t no ta net nedich wienen as om de hannen en de fuotten te waskjen. Doe`t hy dat sein hie, kaam de selde man, dy`t by harren west wie trije dagen foar Peaske,en dy`t har it iten foar Peaske brocht hie, mei syn skip fol mei iten en drinken nei harren ta. Doe`t alles út it skip laden wie, sei hy dêr't de abt by wie: 'Mannen bruorren, hjir hawwe jim genôch oan't Pinkster, mar drink net fan dizze boarne, want dy is te sterk om út te drinken. Lit my jimme fertelle hoe`t dat sit: 'Wa`t hjir út drinkt, sil fuortdaliks troch in swiere sliep oerfallen wurde en hy sil net wer wekker wurde ear`t der 24 oeren om binne. Mar sa gau it bûten de boarne streamt, hat it de smaak en eigenskippen fan wetter.' En doe't de abt him seinige hie, is hy werom gien nei syn plak.
Sint Brendan bleau op dat plak oan`t de acht dagen fan Pinkster, want it gesang fan de fûgels wie hertferwaarmjend foar harren. Op de dei fan Pinkster, doe`t de hillige man mei syn bruorren de mis song hie, kaam harren fersoarger, en brocht alles dat ta de feestdei nedich wie. En doe`t hja meiinoar oan`t it moarnsiten sieten, sei dy man tsjin harren: 'Der wachtet jimme noch in lange reis. Nim fan dizze boarne jimme fetten fol wetter en nim droege bôlen, dy`t jimme bewarje kinne oan`t it oare jier. Ik sil jimme bringe safolle jim skip drage kin.' Doe`t dit allegear klear wie, is hy, neidat hy de seine ûntfong hie, werom gien nei syn plak.
Sint Brendan soarge dat nei dy acht dagen it skip laden waard mei alles wat dy man harren brocht hie en dat alle fetten folmakke waarden by dy boarne. Doe`t alles nei de kust brocht wie, doe kaam dy fûgel yn flugge flecht oanfleanen en gie sitten op de foarstjûne fan it skip. De godsman begriip dat hja him wat fertelle woe. Doe sei dy fûgel mei in minsklike stim: 'Mei ús sille jim de hillige dei fan Peaske fiere en de foarbygiene tiid (oan't Pinkster), ek yn it kommende jier. En dêr`t jim wienen yn dit jier, by it Nachtmiel fan de Hear, dêr sille jim ek wêze yn it kommende jier op dyselde dei. Krektlyk sille jim de nacht fan it Peaske fan de Hear fiere dêr`t jim it earder fierd hawwe, op de rêch fan Jasconius. Nei acht moannen sille jim in eilân fine, dat neamd wurdt it eilân fan de mienskip fan Ailbeus, en dêr sille jim de berte fan de Hear fiere.'
Doe`t hja dat sein hie, gie hja werom nei har plak. Mar de bruorren hysten it seil en fearen de oseaan op, en de fûgels songen as út ien stim: 'Ferhear ús, o, God, dy`t ús heil is, betrouwen fan alle ierdryks einen en fiere kusten.'(ps 65:6)
  

HAADSTIK 12

Op besite yn it kleaster fan Sint Ailbeus folk.

En sa waarden de abt mei syn minsken trije moannen oanien hjir en dêrhinne dreaun oer de wide flakten fan de oseaan. Hja seagen neat as himel en see. Hja fêsten hieltyd om'e twa of trije dagen. Mar op in dei seagen hja in eilân net fier ôf, mar doe`t hja tichte by de kust kaam wienen, dreau de wyn harren wer by de haven wei. En sa fearen hja 40 dagen lang om it eilân hinne, en koenen gjin haven fine. De bruorren dy yn it skip wienen smeekten de Hear skriemend har te helpen. Want hja wienen skjin oanein sa wurch wienen se. En doe`t hja  trije dagen oanhâlden mei in protte bidden en fêstsjen, seagen hja in nauwe haven, mei plak foar mar ien skip, en dêre fûnen hja twa boarnen, de iene gromin haven mei plak foar mar ien skipmich en de oare helder. De bruorren gau dêrhinne mei bekers om wetter te skeppen. Doe`t de godsman dat seach sei hy tsjin harren: 'Soannen, soks hearre  jim dochs net te dwaan sûnder tastimming fan de âldsten dy op dit eilân wenje. Dy sille jimme ommers dit wetter om'e nocht jaan, dat jim no stellenderwize drinke wolle.'

Wylst hja sa dwaande út it skip gienen en oerleinen wat kant as hja útgean soenen, kaam der in âld man nei harren ta rinnen mei in tige earnstich foarkommen, sniewyt hier en in fleurich gesicht, dy't him trijeris op`e grûn falle liet, foardat hy de godsman tute. Mar Sint Brendan en dy`t mei him wienen holpen him gau oerein. Nei't hja mekoar tute hienen, naam dy âldman de hân fan de abt en naam him mei nei in kleaster sa wat in stadium (= 186 m) dêrwei.  

