Feanwâldsterwâl
Skiednis fan Feanwâlden en de Wâl

Skiednis fan Feanwâlden en de Wâl

Âldste tekens fan bewenning

Ûndersyk u.o. fan R.A.A.P yn it jier 2000 hat oantoand dat al sa'n 10.000 jier lyn minsken yn de omkriten fan Feanwâlden aktief wiene. Foaral by de Hoek is in protte fjúrstienen ark fûn. Mogelik wie dêr yn dy tiid al sprake fan bewenning. De ûndersikers tinke dat it minsken wiene dy ta de saneamde Ahrendsburg cultuer hearden.

Claercamp en de Skiere Muontsen

De skiednis fan Feanwâldsterwâl is is nau ferbûn mei de skiednis fan it doarp Feanwâlden. Feanwâlden is ûntstien as feankoloanje fan it kleaster Claercamp dat noardlik fan Rinsumageast stien hat. It kleaster is begûn mei grutskalige turfwinning yn it gebiet tusken Rinsumageast en Feanwâlden, wat tsjintwurdich it Bûtenfjild hjit. De turf wie nedich foar de produksje fan boumateriaal. Foar bakstien, de bekende kleastermoppen oftewol 'âlde friezen', dy bakt waarden fan klaai dy yn de omkriten fan it kleaster te finen wie. Foar kalk, dat brûkt waard foar mitsjelen, foegjen en pleisterjen fan muorren. En grif ek foar saken wêr it ieuwenlang foar brûkt is, itensieden en ferwaarming. Bûtendat waard de turf commercieel exploiteard, ferkocht oan de bewenners fan de groeiende steden, oant Hamburg ta.

It kleaster Claercamp stie oan de noardkant fan de feanfjilden. Foar de winning fan it fean hie it kleaster ferskillend útposten of úthôven. Dizze úthôven stiene op plakken krekt bûten it feangebiet, wêr de grûn stevig genôch wie om lytse nedersettingen te stiftsjen. Yn de nedersettingen wennen en wurken de lekebroeders mei de lokale befolking yn de turfwinning. De Skierstins wie sa'n úthof. Fan Claerkamp waarden fearten groeven nei de nedersettingen om de turf ôf te fieren. De muontsen sels wurken net op it lân. Dy hâlden har dwaande mei geastlike saken en bleaunen safolle mogelik binnen de kleastermuorren. It kleaster Claerkamp behearde ta de oarde fan de Cisterciënzers. De muontsen fan dy oarde libben hiel sober, der wurd sein dat hja gjin ferwaarming hienen yn it kleaster, en dat frivoaliteiten lykas flier- en wandkleden en siertúnen net tastien wiene. Sprekke dienen hja net mear as strikt needsakelik en laitsjen wie taboe. Sjonge dienen hja wol in protte, en dat hat grif mooi galme yn dy keale kleastertsjerke.

De lekebroeders dienen dus it wurk op de úthôven. In lekebroeder wie immen dy de kleastergelofte ôflein hie. Dat barde net altyd frijwillich. As in lâneigner syn grûn oan it kleaster skonk of ferkocht, dan waarden de dêrop wenjende boeren soms twongen om lekebroeder te wurden, om yn it ferfolch foar it kleaster te arbeidzjen. De rigels wienen sa dat in lekebroeder gjin muonts wurde koe. It wienen en bleaunen kleaster arbeiders. Sy droegen in pij mei in griize kappe en waarden dêrom skiere muontsen neamt. Mar it wienen dus eins gjin muontsen, want dy droegen wite kappen. It gewoane folk sêch de echte muontsen net faak, want dy mochten gjin kontakt hawwe mei gewoane minsken. De lekebroeders fersoargen de kontakten tusken it kleaster en de wrâld dêr omhinne.

