Feanwâldsterwâl
Kuierke oer de Wâl

In kuierke oer de wâl yn 1829

Fan de Skierstins nei it Oare Ein

Wy begjinne ús kuierke by it ferneamste gebou fan Feanwâlden, de Skierstins. Dy is eigendom fan de boargemaster fan Ljouwert, Thijs Feenstra. Mei in 'F' skrean, want, sa hat immen my ris ferteld, dat makket it ûnderskied tusken rike en earme lju, want dy skriuwe Veenstra. Sels wennet Feenstra yn Ljouwert, hy brûkt de Stins as bûtenferbliuw. Offisjeel wennet der optheden nimmen, mar meastentiids doarmet syn 'heerenknecht' Sjoerd Jans van der Berg dêr yn om. Sjoerd wenne in pear jier lyn ek yn de Stins, mar hat optheden in hûske in eintsje fierderop yn de buorren.

Mar genôch dêroer, wy soenen op de Wâl oan, en dat is de oare kant út, nei it westen. De wei rint hjir efter de wenningen del dy tusken de Skierstins en de Prysterikker steane. Fandêr de namme Achterwei. Mar wy rinne de Achterwei net del, want foar de wenningen rint in fuotpaad, dat, hoe kin it ek oars, it foarpaad neamt wurd. De hûzen dy hjir steane binne meast rjochte nei it foarpaad, dus mei de gevels nei it súden.

It earste hûs, mei nûmer 1, is de pastorije wêr dûmny Joannes Sibinga wennet. Hy en syn frou komme út de stêd Grins, en hy hat, foardat hy yn Feanwâlden kaam te preekjen, dûmny west op Skiermontseach. Syn dochterke Jacoba is dêr berne. Grappich te betinken dat hy ferhûze is fan it Skiere eilân en no njonken de Skiere Stins wennet.

Yn it arbeidershûske nûmer 2 wennet Ritske Jetses. Nûmer 3, ek in arbeidershûske, it stiet wat fjirder fan de wei ôf, wennet Hendrik Klazes Wijnsma mei syn frou Pierke Sybes Walstra. Sy hiere it hûske fan Stijntje Tjerks de Beer. Pierke is in oerpakesizzer fan ús stamfaar Pier Piers, en dus yn de fierte famylje. Sy is neamd nei har beppe Pierke dy fan Gytsjerk kaam. Mar sy hat har beppe net kint, want dy is al sawat 70 jier lyn stoarn, doe't sy noch mar 23 jier âld wie.

It folgjende hûske, nûmer 4, stiet as ienichste fan dizze rige hûzen deun tsjin de Achterwei. Gosse Franzes Hoekstra wennet hjir, it hûske is fan Pieter Uilkes, efkes fjirderop, en ik tink dat Gosse by him arbeidet. Dan nûmer 5, dat is ek fan boargemaster Thijs Feenstra, hjir wennet syn túnman Krijn Jans Stellingwerf. Krijn komt fan Lisse, en is grif in hiele goede túnman. Wopke Eekhof skriuwt net foar neat yn syn Handboekje voor Reizigers door Friesland: Het liefgelegene Veenwouden, dat door de vernieuwde Schierstins met deszelfs fraaie plantsoenen niet weinig versierd wordt.

Nûmer 6 is de earste pleats oan it Foarpaad, en fuort ek de grutste. Hotse Egberts Boersma buorket hjirre. Hy is al oer de 70 en docht sels net sa folle mear. Hy hat 2 arbeiders en in faam, dy by him en syn frou ynwenje, foar it wurk. It is net syn eigen pleats, hy hierd it fan in Kloosterman fan de Koaten. Tink dat hy hjirre net sa lang mear wennet, want haw sizzen heard dat hy it hûs njonken smid Faber yn de buorren keapje wol, en dan renteniere.

Efkes in eintsje trochrinne, wer in pleats, nûmer 7 fan Pieter Uilkes van der Wal. Syn heit Uilke Alles hat de herberg op de Wâl. Foar in pear jier hierde Pieter de pleats noch foar 350 gûne jiers, mar 2 jier lyn hat hy it hiele spul mei 37 bunders lân oernaam. Foar mear as 6000 gûne. It arbeidershûske nûmer 4 wie dêr by ynbegrepen.

