Relaasjes fan Sytze Jans van der Wal
Help foar Famylje Relaasjes
Dizze side lit ferskillende famylje relaasjes sjen dy besteane tusken de te ûndersykjen persoan en oare minsken yn de database.
1. Foarâlden
Makket in lyst fan foaralden fan de N-de generaasje. De te ûndersykjen persoan sels is de 1e generaasje, syn âlden de 2e, syn Pake en Beppe de 3e ensf. Theoretysk is it tal foarâlden altyd in macht fan 2, bg. 2-4-8-16. Is it tal lytser, dan is dat in gefolch fan houliken binnen deselde famylje, meastal tusken neven en nichten.
2. Neikommelingen
Makket in lyst fan neikommelingen fan de N-de generaasje. Generaasje 2 binne de bern, 3 de bernsbern ensf.
3. Broers en Susters
Toant de broers en susters, bern fan syn/har heit en mem. Gjin heal-broers en -susters.
4. Sweagers en Skoansusters
Toant oantroude famylje, echtgenoaten fan de broers en susters.
5. Omkes en Muoikes
Toant de Omkes en Muoikes fan de persoan, dat binne alle broers en susters fan syn/har heit en mem.
6. Neven en Nichten
Neven en Nichten, bern fan de Omkes en Muoikes.
7. Omke of Tante sizzers
Eltsenien dy Omke of Tante tsjin de persoan seit, bern fan syn/har broers en susters.
Besibbens
In helpmiddel om de theoretyske genetyske besibbens fan 2 persoanen te berekkenjen. De presysens hynget ôf fan it tal mienskippelike foarâlden yn de database. Dêrtroch is de presysens it bêst by minsken fan 1 fan de 4 stamfamyljes, te witten; van der Veen, van der Meulen, Kamstra en van der Wal. Minsken om de persoan mei te fergelykjen steane yn in lyst dy automatysk oanmakke wurd by it besjen fan minske-siden en it sykjen nei minsken. Dêrneist kin it id fan in persoan ynfolle wurde.
Undersocht wurd of minsken lineêr, persoan 1 is dan in neikommeling of in foarâlder fan persoan 2, of kollateraal besibbe binne, persoan 1 en persoan 2 hawwe dan 1 of mear mienskippelike foarâlden.
De útslach lit eventuele mienskiplike foaralden sjen, mei de graad fan ferwantskip. Dat binne de generaasjes tusken beide persoanen by lineêre besibbens, of de som fan de generaasjes tusken persoan 1, persoan 2 en de mienskiplike foarâlder(s) by kollaterale besibbens. Dit wurd per persoan oanjûn mei G1=(graad) en G2=(graad). It is mooglik dat de foaralden faker dan 1 kear foarkomme by ien of beide persoanen. Meastal is dat it gefolch fan neef/nicht houliken yn tuskenlizzende generaasjes. Wy sprekke dan fan meardere linen nei deselde foarâlden. Dat wurd oanjûn mei L1=(linen) en L2=(linen). L=2 is normaal, betsjut 1 mienskippelik foarâlder echtpear. De útslach fan it ûndersyk is de genetyske besibbens tusken beide persoanen yn prosinten.