DE EARSTE IEUWEN

YNHALD

Foaropwurd:


It liket krekt as of‛t wy fan de earste ieu, troch de efangeeljes en de hannelingen, hast alles ôfwite, mar dat is mar skyn. De hannelingen en de apostoalyske brieven en de iepenbiering fan Johannes, dan binne we wol sawat oan it jier 80 of 90 ta, mar dan wite we noch mar in hiel lyts, iensidich bytsje fan wat der krekt mei en yn‛e tsjerke bard en sein is. Oer de twade ieu is noch folle minder bekend, omdat der in protte slimme ferfolgingen wienen en earst healwei de tredde ieu komt der wer wat mear ljocht. Faaks wie it dus better en gean oan‛t de fjirde ieu, mar in lochyske grins is der dochs net. Wy sjogge dus wol hoefier we komme.

Dochs binne krekt dy earste ieuwen fan grutte betsjutting foar de koerts dy‛t de tsjerke letter gie.
Fansels binne de measte en wichtichste dingen troch it bestudearjen fan de tsjerkeskienis wol te achterheljen, mar skiednis wurdt altyd skreaun troch de ‛oerwinners‛ en jouwt dus net mear as in heale, iensidige, wierheid, werfan it sprekwurd seit: In heale wierheid is slimmer as in hiele leagen. Dat wol sizze dat wy altyd foarsichtich wêze moatte mei it ferslach fan skiednis skriuwers en ek nei de oare kant sjen moatte, en krityske fragen stelle oer ferskiinsels dy‛t net mei harren ferhaal klopje.

En in ieu komt ek net samar út‛e loft fallen, dus kinne we net by it jier 1 begjinne, mar moatte earst wat fierder tebeksjen om te begripen wat der op dat momint allegear spile.

Foar safier bekend, is de tekst fan de bibelboeken oan‛t en mei de Kronieken ûntstien yn Babel yn de tiid fan de ballingskip. Hja sille grif net allinne basearre wêze op oerlevering, grif hawwe der ek al eardere geskriften en boeken west, guon wurde ek neamd en oanhelle, it boek fan de "Oarloggen fan de Heare" (num. 21: 14) en it boek fan "De Oprjochte" Jashar (Joz. 10:13;2 Samuël 1:18)
en de "Wurden fan Hosai" of Chozai. (2 kroniken 33;19); "de skiednissen fan Samuël en fan Nathan de profeet" ( 1 kron. 29;29)der sille grif mear fan dat soarte west ha, mar dy hawwe de Canon fan de Joadske geskriften net helle. Dat wol sizze, dat hja dêrta net betrouber genoch achte waarden, of tsjin de doedestiidske lear yngienen.

DE BALLINGSKIP


It is dus net sa frjemd om foar in studzje fan de earste ieuwen fan it Kristendom, te begjinnen by de ballingskip; omdat alles dat wy hawwe oan âld testamentyske bibelteksten, dêr‛t ek de earste kristenen har op berôpen, yn en troch de ballingskip en fuort nei de ballingskip ta stân kaam binne.

As der ien folk is yn de wrâld dat ûnderfining hat mei ballingskip, dan is it Israel.
En der is ek net ien folk dat sa tekene is troch ballingskip en de gefolgen dêrfan, as Israel, yn syn godstsjinst, kultuer, skiednis en folksbestean.
It is in grut wûnder, dat dat folk nei safolle ieuwen noch bestiet, en syn identiteit en in grut part fan syn kultuer en godstsjinst behâlden hat. Al sil de ynhâld derfan troch de ieuwen wol  feroare wêze.
Sa is de ballingskip foar Israël, en foar de joaden fan hjoeddedei, it wichtichste skoft fan har skiednis west. Har tinken oer folk, godstsjinst en takomst en de posysje fan it folk, is yn en nei de ballingskip folslein ferskillend oan de tiid dêr foar.

BALLINGSKIP

Faak wurdt der sprutsen oer in Babyloanyske ballingskip fan 70 jier, mar dat is mar in part fan it ferhaal. De fuortfieringen fan de tsjien stammen begûnen al yn 744 f.K. mei ferfolch yn 733,722 en 720. Hieltyd giet it foaral om de ‛ôffallige‛ vazal-kening en de hegerein en har oanhang en famylje, en it leger; dy‛t oerbrocht wurde nei ferskate plakken yn Asyrië en foar in part ferfong troch út oare plakken ferjage minsken, dy‛t har fermongen mei it oerbleaune folk ta de Samaritanen.
De fuortfiering fan Judea begûn yn 650 f.K, en dêrnei 608, 604, 597 en 586, doe‛t  Jerusalem en de timpel ferwoaste waarden. Ek dêr gie it hieltyd om de ûntrou wurden vazal-kening mei syn hofhâlding, famylje, en oanhingers, dus foaral de lieders en bestjoerders, en it leger. En nim mar oan dat der yn de measte gefallen ek in protte foaral jonge minsken, feinten en fammen as bút meisleept binne, om dy op ‛e merk as slaven te ferkeapjen.
En yn 581, nei de moard op Gedalja de babyloanyske steedhâlder, flechte noch in protte folk mei de profeet Jeremia nei Egypte.
Hoewol it yn beide gefallen troch de jierren hinne om tûzenen gie, moat men dochs oannimme dat it grutste part fan it folk ûnder frjemde besetting, berôve fan syn lieders en geastliken, achterbliuw. Earst yn 516 wurdt de timpel wer ynwijd, en earst yn 444 begjint Nehemia mei de weropbou fan Jeruzalim. Dy ballinskip giet dus oer in skoft fan 300 jier.

En noch gjin 500 jier letter, nei de ferwoasting fan Jeruzalim yn 70 en 135 nei Kristus, begûn der in folle langere ballingskip, der‛t de joaden troch ferstruid waarden oer de hiele wrâld. Hoe‛t hja yn dy ferstruiing bestean bliuwe koenen, dat hienen hja leard yn de ballingskip, en sa besteane hja noch, en binne rûnom yn ‛e wrâld noch bysteat har identiteit te bewarjen, en sels om yn har heitelân wer in steat te foarmjen. De tsjerke, bang foar har takomst, soe der in foarbyld oan nimme kinne.

DE SITEWAASJE FOAR DE BALLINGSKIP

Judea en Israel wienen twa ferwante, mar meastal fijannich tsjin inoar oersteande rykjes.
Gjin selstandige, mar vazalsteaten fan it op dat momint machtichste wrâldryk, Egypte, De Hetieten, Assur, Babel, de Perzen, ensafh, wa‛t dêr op dat stuit mar de macht hie.
Har keningen koenen dus net mar dwaan wat hja mar woenen. Hja moasten skatting opbringe, en soms mei in leger helpe yn ‛e oarloch.
En de god fan de hear is mear as de god fan de feint, dat se moasten as teken fan trou neist har eigen god of goaden, yn har timpel ek in byld of in alter hawwe foar de god fan de hear. It idee dat it lân har fan God skonken en harres allinne wie, dêr‛t gjin plak wie foar oaren, wie lang net sa sterk as nei de ballingskip. De wet gebea ommers altyd noed te stean foar de wees, de widdo, en de frjemdling.

Harren ferbliuw yn Egypte wie ek al op in soart ballingskip útdraaid, en de ferlossing dêrút wie yn Assyrië en Babel wêr ynspiraasje om de moed net te ferliezen en de hoop waarm te hâlden. Dat sil de oanset jûn hawwe om dy âlde ferhalen en oerleveringen te sammeljen en op skrift te stellen. Guon derfan bestienen al as boeken, dêr‛t út oanhelle wurdt, mar dy‛t net bewarre bleaun binne.

Wat hja foar de ballingskip oan hillige boeken hienen, kin men mooglik sjen oan de Samaritaanske Thora. Teminsten ast dy Samaritaanske Thora de tekst is fan foar de ballinskip en net nei de ballingskip fan de Joadske Thora oerskreaun is. De Samaritaanske ferskilt nochal wat fan de Joadske.
En út de klachten fan de profeten, en út de gebrûken yn Elephantine, beskreaun yn de Assoean papyri, kriget men in byld fan de godstsjinst yn de tiid fan foar de ballingskip.
Neffens de klachten fan de profeten wie it lân fol fan ôfgodstsjinst en ôfgodsbylden, dêr ‛t sels guon fan yn de timpel yn Jerusalim opsteld stienen. Dat wie yn de tiid fan de rjochters al sa, it hie faaks altyd sa west.
Op it eilân Elephantine, yn de Nyl, fuort by Asoean, op ‛e grins mei Kûsh, wie in festing mei in besetting fan joadske soldaten earst yn egyptyske, letter yn persyske tsjinst, mei dêrby in joadske koloanje mei in JHWH timpel en prysters. Neist JHWH, dêr skreaun as Joha waarden ek neamd Anatjoha, Anatbetel, Asambetel, Herembetel. Allegear útgongen mei ‛god‛ Anat is wierskynlik in goadin. Dat hja ek yn Judea fereare waard blykt wol út plak nammen as Anathot en Bethanië. Dêr binne in tsiental papyrus rollen fûn mei ynformaasje oer dy koloanje.Te finen ûnder "Syene papyri" of "Elephantine papyri" en yn de dissertaasje  fan Dr C.G. Wagenaar. "De Joodsche kolonie in Jeb-Syene"
It wie de godstsjinst sa as hja dy út Judea meinaam hienen, en dat wie dus gjin strang monotheistyske.

FRJEMDLINGEN YN IN FRJEMD LAN

De omstandichheden yn de lannen dêr‛t hja, yn dy earste ballingskip, hinne tôge waarden wienen foar harren tige ûngelyk. Guon kamen oan it hof te lâne, lykas Daniël en syn maten, en wûnen letter hege posysjes yn it ryk. Oaren, dy‛t op it plattelân, oan ‛e rivieren en befloeiingskanalen tewurk steld waarden, sille foaral yn it begjin in plak as dwangarbeiders hân hawwe. Letter nei de fal fan Babel, yn de perzyske tiid, lykje hja frijwat yn ‛e geunst te wêzen by de Perzen, sels sa dat hja Koares harren Messias neame. Omdat hy harren frij joech nei har lân werom te gean.
Hja liken har doe frij bewege te kinnen en it sa goed te hawwen, dat in grut part fan harren yn Babyloanië bliuw en net nei it ferwoaste heitelân, dat hja allinne út ferhalen koenen, werom woenen. Mar ek fuort by it begjin al stienen hja dêre oan de Kebar, ‛it grutte kanaal‛ by Nippur, dêr‛t de profeet Ezechiel ta hâlde, ûnder it bestjoer fan har eigen âldsten.
Dêr oan it grutte kanaal troch Nippur is op in heuvel de kelder fan in villa opgroeven, dêr‛t in argyf yn spikerskrift fûn is fan mear as 700 kontrakten en oarkonden fan de firma Murashu‛ soannen, rike mooglik Joadske bankiers, dy‛t jild lienden en útlienden, befloeiingskanalen en lân en huzen ferkochten en ferhierden, oan minsken mei faak joadske nammen, wêrfan it oantal joadske nammen yn it lêst folle grutter is as earst. In teken fan tanimmend joadsk nationaal besef en fan in wolfarrend en drok saaklik libben, yn in lân- en túnbou-gebiet.

FAN IN AMTLIKE NEI IN PERSOANLIKE GODSTSJINST

Hie foar de ballingskip de godstsjinst foaral bestien út de tsjinst yn de timpel, it wurk fan spesjalisten de hegepryster, prysters en leviten. By it gemis dêrfan waard it leauwen en de tsjinst fan JHWH, folle persoanliker. Derneist sochten hja dêr‛t dat koe, sa folle mooglik stipe by mekoar, dêr‛t, doe‛t hja it frij krigen om de sabat te hâlden, de synagoge út ûntstie.  Foar de tsjinst yn de synagoge wienen hja de hillige thora rollen nedich, oft hja dêr fuort al guon fan meinaam hienen, of dy letter ophelje litten hawwe, is net bekend, mar hja hawwe se dêre om elke synagoge te foarsjen grif faak fermearderje moatten. Derneist hawwe hja, út besteande boeken en bekende ferhalen, de boeken fanôf Jozua oant en mei de Kroniken, dêre yn de ballingskip skreaun of opnij opmakke. En ek in grut part fan de psalmen en profeten ha mei de ballingskip te meitsjen.
Dat joech harren it gefoel dat God by harren wie. Want hja sieten mei slimme fragen.

Hoe hie harren, it útkard folk fan JHWH, soks oerkomme kinnen! Dat moast wol komme fan harren sûnde en ûntrou, yn striid mei de wet fan Moazes, it ferearjen fan ôfgodsbylden fan hout en stien, brûns of goud, ynstee fan de ienige wiere God, de Skepper fan de wrâld.
Sa krige dus de ûntrou fan it folk oan God, de skuld fan har lijen.
En dus net har sucht nei nationale frijheid, dy‛t hieltyd de keningen, net allinne fan Israel, mar ek fan de lytse folken dêromhinne, der ta brocht hie, as hja mar in kâns seagen, om te besykjen ûnder it jok fan har machtige ûnderdrukkers út te kommen.
En net de ûntrou fan de vazalkening oan syn hear, en net de wreedheid fan de ûnderdrukker, dy‛t harren út har lân sleept hie. Net de dieders, mar de slachtoffers!
Nee, dat allegear seagen hja as gefolgen fan har ôffal as folk, de ek troch it folk as kwea en skuld oanfielde ôffalligens fan it ferbûn mei God. Dat skuldgefoel joech oanlieding ta berou, en it freegjen om ferjouwing en genede.
En dêrút ûntstie de niging en it foarnimmen, om no foartoan yn suverens en oprjochtens nei Syn wet te libjen, as hja werom gean mochten nei harren eigen lân.
Ut Ezra en Nehemia en de lêste profeten, dy‛t nei de ballingskip ûntstienen, kin men lêze hoe earnstig se dat namen. En hoe‛t hja besochten alle frjemde goaden, en sels frjemde froulju út te suverjen. En út de lettere skiednis blykt dat hja it as de slimste mislediging fan harren godstsjinst oanfielden, as immen har frjemde goaden of ôfgodsbylden optwinge woe.

It gemis fan eigen lân en timpel makke dat hja har godstsjinstige riten alhiel oanpasse moasten. Yn in frjemd lân, foar harren gefoel, ûnder de macht fan frjemde goaden.
Mar tagelyk stienen ek yn dy frjemde lânnen, troch it fermingen mei safolle frjemd folk, de eigen godstsjinstige begripen en foaral de ferearing fan bylden yn ‛e kiif. Der wie al in skoft in grutte godstsjinstige feroaring oan ‛e gong, by de Perzen, by de Griken, yn Israel en yn Egypte.


DE GRUN FAN ISRAELS FERTROUWEN

In boekje fan W.A.M.Beuken "Abraham weet van ons niet" mei as ûndertitel "De grond van Israels vertrouwen tijdens de ballingschap", luts myn oandacht fanwege dy ûnder titel.
It is in stikje fan de tekst fan Jesaja 63:16:  Bliuw der dochs net kâld ûnder, Jo binne ús Heit ommers, al ken Abraham ús net en sjocht Israel net nei ús om, Jo, Heare, binne ús Heit, ús Ferlosser, dat is Jo namme fan âlde tiden ôf.
Dat is in tekst út it gebed fan in boetfeardige, fan Jes. 63:7 oant 64:12.
Dy tekst wol net sizze dat dy âlde deade ôffaars neat mear foar it folk betsjutte kinne, mar dat hja  dat folk om syn ûntrou oan God net mear as har bern erkenne.
Beuken jout as foarbyld fan in bettere útlis in ferhaal fan Rabbi Samuel bar Nachmani:
Yn de takomstige wrâld sil de sil de Hillige, mei Hy segene wêze, tsjin Abraham sizze: "Dyn bern hawwe tsjin my sûndige. En Abraham sil antwurdzje: "Hear fan de wrâld, meie hja dan ferneatige wurde foar de eare fan Jo Namme." Dan sil de Hear by Himsels sizze: "Lit ik it Jacob freegje, want hy hat fertriet hân by de opfieding fan syn bern, faaks sil hy my freegje barmhertich te wezen." En dan sil hy tsjin Jacob sizze: "Dyn bern hawwe tsjin my sûndige."  En Jacob sil sizze: " Hear fan de wrâld, meie hja dan ferneatige wurde foar de hilliging fan Jo Namme."  Dan sil de Hear by Himsels sizze: De âlden binne net wiis en de jongerein hat gjin oardiel. Dan sil Hy tsjin Izaak sizze: "Dyn bern hawwe tsjin my sûndige." En Izaäk sil antwurdzje: "Hear fan de wrâld, binne it dan allinne mar myn bern, binne it net likegoed Jo bern? Doe‛t hja foar Jo antlit  ‛wy sille dwaan‛ keazen foar ‛wy sille harkje‛ (Ex 24:7) doe neamden Jo har: ‛Myn earstberne soan‛, (Ex 4:22) en no soenen it allinne myn bern wêze, en net mear Jowes?
Dan sille de bern fan Israel tsjin Izaäk sizze: "Jo binne ús heit." Mar Izaäk sil sizze: "Loovje net my, loovje de Hillige, Hy mei segene wêze." Hy sil har wize op God, en hja sille de eagen opslaan nei de Allerheechste en sizze:" Jo binne ús Heit, ús Ferlosser, dat is Jo namme fan âlde tiden ôf."
In prachtige manier fan tekst útlizzen! It wol sizze dat it folk yn ‛e ballingskip learde dat har wanhoop, omdat hja yn in frjemd lân wienen fier fan Israel en dus ek fier fan de God fan Israel, dy‛t hja doe noch as in oan syn lân bûne godheid seagen, feroare yn hoop doe‛t hja learden dat God ek dêr fuort by har wie. As der mar ien God is, Dan is Hy de God fan de hiele wrâld en makket it neat út wêr‛t jo binne yn ‛e wrâld. Hy is tichte by dy‛t Him sykje.
Dat wie de boarne fan har hoop, dy‛t har steande hâlde, dêr yn de ballingskip yn Babel en yn Assur en Egypte, en rûnom dêr‛t hja hinne ferstruid rekken yn letter ieuwen.

Literatuer:
Beuken, W.A.M. Abraham weet van ons niet. Callenbach Nijkerk 1986
Van der Zee, G. De Ballingschap. J.H.Kok Kampen 1931

 MODERNISEARRING OF TRADYSJE

WEROM NEI IT HEITELAN

Ut alle ferslaggen fan it wêromgean fan de ballingen blykt wol dat it mei grutte problemen te krijen hie. Under de ballingen yn Babel waard frijwat ûngelyk tocht oer weromgean. Guon hienen it dêr bêst, en hienen dêr hege posysjes oan it perzyske hôf of oars yn perzyske tsjinst. Oaren hienen dêr in goed bestean opboud yn‛e lânbou of de handel en soks kin men  net meinimme. Boppedat tochten se hiel ûngelyk oer de nije godstsjintige ideën fan ‛wetgelearden‛ as Ezra en Nehemia, dy‛t útslutend offertsjinst tastean woenen yn de nij te bouwen timpel.

DE OANLIEDING NEFFENS FLAVIUS

De earste groep dy‛t werom gie stie ûnderlieding fan Serubabel en de pryster Jesjua.
Folgens Flavius Josephus wie de oanlieding sa. Yn it earste jier fan Darius ‛de Pers‛ hie dy, nei in feest, sa‛n lêst dat er net sliepe koe. Syn liifwachten liet hy doe in wedstriid hâlde yn it oplossen fan problemen. De fraach wie. Wat is it sterkste, de drank, de kening, de frou, of de wierheid. Wa‛t it wûn mocht freegje wat er woe, de kening soe it him skinke.
 De earste sprekker tocht dat de wyn de sterkste wie: Dy‛t yn syn goede en ferkearde útwurking alle minsken, sels de machtichste kening, de baas is.
De twadde sei: Mar de kening is machtiger as sokke dingen dy‛t allinne lykje wat krêft of wysheid te hawwen. Der binne minsken dy‛t de ierde en de see en de wyldste bisten betwinge. En oer sokke minsken hearsket de kening, hy beslist oer har libben en dea en nimmen doart him te wjerstean. Hy is dus de machtichste en net te oertreffen.
De tredde wie Serubabel, hy sei: "Mar der is gjin kening of hy is berne út in frou, en sûnder frou hat syn geslacht gjin takomst, al is hy noch sa ryk, as hy in moaie frou sjocht is hy ree al syn rykdom dêr foar te jaan, ja sels syn libben. Ik seach dat syn frou  Apame him yn it gesicht sloech, syn kroan fan‛e holle pakte en dy sels opsette. As hja lake lake hy, as hja lulk waard wie hy fertrietlik en fernedere hy himsels om it wer goed te meitsjen. In frou is folle machtiger as in kening.
De mannen seagen mekoar ris oan; doe gie hy fierder: Mar de wierheid is sterker as wyn, keningen of froulju. Want hoe grut de wrâld wêze mei, en hoe heech de himel, hoe hurd de sinne rinne mei yn har baan, al dy dingen bewege neffens it wollen fan God. Hy de rjochtfeardige is De Wierheid. Alle oare dingen, dy‛t lykje wat krêft te hawwen binne fergonklik. De wierheid is ûnfergonklik en ivich. Hja skinkt ús net de skientme dy‛t foarby giet of de rykdom dy‛t fergiet, mar rjochtfeardige regels en wetten en bringt it ûnrjocht oan it ljocht. Dêrom sille wy beslute moatte dat de wierheid it sterkste is dat bestiet.
Hja oardielen dat Serubabel it wûn hie. Doe frege de kening wat hy winske, en doe brocht hy de kening yn‛t sin, dat dy sward hie dat hy as hy ea kening wurde mocht, Jerusalim en de timpel dêr yn wer opbouwe litte soe, en alles wêrom jaan dat Nebukadnessar dêr út rôve hie. Syn winsk wie no dat de kening syn eed neikaam. En de kening die sa‛t er sein hie.
Sa rekke Serubabel dus opreis. It ferhaal kloppet net alhiel mei de skiednis, mar dêrfoar is it in ferhaal.

DE LEVITEN

Flavius Josephus klage dat der mar in handsjefol wêrom gienen fan de mannichten dy‛t der yn Babel en Assyrië tahâlden. Opfallend wie dat der sa‛n bytsje Leviten mei wêrom gienen. Mar 74 by de groep fan Serubabel. By Ezra syn groep wienen alhiel gjin Leviten, hy moast der apart op út om ek wat Leviten mei te krijen, en ek doe wienen it mar in mannich en dan faaks allinne mar guon út Jeruzalim en timpel tsjinners, dy‛t as aanst de nije timpel ree wie wis wienen fan ynkommen.
Foar de ballingskip wienen de leviten foaral de geastliken fan it plattelân. Dy‛t de minsken de wet en de tradysjes learden en de earetsjinsten op de offerhichten by elk doarp of sted ferfulden. Elk plak fan betsjutten hie foarhinne in hichte mei in alter, dêr‛t elk hinne reizge mei syn tsienden en in laam of skiep of in jonge bolle, om dy dêr op de hichte ritueel te slachtsjen, it foarskreaune part op it alter te offerjen, en it oare sean of bret dêr as offermiel te iten en dat feestlik mei famylje en doarpsgenoaten te fieren. Dat soe tenei net mear meie. En dat sil makke hawwe dat in protte Leviten it net mear sitten seagen.

IT LANFOLK

En de minsken dy‛t werom kamen waarden ek net mei jûchhei ynhelle. Wol lei der noch in protte yn pún en foar wyld, mar fierwei it measte en bêste hie allang oare eigeners en dy sieten net te wachtsjen op minsken dy‛t bewearden dat it 80 jier ferlyn allegear harres wie en it no dus wer opeasken.
De prysters en it oare timpel persoaniel wie alhiel ôfhinklik fan de offerfeardigens fan de minsken yn it lân, oars hienen se gjin bestean. Mar doe‛t dy fregen om mei helpe te meien om de timpel wer op te bouwen, woenen hja dat harren net tastean, omdat se yn har eagen  heidens en ôfgodstsjinners wienen, hoewol‛t dy, nei wierheid, bewearden dat hja de god fan Israël tsjinnen neffens de wet fan Mozes en fierwei de measten wienen fansels ek gewoan Israëliten of Judeers dy‛t yn it lân oerbleaun wienen.
Yn wêzen wie dit de tsjinstelling fan de tradysjonele minsken, dy‛t it graach hâlde woenen sa as it altyd west hie, tsjinoer de minsken dy‛t de moderne ideën dy‛t hja yn Babel opdien hienen, der radikaal trochdrukke woenen: Der is mar ien God JHWH! Dus fuort mei al dy âldfrinzige dingen as ôfgoaden en  byldetsjinst. Mar ien timpel yn Jeruzalim, en dêr moast tenei in elk dy‛t mei dwaan woe komme, om syn tsienden te bringen en minstens trijris jiers om te offerjen.
No moat men net tinke dat de measten dat in swiere ferplichting fûnen, fansels moast der ek offere wurde, mar it wienen foaral feesten trijeris jiers. Men noege famylje, freonen en kunde om dêr meiinoar hinne, it jongfolk foarop fansels, sjongend en dûnsjend! En safier wienen de ôfstannen yn Judea ek net. Foar de measten wie it yn ien dei te gean. En de ôfstân blykte yn lettertiden ek foar minsken fan omfierens gjin beswier om út en troch nei Jeruzalim te reizgjen al sille se út sokke plakken gjin trijeris jiers kaam wêze.
It djipte punt wie it fuortstjoeren fan de frjemde froulju en har bern (Ezra 9,10;Neh.13:23-29).
Dat kaam troch har eangst, dat ferminging mei al dat frjemdfolk wer ta ôfgoaderij liede soe.
Dizze dingen makken dat in protte fan it lânfolk har tsjin de ballingen kearden. En dat wie ien fan de oarsaken fan de tsjinstân dy‛t de ballingen ûnderfûnen by it weropbouwen fan de timpel en de stêd, en neitiid fan in protte wriuwing en ellinde tusken de buorlju, eins bruorren fan ien folk, de Joaden en de Samaritanen. Beide nammen fan nei de ballingskip.
Men soe sizze, hja hienen better besykje kinnen it meiinoar te roaien, dat hie in protte ellinde doe en letter foarkomme kinnen. It lânfolk hie stadich oan wol meigien, sa as letter wol blyken die, want ek by de Samaritanen fûn men letter gjin ôfgoaden mear en yn har Pentateuch hawwe hja Deuteronomium ek oernaam.
De striid gie der letter allinne noch oer wa syn timpel de "echte" wie, sa as we hearre by it petear fan Jezus mei de Samaritaanske frou. It is trouwens opfallend hoe myld Jezus is yn syn oardiel oer Samaritanen, sa dat Er de joaden in Samaritaan ta foarbyld stelde as barmhertiger as in pryster en in levyt, mei as gefolch dat guon him foar in Samaritaan útmakken. 

DE KOLOANJE YN JEB

Ek de joadske koloanje op Elephantine krige mei dy radikale útsluting te meitsjen. Hja hienen yn reedlike frede mei har egyptyske buorlju libbe, troch respekt te toanen foar dy harren wjerraks tsjin it offerjen fan bisten, foaral skiep, Cnoeb wie de god mei de rammekop, en syn prysters fûnen it offerjen fan rammen dêrom in mislediging fan harren god. Derom hienen de joaden yn har hillichdom yn Jeb altyd allinne mar wijreek en spiisoffers brocht. Oant yn 418 fK kening Darius harren in boade stjoerd hie, Hananja, mei de opdracht om foar de kening en syn hûs te offerjen en te bidden, en ta modernisearjen fan de earetsjinst mei regels foar it peaske- en it leafhutte- feest en dy‛t dêrby mooglik oantrúnt hie peaskelammen te offerjen. Nei in skoft fan spanningen dy‛t dêrtroch ûntstien wienen, hienen de prysters fan Cnoeb yn 410 fK, doe‛t it perzyske ryk wat yn‛e problemen siet en de lânfâld nei de kening wie foar oerlis, de opperbefelhawwer fan it leger omkocht om it joadske hillichdom te fernielen. Wol hie de lânfâld de skuldigen straft, mar hy hie ek de joaden ferbean it hillichdom wer op te bouwen.
Derom hienen Jechonja de pryster en syn amtgenoaten in delegaasje mei in brief nei Jeruzalim stjoerd om help te freegjen, mar hja hienen net iens antwurd krige, dat betsjut dat se har net iens te reden stean woenen.
Doe krige Bagoses de perzyske befelhawwer yn Jeruzalim fuort neitiid spul mei de hegepryster Jochanan, omdat dy syn broer Jesjua syn konkurint foar dat amt, by in rúzje yn‛e timpel fermoarde hie. Dêrby skeinde Bagoses de timpel omdat hy, as heiden, it hillige yn gien wie. En doe‛t hja him keare woenen ferûntweardige sein hie, dat dat dochs net te ferlykjen wie mei de ûnthilliging troch de moard, dy‛t de hegepryster oan syn eigen broer, begien hie, dêre yn it hillige. En hy hie de timpel foar 7 jier in skatting oplein as boete.
Doe seagen se yn Jeb in nije kâns en stjoerden in delegaasje nei Bagoses en de lânfâld Sanballat, neffens Ezra en Nehemia harren grutte tsjinstanner. Mar in trou tsjinner fan JHWH sa as blykt út de nammen fan syn soannen Schelemja en Delaja. Sanballat wie al sa âld dat syn soannen it amt waarnamen. Dy wienen wol ree om maatregels te nimmen en joegen ferlof oan de joaden en opdracht oan de lânfâld yn Egypte om it hillichdom yn Jeb wêr op te bouwen. Dat is der net mear fan kaam, in pear jier letter wie it mei de perzyske macht yn Egypte dien.

IT FERFOLCH

Maklik hie it foar de werom giene ballingen net west, hja hienen in protte tsjinstân hân en oproppen. Mar de timpel en de stêd wienen wer opboud. Hja hienen wol gjin eigen Judeeske steat. Mar de ferhâlding mei it peryske ryk wie oer it algemien tige goed. De perzyske keningen dienen har bêst yn har grutte ryk alle godstsjinsten wolwollend temjitte te kommen, hja skonken jild en guod om yn alle timpels offers foar de kening en syn hûs bringe te litten. Hoewol‛t hja sels mear of minder strang it parsisme oanhongen, besochten hja net dat mei geweld yn te fieren. Omdat dat hast in monotheisme wie, hienen de Joaden en Samaritanen dêr wol respekt foar, en dat wie blykber oer en wer.
It wie seker net altyd frede, mar de oarlogen spilen har meast op ôfstân ôf, en der wienen ek tiden fan grutte foarspoed en wolstân, sa as der yn dat grutte ryk, fan de Indus oant Libië en de Egeyskesee nea earder bestien hie. Oan‛t oplêst it ryk, troch tanimmende korrupsje, hof yntriges, en ôfnimmende wolfeart, sa swak waard, dat it troch Alexander de Grutte ferovere wurde koe, en dat brocht wer in hiel oare tiid en kultuer.
Yn it begjin fan it perzyske ryk, ûnder Darius de Meder spile it ferhaal fan Daniël en yn de tiid fan Xerxes I Ahosvearos it ferhaal fan Ester en Mordechai en Haman, de ûnderkening dy‛t de Joaden útroeie woe. It koe gelokkich troch tuskenkomst fan Mordechai en Ester foarkaam wurde. Dêr‛t it Purimfeest in betinking fan is.
Ek waarden yn dy tiid de lêste boeken fan de Tenach, it Alde Testamint skreaun. De Kroniken, Ezra, Nehemia en de lytse profeten Haggai, Sacharja, en Maleachy. Neffens de joadske tradysje soe de skriuwer Ezra de boeken Kroniken en Nehemia skreaun hawwe en de oare boeken byinoar socht en oardere hawwe. Dermei wie de hillige skrift ôfsluten.
Boeken dy‛t letter skreaun waarden krigen net mear dy autoriteit fan hillige skrift.
Mar de geastlike ûntjouwing fan de minsken stiet nea stil, men kin it evolúsje, wiisbegearte, iepenbiering of ynspiraasje neame, it ûntstean fan nije ideën en tinkbylden giet altyd troch.
En dus ek de kar tusken fernijing en tradysje. Beide tige weardefol foar minsken, mar it bliuwt nea en kin nea bliuwe sa as it wie. Hifkje dus de geasten, sei de apostel Johannes, of‛t hja út God binne. Of‛t hja liede ta it wollen fan God: ta leafde, barmhertigens, rjoch en frede.

Literatuer: Flavius Josephus: Joadske Aldheden boek 11 en
        C.G.Wagenaar:De joodse kolonie Jeb-Syene


IN NIJE TIID



Soms liket it as oft der in brek yn‛e skiednis sit, as oft der in folslein nije tiid komt. Sa‛n brek like der ek te wêzen by de komst fan Alexander de Grutte. Oeral yn it middeneasten belibben de minsken dat as in nije tiid. De wrâld like grutter te wurden as it eigen gea allinne.
Ek foar de goaden waarden de naasjes te lyts, der begong in gefoel te kommen fan der bin wol in protte nammen, mar eins is der mar ien God. En dat is dan dus in God foar de hiele wrâld.
It âlde begryp fan in oan in plak of in lân bûne godheid waard al yn‛e perzyske tiid  oantaast troch it begrip God fan de Himel. Al dy oare goaden bleauwen wol yn eare, mar waarden mear en mear beskôge as ferskate aspekten en eigenskippen fan in unifersele godheid. Dat late ta hiel yngewikkelde godheidkonstuksjes, sa as men dat bygelyks útbylde sjocht yn de Pleroma fan de Pytagoreërs, út ien set en fûl bestriden troch Irenaeus fan Lyon yn syn boek 1 ‛Tsjin de Ketters"

ALEXANDER DE GRUTTE

Doe‛t de Macedoaniër Alexander sa dryst wie it folle gruttere en sterkere perzyske ryk oan te fallen en fuort de earste slach wûn, gienen de measte ynwenners fan it ryk der noch fan út dat hy by de folgjende slach tsjin de oermacht fan de Perzen wol belies jaan moatte soe.
It is tige de fraach of‛t hy fuort de bedoeling hie it hiele ryk te feroverjen. Ynpleats fan nei it sintrum dêrfan op te tsjen, gie syn earste fjildtocht bylâns de kust nei it suden. De befrijing fan de Ioniske steaten like syn earste doel, doet dat hiel maklik gie, besocht hy de havens yn hannen te krijen om de perzyske float yn de Middelânske see te isolearjen. En dernei socht hy help en helptroepen by de Syryske, Palestynske en Egyptyske folken, dy‛t him as in helper, befrijder en rêder ferwolkommen.
Doe‛t hy de foarmannen fan de oerhearske folken yn it westen oanskreau om him te helpen en de Perzen ôf te fallen, wienen de Egyptners en de Samaritanen dêr wol ree ta, mar de Joaden net.
De hege pryster wegere syn eed oan Darius te brekken en Alexander te huldigjen.

Mar doe‛t Alexander Gaza ferovere hie en op Jerusalim oan triek krige de hegepryster it tige benaud. Neffens it ferhaal by Flavius krige hy lokkich yn in dream oanwizing fan God om de stêd te fersieren, de poarten te iepenjen en mei de prysters yn har amtshabyt en de oare minsken yn it wyt, de kening yn in  feestlike optocht temjitte te gean en him te ferwolkomjen.
Alexander betoande eare oan God en begroete de hegepryster; en de joaden begroeten him mei lûd jûchhei. Elk stie fersteld dat it sa  noflik ôfrûn, mar Alexander sei dat hy dizze moeting earder sjoen hie yn de dream, dêr ‛t him yn opdroegen wie Perzië te feroverjen. En hy tanke syn sukses dus oan godlike lieding.
Mei it folk en de hegepryster gie hy te foet nei de stêd en brocht offers yn de timpel, dêr ‛t de prysters him it boek Daniël toanden dêr‛t syn feroveringen en de goede ôfrin dêr fan al yn foarsein wienen. Alexander joech de joaden tastimming neffens har eigen wetten en gewoanten te libjen. En besocht safolle mooglik joaden as helptroepen mei te krijen en in protte wienen dêr wol ree ta.  Sa like ek foar de joaden de nije tiid goed te begjinnen.
 
In wrâldhearsker as Alexander moast lykwols rekken hâlde mei alle goaden yn syn ryk, en de gefoelichheden fan alle minsken dêr om hinne. Dat die er dan ek. Hy betoande ear oan alle goaden yn syn ryk, en liet op syn kosten oan harren offerje. In gewoante dy‛t hy oernaam hie fan de Perzen, en dy‛t ek syn opfolgers oan‛t en mei de Romeinen oanhâlden.

Mar Alexander regearre net sa lang, mar 12 jier. En doe foel it grutte ryk yn stikken útinoar.
Dat joech in protte ûnrêst en striderij, eart de grinzen in bytsje fêst leinen en dus wie der foaral yn it begjin in protte oarloch en geweld. Doe‛t de grinzen wat regele wienen en it ryk wat ta rêst kaam gong de wolfeart hurd foarút.

IT HELLENISME

It kontakt fan al dy kulturen yn ien ryk fan de Adriatyske kust oant de Indus, fan Masedoanje oan‛t Egypte en Etiopië, fan de Grykske wiisbegearte en de natoer godstsjinten yn lyts Azië, de Babiloanyske stjerrewichelerij, it Parzisme en it  Indyske Hindoeisme Brahmanisme en Boedisme. It late troch synkretisme, (it oannimmen út oare kuluren wat jo wol oannimlik taliket en it ferlitten fan ideën dy‛t net mear oannimlik lykje, of út de "moade" binne) ta folslein oar godstsjinstige en soasjale begrippen.
  