As we fjirder rinne komme we by in groepke hûzen. Alle hûzen safier stienen oan de noardkant fan it foarpaad, mar hjirre steane ek 2 oan de súdkant, it liket súfer in lyts buertsje. Oan de rjochterhân sjogge we it hûs mei nûmer 8 fan Wytse Wybes van der Berg. Hy is 8 jier lyn troud mei Egbertje de Bruin mar sy wennet net mear by him. Wybe wennet no mei Trijntje Alberts Bosgra, en foarich jier hawwe sy tegearre in soan krigen, Albert. Albert is in soan fan Wytse, mar hy hjit fan Bosgra, lykas syn mem.

It hûske dat tsjinoer dat fan Wytse stiet, oan de oare kant fan it foarpaad mei nûmer 9, is fan de earmensoarch. Hjir wennet in âlder echtpear, 2 widdows en 2 widners, en in jonkje fan 5 jier. Fan de bewenners wol ik alinne Neeltje Jacobs neame, want sy is de mem fan Pierke Sybes. It hûske dat efkes fierderop oan deselde kant fan it paad stiet hat nûmer 10, hjir wennet Elizabeth van Bagchum, widdo fan Cornelis Folkertsma mei twa bern. Krekt fierder, oan de oare kant dan nûmer 11b fan Alle Gosses Hulzinga. Hy is in soan fan de Doopsgesinde leeraar Gosse Alles en wennet hjir mei syn frou en 2 lytse bern. En der wenje ek noch 4 minsken by yn, in widner en in widdo, beide mei in bern.

It sútrige hûske op de hoeke mei de Prysterikker, dêr wennet Sikke Wybes Bijma mei syn frou, en it oare dat eins oan de Prysterikker stiet, dêr wennet Jan Klazes Hofstra. Wy binne op de Prysterikker oankaam, rjochtsôf giet nei de Lykwei en it âld Tsjerkhôf, mar wy wolle nei de Wâl en moatte dus loftsôf. Rinnend oer de Prysterikker freegje wy ús ôf wêrom der oan alle wegen yn de omkriten fan Feanwâlden hûzen steane, mar oan dizze wei eins net ien. Nei 10 minuten kuierjen komme we op de Wâl oan, dêr steane wer hûzen.

It hûs op de hoeke fan de Wâl en Prysterikker hat nûmer 13, hjir wennet en wurket bakker Harm Wybes de Jong. Harm is net in echte Wâlster, hy komt fan Surhústerfean. Syn frou Geartsje is in dochter fan Jan Willems de Boer dy yn it doarp tsjinoer de smid wennet. Fuort njonken Harm yn nûmer 14 wennet in bûtenlander, Hendrik Blûmers de linnenwever. Hy komt fan Leer, dat krekt oer de grins yn Dútslân leit. Eins hjit hy fan Bernd Heinrich, mar eltsenien, hysels ek, neamt him Hindrik. Hindrik, syn frou Susanna, en hun 4 bern meitsje it grutste part út fan de Rooms Katholieken yn Feanwâlden. Tsjerklik hearre hja by Dokkum.

As we ús omdraaie en oer de feart nei it súden sjogge, dan sjogge we dêr 2 hûzen stean oan it wetter. Dy hearre by Burgum. Wy rinne fjirder oer de Wâl nei it westen, oan de noardkant steane earst gjin hûzen, mar in eintsje fierder oan de oare kant fan de feart stiet de Doopsgesinde Fermanje. Ik bin net wis of dy by Feanwâlden heard of by Burgum. Efkes fierderop oan dy kant fan de feart stiet in pleats dy wol wer by Burgum heard, en wer in eintsje fjirder in groepke hûzen dat ûnder Feanwâlden falt. Dy binne nûmere 15 oant 19 en steane fuort oan it wetter, efter de hûzen del rint in paad oan de Streek ta. Dat paad is fuort ek de grins mei Tytsjerksteradiel, en mei Burgum. In mooi plakje foar fiskers, sa ticht by it wetter, lykas Jelte Lieuwes van der Meulen dy yn nûmer 17 wennet. Njonken him wennet slachter Wytse Jurjens Jager op nûmer 16, hy komt fan Burgum, mar dat leit hjirre net fier ôf! It neamen wurdich is dat ús foarfaar Teunis Piers van der Veen foar in jier as trije yn nûmer 15 wenne, foardat hy syn hûs oan de Streek kocht hat. It hûs dat wat fierder fan de feart stiet, nûmer 19, is fan de earmensoarch. It hûs dêrfoar, nûmer 18, is fan Auke Floris van der Veen, gjin famylje fan ús.