Feanwâlden is (mei) ûntstien as sa'n úthôf fan it Claercamper kleaster. It leit op in plak oan de súdkant fan de feangebieten wêr de feangrûn oergiet yn sângrûn. Mar der wiene mear nedersettingen, sommigen leinen midden yn de feanen op sânige hichten. It is goed mogelik dat sokke plakken in tsjerke hiene, in skoft bestien hawwe, miskyn wol 100 jier of langer, en dêrnei ferlitten binne. As gefolch fan boaiemdaling wêrtroch wetteroerlêst ûntstie, of trochdat de turf op sa'n plak steeds moeiliker te winnen wie. Wat opfalt is dat nammen fan doarpen die ea bestien hawwe yn dit gebiet, doarpen mei in pastoar dy neamd wurde yn âlde teksten, alhiel ferdwenen binne. Om der inkele te neamen; Eslawald, Lillingwald, Remberdahusum, Swarmburd, sint Johanneswald en Westeneijnde. Dat lêste plak is noch te finen op âlde kaarten lykas njonkensteand fragmint fan in kaart dy makke is troch Jacob van Deventer yn 1559. Mar ûngetwiifeld binne der mear plakken west dy net yn âlde akten neamt wurde.

It ûntstean fan Feanwâlden en de Wâl

It begjin fan Feanwâlden leit yn de omkriten fan de âldst bekende tsjerke. Dy stie súdlik fan de Hoek, sawat healwei tusken de ôfslach Prysterikker en de brêge oer de Wâlster feart. Dêr rint tusken de hûzen troch in smel paadsje rjochting it spoar. Foardat it spoar der kaam rûn it paadsje troch nei de Wâl. Fuort oan it begjin fan dit paadsje, oan de westkant, dêr hat de earste tsjerke fan Feanwâlden stien. By de tsjerke wie in tsjerkhôf, en dit plak waard lang nei de tsjerke ferdwenen wie noch 'âld Tsjerkhof' neamt. Ik wit net of it paad momenteel noch in namme hat, mar eartiids hiet it grif fan tsjerkepaad. De wei dy no de Hoek hjit wurd yn âlde aktes oantsjutten mei Lykwei.

De earste tsjerke is oant it jier 1648 brûkt. Doe is der in nije boud in kilometer fjirder nei it easten, tsjinoer de Skierstins. Der wurd wol ferteld dat op dat plak, wêr de Herfoarme tsjerke no noch steeds stiet, earder ek al in tsjerke stie, mar dat is nea oantoand, en is ek net warskynlik. Lês mar ris wat der oer skreaun wurd by it 300 jierich bestean fan de nije tsjerke yn 1948. De grûn foar de tsjerke is skonken troch de eigner fan de Skierstins, in teken dat de grûn op dat momint net yn it besit wie fan de tsjerke, wat grif it gefal west hie as der earder ek al in tsjerke stie op dat plak. Yn it artikel wurd sein dat foar 1648 de tsjerke by de Hoek brûkt waard. En dat de bewenners by de Hoek, en de minsken dy op de Wâl wennen, der net mei ynnaam wiene dat de tsjerke in kilometer nei it easten ferhúze. Dat bestjutte twa kilometer fjirder rinnen sneins. Boppedat hie de Hoek foargoed ôfdien as it sintrum fan Feanwâlden, en kaam Feanwâldsterwâl op it fuottenein te lizzen.

In oare oanwiizing der eartiids gjin tsjerke by de Skierstins stie, is te finen yn "Chronique ofte historische geschiedenisse van Vrieslant" fan P. Winsemius út 1622. It is skreaun 26 jier foardat de nije tsjerke boud is. Hy skriuwt Feenwolden alwaar te zien is in het oost van de kercke sekere oude stins, 't welck in voortijden als een Lusthof van den abt van Claercamp ghebout is. De stins stie yn 1622 dus eastelik fan de tsjerke. Dat kin alinne mar de tsjerke op de Hoek west wêze. Oars soe hy grif skrean hawwe dat de stins noardelik fan de tsjerke stie. It is net oan te nimmen dat der in twadde tsjerke westelik fan de Skierstins stien hat. Lykas ik earder al sei, it bestean fan in twadde tsjerke, dy soe dan fan sint Johanneswald west hawwe, is nea oantoant.

Yn dit ferhaal kin de Skierstins ek in rol spile hawwe. It is net wis of de Claercampers de stins sels boud hawwe, of dat hja him oernaam hawwe fan de ien of oare. Winsemius mient fan it earste. Sommige boarnen sprekke fan in Idzinga dy earder eigner wie. Net dúdlik is of hy eigner wie fan de stins of fan de grûn wêr de Skiere Muontsen letter in stins op setten hawwe. Winsemius neamt de stins in Lusthof, mar hy sil ek diel útmakke hawwe fan de úthôf fan it kleaster foar de turfwinning. Net ûnmoochlik is dat dêr ea in gebou by stien hat wêr de mis opdroechen waard, en dat dêrmei de earder neamde tsjerke fan sint Johanneswald bedoelt wurd. Mar wittenskiplik bewiis dêrfoar is der net.