En sa ûntstie der in nije kultuer, dy‛t we no it Hellenisme neame. Dêr yn krigen foaral Grykske wittenskiplike, theologyske en fylosofyske ideeën, dy‛t folle mear op de minske en op it praktyske libben rjochte wienen, de lieding. Der waard jild stutsen yn praktyske wittenskip en it byinoar bringen fan alle bekende kennis en wysheid.
Yn Alexandrië yn Egypte en yn Pergamum yn Turkije, ûntstienen grutte bybleteken.
Yn Egypte wienen de Ptolomeën oan‛e macht kaam. Blykber goede bestjoerders, want de wolfeart groeide dêr hurd.
Ptolomeus Lagus hie hiel wat joaden as kriigsfinzenen nei Eypte fierd, mar ek in protte joaden en samaritanen emigrearden dêr frijwillich hinne of melden har as hierlingen yn it leger.
Syn opfolger Ptolomeus Philadelphus stifte in bybleteek yn de nije haadstêd Alexandrië. Hy wie dwaande alle beskreaune wittenskip te sammeljen, fansels yn in timpel, en dat hiet op syn gryksk ‛Museon‛. Al yn de tiid fan de earste bybletekaris Demetrius Phalerius hie men dêr 200.000 boeken byinoar brocht, boekrollen fan papyrus. It groeide letter út ta mear as 700.000.
 Papyrus is nochal kwetsber, as it te droech wurdt brekt it, as it te damp wurdt fergiet it. Elk boek moast dus op‛e tiid wer oerskreaun wurde. Der wie dus in leger skriuwslaven oan it wurk om dat alles te ûnderhâlden. Ien fan de gefolgen wie dat der gebrek oan papyrus kaam, sadat de kening de útfier nei Pergamum ferbea. Yn Pergamum socht men doe om in ferfangend materiaal, en makke dat troch hûden fan keallen, skiep of geiten sa te behanneljen dat men der op skriuwe koe. Dat neamde men perkament, en it bliek folle djoerder mar ek folle duorsumer as papyrus te wêzen!

DE SEPTUAGINTA

Yn Alexandrië kamen hja ek op it idee de joadske hillige boeken oer te setten yn it gryksk en op te nimmen yn de samling. It ‛gewoane‛gryksk wie yn it hiele middeneasten de bestjoers- en hannels-taal wurden. Dat oersetten yn it gryks wie ek foar in protte joaden om utens nedich wurden, omdat dy it hebreeuwsk net goed mear behearsken. En der wennen neffens Flavius hast like folle joaden bûten as yn Israel.
Foar dat oersetten wienen  minsken  nedich dy‛t it gryksk goed yn‛e macht hienen en minsken dy‛t it âlde hebreeuwsk beheersken en de betsjutting fan dy boeken, wetten en profetsieën goed útlizze koenen.Om de joaden geunstich te stimmen hie de kening op rie fan syn riedslju earst alle joadske slaven frij kocht, en rike jeften skonken oan de timpel yn Jerusalim. 
Doe waarden, mei help fan de hege pryster,72 joadske skriftgelearden, 6 út elke stam, útnoege om harren hillige boeken oer te setten. Hja waarden let en set yn Alexandrië. Alles gie op kosten fan de kening, en sa slaggen hja der yn al dy boeken yn 72 dagen oer te setten.
Nei dy 72 waard dy grykske oersetting yn it Latyn LXX Septuaginta neamd, ‛de oersetting fan de santich‛ hja hat foar de fersprieding fan it joadske geastlike gedachteguod oer de wrâld fan hiel grutte betjutting west.

YNTERTESTAMINTAIR

Foar it earst hearde ik de útdrukking "Intertestamentair"foar de tiid tusken it Alde en it Nije Testamint. Dêr fine jo net safolle oer yn‛e bibel, as yn dy bibel de apokrive boeken net opnaam binne, want dy binne yn dy tiid ûntstien; gelokkich ha we dy yn de Nij Fryske Bibel Oersetting wol en yn de lêste jieren binne der hjir en dêr ek noch oare wichtige boarnen ûntdutsen, lykas de teksten dy‛t by Qumram fûn binne, dy jouwe ús in protte ynformaasje oer de ûntjouwing fan it geastlik libben yn Israel yn dy tiid fan goed 300 jier. En ek Flavius Josephus hat dêr ferskate haadstikken oer.

Dat ek it folk Israel beynfloede waard troch nije ideën blykt wol út geskriften dy‛t yn de tiid "tusken de testaminten" ta stân kamen. Yn boeken as Daniël, Tobit en it boek Henoch om in pear foarbylden te neamen, fynt men in hiel oar godsbyld as yn Genesis of de profeten. Boppedat is God dêr omjûn troch geasten dy‛t ingels neamd wurde, goede of fallene ingels, dy‛t nammen hawwe, en dy‛t út namme fan God of de kweade optrede.
Yn it boek Daniël komt noch in aspekt fan dy tiid foar, dizze tiid soe in tiid fan grutte ferdrukking wêze, foarôf geand oan de tiid fan de einstriid tusken de messias en de antimessias dy‛t we yn it nije testamint tsjin komme as antykrist. En dan sil it oardiel komme en dernei it himelske ryk. Men neamd dat eschatology, de lear fan de eintiid.

IT BOEK TOBIT

It boek Tobit fine jo yn de NFBO bibel fan side 1193 - 1103. It is in ferhaal, hast  in roman, noris net fan keningen, profeten of legeroanfierders, mar fan gewoane minsken yn grutte problemen en hoe‛t dy dochs wer oplost wurde en ta in lokkich útein komme.
De húshâlding fan de fromme israelyt Tobit wenne as ballingen yn Nineve, hja libben fan de hannel, en besochten de oare ballingen yn de stêd sa goed mooglik te helpen.Tobit en AnnaHja kamen yn swierrichheden doet Tobit syn wurk net mear dwaan koe doe’t hy blyn waard, trochdat hy waarme moskestront yn‛e eagen krige hie, doe‛t hy bûten sliepe moast omdat hy ûnrein wie, trochdat er immen begroeven hie. Syn jild rekke op, earst holp famylje noch wat, mar doe‛t dy ferhuze, moast syn frou Anna om wurk sykje yn de weefhuzen, en doe‛t se as wat ekstra‛s ris in geitsje krige hie, en hy har beskrobbe, dat se dat oannaam hie, makke se him slimme ferwiten. Dat brocht him der ta syn need yn in gebed oan God te kleien.
Yn Ekbatana yn Medië klage op dat selde momint in jonge frou har need yn in gebed ta God.
Al sân kear wie hja troud, mar elke kear stoar de man foar dat hy mienskip mei har hân hie.
En no narren har slavinnen har en seinen dat hja sels de oarsaak wie dat dy manlju stoaren.
No hie Tobit noch wat jild te goede fan in hannels relaasje yn Ragau yn Medië. Hy tocht, no ha ik al om de dea frege, mar ik moat earst myn soan Tobias ynljochtsje oer wat te dwaan as ik stjer, en him fermoanje goed op syn mem te passen en in goed libben te lieden en in fromme israelityske frou te sykjen. Tobias beloofde dat allegear, en frege hoe kom ik oan dat jild en hoe fyn ik dy man. Hy gie de stêd yn om immen te sykjen dy‛t it paad wist en him beselskipje woe. Hy fûn immen dy‛t sei Azarja te hjitten en famylje te wêzen fan dy man yn Ragau, sadat hy de wei dêrhinne wol wist. Hja praten ôf wat hy foar fergoeding hawwe soe.             de fisk
 En doe gie de reis oan, it hûntsje fan Tobias gie ek mei.  Doe‛t se by de Tigris oankamen en har wat ferfrisse woenen waard Tobias oanfallen troch in grutte fisk, hy koe noch krekt ûntkomme, mar Azarja sei, pak him! Dat die er en doe‛t hja him tamakken, hiet Azarje him it hert de lever en de galle te bewarjen, de fisk ieten se op.  Doe‛t se tichte by Ekbatana kamen woe Azarja hja soenen dêr by in man dy‛t Raguel hiet oernachtsje. Hy fertelde Tobias it drammatyske ferhaal fan de 7 houliken van Raguel syn dochter Sara. En it tocht him dat dat wol in geskikte frou foar Tobias wie. Dy rôp dêr net sa lûd oer, hy woe graach libben wer thús komme.                  
Dêr wist Azarja wol rie op. Hy soe har wol foar him freegje! Dat sy besleaten it te besykjen.
By Raguel wienen hja tige wolkom, hja blieken noch wat famylje te wêzen, en de dochter foel by Tobias sa yn‛e smaak, dat hy stie der by Azarja op oan te dwaan wat hy beloofd hie, want Tobias koe gjin hap troch de kiel krije eart dat regele wie. Dus frege Azarja oan Raguel syn dochter Sara oan Tobias as frou te jaan. It foarstel stie de âlden en de dochter tige oan. Elk wie it dêr mei iens, en dus joech Raguel syn dochter Sara oan Tobias as frou, hja skreaunen der in houliks kontrakt fan en fersegelen it. En doe koenen hja fuort oan it brulloftsmiel.
Nei it miel waard de breidskeamer reemakke. It wie tige spannend hoe‛t dat dy nacht ôfrinne soe.
Mar Azarja hie Tobias útlein wat hy dwaan moast. De oarsaak wie in jaloerske duvel, dy‛t dy manlju deamakke hie foardat se Sara oanrekke hienen. Hy sei: "Do moast hite wijreekjiske krije, der it hert en de lever fan de fisk oplizze. Dat jout in stank dêr‛t kweageasten net oer kinne. Hy sil fuort útnaaie en dêr silst yn ivichheid gjin lêst wer fan hawwe.
Sa sein sa dien. Mar Tobias en Sara, noch tige yn spanning, rjochten har yn gebed ta God om help en barmhertigens. En doe joegen hja har del ta harren houliksnacht.
Doe‛t Raguel de oaremoarns wekker waard doarste hy net sels te sjen of‛t Tobias de nacht oerlibbe hie, hy liet syn frou ien fan de fammen stjoere, dy seach dat hja beide rêstich leinen te sliepen en kaam mei dat berjocht by har frou. Raguel liet it grêf dat er foar de wissigens meitsje litten hie wer ticht goaie. Hy priizge God, en beoardere in brulloftsfeest fan twa wike.
Yn dy tiid liet Tobias Azarja nei Ragau gean om it jild te heljen, en doe‛t dy werom wie en it feest ôfrûn, gienen se net mei syn trijen, mar mei de helte fan Raguel syn besit oan fee, jild en slaven, wêrom nei Nineve.
Al mei al wienen se folle langer ûnderweis as ferwachte wie. Dat Tobit en Anna sieten slim yn noed en tochten har al ferûngelokke.
Tobit wurdr wer sjendeDoe‛t hja tichteby Nineve kamen gienen Tobias en Azarja foarút om alles thús ree te meitsjen. Hja namen de galle fan de fisk mei en dat smarden hja nei de begroeting Tobit op de eagen, en doe‛t hja it goed ynwreaun hienen foelen de wite plakken der as skilen ôf en Tobit koe wer sjen.  It wie grut feest yn Nineve, sân dagen hâlden hja ek dêr brulloft.
Doe‛t hja dêrnei Azarja syn lean jaan soenen, en him út tankberens de helte fan wat hja út Ekbatana mei naam hienen ta ha woenen, fertelde hy har dat hy net in minske mar de ingel Rafael wie, ien fan de ingels dy‛t de gebeden fan de hilligen foar God bringe. Hy priizge har foar har leauwe dat blykte út har goede dieden en fermoanne har Gods grutte dieden te ferkondigjen.      
                       It geheim fan in kening moat men stilhâlde,
                mar Gods dieden moatte ta syn eare iepenbierre wurde.
Doe‛t hja oereinkamen om him te betankjen seagen hja him net mear.

Dit wie tige ynkoart it ferhaal fan de famylje fan Tobit. Wa ‛t it nei lêze wol it stiet tusken de "Wysheid fan Salomo" en de "Wysheid fan Jezus Sirach". De rabby‛s rekkenen it dus ta de wysheids literatuer mei in opfiedkundige strekking. Hoewol it liket te spyljen yn de ballingskip is it boek net earder skreaun as nei 300 foar Kristus en it jout in moai byld fan it feroarjen fan tinken yn dy tiid. En it wie in moai ferhaal, dus binne der yn letter tiden prachtige skilderijen en platen by makke.


YN DE FERDRUKKING


Like de tiid fan Antiochus III “de Grutte” noch geunstich foar it joadske folk, syn opfolger kaam al mei swiere belestingen en de folgjende, Antiochus IV ‘Epifanes’ (de god dy’t feskynd is), waard foar harren ta sa’n ferskrikking, sa dat hja him ‘epimanes’ (de gek) neamden.
No wienen der ek guon fan de joaden en sels fan de prysters, dy’t mei har tiid mei woenen, en har joadske wetten, seden en godstsjinst farwol seinen. En omdat oaren dêr fûl op tsjin wienen wienen der sûnt twa parijen, de hellenisten of antiogenen en de chasideeën (de frommen), dyt letter útien gienen yn essenen en fariseeën. Dat joech nochal wat striid en kreauwerij by de opfolging fan de ferstoarne hegepryster Onias. Syn broer Jezus folge him op en joech himsels de grykske namme Jason, mar hy waard  troch de kening ôfset en ferfongen troch syn jongere broer Onias, dy’t de grykske namme Menelaus oannaam. Jezus/Jason wie it dêr net mei iens en it folk ek net en hja ferjagen Menelaus, en dy en syn partij flechten nei de kening en dienen har beklach.
Hja stelden foar om de joadske libbenswize te ferlitten en fregen tastimming in gymnasium yn Jeruzalim op te rjochtsjen. En omdat hja yn dy sportskoalle neaken oefenje woenen, lieten se har besnijenis, it teken fan it ferbûn mei JHWH, troch operaasjes ûnsichtber meitsje, om der mar as griken út te sjen. Fansels wie de kening it dêr fuort mei iens. En as hja sa freedsum troch gien wienen, dan hie dy hellenisearing faaks hastich trochset.

ANTIOCHUS IV

Antiogus Epiphanes muntenMar Antiochus  hie earst wat oars yn’e holle, de útwreiding fan syn ryk mei Egypte.
De egyptners koenen it lang net tsjin him hâlde, en dochs brocht de fjildtocht him net wat hy woe, want doe’t hy Alexandrië oanfoel, kaam der in Romeinske float opsetten. Rome wie foar har iten tige ôfhinklik fan it koarn út Egypte, en hja sommearden Antiochus om him ôf te jaan, oars krige der mei harren te dwaan. Dus triek Antiochus him teloarsteld tebek, dat jout klear de machtsferhâldingen yn dy tiid oan.
Hy gie op syn weromtocht by Jeruzalim lâns, syn partijgenoaten lieten him der yn. Hy liet in protte fan syn tsjinstanners deameitsje, en plondere har eigendommen. Twa jier letter kaam er wer. Hy bewearde yn frede te kommen, mar doe’t er yn’e stêd wie sparre hy nimmen, sels de minsken dy’t him der yn litten hienen net.
Hy plondere de stêd en de timpel, brânde in diel fan de stêd plat, liet de muorren ôfbrekke, en boude tsjinoer de timpel in twangstins, legere dêr in grykske besetting yn, en liet it lân fan dêrút troch syn oanhingers bestjoere.
Hy ferbea elke foarm fan joadske godstsjinst, sa as it bringen fan de deistige offers, it hâlden fan de sabbat, en it besnijen fan de jonges. En wa’t net omlyk woe waard swier straft, gisele, yn stikken skruord of krusige.
Hy liet in alter op it brânoffer altar sette en dêr bargen op offerje oan de grykske goaden. En hy twong de minsken yn it hiele lân yn elk plak alters op te rjochtsjen en dêr bargen op te offerjen en dêrfan te iten. Mar bargen wienen foar de joaden ûnrein, en it iten dêrfan wie harren ferbean.

DE MAKKABEËN

Dizze twongen hellenisearing hie in averjochts effekt. De pryster Mattatias en syn soannen namen de wapens op en fersetten har.  Hja  flechten nei de wyldernis en ferburgen har yn’e hoalen. Dêr foegen guon dy’t har chassideeërs (de frommen) neamden by har. Doe’t guon fan harren op de sabbat oanfallen waarden, wegeren hja de sabbat te skeinen en fersetten har net, sadat hja allegear, ek de froulju en de bern, ôfslachte waarden. Dat brocht Mattatias der ta om te besluten dat hja as hja oanfallen waarden,  har ek op de sabbat ferdigenje moasten, oars soenen hja it de fijan al te maklik meitsje harren út te roegjen.
Lykwols wie it benaude tiid, in lyts keppeltsje fersetsminsken tsjin de grutte oermacht fan it Seleusidenryk en in diel fan de eigen befolking.
Mar hoe wreder de ûnderdrukking, hoe mear minsken har heil sochten by Mattatias en syn soannen, en dy dienen rûnom ûnferwachtse oanfallen, fernielden de heidenske alters, en ferjagen de ôfgodstsjinners. Nei in jier stoar Mattatias, en syn soan Judas de ‘Makkabeër’ (striidhammer) folge him op as oanfierder.  
Judas Makkabeër
Judas MakkabëusJudas sette de fersetsstriid troch. Syn leger waard grutter, de bestjoerder fan Samaria dy’t him oanfoel waard ferslein, de steedhâlder fan Syrië kaam mei in grutter leger, mar ek dy waard ferslein. Kening Antiochus hearde der fan, en stjoerde syn ûnderkening Lysias mei de helte fan syn eigen leger der op ôf. Wylst gie hy sels mei de oare helte nei Perzië dêr’t se de skatting net mear betelle hienen.
It leger fan Lysias kaam oan Emmaus ta, 10 km fan Jeruzalim.  It wie mear as 10 kear sa grut as it leger fan Judas. Hja hienen de slavekeaplju al berjocht dien om mei jild te kommen om de finzene joaden as slaven te keapjen. Ien fan de oanfierders gie der op’e jûn mei de ruterij op út om Judas syn legerke yn’e rêch oan te fallen, mar dy hienen dêr net op wachte, hja trieken sa gau as it tsjuster wie op nei it kamp fan’e fijan en foelen dat yn’e iere moarn ûnferwachts oan, in protte waarden delslein, de measten flechten sa hurd se koenen. De troepen, dy’t de nachtelike omsingeling útfierd hienen, fûnen it joadske kamp ferlitten en seagen doe fan fierren har eigen kamp yn’e brân stean, dat ûntmoedige harren sa, dat se in fjildslach mei de joaden net mear oandoarsten en ek mar ôftrieken.
Lysias sammele yn’e winter wer in grutter leger en foel dêrmei yn’e maitiid yn Judea, mar waard by Betsur troch it legerke fan Judas ferslein.

DE TIMPEL SUVERING

Mei de kening yn Perzië en de ûnderkening yn jildgebrek, wie dat foar Judas de kâns om de besetting fan de fêsting yn Jeruzalim oan te fallen en de timpel teChanoeka suverjen en wer yn te rjochtsjen ta de earetsjinst. En sa waard nei trije jier, de timpel feestlik wer ynwijd, en der waard besletten om dat elk jier te betinken en te fieren as it Chanoeka feest (it ljochtfeest).
De fjildtocht yn Perzië rûn foar Antiochus IV falikant ôf, hy stoar ûnderweis oan in sykte sûnder eat berikt te hawwen. Syn legerhaadman Filippus stjoerde hy nei Antiochië werom, mei syn kroan en segel, om syn soan, Antiochus V, noch in bern, kening te meitsjen, en oant dy folwoeksen wie, it lân foar him te bestjoeren.
Mar Lysias hie Antiochus V al kening makke, en Judea wer oanfallen; hja wienen oan de winnende hân, mar doe’t hja hearden fan de komst fan Filippus, sleaten hja frede, ûntdienen har fan Menelaus as hegepryster en beneamden in Alkimus, dy’t net út de hegeprysterlike famylje wie. Dêrtroch fielde Onias, de soan fan de eardere hegepryster Onias, him bedrige en flechte nei Egypte en frege en krige dêr fan kening Ptolomeus tastimming om yn Egypte in timpel foar JHWH te bouwen, neffens foarbyld fan dy yn Jeruzalim. 
Net dat it doe frede wie. De ûnderdrukte folken om har hinne makken fan de gelegenheid gebrûk, en besochten stikken fan it lân te feroverjen, sadat Judas en syn bruorren har oan alle kanten ferdigenje moasten. En de stins yn Jeruzalim wie ek noch altyd net ynnaam.

OANHALDENDE UNDERDRUKKING

Antiochus V regearre mar 2 jier. Hy waard ôfset en deamakke troch syn opfolger Demetrius I, en doe begûn de oarloch fan neis of oan. De earste fjildtocht ûnder lieding fan Bachides slagge, Alkimus, waard ynstallearre as hegepryster, mar de Makkabeeërs sloegen werom, en dat lokke in nije fjildtocht út ûnder Nicanor. Nicanor waard ferslein en sneuvele. Alkimus waard ferjage.  Judas sleat in ferbûn mei de Romeinen. Doe foel Bachides wêr yn it lân mei Alkimus, en yn dy slach foel Judas de Makabeër, syn broer Jonathan folge him op.
Hja wienen no wer likefier as yn it begjin en moasten wer flechtsje nei de wyldernis. En wer kaam Bachides mei in leger, mar it slagge him net harren oermansk te wurden, dat hja sleaten frede. Sa dat Jonathan fan út Mikmas it lân bestjoerde.
Doe wie der wer in oare troanpretendent foar Antiochië. Alexander Balas. Beide hy en Demetrius besochten Jonathan oan har kant te krijen mei presinten en moaie beloften. Jonathan waard oansteld as hegepryster. In skoft lang wie der frede, mar yn Antiochië wiksele de iene kening de oare ôf. Salang it har paste spilen se moai waar mei de joaden, Jonathan en Simon wreiden har macht en gebied út, oant Diodotus Tryphon Jonathan mei mûkllist yn hannen krige en fermoarde. 

Simon Makkabeus
Doe kaam Simon oan de macht as hegepryster en oanfierder en fan dy tiid ôf waard neffens 1 Makkabeeën,”it jok fan de heidenen fan Israel ôfnommen”.munten Simon Makkabeër
 Der kaam in folle fleuriger tiid. Simon wie  hegepryster en etnarch ( ûnderkening) en liet eigen jild slaan.
Shekel  fan  Simon
It ferbûn mei de romeinen waard fernijd. It folk wie net alhiel frij en selstandich, mar stribbe dêr dúdlik wol nei.
Dochs wienen de chassideërs dy it net goed krije koenen dat de Makkabeërs , wol  prysters, mar net út it laach fan de hegeprysters, har sels ta kening en hegepryster salvje lieten, yn har eagen yn striid mei de wet.
It duorre net lang. In nije Antiochus wie net tefreden mei de tastân en bedrige Judea wer. Syn leger waard troch de soannen fan Simon ferslein, mar efkes letter waarden Simon en syn soannen Mattatias en Judas, op ynspeksjereis troch it lân, troch syn skoansoan Ptolomeus, bestjoerder fan de omkriten fan Jericho, útnoege ta it besjen fan syn nije festing Dok.
Hja waarden feestlik ûnthelle, mar doe’t hja “de drank net mijd hienen” liet Ptolomeus harren temûk fermoardzje, om sels oan de macht te kommen. Hy stjoerde mannen nei Gezer om de jongste soan Johannes ek om te bringen, mar dy wie al warskôge, dat dat mislearre.
Johannes mei de bynamme Hyrcanus folge Simon op as hegepryster en as bestjoerder fan Judea.
Dêrmei eindiget it earste boek fan de Makkabeeën. It is net bedoeld as in skiednis boek yn de moderne sin, joadske boeken binne altyd  ferhalen mei in doel. Dûmny Klooster neamt dat ‘profetysk’ en ik tink dat dat de bêste omskriuwing is. In profeet hat ommers as doel te warskôgjen tsjin de misstannen dy’t hy sjocht, en om it folk op te roppen om har dwaan te ferbetterjen en har te wizen op trou oan God, en Gods trou en leafde foar harren. Ez.3:16-20.
Mar dit boek is wol hiel bot foar de Makkabeeën en de chasideeën, foar de oare partij hat it gjin goed wurd oer, en sels de grutste moardpartij fan de Makkabeeën wurdt noch as in ‘oerwinning’beskôge. It is dus folle minder kritysk as de oare bibelboeken.

IT TWADDE BOEK FAN DE MAKKABEËN

It twadde boek fan de Makkabeeën is gjin ferfolch op it earste, it is folle letter skreaun en bedoeld as in ferhaal foar de egyptyske joaden om harren oer te heljen it Chanoeka feest, ynsteld by de suvering fan de timpel en it wer ynstellen fan de deistige offers, mei te fieren as in algemien erkend joadsk feest.
De skriuwer seit sels dat er gjin skiednis skriuwer is, en it útsykjen fan al dy nammen en jiertallen net sa wichtich fynt, it giet om wat der bard is en hoe. Dus om in lêsber en begryplik ferhaal.
It gie dan foaral om de eare fan God en syn timpel yn Jeruzalim, en de wûnderlike útrêding dy’t Hy jûn hat troch de trou, it leauwen en de moed en striidfeardigens fan de Makkabeeërs, dy ‘t Hy segene hat yn de striid tsjin ûnderdrukker en de optwongen hellenisearing. De striid is wûn, de fijan is dea, it folk is wer frij om nei Gods wetten te libjen. It boek einicht by de dea fan Antiochus Epifanes yn164 fK. mar is wol 80 jier letter skreaun.

IT BOEK JUDIT

It boek Judit is skreaun omstreeks 150 fK. Ek mei as ûnderwerp de striid foar de frijheid om God te tsjinjen neffens Syn wetten en ynstellingen. It is in ferhaal, noch mear “allegoarysk” as profetysk. Histoaryske tiden en persoanen binne bewust sa yn striid mei de skiednis, dat dat opsetlik sa dien wêze moat.
 De widdo Judit is in útbylding fan it folk Israel. De stêd Betylûa, oan alle kanten bedrige troch oermachtige fijannen, fan harren godstsjinst en gebrûken. It wetter, dat wol sizze  it leauwe en de moed binne hast op. Guon roppe al om de striid mar op te jaan en mar slaven fan de fijân te wurden. De haadmannen binne ree om ta te jaan. Dan komt JuditJudit fanwegen, hja leit har rouklean ôf, pronket har sa moai mooglik op en giet mei har slavin oer nei de fijan. Hja bringt de haadman Holofernes de holle op’e rin, en as hy smoardronken op bêd leit, slacht hja him de kop ôf. Dy nimt hja mei nei de stêd. Dêr sette se de kop op’e mourre, en de fijannen dy’t dat sjogge reitsje yn panyk en flechtsje fuort, achterfolge troch de ynwenners fan Betylua. De oerwinning wurdt  skitterjend fierd, en dernei geane hja dûnsjend en sjongend op nei Jeruzalim om de bút yn in grut feest oan God ta te wijen. It ferhaal is mooglik ynspirearre troch it ferslaan fan it leger fan Demetrius I ûnderlieding fan Nikanor, dy’t dêr by sneuvele. Ek  Nikanor waard de kop ôfslein en dy waard de besetting fan de twangstins foarhâlden om har ta oerjefte te bewegen ( 2 Makk. 15).
Mar yn’e folgjende slach sneuvele Judas de Makkabeeër, en doe like alles wer hopeleas.
It boek is bedoeld om it folk oan te moedigjen de striid net op te jaan. Net bidde en ôfwachtsje, mar bidde en tûk en moedich oanpakke, yn fertrouwen op help en seine fan God.
 
DE PROFEET DANIEL
Profeet Daniël
Al dizze dingen lykje yn it boek Daniël al foarsein te wêzen, en wol sa krekt dat it meast wierskynlike is dat de lêste haadstikken dêrfan nei de dea fan Antiochus IV skreaun binne.  De neidruk leit der dêrby op, dat dizze tiid wol ferskriklik is, mar dat it dochs mar tydlik is. 
Dat úteinlik de macht is oan de Iene, ‘heech op jierren’ en dat dy foar ivich tabetroud wurdt oan de “Minskesoan” yn in keningskip dat net fertgiet. De Messias (Dan. 7: 14).
Yn dat haadstik wurdt twaris útlein wat dat betsjut;
fers 18: De hilligen fan’e Allerheechste sille lykwols it keningskip krije en sille dat keningskip foar ivich harres meitsje, ja, oant yn alle ivichheid. 
En yn fers 27, dêr’t de ingel oan Daniël de betsjutting sa útleit: It keningskip de hearskippij en de gruttens fan de keningkriken ûnder de hele himel sil oan it folk fan de hilligen fan de Allerheechste jûn wurde. Har keninkryk is foar ivich en alle machten sille har hulde dwaan en nei har harkje.
It is in dúklike ferwizing nei in kommend messiaansk ryk.
En de fjirde hoarn fan de geitebok, ( Dan. 8: 9-11) is in dúdlike ferwizing nei Antiochus IV, dy’t him god allyk tochte, ‘epifanes’. Dy’t it sierlike lân oanfalle doarste en de Allerheechste syn deistich offer ûntnimme. En dy’t net troch minske hannen stoar.  Hy waard it type fan de anti-messias.
En dan wurde de rjochterstuollen set. En dêrnei komt de eintiid. (Dan 8: 17-19)

MESSIAS FERWACHTING


Sa ûnstie it idee dat dizze ferskriklike tiid, in tiid wie fan in lêste striid tusken de anti-messias  mei alle krêften fan it kwea, tsjin  de Messias en syn hilligen. En dat dy tiid folge wurde soe troch de oardielsdei, de “jom JHWH” fan de eardere profeten. Ek dat soe in ferskriklike tiid wêze foar de goddeleazen en de sûnders, mar de hilligen soenen dêr oan ûntkomme en mei de Messias yn it kommende messiaanske ryk libje.
Dat wie de hoop dy’t de minsken yn de ferskriklikste benearing oerein hâlde, dêr’t hja mei langstme nei útseagen. En dat harren der ta brocht foar de hiliging fan timpel en folk te fjochtsjen op libben en dea, tsjin harren fier oermânske tsjinstanners.

Literatuer:
Flavius Josephus; Joadske Aldheden XII,XIII

                                                                                           Foaropwurd                         Thússide



OANTEKENS EARSTE IEUWEN

UTTREKSELS UT FERSKATE WURKEN OER DE EARSTE IEUWEN







Uttreksels út:

J.G.Schenderling It testamint fan Job

L.Cosijnzen It testamint fan Salomo


Wiel Logister Dramatyske Breuk

R. Stark De earste ieuwen

Schrijnen Inleiding Kultuurgeschiedenis


G.J. Aalders Van Huisgemeente tot Wereldkerk

TESTAMINT FAN JOB

Schenderling, drs.J.G.

It testamint fan Job is in hellinistysk joads boekje, wêrfan de skriuwer it Aldtestamintysk boek Job, neffens de Septuaginta tekst, as útgongspunt brûkte en dêr in folslein nij betsjutting oan joech.
 Is, fan it bibelboek Job, de striid fan de troch it needlot fersleine rjochtfeardige, mei de rjochtfeardigens fan God, it haad tema.
Yn it testamint is it foaral de ûneinigeferduldigens fan Job dy‛t de lêzer as foarbyld steld wurdt.
Der binne inkele tafoegingen, yn it begjin wurdt ferteld dat Job syn ein oankommen fielde en dêrom syn bêrn by him rôp foar in lêste ynstruksje en har dêrby syn libbens ferhaal fertelde, dat fierhinne oerienkomt mei dat yn‛e bibel, al binne der wol tafoegingen en oanfollingen, byg.de ferneatiging fan de ôfgodstempel, dêr‛t de fersteurde duvel oanlieding yn sjocht en tastimming foar kriget om Job ta it úterste te hifkjen, alles mei er him ôfnommen wurde útsein syn libben. Dat dat barre soe wie Job al bekend makke foar hy dy timpel ferwoaste, dus Job wist wat him te wachtsjen stie.
Job wurdt foarsteld as in kening fan Egypte, dus in Farao! In foarbyld yn deugden yn rjochtfeardigens en woldieden oan behoeftigen. Syn frou bliuwt him tige trou en wurket as in slavin, om him dêr op‛e dwinge, fan iten foarsjen te kinnen.
En as har dat ferbean wurdt ferkeapet hja har hier oan de duvel foar trije bôlen, dat is har úterste fernedering en har lêste mooglikheid, hja jout it op en ropt Job op om dy bôlen mar op te iten en dan ‛God te segenjen"en te stjerren.
As Job dat wegert, omdat hja ommers har hiele libben it goede fan God ûntfongen en tankber oannaam hawwe, dan moatte hja ek no de ellinde tankber oannimme en ferduldig drage.
Dan jout de duvel it op, hy is ferslein, hy steld it foar as in wraksel wedstriid, wêryn hy Job ûnderhat, mar net ta oerjefte bringe kin, hy hat alles besocht wat er koe en jout no sels ferlern.
De treasters dy‛t kaam binne om him te treasten binne de keningen fan de omlizzende lannen dy‛t har legers meinaam hawwe, har treastredes wurde yn fersen werjûn werby de legers op‛e eftergrûn it refrein sjonge.
Ta slot ferdield Job syn nije rykdom ûnder syn soannen, en syn dochters skinkt hy de snoeren dy‛t hy krigen hat doe‛t de duvel it opjoech, en dy‛t him wer sûn makken en yn wolstân stelden. De dochters wurde dêrtroch ynderlik feroare, wêrtroch hja ta grutte geastlike prestaasjes komme.
Yn de lêste trije haadstikjes ferteld Nereus de broer fan Job hoe it ôfrûn, Job en syn dochters seagen de skitterjende wein mei dejingen dy‛t kamen om syn siel te heljen oankommen, hja namen dy siel  mei yn de wein nei it easten, mar syn lichem waard nei trije dagen begroeven.

Nei myn miening is it earder in boek út de earste ieu nei, dan út de lêste ieu foar kristus, en skreon as in profetysk boek om de joaden nei de ferwoasting oan te moedigjen ta geduld en fertrouwen. It hat op gjin stikken nei de geastlike kwaliteit fan it bibelboek Job.


IT TESTAMINT FAN SALOMO

Cozijnsen, drs. L.

Ien fan de positive dingen dy‛t my opfoel wie, dat mei de útdrukking "De Soan fan David" net sa sear de ôfstamming fan Jezus fan kening David oantsjut wurdt, as wol syn gelikenis mei kening Salomo, Jezus as De Fredefoarst, as De Genêzer en Ferlosser fan siken; omdat men yn dy tiid alle sykten seach as wurk fan ferkearde demoanen, dy‛t troch fallen ingels ferwekt wienen by minskebern. Jezus ek as magysk genêzer. As ferlosser út de macht fan it kweade!   Mat. 12:23;

Dit boek dêr‛t men fan ferûnderstelt dat it yn‛e twadde ieu n.K. ûntstien is, liket mear op in hânboek foar duvelbanners, as op it wurk fan Salomo, of út de tiid dat dy libbe hawwe soe, ûngefear 950 f.K. It liket eat dat wat temeitsjen hat mei de joadske "kabala" en is alhiel rjochte op it útdriuwen fan demoanen.
Salomo, drok mei it bouwen fan de Timpel, fernimt dat ien fan syn wurklju, him frjemd foardocht, it blykt wurk fan in demoan te wêzen. Salomo bid ta God om help, en dy stjoert de ingel Michael mei in segelring dêrt Salomo alle demoanen mei de baas is. Dan, oproppen,  ferskine de demoanen ien foar ien foar Salomo, ferskriklike ferskinings, dy‛t troch Salomo ûnderfrege wurde, nei har namme, nei har wurking, en nei de ingel dêr‛t hja troch behearske wurde kinne. As hja dy dingen meidield hawwe wurde hja oan it wurk set om de timpel te bouwen. Inkele hiel gefaarlike wurde mei kettings bûn, of yn in krûk opsletten.
It boekje is allinne yn it Gryks oerlevere, en mooglik troch in kristlike skiuwer oanpast, want in oantal fan de ingels is ferfongen troch wurden as Heiland, de krusige, en sokke, dy‛t dúdlik op Jezus slagge. As de timpelbou ree is wurde de demoanen dy‛t him boud hawwe yn krûken opsletten, en dy krûken soenen troch de Romeinske fjildheer Pompeius stikkenslein wêze  yn 63 f.K, wêrtroch de demoanen neitiid sa‛n geweldigen ynfloed hienen.

EEN DRAMATISCHE BREUK

Is út in serie bezinnings literatuer.  Dr Wiel Logister

Dr Wiel Logister jout in oersicht fan de ûntjouwing fan de ferhâlding fan de Joadsk - Kristlike tsjerke en de Romeinsk/Grykske - Kristlike tsjerke.
It nije testamint is noch alhiel fan út de joads - kristlike opfettingen skreaun, is wol polemysk mei de synagoge en de timpel, mar brekt dêr net mei. It hopet en rekkenet op herstel en erkenning fan Jezus as Messias, ek troch de synagoge en timpel, nei syn werkomst.
It apostel konsylje Hanl. 15:5 - 35, hie útmakke dat men de kristenen út de heidenen net oplizze koe om de wet fan Mozes en de besnijenis te hâlden. Allinne de wet fan Noach folstie.
Dizze ferskillende behanling waard troch guon fan de farizeeiske joaden net begrepen. Hja fergen alle kristenen der op de wet fan Mozes te ûnderhâlden.
Mar dêr hienen de Grykske en hellinistysk - joadske kristenen muoite mei. Al yn it begjin yn Jeruzalem toanden dy minder respekt foar de timpel as de joaden, (griken wienen dêr as ‛heidenen‛ek net wolkom) dat soe de reden west hawwe dat hja út Jeruzalem ferdreaun waarden en de joadske kristenen net of yn mindere mate. 