Tsjinoer nûmer 18, oan de noardkant fan de feart, is nûmer 19 wêr Symen Willems van der Wal wennet, mei syn frou Grietje Feyes en 3 bern. In jongere suster fan Grietje, Eke, wennet der by yn. Yn it folgende hûs, 21, de twade bûtenlander. Heine Bonifacius, in Flaming. Hy wennet mei Sybrigje Gerrits Brouwer, sy binne net troud, mar hawwe wol in soan, Pieter, trije wiken âld. Heine en syn soan binne beide Roomsk. In broer fan Sybrigje, Ebele, wennet by harren yn.

Wy binne no oankaam by it stik fan de Wâl dat oan de noardkant it tichtst beboud is. In rige fan 13 wenningen dy ticht op elkoar steane. Ast fan de buorren fan Feanwâldsterwâl sprekke meist, dan is dat hjirre. Nûmer 22 is it pleatske fan Marten Harmens van der Wal. Tenminsten, hy wennet hjirre. It pleatske is fan syn heit Harmen Martens, grif ien fan de rykste boeren fan Feanwâlden want hy is eigner fan 10 hûzen, 8 ûnder Feanwâlden, en 2 ûnder Burgum, wêr hy sels ek wennet. Yn 23, njonken Marten, wennet Fokke Alberts, in âlde widner, hy libbet mei in jong frommeske, Hinke Abrahams. Dit hûs is ek fan Marten sy heit.

Dan nûmer 24, optheden bewenne fan Teunis Teunis Veenstra, syn beppe Wopkje Jelles, in broerke en in suster. Syn mem is 3 jier lyn stoarn, en syn heit, dy hjit ek fan Teunis Teunis, wenne hjir foarich jier noch, mar is opnij troud mei widdofrou Froukje Tjallings van der Veen. Hy is mei in oantal fan de bern by har ynlutsen, sy wennet in eintsje fierderop, en de oare bern binne hjir bleaun by beppe Wopkje.

Yn nûmer 25 wennet Jan Geerts Venema mei syn frou Antje Sybrens Koop en 4 grutte bern. Foar nûmer 26 moatte we in eintsje it Tsjerkepaad rjochtsôf ynrinne, want dit hûs stiet in eintsje efter it hûs fan Jan Geerts. Dêr wennet Sjoerd Sybes Veenstra, de skuonmakker. Hy moat ek hier betelje oan Harmen Martens van der Wal. Wêrom hjit dit paad eins fan Tsjerkepaad, der stiet dochs gjin tsjerke oan? Nee, no net mear, mar it paad rint mei it âld tsjerkhôf oan de Lykwei ta en dêr stie eartiids de tsjerke fan Feanwâlden. Werom op de Wâl folget in dûbel hûs. It is splitst yn in súdlik en in noardlik diel. Yn de sudkant, nûmer 27 by de wei, wennet Antje Klazes Wijnsma. Sy is de widdo fan Pieter Piers van der Wal, en hy is lykas Pierke Sybes dy we yn it begjin tsjinkwamen, in oerpakesizzer fan Pier Piers, en dus fiere famylje fan ús. Yn de oare helte, nûmer 28 op de noardkant, wennet Lieuwe Cornelis van der Veen, in frijgesel fan 62, mei syn mem Aaltje Lieuwes fan 88.

Dan komt nûmer 29, Klaas Sybrens Koop, de slachter. In broer fan him, Pieter, hat in winkel yn de buorren fan Feanwâlden. Klaas en Pieter binne muoikesizzers fan Gertje Koop wêr we straks noch komme. Behalve syn frou en 4 bern bied hy ek noch ûnderdak oan syn skoanmem en syn âldere frijgeselle suster Elizabeth. Hja is blyn en kin harsels alinne net goed rêde. No binne we by it heechhout oankaam, de brêge oer de feart nei de Streek. Oan de noardkant fan de Streek, tusken de Wâlsfeart en it Smelpaad, steane in tal hûzen dy noch by Feanwâlden hearre, fjirder nei it súden falt ûnder Hurdegaryp. Foar it folgjende hûsnûmer rinne we oer it heechhout nei de Streek