 In haven mei plak foar mar ien skip

Doe stie Sint Brendan mei syn bruorren foar de poarte fan it kleaster en sei tsjin de âlde: 'Fan wa is dit kleaster?  Wa is jimme lieder? Wêr komme de minsken wei dy`t hjir libje?' Sa frege de abt de âldman ferskate dingen, mar hy koe gjin antwurd fan him krije, allinne betsjutte hy hiel freonlik mei de hân stilte.
Sa gau`t de abt de libbensregel fan dit plak begriip, fermoanne hy syn bruorren, en sei: 'Tinkderom dat jim neat sizze, dat dizze bruorren net ûnthillige wurde troch jimme grapmakkerij.' Doe`t hy dit ferbean hie, kamen harren alve bruorren temjitte mei boekedoazen en krusen en lofsangen, dy't dizze rigels songen: 'Kom oerein út jim wenten, hilligen fan God, en gean de wierheid temjitte. Hilligje dit plak, seinigje it folk, en wol jins tsjinners weardich karre yn frede te weitsjen.'
Doe`t it fers út wie, hat de abt fan it kleaster de hillige Brendan en syn maten de rige lâns tute. En sa tuten ek syn muontsen de muontsen fan de hillige man. Nei mekoarren frede winske te hawwen, brochten hja harren nei it kleaster, sa as wênst is yn de westlike kontreien, troch de bruorren ûnder gebeden te begelieden. Hjirnei begûn de abt fan it kleaster, mei syn muontsen, de fuotten fan de gasten te waskjen en de barsang te sjongen: 'In nije gebod jou ik jim...' (Joh. 13:34) Doe`t dat klear wie, brocht hy harren ûnder grutte stilte nei de ytseal en doe`t it teken slein hie en de hannen wosken wienen, liet hy harren allegear sitten gean. Nei dat ek it twadde teken slein hie, gie ien fan de bruorren fan it kleaster oerein en betsjinne de tafel, mei prachtige wite bôle en in pear tige lekkere woartels. De bruorren sieten mei de gasten om en om op`e rigel en tusken twa bruorren waard hieltyd in hiele bôle delset.
Deselde tsjinner betsjinne, doe`t it teken jûn wie, de bruorren mei drinken. De Abt trune de bruorren ek oan, tige op't skik sei er: 'Genietsje, út deselde boarne dêr`t jim hjoed stellenderwize út drinke woenen, no mei leafde, wille en freze des Hearen. Ut de oare, de grommige boarne dy`t jim seagen, wurde alle dagen de bruorren de fuotten wosken, omdat dy altyd kâld is. De bôle dy`t jim sjogge, wy witte net wer`t dy makke wurdt, of wa`t it nei ús kelder bringt. Mar dochs is ús bekend, dat út de golle jeften fan God, syn tsjinners betsjinne wurde, troch ien of oar ûndergeskikt skepsel.
Wy binne hjir mei fjouwerentweintich bruorren. Elke dei hawwe wy tolve bôlen ta ús foldwaan, hieltyd ien bôle foar twa. Sneins en op hjeldagen jout God dêr elke broeder in hiele bôle op ta, dat hja in miel hawwe fan de brokken. No, by jimme komst hawwe wy dûbel iten. En sa ûnderhâldt Kristus ús fanôf de tiid fan Sint Patricius en Sint Ailbeus, ús heiten, oan`t no ta, al tachtich jier lang. En dochs nimme âlderdom en sloppens fan ús lea mar in tige lyts bytsje ta. Op dit eilân ûntbrekt ús neat om te iten dat op it fjoer ree makke wurdt. Kjeld of hjitte pleaget ús nea. En as it tiid is foar de missen of de vigilia`s wurde de lampen yn ús tsjerke, dy`t wy mei naam hawwe út ús lân, opstutsen nei godlike foarbeskikking, en hja brâne oan`t it ljocht wurdt, en net ien fan dizze lampen ferminderet.'
Neidat hja trijeris dronken hienen, sloech de abt nei wênst en plige it teken, en de bruorren gienen ienriedich ûnder grutte stilte en weardichheid oerein fan`e tafel, en gienen foar de abten út nei de tsjerke. Achter harren kamen Sint Brendan en de abt fan it kleaster. Doe`t hja sa de tsjerke yngienen, kamen de oare tolve bruorren der út, harren temjitte, en bûgden fleurich de knibbels. Doe`t Sint Brendan harren seach sei hy: 'Abt, werom hawwe dizzen net tagelyk mei ús iten?' De abt sei tsjin him: 'Om jimme, want ús tafel koe ús yn ienkear net allegear hâlde. No geane hja te iten en it sil har oan neat ûntbrekke. Mar lit ús yn tsjerke gean en de vespers sjonge, sa dat ús bruorren dy`t no te iten geane, nei ús ek noch op'e tiid de vespers sjonge kinne.'
Doe`t hja de ferplichte vespertsjinst beëinige hienen, begûn Sint Brendan om him hinne te sjen, hoe`t dizze tsjerke boud wie. Dy wie fjouwerkant, like lang as breed, en hie sân lampen, trije foar it alter dat yn`e midden stie, en twa foar elk fan de oare beide alters. Want dêr wienen fjouwerkante alters, fan kristal makke, en de skûtels dêr op krektlyk ek fan kristal, dat wol sizze de skalen, bekers en krûkjes en fierdere skûtels, dy`t ta de earetsjinst beheare. En der wienen fjouwerentweintich sitplakken yn it rûnom yn de tsjerke. Want it plak dêr`t de abt siet, wie tusken de beide koaren yn. Want de iene groep begûn fan ôf him en eindige by him, en de oare groep krektlyk. Net ien fan beide dielen soe it weagje doarre in fers yn te setten as allinne de abt.
Net ien ferwachte yn it kleaster lûd of leven. As in broeder wat nedich hie, gie hy nei de abt en knibbele foar him en frege yn syn hert wat it ferlet easke. Daliks naam de abt in laai en griffel en skreau, troch de iepenbiering fan God, en joech it oan de broeder, dy`t him om rie frege.
Doe`t Sint Brendan dit alles yn him omgean liet, sei hy tsjin de abt: 'Heit it is al tiid om wêrom te gean nei de ytseal, dat alle dingen by ljocht ôfdien wurde kinne.' En dat dienen hja, op deselde manier as foar it iten. Doe`t alles ôfdien wie neffens de regel fan de oarder fan de dei, gienen hja allegear hastich, mei grutte bliermoedigens, nei de komplete. En doe`t de abt it foarskreaune fers ynset hie, dat is:'Kom mei hasten myn God om my te helpen'(Ps. 70:12) en hja tagelyk eare jûn hienen oan`e Trijeienheid, begûnen hja dit fers te sjongen: '[ Wy hawwe mis west en ferkeard dien] Jo Heit dy`t genedich binne, sparje ús, Hear. Yn frede sil ik my deljaan en sliepe, want Jo allinnich, Hear,jouwe my in feilich honk.' (ps 4: 9) Dernei songen hja de tsjinst dy`t heart by dy oere.
No`t de oarder fan psalmsjongen folbrocht wie, gienen de bruorren nei bûten, elk naam ien fan de gasten mei nei syn eigen sel. Mar de abt siet mei Sint Brendan yn de tsjerke de komst fan it ljocht ôf te wachtsjen. En Sint Brendan ûnderfrege de abt oer harren swijen en praten, hoe`t hja sa as minsken ferkeare koenen. Doe antwurde dy heit mei grutte earbied en dimmenens: 'Abt, ik beken foar it antlit fan Kristus: Tachtich jier binne foarby gien sûnt wy op dit eilân kamen. Wy hawwe gjin minsklike stim heard, behalve as wy God loflieten tasjonge. Tusken ús fjouwerentweintigen wurdt gjin lûd útbrocht, as troch tekens mei de fingers of de eagen, behalve troch de âldsten yn leeftiid. Net ien fan ús hat, sûnt wy op dit plak kamen, lit oan sykte fan it lichem of oan geasten dy`t om it minsklik skaai swalkje.'
Sint Brendan sei: 'Is it ús ek tastien hjir te bliuwen of net?' Hy sei: 'Dat is it net, omdat God it net wol. Werom fregest my dat heit? Hat God dy net iepenbierre watsto dwaan moatst, foardatst hjir by ús kaamst? Do moatst ommers weromgean nei dyn plak mei dyn fjirtsjin bruorren. Dêre hat God it plak fan jim grêf reemakke. Mar de twa, dy`t oer binne, de iene sil pylgerje op it eilân, dat 'Eilân fan'e Hearremiten' neamd wurdt en de oare sil ta de skandlikste dea feroardiele wurde, by  dy`t yn de hel binne.'
Wylst hja ûnderinoar sokke dingen bepraten, waard der in fjoerpylk troch it finster sketten, dy't alle lampen oanstiek dy`t foar de alters stienen, wylst hja it seagen. De pylk gie fuortdaliks werom nei bûten, mar it skitterjende ljocht bleau op de lampen. Noch in kear  frege Sint Brendan: 'Troch wa wurde de lampen moarn útdien?'  De abt antwurde him: 'Kom en sjoch it hillich geheim fan dizze saak. Sjoch, do sjochst de kearsen brânen midden yn de glêzen. Mar neat dêrfan ferbrânt, of wurdt minder of leger, ek sil der moarn gjin jiske fan oer bliuwe, want it  is geastlik ljocht.' Sint Brendan sei: 'Hoe kin yn stoflike skepsels, ûnstoflik ljocht, stoflik brâne?' De âlde antwurde: 'Hasto net lêzen fan de toarnbeistrûk dy't baarnde op'e  berch Sinai? En dat dochs de toarnbeistrûk net oantaast waard troch it fjoer?'
Wylst hja de hiele nacht wekker bleaunen oan`t de moarn ta, frege Sint Brendan tastimming om fuortgean te meien op syn tocht. De âlde antwurde him: 'Nee, heit do moast mei ús de berte fan de Hear fiere, oan`t en mei de acht dagen fan de Ferskining.'
Sa bleau de abt dêrom mei syn selskip de neamde tiid by de 24 paters op it eilân, dat neamd wurdt 'Eilân fan de mienskip fan Ailbeus.'
  

HAADSTIK 13

God straft de oerhearrigen mar de abt bidt foar harren.

Nei dat de feesten folbrocht wienen, en hja iten en de bêste winsken fan de hillige mannen ûntfongen hienen, sette Sint Brendan mei syn folk sa hurd mooglik seil nei de oseaan en of troch te roeien of troch te silen dreau it skip troch ferskate streken, oan`t it begjin fan de Fjirtichdagen. Op in dei seagen hja in eilân foarút net fier fan harren ôf. Doe`t de bruorren it sjoen hienen, begûnen hja fûl te roeien, omdat hja al tige pleage waarden troch honger en toarst. Want der wie al trije dagen gjin iten en drinken mear. En doe`t optlêst de abt de haven seinige hie en allegearre út it skip gien wienen, fûnen hja in skitterjende boarne en ferskate krûden en woartels dêr omhinne en ferskate soarten fisken dy`t it soal delswommen nei de see.
Sint Brendan sei tsjin syn bruorren: 'God jout ús hjir fertreasting nei de muoite. Nim fisken, safolle as nedich is ta ús miel en bried se op in fjoer. Sammelje krûden en woartels dy`t de Hear foar syn tsjinners reemakke hat.' En sa dienen hja. Mar doe`t hja wetter yngetten hienen om te drinken, sei de Godsman: 'Bruorren pas op dat jim net tefolle brûke fan dit wetter, dat jimme lichemen net swier pleage wurde. Mar de bruorren namen it foarskrift fan de godsman fansels tige ûngelyk yn acht en guon dronken ien beker, oaren twa, en de oaren sels trije, en dy hellen har in sliep op`e hals fan trije dagen en nachten, de oaren fan twa dagen en nachten, en de oerbliuwenden fan in dei en in nacht. En de abt bea sûnder ûnderbrekking de Hear foar syn bruorren, omdat har troch ûnwittendheid sa`n gefaar oerkaam wie.
Doe`t hy sa dizze trije dagen trochbrocht hie, sei de abt tsjin syn maten: 'Bruorren, lit ús flechtsje fan dizze dea, dat ús gjin slimmere dingen oerkomme. Want de Hear joech ús ommers iten en jim misbrûkten it ta skea. Lit ús dêrom fan dit eilân ôfgean en nim foarrieden fan dy fisken en meitsje ree safolle as nedich is foar trije dagen, oan`t it Miel fan de Hear ta; en allyksa ien beker wetter foar elke broeder foar elke dei en fan de woartels like folle.'  Doe`t hja it skip laden hienen mei alles dat de Godsman gebean hie, hysten hja it seil en fearen de oseaan op, it noarden yn.
  

HAADSTIK 14

De Wyn blaast wêrhinne`t er wol.

Nei trije dagen en nachten gie de wyn lizzen en de see waard as of't er befêrzen wie sa blakstil wie it. De abt sei: 'Liz de riemen mar yn it skip en lit it seil sakje, lit God it skip stjoere wêr`t Hy mar wol. Sa dreau it skip sawat tweintich dagen fierder. Dêrnei joech God harren wer in geunstige wyn, út it westen. Tagelyk hysten hja it seil en fearen, hja rêsten hieltyd nei trije dagen.
  