De kristen-joaden yn Kanaaän hâlden har ek safolle mooglik oan de wet fan Mozes, de tafoegingen fan de farizeeën wiisden hja, lykas Jezus, ôf. De timpeltsjinst sa as dy yn har tiid kommersialisearre wie ek. Mar hja gienen wol nei de timpel, brochten de fereaske offers, hâlden de sabbat en lieten har bern op‛e tiid besnije, lykas Jezus ek. Jezus wie gjin grykske dogmatikus, mar in joadske rabby, syn kommentaren, binne diskusjestikken, gjin lêste wurd. Hy ferset him as Messias tsjin de ferwurding en misbrûk fan de timpel en de wet, mar reaget de wet net oankant mar wol dy ferfulle, wol sjocht hy in ein oan de timpeltsjinst kommen. Wa‛t (oan)bidde wol moat dat net yn it iepenbier foar de minsken dwaan, mar yn syn ‛binnekeamer‛ en tsjin de Samaritaanske frou kiest hy net tusken Jeruzalem en Sichem, mar seit hy "God is geast, en dy‛t him oanbidde, moatte him oanbidde yn Geast en Wierheid."

De skriuwer wiist op de brief oan Diognetus, en it wurk fan Ignatius fan Antiochië en Irenaeus fan Lyon, út de twadde ieu, om sjen te litten hoe‛t de ferwidering tusken dizze beide groepen fan kristenen hieltyd grutter wurdt, beskuldigje fan byleauwe, ôfwizing, oant ta ketter ferklearring. Al yn de twadde ieuw.

Ek tusken de synagoge en de joadske kristenen wurdt de spanning almar grutter.
Foaral nei de ferwoasting fan de timpel en Jeruzalem, soenen de fersprate joaden, de joadske kristenen as in joadske sekte, as in gefaar foar harren, troch de opstannen, dochs al minne posysje yn it ryk sjoen hawwe.  Joadske kristenen, dy‛t in minske ta God ferheven hawwe yn it plak fan JHWH, en dus de dea fertsjinje. Dat makket dat foar harren yn Judea en Galilea eins gjin plak mear is. Sa komme hja al mar mear yn‛e knipe.

It Ald en Nij testamentyske begryp, dat God him tsjin de grutten en machtigen keard hie, en mei in slavefolk in ferbûn oangien wie, en út dat slavefolk in ienfâldige boufakker útkeas en mei syn Geast besiele as Syn Tsjûge, dy‛t mei en troch syn libben, dea en opstanning, tsjûge fan Gods barmhertichheid ta ferlossing en redding fan de Wrâld..
Dat begryp wie de Griken te simpel, (sjoch Paulus op de Areopagus)
De Griken wienen went om ‛Grutte‛ minsken as healgoaden te ferearjen of sels godlik te meitsjen, dan moast dizze nije Messias dochs wol folle mear as in minske wêze. Dat spile fan it begjin ôf oan in rol yn de Gryks/Romeinske gemeenten. En doe‛t de tsjerke offisjele steatsgodstsjinst waard, koe men de keizer dochs net in krusige slaaf oanbidde litte? En sa waard mei gebrûk fan synkretistyske Pytagoreyske ideeën de trijeienheid konstruearre. Foar joaden-kristenen in skeining fan de Wet dêr‛t hja net yn meigean koenen.
   
Fansels wie it tsjerkelike libben yn dy tiid folle follefoarmiger as hjir sketst is. Dat soe foar de joadske kristenen faaks net sa slim west hawwe, salang as men der kitysk kommentaar op leverje koe. De Gryks/Romeinske steatstsjerke naam dat net. Hja easke ienheid en lei de wierheid sa as hja dy seagen, of sa as de keizer it bêst útkaam, fêst yn dogma‛s. Op himsels neat op tsjin dat men wat men leaut fêstleit, mar it wurdt in twangbuis as men oaren dêr ek op ferget, en feroardielet en besiket te ferneatigjen, ynpleats fan de oertsjoeging fan de oarstinkende neiste myld te fernearen of fan kritysk kommentaar te foarsjen.

It wie dizze hâlding dy‛t late ta de ûndergong en útroeiing fan de ta ketters ferklearre joadske kristen gemeenten op hjir en dêr wat oerbliuwsels nei. En letter fan Samaritanen, Arianen, Pelagianen, Nestorianen, Albigenzen, Waldenzen, Dopersken, oanhingers fan de refolmatie   oan‛t de holocaust. ensfh.  


DE EERSTE EEUWEN

In soasjolochyske stúdzje fan Rodney Stark

Bekearing, sektefoarming, in nije godtsjinst of cultus beweging, dat binne net allinne histoaryske mar ek soasjale ferskiinsels. Oer it hoe en wat dêrfan moat de soasjology dus antwurden jaan kinne. Stark besiket dêrom syn soasjolochyske metoaden en ûndersyks risseltaten ta te passen op it histoaryske ferskynsel fan it ûntstean fan de ierkristliketsjerke, en de ûndergong fan it heidendom. Dy útwreiding fan it Kristendom is gjin ‛wûnder‛ it gedroech him op‛e selde manier en yn de selde oantallen as ek hjoed de dei bepaalde tsjerken, sekten en kultusgroepen ûntsteane en groeie.
Yn it joadendom wie it begjinnende kristendom in joadske sekte, en sa waard it troch de joaden en it sanhedrin ek besjoen. En sa ûntwikkele it him soasjolochysk ek.
Yn it Romeinske ryk wie it kristendom in nije godstsjinst, en ûntjoech him as in kultus beweging en waard troch it Ryk en de Senaat ek as sadanich behannele.
It Kristendom wie ek net in foaral "proletarysk" ferskynsel, dat is feroarjen fan leauwe hjoed de dei ek net. It spilet foaral by minsken dy‛t skeptysk steane tsjin en twifels hawwe oer de hearskjende oertsjoeging en dy‛t fragen hawwe dêr‛t dy gjin antwurd op hat. Dat binne net de minsken oan de ûnderkant, mar de opkommende, mar noch gjin machthawwende, bestudearre takomstige boppelaach. [Dat nei de 50-ger jierren de ûnttsjerkeliking sa tanaam, hat foar in grut part te meitsjen mei in bettere oplieding fan de jongerein fan doe, dy‛t har yn oanraking brocht mei ferskynsels en ideeën, dy‛t fragen oprôpen, dêr‛t de tsjerke gjin antwurd op hie.]
Ek is de ynfloed fan de synagoge en de joadske kristenen net ophâlden mei de ûndergong fan Jeruzalem en it útbliuwen fan de werkomst, sa as wol ferûndersteld waard. Mar de posysje fan de hellinistyske joaden yn de diaspora, wie ferlykber mei dy yn Westeuropa en Amearika nei de ferljochting. Dêr ûnstie, ûnderynfloed fan ferljochting en wittenskiplike ûntjouwing, in modern joadendom, dat him losmakke út de getto fan de stam, en iepenlik ôfstân naam fan de wet fan Mozes, foar safier dy gie oer gebrûken en gewoanten dy‛t út de tiid wienen, en dy‛t har nationaal oanslueten by it lân dêr‛t hja wennen.
Sa wie it kristendom foar de hellinistyske joaden bûten Kaanaän, in mogelikheid fan bettere oansluting by har omjouwing. De gemeente ûntstie faak ek yn de synagoge, sa as yn it Nije Testamint wol blykt. En de ferhâlding waard mei der tiid wol minder, mar noch hiellang sil de basis fan de gemeenten út joaden bestien hawwe. Wis wol oan‛t de 6-de ieu.
De hellenisearre joaden yn de diaspora tochten hiel oars as de joaden yn Kanaaän, dat blykt wol by Philo. Hy besiket de boeken fan Mozes te ûntdwaan fan har boppenatuerlike, foar  Griken ûnoannimlike ballest, troch te ferklearjen, dat dat wat mei de rede net te ferienigjen is, allegoarysk besjoen wurde moat, sa past hy it oan by de platoanyske filosofie.
Dat komt oerien mei de herfoarme joaden út de 19-de ieu, dy‛t ferklearje dat hja net in naasje foarmje mar in religieuze beweging. En har oanpasse by de gebrûken fan it lân dêr‛t hja wenje.
As it kristendom fan dy tiid harren net ôfwiisd hie, hienen hja faaks kristlik wurden.
Dat dienen guon joaden yn de diaspora wol, en de measte kristengemeenten dy‛t yn it NT.neamd wurde, hienen noch folop en meastal freedsum kontakt mei de synagoge, kamen dêr yn gear, of der fuortby yn it joadske part fan de stêd. 

De epidemieën

De ynfloed fan de epidemiën yn 165 - 180 en 251 op de ferhâlding kristenen - heidenen wie tige grut. Getugen Cyprianus, Dionisius fan Alexandrie, en de keizers Marcus Aurelius en Julianus. De heidenen wienen deabenaud, flechten út de steden, lieten siken en deaden ûnfersoarge achter. Sels de ferneamde dokter Galenus naaide út en flechte fan Rome alhiel nei it middeneasten, om oan de sykte te ûntkommen, mar nei it tsjûgenis fan heidenen en kristenen, fersoargen en fepleechden de kristenen net allinne har eigen, mar ek de heidenske siken foar safier hja dêrta bysteat wienen, (har tal wie folle lytser as it tal fan de heidenen), sûnder oansjen fan persoanen en yn folsleine selsopoffering. En hja begroeven de deaden soarchfâldich, wylst de heidenen dêr net nei omsjen doarsten, sa dat de tempels dêr‛t in protte heidenske siken hinne flechten fol mei liken leinen. De prysters wienen flechte, de alters leech en kâld.
Wylst de stjerte yn it hiele ryk om de 30 % fan de ynwenners skat wurdt, wie dy by de kristenen folle lytser. Troch in goede fersoarging waarden ferskate wêr better en wienen doe imuun foar de sykte. En it persintage fan de siken dy‛t by in goede fersoarging wêr better wurde kinne skat men op wol 60%. Dat betsjutte dat fan de kristenen folle minder minsken stoaren, wylst fan de heidenen in protte omkamen, net troch de sykte sels, mar troch honger, toarst, en ferwaarleazing.
In oansprekkend "wûnder" dat makke dat keizer Julianus, dy‛t oars neat fan de ‛galileeërs‛ ha moast, syn heidenske prysters oprôp om ek mear oan leafdiedegens en soarch foar de neisten te dwaan. Om‛e nocht, heidenske goaden easkje sa‛n sels opoffering net!!
Sa makken twa slimme besmetlike sykten dat it tal kristenen, foaral yn ferhâlding, tige tanaam!! En ek dat waard as in wûnder beskôge.

De Froulju


In noch grutter ferskil tusken kristenen en heidenen wie de status en wurdearring fan froulju.
In romeinske frou wie it eigendom fan har man. Ek oer har bern hie hja neat te sizzen, dy wienen yn de macht fan de "pater familias‛ dy besliste oft it libje mocht of net.
By de Romeinen wie de ferhâlding manlju-froulju 140-100 in grut oerskat oan manlju feroarsake troch it status ferskil man-frou, en de frijheid om net winske bern te deadzen of fûnling te lizzen, dat net allinne mismakke jonkjes, mar foaral ek sûne famkes rekke. Yn in heidenske húshâlding waard noait mear as ien famke grutbrocht.
Troch it grutte gebrek oan noch frije fammen waarden famkes al mei tolve jier as ‛huwbaar‛ rekkene foar de wet. As hja earder úthoulike wienen, jilden hja foar de wet as ‛ferloofd‛ oan‛t hja tolve waarden. Dizze twongen seksuele relaasje wie foar in protte romeinske fammen een reden om har meast folle âldere man te haatsjen. ( Sjoch de ferhâlding fan keizer Nero en syn frou Claudia Octavia neffens Tacitus). Dizze sitewaasje late ta in protte stjerte fan bern en jonge froulje.
Stoar in man earst, dan erfde de widdo syn fermogen, mar de wet twong har om binne 2 jier wer te trouwen, en dan wie hja alles wer kwyt, en hja sels it eigendom fan har twadde man.

Hoe oars by de kristenen. Dêr wienen de froulu yn de mearderheid, en dus ek yn de lytse gemeenten de machtichsten en bestjoerders. Elke foarm fan moard en foaral bernemoard en abortus wienen strang ferbearn. De minne posysje fan de froulju by de heidenen wie in oarsaak dat in protte foaral foaroansteande heidenske froulu, har tige ta it kristendom oanlutsen fielden, en faak har manlju wisten te bewegen de kristenen te beskermjen. Wylst faak dy manlju letter ek ta it kristendom oergienen.
Omdat de kristenen in frouljus oerskot hienen en de heidenen in manlju‛s oerskot, wie it net ferbean om mei in heidenske man te trouwen, of ûngetroud tegearre te libjen.  Ommers, as hja trouden foel hja ûnder de heidenske wet, en waard hja, dy‛t it eigendom fan Kristus wie,  it eigendom fan har man. Dan koe hja better wachtsje oan‛t dat hy him bekearde en hja in kristlik houlik oangean koenen. Undertusken koenen hja wol bern krije en dy kristlik opfiede.
Kristen froulju trouden faak folle letter. De kâns op stjerte by de befalling waard dêrtroch folle lytser. Boppedat hienen hja faak grutte húshâldings. En de ûnderlinge soarch makke dat ek wezen en widdowen in grutte oerlibbings kâns hienen.
Dat alles meiinoar makke dat it tal kristenen folle hurder groeide as dat fan de heidenen.
Ut it NT blykt wol dat froulju, yn in protte plakken, de lieding hienen yn kristlike gemeenten en dêr doe dus net as minderweardich oan in man achte waarden.
Dat dat letter yn de roomske tsjerke en hiel lang ek by in protte herfoarmen net mear sa wie, moat men dus beoardielje as in tebekfal yn it heidendom.

De stêden

Hoe wif, ûnoangenaam en gefaarlik it libben wie yn it grutte stêd yn it Romeinske ryk yn de earste ieuwen, tekenet Stark mei bylden út Antiochië. It plak fan de earste kristengemeente bûten Kanaän. Hy ferûnderstelt dat it yn oare stêden yn it ryk foaral net better wie.
Men wenne, lykas no noch yn grutte stêden yn de earme lannen, mei in hiele protte minsken op yn hiel lytse opperflakte, sûnder ienige sanitaire foarsjenning, iepen goaten as rioelen gjin húske, gjin wetter, as in boarne earne yn, mar noch faker bûten de stêd, sadat it wetter yn krûken fan fierrens helle wurde moast. Inkele plakken yn it sintrum, by de hillichdommen en paleizen hienen in fontein, in badhús, en iepenbiere toiletten, mar dy wienen foar de befoarrjochten, grif net foar de massa. Wegen en stegen wienen tige bekrompen fan wege it feit dat sa‛n stêd in festing wie, en de romte dêryn tige beheind. It grutste part fan de hûzen wie fan hout, of wat bepleistere ôffal, mar ek de inkele stiennene hierblokken wienen lyts. Faak twa of trije boulagen, letter ferhege sûnder de fûndeminten te fersterkjen, en dat yn in gebiet dat geregeld troffen waard troch ierdbevingen. De lytse keammerkes waarden troch ien en soms troch mear as ien húshâlding bewennen. Alles sliepte trochinoar sa op‛e grûn. Glêsramen bestienen noch net, en kachels wienen der ek net. In fjoerpotsje om it iten op te sieden wie de ienige ferwaarming as it kâld wie, de reek moast troch doarren en raamgatten ferdwine, mar foar it sigen waarden dêr faak kleden foarhongen. It wie der benaud, it rikke, it stonk nei swit, pis en stront. Men brûkte potten om de behoeften te dwaan en legen dy yn it iepen rioel yn de steech, of smieten it út it raam. Earmen en dakleazen dy‛t stoaren en te fûnling leine bern leinen gewoan op strjitte, oan‛t de hûnen har ferskuord  hienen.
De seden en de moraal wienen tige leech. De stêd waard befolke troch allegear frjemdlingen yn eigen getto‛s, guon troch muorren fan inoar skieden. Mei eigen seden en gebrûken, dy‛t har faak fan de oaren neat oanlutsen, mekoar faak min ferneare koenen,  mei haat, diskriminaasje, opstannen, fjochtpartijen en soms  kompleet oproer ta gefolch.
Nachts wie de strjitte fan de dieven en moarners, elk soarge foar tsjuster binnen te wêzen, de doarren goed ferskoattele, de ramen mei ferskoattele lûken ôfsletten.
En dat wie net it ienige gefaar. It gefaarlikst wienen besmetlike sykten, dêr wie gjin krûd tsjin woeksen, en brân, der wienen gjin blusmiddels en faak net iens wetter. As it baarnde koe de hiele stêd der oangean, mei in protte deadlike slachtoffers dy‛t net gau genôch oankant komme koenen. En dan noch de ierdbevings, oerstreamingen, oproer, fijandelijke belegering, mei as ein faak, úthongering, plundering, en ferwoasting fan de stêd, en slavernij foar de oerwonnenen.
Stark is der fan oertsjoege dat joaden- en  kristendom foar dizze minsken, sawol ryk as earm in grut ferskil makke, ferlike by de oare godstsjinsten. Hja wienen grutbrocht mei barmhertigens en omsjen nei de neiste. It kristendom lei dêr in noch folle sterkere neidruk op. Hja beaen in oare mienskip as de etnyske, stienen iepen foar eigen en frjemd, beaen ek de frjemdling ûnderdak iten en fersoarging. Fersoargen siken, en earmen en begroeven har deaden sûnder oansjen fan persoan. Dat moat op de minsken om har hinne grutte yndruk makke hawwe.
Sa bea de grutte dusoarder yn de stêden de kristenen grutte kânsen. Ek al waard it fuort noch gjin himel op ierde, want noch hjoeddedei libje der, ek yn kristlike lannen, lykas yn grutte stêden yn de "tredde"wrâld, tûzenen minsken yn ferlykbere omstandichheden.

De Martelers

 Der wie ferfolging, dochs sille de oantallen dêrfan net ferskriklik grut west hawwe.
It rûn earder yn de hûnderten as yn‛e tûzenen, mar de gefolgen wienen grut en rjochtoarsom as de dieders tochten. It besykjen in earnstige oertsjoeging troch ferfolging út te roeien hat meastal in averjochts effekt. It skept martelers en heech fereare hilligen. En de leauwensmoed fan de martelers fersterket yn hege mjitte de leauwensoertsjoeging fan de folgelingen.
In leauwige, dy‛t ivige silligens as heechste beleaning sjocht, sil syn miserabele libben op dizze ierde der graach foar oerhawwe. Stark besiket dizze ekonomyske oerweging wittenskiplik te ûnderbouwen en mient dêr yn slagge te wêzen. En einiget mei Q.E.D. Quod erat Demonstrandum. Dat wie wat oantoand wurde moast.!

Kansen en organisaasje


In relygje hat de mooglikheden om te groeien lang net altyd  yn eigen hân. Lykas in plant moat er groeie dêr‛t er siedde is, en dus kin hja har hândhavenje dêr‛t de grûn it fruchtberst en de mooglikheden it geunstichste binne. It Romeinske ryk wie in fruchtbere boaium, foaral yn de stêden. It wrimele dêr fan goaden en mystearje cultussen, tefolle om op te neamen. De steat bemuoide him dêr sa min mooglik mei, en regulearde sa min mooglik, alle goaden wienen har gelyk. As immen mar ree wie syn trou te bewizen troch in pear kerreltsjes wijreek foar de keizer te offerjen, dan wie de steat tefredensteld. Dat bewiist dat joaden en kristenen, hoewol‛t hja dat wegeren, meastal mei rêst litten waarden, salang hja net troch ien of oare oanklage waarden fan atheisme. Dan moast de rjochter har hifkje, en koenen hja as misdiedigers feroardiele wurde.
It heidendom waard hoelanger hoe djoerder, de steat en inkele rike stipers ûnderhâlden de timpels en de prysters. Mar der kamen hieltyd mear fan en dat makke de slobber tin.
Timpels rekken yn ferfal, prysters moasten biddelje. It heidendom wie noch libben, by gebrek oan better, mar it bûn net, it oertsjoege net mear, it holp net echt.
It heidendom wurke as in merk mei tûzen diskes mei net folle ferskaat. Jo kinne by dizze keapje of by dy, of by ferskate wat. Unferplichte, sa frij as in fûgeltsje, sûnder bining of ek mar ienige garânsje.
Kristendom, joadendom en Islam wurkje as in Supermerk dêr‛t jo alles krije kinne op ien adres en yn de heechste kwaliteit en folsleine garânsje fan "ivige sillichheid". It mei wat kostje, mar it bied ek foar dit libben in protte extra! Mar, dan moatte jo wol fêste klant wêze, en net by in oar merkje. Hja binne útsoarte útslutend om parasitearjende meilifters ôf te skodzjen.
Ek de heidenske filosofy hie al lang it idee fan monotheisme propagearre, mar har goaden systeem liende him dêr net foar. Sa wie it Phytagorisme ûntstien en de Mytras mystearjes, en it Parzisme. Allinne it Parzisme bestiet noch, de oaren binne útstoarn.
Mar kristendom, joadendom en islam libje noch folop. As dus it kristendom no yn Westeuropa en Amearika achterút giet, komt dat omdat hja net mear in besieljende, oertsjoegjende massabeweging is, dy‛t him sûnder underskie oer in elk ûntfermet; mar in fersplintere ynstituut dat de Geast ynruile hat foar burokraatsy.

Deugdsumens 

           
  It foarnaamste stik fan de joadske en de kristlike lear is "God leafhawwe boppe alles, en dyn neiste as dysels." dêr‛t dat yn de praktyk brocht wurdt, dêr libbet de leauwensmienskip en dêr is hja sterk en tsjin de slimste oanfallen bestand. Dêr stiet de meiminske as byld fan God yn it middelpunt. Dizze lear en de dêrút folgjende deugden fersloegen it heidendom. Want de heidenske goaden kinne mei offers mooglik geunstich stemd wurde. Dy neatige wjirmkes dêr op ierde ‛leafhawwe‛ dat is harren folslein frjemd. It lot fan dy minsken giet har ek alhiel net oan. Hoe frjemd moat in tekst as Joh. 3:13 Want sa leaf hat God de wrâld hân... in heiden yn‛e earen klonken hawwe. Har filosofen fûnen ‛genede‛ ûnrjochtfeardich, de misdiediger fertsjinnet straf! Meilijen is swakkens fan karakter, wat foar lytse bern, net foar in keardel.
Hja redenearren as of‛t hja en de measte minsken foutleas wienen en de kweadoggers dus oardielje en ferneatigje mochten.
Wylst Joaden en Kristenen der fan út hearre te gean dat de minske skepen is sa as er is, mei al syn lek en brek en dat God dat ‛goed‛ neamde. En dat wy de meiminske dus nimme moatte sa as er is. Sa as ek God it reine lit en syn sinne skine lit oer goeden en tsjoeden. Sa moatte dus wei ek ús ûntfermje oer goeden en kweaden, en net allinne de neisten mar ek de fiersten, net allinne de freonen mar ek de fijannen leaf hawwe. Dan jout it kristendom de minske syn minsklikens wêrom.
 
Mar de steatstsjerke mei syn dogmas, syn patserige gebouwen, syn pronkerige liturgy, wie in tebekfal yn it heidendom, want dêr stiet it ynstituut yn it middelpunt. En al gau ferfoel hja sels ta it ferfolgjen en útroegjen fan meikristenen.
 

 De stellingen fan Rodney Stark

Bekearing:

Dy minsken jouwe har by in nije beweging, dy‛t in gruttere minslike bining hat mei de leden as mei net leden.
Bekearing ta in nije religieuze groep bard as minsken sterkere bannen hawwe of krije mei minsken dy‛t al by dy groep hearre, as mei minsken dy‛t der net by hearre.
Nije religieuze bewegingen werve har bekearlingen út de religieus net aktiven en teloarstelden en út de festige ferwrâldske groepen.

De klassen basis

De macht fan in persoan of groep is posityf ferbûn mei de macht fan in religieuze organisaasje en mei it krijen fan beleanningen dy‛t troch dy organisaasjes beskikber binne.
De macht fan in persoan of groep is negatyf ferbûn mei it oannimmen fan geastlike kompensaasjes yn it plak fan beleaningen dy‛t echt besteane.
Macht of gjin macht, persoanen en groepen nige derta geastlike kompensaasjes oan te nimmen  as beleaningen dy‛t yn dizze wrâld net besteane.
Religieus sceptisisme is it grutst ûnder de meast befoarrjochten minsken.
Ienfâldige minsken lykje har mear oanlutsen te fielen ta sekten.
In cultus beweging lûkt foaral de mear ûntwikkelen oan.

Sinding ûnder de Joaden

Minsken oan‛e kant fan de maatskippij sille altyd besykje út dy posysje te ûnkommen of der in oplossing foar te finen. Foarbyld: De herfoarme joaden yné 19e ieu.
Minsken binne earder ree in nije religieuze beweging oan te nimmen as dy in fuortsetting is fan de relygje dy‛t se al kenne.
Bewegingen groeie folle hurder as hja har útwreidzje kinne yn soasjale netwurken dy‛t al oeral besteane.
Epidemieën; De kristlike lear wie in foarskrift ta it ûndernimmen fan aksje.
Martelers: Godstsjinst ferskaft kompensaasje foar beleanings dy‛t seldsum binne of net te krijen.
Minsken komme op rationele wize ta har dieden, dat jild ek foar dieden dêr‛t geastlike kompensaasjes tsjinoer steane.
Minsken ferskille ûnderling sterk yn it beoardieljen fan de wearde fan beleanningen of foardielen.
De takenning fan in bepaalde wearde oan in geastlike kompensaasje komt ta stân troch soasjale ynteraksje en útwikseling.
Minsken beskôgje in geastlike kompensaasje as minder ryskant en weardefoller as dy mear algemien foarstien, neifoaren brocht en keazen wurdt.
De kompensaasjes dy‛t in godstsjinst biedt, wurde minder ryskant en dus weardefoller fûn, as der mear betrouber bewiis is dat dielhawwen oan dy godstsjinst, taastbere foardielen opleveret, dy‛t net maklik yn wrâldske termen útienset wurde kinne.
Religieuze lieders binne safolleste leauwenswurdiger, as dat se minder materiele beleaning easkje foar religieuze tsjinsten.
Martelers binne de meast leauwenswurdige exponenten fan de wearde fan in relygje, foaral as har martelerskip frijwillich is.
Offers en úterlike tekens meitsje it probleem fan de meilifters lytser.
Troch swierdere offers en tekens te easkjen ferheget men de betrutsenens en dielname fan de leden.
Troch swierdere offers en úterlike tekens te easkjen kinne religieuze groepen grutter materiële, soasjale en geastlike foardielen foar har leden berikke.
It lidmaatskip fan in ‛djoere‛ relygje kin foar in protte minsken hiel goed út.

Monotheisme

Hoe folle âlder, grutter en kosmopolitysker  in maatskippij is, hoefolle minder goaden, mei in grutter gebiet hja ferearje sille.
It ûnderskieden fan it boppenatuerlike yn twa skiften, goed en kwea, jout in better trochtocht byld fan de goaden.
Hoe âlder, grutter en kosmopolitysker in maatskippij wurdt, hoe grutter it ûnderskied dat hja makket tusken goede en kweade goaden.
As in religieuze ‛firma‛ der op rjochte is particuliere produkten te bieden, dan sille konkurinsje en risikomeiing de konsumint der ta bringe, yn mear as ien ‛firma‛ te belizzen, en har geastlike ‛portefeuilles‛ te sprieden.
As in religieuze firma rjochte is op de produksje fan mienskiplike produkten, dan sil de firma útslutendheid easkje moatte om meilifters problemen foar te kommen. 
De wichtichste Kristlike learstellingen soargen foar it ûntstean en ynstânhâlden fan oantreklike, frij meitsjende en goed wurkjende soasjale relaasjes en organisaasjes.


De inleiding tot de Kultuurgeschiedenis der Christelijke Oudheid.

En Oarsprong en Ontwikkeling der Heiligenvereering

College Prof. Schrijnen

Dit is in teboekstelde tekst fan in college fan omstreeks 1910; De boarnen binne hast allegear Dútske teolochyske wurken út de twadde helte fan de 19e ieu. Fan belang binne foaral de opsommingen en koarte beoardieling fan de ierkristlike wurken en skriuwers. En de positive beoardieling fan it synkretisme fan heidendom en kristendom.
De âldkristlike kultuermienskip joech sawol romte as begrinzing. Hja bewarre foldwaande fan de heidenske ynstellingen en tradysjes om in folsleine kultuer it libben te skinken. As bewiis wurde Tertulianus en de brief oan Diognetus oanhelle. Mar ek begrinzing, want der wienen ek grutte tsinstellingen en sa waard in echte âld Kristlike kultuer berne. Ferrike mei "spolia gentium."
As foarbylden foaral de opgravingen yn dy tiid fan de Catacomben.
Kin dat, kin in iepenbierings godstsjinst ynfloeden fan de soasjale kultuer ûndergean?
Praktyske wol, sa binne de liturgyske klaaing, feestdagen, de mis, it boete dwaan, it angelus gebed, de krúswei en de roazekrâns ûntstien út‛e heidenske folkskultuer.
Ek yn learstellige sin is der yn de folks frommens in protte oernaam dat de tsjerke net learde, mar dat men op ynskripsjes op de grêven en grêfjeften wol tsjinkomt. En guon dêrfan binne troch de tsjerke as gebrûken oernaam.
Mar der binne ek grutte feroaringen yn positive sin, foaral op it mêd fan de famylje, de posysje fan de frou, en sels de posysje fan de slaaf, want de kristen slaaf waard dochs sjoen as in minske foar God gelyk oan de oare minsken. Ek de ekonomy ferbettere ûnder kristlike ynfloed, dy‛t it bestean fan rykdom en earmoed erkende, mar besocht te oerbrêgjen en troch de rehabilitaasje fan it sels arbeidzjen, net mear allinne troch slaven.

(It liket my dat Schrijnen hjir dingen trochinoar hellet, yn it Easten hie de slavernij nea de mjitte helle, dy‛t it yn Rome, troch goedkeape kriichsfinzenen helje koe. Mar yn Augustinus tiid ferwûndert Orosius him der noch oer dat de barbaren, de Westgoaten yn Spanje, sels it lân bewurkje. Doe dienen Romeinen dat dus ûntanks 300 jier kristendom noch net! Men kin hjir dus like goed fan in germaanske as fan in kristlike ynfloed sprekke.)

 Yn de keunst is de heidenske ynfloed it grutst. Allinne wat útbylde wurdt ferskilt. Yn de dichtkeunst soe dat oars wêze, Ambrosius en Aurelius Prudentius dichten hymnen, mar der waard songen op populair heidenske wizen. En ek de heidenske filosofy, it neo platonisme, waard mei ham en gram oernaam, al wie Aristoteles earst noch tige fertocht.
Under literaire boarnen ferstiet Schrijnen ek de ferslaggen fan martlerskippen. En de nijtestamintyske apokriven, mar beoardielet se allegear ‛smakeloos van inhoud‛. Foar tige wichtich hâldt hy de âldste liturgieën en it Pausboek, al achtet hy de de histoaryske wearde derfan lyts. It calendarium liberianum in almanak út 336 fan Furius Dionisius Philocalus. De consily ferslaggen, en de pauslike bullen.
Heidenske skriuwers, Tacitus, Seneca, Plinius jr. Seutonius, Ammianus Marcellinus, Dio Cassius, Herodianus, Eutropius, Symachus neame en beoardielje de kristenen.
 Foar de kristlike skriuwers wiist hy op de útjeften fan Migne, en it Corpus Scriptorum. En neamt dan sels:
De Didache, ein 1e ieu Syrië; pseudo Barnabas brief, omstreeks 95; de brief fan Clemens I oan de Korintiërs, de twadde is pseudo, en de brieven Ad Virgines binne fan folle letter. De brieven fan Ignatius oan de gemeenten yn lyts Azië dy binne ECHT, want hja neame de katolike tsjerke, it monarchysk bisdom, de hegemony fan de tsjerke yn Rome en de ‛eucharisty‛. Polycarpus brief oan de gemeente yn Philippi. Papias ‛Wurden fan de Hear‛, De Hoeder fan Hermas, de brief oan Diognetus, skriuwer ûnbekend, mar soe Hypolitus wêze kinne. Diognetus soe dan de stoyske wiisgear en learling fan Marcus Aurelius wêze kinne.
Ferskate apologiën. Fan Quadratus oan keizer Hadrianus. Fan Aristides oan keizer Antoninus pius, 2 kear, en syn dialooch mei de joad Tryphon. Justinus Martyr, Tatianus brief oan de Griken en syn Diatessaron, mar dy skreau hy doet hy al kettersk wie. Athenagoras Suplicatio pro Christianis oan Marcus Aurelius, 177; en Resurectio mortuorum. Theophilus Ad Autolycum oer ‛trinitas‛ en as lêste Minucius Felix. ‛Octavio"
de twadde fase is de striid tsjin it Gnostisisme.
Irenaeus stelt ‛Adversus haereses‛ de katolike tsjerke ûnder Hegemony fan Rome en de ûnferbrutsen opfolging fan biskoppen.
Clemens fan Alexandrië; Protrepticus, Paedagogus, Stromata; Origenes 180-250, Hexapla, Tetrapla, De Principiis, De Oratione, Exhortatio ad Martirium, Contra Celsum;
Tertulianus, 160-220 te folle titels om op te neamen; Cyprianus, foaral syn brieven,
Arnobius, Adversus Nationes mar dan binne we al om 300 hinne.
Fierder neamt hy noch:Lactantius, Hippolitus Philosophumena,Commodianus Carmen Apologetica; De Didascalia en Constitutiones Apostolorum
 

De Hilligen ferearing


Schrijnen jout ta dat der in grutte synkretyske ynfloed fan it heidendom op it kristendom west hat. Dat bepaalde gebrûken oernaam binne, mar dat betsjut net dat de ynhâld, wat men der by leaut of jin foarsteld ek itselde is.
De ferearing fan de hilligen, ûntstie út it bibelske en kristlike idee fan de ienheid fan de stridende en triomfearjende tsjerke. Hja sjogge de hilligen, alle leauwige ferstoarnen, as libjende by God. Dat is hiel wat oars as it heidenske idee fan de ûnstjerlike siel, dy‛t nei syn boarne wêrom reizget.
It bidden ta de hilligen is ek gjin ‛oanbidding‛ mar in fersyk om bemiddeling. In leafde bân dy‛t troch de dea net ferlern giet.
Fan de hilligen binne de ‛martlers‛de foarnaamsten. En sa bliuwe oplêst allinne de troch de tsjerke erkende hilligen as hilligen oer, wylst yn it begjin ek ferstoarne lytse ‛ûnskuldige‛bern frege waard om foarbede by God.
It idee fan de krêft fan ‛relequien‛ fynt men neffens Schrijnen al yn bibel, sjoch 2 ken.13: 20,21 en Hand. 5: 15. It gebrûk hat him útwreide, fan oantinken, ta oanwêzigens, ta magysk ammulet.
Tsjerken waarden stichte op de grêven fan de hilligen, of der waard in stikje oerbliuwsel fan de hillige dêr‛t er oan wijd wie yn it alter lein. Alles hat te meitsjen mei de ferbûnens fan de gemeente op ierde mei de gemeente dêr boppe.
Maria ferearing. Yn de 4e of de 5e ieu komt de ferearing fan Maria op. Earst soe de ferearing fan Jezus en Maria in ienheid west hawwe, mar doe kaam der mear oandacht foar de posysje fan Maria as de "Mem fan God", it soe ek in middel west hawwe tsjin de Vesta ferearing dy‛t hieltyd wer opflamme. Allinne it fresco fan Maria mei it Kristusbern yn de catacombe fan Priscilla soe út it begjin fan de 2e ieu wêze.