De earste 3 hûzen oan de lofterhân, nûmers 30-32, is in famylje streekje. Yn 30 wennet Feije Klazes Hoekstra, yn 31 syn soan Klaas Feijes, en yn 32 wennet Etje Klazes, in suster fan Feije Klazes. Sy is widdo fan Jan Franzes Venema. Yn 33 wennet Albert Gjalts Lindeboom. Hy is troud mei Sytske Cornelis van der Veen, in dochter fan Aaltje Lieuwes. Sy hawwe 8 bern yn de hûs, de jongste is 13, de âldste 34. Dan komme der 2 hûzen dy't tsjin it Smelpaad oan steane. Yn it foarste mei nûmer 34 wenje 2 gesinnen. Dat is Tjalling Sierks van der Woude, hy is troud mei Sjoerdje Meinderts Ley, in dochter fan Meindert Gerrits dy efkes fjirder yn nûmer 61 op de Streek ûnder Hûrdegaryp wennet. Yn it hûs wennet ek Aatje Jans Venema, widdow fan Wytse Jans van der Woude mei 3 bern. Aatje is in dochter fan Etje Klazes, sy wennet dus fuortby har mem. Men soe tinke dat har overleden man famylje is fan Tjalling, mar dat is foarsafier ik wit net it gefal. Tjalling neamt himsels dan wol van der Woude, mar hy hjit eins Woudstra. Dit soarte feroaringen fan namme komt yn dizze tiid faak foar. Fan Veenstra nei Venema nei van der Veen en omkeard is net ûngewoan. Tjalling hat syn earste beide bern as Woudstra by de boargerlike stân oanjûn, en de lêste trije as van der Woude.

Yn it hûs dêrefter, nûmer 35 oan de feart, wennet Sipke Cornelis van der Veen, in soan fan Aaltje Lieuwes. Hy wennet dus njonken syn suster Sytske. Syn frou Trijntje Durks is ek in van der Veen. Wy binne no oankaam by it Smelpaad, en in ôftakking fan de feart dy nei in meter as 12 njonken Sipke Cornelis dea rint. Op dit plak giet de gemeente Dantumadiel oer yn Tytsjerksteradiel, en it doarp Feanwâlden yn Hurdegaryp. 4 hûzen fierderop wennet ús foarâlder Teunis Piers yn nûmer 60 ûnder Hurdegaryp. Mar wy keare hjir werom nei de Wâl om de nûmers ûnder Feanwalden fjirder nei te gean.

Oan de oare kant fan de Streek sjogge we dan earst it hûs mei winkeltsje fan Jitse Wybes Kloetstra, nûmer 36, mei dêr achter nûmer 37 wêr Geert Jelles Gelsma de kûper wennet. Hy komt fan Ljouwert en is widner. It hûs njonken dat fan Jitse, nûmer 38, stiet leech. Yn dit hûs hat Pier Teunis van der Veen, de heit fan Teunis Piers, jierrenlang wenne. Hy is foar 2 jier yn dit hûs ferstoarn. Op nûmer 39 wenje twa frijgeselle broers, Jelle en Fokke Gosses Penninga. Sy binne neven fan Trijntje Lykeles Penninga, de frou fan Pier Teunis. Trijntje Lykeles is ek yn it hûs nûmer 38 stoarn, yn 1824, in pear jier earder dan har man. De bruorren Penninga biede in widdofrou mei 2 lytse bern ûnderdak. Sy soarget foar de hûshâlding, sa helpt de iene de oare. Dan komme we by nûmer 40, it lêste hûs oan de westkant fan de Streek. It is fan Thomas Pieters Eijsinga, wy komme him straks noch tsjin, en der is in skiphûs by wêr Thomas syn fearskip yn lizzen hat. Mei dat skip fart hy in pear kear yn'e wike fan Feanwâlden nei Ljouwert en werom. It hûs hat hy ferhierd oan Hinke Gosses, sy is in suster fan de bruorren Penninga. By har yn de hûs wennet in jong stel, foarich jier maaie troud; Douwe Jurjens Postma en Tetje Klazes.

Wy kuierje oer it heechhout werom nei de Wâl. Dêr steane we rjocht foar ien fan de grutste hûzen op de Wâl, nûmer 41, de winkel fan Thomas Pieters Eijsinga. Thomas is troud mei Gertje Klazes Koop. De famylje Koop, de namme seit it al, bestiet benammen út keaplju en kinne harren goed mei jild rêde. Gertje hat de winkel oernaam fan har heit Klaas Sybrens, en Thomas is der by yn troud. Bern hawwe hja net. Gertje wie al 43 doe't se trouden, Thomas 10 jier jonger. Mar Gertje hat har leeftiid destiids wat opkreaze, want yn werklikhyd wie sy al 47, en it leeftiidsferskil is dus 14 jier. Thomas en Gertje wenje hjirre mei 2 tsjinstfammen.