HAADSTIK 15

In weromsjen fan de fersoarger, de walfisk en it fûgelparadys

Op in dei seagen hja in eilân yn`e fierte krekt as of it in wolk wie. Sint Brendan sei:'Soannen kenne jim dat eilân.' Dy seinen tsjin him: 'Alhiel net.' Hy sei tsjin harren:' Ik ken it. Dat is ommers it selde eilân dêr`t wy it oare jier op wienen mei it Nachtmiel fan de Hear. Dêr`t ús goeie fersoarger wennet.' Doe begûnen de bruorren fûleindich te roeien fan blidens, sa hurd as hja koenen. Doe`t de godsman dat seach, sei er: 'Jonges, jim moatte jimme lea net sa healwiis ôfmêdzje. Is God de Almachtige net de stjoerman en skipper fan ús skip? Lit it mar oan Him oer, Hy sels stjoert ús reis sa as Hy wol.'
En doe`t hja tichter by de kust fan dat eilân kamen, kaam dyselde fersoarger harren yn in skip temjitte en brocht harren nei de haven, dêr`t hja it ferline jier oan wâl gien wienen. En wylst hy de Heare priizge, en de fuotten patte fan in elk, te begjinnen by de abt oan`t de lêste ta, sei er: 'Ûntsachlik is God, as Er út syn hillichdom komt. Hy is de God fan Israël, dy`t syn folk macht en sterkte jout. Heech te priizgjen is God.' (ps 68:36)
Sa gau it fers út en it skip útladen wie, sette hy in tinte op en makke in bad ree, it wie ommers Wite Tongersdei, en klaaide alle bruorren yn nije klean en makke trije dagen lang it iten foar harren ree.
De bruorren fierden it lijen fan de Hear ek mei grutte soarchfâldigens, oan`t op de Hillige Sabbat. Doe`t hja klear wienen mei de oarders fan dy sabatdei, en oan God de geastlike offers brocht en it Hillich Nachtmiel fierd hienen, sei de fersoarger tsjin Sint Brendan en dy`t by him wienen: 'Jimme moatte yn it skip gean en fuort, dat jim de hillige nacht fan de opstanning fan de Hear fiere meie, der`t jimme it it ôfrûne jier fierd hawwe, en sa ek de dei, oan`t de middei. Far dernei nei it eilân dat 'Paradys fan de Fûgels' neamd wurdt, dêr`t jimme ferline jier west hawwe fan Peaske oan`t de achtste dei nei Pinkster, en nim alles dat nedich  is mei oan iten en drinken. Ik sil jimme oankommende snein wis opsykje.'
En sa dienen hja. Hy hat sels it skip laden mei bôle en drinken en fleis en fierdere lekkernijen, safolle as it lade koe. Neidat Sint Brendan him seinige hie, gie hy yn it skip, en fuortdaliks fearen hja nei it oare eilân.
Doe`t hja oankaam wienen by it plak dêr`t hja út it skip gean moasten, dêr seagen hja de pot dy`t hja it oare jier ferlern hienen. Doe begûn Sint Brendan, wylst hy mei syn bruorren út it skip gie, de lofsang fan de trije jonges yn'e ûne te sjongen, oan`e ein ta.
Doe`t hja dy lofsang út hienen, warskôge de godsman syn bruorren, en sei: 'O soannen weitsje en bid dat jimme net yn de fersiking komme. Betink hoe`t God dit ûntsachlike bist hjir ûnder ús sûnder muoite betwingt.' De bruorren ommers wekken ferspraat oer it eilân, oan`t de tsjinst fan de metten ta. Dernei offeren alle prysters God elk in mis, oan`t de tredde oere. Doe offere Sint Brendan God it Unbeflekte Laam, en sei tsjin syn bruorren: 'It ferlinejier haw ik hjir de opstanning fan de Hear fierd. Sa wol ik it ek dit jier.'
Dernei gienen hja nei it eilân fan de fûgels. En doe't hja tichterby de bestimde haven fan it eilân kamen, songen alle fûgels as mei ien stim: 'It Heil komt fan ús God, dy`t op de troan sit en fan It Laam.' (iepenb.7:10)  En: 'De Heare is God, Hy liet it foar ús daagje. Byn no it feestoffer mei touwen oan`e hoarnen fan it alter.' (ps.118:27)
Mei stimmen en mei wjokken musisearden hja, hast in healoere lang, oan`t de abt mei syn hillich folk oan wâl gien wie en alle dingen út it skip laden wienen en hy him delset hie yn syn tinte.
En doe`t hy dêr mei syn feinten it Peaske feest fierd hie, kaam de fersoarger by harren, op de snein de achtste dei fan Peaske, sa as hy foarsein hie en hy hie alle iten dat hja mar nedich hawwe koenen by him.
En doe`t hja noch by de tafel sieten, sjoch dêr sette dy fûgel mei de wjokken útspraat har del op`e foarstjûne fan it skip en makke in gelûd as fan in grut oargel. En doe begriep de godsman dat hja him wat sizze woe.  En dy fûgel sei: 'God hat jimme fjouwer plakken yn it foarútsicht steld, yn de fjouwer tiden, oan`t de sân jierren fan jimme pylgerreis beëinige wurde meie. Dat is:

       
  • Op Wite Tongersdei mei jimme fersoarger, dy`t elk jier oanwêzich wêze sil.
  •  
  • Op de rêch fan de walfisk sille jim Peaske fiere;
  •  
  • Mei ús de Peaske dagen, oan`t en mei de achtste fan Pinkster;
  •  
  •  By it folk fan Ailbeus sille jim de berte fan de Hear fiere.

En nei sân jier sille jim, nei grutte en ferskate besikingen dy't dêr oan foarôf geane, it Lân fine dat jimme sykje, dat oan de Hilligen ûnthjitten is en dêr sille jim fjirtich dagen bliuwe en dernei sil God jimme nei jim heitelân werombringe.'
Doe`t de abt dat hearde, foel hy mei syn bruorren langút op`e grûn om lof en tank te bringen oan syn Skepper. Doe`t de earwurdige âlde dit dien hie, is de fûgel weromgien nei syn plak.
Nei it iten, gie de fersoarger fierder en sei: 'Mei Gods help sil ik mei pinkster wer mei foarrieden by jimme komme.' Nei de seine fan de abt en allegearre dy`t mei him wienen ûntfongen te hawwen, is hy werom gien nei syn plak.
Sa bleau de earwurdige abt dêre oan't pinkster en doe`t sa de feestdagen foarby wienen, gebea Sint Brendan de bruorren om it skip ree te meitsjen en de fetten fol te dwaan út de boarne. Doe`t hja it skip al nei de see brocht hienen, sjoch dêr kaam dy freon, mei it skip ôfladen mei iten, nei de bruorren ta. En doe`t hy dat allegear in plak jûn hie yn it skip fan de hillige man, en elkenien tute hie, is hy werom gien nei wer`t er weikaam wie.
  