DE VERLOREN ERFENIS

J. Slavenburg

Slavenburg besiket it kristendom te sjen yn de relaasje mei syn omjouwing, net allinne as ‛beweging‛ mar foaral ek wat de ideeën betreft dy ‛t dy bewegingen driuwe.
Hy ferliket it dus mei de geastlike streamingen fan de tiid fan it ûntstean en de ideeën dy‛t dêr oan foarôfgienen, dy‛t der ynfloed op hienen, dy‛t derút fuortkamen en wat der noch fan oerbleaun is.
Hy sjocht Jezus as de soan fan Joazef en Maria, dêr‛t we eins net earder fan hearre as nei syn doop yn‛e jordaan troch Jehannes de Doper. Hy sil dus in learling fan Jehannes wêst hawwe, en hat sa as letter blykt ek Esseenske trekjes, lykas Jehannes ek.
Kristus wurdt hy as by syn doop de Kristus geast oer him komt, dy‛t hy ek útstoart oer syn learlingen.
Fan grut belang achtet Slavenburg de teksten fan Nag-Hammadi en de Deadesee rollen. Foar it ynsjoch dat hja jouwe fan oare joadske en ierkristlike ideeën en foarstellingen as de letter ferdochmatisearre tsjerklike learingen. Ek de NT apokriven nimt hy tige serieus, dy binne ommers ek opskreaun om in better ynsjoch te jaan fan Jezus en syn betsjutting.  Hawwe faaks in wichtige rolle spile yn it jonge kristendom foardat de efangeeljes kamen en goed kard waarden, sa as de Didache, De Hoeder, De Diatessaron en de efangeeljes fan de Ebionieten, de Nazoreeërs, en fan Barnabas. Letter binne dy ôfkard, omdat hja de godheid fan Jezus ûntkenden, net dúdlikernôch learden of tefolle neidruk op de frijewil fan de minske leinen.
En foaral de gnostike teksten fynt hy hiel wichtich omdat dy no krekt de neidruk lizze op de ynwendige ûnderfining, op de geastlike ynspiraasje, op de ynderlike Kristus geast. Sa is hy tige tesprekken oer Valentinus, dy‛t dochs ek kandidaat foar de posysje fan biskop fan Rome wie, tagelyk mei Pius. Pius wûn en sette Valentinus en Marcion bûten de tsjerke as ‛falske profeten. Ut it tagelyk foarkommen yn Rome fan prysters as Pius, Valentinus, en de reder Marcion as in foarman en grutte stiper, as Justines martler, Tertulianus de abbekaat en pryster, en Tatianus de Assyriër. En harren folslein ferskillende opfettingen, en doch allegear earnstige kristenen, blykt hoe ferskillend der binnen it kristendom tocht waard.
Omdat in grut diel fan de ferskillen fan miening ôfhong fan synkretisme mei it leauwen en de filosofy fan de foarâlden, makke it in grut ferskil of‛t dy foarâlden joaden, egyptners, griken, of romeinen wienen. Foaral filosofyske ideeën fan Plato en Arristoteles, en fan de stoicijnen fûn men dêryn by griken en romeinen, mar dy fan de Assyrier Tatianus en fan Montanus wienen hiel oars en de troch de Hermes trimegistos beynfloede ideeën fan Allexandrijnske kristenen folle gnostysker. De striid ûntstiet dan foaral troch hiel ferskillend tinken oer de askese, de gnostyk en de ynfloed fan de Geast en de tucht en it gesach fan de "iene wiere apostolyske" tsjerke. Al dizze minsken behalve Pius, waarden troch Tertulianus, Hypolytus en Ireneaus as ketters útmakke, mar iroanysk genôch, stoaren dy ek alle trije as ketters. De skriuwer hat in grut respekt foar de wurden fan Valentinus, hoe swart dy ek troch Irenaeus ôfskildere wurdt, en foar de troch de ynerlike Geast dreaune gnostyske teksten, hy sjocht de hâlding fan de romeinske tsjerke as in eangst reaksje foar alles wat fan omfierrens komt, dy‛t besiket de wierheid fêsttelizzen, in leauwen op gesach fan de biskop as erfgenamt fan de Apostels.
De oergong fan de tsjerke fan in faak ferfolge en soms kwalik fernearde, mar gestaach groeiende groep, dy‛t men net mear ferneatigje kin. Dy‛t al salang bestiet dat se der by heart, wêrfan‛t men rûnom folgelingen fynt sels yn de heechste kringen, nei in troch de steat erkende tsjerke, en dan as de ienige tastiene godstsjinst duorre hast fjouwer ieuwen.
Mar doe‛t dat in feit wie waard de tsjerke in steatynstituut, dat net mear ferfolge waard, mar wylst it syn "martelers"ferhearlike ta in ferfolger en útroeier fan al dyjingen dy‛t har macht en heerlikheid bedrigen. Sa briik de ketterjacht los, dy‛t oan‛t yn de 16e ieu duorre hat.
Slavenburg besprekt dan trije ‛hillige‛ tsjerkfaars. Hieronimus, Ambrosius en Augustinus.
Hy wurdearret fan Hieronimus syn wurk as oersetter fan de Vulgaat, mar wiist ek op syn sikelike eangst foar de frou en seksualiteit en syn ferhearliking fan de maagdelikens.
By Ambrosius foaral de striid mei keizer Theodosius, oer wa ‛t no de heechste macht op ierde heart te hawwen, de keizer of de biskop. Werby hy net skroomt de keizer opdracht te jaan om boete te dwaan foar in slachtpartij op politike tsjinstanners, mar sels net optrede wol tsjin minsken dy‛t ketterske of heidenske hillichdommen ferniele en de minsken fermoardzje.
En ek by him is de eangst foar frou en seks. Hy ferbiedt de prysters troud te wêzen. En ferhearliket de maagdelikens.
Augustinus achtet hy tige foar syn kennis, syn enoarme wurkkrêft, mar lekket syn benepen begrip fan it kristendom en syn eangst foar froulju nei syn bekearing, syn frjemde opfetting fan it minske wêzen, machteleas ta it goede, feroardiele ta de erfsûnde, en troch de útferkiezing al fan iwichheid feroardiele ta de hel of bestimd foar de himel.
In ferbittere âld man dy‛t de ein fan it romeinske ryk en ‛beskaving‛ oankommen sjocht as de Vindill de stêd Hypo belegerje wylst hy op stjerren leit.
Dernei beljochtet hy hoe‛n bytsje der mar mear oerbleaun is fan de lear van Kristus, dy‛t learde dat  manlju en froulju lykweardich binne. En in wei wiisde ta it himelskeryk, troch leafde ta de neiste, it dwaan fan it wollen fan de Heit, it wurden as in bern, it werfinen fan dysels troch geastlike werberte. Allegear wol te finen yn de evangeeljes en de brieven fan Paulus. En dêr‛t men folle mear wurdearring foar fynt yn de gnostike geskriften.


 Van Huisgemeente tot Wereldkerk

G.J.D. Aalders
1 Yn it begjin ferûndersteld Aalders in primitive Romein dy‛t leaut yn mysterieuze krêften en geasten fan fjild, wetter ierde ensafh. Dy machten besiket hy ta freon te hâlde mei riten, offers en feesten. De paterfamiliae hat dêrby de lieding. Yn de keningentiid wurdt de kening beskôge as de paterfamiliae fan it folk en it ryk en dy is dus dan ek ferantwurdlik foar it ta freon hâlden fan de machten, de pax deorum en de dêrta nedige riten, en offers. Yn de republyk giet de macht oer oan de senaat, en dy beneamde dêr in prysterkollege foar, ûnder lieding fan de pontifex maximus. Dat kollege moast soargje dat de machten, ûndertusken faak al ûnder ynfloed fan Etrusken en Griken persoanifysjearre ta goaden, geunstich stemd waarden. Hja mochten minsken, dy‛t har net oan de rituelen hâlden, net straffe, dat wie oan de senaat.
Dizze foarm makke dat de gewoane minsken de godstsjinst oan de steat oerlieten, mar as dat har eigen godstsjinstigen behoeften net befredige, faak ta oare geheime riten ferfoel. As it folk slim oerstjoer rekke, lykas mei de droechte yn 450 fK of mei de Punyske oarlogen en de tocht fan Hannibal yn 213 fK, of de Bachanalen, as hja har troch de steat yn‛e steek litten fielden, omdat dy blykber de goaden net tefreden steld hienen, sadat harren dit oerkaam, dan griep de senaat yn. Dan waarden frjemde en foaral geheime godstsjinsten en riten ferbean.
Meidat it ryk hieltyd útwreide en dus mei oare folken, riten en godstsjinsten yn oanrekken kaam, easke dat fan de senaat in grutte ferdraachsumens tsjinoer oare godstsjinsten, hja lieten alle folken safolle mooglik har eigen wetten en riten folgje. Derneist ûntstie der in soarte fan keizerferearing; earst fan syn ‛genius‛, Augustus en Tiberius woenen noch fan gjin persoanlike ferearing witte. Mar dochs easke men faak it offerjen fan in pear kerrels wijreek foar de keizer en Roma, de ‛genius‛ fan Rome, as teken fan trou en tawijing. Foaral dit makke dat kristenen yn problemen kamen as hja dat wegeren, want dêrop stie faak de deastraf.
Sawol folk as regear ferwachte de takomst foarsizze te kinnen út it skôgjen fan fûgels en yngewand, foaral lever, fan offerbisten, en oare foarmen fan orakels. Al hie men wol troch dat der in protte falske kwaksalvers bestienen op dat mêd..

2 De ferfolgingen lykje it meast feroarsake te wurden troch rampen en tsjinslaggen yn it ryk, wêrtroch it folk oerstjoer rekket en de kristenen de skuld krije fan it feit dat de goaden de romeinen net mear geunstich gesind binne.  Dat is oer it algemien sjoen. Elke folgjende ferfolging hat wer in oar ferhaal, ek persoanlike haat en ôfkear gefoelens binne faak oarsaken, en de algemiene eangst fan in ryk dat altyd yn oarloch is, foar in godstsjinstigemacht as in steat yn‛e steat, dy‛t wol loyaal seit te wêzen, mar de steat en de keizer en syn goaden prinsipieel ôfwiist. Doe‛t yn de tiid fan Constantijn de steat de ûnmooglikens fan it útroeien fan de mearserheid fan it folk ynseach, sloech men oer nei it oare úterste it kristendom as tastiene godstsjinst. En de keizer bemuoide him fuortdaliks sels mei de tsjerke om dêryn, krekt as yn it ryk, de ienheid te herstellen. Sanedich mei geweld tsjin oarstinkenden, dy‛t no ketters neamd waarden.

3 De romeinske maatskippij en de kristenen.
Út it ferslach fan Tacitus oer de brân yn Rome yn 64 blykt wol hoe‛t de kristenen troch him en de romeinske elite beskôge waarden, al hat hy wol troch dat de beskuldiging dat hja de brânstichters binne falsk is, dochs skriuwt hy oer har as steatsfijannen en fijannen fan de minskheid. In ieu letter skriuwt Tertulianus soartgelikense dingen, steatsgefaarlik, feroarsakers fan oarloggen honger en pest, oerstreamingen fan de Tiber, of gjin oerstreaming fan de Nijl, alles wurdt har yn de skuon skood. Appologeten dogge harren úterste bêst oan te toanen dat hja gewoane minsken binne, gjin bernemoardners of kanibalen, dat hja de frede neistribje en earlik belesting betelje. Mar dat helpt net folle. Út en troch barste wer gewelddieden troch oerstjoere folksmassas tjin harren út, dy‛t de bestjoerders wêr gelegenheid jouwe, om harren te twingen, in eed fan trou oan de keizer, it offerjen fan wyreek, en it ferflokken fan Jezus fan har te easkjen, en as hja dat net wolle, de deastraf út te sprekken, faak binne de ‛ferhoaren‛ en de dêrop folgjende deastraf ûnder de ferskriklikste martelingen.
In oar lûd út ûnfertochte boarne is it ferhaal fan de kritikus Lucianus. It giet oer immen dy‛t as gryks filosoof oergie ta it kristendom, en dêr troch syn geleardens algau in lieder waard. Hoewol Lucianus him as in oplichter beskôget, skildert hy wol de help en de ferearing dy‛t de kristenen him biede, dy‛t him ûnderhâlde yn de finzenis. Dat jout in byld fan har sterke soasjale bining en ûnfoarwaardelike stipe oan mekoar.
Folle fatsoenliker as de stikken fan Tertulianus binne de brieven fan Athenagoras oan keizer Marcus Aurelius en sy soan Comodus. Hy brûkt fierhinne deselde arguminten, mar ek dat hat blykber, sjoch de ferfolging ûnder Comodus, net folle fertuten dien.
Ut Origines syn tractaat tsjin Celsus blykt dat der ek ‛gelearden‛ wienen, dy‛t mei arguminten it kristendom bestriden. Celsus syn ‛Wiere Lear‛ moat om 180 hinne skreaun wêze, hy giet út fan Plato, hy fynt de tsjerke in ilegaal geheim genoatskip, der is in wiere lear, dy‛t alle ieuwen troch, troch alle folken beliden is, it makket net út wat nammen de goaden jûn wurde hja binne allegear gelyk. Mar dy wiere lear wurdt troch joaden en kristenen ûntkent. Dat ûndergraaft de ienheid fan it romeinske ryk. Jezus fynt hy net leauwenswurdich, hy hie dat lijen bêst foarkomme kind. As hy godlikemacht toane woe, hie hy him nei syn opstanding oan syn pinigers en oan it folk toane moatten en net stikum oan in klykje folgelingen. Kristenen binne domme ûnûntwikkele minsken en slaven. Om opnaam te wurden yn oare godstsjinsten moat men rein en earlik wêze, mar de kristenen nimme sûnders en dogeneaten oan.
En wêrom wolle hja net dielnimme oan de algemiene en iepenbiere feesten. God is der dochs foar alle minsken? Mar dochs is it soarch dy‛t Celsus driuwt. Stel dat de romeinen dy allerheechste god oannimme soenen, soe hy harren helpe, lykas har goaden dien hawwe. Hat hy de joaden holpen, hja hawwe gjin stêd en gjin lân mear,en syn timpel is ferwoaste!
Hy fynt it ek net goed dat kristenen net fjochtsje en gjin amten beklaaie wolle. Net helpe wolle it ryk te ferdigenjen en te bestjoeren, sa kin gjin ryk bestean bliuwe.
 Aalders leit nochal klam op dizze geweldleazens. Hy neamt de âldste tsjerkoarder fan ûngefear 200, it giet oer it talitten fan catagumenen. Dêr út blykt dat amtenaren, soldaten, artiesten, byldhouwers, skilders, plysjeminsken, gladiatoren en al sokke mear, net talitten wurde kinne. Dêrút blykt dat hja earst tige tsjin it brûken fan geweld wienen!
Lang alle kristenen tochten net gelyk, en de arguminten wurde net allinne út it âlde testamint helle mar foaral fan de grykske wiisgearen.
Mar dat is foaral de bûtenkant. De kristen gemeenten wienen mei troch de gefaren fan harren bestean in tige hechte soasjale mienskip, dy neffens tsjoegenis fan binnen en fan bûten de gemienskip, altyd foar mekoar klear stienen, yn need en noed mekoar holpen en net allinne de eigen minsken, mar dy 't elk en ien, dy‛t hja helpe koenen, te help kamen ek mei gefaar fan eigen libben. Sels de heidenske keizer Julianus de ôffallige tsjoeget dêrfan en steld har syn heidenske prysters ta foarbyld.

Der wie diskusje oer al of net brûken fan geweld. Guon seinen Jezus hat it folslein ôfkard, past net yn it Keninkryk. Dus alhiel gjin geweld brûke. Oaren wize op wat Jehannes de doper sei tsjin de soldaten en wat Jezus sei doe‛t hja nei de Oliveberg gienen. En dat hy in feint fan in ofsier bettermakke. Dat er sels geweld brûkte om de timpel te suverjen.
Aalders fynt dat gjin diskusje wurdich: Geweld past in kristen net! In kristen docht de neiste gjin kwea. Hja sykje it frederyk dêrt swurden omsmeid wurde ta ploegen.
Mar doe ferwachten hja de hear elk eagenblik werom. Dochs is der twariedigens, men feroardielet alle geweld mar bid foar de keizer en ek foar it leger!
As de Werkomst útbliuwt en der hieltyd mear kristenen wûn wurde, ek yn hegere kringen en yn it leger, feroaret dat. Yn 173 blykt it 12e legioen gruttendiels út kristenen te bestean, troch harren gebed soe it leger as troch in wûnder red wêze. Ut Tertulianus ‛De Krans‛ blykt dat der ek yn Noardafrika in protte kristen soldaten wienen.
Doet it kristendom steatsgodstsjinst waard gie de tsjerke alhiel om. Wa‛t tsjinstwegere waard exkommuniseard. Yn 416 meie ûnder keizer Theodosius allinne kristenen yn it leger tsjinje.!

4 De martelaren as getugen. In martelaar is net immen dy‛t martelet, mar immen dy‛t martele wurden is, faak martele ta de dea.
Der binne acten fan ferhoar en terjochtstellingen, meastal frij sober mar ûntstellend wreed.
Der binne passy‛s, ferhalen fan it lijen fan martelaren, sa wreed dat it hast ûnfoarstelber is.
It giet grif om tûzenen, yn elk gefal folle mear as in pear hûndert. Minsken fan alle rang en stân, manlju en froulju en faak sels lytse bern.
Dat wie it heech fereare romeinske ryk!! Mei syn ferneamd romeinsk rjocht!
Mar helaas troch dy rom en ferearing hat de kristlike tsjerke yn lettertiid noch folle mear oarstinkende kristenen fermoarde en ta martelaren makke! En dat gie om miljoenen!
En noch altyd wurde der minsken martele en fermoarde om har leauwen.

5 De ôffalligen. As ferfolging drige, besochten in protte ûnder te dûken of te flechtsjen, men seach dat net as laffens of ôffal, Jezus hie it sels oanred om te dwaan. Josels demonstratyf oanbiede foar ferfolging waard as sûnde beskôge. Boppedat wie der in protte korrupsje,sa wisten guon har frij te keapjen, of in sertifikaat, dat men offere hie, te keapjen, of te ferfalskjen. Yn sommige gemeenten waard geregeld kollektearre om in fûns te foarmjen om minsken frij te keapjen of om fan ferfolging frijbliuwe te kinnen.
Mar fansels wienen der in protte dy‛t as hja oppakt en martele waarden, it net úthâlde koenen en dochs mar offeren en ôfswarden. Dat wienen dus de ôffallingen.
Skerpslipers lykas Tertulianus hienen dêr gjin goed wurd foar oer. Minsken dy‛t de martelingen oerlibbe hienen wienen gâns mylder.
In protte fan dy ôffaligen woenen as de ferfolgingen oer wienen dochs graach wer yn de tsjerke oannaam wurde.  Oer it algemien waarden se, nei iepenlik berou, wer yn de gemeente opnaam. As it tsjerklike amtsdragers betrof waarden hja wol wer oannaam, mar kamen net wer yn oanmerking foar in amt.

6 Al mei al fertsjinje de kristenen fan de earste ieuwen oer‛t algemien bewûndering en respekt. En de oergong nei de steatstsjerke kin net oars, dan as in tebekfal betreure wurde.

De earste ieuwen      boppe       Thússide

UNDERWIZING

It ûnderwiis fan de Hear troch de Tolve Apostels oan de heidenfolken

Dízze Underwizing, mei de grykske namme Didaché, is mooglik de âldste foarm fan kategismus, ûntstien yn de Joads kristlike gemeenten.
It is mooglik út it lêst fan de earste ieuw, út de selde  tiid as it efangeelje fan Matteus of fuort dernei..
Sjoch foar in wiidweidiger útlis: https://fy.wikipedia.org/wiki/Didachê.

Haadstik 1 De Twa Wegen; It earste gebod.

1 Der binne twa wegen, ien ta it libben en ien ta de dea en dêr is in grut ferskil tusken.                                            
2 De wei nei it libben is dit:
Foarst, do silst God dy't dy makke hat leafhawwe.
En twad, do silst dyn neiste leafhawwe as dysels, en watsto net wolst dat in oar dy oandocht, doch dat ek in oar net oan.
3 De bedoeling fan dizze sprekwurden is dizze: Segenje dy't dy ferflokke, en bid foar dyn fijannen,
fêstje foar dejingen dy't dy ferfolgje.
Want wat jout it asto leaf haste dy't dy leafhawwe? Dogge de heidens dat ek net?
Dêrom haw leaf dy't jimme haatsje, en jim sille gjin fijân mear hawwe.
4 Unthâld dy fan fleislike en wrâldske lusten, as ien dy op it rjochter wang slacht, kear him ek it oare ta, dan silst folslein wêze.
As ien dy twingt ien mijl mei him te gean, gean dan twa mei.
As ien dyn oerjas nimt jou him dyn jas ek.
As immen dy dyn eigendom ôfnimt, easkje it net wêrom, want dat kinst ommers net iens.
5 Jou oan in elk wat hy fan dy freget, en freegje it net werom, want de Heit wol dat wy oan in
elk frijwillich jeften jaan sille fan ús segeningen.
Lokkich hy dy't jout neffens it gebod, want dy is sûnder skuld.
Wee him dy't nimt, want as hy út need nimt is hy sûnder skuld, mar hy dy't nimt sûnder dat
hy gebrek hat sil straft wurde, en as hy foar it rjocht komt, sil hy ûnderfrege wurde oer de
dingen dy't hy dien hat, wêrom hy naam en wêr foar, en hy sil net loslitten wurde eart er de
lêste sint wêrom betelle hat. Mat. 5:26
6 Mar oer dizze dingen wurd ek sein: Lit dyn ielmis switte yn dyn hânnen,
oant datst wiste oan wa ast it jaan wolst.

Haadstik 2 It Twadde Gebod; Swiere sûnden binne ferbearn

1 En it twadde gebod fan de lear is:
2 Do silst net moardzje, do silst gjin echtbreuk plege, Ex. 20: 13-14
   Do silst net mei skandjonges omgean, en gjin hourkerij begean, do silst net stelle, Ex 20:15
   Do silst gjin swarte keunst bedriuwe, do silst net oan hekserij dwaan.
   Do silst gjin bern fermoardzje troch frucht ôfdriuwing en net deameitsje dat wat ûntfongen is.
   Do silst de dingen fan dyn neiste net oergeunstich begeare. Ex 20:17
3 Do silst gjin meineed plege Mat. 5:34 Do sils gjin falsk tsjûgenis jaan Ex.20:16
   Do sils net rabje, do silst net wrokje.
4 Do silst net mei twa mûlen prate, want dat is in falstrik fan de dea.
5 Dyn wurd sil net falsk wêze of neat sizzend, mar de died by it wurd.
6 Do silst net oergeunstich wêze, gjin rôver, gjin hypokryt, net kweatinkend of eigenwiis.
   Do silst gjin kwea betinke tsjin dyn neiste.
7 Do silst nimmen haatsje; mar guon silsto teplak sette, foar oaren silsto bidde,
   en guon silsto mear leafhawwe as dyn eigen libben.

Haadstik 3. Oare ferbearne sûnden

1 Myn bern, flechtsje foar alle ferkearde dingen, ek foar wat dêr mar op liket.
2 Wurd net gau lulk, want lulkens sljochted de wei foar moard; en ek net oergeunstich
   of striderich, of driftich, want út al dy dingen ûnstiet moard en deaslach.
3 Myn bern, wês net te gleon, want ûntucht liedt ta huorkerij, en wêz ek gjin fiisprater,
   en tink net te heech fan dysels, want út al dy dingen ûntstiet echtbreuk.
4 Myn bern, slach gjin acht op foartekens, want dat liedt ta ôfgoaderij, gean net nei
   in beswarder, of astrolooch, of duvelbanner, en wêz ek net ree om dizze dingen te
   dwaan, want út al dy dingen ûntstiet de ôfgodstsjinst.
5 Myn bern, wês gjin liger, want ligen liedt ta stellen, en jei net nei jild of idele ear,
   want út al dy dingen útstiet dieverij.
6 Myn bern, wês gjin kankerder, want dat liedt ta godslester, noch eigenwillich of
   kweatinkend, want út al dy dingen ûntstiet godslester.
7 Mar wes sêftmoedich , want de sêftmoedigen sille it ierdryk beërvje. Mat. 5:5
8 Wês ferduldich, meilijend, frij fan bedroch en freonlik en goed, altyd beevjend foar
  de wurden dysto heard hast.
9 Do silst dysels net ferheffe, Luk. 18:14 en net tefolle fertrouwe op dyn eigen miening.
   Dyn geast sil net ferbûn wurde mei heechhertigen, mar mei de rjochtfeardige
   en de dimmene sil hja omgong hawwe.
10 De dingen dy't dy oerkomme, nim dy as goed oan, yn de wittenskip dat dy neat
    oerkomme kin as fan God.

Haadstik 4. Allerhanne Foarskriften

1 Myn bern, tink nacht en dei oan him dyt dy it wurd fan God bringt en earje him as wie it de Hear sels;
   want op in plak dêr't oer de wurden fan de Hear sprutsen wurdt, dêr is de Hear.
2 En do silst dei oan dei it antlit fan de hilligen sykje, dasto dy op har wurden beroppe meist.
3 Do silst net longerje op skuorring, mar do silst dy't tsiere ta frede bringe.
   Do silst rjochtfeardich oardielje, en oertredings bestraffe sûnder oansjen fan persoan.
4 Do silst net yn twifel stean oft it wêze sil of net.
5 Stek dyn hân net út om wat te krijen, en hâld se net yn'e bûse as it op jaan oankomt.
6 Asto wat hast, silst mei dyn hannen in lospriis jaan foar dyn sûnden.
7 Do silst net stadich wêze om te jaan, of stinne asto joust; want do silst witte wa't
   de goedeferjilder is fan it lean.
8 Do silst dy net ôfkeare fan immen dy't gebrek hat, mar do silst alle dingen diele mei
   dyn broer, en do silst net sizze dat it dyn eigen binne; want as jim dielgenoaten binne
   yn dat wat ûnstjerlik is, hoefolleste mear dan net yn de stjerlike dingen.
9 Do silst de hân net ôflûke fan dyn soan of dyn dochter, mar do silst harren fan jongs
   ôf oan achting foar God bybringe.Ef. 6:4
10 Do silst dyn arbeider of arbeidster, dy't hoopje op deselde God, net yn lulkens
   útsegenje, dat hja har ûntsach foar God, dy't oer jim beide is, net foar altyd ferlieze.Ef. 6:9;Kol. 3:22
   Want hy komt net om te roppen nei uterlike skyn, mar ta harren dy't de Geast dêrta reemakke hat.
11 En jimme slaven, jimme sille jim deljaan ûnder jim master as in type fan God,
   yn fatsoenlikens en achting. Ef. 6:5; Kol 3:22
12 Jim sille alle skynhilligens haatsje en alle dingen dy't God net oansteane.
13 Ferlit nea de geboaden fan de Hear; mar hâld fêst oan wat jim krigen hawwe,
   sûnder dêr wat oan ôf of ta te dwaan.Deut. 12:32
14 Yn de gemeente silsto dyn misstappen belide, en do silst net ta God komme om te
   bidden mei in kwea gewisse.
  Dit is de wei ta it libben.

Haadstik 5. De Wei nei de Dea

1 En de wei nei de dea is dizze: Foar alles, is dy kwea en fol fan flok: moard, ûntucht, geilens, oerhoer stellerij, ôfgodstsjinst,
     swartekeunst, tsjoenderij, rôverij, falske tsjûgenissen, skynhilligens, dûbelhertigens, bedroch, heechhertigens, korrupsje,
   eigenwilligens, jildsucht, fiispraat, oergeunst, te grut selsfertrouwen, lichtsinnigens, en opskepperij.
2 Ferfolgers fan de goeden, dy't de wierheid haatsje, de leagen leafhawwe, net witte fan in lean foar rjochtfeardigens, net
   stribje nei in goed of rjochtfeardich oardiel, dy't net útsjogge nei wat goed, mar nei wat ferkeard is, dy't fier binne fan
   dimmenens en ferduldigens, hingje oan dingen fan neat, ferjilding easkje, gjin meilijen hawwe mei de earme, neat dogge
   foar de ûngelokkige, dy't Him dy't har makke net kenne, moardners fan lytse bern, ferneatigers fan wat God mei eigen
   hannen makke, dy't har ôfkeare fan dy't gebrek lije, dy't pleachje dy't yn problemen sitte, abbekaten foar de riken, wetteleaze
   rjochters fan de earmen, grutte dogeneaten.
     Bern, wês ferlost en fier fan al dizze dingen.

Haadstik 6. Tsjin Falske Learaars en Offerfleis foar de Ofgoaden

1 Pas op dat net ien jim ôfdwale lit fan dizze wei fan de Underwizing, want neist God ûnderwiist dat dy.
2 Want asto bysteat bist it hiele jok fan de Hear te dragen, dan soesto folslein wêze, mar asto dat net kinst, draach dan wasto     kinst.
3 En wat it iten betreft, yt wasto ha kinst, mar pas tige op foar eat dat oan de ôfgoaden offere is, want dat is de tsjinst oan
   deade goaden.

Haadstik 7. Oer de Doop

1 En wat de doop oangiet, sa moatte jim dope: Nei dat jim al dizze dingen sein hawwe, doop dan yn de namme fan de Heit en
    de Soan en de Hillige Geast, mei streamend wetter.Mat. 28:19
2 Mar as jim gjin streamend wetter hawwe, doop dan mei oar wetter, en as it net yn kâldwetter kin dan yn waarm.
3 Mar as jim net ien dêrfan hawwe, jit harren dan trijekear wetter op'e holle, yn'e namme fan de Heit en de Soan en de Hillige
   Geast.
4 Mar lit foar de doop de doper en de dopeling en safolle oaren as it kin, fêstsje; en de dopeling moatte jim opdrage fan te
   foaren ien of twa dagen te fêstsjen.

Haadstik 8. Oer Festsjen en Bidden

1 Mar fêstsje net mei de skynhilligen; Mat. 6:16 want dy festsje op de twadde en de fyfde dei fan de wike, mar jimme moatte
    festsje op de fjirde dei en de tariedings dei.(freed).
2 En bid net lykas de skynhilligen, mar sa as de Hear opdroegen hat yn it evangeelje, bid sa:
Us Heit yn'e himel,                                                                                            
Lit Jo namme hillige wurde,
Lit Jo keninkryk komme
Lit Jo wollen dien wurde op'e ierde likegoed as yn'e himel
Jou ús hjoed ús deistich brea
En ferjou ús ús skulden sa as ek wy ús skuldners ferjûn hawwe
En lit ús net yn fersiking komme, mar ferlos ús fan it kweade
Want Jowes is it keninkryk en de krêft en de hearlikheid
Oant yn ivichheid.
3 Dat moatte jim trijeris deis bidde.

Underwizing

Haadstik 9 De Tanksizzing, Nachtmielfiering

1 No oer de tanksizzing, sa moatte jim tankje,
2 Earst oer de beker: Wy tankje Jo, ús Heit, foar de hillige drank fan David jo tsjinner, dy't Jo ús bekendmakke hawwe troch
  Jo  tsjinner Jezus, oan Jo mei de gloarje wêze foar ivich.
3 En oer it brutsen brea: Wy tankje Jo ús Heit foar it libben en de kennis, dy't Jo ús bekend makke hawwe troch Jo tsjinner
   Jezus, ta Jo mei degloarje wêze foar ivich.
4 Sa as dit brutsen brea ferstruid wie oer de heuvels, en rispe en ien wurden is, lit sa Jo gemeente byinoar brocht wurde fan
    út de úteinen fan de ierde yn Jo keninkrijk, want oan Jo is de hearlikheid en de krêft troch Jezus Kristus foar ivich.
5 Mar lit net ien ite of drinke fan jimme nachtmiel, dan dy't doopt binne yn de namme fan de Hear; want de Hear sei dêr ek oer:
   Jou it hillige net oan de hûnen.

Haadstik 10 It Gebed nei de Byienkomst.

1 Mar as jim sêd binne, tankje dan sa:
2 Wy tankje Jo, hillige Heit, foar Jo hillige namme, dy't Jo libje litte yn ús hert as yn in timpel, en foar de kennis en it leauwe en
   de ûnstjerlikheid, dy't Jo ús bekend makke hawwe troch Jo tsjinstfeint Jezus; gloarje ta Jo foar ivich.
3 Jo, almachtige Master, hawwe alle dingen skepen foar Jo namme; Jo jouwe iten en drinken oan alle minsken foar harren
   geniet, dat hja Jo dêrfoar tankje soenen, mar oan ús joegen Jo troch Jo Tsjinstfeint rynsk geastlik iten en drinken en ivich
   libben.
4 Foaralles tankje wy Jo dat Jo machtich binne, oan Jo mei degloarje wêze foar ivich.
5 Tink om Jo gemeente Hear om har te ferlossen fan alle kwea, en folslein te meitsjen yn leafde ta Jo, en bring har byinoar út
    alle wynstreken, hillige foar Jo keninkryk dat Jo foar harren reemakke hawwe, want oan Jo is de krêft en de gloarje
    foar ivich.
6 Lit Jo genede komme, en lit dizze wrâld foarby gean. Hosanna de God fan David.
   As immen hillich is lit him komme, as immen net hillich is lit dy him bekeare. Maranata, Amen
7 Mar jou de profeten tastimming safolle Tanksizzings te dwaan as hja mar wolle.

Haadstik 11. Oer Leararen, Apostels en Profeten

1 Wa't der ek by jimme komt, dy't de dingen ferkundiget dy't hjirfoar sein binne,                                                  Underwizing 2
   ûntfang him.
2 Mar as de learaar him omdraait en in oare lear bringt ta ferneatiging fan dizze,
   harkje net nei him; mar as hy ûnderwiist ta fergrutting fan rjochtfeardigens en de
   kennis fan de Hear, ûntfang him as de Hear sels.
3 En wat de apostels en profeten betreft, doch nei it oardiel fan it evangeelje sa:
4 Lit elke apostel dy't by jim komt ûnfong wurde as wie it de Hear sels.
5 Mar hy sil net langer bliuwe as ien dei, en by need ek de folgjende, mar as hy trije
   dagen bliuwt is hy in falske profeet.
6 En as de apostel fuort giet, jou him iten mei oan't syn folgjende plak; mar as er om
   jild freget is hy in falske profeet.
7 En in profeet dy't sprekt yn de Geast sille jim ûndersykje noch oardielje, want elke
   sûnde sil ferjûn wurde, mar dizze sûnde sil net ferjûn wurde.
8 Mar net elk dy't sprekt yn de Geast is in profeet; mar allinne as hy bliuwt yn de
   wegen fan de Hear. Dêrom oan harren wegen, (dwaan en litten) sil men de wiere en
   de falske profeet útinoar kenne.
9 En elke profeet dy't yn de Geast freget om in miel iten, sil dêr net fan ite, behalve
   as hy in falske profeet is.
10 En elke profeet dy't de wierheid leard, mar sels net docht wat hy leard, is in falske
    profeet.
11 Mar elke profeet, dy't oprjocht befún is, dy't wurket oan it mystearje fan de gemeente
    yn de wrâld, mar oaren net leard te dwaan wat hysels docht, sil ûnder jimme net
   oardiele wurde, want hy fynt syn oardiel by God, want sa dienen de profeten by âlds ek.
12 Mar dy't yn de Geast seit: Jou my jild, of oars sokssawat, harkje net nei him, mar
    as hy jim seit te jaan foar oaren dy't yn need binne, lit net ien him feroardielje.

Haadstik 12 De Untfangst fan Kristenen

1 Mar lit elk dy't komt yn de namme fan de Hear oannaam wurde, en neitiid sille jim him ûndersykje en him kenne, want jim
   moatte witte wat fleis jim yn'e kûpe hawwe.
2 As hy by jim komt as in reiziger, help him dan safier as jim kinne, mar hy sil net by jimme bliuwe, net langer as twa of trije
   dagen, by need.
3 Mar as hy by jim bliuwe wol omdat hy in fakman is, lit him dan wurkje en ite
4 Mar as hy nei jim oardiel gjin hannel hat, sjoch der dan op ta dat hy as Kristen net liddich omrint.
5 Mar as hy neat dwaan wol, dan is it in kristen suteler. Tink er om en hâld jim fier fan sokken.

Haadstik 13 Underhâld fan Profeten

1 Mar elke wiere profeet dy' t by jim tahâlde wol is syn libbens ûnderhâld wurdich
2 En ek in goede learaar is as wurkman syn lean wurdich. Mat 10:10; Luk 10:7
3 Elke earste frucht dêrom fan de wynparse of de terskflier, fan kei of skiep, sille jim nimme en jou it oan de profeten want dat
   binne jim hegeprysters.
4 Mar as jim gjin profeet hawwe, jou it dan oan de earmen.
5 As jim in baktrôge daai klearmeitsje, nim de earste frucht dêrfan en jou dat neffens it gebod.
6 Sa ek as jim in wynfet iepenje, of in fet oalje nim de earste frucht dêrfan en jou it oan de profeten.
7 En fan jild en klean en alle besit, nim de earste frucht dêrfan as it jim goed taliket en jou it neffens it gebod.

Haadstik 14 De Byienkomst fan de Kristenen op de dei fan de Hear

1 Mar kom op elke dei fan de Hear byinoar, en brek it brea, en jou tank, nei jimme misstappen beliden te hawwen, dat jim offer
   suver wêze mei.
2 Mar lit immen dy't spul hat mei ien fan de bruorren net mei jimme gearkomme eart hja har fermoedsoene hawwe, dat jimme
   offers net ûnthillige wurde.
3 Want dit is wat sein is troch de Hear: Op wat tiid en plak ek, offerje my in suver offer; want Ik bin in grut Kening seit de Hear,
  en myn namme is wûnderlik ûnder de folken.

Haadstik 15 Biskoppen, Diakens, Undersyk fan Kristenen.

1 Wiis dêrom foar jimsels opsjenners en diakens oan, de namme fan de Hear wurdich.
   Sêftmoedige mannen, gjin jildwolven, ûndersocht en betrouber, want hja leverje jim ek de tsjinst fan profeten en learaars.
2 Minachtsje harren dêrom net, want hja binne earwurdigen, krektlyk as profeten en learaars.
3 En lit de iene de oare beskrobje, net yn lulkens, mar sa as it yn it evangeelje stiet. Mat. 18:15-17, mar tsjin immen, dy't him
   misgiet tsjin in oar, sil net ien mear prate, en jim sille ek neat mear fan jim hearre litte, oant er him bekeard.
4 Mar jimme gebeden, jim ielmissen en alles dat jim dogge, dog dat sa as jim it fine yn it Evangeelje fan ús Hear.