Njonken de winkel fan Thomas en Gertje in dûbel hûske fan de Grifformearde Diaconij, it hat de nûmers 42 en 42a. Momenteel bewenne fan Oeds Tjallings Huizinga, al mear as 20 jier widner fan Aaltje Fokkes, in frijgesel fan 39 jier, in weduwe fan 64 en in famke fan 2 jier. Njonken it earmehûske stiet de smidse fan grousmid Jan Jans Klompstra mei nûmer 43. Jan Jans komt fan Burgum, syn frou is in van der Veen, sy komt fan Westergeast. Jan Jans hierd de smidse fan Jelte Lieuwes van der Meulen, de visker dy op nûmer 17 wennet. Jelte syn frou is ek in Koop, sy hawwe de smidse, mei it hûs wêr sy sels yn wenje, 5 jier lyn oerkocht fan Gertje Klazes Koop doe de neilittenskip fan har âldere suster Saakje Klazes Koop ferparte is. Yn it folgjende hûs, nûmer 44, wennet Thijs Willems van der Wal, hy is widner fan Ymkje Feijes Venema, sy is foar 4 jier stoarn. Thijs wennet hjirre mei 5 bern. Nûmer 45 wennet Marijke Douwes Postma, widdow fan Minne Franzes Venema. Dan nûmer 46, dêr wenje Teunis Teunis Veenstra en Froukje Tjallings van der Veen. Earder, by nûmer 24, binne we de soan fan Teunis al tsjinkwaam. Teunis en Froukje, widner en widdow, binne foarich jier troud. Sy hawwe 8 bern yn'e hûs, 4 fan Teunis en 4 fan Froukje.

Nûmer 47 is it fikse hûs fan feanbaas Minne Feijes Venema en syn frou Wopkje Jurjens Postma. Njonken hûs hawwe hja in mooie grutte tún. Ik tink dat Minne it hûs oerkocht hat út de neilittenskip fan syn skoanheit Jurjen Douwes, want dy wenne hjirre foardat hy 3 jier lyn overleden is. Wy rinne lâns Minne syn tún en komme dan by it hûs mei nûmer 48 wêr Lutske Botes, de widdow fan Pieter Lieuwes, wennet. Lutske is 81 jier en wennet hjir al hiel wat jierren. Har man is mear as 30 jier lyn omkwaam mei it 'Kollumer Oproer', hy is sneuvele foar de stêd Dokkum, wêr in bende oproerkraaiers betwongen is mei help fan kanonsfjúr. Lutske wennet alinne.

Wannear we ús omdraaie, dan sjogge we oan de oare kant fan de feart it hûs fan Alle Uilkes van der Wal, de timmerman. Hy is in soan fan de ferneamde kastlein Uilke Alles dy efkes fierderop wennet. It folgende nûmer, 50, is wer oan dizze kant, njonken Lutske Botes. Dêr wennet Marijke Teunis Veenstra, widdow mei 3 bern. Har man Jurjen Douwes Postma is foar 3 jier overleden. Hy wie in broer fan Marijke Douwes, 5 hûzen werom. Foar nûmer 51 moatte we wer nei de oare kant fan de feart. Yn it lytse hûske wennet Anne Baukes Visser, hy komt fan Grou, wurket as arbeider mar makket ek wol matten. It hûske hiert hy fan Gosse Alles Hulzinga. Yn nûmer 52, it komelkersspultsje njonken Anne, dus ek oan de súdkant fan de feart, wennet Oeds Martens van der Bijl en syn frou Antje Rinses van der Wal. Antje is in omkesizzer fan Uilke Alles de kastlein. It spultsje hiere sy fan Marijke Aukes, de widdow fan Tjalling Romkes van der Veen. Marijke Aukes sels wennet 200 meter súdlik, yn Hurdegaryp oan de Streek nûmer 69a, wêr hja har brea fertsjinnet as naaister.

