Feanwâldsterwâl
de Winkel fan Klaas Koop

De winkel fan Klaas Koop

De winkel fan Koop wie de wichtichste winkel op de Wâl oan it begjin fan de 19e ieuw. Yn 1835 is dêr in ein oan kaam, de winkel wurd slúten, foarrie en ûnreplik guod ferkocht. De winkel stie oan de noardkant fan de Wâl, sawat rjocht tsjinoer it heechhout nei de Streek, wêr no it hûs op de foto stiet. Dit ferhaal giet oer de minsken dy yn de winkel wennen en wurken, en hoe de saak oan syn ein kwaam yn 1835.

Klaas Sybrens Koop

It is net krekt bekend wannear de winkel oprjochte is. De eigner Klaas Sybrens Koop wurd yn 1778 neamt yn in adfertinsje yn de Ljouwerter Krante, der sil in ferkeaping plakfine Ten huize van Claas Coop op de Veenwoudsterwal fan Klynlandt van Alle Jurjens. Ferkeapingen fûnen meast plak yn iepenbiere gelegenheden, it is dus mogelik dat Klaas Sybrens njonken winkelier ek noch herbergier west hat. Boppedat is hy feanbaas en exploiteard in fearstsjinst fan Feanwâldsterwâl nei Ljouwert en werom. Út de adfertinsje blykt dat Klaas Sybrens de namme Koop al brûkt lang foar de offisjele registraasje fan famyljenammen yn 1811.

Klaas Sybrens en syn frou Antje Jans krije 5 bern. De âldste soan Sybren is skuonmakker op de Wâl. Sybren syn soan Pieter hat letter in winkel yn de buorren fan Feanwâlden, east njonken it tsjerkehôf. Klaas syn dochter Saakje helpt har heit yn de winkel, hja troud net. Syn twadde dochter Siewkje troud mei Jan Dirks fan Ljouwert, sy is yn 1796 op 39-jierrige leeftiid overleden. Sieuwkje hat 2 bern, dochter Antje, dy letter trouwe sil mei Jelte Lieuwes van der Meulen, en in soan, Dirk. De twadde soan fan Klaas Sybrens, Jan, is yn 1812 al overleden, hy wie doe 48 jier en net troud. De jongste dochter Gertje troud yn 1813 mei Thomas Pieters Eijzinga. Yn de trouakte stiet dat Gertje dan 43 jier is, mar yn werklikhyd is hja de dei tefoaren 47 wurden. Thomas is 32 jier. Fan Antje Jans, de frou fan Klaas Sybrens, is net folle bekend. Yn in akte fan 1818 wurd neamt dat hja yn 1788 al overleden is.

Oerdracht fan de winkel

Yn 1813 is Klaas Sybrens 81 jier âld. Der binne oanwiizigs dat hy dwaande is mei de oerdracht fan syn saken. Yn april fan dat jier ferkeapet hy syn feanterij. En jannewaris 1814 ferkeapet hy de winkel oan syn beide dochters Saakje en Gertje. It winkelpân nûmer 41 foar 1200,-, en de ynventaris mei it hannelsguod foar 1800,-. Ik tink dat it houlik fan Gertje mei Thomas Pieters Eijsinga hjir net los fan stiet. It is oannimlik dat Thomas, hy wie skipper op it fearskip fan Klaas Sybrens, by de saak yntroud is mei it each op de fuortsetting dêrfan.

Yn de notariele aktes fan de winkelferkeap wurde de beide dochters Saakje en Gertje neamt as keapers. Thomas Pieters wurd wol neamt as echtgenoat fan Gertje, mar net as keaper. Klaas Sybrens hâld it rjocht fan frije ynwenning sa lang hy libbet, en de dochters hawwe de plicht om foar him te soargjen zowel bij gezondheid en krankte tsjin in redelijk costgeld. De keappriis fan yn totaal 3000,- gûne moat yn 3 termynen betelle wurde, steeds op ligtmis, dat is 2 febrewaris, fan de jierren 1815, 1816 en 1817. Oer de iepensteande som jild in rinte fan 4% per jier. De aktes binne tekene troch de beide susters, Thomas Pieters, en 2 tsjúgen; Jan Daniels van der Meulen, bakker yn Hurdegaryp, en Jelle Gosses Penninga, feanbaas op de Wâl. Klaas Sybrens syn hântekening stiet der net ûnder omdat hy wegens zijn gebrekkig gezigt niet in staat is zijn naam te schrijven.