Feanwâlden en Feanwâldsterwâl binne dus ûntstien by de Hoek. In tapasselike namme want it plak is tagelyk de hoeke fan de sângrûn súdlik fan it fean. Fuort nei it noarden en nei it westen is de grûn leger en minder fêst. Net sa geskikt foar bewenning. It is dan ek net fremd dat doe it ynwennertal groeide, der omsjoen waard nei oare geskikte plakken yn de omkriten foar wenningbou. Sa is de bebouwing east fan de Skierstins en de bebouwing oan de Wâl ûntstien. Dat de Feanwâldster feart en de Wâlsfeart mei bepaald hawwe wêr de útwreidingen ûntstien binne is goed te sjen op de âlde kaarten, bygelyk de atlas fan Eekhof fan 1850. De bebouwing fan Feanwâlden is net konsintreard om de tsjerke hinne mar om it plak wêr Haadwei, Feintensloane en de feart byelkoar komme. En de buert fan Feanwâldsterwâl leit op it plak wêr de wei by de feart delrint. De bewenning op dat plak is grif ûntstien neidat de feart groeven is. Wannear dat wie is my net bekend.

De beide buerten east en súd fan de Hoek binne warskynlik ûntstien as gefolch fan de economyske aktiviteiten dy de ferfeaning meibrocht. It ferfier fan de turf fûn plak oer it wetter. Wegen wiene net ferhurde en faak alinne simmers goed te brûken. De bewenning op de Wâl en yn wat letter Feanwâlden wurde soe, lei oan de wichtichste route oer lân fan Ljouwert nei Dokkum. En hie goede ferbiningen oer wetter mei dy steden, beiden grutte ôfnimmers fan it produkt turf. Fan út it eachpunt fan dy tiid is de lizzing fan de Wâl en Feanwâlden te fergelykjen mei dy fan in bedriuwenterrein mei sichtlokaasje oan de Sintraleas yn dizze tiid! Der wie folop aktiviteit, yn beide buerten wie in skipswerf wêr skûtsjes en preamen makke waarden. Dy fan de Wâl is oant midden 20e ieuw yn bedriuw west. Yn 1840, doe it mei de feanterij al wat minder waard, neamt Wopke Eekhof it doarp Feanwâlden 'liefelijk' en de buert Feanwâldsterwâl 'levendig'.

Oan it begjin fan de 17e ieuw bestiet Feanwâlden dus út 3 buerten; de Hoek mei de tsjerke, de buert by de Feanwâldster feart in dikke kilometer east fan de tsjerke, en de buert lâns de Wâl, 200 meter súdlik fan de tsjerke. Dit konglomeraat fan bewenning telde 2 swiertepunten; de tsjerke op de Hoek, en de Skierstins. Trochdat yn 1648 de nije tsjerke lyk tsjinoer de Skierstins kaam te stean, ferskode it swiertepunt definitief nei dat plak, wêrtroch de buert east fan de Skierstins oan belang wûn en tenei it sintrum fan Feanwâlden foarmje soe. Wat it earder yn feite ek al wie, want yn dy tiid stelde de bewenning op de Hoek al net folle mear foar. Dat de bewenners fan de Wâl en de Hoek hjir net bliid mei wiene falt goed te begripen, en der soe bêst wat wier wêze kinne fan it ferhaal dat hja har fersetten hawwe tsjin nijbou fan de tsjerke flak by de Skierstins.

Dat it sintrum fan doarpen yn de rin fan de tiden ferskoot is mear foarkaam yn de wâlden. Suwâld, Hurdegaryp, Ikkerwâld, allegearre hawwe hja 'âlde tsjerkhôven'. Yn al dy plakken lei de konsintraasje fan bewenning mei de tsjerke earst op in oar plak dan yn letter tiden. Yn oare plakken is it sintrum ferskoot, mar de tsjerke stean bleaun, bygelyks yn Burgum.