Haadstik 16 Wach wêze en De Werkomst fan de Hear

1 Om jim libbenswol wês wach. Lit jimme lampen fol wêze en jim lea omgurde, wês der klear foar, want jim witte net op wat
   oere de Hear komme sil. Matt. 24:42
2 Jim sille faak gearkomme, en sykje om de dingen dêr't jimme sielen ferlet fan ha, want it hiele skoft fan jimme leauwen jout
   jim neat, as jimme op't lêst net folslein wurden binne.
3 Want yn it lêst fan de dagen sille de falske profeten en ferrifelders fernannichfâldige wurde en skiep sille yn wolven feroarje,
   en de leafde yn haat. Mat 24:11,12
4 Want de wetteleazens sil tanimme, en hja sille de iene de oare haatsje, ferfolgje en ferriede, Mat 24:10 en dan sil de
   wrâldferrifelder komme as de Soan fan God, en hy sil tekens en wûnders dwaan, en de wrâld sil oerlevere wurde yn syn
   hannen, en hy sil goddeleaze dingen dwaan sa as fan it oanbegjin fan de wrâld ôf nea dien binne.
5 Dan sil de skepping fan de minske yn it fjoer fan de beproeving komme, en in protte sille stroffelje en fergean; mar hja dy't
   folhâlde yn it leauwe sille ferlost wurde fan de flok sels.
6 En dan sille de tekens fan de wierheid ferskine; earst it teken fan it iepengean fan de himel; dan it teken fan it lûd fan de
   trompet, en as tredde it weropstean fan de deaden.
7 Mar noch net fan allegearre, mar sa as sein is: De Hear sil komme en al syn hilligen mei Him.
8 Dan sil de wrâld de Hear sjen, kommend op de wolken fan de himel.

                De Earste Ieuwen      nei boppe      Thusside

DE HOEDER FAN HERMAS



YNHALD

Thússide
De earste ieuwen       

Boek 1 Fisioenen
Earste fisioen: Sûndige en grutske gedachten
twadde fisioen:  Fersom en karakter
tredde fisioen: It bouwen fan de triomfearjende tsjerke
fjirde fisioen:  Besiking en benearing
fyfde fisioen: Oer de geboaden


Boek 2 De Geboaden
Earste gebod: Leau yn God
Twadde gebod: Mij it rabjen
Tredde gebod: Falskens en berou
Fjirde gebod: Skiede fanwege ûntucht
It fyfde gebod: Geduld yn bitterens
Seisde gebod: De twa geasten
Sânde gebod: Ha ûntsach foar God
Achtste gebod: It kweade en it goede
Njoggende gebod: Bid sûnder ophâlden
Tsiende gebod: Fertrietsje de Geast  net
Alfde gebod: Oer de profeten
Tolfde gebod: Goede langstmen

Boek 3  De Likenissen
Earste likenis: De kommende wrâld
Twadde likenis: De Wynrank en de Yp
Tredde likenis: Beammen yn'e winter
Fjirde likenis: Beammen yn'e simmer
Fyfde likenis: It wiere fêstsjen
Seisde likenis: Twa soarten genotsucht
Sânde likenis: Bekearing en fruchten
Achste likenis: Sûnde en berou
Njoggende likenis: De stridende tsjerke
Tsiende likenis: Bekearing en Jeften

IN WURD FOAROF


De Hoeder is in profetysk boek mei fisioenen, geboaden en gelikenissen.  Dy wurde oan Hermas iepenbierre troch de tsjerke, dy‛t oan him ferskynt, earst as in âlde frou, letter as in
jongfaam; of troch de Hoeder, de ingel fan de bekearing; en troch de "grutte" of "gloarieuze" ingel Michael, dy‛t de kristenen yn syn hoede hat.

It probleem dat it behannelt is it ferfal yn de tsjerke troch de slimme ferfolgingen. Men tocht yn dy tiid dat wa‛t ienris doopt wie en wer ta sûnde ferfoel, ferlern wie. En no wienen der troch de ferfolgingen safolle dy‛t net iepenlik foar har kristen wêzen útkomme doarst hienen, mar dochs graach kristen bliuwe woenen. Dy soenen dus allegear ferlern gean?
Mar troch de Hoeder wurdt iepenbierre, dat hja dy‛t berou hawwe en har bekeare, noch ien kâns krije. It is dus net apokalyptysk mar foar praktyske sielsoarch bedoeld. Yn de fisioenen wurdt de needsaak ta berou en bekearing útlein, yn de geboaden de libbenswize dy‛t dat fan de bekearling easket, en yn de gelikkenissen wat bekearing bewurket en útwurket.

It ferteld ús net folle oer Hermas sels, en fan dat bytsje is net wis of‛t it histoarysk of allegoarysk bedoeld is. Hermas soe as slaaf ferkocht wêze oan in kristin mei namme Rhode, dy‛t him al gau frij liet.  Hy begûn te buorkjen en te hanneljen wûn gâns jild, mar liet it dêrtroch  moreel, yn syn dwaan en yn it bestjoer fan syn húshâlding, frijwat sjitte. Doe kaam de ferfolging, Hermas en syn frou bleaunen by it leauwe, mar syn bern ferleagenen har âlden en it leauwe en libben der mar op los. Hermas ferlear syn fermogen en koe him op in lyts spultsje mar krekt mear rêde. 
Mar wat hy ûnderfûn hie, seach hy as heilsum, en hy die syn bêst syn libben te betterjen.  En dan komme de fisioenen.

PIUS IPius I

It boek is neffens de canon fan Muratori ( fan 170 nK) skreaun troch Hermas, de broer fan paus Pius I, tusken 140 -150 nK.
Der stiet:  " Mar Hermas skreau de Hoeder noch net sa lang lyn, yn ús tiid, yn de stêd Rome, wylst syn broer Pius de biskopsstoel fan de tsjerke fan Rome besette. En dus heart it wol lêzen te wurden, mar it kin yn‛e tsjerke yn it iepenbier foar it folk net lêzen wurde, asof‛t  it ien fan de profeten wie, want har tal is kompleet, of fan de apostels, want it is nei harren tiid".


Eusebius (263-339) sei dat it boek dat ‛Pastor Hermatis‛ neamd waard, al fan âlds en ek noch yn syn tiid, yn‛e tsjerke lêzen waard, lykas ek de earste brief oan de Korintiers fan Clemens. Ek Athanasius (296 -373) neamde de Hoeder fan Hermas en de Lear fan de Apostels as boeken dy‛t yn  tsjerke lêzen wurde en brûkt ta kategesaasje. Rufinus (345-410) ferdielde de hillige boeken yn Canonici en Ecclesiastici (tsjerklike), ta dy lêsten rekkene  hy  âldtestamintyske lykas: De Wysheid fan Salomo en fan Jezus Sirach en de Maccabeën, en nijtestamintyske  lykas:  De Hoeder fan Hermas, "dy‛t allegearre wol lêzen wurde meie yn de tsjerken, mar net as autoriteit  fan it leauwen nei foaren brocht wurde kinne".
Op it konsylje fan Carthago 418/19 wurdt der gjin ûndeskie makke en neamd men ek de letter apokrive boeken kanonyk, en dat docht Augustinus yn Doctrina Christiana ek, al sjocht hy wol grutte ferskillen.

Eibert van der Veen.



EARSTE BOEK FAN DE HOEDER

DE FISIOENEN


IT EARSTE FISIOEN

Oer sûndige en grutske gedachten en de sleauwens fan Hermas yn it straffen fan syn soannen.

HAADSTIK 1

Hy dy’t my grutbrocht hie ferkocht my oan in Rhode yn Rome,  jierren letter erkende ik har en begûn ik har leaf te hawwen as in suster.  Mar in skoft letter seach ik  har baaien yn’e Tiber en joech ik har in hân om har út it wetter te helpen en by it sjen fan har kreazens tocht ik by mysels: ‘’ Wat soe ik lokkich wêze as ik in frou hie sa kreas en goed as har”. Dat wie de iennige gedachte dy’t troch my hinne skeat, dat en oars neat.

Wêr in skoftsje letter, wylst ik ûnderweis wie nei it lân en my der oer ferwûndere  hoe skitterjend,  moai en krêftich de skepsels fan God  binne, foel ik yn’e sliep. En de Geast droech my dêrwei en brocht my troch in oarde sûnder paden, dêr’t in minske net reizgje kin, want it is dêr allegear rotsen, tige rûch en ûnbegeanber fanwege it wetter. En doe’t ik in rivier oerstutsen wie kaam ik op in flakte.  Doe bûgde ik de knibbels en begûn te bidden ta de Hear en myn sûnden te beliden. En wylst ik bea waarden de himels iepene en ik seach de frou dy’t ik begeard hie en hja begroete my fan út de loft en sei: ‘”Heil Hermas”. En ik seach nei har op en antwurde “Mefrou, wat dogge Jo hjir?” En hja sei: “Ik bin hjir hinne brocht om dy oan te kleien by de Hear fanwege dyn sûnden.” “Mefrou,” sei ik, “binne Jo it ûnderwerp fan dy beskuldiging?”  “Nee” sei hja, “mar harkje nei de wurden dy’t ik dy sizze sil.  God dy’t yn de himel wennet en alles dat bestiet út neat  makke hat en dat fanwege Syn hillige tsjerke noch fermannichfâldiget en fergruttet, is lulk op dy, omdatsto tsjin my
 sûndige hast." Ik antwurde har: “Mefrou, ha ik tsjin Jo sûndige? Hoe? Of wannear ha ik in ûnfoech wurd tsjin Jo sprutsen? Ha ik net altyd oan Jo toch as in dame? Ha ik Jo net altyd beskôge as in suster? Wêrom beskuldigje Jo my falsk fan kwea en ûnhuerens?"

Mei in glimke antwurde se my: “In ferkearde begearte kaam op yn dyn hert. Fynst ek net dat in rjochtfeardich man sûndiget as hy in ferkearde begearte yn syn hert opkomme lit? Dat is sûnde
 yn sa’n gefal en dy sûnde is grut,” sei se: “want de gedachten fan in rjochtfeardich man hearre oprjocht te wêzen.Want troch oprjocht te tinken wurd syn namme festige yn de himel en de Hear sil him genedich wêze yn al syn dwaan en litten. Mar sokken dy‛t  ferkearde gedachten yn har geast hâlde bringe harsels dea en finzenis; en dat is foaral it gefal mei dyselden dy‛t har leafde rjochtsje op dizze wrâld en grutsk binne op har rykdom en net útsjogge nei de segeningen fan it kommende libben. Mar do, bid ta God en Hy sil dyn sûnden ferjaan en de sûnden fan dyn hiele hûs en fan alle hilligen."

HAADSTIK 2

Nei dat se dat sein hie waarden de himels wer sletten, en ik waard oerweldige troch fertriet en eangstme en sei by mysels: "Hoe kin ik rêden wurde as dizze sûnde my tarekkene wurdt, hoe kin ik it mei God wer goedmeitsje,  mei it each op sokke grouwelige sûnden. Mei wat wurden kin ik de Hear  freegje, my genedich te wêzen." En wylst ik oer dy dingen neitocht en dy oerlei  yn myn geast, seach ik foar my in hiel grutte wite troan, makke fan wite wolle, en dêrop kaam in âlde frou, klaaid yn in prachtich gewaad en mei in boek yn har hân, en hja siet dêr allinne en groete my "heil Hermas". En fertrietlik en yn triennen sei ik: "Heil mefrou." En hja sei tsjin my: "Wêrom bist sa drôfgeastich Hermas?  Want oars wiest altyd ferduldich en fleurich en glimkjend,
 wêrom no sa moedeleas en drôf?" Ik antwurde en sei: "O mefrou, ik bin beskrobbe troch in tige goed minske, dy‛t sei dat ik tsjin har sûndige hie". En hja sei:"Soks liket ek nearne nei foar in tsjinner fan God. Mar faaks is der begearte nei har opkaam yn dyn hert? Foar in tsjinner fan God betsjut sa‛n winsk sûnde, want it is in ferkearde en ferskriklike winsk, yn in oars alhiel suvere en deugsume siel, om in misdied begean te wollen, en alhiel foar Hermas om soks te dwaan, dy‛t himsels altyd foar alle kweade begearten hoede hat en fol is fan ienfâldigens en grutte ûnskuldigens." 

HAADSTIK 3

"Mar dêrom is God  net lulk op dy, mar opdatsto dyn soannen bekeare soest, dy‛t safolle ûngerjochtichheid tsjin de Hear en tsjin jimme, har âlden, bedreaun hawwe. En hoewolsto dyn bern leafhast, hasto harren net warskôge, mar tastien dat hja ferskriklik  ferdoarn waarden. En dat is de reden dat de Hear lulk op dy is, want Hy wol al dat kwea, dat yn dyn hûs dien is, hielje, omdatsto,  fanwege harren sûnden en ûgerjochtichheden, kapot giest oan wrâldske soargen. Mar no hat de barmhertigens fan de Hear nei dy en dyn folk omsjoen en wol Hy dy sterkje en
wer yn Syn eare stelle. Tink dêr net te licht oer, mar hâld goede moed en set dyn húshâlding teplak, want sa as in smid syn wurk úthammeret en it makket sa‛t hy it hawwe wol, sa sil in earlik deistich petear  alle ûnrjocht oerwinne. Hâld dus net op dyn soannen te fermoanjen; want ik wit dat se har bekeare sille mei hiel har hert, en dat hja mei de hilligen opskreaun wurde sille yn it boek fan‛e libbenen."
En doe sei se:" Wolsto dat ik dy foarlês?"  
En ik sei: "Graach mefrou".
"Harkje dan en jou it ear nei de hearlikheid fan God."  En doe hearde ik fan har prachtige en wünderlike dingen, dy‛t ik lykwols net allegear ûnthâlde koe. Want it wienen allegear ferskriklike wurden, dy‛t  in minske net ferneare kin.  Mar de lêste wurden wit ik noch, want dy wienen nuttich en freonlik: "Sjoch, de God fan de machten, dy‛t troch Syn ûneindich grutte krêft en wysheid de wrâld skepen hat, en yn  Syn gloarjefolle ried Syn skepping mei skientme omjûn hat, en troch Syn machtich wurd de himels befestige hat en de fundaminten fan de ierde lein hat op de wetters, en yn Syn wysheid en foarsjennigens de hillige tsjerke skepen hat en dy segene, sjoch! Hy faget de himels en de bergen, de heuvels en de seeën oankant, en alles wurdt sljochte foar Syn útkarden, dat Hy harren de segeningen skinke mei dy‛t Hy harren tasein hie, mei gloarje en bliidskip, as hja de geboaden fan God mar hâlde, dy‛t hja yn grut leauwe oannaam hawwe."

HAADSTIK 4

Doe‛t hja ophâlde fan lêzen, kaam hja oerein fan de troan, en fjouwer jongkeardels namen de troan op en brochten dy fuort nei it easten. En hja rôp my by har en rekke myn boarst oan en sei tsjin my: "Hat myn lêzing dy foldien?" En ik sei tsjin har:  "Mefrou, de lêste wurden wienen my tige nei‛t sin, mar it begjin wie wreed en hurd."  Doe sei se tsjin my:"Dy lêsten wienen foar de rjochtfeardigen, mar de earsten foar de heidens en de ôffalligen." Wylst hja noch mei my prate kamen der twa mannen en tilden har op‛e skouders en brochten har dêr‛t de troan
hinne brocht wie, nei it easten. Mei in blier gesicht gie hja fuort, en wylst hja fuortgie sei se tsjin my: "Gedraach dy as in man, Hermas!


IT TWADDE FISIOEN


Nochris oer syn fersom om syn rabjend wiif en syn losbandige soannen te bestraffen, en oer syn karakter

HAADSTIK 1

Doe‛t ik it oare jiers op‛e selde tiid wer it fjild yngyng, en ûnderweis it fisioen fan dat ferline jier my wer yn it sin kaam, droech de Geast my fuort en brocht my wer op it selde plak dêr‛t ik doe ek west hie. En doe‛t ik dêr kaam bûchde ik de knibbels en bea ta de Hear, en ferhearlike Syn namme, omdat Hy my wurdich achte hie en my op myn eadere sûnden  wiisd hie. En doe‛t ik oerein kaam fan dat gebed, seach ik dêr foar my de âlde frou, dy‛t ik it jier dêrfoar ek sjoen hie, hinne en wer rinnen wylst se lies yn in boek. En sy sei tsjin my: "Kinsto in ferslach fan dizze dingen útbringe oan de útkarden fan God?" Ik sei tsjin har: "Mefrou, safolle kin ik nea ûnthâlde, mar jou my it boek, dan kin ik it oerskriuwe." "Nim it,"sei se," en jou it my werom."  Doe naam ik it boek en triek my tebek yn in part fan dat lân, en ik skreau it letter foar letter oer, mar de sinnen snapte ik net. En ik wie der noch mar krekt mei klear, of it boek waard my út‛e hannen skuord, mar de persoan dy‛t dat die seach ik net.

HAADSTIK 2

Fyftsjen dagen letter, neidat ik in bulte fêste en bidden hie ta de Hear, waard de betsjutting fan it skriuwen my iepenbierre. No, it skriuwen hâlde dit yn: "Dyn sied, Hermas, hat sûndige tsjin God, en hja hawwe de Hear lestere, en yn har ferdoarnens hawwe hja har âlden bedroegen. En hja waarden ferrieders fan har âlden, mar fan dat ferried hawwe se gjin foardiel hân. En sels no hawwe se oan harren sûnden lusten en smoarch ûnrjocht  tafoege en sa is de mjitte fan har ûngerjochtichheden fol wurden. Meitsje no dyn bern en dyn frou, dy‛t dyn suster wêze moast, dizze wurden bekend. Want hja past net op wat se seit en dêr docht hja ferkeard mei, mar as hja dizze wurden heard, sil se harsels betterje en ferjeffenis krije. Want asto harren dizze wurden bekend makke hast, dy‛t de Hear my opdroegen hat oan dy te iepenbierjen, dan sille harren alle sûnden dy‛t hja  earder bedreaun hawwe ferjûn wurde en ferjeffenis sil skonken wurde oan
 alle hilligen dy‛t sûndige hawwe oan‛t hjoeddedei, as hja har bekeare mei har hiele hert, en alle twifel út harren geast ferdriuwe.  Want de Hear hat sward by Syn hearlikheid,  mei it each op Syn útkarden, dat as immen noch sûndiget nei in bepaalde fêststelde dei, dan sil hy net mear rêden wurde. Want de bekearing fan de rjochtfeardigen hat syn grinzen. De dagen foar de bekearing fan de hilligen binne no hast om; mar foar de heidens sil bekearing mooglik wêze oan‛t de lêste deis. Dêrom moatte jo, oan harren dy‛t de tsjerke bestjoere, sizze harren wegen nei  rjochtfeardigens te rjochtsjen, dat hja de folsleine belofte ûntfange meie mei grutte hearlikheid. Dêrom, stean fêst, jimme dy‛t rjochtfeardigens dogge, en twifelje net, dat jimme oergong mei de hillige ingels wêze mei. Lokkich jimme dy‛t de kommende grutte benearing trochstean sille, en lokkich hja dy‛t har eigen libben net wegerje sille. Want de Hear hat sward by Syn Soan, dat dyjingen dy‛t har Hear ferleagene hawwe, harren libben yn wanhoop ferlitte sille, as dy ek no Him ferleagenje sille yn de dagen dy‛t komme. Harren, dy‛t yn earder tiden de Hear ferleagene hawwe, is God barmhertich west yn Syn útsûnderlike sêftmoedigens en genede."


HAADSTIK 3

"Mar wat dy betreft Hermas, tink net mear oan it kwea dat dyn bern dy oandien hawwe, en stean noed foar dyn suster, dat hja suvere wurde meie fan harren eardere sûnden. Want do silst harren ûnderrjochtsje mei in krekte ynstruksje, asto net tinkste oan it kwea dat hja dy oandien hawwe. Want it wrokjen oer kwea bewurket de dea. En do Hermas, hast sa‛n protte benearingen trochstien troch de  wandieden fan dyn húshâlding, omdatsto oan harren gjin oandacht genôch jûn hast, omdatsto it sa drok hiest mei dyn eigen minne aksjes.
 Mar do bist rêden, omdatsto de libbene God net ferlitten hast, en om dyn ienfâld en grutte selsbehearsking. Dy dingen hawwe dy rêden, asto stânfêst bliuwst en hja sille al dyjingen rêde, dy‛t op deselde manier libje yn ûnskuld en ienfâld. Dy‛t dy deugden besitte sille waaksje yn krêft tsjin elke foarm fan kwea en sille dat bliuwe oan‛t it ivige libben. Segene binne allegearre dy‛t gerjochtichheid dogge, want hja sille nea ferneatige wurde. En no moatsto tsjin Maximus sizze: Sjoch, der komme benearingen, as it dy goed tinkt, ferleagenje dan wer. De Hear is tichte by harren, dy‛t by Him werom komme, sa as skreaun is oer Eldad en Modat, dy‛t profetearren foar it folk  yn de wyldernis."

HAADSTIK 4

No, myn bruorren, waard my in iepenbierring jûn, wylst ik slepte,  troch in jonge man mei in kreas úterlik dy‛t tsjin my sei: "Wa tochtsto dat dy âlde frou wie dy‛t dy it boek jûn hat?" 
En ik sei: "De Sibyl." Dêr bist mis mei,"sei er: "it is de Sibyl net." "Wa is it dan" frege ik en hy sei: "It is de Tsjerke."Ik sei tsjin him: "Wêrom is it dan in âld wiif?" hy sei: "Omdat hja skepen is foar alle dingen, dêrom is se sa âld,  want foar har is de wrâld skepen."
En fuort dêrnei seach ik in fisioen yn myn hûs; en dy âlde frou kaam en frege my of ik it boek al oan de priesters jûn hie. Ik sei dat ik dat noch net dien hie. En sy sei: "Dêr hast goed oan dien,  want ik ha noch wat ta te foegjen.  Mar as ik klear bin mei al dy wurden, dan moatsto dy oan al de útkarden bekend meitsje. Dêrfoar moast se yn twa boeken skriuwe en it iene moast oan Clemens stjoere en it oare oan Grapte. En Clemens sil syn nei fiere lannen stjoere, want hy hat tastimming om soks te dwaan. En Grapte sil de widdowen en wezen bemoedigje.
Mar do silst dy wurden foarlêze yn de stêd,  mei help fan de prysters dy‛t de Tsjerke bestjoere.

IT TREDDE FISIOEN


 Oer it bouwen fan de triomfearjende tsjerke en oer ferskate soarte fan ferwurpen minsken

HAADSTIK 1
 It fisioen dat ik doe seach, myn bruorren, wie sa.
Nei dat ik fêste en de Hear faak bidden hie  om de iepenbiering,dy't Hy my troch de âlde frou beloofd hie, my te toanen, ferskynde my dyselde nachts de âlde frou. En hja sei tsjin my: "Omdatsto sa bang bist en sa graach alles witte wolst, gjin it fjild yn dêr by jimme en om'e fyfde oere hinne sil ik dêr oan dy ferskine en dy alles toane watsto sjen moast. Ik frege: "Mefrou, yn wat part fan it lân moat ik wêze? "En hja sei: "Wer ast mar wolste."Doe keas ik in plak dat geskikt wie en wat achterôf. Mar foardat ik it plak neame koe sei se: "Ik sil komme wersto wolst." En sa gie ik dus it lân yn en telde de oeren en kaam by it plak dêr't ik har tochte te moetsjen. En sjoch har ivorentroan stie dêr al klear, mei in linnen kessen der op, en noch in kleed fan fyn linnen dêr oerhinne.Doe't ik dat klearstean seach, mar net ien der by, fielde ik my neat te rom en ik begûn te triljen en myn hier stierjocht oerein en in skrik oerfoel my, doe?t ik seach dat ik dêr alhiel allinne wie. Mar ik kaam ta mysels en tinkendoan de hearlikheid fan God, krige ik wer moed, bûchde de knibbels, en bekende myn sûnden oan God, sa as ik earder dien hie.
Dêrop ferskynde de âlde frou, mei de seis jongkeardels by har dy't ik al earder sjoen hie. En hja stie achter my, en harke nei my, wylst ik bea en myn sûnden belide foar de Hear. En hja rekke my oan en sei tsjin my:"Hermas, bid net langer foar dyn sûnden, mar bid om rjochtfeardigens, sa datst dêr fuort in poarsje fan yn'e hûs hawwe meist."Dêrop naam se my by de hân, brocht my by de troan, en sei tsjin de jongkeardels: "Begjinne jimme mar te bouwen."  Doe't dy jonges fuort wienen en wy tegearre, sei se:"Gjin sitten" Ik sei: "Mefrou stean my ta dat ik âlderen earst plak nimme lit." "Doch wat ik siz, sei se, "gean sitten." Doe't ik rjochts fan har sitten gean soe, hâlde se my mei de hân tsjin en liet my lofts fan har sitte. Doe't ik dêr oerneitocht en my rekke fielde omdat ik net rjochts fan har sitte mocht, sei se: "Fielst dy rekke Hermas? It plak oanmyn rjochterhân is foar guon dy't it God al nei?t sin dien hawwe en dy't lit hawwe foar Syn Namme; en do hast noch hielwat te ferstriken foar datsto by harren sitte kinst.  Mar bliuw sa asto no bist yn dyn ienfâldigens en dan silst by harren sitte,  en by al dyjingen dy't dyselde dingen dogge en ferdrage wat hja ferdroegen hawwe.

HAADSTIK 2
"Wat hawwe hja ferdroegen?" frege ik.  "Harkje,"sei se, " giseljen, finzenskip, grutte benearingen, krusiging, en wylde bisten, foar de namme fan God. En dêrom is oan harren it diel fan de hilligen oan de rjochterhân takend, sa as oan allegearre, dy’ t lije sille om de namme fan God. En de oaren is in plak oan de lofterhân tawiisd. Mar foar dejingen dy’ t rjochts sitte, en foar dejingen dy’ t lofts sitte, jilde de selde jêften en beloften; allinne dy’t sitte oan’e rjochterhân  en hawwe mear eare. No wolsto graach by harren oan’e rjochterhân sitte, mar do hast noch gâns tekoartkommings. En do silst skjinwosken wurde fan dyn tekoartkommings; en al dyjingen dy’t net ta twifel ferfalle, sille wosken wurde  fan harren ûngerjochtichheid, oan’t op dizze dei." Nei’t se dat sein hie woe se fuort gean, mar ik foel foar har fuotten del en smeekte har  by de Hear, dat se my it fisioen sjen litte soe, dat se my tasein hie. Doe krige se my wer by de hân, luts my oerein en liet my wer oan har lofterhân sitte, naam in prachtige stôk en sei: "Sjochsto wat gruts’" En ik sei:"Mefrou, ik sjoch noch neat." En sy sei:"Sjochsto dêr rjocht foar dy út dy grutte toer net, dy ‘t boud is op it wetter, fan prachtige kantige stiennen." Want dy toer wie yn it fjouwerkant boud troch de seis jongkeardels dy’t mei har kaam wienen, mar tûzenen fan manlju droegen stiennen oan, guon fisken se út de djipte, oaren sochten se op it lân  en hja droegen se oer oan de seis jonge mannen. Dy namen se oan en bouden; en dyselden dy út de djipte ophelle wienen, pleatsten se krekt sa’t se wienen, want dy wienen polijste en pasten presys by de oare stiennen, en hja pasten sa goed yninoar, dat de foegen net te sjen  wienen, sadat it like of’t de toer út ien stien opboud wie. Mar de stiennen dy’t út’e grûn kaam wienen, ûndergienen in oar lot; want de jonge mannen wegeren guon dêrfan,  guon pasten hja yn de bou, oaren sloegen hja stikken en smieten hja fier by de toer wei. En sa leinen der om de  toer hinne in protte stiennen, dy’t hja net brûkten, want guon wienen rûch, oaren sieten skuorren yn, guon wienen te koart, oaren wienen wyt en rûn, mar pasten net yn’e toer. Boppedat seach ik oare stiennen fier fuort smiten fan de toer en op de wei fallen, mar hja bleaunen net op’e wei lizzen, mar waarden út it paad rolle. En ik seach oaren yn it fjoer fallen en brânen, oaren foelen tichtby it wetter, mar koenen  net yn it wetter rolle wurde  ek al woenen hja graach nei ûnderen rôle wurde en yn it wetter komme. 


HAADSTIK 3
 En doe’t se my dit sjen litten hie, woe se fuort gean, mar ik sei tsjin har: "Wat haw ik der oan dat ik dit alles sjoen ha, mar net wit wat it betsjut’" Sy sei: "Do bist in tûk mantsje, datsto alles witte wolst oer dy toer."  "Fansels, Mefrou,"sei ik," dat ik it fertelle mei oan de bruorren, dat as hja dit hearre, hja de Hear kenne meie yn Syn grutte hearlikheid." En hja sei:  "Yndied, in protte sille it hearre, en as hja it hearre, sille guon bliid wêze en guon sille skrieme. Mar sels dy sille, as hja harkje en har bekeare, wer bliid wurde. Hear dan de likenissen fan de toer, want ik sil dy alles iepenbierje en fal my dan net wer lestich oer iepenbierings, want ek oan iepenbierings is in ein, omdat hja ferfuld binne. Mar do silst wol net ophâlde te freegjen om iepenbierings, want do bist skamteleas.
 De toer dysto bouwen sjoen hast, dat bin ik, de tsjerke, dy’t oan dy ferskynd bin no, en by in eardere gelegenheid. Freegje dus alles watsto witte wolst oer de toer, dan sil ik it dy ferklearje, datsto dy ferbliidzje meist mei de hilligen." Ik sei tsjin har:"Mefrou, omdat Jo my ienris tasein hawwe my al dizze dingen te ferklearjen, liz it út." Hja sei: "Alles dat iepenbierre wurde moat sil iepenbierre wurde, mar lit dyn hert by God wêze, en twifelje net, watsto ek sjen silst." Ik frege har:"Werom is dy toer op it wetter boud, Mefrou’"’Hja antwurde:"Ik sei it dy al earder en noch  ûndersikest mei soarch, dêrom sykjendewei silsto de wierheid fine.’Harkje dan werom dy toer op it wetter boud is. Dat is omdat dyn libben ferlost is, en wêze sil, troch wetter.’Want de toer is fundearre op it wurd fan de almachtige en glorieuse Namme en wurdt byinoar hâlden troch de’ûnsichtbere krêft fan de Hear."

HAADSTIK 4

As antwurd sei ik tsjin har: "Dat is prachtich en wûnderlik. Mar wa binne dy seis jonge mannen dy‛t oan it bouwen binne?"  En sy sei:"Dat binne de hillige ingels fan God, dy‛t it earst skepen binne, oan wa‛t de Hear Syn  hiele skepping tabetroud hat, dat hja dy skepping fergrutsje, opbouwe en bestjoere soenen. Troch harren sil de bou fan de toer foleindige wurde."
"Mar wa binne dan dyselden dy‛t de stiennen oandrage?"
"Dat binne ek hillige ingels fan de Hear, mar dy earsten binne útnimmender as dizzen. De bou fan de toer sil klear komme, en dan sille allegearre om de toer hinne har ferbliidzje, en hja sille God ferhearlikje, omdat de toer klear is."
Ik frege har en sei:"Mefrou, ik soe graach witte wolle wat der bard mei dy stiennen en wat dy ferskate soarten fan stiennen betsjutte."
Hja joech as antwurd:"Net omdatst it mear fertsjinnest as alle oaren, sil dit oan dy iepenbierre wurde,-- want der binne guon foar dy, en better as dy, oan wa ‛t dizze fisioenen iepen bierre wêze soenen,-- mar opdat de namme fan God ferhearlike wurde mei, wurdt dizze iepenbierring oan dy dien en dat ek mei fanwege de twifelers, dy‛t yn har herten oerlizze of‛t dizze dingen wêze sille of net. Siz harren dat al dizze dingen wier binne, en dat net ien derfan besiden de wierheid is. Hja binne allegear fêst en seker en boud op in sterk fûnemint."

HAADSTIK 5

"En hear no wat de stiennen yn it gebou betsjutte. Dy kantige wite stiennen dy‛t sa krekt yninoar passe, dat binne apostels, biskoppen, learaars, en diakens, dy‛t yn  godfruchtige suverens libbe hawwe, en dy‛t wurke hawwe as biskoppen, learaars en dekens; kein en earwurdich foar de útkarden fan God. Guon binne al ferstoarn, oaren binne noch yn libben. En hja binne it altyd meiinoar iens west en hawwe yn frede meiinoar libbe en nei mekoar harke. En dat is de reden dat hja sa presys passe yn it gebou fan de toer."
"Mar wa binne dan dy oare stiennen dy‛t út de djipte ophelle waarden en yn it gebou lein waarden en pasten by de stiennen dy‛t earder yn de toer oanbrocht wienen?"
"Dat binne dyjingen dy‛t lit hawwe foar de saak fan de Hear."
"Mar ik woe ek graach witte, Mefrou, wa‛t dy oare stiennen binne dy‛t fan it lân ôf oanbrocht waarden."
"Dyselden, sei hja, dy‛t oan it gebou geane sûnder polijste te wêzen, dat binne dyjingen dy‛t God goedkard hat, omdat hja de rjochte wegen fan de Hear gienen en dienen nei Syn geboaden."
"Mar wa binne dat dy‛t klear lizze om oanbrocht en pleatst te wurden yn it gebou?"
"Dat binne dyselden dy‛t leauwich binne mar noch mar krekt ta it leauwen kaam binne  en hja wurde troch de ingels oanmoanne om goed te dwaan, omdat der gjin ûnrjocht yn harren fûn is."
"Wa binne dat dan dy‛t hja wegeren en fuortsmieten?"
"Dat binne hja dy‛t sûndige hawwe, mar har bekeare wolle. Dêrom binne hja net fier fan de toer ôf smiten, want hja kinne noch  brûkber wêze yn de bou, as hja har bekeare. Want dizzen dy‛t har bekeare sille, sille as hja har bekeare, sterk wêze yn it leauwe, as hja har no bekeare, wylst de toer noch boud wurdt. Want as it bouwen dien is sil der foar gjinien mear plak wêze, mar hy sil ôfwiisd wurde.  Lykwols, dit foarrjocht jildt allinne foar dyselden dy‛t ticht by de toer lizze."

HAADSTIK 6
 
  "En asto witte wolst wa‛t dat binne, dy‛t ôfsnien binne en fier fan de toer ôf smiten?  Dat binne de bern fan de ûngerjochtichheid, dy‛t mar sabeare leauwe en it kwea net litte wolle. Om dy reden binne hja net bewarre, want hja kinne net brûkt wurde yn it gebou fanwege harren ûngerjochtichheden. Dêrom wurde hja ôfsnien en fier fuort smiten om de grime fan de Hear, want hja hawwe Him lulk makke. Mar ik sil dy no útlizze oer de oare stiennen, dysto by protten lizzen seachst en dy‛t net oan it gebou gienen.  Dy‛t rûch binne, dat binne hja dy‛t de wierheid witten hawwe, mar dêr net by bleaun binne en har net by de hilligen jûn hawwe. Dêrom kinne hja net brûkt wurde.
"En wa binne dat dy‛t skuorren hawwe?"
"Dat binne hja, dy‛t it yn har hert mei de oaren net iens binne, en gjin frede hawwe mei harsels; hja hâlde yndied frede mei mekoar, mar as hja by inoar wei binne, bliuwe der ferkearde gedachten yn har hert. Dat binne de skuorren yn de stiennen. Mar dy‛t ôfkoarte binne, dat binne dyselden dy‛t wol leaud hawwe, en foar it grutste part rjochtfeardich binne, mar
foar in grut part ek ûnrjochtfeardich, dêrom binne hja ôfkoarte en net hiel."
"Mar wa binne dat, Mefrou, dy‛t sa moai wyt en rûn binne en dochs net passe yn de bou fan de toer?"
Sy antwurde en sei: "Hoe lang silsto ûnoazel en dom bliuwe en oanhâlde alle soarte fragen te stellen en neat begripe?  Dat binne dyselden dy‛t yndied wo it leauwen hawwe, mar hja hawwe ek wrâldske rykdommen  en dêrom, as de benearingen komme, sille hja fanwege har rykdommen en drokten, de Hear ferleagenje.
Ik antwurde en sei: "Wannear sille dy dan brûkber wêze yn it gebou, mefrou?"
"As de rykdom dy‛t harren no misliedt beheind wurde sil, dan sille hja brûkber wêze foar God. Want in rûne stien kin net kantich wurde as der gjin stikken ôfslein wurde, sa kinne ek dizzen dy‛t ryk binne yn dizze wrâld net brûkber wurde foar de Hear, as de rykdom der earst net ôfsnien wurdt. Lear dit fan dyn eigen gefal. Doesto ryk wiest, wiest ûnnut, mar no bisto brûkber en passend foar it libben. Wêz brûkber foar God; want do silst ek brûkt wurde as ien fan dizze stiennen."