Dea fan Klaas Sybrens

Klaas Sybrens komt op 19 desember 1817 yn it winkelhûs te ferstjerren, hy is 88 jier âld wurden. Op 11 july 1818 komme de erfgenamen mei notaris Gerrit Wilhelmij byelkoar yn de winkel op de Wâl. Oanwêzich binne; Sybren, Saakje en Gertje Klazes Koop, Thomas Pieters Eijsinga, Antje Jans en Jelte Lieuwes van der Meulen, en Gurbe Dirks de Weert, fearskipper fan Garyp. Dizze Gurbe Dirks is folmacht fan Dirk Jans, thans uitlandig, Dirk is de broer fan Antje Jans en wenne oant foar koart yn Ljouwert. In oersjoch fan de erfenis lykas dy neamt wurd yn de akte fan skieding:

  1. It hûs nr. 13 op de Wâl, dat is it saneamde bakkershûs op de hoeke mei de Priesterikker, 500,-
  2. De helte fan de feartsjinst op Ljouwert, de oare helte is fan Sybren Klazes, 700,-
  3. 5 pûnsmiet greide, de Vroskekamp neamt, 1200,-
  4. In hypotheek fan 1814 foar it hûs nr. 43 ta lêst fan Saakje en Gertje fan 1200,-
  5. In liening fan 1814 foar de winkel ta lêst fan Saakje en Gertje fan 1800,-
  6. In obligaasje fan 1803 ta lêst fan Johannes Lieuwes en syn frou ûnder Hurdegaryp fan 300,- plus 16,- rinte.
  7. In obligaasje fan 1793 ta lêst fan deselde Johannes Lieuwes fan 250,- plus 19,- rinte.
  8. In skipsbrief fan 1802 ta lêst fan Jelle en Fokke Gosses, feanbazen op de Wâl, fan 100,- plus 3,- rinte
  9. In obligaasje fan 1802 ta lêst fan Meindert Gerrits fan 200,- plus 11,- rinte.
  10. In liening oan Antje Douwes, wed. Fije Minnes Venema fan 120,- plus 5,- rinte.
  11. Kontante penningen ta in wearde fan 318,-
  12. In liening oan wijlen Jan Dirks, de heit fan Antje Jans en har ôfwêzige broer Dirk Jans, fan 106,-
  13. In skuld ta lêst fan Sybren Klazes fan 1203,-
  14. In skuld ta lêst fan Saakje en Gertje fan 576,-
  15. In skuld ta lêst fan Dirks Jans fan 10,-
  16. In bedrach dat Thomas Pieters bard hat fan Hendrik Sybes en Thijs Jans fan 144,-
  17. In boekskuld fan Jan Daniels van der Meulen, bakker yn Hurdegaryp, fan 59,-

It docht bliken dat Saakje en Gertje noch neat fan de 3000,- skuld fan de oername fan de winkel ôflost hawwe. Alles opteld komt de wearde fan Klaas Sybrens syn besittingen op 8843,- en wat sinten. De trije bern hawwe elts rjocht op 2210,- en de beide pakesizzers krije elts 1105,-. De besittingen wurde as folget ferdielt. Sybren Klazes kriget fan boppensteande lyst nrs. 1, 6, 13, 16 en fan de kontanten 46,-. Saakje en Gertje krije tegearre nrs. 2, 4, 14, 17 en fan de kontanten 86,- . Antje Jans kriget de helte fan nrs. 3 en 12, it folle part fan nr. 7, en 182,- oan kontanten. Gurbe Dirks de Weert, as folmacht fan Antje har broer Dirk Jans, kriget de oare helte fan nrs. 3 en 12, it folle part fan de nrs. 8, 9, 10 en 15, en 2,- oan kontanten.