HAADSTIK 16

In ferskuorrende meunster wurdt ferskuord en ferslynd

Mar de earwurdige heit fear mei syn kornuten de oseaan op en sa fear it skip fjirtich dagen lang. Op in dei seagen hja yn`e fierte in geweldich grut bist achter harren. It blies skûm út syn noasters en it snie troch de weagen mei in tige grutte faasje as om harren te ferslinen. Doe`t de bruorren dat seagen, rôpen hja ta de Heare en seinen: 'Help ús, Hear, dat dit meunster ús net ferslynt.' Sint Brendan treaste harren en sei: 'Net bang wurde, lyts leauwigen. God sels, dy`t altyd ús ferdigener is, sil ús ferlosse fan de bek fan dat bist en fan alle oare gefaren.'
Mar doe`t it echt tichterby harren kaam wie, gienen him sokke ûntsachlik hege weagen foarút nei it skip ta, dat de bruorren banger en banger waarden. Ek de earwurdige âlde, stiik no de hannen út nei de himel en sei:' Hear ferlos Jo tsjinners, sa as Jo David ferlost hawwe út`e hân fan de reus Goaliat. Hear, ferlos ús, sa as Jo Jona ferlost hawwe út it liif fan de grutte walfisk.'
Nei`t hy dy trije rigels sein hie, sjoch dêr kaam út it westen wei in oar bist it geweldige meunster harren temjitte. Dat bûn fuort sa fûl de striid mei him oan, dat it fjoer út syn bek spuide. En de âlde sei tsjin syn bruorren: 'Sjoch, soannen, de grutte wurken fan ús Ferlosser. Sjoch de hearricheid fan de bisten oan harren Skepper. Wachtsje de ein hjirfan mar rêstich ôf. Dit mâle gefjocht let jimme ommers neat. Mar it sil ta de gloarje fan God betocht wurde.'
Doe`t hy dit sein hie, wie it ellindige bist dat de tsjinners fan Kristus ferfolge al dea en foar harren eagen yn trije stikken skuord, en it oare bist gie nei de oerwinning werom nei dêr`t er weikaam wie.
De oare deis seagen hja yn`e fierte in eilân tige beboske en rom. En by de kust oankommen en út it skip gien, seagen hja it sturtein fan it meunster dat ferskuord wie. Sint Brendan sei: 'Sjoch dêr, dat woe jim fersline, jimsels sille him fersline. Jimme sille in lang skoft op dit eilân wachtsje moatte. Sleep derom jimme skip heger op it lân en sykje in plak yn dit wâld, der`t jim tinte stean kin.' De abt socht sels in plak foar harren út om te wenjen.
Mar doe`t hja dien hienen neffens it gebod fan de Godsman en alle ark yn de tinte brocht hienen, sei Sint Brendan tsjin syn bruorren:' Jim moatte safolle fleis fan dat meunster nimme, dat jim foar trije moanne genôch hawwe. Want yn dizze nacht sil syn kadaver troch de wylde bisten ferslynd wurde.' De bruorren sleepten wol oan`e vespers ta fleis oan, safolle as hja nedich hienen, neffens de opdracht fan de abt.
Doe`t de bruorren mei dit alles klear wienen seinen hja: 'Abt, hoe kinne wy hjir libje sûnder wetter?' Dy sei tsjin harren:'Is it foar God slimmer jimme wetter te jaan  as iten?  Gean derom nei de súdkant fan dit eilân en jim sille in skitterjende boarne fine en in protte krûden en woartels, nim my derwei foarried mei neffens dat we nedich binne.' En hja fûnen it allegear sa as de Godsman it foarsein hie. Sa bleau Sint Brendan dêr trije moanne, omdat der stoarmen op see wienen, in tige sterke wyn en ûnbestindich waar mei rein en hagel.
De bruorren gienen om te besjen, wat de Godsman foarsein hie oer it meunster, mar doe`t hja op it plak kamen dêr`t it deade bist earder lei, fûnen hja oars neat as bonken.
Fuort gienen hja wêrom nei de Godsman en seinen: 'Abt, it is bard sa't jo sein hawwe.' Hy sei tsjin harren: 'Ik wist bruorren dat jimme my hifkje woenen of`t ik de wierheid sein hie of net. Ik jou jim noch in teken. Dizze nacht komt dêr in stik fan in fisk hinne en moarn sille jim dêrfan ite.' De oare deis gienen de bruorren nei dat plak en fûnen it sa as de godsman foarsein hie, en hja namen mei safolle as hja drage koenen. De abt sei tsjin harren: 'Bewarje dit goed yn`e pikel, jim sille it nedich hawwe. Want de Hear sil hjoed, moarn en oaremoarn it waar rêstich meitsje en it geweld fan de see en de weagen sil ophâlde. Dan kinne we hjir wêr weigean.'
Doe`t dy dagen foarby wienen, gebea Sint Brendan syn bruorren it skip te laden en de wettersekken en oare fetten fol te dwaan, en foar him krûden en woartels te sammeljen, want de abt hie, neidat hy pryster wurden wie, nea wêr fleis fan eat dat libben west hie preaun. Neidat alles yn it skip laden wie, en it seil hyst, reizgen hja ôf it noarden yn.
 

HAADSTIK 17

It eilân fan de moedige mannen mei de trije koaren

Op in dei seagen hja in eilân yn`e fierte, Sint Brendan sei: 'Sjogge jim dat eilân?' Hja seinen: 'Dat sjogge we.' Hy sei tsjin harren: 'Dêr binne trije folken op dat eilân, ien fan jonges, it oare fan jonge manlju, it tredde fan âlderen. En ien fan jim bruorren sil dêre as frjemdling ferkeare.'De bruorren fregen wa fan harren dat wêze mocht.  Doe`t hja mar troch fregen, en hy seach dat hja muoilik wienen, sei hy: 'Dat is de broeder dy`t dêre bliuwe sil.' En dy broeder wie ien fan de trije, dy`t  Sint Brendan nei kaam wienen út syn kleaster, oer wa as hy de bruorren al foarsein hie, doe`t hja yn it skip gien wienen yn harren heitelân.
Sa kamen hja tichterby it eilân, oan`t it skip op it strân stie. Dat eilân wie tige flak, it like harren alhiel sljocht mei de see. Sûnder beammen of eat dat troch de wyn beweegd waard. Want it wie tige rom, en dochs bedutsen mei wite en donkerreade fruchten. En dêr seagen hja de trije kloften, sa as de godsman al foarsein hie. Want tusken de iene kloft en de oare wie in romte sa fier as men in stien mei in slinger smite kin. En hieltyd gienen hja, dan hjir hinne, dan dêr hinne, en de iene kloft stie stil op in plak en song: 'Sa geane se (de hilligen) fierder fan krêft ta krêft, om dan God te sjen op de Sion.'(ps 84:8)
As de iene kloft it fers út hie, bleau de oare kloft stean en begûn it selde liet te sjongen, en sa dienen hja sûnder ûnderbrekking. En de earste kloft wienen jonges yn strieljende wite klean, en de twadde kloft yn reade hyasint kleurige klean, de tredde kloft yn lange pearse klean.
It wie om tsien oere hinne doe`t hja de haven fan it eilân berikt hienen. En doe`t tolve oere wie, begûnen de kloften tagelyk te sjongen: 'Mei God ús geunst en segen jaan,(ps 67:2)' oan`e ein ta, en: 'O, God rêdt my, kom mei hasten Heare om my te helpen' (ps 70:2); sa ek de tredde psalm: 'Ik haw de Heare tige leaf'(ps 116) en boppedat in gebed. En sa ek om trije oere, trije oare psalms: 'Út de djipte rop ik Jo, Heare ' (ps 130) en; 'O,wat is it goed, wat hearlik dat bruorren byinoar wenje'(ps 133) en 'Ferhearlikje de Heare, Jeruzalem ' (ps 147) en by de vespers songen hja: 'Jo komt de lofsang ta,o,God op`e Sion'(ps 65) en : 'Lit al wat yn my is de Heare loovje, Heare, myn God.'(ps 104) Mar de tredde psalm: 'Loovje tsjinners fan de Heare' (ps 113) en de fyftsjin trimen songen hja sittend.
En fuortdaliks doe`t hja dit gesang út hienen, oerskade in wûnderlik wite wolk it eilân, sa dat hja wat hja earst seagen net mear sjen koenen, fanwege de tichte wolk. Dochs hearden hja de stimmen fan de sjongers fan it liet, sûnder ûnderbrekking, oan`t de tsjinst fan de metten. Doe begûnen de koaren te sjongen: 'Loovje de Heare út de himel wei.'(ps 148) dernei 'Sjong foar de Heare in nij liet'(ps 149) en as tredde  'Loovje God yn syn hillichdom'(ps 150) Dernei songen hja tolve psalmen neffens it psalmboek.
Mar doe`t de dei oanbrutsen wie, triik de wolk op fan it eilân en fuortdaliks songen hja trije psalmen: 'Wês my genedich o God',(ps 51,56 en 57) 'O God,Jo binne myn God,en ik sykje om Jo ' (ps 63) en 'Heare Jo hawwe ús in taflecht west'(ps 90:1) en om njoggen oere trije oare, dat is 'Folken allegearre klap yn`e hannen'(ps 47) en 'O,God jou my útrêding troch Jo namme.'(ps 54) ' Ik haw de Heare tige leaf omdat'(ps 116:1) ûnder Halleluja. Dernei offeren hja it Unbeflekt Laam en kamen hja allegear ta de kommuny, en seinen' Nim dit hillich lichem fan de Hear en it bloed fan de Ferlosser ta jimme foar it ivich libben'
En doe`t sa it offer brocht wie, brochten twa út`e kloft fan de jonge mannen in koer fol mei reade fruchten en legen dy yn it skip, en seinen: 'Nim fan de frucht fan it eilân fan de moedige mannen, en jou ús ús broeder werom en gean yn frede.' Doe rôp Sint Brendan dy broeder by him en sei: 'Tútsje dyn bruorren en gean mei harren dy`t dy roppe. Dyn mem moat dy op in goede oere ûntfongen ha, datsto fertsjinne hast, yn sa`n selskip te ferkearen.' Doe`t hy allegearre en de abt patte hie, sei Sint Brendan tsjin him: 'Soan, betink hoefolle seiningen God dy jûn hat yn dit libben. Gean en bid foar ús.' Fuort dernei is hy de beide jonge mannen folge nei harren groep.
De earwurdige abt mei syn selskip begûn wer te farren. Mar om tolve oere hinne, gebea hy syn bruorren wat te iten fan de fruchten fan it eilân fan de moedige mannen. Doe`t hy dit sein hie naam de Godsman der ien fan. Mar doe`t hy seach hoe grut dy wie, en hoefolle sop der yn siet, ferwûndere hy him en sei:' Nea haw ik sjoen of lêzen fan sokke grutte fruchten. Want hja hienen de foarm en it foarkommen fan in grutte bal. Doe gebea de godsman him in kûm te bringen, parse ien derfan út, en helle der in pûn sop út, wêrfan de abt, nei it yn tolve ûnzen ferdield te hawwen, oan elk in ûns joech. Sa waarden de bruorren tolve dagen oanien sêde, elke kear fan ien frucht. En hieltyd hâlden se in smaak as fan hunnich yn`e mûle.
  