Kleyn Ameland

Op de kaart fan Schotanus 1718 binne east fan de "Diepswal" twa wenstees tekene; "Kleyn Ameland" en "Schier Monik Oog" neamt. Die leinen midden yn de feanen yn wat no it Ottema-Wiersma reservaat is. It wienen wenhichten, fermoedelik alinne mei in skip te berikken; twa eilannen yn de feanen, fandêr de nammen dy nei eilannen wize. Dat hjirre minsken wenne hawwe blykt út in keapkontrakt fan 1648. De akte begjint mei Jan Botes, en Eets Govertsdr egtelieden woonen op Kleyn Ameland onder de clockslag van Feenwolden. Midden yn de feanen wie bewenning dus mogelik, en it kin best wêze dat der eartiids mear fan ditsoarte wenstees yn de feanen fan it Bûtenfjild west hawwe.

Petrus Dreas

Yn 1743 krigen Ikkerwâld en Feanwâlden in nije dûmnee, Petrus Dreas. Hy hat mei syn oantreden in ynventaris makke fan de tsjerkelidmaten. Hjirút falt op te meitsjen welke buerten tsjerklik ûnder Feanwâlden foelen, en hoefolle gesinnen oanslúten binne. Yn de buorren fan Feanwâlden binne dat 26 gesinnen, hjirby haw ik de hûzen oan de feart meirekkene. Bûten it doarp, yn it ferlingde fan de buorren, it Oastein, de Achterwei en it âld Tsjerkehôf 15 gesinnen. Op Kûkherne en de Heidstreek 11 gesinnen. En op de Wâl 24 gesinnen. Hjirút blykt dat yn 1743 it tal lidmaten op de Wâl en yn de buorren fan Feanwâlden net sa folle skilt. Fjirder blykt dat de buerten Kûkherne en de Heidstreek dy ûnder Burgum falle, tsjerklik part fan Feanwâlden binne.

Mennisten

Yn Feanwâldsterwâl stie ek in tsjerke, fan de Mennisten oftewol Doopsgesinden. Sa'n tsjerke wurd in Fermanje neamt. Hy stie oan de súdkant fan de feart tsjinoer de Priesterikker. Warskynlik is de gemeente yn de tiid tusken 1600 en 1620 stifte. It earste taastbare bewiis foar de Doopsgesinde gemeente op de Wâl is fan 1730. Yn it doopboek fan DamWâld stiet dan dat Sepkjen Biensen mei attestaasje nei Feanwâlden ferhûze is. Der wennen wol ferskeidene Mennisten, mar de Wâl wie wis gjin Doopsgesinde enclave. De leden fan de gemeente kamen rûnom wei. Út in ynfentarisaasje fan aktes wêryn minsken as Doopsgesind neamt wurde, falt op te meitsjen dat de leden foaral fan Feanwâlden, Hurdegaryp en Burgum kamen. De Mennisten foarmen in hechte mienskip wêr goed foar elkoar soarge wurd. It liket harren, ek dêrom miskyn wol, economysk foar de wyn te gean.

Quotisaasje

Yn 1749 wurd yn Fryslân in nije belesting ynfierd, de quotisaasje. It is een belesting dy baseard is op de gesinsgrutte en de wolstân fan de ynwenners. Dêrfoar binne alle gesinnen beskreaun, it tal minsken per gesin, opdielt yn folwoeksenen, dat is eltsenien fan 12 jier en âlder, en bern, jonger dan 12. De ynwenners moasten opjefte dwaan fan har fermogen, fan dejingen dy dat wegeren waard in skatting fan it fermogen makke. De quotisaasje lyst fan Feanwâlden is te finen op dizze webside. De lyst jout in ynteressant oersicht fan gesinsgrutte, rykdom, en berop fan de kostwinners yn it jier 1749. Út de beroppen falt op te meitsjen dat der 45 arbeiders, 25 boeren, 16 feanbazen en 12 ambachtslju yn Feanwâlden wenje. En yn 1749 giet it de boeren goed, want by har stiet it faakst 'welgesteld' of 'rijk' oantekene. It tal fan 16 feanbazen jout oan dat de feanterij yn Feanwâlden yn dy tiid noch fan belang is. Wat opfalt is dat it berop fisker alhiel net neamt wurd.