Dea fan Saakje Klazes

Op 13 maaie 1824 komt Saakje te overlijden, sy is 69 jier wurden. It oandiel fan Saakje yn de erfenis fan Klaas Sybrens wurd op 2 november 1824 ferparte. Gertje Klazes hat rjocht op 1/3 part. Antje Jans, de frou fan Jelte Lieuwes van der Meulen allyksa, en it lêste tredde part is foar de neikommelingen fan Sybren Klazes; Klaas Sybrens, slachter op de Wâl, Antje Sybrens dy troud is mei Jan Geerts Venema, Lyske (Elisabeth) Sybrens en Pieter Sybrens. De wearde fan de neilittenskip, ûnreplik guod en grûnpacht is takseard op 1620,- gûne. Eltse partij hat dus rjocht op 540,-. It wurd as folgt ferparte. Gertje Klazes kriget de helte fan 7 perselen vergraven lân, sy is al eigner fan de oare helte, mei in wearde fan 350,-. En de helte fan it hûs nûmer 40 dat ferhierd is oan wed. Klaaas Jacobs, en wêrfan hja ek al foar de helte eigner is, mei in wearde fan 200,-. En de helte fan it hûs nûmer 41, de winkel, wêr hja ek al foar de helte eigner fan is, mei in wearde fan 600,-. En as lêste de helte fan it rjocht op in jierlikse grûnpacht fan 7,- út it hûs fan Sytse Oedzes Koster yn Jistrum, mei in wearde fan 70,-. Dit alles fertsjinwurdicht in wearde fan 1200,-, in oerbedeling dus fan 680,-. Antje Jans kriget de helte fan it hûs nûmer 43 op de Wâl, dat ferhierd is oan smid Jan Jans Klompstra, en Gertje is eigner fan de oare helte. De wearde is 250,-. As twadde it hûs nûmer 17 op de sûdkant fan de Wâl, wêr Antje sels mei har man yn wennet en wêrfan Gertje lyksa eigner fan de oare helte is. De wearde is 150,-. Meielkoar 400,- en dêrmei hat Antje noch rjocht op 140,- fan it oan Gertje oerbedeelde, dat bedrach is al kontant betelle. De tredde partij, de 4 bern fan Sybren, krije fan harren part 40,- kontant útbetelle, en liene de oerbliuwende 500,- oan Gertje Klazes tsjin in jier-rinte fan 5%. Foar it ôfbeteljen fan dit bedrach is gjin termyn steld, it wurd werombetelle wannear ien fan beide partijen de oerienkomst opseit. As Gertje yn gebreke bliuwt kinne de muoikesizzers oanspraak meitsje op it har tabedielde part fan it ûnreplik guod. Deselde dei noch ferkeapet Gertje Klazes har oandiel yn de wenningen nûmer 43 en nûmer 17 oan Antje Jans en Jelte Lieuwes foar 400,-, 100,- yn kontanten, en 300,- as hypotheek tsjin 5% rinte.

Testamint fan Gertje Klazes

Op 20 april 1825, sawat in jier nei it overlijden fan har suster Saakje, lit Gertje troch notaris Gerrit Wilhelmij fan Burgum har testamint opmeitsje, sy is dan 58 jier. Ta erfgenamen wurde beneamt allerearst de 3 bern fan har overleden broer Sybren, mei namme Antje, Elisabeth en Pieter, elts foar 1/5 part. De bern fan Sybren syn soan Klaas krije lyksa 1/5 part, en Klaas it fruchtgebrûk. It lêste 1/5 part is foar de bern fan har susters dochter Antje Jans Koop, frou fan Jelte Lieuwes van der Meulen. Har muoikesizzers en de bern fan har muoikesizzers erve dus alles. Har man Thomas Pieters erft it fruchtgebrûk fan it hûs nr. 40, dat stiet tsjinoer de winkel op de Streek, en fan alle mied- en petlannen dy yn besit fan Gertje binne as hja komt te overlijden. Thomas mei elts jier safolle baggelaar grave en meitsje as hy jierliks nedich hat foar syn eigen branding en dat fan syn huisgezin. Fjirder fan har fear en beurtskip varende van Feenwoudsterwal naar Leeuwarden heen en weder. En as lêste it bêd hetwelk ik met mijn egtgenoot gewoonlijk beslaap, pulpitum, klok, iikenkast en 4 stuollen. Thomas Pieters mei sa lang hy libbet dizze saken brûke, mar de muoikesizzers krije dus de eigendomsrjochten.