HAADSTIK 18

Doch dyn mûle wiid iepen en ik sil him folje.

Doe`t der sa nochal wat dagen foarby gien wienen, gebea de abt in fêstsjen fan trije dagen. Doe`t ek dy trije dagen ferrûn wienen, sjoch, dêr fleach in tige grutte fûgel it skip temjitte, dy`t in tokke fan ien of oare ûnbekende beam hie, mei boppeoan in grutte tros wûndermoai reade druven. Dy tokke liet hy út syn bek yn de skurte fan de hillige man falle. Doe rôp Sint Brendan syn bruorren by him en sei: 'Sjoch en nim it moarnsmiel dat God jim stjoert hat.' Want de druven wienen sa grut as apels, de Godsman ferdielde dy ûnder de bruorren, elk ien drúf, en sa hienen hja tolve dagen te iten.
En wer gebea de Godsman in fêstsjen mei syn bruorren. En de tredde deis seagen hja net fier fan harren ôf in eilân, alhiel bedutsen mei tige tichte beammen, mei as fruchten de earder neamde druven, en sa fruchtber, dat alle beammen nei de grûn bûchd wienen, troch ien frucht, fan ien kleur. Dêr wie net ien ûnfruchtbere beam, en der wienen ek gjin fan in oare soarte op itselde eilân. Doe hâlden de bruorren op in haven oan.
De godsman klom út it skip en gie it eilân yn it rûn. De rook dêrfan wie as de rook fan in hûs fol mei grenaatapels. De bruorren wachten noch yn it skip, oan`t de godsman by harren weromkaam. Undertusken blies de wyn in tige swiete rook nei harren ta, sadat hja besochten harren fêstsjen te ferjitten.
Mar de earwurdige abt fûn seis boarnen, dy`t grienjende krûden tige besproeiden en ferskate woartels. Dernei gie hy werom nei syn bruorren, naam de earstelingen fan it eilân mei en sei tsjin harren: 'Kom út it skip en set de tinte op en fersterkje jimme fan de bêste fruchten fan dit lân, dat God ús oanbiedt.' En sa ieten hja fjirtich dagen oanien fan de druven en de krûden en woartels fan de boarnen. Dêrnei gienen hja oan board, en namen fan de fruchten mei safolle as harren skip drage koe.
  

HAADSTIK 19

De oanfal fan de grypfûgel

GrypHja gienen oan board en it seil waard set yn de rjochting dy`t de wyn wiisde. En doe`t hja fearen, seagen hja in fûgel dy`t 'gryp' neamd wurdt, dy`t harren fan fierrens temjitte fleach. Doe`t de bruorren him seagen, seinen hja tsjin de abt: 'Dat bist komt om ús te ferslinen.' De godsman sei tsjin harren: 'Wês net bang. God is ús helper, dy`t ús ek dizze kear beskermet.' It bist stuts syn klauwen al út om de tsjinners fan God te fangen. En sjoch fuortdaliks kaam doe de fûgel, dy`t harren de oare kear de tokke mei fruchten brocht hie, de gryp ferskuorrend hurd temjitte fleanen.
De gryp woe har fuort ferskuorre. Mar hja ferdigene har oan`t hja him oerwûn en de eagen útskuord hie. De gryp fleach fier omheech, oan`t de bruorren him mar kwalik mear sjen koenen. Mar de moardneresse liet him net gewurde, ear`t hja him deamakke hie. Want it kring foel, foar de eagen fan de bruorren, neist it skip yn see. De fûgel gie werom nei har plak.  


HAADSTIK 20

In pear dagen letter seagen Sint Brendan en syn seelju it eilân fan it folk fan Ailbeus. En dêr fierde hy mei syn bruorren de berte fan de Hear. Neidat dy feestdagen foarby wienen en nei't hja de seine fan de abt en syn tsjinners ûntfongen hienen, fear de earwurdige abt in hiel lang skoft oanien de oseaan yn it rûn, behalve op de neamde feesten, dat is Peaske en de Krystdagen, want dan hie hy rêst op de bekende plakken.
  

HAADSTIK 21

De trochskinende see.

Op in stuit, doe`t Sint Brendan yn syn skip it feest fan Sint Petrus de apostel fierde, fûnen hja de see sa helder, dat hja alles sjen koenen wat der ûnder wie. En doe`t hja yn de djipte seagen, seagen hja ferskate soarten bisten op it sân lizzen. It like harren ta as koenen se dy mei de hân oanreitsje sa helder wie de see. Hja leinen dêr as keppels yn de greide. Dêr wie sa`n mannichte, dat it like wol sa grut as in stêd yn omtrek, dy`t (ticht yninoar) mei de koppen tsjin de achtereinen oan leinen.
De bruorren fregen de earwurdige abt, dat hy syn mis yn stilte opdrage soe, sa dat de bisten it net hearden en oerein kamen om harren te achterfolgjen. De abt glimke en sei tsjin harren: 'Ik fernuverje my tige oer jimme dommens. Werom binne jim sa bang foar dizze bisten, en wienen jim net bang foar de fersliner en master fan alle bisten fan de see, wylst jim ferskate kearen op syn rêch sieten en psalmen songen? Ja dêr ha jim sels ek hout kapt en in fjoer oanstutsen en fleis kôke. Wêrom binne jim dan bang foar dizzen? Is ús Hear Jezus Kristus net de God fan alle bisten, dy`t alle libbene wêzens betwinge kin.?'
Doe`t hy dat sein hie begûn hy te sjongen sa lûd as er koe. Mar de oaren seagen noch altyd nei de bisten. En doe`t de bisten him sjongen hearden, kamen hja oerein en swommen om it skip hinne, sa dat de bruorren  de see oan alle kanten net mear sjen koenen fanwege de mannichte fan de ferskate swimmende bisten, dochs kamen hja net tichteby it skip, mar hja swommen dêr fier en wiid omhinne, en hâlden har wat tebek, oant de godsman klear wie mei de mis. Dernei swommen alle bisten as of't hja flechten oer de ferskate paden fan de oseaan, út it gesicht fan de tsjinners fan God. Mei geunstige wyn en spande seilen, koe Sint Brendan mar kwalik yn acht dagen de heldere see trochkruse.
  

HAADSTIK 22

In moeting mei in iisberch

IisberchOp in dei, seagen hja, doe`t hja de mis opdroegen, in pylder yn see, nei`t like net fier fan harren ôf, mar it duorre trije dagen ear't hja dêr tichteby wienen. En doe`t de godsman der tichteby kommen wie, seach hy nei de top, mar hy koe dy alhiel net sjen sa heech wie er, want hy wie heger as de loft en hy wie bedutsen as mei in seldsum miggenet. Dat  wie sa apart, dat in skip troch de mesken derfan hinne farre koe. Hja snapten net troch hokfoar skepsel sa`n miggenet makke wêze koe. It hie de kleur fan sulver, mar dochs like it hurder as marmer. De pylder wie fan tige helder kristal.
Sint Brendan sei tsjin syn bruorren: 'Liz de riemen en ek de mêst en de seilen yn it skip, en guon fan jimme nimme ûndertusken triedden fan it net.  Want dy mantel hong oan alle kanten in hiel ein fan de pylder ôf,  wol hast oardel kilometer en sa waard hy útspraat yn de djipte. Doe`t hja dat dien hienen, sei de godsman tsjin harren: 'Stjoer no it skip nei binnen troch ien fan de mesken, dat wy de grutte dieden fan ús Skepper soarchfâldich besjen meie. Doe`t hja dêryn gien wienen en om har hinne seagen, like de see harren sa helder as glês, sadat hja alles dat dêr ûnder wie sjen koenen. Want hja koenen de foet fan de pylder gewaar wurde, en de ûnderkant fan it net, dat op'e grûn like te lizzen. It ljocht fan de sinne wie binnen neat minder as bûten.
Doe meat Sint Brendan ien mesk tusken fjouwer mesken, fjouwer jelne oan elk side. Sa fearen hja de hiele dei neist ien kant fan dy pylder en yn it skaad dêrfan koenen hja de waarmte fan de sinne dêr bûten der troch hinne fiele. Sa gie it oan`t de middeis trije oere. En sa meat de godsman sels hieltyd ien kant. Tûzen en fjouwerhûndert jellen wie de mjitte fan  elk fan de fjouwer kanten fan de pylder ( hast 1000 meter). Sa wurke de earwurdige abt fjouwer dagen lang tusken de fjouwer hoeken fan dy toer.
En op de fjirde dei fûnen hja in tsjelk, fan makkelei as it miggenet en in skaal fan de kleur fan de pylder, dy leinen yn in gloppe yn de side fan de pylder oan`e eastkant. Sint Brendan pakte dy skûtels fuortdaliks en sei: 'Us Hear Jezus Kristus lit ús dit wûnder sjen, en Hy hat my dizze beide skatten jûn, dat se oan in protte minsken toant wurde meie om te leauwen.' Fuortdaliks gebea de godsman de bruorren de earetsjinst te hâlden, en dernei wat te iten, want hja hienen gjin ferlet fan iten of drinken hân, sûnt hja dy pylder sjoen hienen.
Doe`t dy nacht foarby wie, roeiden de bruorren nei it noarden. En doe`t hja troch in gat fearn wienen, setten hja de mêst op en lutsen de seilen omheech, en guon fan de bruorren namen triedden fan it miggenet, oant alles yn it skip reemakke wie. Alles omheech set, begûn der achter harren in geunstige wyn te waaien, sa dat hja neat hoechden te dwaan om te farren as inkeld de touwen en it roer te hâlden. Sa fear it skip acht dagen lang it noarden yn.
  