Grinzen

Troch Feanwâldsterwâl rinne ferskillende grinzen. Allerearst de grins tusken Dantumadiel en Tytsjerksteradiel dy tsjintwurdich midden troch de Wâlsfeart rint. En dan noch de grinzen fan 3 doarpen, Feanwâlden noard fan de Wâlsfeart, Hûrdegaryp sûd fan de feart en west fan de Streek, en (Noard)Burgum súd fan de feart en east fan de Streek. De Wâl is noch net sa lang offisjeel in doarp, dêrfoar wie it in in buorskip wêrfan it gebiet 'ûnder' de 3 neamde doarpen foel. As der dan immen berne wurd op de Wâl komt yn syn berteakte dus 1 fan de 3 doarpen te stean as berteplak. Yn mar inkele gefallen wurd Feanwâldsterwâl neamt as wenplak by berte of overlijden. It is dan ek net frjemd dat der drok 'ferhúze' waard tusken de 3 doarpen. Nim bygelyks Teunis Piers van der Veen. Hy hat syn hiele libben op de Wâl wenne, mar in oantal fan syn bern komme op de wrâld yn Feanwâlden, en de rest yn Hûrdegaryp. Opfallend faak binne de 'comparanten' yn de aktes fan overlijden, fanâlds buorlju, ôfkomstig út in oar plak as de overledene sels. In teken dat de mienskip fan de Wâl net beheind is troch al dy grinzen.

It wurd noch yngewikkelder trochdat de gemeentegrins yn de tiid tusken 1829 en 1839 feroare is. Nei 1839 heart alles oan de noardkant fan de feart by Dantumadiel, en alles oan de súdkant by Tytsjerkteradiel. Foar 1839 heart in part fan de súdkant fan de Wâl ek noch by Dantumadiel. It giet om de hûzen dy ticht oan de feart steane westlik fan it plak wêr de Prysterikker op de wâl útkomt, en de hûzen oan de Nije Streek noardlik fan it Smelpaad. De âlde grins is mei in reade line oanjûn op de kaart fan de Wâl, mar ik kin net hielendal foar de korrektens ynstean. Sa koe ik net neigean of de Doopsgesinde Fermanje destiids ûnder Feanwâlden of ûnder Burgum foel. It gefolch fan de grinswiziging wie dat in tal minsken dy altyd ûnder Feanwâlden wenne hienen, sûnder te ferhûzjen yn Hurdegaryp en yn in oare gemeente terjochte kamen.

De bewenners fan Feanwâldsterwâl wienen harren grif bewust fan al de grinzen dy troch it doarp rûnen. Sa moasten de bewenners oan de noardkant fan de feart nei Rinsumageast om oanjefte te dwaan fan berte en overlijden, of om te trouwen, wylst dyselden dy oan de súdkant fan de feart en op de Streek wennen dat yn Burgum dwaan moasten. Der binne ek ferhalen bekend fan burokratyske konsekwinsjes. Sa krige bakker Harm Wybes de Jong, hy wenne oan de noardkant fan de Wâl op de hoeke mei de Prysterikker, in proses oan de broek fanwege it 'eksporteren' fan bôle nei de súdkant fan de feart, dus fanút de iene Gritenij yn de oare. Foar dy export wie in 'billet van invoer' nedich, yn twafâld wol te ferstean, en dat koe de man net toane. Hy kaam foar it gerjocht, krige in dikke boete en syn bôle waard yn beslach naam.

Myten en Sagen

Skiedskriuwing soe in saak fan oantoanbare feiten wêze moatte. Mar wêr de feiten ûntbrekke, en by skiednis is dat faak sa, wurde oannames dien; it hat mogelik wol sa en sa west. En dêr is neat mis mei salang feiten en hypotezen mar útelkoar hâlden wurde. Oant der bewiis foar de hypoteze fûn wurd, en de stelling mei rjocht byskrean wurde kin yn de lyst mei feitelikheden. Mar as it bewiis net fûn wurd, en de hypoteze wurd lang genôch troch ferteld, dan liket de oanname ek in feit te wurden. Yn de skiedskriuwing fan Feanwâlden en de Wâl komme in pear fan dizze gefallen foar.