HAADSTIK 7

"No, de oare stiennen dysto seachst, dat fier fan de toer smiten waarden en op de iepenbiere wei foelen en dêrwei fierder rolle waarden, dat binne dyselden dy‛t wol leaud hawwe, mar troch twifel de rjochte wei ferlitten hawwe. En tinkend dat hja in bettere wei fine kinne, dwoarmje hja om en ferdwale yn‛e wyldernis dêr‛t gjin wei te finen is.Mar dyselden dy‛t yn it fjoer foelen en ferbaarnden, dat binne dyselden dy‛t de libbene  God foargoed ferlitten hawwe, sels de gedachte oan berou komt net op yn har hert, omdat hja har alhiel wije oan har lusten en de misdieden dy‛t hja begeane. Wolsto witte wa‛t de oaren binne dy‛t by it wetter foelen mar der net ynrolje koenen? Dat binne hja dy‛t it wurd heard hawwe, en wol doopt wurde woenen yn‛e namme fan de Hear, mar as de ûnthâlding dy‛t easke wurdt troch de wierheid har yn‛t sin  komt, lûke hja har tebek, en libje wer nei har eigen sûndige begearten." Hja beeinige de útlis oer de toer, mar ik ûmbeskamsum as ik noch wie, frege har:"Is berou  mooglik foar al dy stiennen dy‛t oankant smiten binne, dy‛t net pasten yn de bou fan de toer en kinne hja noch in plak yn de toer krije?"
"Berou," sei hja,"is noch mooglik, mar yn dizze toer kinne hja net mear in passend plak fine. Mar yn in oar en folle leger plak sille hja lein wurde, en dat ek allinne neidat hja straft binne en ophâlden binne fan sûndigjen. En om dizze reden kinne hja pleatst wurde, omdat hja diel hân hawwe oan it rjochte Wurd. En allinne dan sille hja ferlost wurde út de straf, as de gedachte oan berou fan de misdieden dy‛t hja begien hawwe, yn har herten opkommen is. Want as dat net yn harren herten opkomt, kinne hja net rêden wurde fanwege de hurdens fan harren herten."

HAADSTIK 8

Doe‛t ik ophâlde fan freegjen oer al dy dingen, sei se tsjin my:" Wolsto oars noch wat sjen?"
En ik wie ochsa nijsgjirrich om noch wat mear te sjen, dat myn antlit striele fan blidens.
Sy seach my oan mei in glim en sei: "Sjochst dy sân froulju wol dêr by dy toer?"
Ik sei: "Jawol mefrou".
"Dy toer", sei hja, " wurdt troch harren ûnderhâlden neffens it gebod fan de Hear. Harkje marris wat elk fan har te dwaan hat. De earste dy‛t har hannen gear hat wurdt Leauwe neamd, troch har wurde de útkarden fan God rêden. De twadde, dy‛t har klean opbûn hat en mei krêft wurket, wurdt Selsbehearsking neamd, hja is de dochter fan Leauwe, in elk dy‛t har foarbyld folget sil lokkich wurde yn it libben, want hy sil himself ûnthâlde fan  kwea dwaan, omdat hy leaut dat as hy him ûnthâldt fan kweade begearten, hy it ivige libben beërvje sil."
  "Mar dy oaren," sei ik, "wa binne dat mefrou?"
En hja sei tsjin my: " Dat binne dochters fan mekoar, de earste wurdt Ienfâld neamd, de oare Unskuld, de tredde Keinens, de fjirde Begryp, de lêste Leafde. Asto de wurken fan har mem dochst, silst ynsteat wêze te libjen.
"Ik soe graach witte wolle mefrou," sei ik, " wat fan krêften elk fan harren hat."
"Hear,"sei hja,"wat krêft hja hawwe, dy krêften wurde regele de iene troch de oare en folgje mekoar yn de folchoarder fan berte. Want fan Leauwe komt Selsbehearsking, en fan Selsbehearsking komt Ienfâld, fan Ienfâld komt Unskuld, fan Unskuld Keinens, fan Keinens Begryp, en fan Begryp komt Leafde. En de dieden dêrfan binne earlik en suver en goddelik. In elk  dy‛t him dêr op taleit en bysteat is by har wurken te bliuwen, dy sil wenje yn de Toer mei de hilligen fan God. 
En doe frege ik har nei de tiden, of dit no de ein wie.
Hja rôp lûd: "Domme keardel! Sjochst net dat der noch oan de Toer boud wurdt? As de Toer klear is en ôfboud, dan komt de ein; en ik fersekerje dy, dy sil mei gauwens klear wêze. Freegje my neat mear, litte do en alle hilligen tefreden wêze mei wat ik dy yn it sin brocht ha en mei myn fernijing fan jimme geast. Mar betink wol dat net allinne yn dyn belang dizze iepenbierrings dien binne, mar hja binne oan dy dien, datsto se oan allegearre toane silst. Want, en dêr moatst goed omtinke, ik gebied dy al dizze wurden dy‛t ik dy siz oer trije dagen, oan de hillingen oer te bringen, dat as hja dy hearre en der nei dogge, hja wosken wurde meie fan harren ûngerjochtichheid en do mei harren."

HAADSTIK 9

"Harkje nei my myn soannen, ik ha jim opbrocht yn ienfâldigens en ûnskuld en keinens mei it each op de genede fan de Hear, dy‛t Syn gerjochtichheid op jimme falle litten hat, dat jimme rjochtfeardich en hillich makke wurde soenen fan al jimme ûnrjochtfeardigens en minnens, mar jimme wolle net ophâlde mei jim ûngerjochtichheden. No harkje dêrom nei my, en hâld frede mei mekoar, en sykje mekoar op, en draach mekoars lêsten, en hâld wat God jim jout net foar jim sels allinne, mar jou rynsk oan dy‛t it nedich binne. Want troch tefolle iten krije guon weak
 fleis en bedjerre har lichem, wylst it fleis fan oaren, dy‛t neat te iten hawwe, weitart omdat hja nea genôch krije en dêrtroch kwynt har lichem wei. Sa‛n oerdiedigens yn iten is dus skealik foar jimme, dy‛t by de bult hawwe en net omdiele wolle oan dy‛t gebrek lije. Tink dêrom oan it kommende oardiel. Jimme dy‛t in foaroansteande posysje hawwe,  sykje de hongerjenden op, salang as de Toer noch net ôfboud is, want as de Toer klear is soenen jim goeddwaan wolle, mar gjin gelegenheid mear krije. Pas mar op, jimme dy‛t grut geane op jim rykdom, dat dyjingen dy‛t gebrek lije net klije en dat harren klachten opstige nei de Hear en jimme mei al jimme guod bûten de poarte fan de Toer sletten wurde.Dêrom siz ik no tsjin jimme dy‛t de tsjerke bestjoere en de foaroansittingen begeare: Doch net lykas de fergifmingers, want dy drage harren fergiftige krûden yn doazen, mar jimme, jimme ha jim krûden en fergif yn jimme hert. Want jimme binne behurde, en wolle jim herten net himmelje en dêr ienriedigens en suverens fan hert ynbringe, dat jim de genede fan de heechste Kening hawwe mochten.  Berntsjes, tinkderom dat jimme ûnienigens jimme net fan it libben berôved. Hoe sille jim de útkarden fan de Hear ûnderwize, as jimme sels gjin ûnderwiis hân hawwe. Underwiis dêrom mekoarren en hâld frede mei
mekoar, dat ik ek, as ik mei bliidskip stean foar ús Heit, rekkenskip jaan mei foar jimme oan de Hear."

HAADSTIK 10

En doe‛t hja ophâlde mei my te praten, kamen de seis jonge mannen dy‛t oan it bouwen wienen en begelaten har nei de Toer en fjouwer oaren namen de troan op en droegen dy ek nei de Toer. De gesichten fan dy lêsten koe ik net sjen, want dy wienen fan my ôfkeard.
En doe‛t hja fuort gie frege ik har noch, my de betsjutting te ferklearjen  fan de trije foarmen wêryn‛t hja oan my ferskynd wie.
As antwurd sei se tsjin my: "Wat dat betreft, moast in oarenien freegje om dy te fertellen wat dy betsjutte."
Want, bruorren, yn it earste fisioen, it jiers dêr foar, wie hja my ferskynd as in hiel âlde frou dy‛t op in stoel siet. Yn it twadde fisioen wie har gesicht jeugdich, mar har fel en hier âldsk, en hja stie,  salang as hja mei my prate.  Sy wie ek folle fleuriger as de earste kear. Mar yn it tredde fisioen wie se alhiel jeugdich en tige kreas, behalve dat se noch it hier hie fan in âlde frou, mar har antlit striele fan blidens en hja siet op in troan. No muoide my dat tige om dy ferskiningen, want ik woe graach witte wat dy ferskinings betsjutten.
En doe seach ik de âlde frou wer, yn in fisioen by nacht en hja sei tsjin my:"Elk gebed heart dien te wurden yn dimmenens; fêstsje dêrom, dan silsto fan de Hear krije dêrsto om fregest.
 Dêrom fêste ik in dei. En dyselde nachts ferskynde my in jonge man, dy‛t sei: "Werom freegje Jo yn gebed sa faak om iepenbierings?  Tink derom dat jo by safolle dingen te freegjen  jo lea gjin skea dogge, wês tefreden mei dizze iepenbierrings. Soenen jo wol bysteat wêze ta noch grutter iepenbierrings dan‛t jo sjoen hawwe?"
Ik antwurde en sei: "Mynhear, ik freegje mar ien ding, dat my in folsleine útlis jûn wurdt fan de trije foarmen fan dizze ferskinings."
Hy antwurde my:"Hoe lang bliuwe jim sûnder begryp. Mar it is jim twifel dy‛t jim sa dom makket, omdat jimme jimme herten net rjochte hawwe op de Hear." 
Mar ik antwurde en sei tsjin him: "Fan jo, mynhear, sille wy dy dingen krekter te witten komme."

HAADSTIK 11

"Harkje dan,"sei er,"oer dy trije foarmen, dêrsto nei fregest. Werom ferskynde hja oan dy  yn it earste fisioen as  in âlde frou dy‛t op in stoel siet? Omdat dyn geast no âld is en  ferskrânfele en syn krêft ferlern hat, as gefolch fan dyn swakheden en twifels.  Want, lykas âlde minsken, dy‛t gjin hope hawwe harren krêft te fernijen en neat oars ferwachtsje as har lêste sliep, sa hasto, ferswakke troch wrâldske beuzichheden, dy sels oerjûn oan ûnferskilligens, en hasto dyn soargen net by de Hear brocht. Dêrtroch is dyn geastkrêft brutsen en do bist âldsk wurden troch dyn soargen."
"Dan woe ik graach witte, mynhear, wêrom hja op in stoel siet."
Hy antwurde: "Omdat in swak persoan altyd op in stoel sit fanwege syn swakte, dat hy steun fine mei yn syn slappens. Sjoch dêr ha jo de foarm fan it earste fisioen."

HAADSTIK 12

"No yn it twadde fisioen seachsto har stean mei in jeuchdich gesicht, en fleuriger as earder, mar se hie noch it fel en it hier fan in ald minske." "Harkje,"sei hy," ek nei dizze likenis: As immen âld wurdt dan wanhopet hy oan himsels fanwege syn swakkens en earmoed, en hat oars gjin foarútsichten as de lêste dei fan syn libben. Dan ynienen kriget hy in erfenis; en as hy dat heard springt er oerein, wurdt tige bliid en syn krêft nimt ta.En no hinget hy net mear wat om, mar komt oerein, en syn geast, alhast ferneatige troch syn eardere dwaan, wurdt fernijd en hy sit net langer, mar wurket krêftich. Sa barde it mei  dy, doest de iepenbierring heardest dy‛t God dy skonk. Want de Hear hie meilijen mei dy, en fernijde dyn geast en do leist al dyn swakheden oankant. Moed riisde yn dy op en do waardst sterk yn it leauwe. En de Hear dy‛t dyn sterkte seach ferblide Him.  En dêrom toande Hy dy it bouwen fan de Toer en hy sil dy noch oare dingen toane, as jim meiinoar  yn frede bliuwe mei hiel jim hert."

HAADSTIK 13

"No, yn it tredde fisioen seachst har noch jonger en sy wie eal en fleurich en hja hie in kreas foarkommen. Want, as ien dy‛t  fertrietlik wie,  ynienen goed nijs heart, is hy fuort syn eardere fertriet fergetten en sjocht nei neat oars út, as nei it goede nijs dat hy hearde, en hy is foargoed fersterke foar de takomst en syn geast is fernijd troch de bliidskip dy‛t oer him kaam is; sa hasto de fernijing fan dyn geast ûntfongen, troch it sjen fan dizze goede dingen. En dasto har op in troan sitten seachst, dat betsjut dat har posysje ien fan krêft is, want in troan hat fjouwer poaten en stiet stevich. Ommers ek de wrâld wurdt byinoar hâlden troch fjouwer eleminten. Dêrom, dyselden dy‛t har folslein en mei har hiele hert bekeare, sille jong wurde en stânfest. Hasto no de iepenbierring dy‛t dy jûn is folslein? Meitsje dan gjin fierdere drokte om iepenbierrings. As eat iepenbierre wurde moat, sil it oan dy iepenbierre wurde."


IT FJIRDE FISIOEN


Oer de Besiking en Benearing dy‛t op komst binne foar de Minsken

HAADSTIK 1

Twintich dagen letter seach ik noch in fisioen, bruorren, in útbylding fan de benearing dy‛t op komst is. Ik wie op wei nei it lânhûs oer de wei nei Campania. Dat hûs leit sawat 2 km fan de grutte wei ôf. En dat gebied wurdt kwalik bereizge. En wylst ik dêr allinne rûn, bea ik de Hear de iepenbierrings te foltôgjen, dy‛t Hy my dien hie troch Syn hillige tsjerke, dat Hy my fersterkje mocht en bekearing jaan oan al Syn tsjinners dy‛t ôfdwaald wienen,  dat Syn grutte en romrofte namme ferhearlike wurde mocht, omdat Hy tastien hie my Syn wunders te toanen. En wylst ik Him ferhearlike en Him tanke, hearde ik eat as in stim dy‛t my antwurde: "Twifelje net Hermas," en ik begûn by mysels te tinken en te sizzen: "Wat reden ha ik om te twifeljen, ik dy‛t
befêstige bin troch de Hear, en dy‛t sokke hearlike dingen sjoen ha." Ik gie noch in eintsje fierder bruorren, en sjoch, ik seach in stofwolk opstigen oan‛t de himel ta, en ik tocht by
mysels: soe der in keppel fee oankomme dy‛t sa folle stof opjeie? It wie in pear hûnderd meter fan my ôf. En sjoch, ik seach it stof heger en heger optwirjen, sa dat ik tochte dat
it eat wie dat troch God stjoerd wie. Mar doe kaam de sinne der in bytsje troch, en ik seach in geweldich bist, as in walfisk sa grut en út syn bek kamen fjurrige sprinkhoannen. Mar it bist wie wol hûnderd foet lang, en syn kop like wol in grutte krûk. En ik begûn te skriemen en de Hear oan te roppen om my fan dat bist te rêden. En doe tocht ik wer oan it wurd dat ik heard hie: "Twifelje net Hermas."  En , bruorren , dêrtroch klaaid mei it leauwe yn de Hear en tinkend oan de grutte dingen dy‛t Hy my leard hie, wachte ik it bist moedich ôf. No dat bist kaam der oan mei sa‛n barstend geweld, it koe wol in hiele stêd ferwoaste. Ik gie nei it bist ta en it meunsterachtige bist joech him del oer de grûn, liet neat oars sjen as syn tonge, en it roede him net, oan‛t ik it foarby wie. No hie dat bist fjouwer kleuren op syn kop; swart, dan fjoerread en bloedrich, dan goudgiel, en as lêste wyt.

HAADSTIK 2

En neidat ik it bist passeard wie en sawat tritich foet fierder gien wie. Sjoch, dêr kaam my in faam temjitte, fersierd as of‛t se út har breidskeamer kaam, alhiel yn it wyt klaaid,  en mei wite sandalen, besluiere oan‛t op‛e foarholle, en hja hie in hoed op‛e holle en sniewyt hier. En ik wist fan myn eardere fisioenen dat dit de tsjerke wie en dat makke my fleuriger. Hja begroete my en sei: "Heil, o man!" 
En ik beantwurde har begroeting en se: "Heil mefrou!"
En sy antwurde en sei tsjin my: "Is dy neat tsjinkaam?"
Ik sei: "Der kaam my in bist temjitte  sa grut, dat it hiele folken ferneatigje koe, mar troch de krêft fan de Hear en Syn grutte genede bin ik der oan ûntkaam." 
"Do bist der goed fan ûntkaam" sei se, "omdatsto dyn soargen op God lein hast, en dyn hert iepene hast foar de Hear, yn it leauwe datsto troch neat oars rêden wurde kinst as troch Syn gloarjerike namme. Dêrom hat de Hear Syn ingel stjoerd, dy‛t gesach oer dat bist hat en dy‛t Tegri neamd wurdt en dy hat it syn bek tasletten, sadat it dy net ferskuorre koe. Do bist ûntkaam oan de grutte benearing troch dyn leauwe en omdatst  net twifelste yn de oanwêzigens fan sa‛n bist. Gean dêrom hinne en fertel de útkarden fan de Hear fan Syn machtige dieden, en siz
tsjin harren dat it bist it type is fan de grutte benearing dy‛t op komst is. As jimme jim reemeitsje en jim bekeare mei jim hiele hert en jim keare ta de Hear, dan sil it mooglik wêze foar jimme om der oan te ûntkommen, as jimme herten suver en sûnder smet binne, en jimme de lêste dagen fan jimme libben ûnbesprutsen trochbringe yn tsjinst fan de Hear. Smyt jim soargen op de Hear en Hy sil der mei rêde. Fertrou op de Hear, jimme dy‛t twifelje, want Hy is fol fan krêft en sil Syn grime fan jim ôfkeare en bestraffing stjoere foar de twifelers.Wee dejingen dy‛t dizze wurden hearre, en se net achtslagge, it wie foar harren better dat hja net berne wiernen."

HAADSTIK 3

Ik frege har oer de fjouwer kleuren dy ‛t it bist  op syn kop hie, en sy antwurde en sei tsjin my: "En jo binne al wer nijsgjirrich nei sokke dingen."
"Ja, mefrou," sei ik," meitsje my bekend wat hja betsjutte."
"Harkje," sei se, "it swarte is de wrâld dêr‛t wy no yn libje, it fjoerreade en bluodrige jout oan dat dy wrâld fergean sil yn bloed en fjoer: Mar it gouden part binne jimme, dy‛t ûntkaam binne út dizze wrâld. Want sa as goud lottere wurdt troch it fjoer, en sa brûkber wurdt, sa binne jimme dy‛t dêryn wenje lottere. Dêrom, dyselden dy‛t stânfêst bliuwe en troch it fjoer gien binne, dy sille dêrtroch suvere wurde. Want sa as goud syn slak kwyt wurdt, sa sille jimme alle fertrietlikens en benaudens kwyt reitsje en sa sille jimme suverskjin wêze om te passen yn de bou fan
de Toer. En it wite part is de takomstige tiid, dêr‛t de útkarden fan God yn wenje sille, omdat hja, dy‛t útkard binne troch God foar it ivige libben, smetteleas en suverskjin wêze moatte. Dêrom, hâld net op oer dizze dingen te sprekken foar de earen fan de hilligen. Want dit is de útbylding  fan de grutte benearing dy‛t komme sil. As jimme it wolle sil it meifalle. As jim tinke oan de dingen dy‛t fan te foaren beskreaun binne."En wylst se dat sei gie se fuort. Mar ik seach net wer‛t se hinne gie. En doe  wie der  in gelûd, en ik draaide my mei skrik om, omdat ik tocht dat it bist deroan kaam.


IT FYFDE FISIOEN


Oer de geboaden
           
DE HOEDERNeidat ik thús bidden hie, en op myn bank siet, kaam der in man yn mei in skitterjend oansjen, klaaid as in hoeder,  mei in wyt geitefel en in tas om‛e skouders en in stôk yn‛e hân en hy groete my. En ik beantwurde syn groetnis.  En hy gie by my sitten, en sei tsjin my: "ik bin troch de alderheechste ingel stjoerd om by dy te wenjen yn‛e dagen dyst noch te libjen hast."
Mar ik tocht dat hy kaam om my te hifkjen, en sei tsjin him: "Wa binne jo? Want ik ken him oan wa‛t ik tabetroud bin."
Hy sei: " Sjogge jo net wa‛t ik bin?"
"Nee,"sei ik.
Hy sei: " Ik bin de hoeder oan wa‛t jo tabetroud binne." En wylst hy spriik feroare syn stal, en doe seach ik dat hy it wie, oan wa‛t ik tabetroud wie.  Fuort waard ik kjel en krige it benaud, oerweldige troch fertriet en spyt, dat ik him sa dwars en ferkeard antwurde hie. Mar hy sei: " Lûk it dy mar net sa oan, mar krij nije krêft troch de geboaden dy‛t ik dy jaan sil. Want ik bin stjoerd," sei hy," om dy nochris sjen te litten alle dingen dyst earder sjoen hast, en foaral dyselden dêrfan, dy‛t foar dysels fan belang binne. Mar foar alles: do moast myn geboaden en gelikenissen opskriuwe en ek alle oare dingen dy‛t ik dy sjen litte sil moast opskriuwe. Mei dit doel gebied ik dy fan te foaren myn geboaden en likenissen op te skriuwen, dast se maklik neilêze kinst en bysteat wêze se te ûnthâlden." Dêrom skreau ik dy geboaden en likenissen op, krekt sa as hy sein hie. As jimme dus, as jim dizze dingen heard hawwe, se allegear hâlde en dêryn libje, en dy beoefenje mei in suver gewisse, dan sille jim al de dingen dy ‛t de Hear beloofd hat krije.Mar as jim, nei se heard te hawwen, jim net bekeare, mar troch geane mei jim sûnden, dan sille jim fan de Hear de tsjinoerstelde dingen krijen.  Al dizze dingen liet de hoeder, de ingel fan berou, my opskriuwe.




DE HOEDER


IT TWADDE BOEK DE GEBOADEN


IT EARSTE GEBOD


Oer it leauwen yn God

Foar alles: Leau dat der mar ien God is, dy‛t alles skepen hat en foleindige en alles makke hat út neat. Hy allinne is bysteat om dat alles te befetsjen, mar Hysels kin net befette wurde.
Leau dêrom yn Him, haw ûntsach foar Him, en behearskje dysels troch datsto ûntsach foar  Him hast. Hâld dizze geboaden, en do silst alle kwea fan dy ôfsmite en klaaid wurde mei de krêft fan de rjochtfeardigens en libje foar God, asto dit gebod hâldst.

IT TWADDE GEBOD


Oer it mijen fan rabjen en oer it jaan fan jeften yn ienfâldigens

Hy sei tsjin my: "Wês ienfâldich en ûnskuldich, en do silst  wêze as de lytse bêrn, dy‛t noch net witte fan it kwea dat de libbens fan minsken ferwoastet. As earste: Berabje nimmen en harkje net mei niget nei immen dy‛t in oar berabbet. Want asto der nei harkest, bist mei skuldich oan it kwea fan de rabber, asto de kletspraatsjes dy‛st hearste leauwst; want asto dy leauwst,
hasto ek wat te sizzen oer dyn broer.  Dus dan makkest dy skuldich oan de sûnde fande rabber. Want rabberij is in kweade en wiffe duvel. It wennet nea yn frede, mar rint altyd út op spul.
Hâld dy dêr fier fan en do silst altyd frede hawwe mei elkenien. Beklaai dy mei in hilligens dy‛t nea reden jout foar argewaasje,  mar allinne foar evenredige en bliermoedige dieden.

 Wês goederjousk en jou fan watsto mei dyn skreppen bedijst, dat God dy jout, oan allegearre dy‛t it nedich hawwe, yn ienfâldigens en betink net yntfoar, oan wa ast alwat jaan silst en oan wa net. Jou oan elk, want God winsket dat Syn jeften dield wurde mei elkenien. Hja dy‛t wat krije sille rekkenskip jaan oan God, wêrom en wêrfoar hja it krigen hawwe. Want de beheinden dy‛t wat krije sille net feroardiele wurde, mar hja dy‛t mei falske foarstellings wat oannimme, dy sille straft wurde, mar hy dy‛t jout giet frijút. Want sa as hy it fan de Hear krige hat, sa hat hy syn tsjinst yn ienfâldigens folbrocht, sûnder der oan te tinken oan wa‛t hy wol wat jaan soe en oan wa‛t hy neat jaan soe. Dy tsjinst dan, yn ienfâldigens folbrocht, is earfol by God. Dêrom sil hy, dy‛t sa yn ienfâldigens tsjinnet, libje by God. Hâld dus dizze geboaden sa as ik se dy jûn ha, dat dyn berou en it berou fan dyn hûs yn ienfâldigens fûn wurde mei en dat dyn hert suver wêze mei en sûnder smet.

IT TREDDE GEBOD


Oer it mijen fan falskens en it berou fan Hermas oer syn bedroch

Yetris sei hy tsjin my: "Ha de wierheid leaf, en lit oars neat as wierheid út dyn mûle komme,  dat de Geast, dy‛t God yn dyn hert jûn hat, betrouber fûn wurde mei, foar alle minsken en de Hear, dy‛t yn dy wennet, ferhearlike wurde mei, want de Hear is betrouber yn al Syn wurden en yn Him is alhiel gjin bedroch. Dêrom, hja dy‛t lige ferleagenje de Hear en berôvje Him, omdat hja Him net wêrom betelje wat hja fan Him krigen hawwe. Want hja krigen fan Him in geast sûnder falskens. En as hja Him dy geast ûnbetrouber wêrom jouwe, dan besmodsgje hja it gebod fan de Hear en wurde rovers." Doe‛t ik dy wurden hearde begûn ik bot te skriemen. Doe‛t hy my skriemen seach, frege hy: "Wêr skriemst om?" 
Ik antwurde: "Omdat ik net wit of‛t ik wol rêden wurde kin, mynhear."
"Wêrom dat?" Sei hy. 
Ik sei: "Omdat ik yn myn libben noch nea in wier wurd sprutsen ha, mynhear, mar altyd mei tûkens tsjin in elk praat ha en foar allegear de leagen foar wierheid befêstige ha, en nimmen hat my ea  tsjinsprutsen, want men fertroude my op myn wurd. Hoe soe ik libje kinne wylst ik soks dien ha."
En hy sei: "Dyn gefoelens binne oprjocht en sûn, want doe soest as tsjinner fan de Hear libbe hawwe moatte yn de wierheid en net in kwea gewisse keppele hawwe oan de geast fan wierheid en do hiest de Hillige en wiere Geast gjin fertriet oandwaan moatten."
En ik sei tsjin him: "Nea earder ha ik mei safolle oandacht nei dizze wurden harke."
En hy sei tsjin my: "No harkje der dan no nei en hâld dy deroan, dat ek de falskens, dêrsto it oer hiest yn dyn dwaan en litten, leauwenswurdich wurde mei troch de betrouberens fan dyn bewearings fan no. Want sels dy kinne betrouwenswurdich wurde. Asto dizze foarskriften hâldst en fan no ôf oan neat sprekst as de wierheid, dan sil it ek foar dy mooglik wêze it libben te berikken.  En in elk dy‛t dit gebod heart en him fier hâldt fan it grutte kwea fan falskens, sil libje by God."


IT FJIRDE GEBOD


Dat immen skiede moat fan syn frou fanwege ûntucht

"Ik gebied dy,"sei hy, "om dyn keinens te behoedzjen en sels de gedachte oan in oar syn wiif of oan troubrek of sokke sûnden net yn dyn hert opkomme te litten,  want asto dat dochstebegiest in grutte sûnde. Want asto altyd dyn eigen frou yn gedachten hâldst, silsto nea sûndigje, mar asto gedachten oan in oaren talitste yn dyn hert, dan is dat kwea.
En asto op dyselde manier oare ferkearde gedachten talitste, dan dochsto sûnde. Want soks is foar in tsjinner fan God in grutte sûnde. En as immen sokke minne dieden bedriuwt, dan bewurket er syn eigen dea. Tink der dus om en hâld sokke gedachten fier by dy wei; want dêr‛t  yn it hert fan de rjochtfeardige suverens wennet, dêr mei gjin ûnhurens opkomme.
Doe sei ik tsjin him: "Mynhear, stean my ta Jo in pear fragen te stellen."
"Siz it mar" sei hy.
En ik sei tsjin him: "Mynhear, as immen no in frou hat dy‛t op de Heare betrout, en hy betrapet har mei in oare man, sûndiget dy man dan as hy mei har troud bliuwt?
En hy sei tsjin my: " Salang hy neat fan har sûnde ôfwit, begiet hy gjin kwea mei by har te bliuwen. Mar as dy man wit dat syn frou soks docht en hja gjin berou hat en der ek net mei ophâlde wol en hy dochs mei har fierder libbet, dan is hy mei skuldich oan har sûnde en in meidieder yn har kwea.
Doe frege ik him: "Mar wat moat dy man dan dwaan, mynhear, as syn frou net ophâlde wol mei har ferkeard dwaan?"
En hy sei: " Dan moat dy man har oankant sette en allinne bliuwe. Want as hy syn frou fuortjaget en in oaren troud,
pleecht hy sels ek troubrek.
En ik sei tsjin him:" Wat as dy frou, dy‛t oankantset is, spyt hat en werom wol nei har man, moat hy har dan net werom nimme?"
En hy sei: "Ja seker. As de man har net werom nimt dan sûndiget hy en bringt grut kwea oer himsels, want hy heart de sûnderes, dy‛t har bekeart, werom te nimmen. Mar net hieltyd wer. Want der bestiet mar ien bekearing foar de tsjinners fan God. Dus dêrom, dat de ferstjitten frou har bekeare mocht, mei de man net in oaren trouwe, as hy har fuortstjoerd hat. Wat dat betreft moatte man en frou krekt allyk behandele wurde. Boppedat, oerhoer  wurdt net allinne bedreaun troch minsken dy‛t sûndigje yn it fleis, mar ek troch harren dy‛t de heidens yn harren dwaan en litten neidogge.  Derom ek, as ien troch giet mei sa te dwaan en him net bekeart, gean by him wei en libje net langer yn mienskip mei him, oars wurdsto in dielhawwer oan syn kwea. Derom wurde jimme moanne op jimsels te bliuwen, sawol man as frou, want minsken kinne ta ynsicht komme en har bekeare. Mar ik jou jim dy gelegenheid net om sokke dingen te dwaan, mar dat immen dy‛t sûndige hat net mear sûndigje sil. En wat betreft eardere misstappen, der is Ien dy‛t  genêzing biede kin, want Hy hat werkelik macht oer alles.

HAADSTIK 2

Ik frege him nochris en sei: "No‛t de Hear him ferweardige hat bliuwend yn my te libjen, harkje nei my wylst ik in pear wurden siz; want ik begryp neat, en myn hert is behurde yn myn eardere manier fan libjen. Jou my begryp, want ik bin sa ferskriklik dom en ik begryp absoluut neat."
En hy antwurde en sei: "Ik bin set oer it berou, en ik jou ferstân oan elk dy‛t him bekeart. Tinksto ek net, sei hy, dat it fan grutte wysheid tsjoeget om dy te bekearen?
Berou hawwen is tige ferstannich. Want sa‛n ien, dy‛t sûndige hat en begrypt dat hy dêrmei kwea bedreaun hat tsjin de Hear en him de dingen yn‛t sin bringt dy‛t hy dien hat, en der spyt fan hat; dy giet him net langer te bûten oan kwea, mar leit  him no tige ta op it goede en bedimmet en piniget syn siel, omdat hy ferkeard dien hat. Dêr sjochst dus dat berou grutte wysheid is."
En ik sei tsjin him: "Dat is de reden, mynhear, dat ik soarchfâldich alle dingen ûndersykje, foaral omdat ik in sûnder bin; dat ik witte mei wat ik dwaan moat, om libje te meien, want  ik begie in protte fan allerhande sûnden."
En hy sei tsjin my: "Do silst libje, ast dy haldst oan myn geboaden, en dêrneffens libbest, en in elk dy‛t harket en dizze geboaden hâldt en dêrneffens libbet, sil libje by God.

HAADSTIK 3

En ik sei tsjin him: "Ik woe noch graach in fraach stelle."
"Sprek op" sei hy.
En ik sei: "Ik ha heard, mynhear, dat der learaars binne, dy‛t sizze dat der gjin oare bekearing is, as dy‛t der barde doe‛t wy ôfdaalden yn it wetter en ferjouwing fan ús eardere sûnden krigen."
Hy sei: "Dat wie in sûne lear dysto heardest; want dat is wier it gefal. Want dy‛t ienris ferjouwing fan sûnden krige hat, heart net wer te sûndigjen, mar yn suverens te libjen.  Lykwols omdatsto alle dingen sekuer neigiest, wol ik dy hjir ek op wize,  net om reden ta dwaling te jaan foar dy‛t ta it  leauwe komme, of koartlyn ta it leauwen yn de Hear kaam binne. Want dyjingen dy‛t no leauwe en dy‛t ta it leauwe komme sille, hawwe gjin ferjouwing  fan al har sûnden; mar hja hawwe ferjouwing foar har eardere sûnden.  Mar foar dyselden dy‛t yn earder tiden roppen binne, hat de Hear de bekearing ynsteld. Want de Hear dy‛t de herten kent en alledingen foarút wit, koe de swakkens fan de minske en de mannichfâldige  keunsten fan de duvel, dat hy de tsjinners fan God kwea dwaan soe en harren gemien behannelje. Derom hat de barmhertige Hear, it wurk fan Syn hannen genedich west en hat bekearing foar harren mooglik
makke en hy hat my de macht oer dy bekearing tabetroud. En dêrom siz ik dy, dat as immen fersocht wurdt troch de duvel en sûndiget, nei dy grutte en hillige ropping, dêr‛t de Hear Syn folk yn roppen hat ta it ivige libben, dan hat dy mar ienkear de mooglikheid fan berou. Want as hy dêrnei hieltyd wer sûndiget en dan wer spyt krijt, foar sa‛n man is dat berou fan gjin betsjutting,
want hy sil mei grutte muoite libje.
Ik sei: "Mynhear, ik fiel dat it libben yn my weromkaam is troch it harkjen nei dizze geboaden;  want ik wit dat ik rêden wurde sil, as ik foartoan net mear sûndigje.
En hy sei: "Do silst rêden wurde, do en allegearre dy‛t dizze geboaden hâlde."

HAADSTIK 4

En nochris frege ik him en sei: "Mynhear, no‛t Jo sa goed west ha nei my te harkjen, wolle Jo my ek dit sjen litte."
"Siz it mar,"sei hy.
En ik sei: " As in man of frou stjert, en de widdener of widdo trout wer, dogge hja dêrmei sûnde?"
Dêr is gjin sûnde yn wertrouwen,"sei hy,"mar as hja ûngetroud bliuwe, winne hja grutter eare en gloarje by de Hear; mar as hja trouwe, sûndigje hja net. Hoedzje dêrom dyn keinens en suverens en do silst ta Gods eare libje. De geboaden dy‛t ik dy joech en dy‛t ik dy noch jaan sil, hâld dy fan no ôf oan, ja, fan de dei ôf datsto oan my tabetroud bist, dan sil ik wenje yn dyn hûs. En dyn eardere sûnden sille ferjûn wêze, asto myn geboaden hâldst. En fan allegearre sille hja ferjûn wurde, dy‛t myn geboaden hâlde en yn keinens libje.

IT FYFDE GEBOD

Oer bitterens fan hert en ferduldigens

HAADSTIK 1

"Wês geduldich,"sei hy, "en fan goed begrip en do silst boppe alle kweadwaan stean en rjochtfeardigens bewurkje. Want asto geduldich bist sil de Hillige Geast, dy‛t yn dy wennet, tefreden wêze. Hy sil net fertsjustere wurde troch in kweageast, mar it wenjen yn in rom hert sil him opfleurje en bliid meitsje en mei it hert dêr‛t hy yn wennet, sil hy God mei blydskip tsjinje, omdat er frede hat yn himsels. Mar as der in útbarsting fan lulkens komt, sil de Hillige Geast, dy‛t tige gefoelich is, fuortdaliks teloarsteld wêze omdat hy gjin folslein plak hat, en hy sil besykje fuort te gean, want hy is skokt troch dy kweageast en  kin him net rjochtsje op de Hear sa as hy wol, omdat lulkens him besmodzget. Want de Hear wennet yn ferduldich lijen, mar de duvel yn lulkens. Dy twa geasten binne, as hja yn it selde hûs libje, yn striid mei mekoar en jouwe problemen foar de man dêr‛t hja yn wenje. Want ast in hiel lyts stikje aalst yn in pot mei hunnich dochst, is dan de hiele pot mei hunnich net wei en nimt dat lytse stikje aalst de swietens fan de hunnich net alhiel wei, sadat it gjin befrediging mear jout foar de eigener, mar alhiel bitter wurden is en syn nut ferlern hat? Mar as der gjin aalst yn de hunnich dien wurdt, dan bliuwt de hunnich swiet en is brûkber foar de eigener. Sjoch dan yn dat ferduldigens swieter is as hunnich en brûkber foar God en dat de Hear dêr yn wennet. Mar lulkens is bitter en nutteleas. No, as der lulkens mong wurdt mei ferduldigens is de ferduldigens bedoarn en syn gebed is sinleas foar God.
"Mynhear", sei ik, "dan soe ik graach de macht fan de lulkens kenne, om dêr foar op myn hoede te wêzen."
En hy sei: "Asto dêr net foar op dyn hoede bist, ferlieze do en dyn hûs alle hope op ferlossing. Hoedzje dy dêr dus foar, want ik bin mei dy en mei allegearre dy‛t har dêr fier fan hâlde en har mei har hiele hert bekeare. Want ik sil mei harren wêze en ik sil harren allegear rêde. Want hja binne allegear rjochtfeardige troch de heechst hillige ingel.