HAADSTIK 23

Op`e râne fan de hel.
Fulkaan

Nei dy acht dagen seagen hja net fier ôf in eilân, tige rûch,  stiennich en fol bestjurre lava, sûnder beammen en grien, fol smidterijen. De earwurdige abt sei tsjin syn bruorren: 'Wier bruorren dit eilân griist my oan, ik wol der net op gean of der ek mar tichteby komme, mar de wyn dêrwei lûkt ús fan de rjochte koers.'  En wylst hja sa noch in eintsje fierder gienen, safier as men in stien smite kin, hearden hja it gelûd fan it blazen fan`e pûsters as tongerslaggen en it slaan fan hammers op izer en ambyld.  Doe`t hy dit hearde wapene de earwurdige abt him mei it oerwinningsteken fan de Hear op de fjouwer wynstreken, en sei: 'Hear, Jezus Kristus, ferlos ús fan dit eilân.'
Doe`t de godsman dit bidden hie, kaam ien fan de bewenners fan dat eilân nei bûten, as om wat te dwaan, hy wie tige hierrich, gleon en donker. Doe`t hy de tsjinstfeinten fan Kristus dêr neist it eilân foarby farren seach, gie hy werom yn syn wurkplak. De godsman bewapene him jitris, en sei tsjin de bruorren: 'Lûk it seil heger en roei tagelyk sa hurd as jim kinne en lit ús dit eilân ûntflechtsje.'
Hy hie`t noch net sein as, sjoch dy barbaar kaam harren kant út nei de kust ta, hy hie in tange yn`e hannen, mei in geweldige grutte protte gleon hite sintels en hy smiet dy brout fuort oer de tsjinners fan Kristus hinne, mar hy rekke harren net, want it gie wol sa`n 180 meter fan har ôf. Mar dêr`t it yn`e see foel begûn it te kôkjen as of ‘t dêre in útbarsting fan de fjoerberch west hie en der klom in reek op út`e see as fan in smeltûne.
Mar doe`t de godsman it plak dêr`t de protte fallen wie, sawat oardel kilometer foarby wie, kamen allegearre dy`t op dat eilân wienen nei it strân ta rinnen, elk mei sa`n protte. Guon goaiden dy brouten achter it folk fan Kristus yn`e see, en de iene smiet syn protte al fierder as de oare, en hieltyd gienen hja werom yn harren smidterijen en stieken guon oan, sa dat it like dat it hiele eilân brânde as in ûne, en de see kôke sa as in folle pot mei fleis dy't siert en dy't goed troch it fjoer oanpoend wurdt. En hja hearden de hiele dei in geweldich gegûl fan it eilân, al koenen se it net ienris sjen, it gegûl fan dy`t op dat eilân ferkearden berikte aloan harren earen en de geweldige stank harren noazen. Doe trune de abt syn muontsen oan, en sei: 'O, striders fan Kristus, sterkje jim yn it wiere leauwe en yn de geastlike wapenrissing, want wy steane hjir oan`e râne fan de hel. Derom wês wach en hannelje manmoedich.'
  

HAADSTIK 24

Sint Brendan moat in oerhearrige folgeling ôfstean oan`e hel.

De oare deis seagen hja op it noarden in hege berch yn de oseaan, skynber tichteby troch de fine dize, mar op de top wie er tige rikkerich. En fuort skuorde in fûle twirre harren nei de kust fan dat eilân ta, oan`t it skip der net fier fan ôf oan`e grûn rekke, de kust wie nammers sa heech, dat se de boppekant dêrfan kwalik sjen koenen, en koalswart fan kleur en wûnderlik steil lykas in muorre. fulkaan 3
En dy iene, dyselde dy`t oerbleaun wie fan de trije bruorren, dy`t Sint Brendan folge wienen út syn kleaster wei, sprong út it skip en begûn nei de ûnderkant fan it klif te rinnen. Hy rôp en sei:' O wai my, abt, ik wurdt by jimme wei rôve, en ik bin net by machte om wer by jim werom te kommen.' De bruorren brochten fuortdaliks it skip tebek, frij fan de grûn, en rôpen ta de Hear en seinen: 'Untfermje Jo oer ús, Hear, ûntfermje Jo oer ús.'  Mar de abt en syn maten moasten oansjen, hoe`t dy ûngelokkige troch in mannichte demoanen fuortbrocht waard nei de piniging en hoe`t hy tusken harren yn yn`e brân stutsen waard, en hy sei: 'Wee dy soan, datsto yn dyn libben sa`n ein fertsjinne en krige hast.'
Nochris skuorde in geunstige wyn harren nei súdlike streken. En doe`t hja fan fierrens werom seagen nei dat eilân, seagen hja de berch ûnbedutsen troch reek, flammen omheech spuien oan`t yn de eter ta, en nochris sokke flammen nei harren ta blazen, sa dat de hiele berch, oan`t yn`e see ta, ien brânbult like.

HAADSTIK 25

De fertreasting fan Judas

Doe`t Sint Brendan dan wer in tocht fan sân dagen nei it suden fearn wie, seagen hja yn de see in gedaante hast as fan in minske op in rots sitten, en in lape, fan fierrens sawat fan`e mjitte fan in soldatemantel, dy`t foar him hinge tusken twa izeren foarkjes en hy waard sa fûl troch de weagen slingere as in skipke dat it yn gefaar is troch in orkaan. Guon fan de bruorren seinen dat it in fûgel wie, oaren tochten fan in skip. Doe't de godsman harren sa ûnderinoar redendielen hearde, sei er: 'Hâld op fan tsieren, stjoer it skip nei dat plak ta.'
Doe`t de godsman dêr tichteby kaam, beaën de weagen dêr omhinne in wjerstân as wienen hja beferzen, en hja fûnen in man dy`t op in rots siet, rûch en miswoeksen en as de weagen fan alle kanten op him oanfleagen, sloegen hja him oan`e de holle ta, en as hja tebek wykten, seagen hja de neakene rots dêr`t dy ûngelokkige op siet. En de wyn dreau ek de lape dy`t foar him hong, noris fan him ôf, dan wer sloech hja him yn de eagen en tsjin de foarholle.
Judas' fertreasting Sint Brendan frege him wa`t hy wie en foar wat skuld hy dêrhinne stjoerd wie, of wat fertsjinsten hy hân hie, dat hy sa`n straf ûndergie. Dy man sei: 'Ik bin de tige ûngelokkige Judas en de gemienste woekerder. Dit plak ha ik net fertsjinne, mar krige troch it ûnútspreklik meilijen fan Jezus Kristus. Dit plak is my net tatocht as straf, mar as in goedgeunstichheid fan de Ferlosser, ta eare fan de ferrizenis fan de Hear. - want it wie doe op in snein  - Want as ik hjir sit liket it my as wie ik yn in paradys fan genot, sa bang bin ik foar de pinigingen, dy`t my fan'e jûn te wachtsjen steane. Want ik brân as in protte lead raand yn in pot, dei en nacht, midden yn de berch dy`t jimme sjoen hawwe. Dêr is de Leviathan mei syn trawanten. Der wie ik doe`t er jimme broeder trochslokte, derom wie it helske bist sa bliid, dat it geweldige flammen útspuide, sa docht it altyd as it de sielen fan de goddeleazen ferslynt. Myn ferkuolling haw ik hjir fan elke sneontejûn oan't sneintejûn, en fan Krysttiid oan`t Trije Keningen en fan Peaske oan`t Pinkster en fan de Suvering fan de Mem fan God oan`t har Himelfeart. Dêrnei en dêrfoar wurdt ik foltere yn de djipte fan de hel, mei Herodes en Pilatus en Annas en Kaiafas. En dêrom beswar ik jimme by de Ferlosser fan de wrâld, dat jimme foar my pleitsje wolle by de Hear Jezus Kristus, dat ik ferlof hawwe mei, hjir te bliuwen oan`t sinne opgong moarnier, dat de demoanen my net by jimme komst al martelje en ôffiere nei it kweade erfdiel dat ik wûn ha as judaslean.'
Sint Brendan sei tsjin him: 'Wat de Hear wol mei barre. Dizze nacht oan`t moarnier ta silsto gjin proai fan de demoanen wêze.'
Nochris frege de godsman him, en sei: 'Wat moat dizze lape hjir foar dy?'
Hy sei tsjin him: 'Dy lape joech ik oan in melaatskenien, doe`t ik noch in kammeraat fan de Hear wie. Mar it wie myn doek net, dy`t ik joech, want hy wie fan de Hear en syn bruorren. Derom haw ik fan dat ding ek mear lêst dan ferkuolling. En de izeren foarken dêr`t dy lape oan hinget, dy haw ik de prysters yn de timpel jûn foar it opskeppen út de potten. De rots der`t ik op sit, dy smiet ik yn in waad, yn`e iepenbiere wei, foar de fuotten fan de oerstekkende minsken, eardat ik in learling fan de Hear wie.'
En doe`t de skimer fan de jûn de wrâldsee oerskade, bediek in ûntelbere mannichte fan demoanen, it gesicht fan de wrâldsee yn it rûnom, dy't raasden en rôpen: ' Gean dêr wei godsman, want wy kinne net by ús freon komme, eardatsto by him wei giest en wy doarre ús baas net ûnder eagen komme, ear't wy him syn freon werom bringe. Do hast ús wrachtich ús proai ôfnaam, besykje mar net him dizze nacht te ferdigenjen.'
De godsman antwurde harren: 'Ik ferdigenje him net, mar ús Hear Jezus Kristus hat him tastien dizze nacht hjir te bliuwen, oan`t moarnier ta.' De demoanen seinen tsjin him: 'Hoe doarst de namme fan de Hear oer him oan te roppen, wylst hy sels de ferrieder fan de Hear is.'
De godsman sei tsjin harren: 'Ik gebied jimme yn de namme fan ús Heare Jezus Kristus, dat jim him gjin kwea dogge oan`t moarnier.'
Doe`t sa ek dy nacht foarby wie, ier yn`e moarn, doe`t de godsman de reis wer oangie, sjoch in ûneinige mannichte fan demoanen bediek de wetterflakte, hja raasden ôfgryslik, en seinen: 'O, man fan God, ferflokt mei dyn yngong en dyn útgong wêze, want ús baas  hat ús dizze nacht gisele mei de slimste swipen, omdat wy him dizze ferflokte finzene net presentearre hawwe.'
De godsman sei tsjin harren: 'Jimme ferflokking jildt net foar ús mar foar jimsels, want dy`t jimme ferflokke, dy is seinige, en dy`t jimme seinigje, dy is ferflokt.'
De demoanen antwurden him: 'Dûbele straffen sil dy ûngelokkige Judas ûndergean yn dizze seis dagen, omdatsto him ferdigene haste fannacht.'
De earwurdige abt sei tsjin harren: 'Dêr hawwe jimme de macht net ta, en jimme baas ek net, mar dat sil yn de macht fan God.wêze'  En hy foege dêr nochris oan ta: 'Ik gebied jimme en jimme baas yn de Namme fan ús Hear Jezus Kristus, dat jimme dizze man gjin slimmere folteringen oandogge as foarhinne.'
Hja antwurden him: 'Bisto dan de baas fan ús allegearre, dat wy nei dyn praatsjes harkje sille?'
De godsman sei tsjin harren: 'Ik bin Syn tsjinner, en al wat ik yn Syn namme gebiede sil, dat bart, dêrta haw ik it amt, yn alle dingen dy`t Hy mei tastiet.'
En sa ferfolgen hja him, oan`t dat hja Judas net mear sjen koenen. Ek de demoanen gienen wêrom en hja tilden de ûngelokkige siel mei grutte fûleindigens en geraas tusken harren yn.
  