Dea fan Gertje Klazes

Gertje Klazes Koop komt op 9 july 1835 te overlijden. Sy wurd begraven yn in kiste makke troch skipsbouwer Douwe Jacobus van der Werf, hy rekkent 30,- gûne, it iizeren beslach foar de kiste, 4,- gûne, komt fan smid Jan Jans Klompstra. Foar de begrafenis wurd by beide bakkers likefolle bôle besteld; Andries Cornelis de Haas, bakker yn de buorren fan Feanwâlden bakt foar 12,-, en allyksa docht Harmen Wybes de Jong, bakker op de Wâl. Bierbrouwer H. Brouwer fan Burgum levert foar 4,- oan bier. Dokter S. Brouwer fan Burgum hat Gertje bystien yn har lêste oeren, hy stjûrd in rekken fan 6,50.

Ferkeap fan de winkel foarrie

Fuort nei de begrafenis fan Gertje, yn de Ljouwerter krante fan 17 july 1835, wurd de ferkeap fan de ynhâld fan de winkel oankondige troch notaris Gerrit Wilhelmij fan Burgum. Foar de feiling sels binne twa dagen nedich, tiisdei 21 july, en woansdei 22 july 1835. Yn de adfertinsje fan de ferkeaping is it te ferkeapjen guod omskreaun as; huismeubels, winkelgereedschap, winkelwaren en ander roerend goed. Yn de akte fan de ferkeaping is in lange lyst mei guod opnaam. Ik haw besocht om it guod yn in tal katagorieen te skieden, en de priizen opteld, mar it is net yn alle gefallen goed út te meitsjen wat diel útmakket fan de ynventaris en wat by it hannelsguod heard.

De winkel ynventaris bestiet út te ferwachtsjen saken lykas weegskalen, gewichten, skammels, planken, stellings, in pear kasten, en allerhande potten, fetten, blikken ensf. Op de lyst stiet fjirder in klok, in oaljebekken mei maten, mar ek 2 bêden, mogelik dat winkelpersoniel dêrop sliept hat. De opbringst fan de ynventaris is 122,40 gûne.

It grutste part fan it hannelsguod bestiet út tekstyl. Op de lyst steane meast húshâldelike soarten lykas gerdynen, lekkens, linnen, slopen, kessens, tekkens, doeken ensf. Fjirder wat himden, sliepmûtsen, kousen, jern, knopen, linten, mar dat is heechút 10% fan it totaal qua waarde. Klompen wiene dêr ek te keap, dy wurde 25x neamt, mei in totale wearde fan 12,-. It totaal oan textiel, klean en klompen komt op 522,55 gûne.

Yn de folgjende katagory, húshâldelik, falle saken lykas stienguod, kopkes, pantsjes, kûmen, boarden (ek tinnen), iizeren en koperen tsjettels, kofjekannen, kofjemûnen, leppels, messen, stoven ensf. Yn totaal foar 148,- gûne.

Yn de katagorie iten en tabak: wite en giele kandij, thee, rosynen, riis, sûker en klontsjes, sâlt, sjerp, krûden en tabak. De wichtichste artikels binne tsiis, 26 kear neamt mei in wearde fan 21,70, en spek 13x mei in wearde fan 24,80. Der binne mar in pear artikels by dy minder goed hâldber binne; prûmen, appels en parren, mar mei in wearde fan 1,50 stelt dat neat foar. Yn totaal oan itenswaar: 73,38 gûne.

Wat oerbliuwt is in tal saken dy brukt wurde foar skjinmeitsjen en fervjen, en wat ark, dat miskyn ek wol diel fan de ynventaris west hat. Lykas; luiwagens, dweilen, biezems, bjinders, sjippe, Spaanske sjippe, stiifsel, blauwsel, swartsel, fervestoffen, lak, kwasten, witers en it ark; hageskjirre, tangen, hammers, bilen, skeppen, laaien, en in strykiizer. It bringt meielkoar 29.10 op.

Oan de ein fan de feiling blykt de totale opbringst fan de winkelynventaris 898,- gûne te wêzen.