HAADSTIK 2

"Hear no," sei hy,"hoe min sa‛n opstiging fan lulkens is, en hoe‛t dat de tjinners fan God ta fal bringt troch syn dwaan, en har ôfkeart fan‛e rjochtfeardigens. Dy‛t fol fan it leauwen binne falle net, dêr hat it gjin fet op, want de krêft fan de Hear is mei harren. It binne de ûnbetochtsumen en twifelers dy‛t ôffallich wurde.Want sa gau as it sokke minsken stânfêst stean sjocht, dan slûpt it yn har herten en sa‛n man of frou wurdt lulk om neat, om dingen fan alle dei, bygelyks om wat iten, of om in oerstallich wurd dat sein waard, of om in freon, in jefte of in skuld, of oars soks ûnbetsjuttend  spul. Want al sokke dingen binne dom en leech en nutteleas foarde tsjinners fan God. Mar ferduldigens is grut, en machtich en sterk en kalm temidden fan de grutste benearing, opfleurjend, bliid, frij fan soarch, altyd God ferhearlikjend, sûnder ienige bitterens yn har te hawwen en bliuwt altyd sêft en kalm. No dy ferduldigens wennet yn harren, dy‛t in folslein leauwe hawwe. Mar lulkens is dom en ûnbetrouber en sinleas. No, út dwaasheid ûntstiet ferbittering, út ferbittering lulkens, út lulkens dwylsinnigens. Dy dwylsinnigens rint as produkt fan safolle ferkeardens  út op grutte en net te betterjen sûnde.  Want as al dy geasten libje yn ien hert, dêrt ek noch de Hillige Geast yn wennet, dan kin dat hert dat net allegear befetsjen en rint oer.
De sêftmoedige Geast, net went te libjen mei sa‛n ûndogenske geast en mei hurdens,  lûkt him tebek út sa‛n man en siket in wente dêr‛t  freonlikens en freedsumens is. En dan, as hy him tebeklutsen hat út sa‛n man dêr‛t hy yn wenne,  is it plak fan de rjochtfeardige Geast yn dy man leech en wurdt fan dy tiid ôf ynnaam troch kweageasten en hy rekket yn in steat fan stjoerleazens yn al syn dwaan, hinne en wer slingere troch de kweageasten, en dêr is in folsleine fertsjustering yn syn geast foar alle goede dingen. Dit is dus wat bard mei alle kwead-aardige minsken. Hâld dy dus fier fan dy ôfgryslike geast fan lulkens, en beklaai dy mei geduld, en wjerstean lulkens en bitterens, dan silsto fûn wurde yn it selskip fan dy suverens, dy‛t de Hear leaf hat. Tink der dus om datsto dit gebod yn gjin gefal fersleaukest. Want asto hearrich bist oan dit gebod, silsto bysteat wêze ek alle oare geboaden, dy‛t ik dy jaan sil, te hâlden.
Wês dus sterk yn dizze geboaden en win oan yn krêft en lit allegearre tanimme yn krêft, safolle as dêryn libje wolle.

IT SEISDE GEBOD


Hoe‛t de beide geasten, dy‛t by elke minske hearre, te kennen binne en hoe‛t de ynjouwingen fan de iene te ûnderskieden binne fan dy fan de oare.

HAADSTIK 1

"Ik joech dy,"sei er, "yn it earste gebod oanwizings om omtinken te jaan oan leauwe, oan ûntsach en oan selsbehearsking.
"Ja krekt,"sei ik.
En hy sei: "No wol ik dy de krêften dêrfan sjen te litten, datsto witst wat krêften elk dêrfan hat. Want dy krêften binne dûbel en ha deselde betrekking ta de rjochtfeardige as ta de ûnrjochtfeardige. Hâld it dêrom op de rjochtfeardigens, mar ha gjin fertrouwen yn de ûnrjochtfeardigens. Want it paad fan de rjochtfeardigens is rjocht, mar it spoar fan de ûnrjochtfeardigens wynt alle kanten út. Gean dus de rjochte en sljochte wei, en mij de slingerpaden. Want dat slingerpaad is gjin wei, it hat in protte ûnbegeanbere plakken en leit fol stroffelstiennen en it is rûch en fol toarnen; it ferwûnet de minsken dy‛t dat paad geane. Mar hja dy‛t de rjochte wei geane, rinne sljochtwei sûnder stroffeljen, want dy is net rûch en toarnich. Sa sjochst dat it better is om dy wei te nimmen.
"Ja, dy wei wol ik gean," sei ik.
"Dy wei silsto gean,"sei hy, "en in elk, dy‛t him keart nei de Hear mei syn hiele hert, sil op dy wei gean."

HAADSTIK 2

"Hear no,"sei hy, "wat it leauwen betreft. Der binne twa ingels by in minske, ien fan rjochtfeardigens, en ien fan ûnrjocht."
Doe sei ik tsjin him: "Mynhear, hoe kin ik de krêften dêrfan útinoar kenne, as dy beide ingels by my binne?"
"Harkje," sei hy, "en begryp. De ingel fan rjochtfeardigens is freonlik, ienfâldich, sêftmoedich en freedsum. Dus as hy opkomt yn dyn hert, dan sprekt hy tsjin dy oer rjochtfeardigens, suverens, keinens, tefredenens en fan alle goede dieden en gloarjerike deugden. As al dy dingen opkomme yn dyn hert, wit dan dat de ingel fan de rjochtfeardigens mei dy is.
Dat binne de dieden fan de ingel fan rjochtfeardigens. Fertrou op him en syn wurken.
Sjoch no de wurken fan de ingel fan ûnrjocht. Foarst, hy is fol fan wrok, bitterens, dommens en syn wurken binne kwea en ruinearje de tsjinners fan God. As hy opkomt yn dyn hert ken him dan oan syn wurken.
Mar ik sei: " Mynhear, hoe moat ik him kenne, ik soe it net witte."
"Harkje en begryp,"sei hy, "as grimmitigens  yn dy opkomt en wredens, wit dan dat hy by dy is; en do moast witte dat dat ek it gefal is, asto longerst nei in protte jild en rike lekkernijen en dronkenmans partijen en allerhanne luxe en ûnfoege dingen en it longerjen nei froulju en sels oerskatting en grutskens en bluisterigens en alles dat dêr op liket. Want sokke dingen komme yn dyn hert op as de ingel fan ûnrjocht yn dy is. En nosto syn wurken kenst, hâld  dy fier fan him, en fertrou him yn gjin inkel opsicht, want syn dieden binne ferkeard en skealik foar tsjinners fan God.  Dat binne dus de aksjes fan dy beide ingels. Begryp se, en fertrou op de ingel fan rjochtfeardigens, mar hâld dy fier fan de ingel fan ûnrjocht, want syn lessen binne min yn elke died.
 Want ek al is in minske fol fan leauwe, as de gedachten fan dizze ingel yn syn hert opkomme, sil dy man of frou sûndigje. Mar fan‛e oare kant, al is in man of frou noch sa min, dochs, as  de wurken fan de ingel fan rjochtfeardigens opkomme yn syn of har hert, dan moat hy of sy wat goeds dwaan. Do sjochst dus dat it goed is de ingel fan rjochtfeardigens te folgjen, mar de ingel fan ûnrjocht farwol te sizzen.Dit gebod toant de dieden fan it leauwe, datsto betrouwe meist op de wurken fan de ingel fan rjochtfeardigens, en troch dy te dwaan silsto God ta eare libje.

IT SANDE GEBOD

Oer ûntsach hawwe foar God en net bang wêze foar de duvel

 "Haw ûntsach foar de Hear," sei hy," en hâld Syn geboaden. Want asto de geboaden fan God hâldst, silsto sterk wêze yn elk aksje en elke aksje fan dy sil ûnferlykber wêze.
Want mei ûntsach foar God silsto alle dingen goed dwaan. Dit is de noed dysto hearst te hawwen om rêden te wurden. Mar do moast nea bang wêze foar de duvel, want troch ûntsach foar God bisto de duvel de baas, want macht út himsels hat dy net. En hy, dy‛t alhiel gjin macht hat, heart gjin objekt foar eangst te wêzen; mar Hy, yn wa‛t de gloarjerike macht is, dêr heart men wier ûntsach foar te hawwen. Want elk dy‛t macht hat heart respekteard te wurden, mar dy‛t machteleas is wurdt troch elkenien minachte. Wês bang foar de dieden fan de duvel, want dy binne gefaarlik. Mar asto ûntsach hast foar God, dan silsto sokke dieden nea dwaan, mar dy dêr fier fan hâlde. Want der binne twa soarten fan eangst; asto gjin kwea dwaan wolst, eangje God, en do silst it net dwaan; mar allyk sa, asto eat dwaan wolst dat goed is, eangje God, en dan dochst it. Dêrom, ûntsach foar God is sterk en grut en gloarjeryk. Haw dan ûntsach foar God en do silst foar Him libje en elk dy‛t ûnsach hat foar Him en Syn geboaden hâldt, sil foar Him libje.
"Mynhear,"sei ik, "wêrom seinen Jo dêrby dat dy‛t Syn geboaden hâlde, foar God libje sille?"
"Hjir om,"sei hy,"alle skepsel hawwe ûntsach foar de Hear, mar net alle skepsels hâlde Syn geboaden. Allinne dy‛t ûntsach foar de Hear hawwe en Syn geboaden hâlde,  hawwe libben by God, mar dy‛t Syn geboaden net hâlde, dêr is gjin libben yn."

IT ACHSTE GEBOD

Dat wy it kweade mije moatte en dwaan dat goed is

Hy sei: "Ik fertelde dy dat de skepsels fan God twasidich binne, no, ûnthâlding hat ek  twa kanten, want yn guon gefallen moat men jin ûnthâlde en yn oaren is dat net nedich.
Ik sei: "Lear my dan te witten, mynhear, yn wat gefallen men jin ûnthâlde moat en yn wat gefallen net."
"Unthâld dysels fan it kweade en doch it net, mar ûnthâld dy net fan it goede, mar doch it!  Want do begiest in grutte sûnde asto dy ûnthâldst fan it goede. Mar asto dy wjerhâldst, sa datst it kweade net dochste, dan dochsto grutte rjochtfeardigens. Mij dus it dwaan fan alle ûnrjocht, en doch wat goed is."
Ik frege: "Wat binne dy ferkearde dieden, mynhear, dêr‛t wy ús foar wachtsje moatte?"
Hy sei:" Harkje, dat binne echtbreuk, huorkerij, dronkenskip, wielderigens,oerdiedigens fan allerhanne iten, oerdiedige rykdom, opskepperij, heechhertigens, bretalens, ligen, rabjen, moaiwaar spyljen, wrokjen, en alle rabberij. Dat binne de gemienste dingen yn it libben fan in minske. Dus fan al sokke dingen moat de tsjinner fan God him alhiel ûnthâlde.  Want dy‛t him fan sok dwaan net ûnthâldt kin net libje by God. En harkje dan nei de dieden dy‛t dizzen beselskipje."
"Binne der dan noch oare ferkearde dieden, mynhear?"sei ik.
"Dy binne der,"sei er," en ek noch in protte, dêr‛t in tsjinner fan God him beslist fan ûnthâlde moat: stellen, ligen, rôvjen, falsk tsjûgjen, sels oerskatting, ferkearde lusten, bedroch, eigenwizens, opskepperij, en alle oare sûnden dy‛t dêr op lykje. Tinkt dy ek net dat dy tige min binne?  Utsûnderlik gefaarlik binne se foar tsjinners fan God. Fan al dy dingen moat in tsjinner fan God him ûnthâlde. Hâld dysels dan fier fan al sokke dingen, datsto libje meiste ta eare fan God, en do silst opskreaun wurde, mei l sokken dy‛t har dêr fier fan hâlden hawwe. Dat binne dus de dingen dêrst dy fan ûnthâlde moaste."
"Mar harkje no"sei hy,"nei de dingen dêrst dy net fan ûnthâlde meist, mar dysto hearst de dwaan. Hâld dysels dus net tebek fan itjinge dat goed is, mar doch it.
"Fertel my dan,Hear,"sei ik," wat de goede dieden binne, dat ik dêr yn libje mei en dêrop wachtsje, dat ik rêden wurde mei troch dy te dwaan."
Harkje dan,"sei hy,"nei de goede dieden dysto dwaan moast en werfan datsto dy net ûnthâlde meist. Foar alles, it leauwe, dan ûntsach foar God, leafde, ienriedigens, rjochtfeardige wurden, wierheid, geduld. Neat is better yn it libben fan in minske dan dizzen. As immen dy yn acht nimt en him dêr net fan ûnthâldt, dy is segene yn syn libben. 
En dit binne dan de folgjenden, dy‛t dizzen bysteane, widdowen helpe, wezen en behoeftigen bystean, tsjinners fan God út‛e need helpe,  gastfrij wêze, want yn herbergjen fynt goeddwaan in rom fjild, nea dwersbongelje, rêstich bliuwe, minder noeden hawwe as alle minsken, de âlden heechachtsje,  rjocht dwaan, de bruorreleafde beweitsje, ûnbeskoftens geduldich ferneare, de siken fan geast bemoedigje, dy‛t yn sûnde of fan it leauwe ôffallen binne net falle litte, mar har wêrom helje en wer ta rêst en frede bringe, de sûnders fermoanje, de earmen en dy‛t skulden
hawwe, net ûnderdrukke en wat fan dieden der mar mear binne lykas dizzen. Lykje dizzen dy goed ta?"
"Wat is der no better as dit Hear"sei ik.
"Wandelje dêr dan yn,"sei hy, "en ûnthâld dy dêr net fan, dan silsto libje by God. Hâld dus dit gebod. Asto it goede dochst en dy der net fan ûnthâldst, dan silsto libje by God. En allegearre dy‛t sa dogge sille libje by God. En nochris, asto wegerst it kweade te dwaan, en dy dêrfan ûnthâldst silst libje by God. En allegearre sille libje by God dy‛t dizze geboaden hâlde en dêryn wandelje.

IT NJOGGENDE GEBOD

Bid sunder ophalden ta God yn net wifkjend fertrouwen

Hy sei tsjin my: " Sko alle twifel oankant en skoarje der net tsjinoan wat fan God te freegjen, troch by dysels te sizzen: ‛Hoe kin ik God wat freegje of fan Him krije, wylst ik safolle tsjin Him sûndige ha?‛  Redenearje sa net by dysels, mar kear dy mei dyn hiele hert ta God en freegje Him sûnder te twifeljen en do silst de folheid  fan Syn barmhertige genede kennen leare, dat Hy dy nea yn‛e steek litte sil en alle ferlet fan dyn siel ferfulle. Want Hy is net lykas in minske, dy‛t tinkt oan it kwea dat him oandien is. Want Hy  wrokket  net oer it kweade, mar hat meilijen mei Syn skepsels. Suverje dêrom dyn hert fan alle idelheden fan dizze wrâld, en de al neamde sûnden, en freegje de Hear en do silst alles krije; en net ien fan dyn fersiken, dysto sûnder te twifeljen rjochtest ta de Hear, sil dy wegere wurde, mar asto twifelst yn dyn hert, silst fan dyn fersiken neat krije. Hja dy‛t folslein binne yn it leauwe freegje alles yn fertrouwen op de Hear en hja krije it, omdat hja freegje sûnder wifkjen en net dûbel hertich binne. Want in dûbelhertich man, ek al hat hy berou, sil mei muoite rêden wurde. Suverje dêrom dyn hert fan twifel en beklaai dy mei it leauwe, want dat is sterk, en fertrouw op God, datsto fan Him krije silst alles dêrsto Him om fregest. En as op in stuit, neidatsto wat fan de Hear frege hast,  it wat langer duorret, dan datsto ferwachtest, foar datst it krijst, twifelje dan net omdatst it ferlet fan dyn siel  net fuortdaliks krige hast; want dat is dan sûnder mis om in fersiking of in sûnde dysto fergetten bist, dat dyn fersyk wat langer duorret. Dêrom, hâld net op te freegjen om wer‛t dyn siel ferlet fan hat en do silst it krije. Mar asto ûngerêst wurdst en wifkest yn dyn fersyk, jou dy dan sels de skuld en net Him, omdat Hy it dy net jout. Beskôgje dy twifelriedige steat fan dyn geast, want dat is ferkeard en sinleas en keart mannichien alhiel ôf fan it leauwe, ek al wienen se dêr hiel sterk yn.
Want dizze twifel is in dochter fan de duvel, en wurket uterst gefaarlik foar de tsjinners fan God. Ferachtsje dan twifeljen, en wurdt dat yn alles de baas, troch dy te beklaaien mei it leauwe, dat sterk is en fol krêft. Want leauwen belooft alle dingen, en folbringt alle dingen, mar de twifeler, dy‛t gjin echt fertrouwen yn himsels hat, sjit tekoart yn alles dat er ûndernimt. Sa sjochst no," sei hy," dat it leauwe fan boppe komt, fan de Hear, en grutte krêft hat, mar twifel is in ierdske geast, dy‛t komt fan de duvel en dy hat gjin macht. Tsjinje dan dat, dat macht hat, it leauwe, en ferlit de twifel dy‛t gjin macht hat en do silst libje by God.  En allegearre dy‛t har geast ta dizze dingen sette sille libje by God.

IT TSIENDE GEBOD

Oer fetriet en hoe de Geast fan God yn ús gjin fertriet te dwaan

"Doch it fertriet út dy wei," sei hy,"want dat is in suster fan twifel en grime."
"Mynhear,"sei ik,"hoe kin fertriet dêr no in suster fan wêze? Want twifel, grimmitigens en fertriet lykje noch al wat ferskillend fan inoar te wêzen."
"Man do bist net wiis, snapsto net dat fertriet noch folle ferifeljender is as alle oare geasten, en foar de tsjinnners fan God it ôfgryslikste en dat it mear minsken ferneatiget as alle oare geasten en de Hillige Geast útdwest, en dat sy him oan‛e oare kant rêd?"
"Ik bin net wiis,"sei ik," en snap neat fan sokke ferhalen. Want hoe‛t sy útdweste kin en oan‛e oare kant rêde, dêr kin ik net by! "
"Harkje,"sei hy," hja dy‛t nea om de wierheid socht ha, noch it wêzen fan de Godheid  neigien, mar ienfâldich leaud hawwe;  as dy harsels wije oan en bemong wurde yn wrâldskesaken, en wielde en heidenske freonskippen en in protte oare wrâldske aksjes, dy begripe sokke gelikenissen oer it wêzen fan God net; want har ferstân wurdt fertsjustere troch al dat gedoch, en hja wurde bedoarn en droegje út. Lykas prachtige druven dy‛t ferwaarleaze wurde en omkomme yn toarnen en stikels, sa ek minsken dy‛t leaud hawwe en neitiid ferfallen binne ta al dat
soarte fan drokten, dy wike ôf yn har ferstân, en ferlieze alle begrip fan rjochtfeardigens, want as hja fan gerjochtichheid hearre, is har geast beset mei harren saken en hja slagge it gjin acht. Oan‛e oare kant, hja dy‛t God freezje en sykje nei it wêzen fan God en nei wierheid en dy‛t har hert keard hawwe nei de Hear, dy begripe gau en fersteane wat tsjin harren sein wurdt, want hja hawwe ynwindich ûntsach foar de Hear. Want dêrt de Hear wennet, dêr is in protte begryp. Hâld dy dêrom fêst oan de Hear, en do silst al dizze dingen begripe en ferstean."

HAADSTIK 2

"Harkje dan no, domme man,"sei hy," hoe‛t it fertriet de Hillige Geast ferdriuwt, en oan‛e oare kant rêdt. As in twifeljend man eat besiket en it slagget troch syn twifelriedigens net, dan wurdt hy fertrietlik en fertriettet ek de Hillige Geast en ferdriuwt Him. Oan‛e oare kant, as in man him lulk makket om it ien of oare, en ferbittere is, en der komt  dan fertriet op yn it hert fan de man dy‛t sa op ien ein wie en hy hat spyt om wat er dien hat en dan bekent dat hy ferkeard dien hat; dan blykt dat fertriet  ferlossing te bewurkjen, omdat de man berou hat neidat hy ferkeard dien hat. Mar beide dingen fertrietsje de Hillige Geast, twifel, omdat it nea syn doel berikt; en lulkens fertriettet de Geast, omdat it docht wat ferkeard is. Beide, twifel en lulkens binne dus fertrietlik foar de Geast.  Doch dêrom it fertriet út dy wei, en ferdriuw de Hillige Geast net, dy‛t yn dy wennet, dat Hy God net tsjin dy fersiket, dat Hy Him wêromlûkt. Want de Geast fan God, dy‛t ús skonken is om te libjen yn dit lichem, ferneart gjin fertriet en swartgalligens. Wês dêrom altyd fleurich en tasjitlik en oannimlik foar God en fermeitsje dy dêryn. Want in fleurich man docht
wat goed is, en betinkt wat goed is, en minachtet fertriet, want in fertrietlik man docht altyd ferkearde dingen. Foarst al omdat hy dêrmei de Hillige Geast fertriet docht, dy oan de minske skonken wie as in fleurige geast. Oart, troch de Hillige Geast fertriet oan te dwaan, docht hy ûnrjocht, troch it net oan de Hear te freegjen noch it foar Him te beliden. Want it fersyk fan in fertrietlik man hat gjin krêft om op te klimmen ta it alter fan God."
"Wêrom,"frege ik,"kin it fersyk fan in fertrietlik man net opstige nei it alter?"
"Hjirom,"sei hy,"fertriet sit yn it hert, fertriet mongen mei syn bea lit dy bea net suver opstige nei it alter fan God. Want asto jittik en wyn yn ien glês dochst, jout dat net itselde genot as wyn allinne. En fertriet mong mei de Hillige Geast, makket net in like goed gebed as fan de Hillige Geast allinne. Suverje dysels dêrom fan it kweade fertriet en do silst libje ta God en allegearre, dy‛t  it fertriet út harsels ferdriuwe en fleurigens oanlûke, sille libje ta God.

IT ALFDE GEBOD

De geast fan de profeten moat blike út har wurken. En ek de twa soarte fan geasten

Hy wiisde my op minsken dy‛t op in bank sieten, en ien man op in stoel. En hy sei tsjin my: "Sjochsto dy minsken op dy bank?"
Ik sei: "Ja mynhear."
Hy sei: "Dat binne leauwigen, en de man op‛e stoel is in falske profeet, dy‛t de geasten fan de tsjinners fan God rûinearret. It binne de twifelers, net dy‛t fol fan it leauwe binne, dy‛t hy ferrifelt. Dy twifelers geane nei him ta as nei in wiersizzer en freegje fan him wat der mei harren barre sil en de falske profeet, dy‛t de krêft fan Gods Geast net hat, antwurdet harren neffens dat hja freegje en neffens har ferkearde begearten en ferfult har geasten mei ferwachtings fan wat hja graach wolle. Want omdat hy sels leech is, jout hy lege antwurden oan de fregers, want elk antwurd is makke neffens de legens fan de man. Ut en troch seit hy by gelegenheid in wier wurd, want de duvel jout  him fan syn eigen geast yn, yn‛e hoop dat hy guon fan de rjochtfeardigen oerwinne mei. Mar dy‛t sterk binne yn it leauwen yn de Hear en dy‛t beklaaid binne mei de wierheid, dy wolle gjin ferbining mei sokke geasten ha en hâlde har dêr fier fan; mar dy‛t twifelriedich fan geast binne, en faak fan miening feroarje, dy geane nei wiersizzers, krekt lykas de heidens en bringe grutte sûnde oer harsels troch dy ôfgoaderij.  Want hy dy‛t in falske profeet riedplachtet, mei it each op ien of oare aksje, is in ôfgodstsjinner, sûnder ienige  wierheid, in sokses.Want in geast dy‛t troch God jûn is hoecht net frege te wurden; want sa‛n geast, dy‛t de krêft fan de Godheid hat, seit alle dingen út himsels, want dy komt fan boppe, fan de krêft fan de Godlike Geast.  Mar in geast dy‛t frege wurdt en antwurdet nei wat de minke wol, dy is ierdsk., licht, krêftleas, en seit neat salang as er net frege wurdt."
Ik frege:"Mynhear, hoe kin in minske no witte wat in wiere en wat in falske profeet is?"
"Dat sil ik dy sizze,"sei hy,"fan beide profeten, en dan kinsto de wiere en de falske profeet ûndersykje neffens myn oanwizings. Test de man dy‛t de wiere Godlike Geast hat neffens syn libjen. Foarst, hy dy‛t de Godlike Geast fan boppe hat, is sêftmoedich en freedsum en dimmen en hâldt him fier fan alle ûnrjocht en idele begearten fan dizze wrâld  en stelt him tefreden mei minder behoeften as dy fan oare minsken en as hy frege wurdt, jout hy gjin antwurd, ek sprekt hy net foar himsels, de Hillige Geast sprekt net as minsken dat winskje, mar allinne as God wol dat Hy
sprekt. As in man, dy‛t de Hillige Geast hat, yn in gearkomste fan rjochtfeardige minsken komt, dy‛t leauwe yn de Geast fan God en dizze gemienskip fan minsken siket God yn gebeden, dan sil de ingel fan de profetyske Geast, dy‛t by him heart, de man fol fan de Geast meitsje, en dan sprekt de man, fol fan de Hillige Geast de mannichte ta, sa as God it wol. Sa blykt dus dan de Geast fan God. Alle krêft dus dy‛t komt fan de Geast fan de  Godheid is fan de Hear. 
"Hear no,"sei hy," wat betreft de geast dy‛t ierdsk is en leech en krêftleas en dwaas. Foarst, de man dy‛t beweard dy geast te hawwen, hat it boarst heech, en easket it bêste plak, is grutsk, eigenwiis, praterich, en libbet yn wielderigens en lichtsinnige dingen, en wol foar syn profeetsy betelle wurde en as hy net betelle wurdt wol hy net profetearje.
Kin de Godlike Geast beleaning easkje foar profeetsy? It is ûnmooglik dat in profeet fan God soks dwaan soe; mar  profeten fan dit soarte binne beseten troch in ierdske geast.En dy sil nea yn de buert fan in mienskip fan rjochtfeardigen komme, want dy mijt er.En hy siket it selskip fan twifelers en idele minsken en profetearret tsjin harren yn in hoekje, en ferrifelt harren, en
sprekt tsjin harren neffens dat hja graach hearre wolle, oars neat as lege wurden, want hja, dy‛t hy antwurd jout, binne ek leech. Want it iene lege fet neist it oare lege fet pleatst, botst net mei it oare, want hja passe byinoar. As sa‛n man dus yn in gearkomste fan rjochtfeardige minsken komme soe, dy‛t in Godlike Geast hawwe en hja bidde ta God, dan wurdt dy man leech makke en de ierdske geast lit him út eangst yn‛e steek en dy man wurdt stom en is alhiel ferslein, en net mear bysteat om te praten. Want asto in pakhús stiif fol wyn of oalje setst en do leist in leech fet tusken de fetten wyn of oalje, dan is dat fet noch like leech as doesto it deryn lein hast, ast it pakhús wer leech hellest Krekt sa leech bliuwe sokke profeten, as hja komme tusken de geasten fan de rjochtfeardigen,  like leech as hja deryn kaam binne, binne hja as hja fuort geane. Dat binne dus de manieren fan libjen fan dy beide geasten. Hifkje dus by syn dieden de man dy‛t beweart dat er ynspirearre is. Mar foar dy jild: fertrou de Geast dy‛t fan God komt, en dy‛t macht hat, mar de geast dy‛t ierdsk is en leech, fetrou dy nea, want dêr is gjin krêft yn, want hy komt fan de duvel. Harkje nei de likenis dy‛t ik dy fertel. Nim in stien, smyt him omheech en besykje de loft te reitsjen. Of nim in bytsje wetter en snjit it yn‛e loft en besykje de himel te trochboarjen.
"Hoe wol je dat ha,mynhear,"sei ik,"dat is ommers beide ûnmooglik?"
"Krekt sa ûnmooglik as dizze dingen,"sei Hy,"binne ek dy ierdske geasten, machteleas en krêftleas. Mar oan‛e oare kant, sjoch no ris nei de krêft dy‛t fan boppe komt. Hagel is mar in bytsje grutter as in koarnkerl, mar fiel mar hoe‛n klap as it jout as it dy op‛e holle falt. Of nochris, nim de drip dy‛t út‛e hichte op‛e grûn falt, as it oanhâldt hollet it in stien út. Sa sjochst dat de lytste dingen as hja fan boppe komme en op‛e ierde falle in grutte macht ha. Sa hat dus de Geast fan God dy‛t fan boppe komt grutte macht. Fertrou dus op dy  Geast, mar ha neat te dwaan mei dy oare."

IT TOLFDE GEBOD

Oer twafâldich langstme en dat geboaden fan God hâlden wurde kinne en dat leauwigen net bang weze moatte foar de duvel

HAADSTIK 1

Hy sei tsjin my: "Do moast al dyn ferkearde begearten fuortdwaan en allinne útsjen nei goede en suvere langstmen, want dêrmei beklaaid, silsto de ferkearde begearten haatsje en dysels behearskje, lykmoedich sa asto mar wolste.  Want de ferkearde begearte is wyld en kin min tam makke wurde. En dy is skriklik en taast minsken ôfgryslik oan troch syn wyldens. Foaral in tsjinner fan God wurdt dêr freeslik troch oantaast, as hy dêrta ferfalt, en fan sy ferstân berôve. Boppedat fertart it al sokken, dy‛t net longerje nei goede dingen, mar betieze en ferdwaald binne yn dizze wrâld. Sokken docht it de dea oan.
"Wat binne dan dy dieden, mynhear,"sei ik,"fan dy ferkearde begearten, dy‛t de minsken de dea oan dogge?  Meitsje se my bekend dat ik se út‛e wei gean kin."
"Harkje dan nei de wurken wermei de kweade begearte de tsjinners fan God ferslacht."

Haadstik 2

"De earste fan allegearre is de begearte nei in oar syn wiif of man en nei bûtenspoarige en nutteleaze kostbere  mielen en drinken en in protte oare sinleaze wielderigens, want alle wielderigens is dom en leech foar tsjinners fan God. Dit binne dan de ferkearde begearten dy‛t de tsjinners fan God deadsje. Want de ferkearde begearte is in dochter fan de duvel. Do moast dy fier hâlde fan sokke ferkearde begearten, om, troch dy dêr fier fan te hâlden, te libjen ta God. Mar de minsken dy‛t dêr troch oermastere binne, dy‛t se net wjersteane, dy sille optlêst omkomme, want dy begearten binne deadlik. Lûk dêrom it langstme nei rjochtfeardigens oan en wapenje dysels mei ûntsach foar God, en wjerstean se. Want it ûntsach foar de Hear wennet yn langstme nei it goede. En as de kweade begearte dy wapene sjocht mei ûntsach foar God en do wjerstiest it, dan sil it fan dy flechtsje en sil oan dy net langer ferskine, want it is bang foar dyn wapenrissing.
 Gean dan, bekrânse mei de kroan dysto mei de oerwinning dêr oer behelle hast, nei it langstme nei gerjochtigens en skink it de priis dysto wûn hast, en tsjinje it sa as it winsket. Asto it goede langstme tsjinnest en dy dêroan ûnderwerpst, silsto it  masterskip oer  it ferkearde begearen winne en it oan dy ûnderwerpe sa asto wolst.

HAADSTIK 3

"Ik soe graach witte wolle,"sei ik,"op wat manier ik it goede langstme hear te tsjinjen."
"Harkje,"sei hy," Do moast gerjochtichheid en deugd beoefenje, wierheid en ûntsach foar de Hear, en leauwe en sêftmoedigens hawwe , en watfoar útnimmende dingen lykas dizze  der noch mar mear binne. En ast dy dingen dochste, silsto in tige goede tsjinner fan God wêze en do silst ta Him libje en in elk, dy‛t it goede langstme tsjinnet, sil libje ta God."

Hy besleat doe de tolve geboaden, en sei tsjin my: "Do hast no dizze geboaden, libje der nei, en fermoanje dyn harkers, dat harren bekearing echt wêze mei, salang as hja libje meie. En ferful soarchfâldich it amt dat ik dy no tabetrou, dan silst in protte berikke. Want do silst geunst fine by dejingen dy‛t har bekeare sille, en hja sille dyn wurden achtslaan; want ik sil mei dy wêze, en sil harren twinge nei dy te harkjen."
Ik sei tsjin him, "Mynhear, dizze geboaden binne grut, en goed, en gloarje fol, en bysteat om it hert fan de minske dy‛t se folbringe kin te ferbliidzjen.  Mar ik wit net oft dizze geboaden wol troch in minske neikaam wurde kinne, want hja binne tige swier."
Hy antwurde en sei tsjin my: "Asto der fan oertsjûge biste dat se hâlden wurde kinne, dan sil it dy licht falle se te hâlden en it sil dy net swier falle. Mar asto der fan útgieste dat gjin minske se hâlde kin, dan silsto se net hâlde.  No, dit siz ik dy, asto se net hâldst, en dy der neat fan oanlûkst, dan silsto net rêden wurde, noch dyn bern, noch dyn hûs, omdat sto by dysels al útmakke hast dat dizze geboaden troch gjin minske hâlden wurde kinne."

HAADSTIK 4

Dy wurden sei hy op in toan fan grutte gramoedigens sa dat it my ferbjustere en ik tige bang foar him waard, want syn foarkommen wie sa feroare, dat in minske syn lulkens net ferneare koe. Mar doe‛t hy seach dat ik alhiel oeral en ferbjustere wie, begûn hy wat freonliker tsin my te praten en sei: " O dôfhûdige en twifelriedige sokses, begrypst net hoe grut de hearlikheid fan God is en hoe sterk en geweldich, dêryn dat Hy de wrâld skepen hat foar de minske, en de hiele skepping oan him ûnderwurpen hat en him de macht en it bestjoer jûn hat oer alles ûnder de himel?
As dan de minske alle skepsels fan God de baas is, en dy allegear bestjoert, is hy dan net bysteat dizze geboaden baas te wurden? Want de minske dy‛t  de Hear yn syn hert hat, dy kin hear wêze oer alles, en ek oer elk fan dizze geboaden. Mar dy‛t de Hear allinne op‛e lippen hawwe, en harren herten behurde, en dy‛t fier fan de Hear binne, foar harren binne dizze geboaden slim en swier. Dêrom, jimme dy‛t leech binne en wif yn jim leauwen, nim de Hear yn jim hert en jim  sille witte dat der neat makliker, swieter en útfierberder is as dizze geboaden. Bekear jim, dy‛t no libje neffens de geboaden fan de duvel, yn hurde, bittere en wylde lichtsinnigens, en wês net bang foar de duvel, want hy hat gjin macht oer jim, want ik bin mei jim, de ingel fan de bekearing, dy‛t him de baas is. De duvel is allinne bang, mar eangst is gjin krêft. Wês net bang foar him, dan sil er foar jim flechtsje."

HAADSTIK 5

Ik sei tsjin him: "Mynhear, harkje ris efkes nei my."
"Siz mar watst wolst,"sei hy.
"De minske, mynhear,"sei ik,"wol de geboaden fan God wol graach hâlde, en der is net ien dy‛t net freget of‛t God him de krêft dêrta jaan wol om dy geboade te hâlden, en dat hy dêroan ûnderwurpen wêze mei, mar de duvel is sterk en hâldt macht oer him."
"Nee,"sei hy,"hy kin gjin macht hawwe oer de tsjinners fan God, dy‛t mei har hiele hert har hope om Him stelle. De duvel kin mei harren wrakselje, har oerwinne kin hy net. As jim him dan wjersteane, sil hy oerwûn wurde en beskamme foar jim flechtsje. Mar safolle as dêr healleech binne, dy eangje de duvel, as in besettende macht. As in minske passende krûken fol dien hat mei goede wyn, en in pear dêrfan binne healleech, dan komt hy by dy krûken en sjocht nei de folle net om, want hy wit dat dy fol binne. Mar hy sjocht nei de heallege, bang dat dy faaks sûr wurde. Want oanbrutsen krûken wurde gau sûr, en dan is de kwaliteit fan de wyn fuort. Krektsa giet de duvel de tsjinners fan God bylâns om se te testen.  Dy‛t fol fan it leauwen binne, wjersteane him krêftich, en hy lûkt him tebek, omdat hy op gjin inkele manier der by harren yn komme kin. Dan giet er nei de heallegen, en fynt in wei om der yn te kommen, en hy docht mei harren wat er mar wol, en hja wurde syn slaven."

HAADSTIK 6

"Mar,"sei hy," ik, de ingel fan de bekearing siz tsjin dy: Wês net bang foar de duvel, want ik bin stjoerd om by jimme te wêzen, dy‛t har bekeare mei har hiele hert, en jimme sterk yn it leauwe te meitsjen. Fertrou dan op God, jimme, dy‛t fanwege jim sûnden wanhoopje oan it libben, en der noch sûnden oan ta foegje en de moed sakje litte. Want as jim jim bekeare ta de Hear mei jim hiele hert, en gerjochtichheid dogge al de fierdere dagen fan jim  libben, en Him tsjinje neffens Syn wollen, dan sil Hy jim eardere sûnden ferjaan,  en jim sille krêft hawwe om de wurken fan de duvel de baas te bliuwen.Mar oer de drigeminten fan de duvel, wês alhiel net bang foar him, want hy is like machteleas  as de sinen fan in dea minske.  Harkje dan nei my, en freezje Him dy‛t alle macht hat, sawol  om te rêden as om te ferneatigjen, en hâld Syn geboaden en jimme sille God ta eare libje."
Ik sei tsjin him, "Mynhear, no bin ik sterk wurden yn alle feroarderingen fan de Hear, omdat Jo by my binne; en ik wit dat Jo alle macht fan de duvel ferbrizelje sille en dat wy oer him hearskje sille en wjerstân biede tsjin al syn wurken. En ik hoopje om bysteat te wêzen al te hâlden, dy‛t Jo my oplein hawwe, as de Heare my krêft jout."
"Do silst se hâlde,"sei hy,"as dyn hert suver is foar God, en allegearre sille se hâlde, dy‛t har hert suverje fan de idele begearten fan dizze wrâld en hja sille God ta eare libje.