HAADSTIK 26

By Paulus de Hearremyt.

ienlike rots De hillige Brendan fear mei syn meistriders fierder nei it suden en ferhearlike God yn alles. De tredde deis seagen hja yn`e fierte yn it suden in lyts eilantsje.  Doe`t de bruorren fûl begûnen te roeien, om tichter by dat eilân te kommen, sei Sint Brendan tsjin harren: 'Mannen, bruorren, jim moatte jimme net sa ôfbeule. Jimme hawwe dochs wurk genôch. Sân jier is it al lyn, mei kommende Peaske, dat wy út ús heitelân gien binne. En no sille jimme de geastlike hearremyt Paulus sjen, dy`t  al sechstich jier oanien op dit eilân wennet, sûnder wat te iten foar syn lichem. Want dêr foar naam hy tritich jier lang iten oan fan ien of oar bist.'
Mar doe`t hja by de kust kaam wienen, koenen hja der alhiel gjin tagong fine, fanwege de grutte hichte fan de kust. It wie mar lyts en de hiele omtrek fan dat eilantsje, net mear as sawat 185 meter. It wie keal fan`e grûn ôf oan`t boppen ta, en it like in neakene rots as in klif. It wie like heech as it lang en breed wie. En doe`t hja farrend om it eilân hinne gienen, fûnen hja in haventsje, sa lyts dat it de stjûne fan it skip kwalik opnimme koe en in opgong tige slim om te beklimmen.
Doe sei Sint Brendan tsjin syn bruorren: 'Wachtsje hjir, oan`t ik by jim wêrom kom. Jim meie net oan lân gean, sûnder tastimming fan de godsman dy`t hjir wennet.'
En doe`t de abt oankaam op de top fan dat eilân, seach hy twa grotten, iepening tsjinoer iepening yn`e side fan it eilân tsjin`e opgong fan`e sinne, en in tige lytse welle, rûn, yn it model fan in skûtel, dy`t opbuorle út de rots, foar de iepening fan de grot, dêr`t de strider fan Kristus siet. Mar dêr`t de boarne ûntsprong slurpe de stien him ek fuort wer op.  Doe`t Sint Brendan tichte by de iepening fan de iene grot kaam, kaam de âlde út`e oare nei bûten him temjitte en sei: ' O, wat is it goed, wat hearlik as bruorren byinoar wenje en it iens binne.'(ps. 133:1)
Doe`t hy dit sein hie, droech hy Sint Brendan op, dat hy alle bruorren opdracht jaan soe út it skip te kommen. Wylst hja mekoar oer en wer tuten en sitten gienen, neamde hy in elk by syn eigen namme. Doe`t de bruorren dat hearden, wienen hja tige ferwûndere, net allinne troch syn wiere profesije, mar ek troch syn foarkommen. Want Hy wie alhiel bedutsen troch syn hier en syn burd en fierdere hier, oan`e fuotten ta, en dat wie sa wyt as snie, troch syn hege âlderdom. Allinne syn gesicht en eagen wienen te sjen. Hy hie oars neat oan as syn lichemshier.
En doe't Sint Brendan dit seach, waard hy tige fertrietlik by himsels, en sei: 'Wee, my, dat ik, ûnder wa sa folle steld binne yn de namme fan de oarder, it habyt fan in muonts draach, no`t ik hjir in minske fan fleis en bloed sitten sjoch, oan`t no ta ûnbedoarn troch fleislike  sûnden, yn de steat fan in ingel.'
De godsman sei tsjin him: 'O, earwurdige abt, safolle en sokke wûnderdieden toant God dy, dy`t Hy gjinien fan de hillige ôffaars blike litten hat. En do seist yn dyn hert, datsto net wurdich biste in muontse kleed te dragen, hoewol datsto mear biste as in muonts. In muonts yt en klaait him fan it wurk fan syn hannen. God lykwols fiedt en klaait dy en dyn folk, al sân jier út syn ferburgenheden. En ik sit hjir ellindich as in fûgel op dizze rots, neaken op myn hier nei.'
Doe frege Sint Brendan him nei syn komst, wêr`t hy wei kaam, en hoe lang hy sa`n libben al úthâlden hie.
Hy antwurde him: 'Ik waard grutbrocht yn it kleaster fan de hillige Patricius, fyftich jier lang en ik fersoarge it tsjerkhôf fan de bruorren. Op in dei, doe`t myn deken my in grêfplak oanwiisd hie foar in ferstoarne dat ik dy begrave soe, seach ik in ûnbekende âldman, dy`t tsjin my sei: 'Broeder, dêr moast gjin gat meitsje, want dat is it grêf fan in oar.'
Ik sei tsjin him: 'Heit wa bisto.'
Hy sei: 'Watte, kensto my net? Ik bin dochs dyn abt?'
Ik sei tsjin him: 'Myn abt Sint Patricius?'
En hy antwurde my: 'Dy bin ik. Juster haw ik ommers dizze wrâld ferlitten. Dat is it plak fan myn eigen grêf. Meitsje hjir it grêf foar ús broeder, en sis gjinien wat ik tsjin dy sein ha. En gean moarn hjir wei nei de seekust, dêr silst in skipke fine, dêr silst yngean, en dat sil dy bringe nei it plak dêrsto de dei fan dyn dea ôfwachtsje silst.'
Yn de moarn gie ik dêrwei nei de kust, neffens it gebod fan de abt, en haw it fûn sa`t hy my foarsein hie. Doe`t ik yn it skip gien wie, roeide ik trije dagen en nachten achterinoar. Doe`t dy foarby wienen, haw ik it skip gean litten, wer`t de wyn it mar smite woe. En de sânde deis seach ik dizze rots, dêr`t ik fuort oanwâl gien bin, it skip haw ik mei de foet fuorttreaun en geanlitten, dat it gean mocht wer`t it weikaam wie. En fuortdaliks seach ik it mei tige grutte faasje de weagen troch snijen oer de wetterflakten, om wêrom te gean nei syn heitelân.
 Mar ik bleau hjir. De middeis om trije oere hinne brocht in otter my in miel iten út see, dat wol sizze, hy hie in fisk yn syn bek en in bondeltsje twigen om in fjoer te meitsjen tusken syn foarste poaten, en kuiere op syn beide achterste. Doe`t er de fisk en de planten foar my dellein hie, is er weromgien nei wer`t er weikaam wie. Ik haw in izer naam en dermei op in fjurstien slein en in fjoer makke fan de twigen, en my sa in miel reemakke fan de fisk. Sa hat dyselde tsjinner my tritich jier lang, altyd de tredde deis, dat selde iten brocht, dat wol sizze, ien fisk, foar trije dagen. Elke dei haw ik troch Gods geunst in tredde part fan in fisk iten en nea gjin toarst hân, want sneins kaam der in bytsje wetter nei bûten út dizze rots, dêrfan koe ik drinken nimme en myn krûk fol dwaan om myn hannen mei te waskjen.
Nei tritich jier fûn ik ek dizze beide grotten en dizze boarne. Fan dy boarne libje ik en haw ik neitiid sechstich jier libbe, sûnder oar iten as wat wetter út dizze boarne. Yndied in njoggentich jier bin ik no op dit eilân, tritich jier mei fisk as iten en sechstich jier mei iten fan dizze boarne, en fyftich jier wie ik yn myn heitelân. Alle jierren fan myn libben oan`t no ta binne hûndertfjirtich jier. En hjir moat ik no, sa as my tasein is, libben de oardielsdei ôfwachtsje.
Gean dêrom fierder nei jimme heitelân en nim folle fetten mei út dizze boarne. Dat sille jimme ommers nedich hawwe, want der wachtet jim no noch in reis fan fjirtich dagen, dat wol sizze,  oan`t de sabbat fan Peaske.
Jimme sille de Hillige Sabbat en Peaske en de hillige dagen fan Peaske fiere dêr`t jim it al seis jier fiert hawwe en dernei, neidat jim de seine ûntfongen hawwe fan jimme fersoarger, sille jimme ôffarre nei it Lân dat oan de Hilligen tasein is, en dêr sille jim fjirtich dagen bliuwe, en dêrnei sil de God fan jim ôffaars jimme sûn en wol liede nei it lân fan jim berte.
 