Ynventarisaasje fan de besittingen

Op 3 oktober 1835 wurd alles wat noch yn de winkel en it hûs foarhannen is takseard. Op dat momint wennet Thomas Pieters Eijsinga dêr noch steeds. Foar de testamintaire erfgenamen binne oanwêzich; Jan Geerts Venema, Pieter Sybrens Koop, Klaas Sybrens Koop, en Jelte Lieuwes van der Meulen. De ynfentarisaasje betreft meubilen en huisgeraden, gereedschappen, kleeding, gereed geld, titels en andere papieren, schulden, en in het algemeen van alle roerende goederen behorende tot de gemeenschap die tusschen Thomas Pieters Eisinga en zijn overleden egtgenote heeft bestaan. De partijen hawwe Gerrit Jelles Staphorsius, keapman fan Burgum, beneamd as taksateur. Twa tsúgen binne oanwêzich; Jelmer Tjeerds van der Meulen fan Burgum, en Jan Jans Klompstra, de smid fan de Wâl.

It meubilair yn it hûs nr. 41 stelt qua wearde net folle foar, djoerste is it echtelik bêd dat op 25,- takseard wurd. De grutste skat wurd fûn yn de iikenkast yn de deiskeamer; de klean fan Gertje Koop, sy wurde op 177,- gûne takseard. Yn it efterhûs fynt de taksateur 230 graansekken dy meielkoar 92,- gûne wurdich binne. Alles opteld komt de taksateur op 385,65.

Hjoeddedei kom dit net mear foar, mar eartiids kochten de minsken faak 'op de pof'. De winkelier skriuwt it ferskuldige bedrach yn syn boek, en sa no en dan betellet de klant de iepensteande rekkens. Gertje Koop hat ek sa'n boek, mei dêryn in tal losse bledsjes wêryn de nammen fan minsken mei de noch iepensteande bedragen steane. Der wurde 52 nammen neamt, allegearre bekenden, minsken fan de Wâl, Feanwâlden en omkriten, fan mar ien persoan wurd in wenplak neamt, hy wennet yn Eastermar. De iepensteande bedragen fariearje fan in pear sinten oant 30 gûne. Yn totaal hat Gertje 585,- fan har klanten tegoed op it momint dat hja stoarn is. Gemiddeld dik 11 gûne per klant. Blykber is de winkelkas leech want kontante penningen binne net foarhannen.

Thomas Pieters docht opjefte fan in tal saken dy't hy takseare litten hat by goud en sulversmid A.J. Adema. It djoerste objekt is in breed gouden oorijzer tweede titel wegende 103 wigtjes en 4 kornels dat takseard is op 138,85. Wat âld sulver is 22,50 wurdich, lykas ek 6 sulveren leppels. Yn totaal oan goud en sulver 223,65 gûne.

Skulden

Wegens de handel en winkelneering besteane skulden. Dat binne foarnamelik iepensteande bedragen by leveransiers. Der is in lyst mei nammen fan 30 leveransier. De measten, 21, fan Ljouwert, 2 fan Feanwâlden, en 1 fan Burgum, Dokkum, Wergea, Ryptsjerk en Harns. Fan 2 leveransiers is gjin plak oanjûn. It leechste ferskuldige bedrach is 5 gûne. De trije heechste; 415,- by IJzenbeek yn Harns, 395,- by Sybouts en Alberda yn Ljouwert, en 157,- by bakker Andries Cornelis de Haas yn de buorren fan Feanwâlden. Alles meielkoar is it in fiks bedrach oan iepensteande rekkens: 2543,- gûne.

Dan binne der noch persoanlike skulden. By boargemaster Pier Zeeper fan Ljouwert 550,-, by de erven fan Minne Minnes yn Ljouwert 455,-, by Jan Willems de Boer fan Feanwâlden 100,-. De gritenije fan Dantumadiel moat noch 24,- hawwe foar personiele belesting. Rinske Harkes Oosterwal fan Gytsjerk hat 32,- tegoed fanwege dienstbodenloon, en tenslotte moat Ouwe Gerbens Bouma fan Burgum noch fl.10,- hawwe. Yn totaal oan persoanlike skulden is 1171,- gûne.