Eslawald

Yn 1918 publiseart in bibliothekaris fan Ljouwert in ferhaal yn de 'Vrije Fries'. Syn namme is S.A. Waller Zeper, en hy skriuwt it artikel as kommentaar op it boek 'Friese Plaatsnamen' út 1899 fan Buitenrust Hettema. Hettema beweard dat Eslawald, in namme dy yn âlde aktes fan foar 1500 foarkomt, it plak is dat no Jislum hjit. Waller Zeper is it net mei him iens, want út de âlde aktes, dy Buitenrust neffens him net sels lêzen hat, kin hy opmeitsje dat yn de omkriten fan Eslawald feangrûn wie, en yn de omkriten fan Jislum is gjin fean. Der binne mar 3 aktes wêr de namme Eslawald yn neamt wurd, yn de lêste fan 1450 wurde de pastoars fan St. Johanneswald en dy fan Eslawald tegearre neamt. Waller Zeper skriuwt dan; Waar ligt Johanneswald? Het wordt gewoonlijk als Veenwouden beschouwd. Dan neamt hy noch 2 aktes wêrút dit blike moat. Yn de earste fan 1439 stiet Idzenghagude, heten nu itta Schiramonkahuse, in Sunte Johanneswald. Yn de twadde fan 1482; Clarkampera Schyrastins uppa Faen. Waller Zeper ferbynt dan de oantsjuttingen 'Schiramonkahuse' en 'Schyrastins' mei St. Johanneswald. Blykber tinkt hy dat mei 'uppa Fean' itselde plak bedoeld wurd as St. Johanneswald, want dêr stiet ommers de 'schiramonkahuse'. En Eslawald, omdat it yn dy akte fan 1450 tegearre neamt wurd mei St. Johanneswald, sil der dan wol ticht yn de buert lizze. En wat sjocht hy op de kaart flak by Feanwâlden? In tsjerkhôf mei in ferfallen tsjerke. Dan hat dêr grif Eslawald west.

Om te begjinnen skriuwt Waller Zeper sels al dat dat St. Johanneswald wordt beschouwd as Feanwâlden. Welke feitelikheden oan dy bewearing ta grûnslach lizze neamt hy net. Sels bin ik drok op syk west nei boarnen dy dizze oanname as feit befestigje kinne, mar ik haw neat fûn. It neamen fan itta Schiramonkahuse in Sunte Johanneswald liket wol hast oan te toanen dat dit de Skierstins yn Feanwâlden is. Yn 1916 wol, mar yn 1439 binne der grif mear úthôven mei hûzen wêr skiere muontsen tahâlde. Yn de akte wêr de namme 'Schyrastins' neamt wurd komt St. Johanneswald ek foar, mar net yn ferbân, de stins stiet 'uppa Fean'. Neffens my is dy oantsjutting gâns oannimliker as oantsjutting fan Feanwâlden dan St. Johanneswald. As St. Johanneswald werkelik Feanwâlden west hat, dan wie de tsjerke fan de Hoek net dy fan Eslawald mar fan St. Johanneswald. Want yn de buorren fan wat no Feanwâlden is hat foar 1648 net in tsjerke stien. Sjoch ek hjirboppe wat Winsemius yn 1622 oer de posysje fan de tsjerke en de stins skriuwt. Nei myn miening is dit ferhaal in myte en gjin skiednis.

De Gietersen

Feanwâldsterwâl 'het Giethoorn van het noorden'. Der wurd beweard dat yn it ferline minsken út de omjouwing fan Giethoorn har op de Wâl ta wenjen set hawwe om yn de feanterij te wurkjen. Soms wurd sels beweard dat FeanWâldsterwâl stifte is troch (Doopsgesinde) Gietersen. Ik wie dêrom benijd of der in genealogyske ferbining lein wurde kin tusken de bewenners fan de Wâl en de Gietersen. Helaas is my dat oant no ta net slagge. En dat is frjemd, want yn in boek oer de skiednis fan Aengwirdum stiet dat de Gietersen yn it midden fan de 18e ieuw, dus om 1750 hinne, nei it noarden lutsen omdat de feangebieden yn de kop fan Oerisel útput wiene. De Gietersen hawwe dúdlike spoaren neilitten yn it súden fan Fryslân, yn plakken as Âldeboarn, Rotsterhaule, Tsjalbert ensf. Mar net yn it noarden, tenminsten, net rûn dy tiid. As der al migraasje fanút Giethoorn nei Feanwâldsterwâl plakfûn hat dan moat dat lang foar 1700 west wêze. Nei myn miening is it ferhaal oer de Gietersen yn Feanwâldsterwâl in fabeltsje.

© 2016 VDVEEN.NET