Jan Daniels van der Meulen
Gjin Foto
Berne :
Freed 25 Augustus 1922 yn Wynterp
Stoarn :
Freed 23 Maart 1990 yn Stellenbosch S.A.
Bern fan :
Troud : ûnbekend
Berte akte
Net beskikber
Trou akte
Net beskikber
Dea akte
Net beskikber
Libben
Jan van der Meulen hat studeart oan it Griffermeard Gymnasium
yn Ljouwert en oan de Economyske Hegeskoalle fan Rotterdam.
Hy hat yn WO2 in aktieve rol spile yn it ferset tsjin de Nazi's. Nei
de oarloch is hy nei Nederlânsk Indië tein, en hat op Java in
oplieding ta piloat folge by de Britse RAF.
Yn 1951 is hy troud mei Leentje van der Burg fan Tytsjerk. Yn de
jierren dêrnei wurke hy by de KLM as bedriuwsekonoom.
Yn 1956 troch de 'Eerste Nederlandse Kooperatieve Kunstmest
Fabriek' (Vlaardingen) útstjûrd nei Salesbury yn Rhodesië as
general manager fan in kûnstdong fabryk.
Yn 1961 yn Súdafrika bedarre, wêr hy ûnder lieding fan professor
Goudriaan promovearre is ta Dr. yn de economy oan de hegeskoalle
fan Pretoria.
Yn 1964 is hy beneamd ta heechlearaar yn de handelswittenskippen
oan de unifersiteit fan Stellenbosch yn Súdafrika. Hy hat meiwurke oan
de oprjochting fan the School of Business Management, en útwikselings
programma's foar studinten opset mei Belgyske en Nederlânske
universiteiten
Hy ferdedige de 'apartheids' politiek, en hat begjin jierren '60 ûnder
it pseudonym 'Ben Uddo' hjiroer in tal artikels skrean foar it Frysk
Deiblêd mei titel 'Súd Afrika op de dwaalwei?'.
Ein Septimber, begjin Oktober, 1966 hat Jan foar de Stichting
Nederlands-Zuidafrikaanse Werkgemeenschap (NZAW) in serie
voordrachten yn Nederlân hâlden ûnder de titel 'Oog in oog met
Zuid-Afrika'. By dy foardrachten ûntstienen somstiden felle diskusjes
mei it publiek, wêrûnder yn Ljouwert Fedde Schurer. Yn oare plakken
foelen klappen tusken it publiek en linkse anti-aparthyds demonstranten,
en moast de pliesje der oan te pas komme.
Jan van der Meulen is op 23 Maart 1990 yn Stellenbosch overleden, en
leit dêr begraven op Main Cemetery Onderpapegaai
As jo fragen, oanmerkings, of oanfoljende ynformaasje hawwe oer Jan Daniels van der Meulen, brûk dan asjebleaft it Kontakt formulier