Dêrmei binne we der noch net sizze dan de erfgenamen. Jan Geerts Venema hat noch 125,- tegoede út de erfenis fan Saakje Koop, lykas beskreun yn de akte van scheidinge fan 2 november 1824. Elisabeth en Klaas Sybrens hawwe inselde bedrach tegoede, Elisabeth mei rinte fanôf 1824, en Klaas mei rinte fanôf 1827. De persoanlike skuld komt dêrmei op 1546,- de rinte net meirekkene.

Rjochtsaak

De erfgenamen hawwe de kosten en de baten berekkene, it blykt dat der in schadelijke staat is fan ûngefear 2100,-. Eltse erfgenaam dy rjocht hat op 1/5 part fan de erfenis, moat dus 420,- betelje! It is dan ek gjin wûnder dat de erfgenamen beslûte om in fersyk ta feiling fan it ûnreplik guod by it Ljouwerter gerjocht yn te tsjinjen. De saak komt foar op 24 oktober 1835. De motifaasje is yn it fersyk omskrean as; dat zij deze massaliteit niet langer wenschen aan te houden en bovendien de verkoop dezer vastigheden noodzakelijk is tot afbetaling van de daarop rustende schulden. De erfgenamen freegje om Gerrit Wilhelmij, notaris yn Burgum, te beneamen as ferkeaper fan it ûnreplik guod. De rjochtbank seit yn de útspraak fan 10 november 1835; Accordeert het verzoek ten requeste gedaan en geeft de noodige authorisatie aan de respectieve voogden der minderjarige mede eigenaars om met de requestranten over te gaan tot den publieken verkoop.

Feiling ûnreplik guod

Op 16 desember, provisioneel, en 30 desember 1835, finaal, wurd it ûnreplik guod feilt yn de herberg fan Eelke Edzes Westra yn de buorren fan Feanwâlden:

  1. It hûs nûmer 41, de winkel, giet foar 850,- nei Wytse Jurjens Jager, vleeschhouwer ûnder Burgum
  2. It oare hûs, nûmer 40, wurd kocht troch Jan Geerts Venema foar 325,-
  3. De perselen 3 en 4 wurde gearfoege en ferkocht oan Klaas en Melle Feijes Hoekstra foar 163,-
  4. De perselen 5, 6, en 9 wurde gearfoege en geane nei Frans Jans Venema foar 35,-
  5. De perselen 7 en 8 wurde gearfoege en geane foar 80,- ek nei Frans Jans Venema.

De opbringst fan it ûnreplik guod is meielkoar 1373,- gûne.

Efkes earder, ek op 30 desember, de moarns, wurd yn de winkel op de Wâl it replik guod, beskreaun yn de taksaasje fan 3 oktober, feilt. It bringt minder op dan de taksearde waarde. It djoerste item, it gouden eariizer, wurd ynhâlden omdat der gjin bod nei waarde op komt. Ek it sulverguod is net folle belangstelling foar, in bibel mei sulverbeslach en in sulveren bûshorloazje wurde wol ferkocht. Meielkoar bringt it replik guod 302,90 gûne op.

As we alles optelle dan bliuwt der nei ferkeap fan it replik en ûnreplik guod, en oannaam dat it ynhâlden goud en sulver de taksaasjewearde opbringt, in skuld oer fan ûngefear 600,-. Dat is 120,- foar elts 1/5 part fan de erfenis. De muoikesizzers sjitte dus neat op mei de erfenis. Soe Gertjemuoi net witten hawwe dat hja safolle skulden neilitte soe? Thomas Pieters Eijsinga bliuwt ek mei lege hannen efter. It fruchtgebrûk fan de wenning, meubels en de petlannen is him troch de rjochtbank ûntnaam. Yn 1839 hertroud hy mei Stijntje Sints Ophuizen, in ier letter krije hja in dochter; Aukje. Yn it befolkingregister fan Tytsjerksteradiel 1849 komme we Thomas Pieters nochris tsjin. Hy wennet dan op de súdkant fan de Wâl ûnder Burgum en as berop stiet noteard zakkenverhuurder.

© 2016 VDVEEN.NET