Nûmer 53 is wer oan dizze kant fan de Wâl, it hûs fan Gosse Alles Hulzinga. Gosse is foargonger by de Mennisten, dy hun foargongers 'leeraar' neame. Der is al wol 200 jier in Doopsgesinde gemeente op de Wâl, mar yn it begjin wie de funksje fan leeraar in njonkenfunksje. Gosse Alles is de earste min of mear professionele leeraar mei in traktemint; 100 gûne yn it jier. Gosse Alles is 72 jier, widner, en hy wennet tegearre mei in pakesizzer, Antje Alles. It hûs dêrnjonken dat ticht op de wei stiet is in bakkerij. It hat nûmer 54. Bakker is Cornelis Ates van Ek, fan Burdaard. Hy hiert it hûs fan Sytse Hindriks Posthuma, in arbeider út Dokkum, dy it fan syn famylje erft hat. Hûs nûmer 55 njonken de bakker is fan de Doopsgesinde earmensoarch. Hjir wennet Marten Rinses van der Bijl dy fan Burgum komt en lytse boatsjes makket. Feanbaas Hattum Alberts van der Berg, dy njonken Marten yn nûmer 56 wennet, komt ek fan Burgum. Foar nûmer 57 moatte we wer nei de oare kant fan de feart sjen, dêr steane 2 Hûzen efter elkoar, 57 en 57a. Beide binne fan feanbaas Klaas Teunis Veenstra, dy sels op de Streek wennet yn it earste hûs foarby it Smelpaad, krekt yn Hurdegaryp dus. Syn soan Willem Klazes wennet yn nûmer 57a, hy is troud mei in Algra fan Tytsjerk. Yn it oare hûs wennet Hendrik Jans Meringa, in arbeider fan Moarmwâld. Mear hûzen binne der net oan de súdkant fan de feart ûnder Feanwâlden

As we efkes trochrinne komme we op it ein fan de Wâl oan by de herberch fan Uilke Alles van der Wal. Uilke is hjir al minstens 25 jier kastlein. Prominent lid fan de Doopsgesinden en diaken foar earmensoarch. Behalve herberch hat Uilke in winkel en beheart hy it tol. Hy wennet hjir mei syn frou Martsen Pieters, dochter Jetske, en in tsjinstfaam. Foar de herberg is in tolhikke, trochgeand ferkear moat betelje foar it brûken fan de wei. En der komt gauris wat del, want dit is de haadwei fan Ljouwert nei Dokkum. Wy rinne foar de herberch del, en geane dan rjochtsôf it paad by de feart del. In eintsje it paad op stiet de wenning fan werfbaas Douwe Jacobus, mei de tapasselikke efternamme van der Werf. Dit hûs hat nûmer 59a. Douwe is troud mei Agnieta Folkersma, sy komt oarspronkelik fan Ljouwert, en is in dochter fan Elisabeth fan Bagchum dy we earder oan de Achterwei tsjinkaam binne, wie it net nûmer 10? In eintsje foarby it hûs fan Douwe is de werf. Mear hûzen steane hjir net, wy geane werom, by de herberch del, oer de brêge, en eintsje it Oare Ein op oant de feart ophâld. Dêr geane we rjochtsôf, en dan oan de oare kant wer by de feart del yn noardlike rjochting.

Wy rinne dan rjocht ôf op it hûs fan Klaas Rienks Boskma mei nûmer 62 dat deun oan de feart stiet. Klaas is in omkesizzer fan Gerben Klazes, de bekende tolgearder fan it Goddeleas tolhûs tusken Feanwâlden en Rinsumageast. Tsjinoer Klaas, oan de oare kant fan it paad dat nei it westen by de feart wei rint wennet feanbaas Douwe Minnes Venema yn nûmer 59. As we fjirder rinne stiet oan de linkerkant it hûs fan Klaas Gerbens Boskma. It hat nûmer 60. Klaas is in soan fan Gerben Klazes, en dus in neef fan Klaas Rienks. Wy hawwe no alle hûzen fan de Wâl ûnder Feanwâlden hân, op 1 nei en dat stiet oan de ein fan dit paad. It hat nûmer 61 en wurd bewenne troch Tjalling Romkes van der Veen. Hy hat it hûs foarich jier kocht út de neilittenskip fan Klaas Jelles Hoekstra foar 201,- gûne. Tjalling is troud mei Pietje Douwes van der Werf, in dochter fan werfbaas Douwe Jacobus. Oan ús kuierke komt hjirmei in ein. Wy geane werom nei de herberg fan Uilke Alles, efkes sitte en in slokje.

© 2016 VDVEEN.NET