HAADSTIK 27

Jasconius jout in lift
en de Fersoarger giet mei as gids nei it Beloofdelân.

Jasconius jout in lift Neidat de godsman har seinige hie, begûnen Sint Brendan en syn bruorren nei it suden te farren de hiele fjirtich dagen tiid, en harren skipke dreau dan hjir dan derhinne en har iten wie allinne it wetter dat hja mei krigen hienen fan it eilân fan de godsman, troch om de trije dagen te iten bleauwen hja allegearre fleurich sûnder ienige honger of toarst.
Doe kamen hja, sa as de godsman foarsein hie, by it eilân fan de fersoarger op de Hillige Sabbat. En doe`t hja by de haven kamen, rûn hy harren mei grutte blydskip temjitte, mei eigen earmen tilde hy harren allegearre út it skip. En doe`t de earetsjinst fan dy hillige dei folbrocht wie, sette hy harren in jûnsmiel foar. Doe`t it al jûn wurden wie gienen hja yn it skip en dy man gie mei harren.
Doe`t se goed en wol fearen  fûnen se it meunster fuort op it wenstige plak en dêr hawwe hja God de hiele nacht loflieten song en yn`e moarn de missen. Doe`t se klear wienen mei de mis, gie Jasconius syn wei en alle bruorren dy`t mei Sint Brendan wienen, rôpen de Hear oan en seinen: 'Ferhear ús, O God, dy`t ús heil is, betrouwen fan al ierdryks einen en fiere kusten.'(ps 65:6)
Sint Brendan bemoedige syn bruorren en sei: 'Wês mar net bang, want hy sil jimme gjin kwea dwaan, mar jim help biede op de reis.'Yn rjochte koers kaam it meunster oan de kust fan it eilân fan de fûgels. En dêr binne hja bleaun, oan`t de achtste deis fan Pinkster.
Neidat hja dêr de tiid fan de jierlikse feesten trochbrocht hienen, sei de fersoarger dy by harren wie tsjin Sint Brendan: 'Gean op it skip en meitsje jimme wettersekken fol út dizze boarne. Want dizze kear sil ik jimme reisgenoat wêze en jimme gids.
Sûnder my sille jimme it Beloofdelân fan de Hilligen net fine kinne. Wylst hja oan board fan it skip gienen, songen alle fûgels dy`t op it eilân wienen as mei ien stim: 'Dat de God fan ús heilwinsken jimme in goede reis jaan mei.'
  

HAADSTIK 28

Sint Brendan en syn maten fine it Beloofdelân fan de Hilligen.

Sint Brendan en dy`t mei him wienen fearen nei it eilân fan de fersoarger en dy gie sels mei harren, en dêr namen hja foarrieden yn foar fjirtich dagen. Har skip fear no fjirtich dagen lang yn eastlike rjochting. En de fersoarger sels gie harren foar en bestjoerde harren reis. Doe't dy fjirtich dagen foarby wienen, en it tsjin`e jûn rûn, bediek harren ynienen sa'n tsjokke mist, dat de iene de oare mar kwalik sjen koe. Mar de fersoarger sei tsjin Sint Brendan: 'Witte jim wat dizze mist is?'  Sint Brendan sei: 'Wat is it dan?'  Doe sei hy tsjin him: 'Dizze mist leit om it eilân hinne dat jimme al sân jier sykje.'
Nei in skoft fan in oere, omstriele harren wer in geweldich ljocht, en it skip lei oan`e wâl.
En doe`t hja út it skip gienen, seagen hja in wiid lân, mei beammen fol fruchten, lykas by`t hjerst. En salang`t hja dat eilân rûngienen, hat it by harren nea nacht west. Hja namen allinne fan de fruchten safolle`t hja woenen en dronken út`e boarnen en sa trochkrústen hja fjirtich dagen lang it hiele lân en koenen de ein derfan net fine.
Op in dei fûnen hja de grutte stream dy`t midden oer it eilân rûn. Doe sei Sint Brendan tsjin syn bruorren: 'Dizze stream kinne wy net oerstekke, en wy witte net hoe grut dit lân is.'  Doe`t hja dit by har sels wol graach woenen, sjoch dêr kaam harren in jongeman yn`e mjitte, wylst hy harren mei grutte blydskip tute, en in elk by syn namme neamde, sei er: 'Lokkich dy`t yn Jo hûs wenje. Hja kinne Jo aloan de lof tasjonge.'(ps 84:5)
Doe`t hy dat sein hie, sei hy tsjin Sint Brendan: 'Sjoch hjir is it lân dêrsto lange tiden om socht hast. Do koest dat net fuortdalik fine, omdat God dy ferskate fan syn geheimen yn de grutte oseaan sjen litte woe. Gean no wêrom nei it lân fan dyn berte, nim mei fan de fruchten fan dit lân, en fan de sierstiennen, safolle as dyn skip lade kin. De dagen fan dyn fiere reis komme nei oan, datsto sliepe meist mei dyn ôffaars. Nei folle jierren, as de ferfolging fan de kristenen kaam wêze sil, sil dit lân tawiisd wurde oan jimme neifolgers. Dizze stream dy`t jimme sjogge ferdielt dit eilân. Sa as jim it no sjogge, mei ripe fruchten, sa bliuwt it yn alle tiden sûnder ienich skaad fan de nacht, want Kristus is it ljocht dêrfan.'
En doe`t hja fan de fruchten fan it lân naam hienen en fan alle soarten fan sierstiennen en de fersoarger en de jonge man gean litten hienen, gie Sint Brendan mei syn bruorren wer yn it skip en begûn troch de mist te farren. Doe`t hja der troch hinne wienen, kamen hja oan it eilân dat 'It Hearlike' neamd wurdt. En dêr brochten hja trije dagen yn gastfrijheid troch, en nei de seine ûntfong te hawwen, is Sint Brendan rjochtút rjochtoan nei syn plak weromgien.
  

HAADSTIK 29

En dermei ferruilet Sint Brendan it tydlike libben foar it ivige.

De bruorren ûntfongen him mei tige hertlike lokwinsken, hja ferhearliken God, dy`t net woe dat hja berôve waarden fan it sjen fan de sa minlike abt, dat hja, troch syn ôfwêzichheid salang mist hienen. Doe hat dy hillige man, wylst hy harren betanke foar harren leafde, alles ferteld dat foarfallen wie ûnderweis, dat hy him te binnen bringe koe en hoefolle fantastyske wûndertekens de Hear him sjen litte wollen hie. As lêste hat hy ek mei betrouber bewiis, syn oansteand ferstjerren bekend makke, neffens de foarsizzing fan de jongeman yn it Beloofdelân fan de Hilligen.
Dat hat ek de ein fan de saak wol oantoand, want neidat allegearre har goed achter him opsteld hienen, is hy nei in koart tuskenskoft, fersterke troch de hillige sakraminten, út de rigen fan syn learlingen wei romryk hinnegien nei de Hear, oan Wa`t de ear is en de hearlikheid oan`t yn ivichheid. Amen.



        Yndex         Sint Brendan         Vita         Seereis          De Reis          Gebed                 E-mail