DE HOEDER


IT TREDDE BOEK - GELIKENISSEN


EARSTE GELIKENIS


Omdat wy yn dizze wrâld gjin bliuwend plak hawwe, moatte wy dat sykje yn de kommende wrâld.

Hy sei tsjin my: "Jim witte dat jimme as tsjinners fan God wenje yn in frjemd lân, want jimme stêd is fier fan dizze wrâld. "As jimme dan,"gie hy fierder," de stêd witte dêrt jim yn wenje sille, wêrom soargje jimme hjir dan foar lân, en meitsje djoere tariedings, en bouwe wenten en nutteleaze gebouwen? Immen dy‛t hjirre sokke tariedings makket yn dizze stêd, dy kin dochs net wêrom nei syn eigen stêd. O, dwaze, ûnwisse en earme minske! Witsto net dat al dizze dingen fan in oar binne, en ûnder de macht fan in oar steane? Want de hear fan dizze stêd sil sizze: ‛Ik wol dy net yn myn stêd te wenjen hawwe, fuort ferdwyn út dizze stêd, want do hâldst dy net oan myn wetten.‛  Dêrom, do, ek al hast lannen en hûzen en in protte oare besittings, ast der troch him útsmiten wurdst, wat silsto dan mei dyn lân en hûs en dyn oare besittings, dyst foar dysels byinoar brocht hast? Want de hear fan dit lân sil mei rjocht sizze: ‛Of do moast dy skikke nei myn wetten, of ferdwine út myn ryk.bisto dan fan plan te dwaan,  mei it each op dyn lân en oare besittings? Want do hast in wet yn dyn eigen lân. Al mei al, do silst de wet fan dyn eigen lân negearje,  en libje neffens de wet fan dizze stêd. Sjoch ta, dat it net ta dyn skea is dyn wet te negearjen,  want asto werom wolst nei dyn stêd, dan silst net oannaam wurde, omdatsto dy
 oan de wet fan dyn stêd net hâlden hast, mar do silst bûtensletten wurde. Soargje dêrom, as ien dy‛t wennet yn in frjemd lân, datst net mear tariedings makkest foar dysels as fierhinne genôch, en wês ree, as de hear fan dit lân komme mocht om dy út te setten om it net hearrich wêzen oan syn wet, om dizze stêd te ferlitten en werom te gean nei dyn eigen, en hearrich te wêzen oan dyn eigen wet, sûnder bleatsteld te wurden oan argewaasje, mar mei blydskip.Ha dan soarch jimme dy‛t de Hear tsjinje en Him yn jim hert drage, dat jim de wurken fan God dogge,tinke oan Syn geboaden en de beloften dy‛t Hy jimme dien hat en leau dat Hy dy ferfulle sil, as Syn geboaden ûnderhâlden wurde. Keapje ynpleats fan lân, fersleine sielen safolle as in elk kin en soargje foar de widdows en wezen, ferjit harren net en brûk jim besit en al wat jim ree makke hawwe, dat jim fan de Hear krigen hawwe, foar sokke lannen en hûzen. Want mei dat doel hat de Master jimme ryk makke, dat jim dizze tsjinsten foar Him folbringe soenen en it is folle better sok lân te keapjen en besittingen en hûzen, dy‛t jim fine sille yn jim eigen stêd, as jim dêr komme te wenjen. Dat is in eale en hillige belizzing, dien sûnder spyt of eangst, mar mei blydskip. Smyt it net wei lykas de heidens, want dat is skealik foar jimme as tsjinners fan God; mar doch útjeften foar jimsels, dêr‛t jim jim yn fermeitsje kinne, en doch net ûnearlik en kom net oan wat fan in oar is en fergun it him net, want it is in min ding oaren har guod te fergunnen, mar doch dyn eigen wurk, dan silst rêden wurde."

TWADDE LIKENIS.


Sa as de wynrank stipe wurdt troch de yp, sa is de rike man in stiper by de gebeden fan de earmen.

Doe‛t ik yn it fjild wie, en dêr in iperenbeam seach mei in wynstok der omhinne en myn gedachten gean liet oer dy beamen en har fruchten, ferskynde de Hoeder my en sei: "Wat tinksto fan dy yp en dy wynstok?"
"Ik betochte,"sei ik,"dat dy beide mekoar tige goed passe."
"Dy beide beammen,"sei hy,"binne bedoeld as in foarbyld foar de tsjinners fan God."
"Ik soe wol witte wolle,"sei ik" wat it foarbyld, dat Jo sizze dat dizze beammen binne,  ús bedoelt te learen."
"Sjochsto,"sei er,"dy yp en die wynstok?
Ik antwurde: "Ja, mynhear, dy sjoch ik."
"Dy wynstok,"gie hy fierder,"dy draacht frucht, en de yp is in beam sûnder fruchten; mar as de wynstok net troch de yp droegen wurdt en hy oer de grûn krûpe moat, kin hy ek gjin frucht jaan, want de fruchten ferrotsje as de wynstok net troch de beam stipe wurdt. Dus as de wynstok troch de yp droegen wurdt, dan draacht hy frucht, net allinne út himsels mar ek troch de  yp.
Do sjochst dat dêrtroch de yp ek fruchten draacht, net minder as de wynstok, mar sels mear, want de wynstok draacht, as hy stipe wurdt troch de yp, in protte en goede fruchten, mar wat hy draacht as hy oer de grûn leit is lyts en rotterich. Dizze likenis is bedoeld foar de tsjinners fan God, foar de earme man en foar de rike."
"Hoe sa, mynhear, "sei ik, " dat moatte Jo my ris útlizze."
"Harkje,"sei hy, "de rike man hat in protte besit, mar is earm yn de dingen dy‛t de Hear betreffe, want hy sit yn noed oer syn rykdom en hy docht net folle oan gebeden of foarbeden oan de Hear, en dy‛t hy al docht binne yts en swak en hawwe gjin krêft dêr boppe. Mar as de rike man de earme te iten jout en him helpt yn‛e need, omdat hy leaut, dat wat hy docht foar de earme,  in beleaning fine sil by God,--- omdat de earme man ryk is yn gebeden en foarbeden, en syn foarbeden grutte krêft hawwe by God,---dan helpt de rike man de earme sûnder wifkjen; en de earme, dy‛t holpen wurdt troch de rike, pleitet foar him en bringt tank oan God, foar him dy‛t him dat alles skinkt. En de rike sil trochgean him nijsgjirricht te ynteresearjen foar de earme, sadat oanhâldend yn dy syn behoeften foarsjoen wurdt. Want hy wit dat it pleitsjen fan de earme oannimlik en ynfloedryk is by God. Beide bringe sa har wurk passend ta in goed ein. De earme man docht syn foarbeden, in ding dêr‛t hy ryk yn is, dat hy krige har fan de Hear, en dermei betellet hy de master dy‛t him helpt werom. En de rike man jout op‛e selde manier sûnder wifkjen de earme fan de rykdom, dy‛t hy fan God krige hat. En dit is in tige goed wurk, en oannimlik foar God, want hy begrypt it doel fan syn rykdom, en hat de earmen
jûn fan de jeften fan de Hear en sa op‛e júste manier syn tsjinst oan Him ferfuld. Lykwols, by de minsken liket de yp gjin fruchten te dragen en hja witte net en begripe net dat as de droechte
komt, de yp der‛t wetter yn sit, de wynstok oan wetter helpt en dat de wynstok dy‛t sa nea wetter brek is, dêrtroch dûbel frucht draacht, sawol foar himsels as foar de yp.
Sa nimt ek de rykdom fan de earme, dy‛t foar de rike pleitet by God, ta; en de riken dy‛t de earmen helpe yn har neden, meitsje harren sielen lokkich. Dus  binne dy beide dielgenoaten yn in rjochtfeardige wurk. Hy, dy‛t sokke dingen docht, sil troch God net yn‛e steek litten wurde, mar sil opskreaun wurde yn it boek fan de libbenen. Seinige binne hja dy‛t rykdommen hawwe en begripe dat hja dy hawwe fan de Hear. Want dy‛t sa tinke binne bysteat om wat goeds te dwaan."

TREDDE LIKENIS

Sa ast yn de winter de libbene beam net ûnderskiede kinst fan de toarre, sa kinst yn dizze wrald de rjochtfeardige net fan de ûnrochtfeardige ûnderskiede

Hy toande my in mannich beammen dy‛t gjin bledden hienen, mar, sa as it my talike, fertoarre wienen, want hja wienen allegear gelyk.
En hy sei tsjin my: "Sjochsto dy beammen?"
"Dy sjoch ik, mynhear,"sei ik, "hja binne allegear like keal en toar."
Hy antwurde en sei: "Dizze beammen dysto sjochste binne krektlyk as de minsken dy‛t  yn dizze wrâld libje."
"Mar,mynhear,"sei ik,"Wêrom binne hja dan, om samar te sizzen, allegear like keal.
Hy sei: "Omdat de rjochtfeardigen yn dit libben net opfalle, en de sûnders ek net, hja binne allegear gelyk; want dit libben is as in winter foar de rjochtfeardigen en hja kinne harsels net dúdlik bewize, omdat hja libje mids de sûnders, want sa as yn‛e winter de beammen, dy‛t har bledden falle litten hawwe, allegear gelyk binne en it net te sjen is welke dea binne en welke libben, sa falle  yn dizze wrâld de rjochtfeardigen net op noch de sûnders, mar hja lykje allegear op inoar.

FJIRDE LIKENIS

Sa as yn de simmer de libbene beammen har ûnderskiede fan de deade mei bledden en fruchten, sa sille yn de kommende wrald de rjochtfeardigen ferskille fan de ûnrjochtfeardigen yn lokkigens

Hy liet my noch in mannich beammen sjen, guon dy‛t knoppen hienen, en oaren dy‛t noch keal wienen. En hy sei tsjin my: "Sjochsto dy beammen?"
"Ja mynhear,"antwurde ik, "guon hawwe knoppen, oaren binne dea."
Hy sei: "Dyselden dy‛t knoppen hawwe dat binne de rjochtfeardigen dy‛t libje sille yn de kommende wrâld; want de kommende wrâld is in simmer foar de rjochtfeardigen, mar in winter foar de sûnders. Dêrom, as de genede fan Hear ferskine sil, dan sil bliken dwaan wa‛t de tsjinners fan God binne en oan al dy minsken sil dat dan te sjen wêze. Want sa as yn‛e simmer de fruchten fan elke beam te foarskyn komme, en it dúdlik wurdt fan wat soarte hja binne, sa sille ek de fruchten fan de rjochtfeardigen te foarskyn komme, en allegearre, dy‛t yn de wrâld fruchtber west hawwe, sille bekend makke wurde. Mar de heidens en de sûnders, lykas de toarre beammen dysto seachst, sille bliken dwaan dyjingen te wêzen, dy‛t toar en ûnfruchtber wienen yn dizze wrâld en dy sille ferbrând wurde as hout en sa sil bekend wurde, dat harren dieden by harren libben min wienen. Want de sûnders sille fertard wurde omdat hja sûndige hawwe en gjin berou hienen. En de heidens sille ferbrând wurde, omdat hja Him net kend hawwe, dy‛t harren skepen hie. Draach do dêrom frucht, dat dyn fruchten sjoen wurde meie yn dy simmer. En hâld dy fier fan in protte sakendwaan, dan silst nea sûndigje: want dy‛t har oeral drok om meitsje bedriuwe ek in protte sûnden, omdat hja alhiel yn beslach naam wurde troch harren saken en de Hear alhiel net tsjinje. Hoe kin sa‛nien eat fan de Hear freegje of berikke, as hy Him net tsjinnet?  Hja dy‛t Him tsjinje sille krije wat hja Him freegje, mar hja dy‛t Him net tsjinje dy krije neat. En yn it folbringen sels fan in inkele died kin in man de Hear tsjinje; want syn geast is net ferfrjemde fan de Hear, mar hy sil Him tsjinje omdat hy in suvere geast hat.
Asto dus dizze dingen dochste, silsto bysteat wêze fruchten te dragen foar it kommende libben. En elk dy‛t dizze dingen docht sil fruchten drage."

FYFDE LIKENIS

Oer de beleanning fan it wiere fêstsjen en de suverens fan it lichem

HAADSTIK 1

Wylst ik fêste, siet ik op in berg en tanke de Hear  foar syn iepenbierings oan my, en seach  dat de Hoeder neist my sitten gie en sei: "Wêrom bisto hjir hinne kaam sa ier yn‛e moarn?"
"Omdat ik in doel ha, mynhear,"antwurde ik.
"Wat is in doel?" frege hy.
"Ik fêstsje, mynhear." antwurde ik
"Wer is dat fêstsjen foar, datsto no hâldst?" gie hy fierder.
"Ik fêstsje, sa as ik altyd went west ha."sei ik
"Do wist dus net hoesto foar de Hear fêstsje moast," sei hy, "dit sinleas fêstsjen, datsto no dochst, hat foar Him gjin waarde."
" Hoe kinne Jo soks no sizze, mynhear?" frege ik.
"Ik siz dy,"sei er,"dat it fêstsjen, datsto tinkst te ûnderhâlden, gjin fêstsjen is. Mar ik wol dy leare wat in folslein en oannimlik fêstsjen is foar de Hear. Harkje, God begeart sa‛n doelleas fêstsjen net. Want fêstsjen foar God op dizze manier jout neat ta in rjochtfeardich libben; mar bied God in fêstsjen op de folgjende manier: Doch gjin kwea yn dyn libben,  en tsjinje de Hear mei in suver hert; hâld Syn geboaden, libje nei Syn ynsettingen, en lit gjin kweade begearte ta yn dyn hert; en leau yn God. Asto dizze dingen dochst en ûntsach foar God hast, en dy fier hâldst fan alle kwea, dan silsto libje ta Gods eare; en asto dizze dingen dochste hâldsto in grut fêstsjen, dat oannimlik is foar God."

HAADSTIK 2

"Hear de likenis dy‛t ik dy no fertelle sil oer fêstsjen. In seker man hie in stik lân en in protte slaven, en hy beplante in part fan syn lân mei in wyngerd, en keas in betrouber en tige wurdearre slaaf, rôp dy by him en sei: ‛Nim dizze wyngerd dy‛t ik plante ha, byn se op oan stokken oan‛t ik kom,  fierders hoechst neat oan de wyngerd te dwaan, en ast dy oan dizze oarder fan my hâldst, dan silst fan my dyn frijdom fertsjinje.‛ En doe gie de master fan dy slaaf nei in fier lân.
En doe‛t hy fuort gien wie, gie de slaaf hinne en bûn de ranken op oan stokken, en doe‛t er dêr mei klear wie, seach er dat de wyngerd fol ûnkrûd rekke. En hy tocht by himsels: ‛Ik ha de oarders fan mynhear hâlden; ik sil de grûn omhakje, dan sil it der folle moaier bystean, en frij fan ûntúch, sil it folle mear frucht jaan. Hy gie dus hinne en hakke de wyngerd om en roege sa al it túch dat der yn wie út. En sa lei de wyngerd der  prachtich by en droech gâns frucht, omdat it gjin lêst fan ûnkrûd hie. En nei ferrin fan tiid kaam de master fan de slaaf en it lân wêrom en kaam yn de wyngerd.
En doe‛t hy seach dat de ranken goed oan stokken opgbûn wienen, en boppedat de grûn omhakke en it ûntúch útroege en de wynranken fol fruchten, wie hy tige fernoege mei it wurk fan syn slaaf.
En hy rôp syn soan, dy‛t syn erfgenaam wie en syn freonen, dy‛t syn riedjouwers wienen, en fertelde harren wat hy syn slaaf opdroegen hie, en wat dy der wol net fan telâne brocht hie. En hja wienen bliid mei de slaaf, om it goede tsjûgenis dat syn master fan him joech. En hy sei tsjin harren,‛Ik hie dizze slaaf syn frijheid tasein, as hy die wat ik him opdroegen hie; en hy hat myn oarders hâlden en derneist in protte goed wurk dien yn de wyngerd, dat stiet my tige oan. En as beleanning foar al dat wurk dat er dien hat, wol ik him mei erfgenaam meitsje fan myn soan, want hy hie goede ideeën, en hy hat net neilitten om se út te fieren. Mei dizze beslissing fan de master, dat de slaaf meierfgenaam mei de soan wêze soe, wienen de soan en de freonen tige ynnaam. En nei in pear dagen hâlde de master in grut feest, en stjoerde de slaaf ferskate skûtels fan syn tafel. En de slaaf naam fan de skûtels dy‛t syn master him stjoerde genôch foar himsels, en ferdielde it oare ûnder syn mei-slaven. En syn mei-slaven dy‛t dy skûtels krigen wienen dêr tige bliid mei, begûnen foar him te bidden, dat hy noch mear by syn master yn‛e geunst komme mocht, omdat hy harren sa goed behannele.Syn master hearde al dizze dingen dy‛t der bard wienen ek, en wie nochris tige ynnaam mei syn gedrach.  En hy rôp nochris syn soan en syn freonen byinoar, en fertelde harren hoe‛t de slaaf dien hie mei de skûtels dy‛t hy him stjoerd hie. En hja wienen der noch mear oer te sprekken, dat de slaaf de mei-erfgenaam fan de soan wurde soe."

HAADSTIK 3
  
Ik sei tsjin him: "Mynhear, ik sjoch de betsjutting fan dizze likenissen net, en ik kin se net begripe as jo se my  net útlizze."
"Ik sil it dy allegear útlizze,"sei hy,"en wat ik ek neame mei yn‛e rin fan ús petear, sil ik dy sjen litte. Hâld de geboaden fan de Hear, en do silst wurdearre wurde, en do silst ynskreaun wurde by harren dy‛t Syn geboaden ûnderhâlde. En asto noch mear goeds dochste as dat God opdroegen hat, dan silsto foar dysels ek folle mear eare winne, en do silst mear eare wurde troch God, as dasto oars eare wurde soest. Asto dus, yn it hâlden fan de geboaden fan God, dizze tsjinsten tafoegest, dan sil it dy in geniet wêze ze te ûnderhâlden neffens myn gebod."
Ik sei tsjin him: "Mynhear, alles wat jo my opdrage sil ik neikomme, want ik wit dat jo mei my binne."
"Ik sil by dy wêze,"antwurde hy," omdatsto sa graach it goede dwaan wolst, en ik sil mei allegearre wêze dy‛t dat ek graach wolle. Dit fêstsjen is tige goed, foarop steld, dat de geboaden fan de Hear neikaam wurde. Sa silsto it fêstjen ûnderhâlde, datsto fan plan wiest te hâlden. Foar alles, wês op dyn hoede foar elk ferkeard wurd en elke ferkearde begearte en suverje dyn hert fan al de idelheden fan dizze wrâld. Asto op dyn hoede bist foar al dy dingen, sil dyn fêstsjen folslein wêze.  En do silst it dwaan sa as hjir folget: Asto alles dien haste wat foarskreaun is, silst op de dei datsto fêstest neat priuwe, oars net as brea en wetter, en de priis dysto berekkene haste fan de skûtels dysto oars iten hawwe soest, dy silsto jaan oan de widdow en de wees of oan in behoeftich persoan, en sa silsto dimmenens fan geast toane, sa dat hy dy‛t in woldied fan dyn dimmenens ûnfongen hat, syn mage fol ite mei, en foar dy bidde ta de Hear. Asto it fêstsjen ûnderhâldst sa as ik it dy opdroegen ha, dan sil dyn offer oannimlik wêze by God, en dit fêstsjen sil opskreaun wurde en de tsjinst sa opdroegen is eal en hillich  en oannimlik foar God. Dizze dingen moatsto dus ûnderhâlde mei dyn bern en dyn hiele hûs en yn it neikommen dêrfan silsto seinige wurde; en allegearre, dy‛t dizze wurden hearre en dêrneffens dogge, sille seinige wurde en alles dat hja fan de Hear freegje sille hja krije."

HAADSTIK 4

Ik stie der tige by him op oan dat hy my de likenis fan it lân en de master fan de wyngerd, en de slaaf dy‛t de wyngerd opbûn hie, en oer de stokken en de ûntugen dy‛t der útlutsen wienen en oer de soan en de freonen dy‛t syn riedjouwers wienen, want ik wist dat al dy dingen yn in likenis wat betsjutten.
En hy antwurde en sei: "Do bist wol tige fêsthâldend mei dyn fragen. Do hoechst alhiel gjin fragen te stellen, want as it nedich is wat út te lizzen, dan sil it dy útlein wurde."
Ik sei tsjin him: "Hear, wat Jo my ek toane, sûnder it út te lizzen, dat ha ik om‛e nocht sjoen, sûnder de betsjutting der fan te begripen. Op‛e selde manier, ek as jo my likenissen fertelle en se net útlizze, dan sil ik se om‛e nocht heard hawwe."
En hy antwurde my en sei: "Elk dy‛t in tsjinner fan God is, en de Hear yn syn hert draacht,  en Him om begryp freget, dy kriget it, en kin elke likenis ferklearje. En de wurden fan de Hear dy‛t sprutsen binne yn likenissen wurde him bekend. Mar hja dy‛t swak en sleauw binne yn it bidden, binne bang om wat fan de Hear te freegjen; en dat wylst de Hear fol meilijen is en sûnder mis jout oan allegear dy‛t Him wat freegje. Mar do, wylst sto sa fersterke bist troch de hillige ingel, en sa‛n bemiddeler fan Him krigen hast, en alhiel net sleau bist, wêrom fregest de Hear net om wysheid om it fan Him te krijen."
Ik sei tsjin him:"Mynhear, ik ha Jo by my, ik moat fan need Jo wol freegje, want Jo toane my al dy dingen en prate mei my; mar as ik dizze dingen sjen of hearre soe sûnder Jo, dan soe ik de Hear freegje om se my út te lizzen."

HAADSTIK 5

"Efkes ferlyn ha ik tsjin dy sein."antwurde hy,"datsto tûk en fêsthâldend wiest yn it freegjen fan útlis oer de likenissen. No, omdatsto sa oanhâldst sil ik dy de betsjutting fan de likenissen fan it lân útlizze en fan al dy oaren dy‛t folgje, datsto se oan elk en ien trochjaan kinste. Harkje no en begryp: It fjild is dizze wrâld, en de Hear fan dat fjild is Hy dy‛t alles skepen hat en folslein makke en alle dingen befêstige hat. En de soan is de Hillige Geast, en de slaaf is de Soan fan God; en de wynstokken binne it folk, dy‛t hy sels plante hat; en de stokken binne de hillige ingels fan de Hear dy‛t syn folk byinoar hâlde; en de ûntugen dy‛t út de wyngerd útroege wurde moatte dat binne de ûngerjochtichheden fan de tsjinners fan God; en de skûtels dy‛t Hy him stjoerde fan syn tafel, dat binne de geboaden, dy‛t Hy oan syn folk jûn hat troch Syn Soan; en de freonen en riedjouwers binne de hillige ingels dy‛t it earst skepen binne; en de tiid dat de master fan hûs wie, is de tiid dy‛t it duorret oant dat Hy ferskynt."
Ik sei tsjin him: "Mynhear, al dy dingen binne grutte en prachtige en gloarjefolle dingen. Soe ik dy begripe kinne? Nee, en ek gjin oar minske, as wie der noch sa wiis." En ik foege deroan ta: "Ferklearje my ek wat ik jo noch mear freegje sil."
"Siz mar watst wolste,"antwurde hy.
Ik frege: "Wêrom, mynhear, is de Soan fan God yn de likenis yn it stal fan in slaaf?"

HAADSTIK 6

"Hark,"sei hy, "De soan fan God liket net op in slaaf, mar hat grutte krêft en macht."
Ik sei: "Hoe dat sa, mynhear, ik begryp it net."
Hy antwurde: "God plante de wyngerd, dat wol sizze, Hy skoep it folk en joech se oan Syn Soan; en de Soan wiisde de ingels oan om se te hoedzjen, en Hysels ferwidere  al harren sûnden nei in protte beproevingen lit te hawwen en in protte muoiten ûndergien te hawwen, want nimmen is bysteat te hakjen sûnder muoite en pine. Hysels hat, neidat Hy al de sûnden fan it folk útwiske hie, harren de paden fan it Libben wiisd troch harren de wet te jaan, dy‛t Hy fan de Heit ûntfongen hie.  Do sjochst no "sei hy" dat Hy de Hear fan it folk is en dat Hy al dy autoriteit fan Syn Heit krigen hat. En wêrom de Hear Syn Soan en de gloarjerike ingels naam as riedjouwers, mei it each op it erfskip fan de slaaf, harkje:  De Hillige Geast, dy‛t al bestie foar al it oare, en dy‛t alle skepsels skepen hat, hat God makke om te wenjen yn it fleis, dat Hy útkarde.  En sa dêrmei wie dat fleis, dêrt de Hillige Geast yn wenne, earfol ûnderwurpen oan dy Geast, troch from en rein te libjen en op gjin inkele manier de Geast te skeinen, en sa dêrmei, nei útnimmend en suver libbe te hawwen, gearwurkjend en meiwurkjend mei de Geast, en nei al dy dingen krêftich en moedich tegearre mei de Hillige Geast dien te hawwen, naam Hy it as in meiwurker oan. Want dit dwaan fan it fleis stie Him oan, omdat it net ûnteare wie op‛e ierde wylst it de Hillige  Geast hie. Dêrom naam Hy as riedjouwers Syn Soan en de gloarjerike ingels, sa dat it fleis,dat sûnder in fout ûndergeskikt west hie oan de Geast, in plak hawwe mocht of in tinte, en dat it net de skyn ha soe, dat de beleanning foar dy tsjinstberens ferlern gien wie, want it fleis, dêr‛t de Hillige Geast yn wenne hie en dat sûnder flek of skein fûn wie, moast syn beleanning krije.  Sa no hast de útlis fan dizze likenis ek al."

HAADSTIK 7

Ik sei: "Ik wurd der bliid fan dizze útlis te hearren."
"Harkje,"sei Hy nochris,"Hâld dit fleis suver en sûnder smet, dat de Geast dy‛t dêryn wennet dêrfan tsjûgje mei en dyn fleis rjochtfeardige wurde mei. Sjoch ta, dat de gedachte om dit fleis fan dy te ûntearjen nea yn dyn holle opkomt, of datsto it misbrûkst ta in died dy‛t it skeint. Asto dyn fleis skeinst, skeinst ek de Hillige Geast. En asto dyn fleis en de Geast skeinst silst net libje."
Ik sei "En as immen hjir net fan wist , mynhear, eart hy dizze wurden hearde, hoe kin sa‛n man dan rêden wurde as hy syn fleis besmotzge hat."
"Wat eardere sûnden út ûnkunde betreft,"sei hy," God allinne is bysteat dy te hieljen, want oan Him is alle macht. [ Mar pas dan no foartoan goed op, dan sil de machtige en barmhertige God dy dyn eardere sûnden ferjaan,] asto yn de kommende tiid dyn lichem en geast net skeinst, want dy beide foarmje in ienheid, sadat de iene net skeint wurde kin sûnder ek de oar te skeinen. Hâld se dus beide suver en do silst ta Gods eare libje."

DE SEISDE LIKENIS


Fan twa soarte genotsuchtige minsken, fan harren dea en wei fallen, en de doer fan har straf

Wylst ik yn‛e hûs siet, en de Hear ferhearlike om alles dat ik sjoen hie, en tocht oan de geboaden, hoe útnimmend en krêftich en earfol hja wienen en bysteat de minskesiel te rêden, sei ik by mysels, "ik soe seinige wêze as ik libbe neffens dizze geboaden, en in elk dy‛t dêr neffens libbet sil seinige wêze." En wylst ik dat by mysels sei, seach ik him ynienen njonken my sitten en hearde him sizzen: "Wêrom twifelsto oan de geboaden dy‛t ik dy jûn ha? Hja binne treflik, dêr hoechst net oer yn te sitten, mar beklaai dy mei it leauwe yn de Hear, dan silsto dêr neffens libje kinne, want ik sil dy dêryn sterkje.Dizze geboaden binne  woldiedich foar dy‛t har bekeare wolle, want as hja dêr net neffens libje is har bekearing om‛e nocht. Dêrom, jimme dy‛t jim bekeard hawwe, smyt dy sûndige dingen fan dizze wrâld, dy‛t jim útmergelje, fuort; en troch jim te beklaaien mei alle deugden fan in hillich libben, sille jim bysteat wêze dizze geboaden te hâlden, en sille jim net langer sûnden oan it tal fan jim sûnden tafoegje. Libje dus neffens dizze geboaden fan my en  jimme sille libje ta God. Al dizze dingen ha ik jim al earder sein." En doe sei er tsjin my: "Kom, lit ús it fjild yngean, dan sil ik dy de hoeders en harren keppels sjen litte.
Ja, lit ús dat dwaan, mynhear," antwurde ik Wy kamen op it romme fjild, en hy wiisde my op in jonge man, in hoeder, klaaid yn klean fan in giele kleur; en hy hoede in grutte keppel skiep, dy weiden dêr wielderich, drok en wyld en hipten en sprongen hin-en-wer. De skeper sels wie fleurich fanwege syn keppel en de ferskining fan de hoeder wie bliermoedich, sa‛t hy dêr om rûn tusken
syn bisten. [ Ek oare skiep seach ik dêr wielderich en drok op in oar plak, hoewol, dy sprongen net  hin-en -wer.]

HAADSTIK 2

En hy sei tsjin my: "Sjochst dy skeper?"
"Ik sjoch him, mynhear," sei ik.
Hy antwurde: "Dat is de ingel fan wielderigens en bedroch. Dy mergelt de tsjinners fan God út, liedt dy ôf fan de wierheid, en ferrifelt harren mei ferkearde begearten, dêr‛t hja troch ferlern geane, want hja ferjitte de geboaden van de libbene God en libje yn bedroch en lichtsinnige wielderigens en hja wurde ruinearre troch dy ingel, guon ta de dea en oaren ta ferdjer.
Ik sei tsjin him: "Mynhear, wat bedoele jo mei de wurden: ta de dea en ta ferdjer."
"Harkje,"sei hy,"de skiep dysto sa fleurich rûnspringen sjochste, dat binne de minsken dy‛t har foargoed losskuord hawwe fan God, dy hawwe harsels oerlevere oan de wielderigens en ferliedingen fan de wrâld. Foar harren is der gjin wêrom nei it libben troch bekearing, omdat hja al mar mear sûnde op sûnde lade en de namme fan de Hear lastere hawwe. Dêrom binne sokke minsken opskreaun foar de dea. En dy oare skiep dysto seachste, dy‛t net hin-en-wer sprongen, mar op ien plak weiden, dy hawwe har  wol oerlevere oan wielde en falskens, mar dy hawwe de Hear net lastere. Dy hawwe har wol  ôfkeard fan de wierheid, mar foar harren is der noch hoop op bekearing, wêrtroch it libben mooglik is. Want bedjer jout noch hoop op betterskip, mar dea is de ûndergong foar altyd.
Ik gie noch in eintsje fierder, en doe wiisde hy my in lange hoeder, dy‛t wat in wreed foarkommen hie, klaaid yn in wyt geitefel, en hy droech in pûde oer it skouder en hy hie in tige hurde stok mei sydtakken en in grutte swipe.  En hy seach sa soer ta, dat ik bang foar him wie, sa driigjend wie syn uterlik. Dizze skeper naam de skiep fan de jonge hoeder oer, dat wol sizze, dyselden dy‛t wol drok en wielderich wienen, mar net sprongen, en hy jage se yn in steil plak, fol mei toarnen en stikels, sa dat it ûnmooglik wie de skiep wer yn dy toarnen en stikels te ûnderskieden,   want hja sieten der alhiel yn betieze. En dy weiden dêr sa betieze tusken de toarnen en de stikels, in úterst ellindich bestean, want hja waarden troch him slein en hin-en-wer jage en hy liet har nea mei rêst, dat al mei al hienen dy skiep yn in tige ûngelokkige bestean.

HAADSTIK 3

Dêrom, doe ‛t ik dy bisten seach sa slein en mishannele, muoide it my om harren omdat hja sa pinige waarden en alhiel gjin rêst krigen. En ik sei tsjin de hoeder dy‛t mei my spriek: "Mynhear, wa is dizze skeper, dy‛t sa wreed is en strang, en sa alhiel sûnder meilijen mei syn skiep?"
Hy antwurde: "Dat is de ingel fan de bestraffing; hy heard by de goede ingels en is oansteld om te straffen. Dêrom nimt hy dyselden dy‛t fan God ôfdwale en dy‛t har oerjûn hawwe oan de begearten en ferliedingen fan dizze wrâld en bestraft harren sa as hja fertsjinje mei allerhande ferskriklike straffen."
"Mei ik witte,mynhear,"sei ik"wat foar soarte pinigingen en straffen dat binne?"
"Hear,"sei hy" wat ferskate pinigingen en straffen dat binne. Dy straffen binne sokken as foarkomme yn it libben. Want guon wurde straft mei ferliezen, oaren mei gebrek,  oaren mei alle soarte fan sykten, oaren mei allerhande dusoarder en betiezing, oaren wurde misledige troch minne minsken en op in protte oare manieren bleatsteld oan lijen;  in protte wurde ûnwis yn har plannen, besykje fan alles, mar neat dat slagget, en hja klije dat hja net foarspoedich binne yn har ûndernimmings; en it komt net yn harren op dat hjasels ferkearde dingen dien hawwe, mar hja jouwe de Hear de skuld. En as hja dan straft binne mei allerhande tsjinslaggen, dan wurde hja oan my oerdroegen, foar in goede training, en wurde hja sterk makke yn it leauwe yn de Hear; en dan binne hja foar har fierdere libben ûnderhearrich oan de Hear mei in suver hert. En dan binne hja suksesfol yn al harren ûndernimmings en berikke by de Hear alles dat hja freegje; en dan tankje hja de Hear, dat hja oan my oerdroegen binne en net langer kwea lije.

HAADSTIK 4

Ik sei tsjin him: "Mynhear, lis my dat ekris út."
Hy sei: "Wat wolsto witte?"
Ik ferfette: "Of hja, dy‛t har oerjouwe oan wielderigens en dêrtroch bedroegen binne, foar de selde tiid pinige wurde as hja yn wielderigens en bedroch libbe hawwe."
Hy sei: "Hja wurde pinige op‛e selde manier."
"Hja wurde folle minder pinige, mynhear,"sei ik,"want hja dy‛t sa wielderich binne en God fergetten hawwe, soenen wol sânfâld pinige wurde moatte."
Hy sei tsjin my: "Do bist net wiis, en do begrypst neat fan de krêft fan pinigjen."
"Wêrom dat,mynhear,"sei ik,"as ik it begrepen hie soe ik jo net frege hawwe it út te lizzen."
"Hear dan,"sei hy,"de kreft fan dy beide. De tiid fan wielderigens en bedroch duorret mar in oere, mar in oere piniging stiet gelyk mei tritich dagen. As dus in minske in dei yn wielderigens libbet, en bedroegen wurdt en in dei pinige, dan komt dy dei fan piniging oerien mei in hiel jier. Foar elke dei yn wiederigens, moatte dus likefolle jieren fan piniging ûndergien wurde. Sa sjochst dat de tiid fan wielderigens en bedroch mar hiel koart is, mar dy fan straf en piniging tige lang."

HAADSTIK 5

Ik sei: "No begryp ik dat noch net goed fan dy tiid fan bedroch en wielderigens en piniging, lis my dat nochris wat dúdliker út."
Doe antwurde hy en sei tsjin my: "Dyn dommens bliuwt mar gelyk; want do wolst dyn hert net suverje en God tsjinje. Soargje mar dast as de tiid komt, net yn dwaashyd fûn wurdst. Harkje no, asto wolst, datst dy dingen begripe meist.  Hy dy‛t him in dei oerjout oan wielderigens en bedroegen is, en dy‛t mar docht wat er wol, dy is klaaid yn dwaasheid  en begrypt net wat er by de ein hat oan‛t de oare moarns, want hy ferjit wat er de deis dêr foar die. Want wielderigens en bedroch litte gjin oantinkens nei.  Mar as er dêr in hiel jier foar  straft en pinige wurdt dan tinkt er wer oan syn wielderigens en bedroch, en dan beseft hy dat hy dêrfoar pine lit. Dêrom wurde alle minsken dy‛t wielderich en bedroegen binne sa straft,  omdat hja, hoewol hja it libben hienen, harsels oerjûn hawwe oan de dea."
Ik frege: "Wat soarten fan wielderigens,mynhear, binne sa pynlik?"
"Elke died fan in minske dy‛t hy mei plesier docht,"antwurde hy," is in died fan wielderigens;  want in opljeppen man dy‛t tajout oan dy niging, jout him oer oan wielderigens, en in troubrekker,  in sûplap,  in rabber, in liger, in albegear, in dief, en in elk dy‛t soksoarte dingen docht, dy jout ta oan syn eigen bysûndere niging, en jout him troch sa te dwaan oer oan wielderigens.  En al sokke dieden fan wielderigens binne skealik foar de tsjinners fan God. En it is foar dizze misdieden, dat hja lije, dy‛t straft wurde en pinige. Mar der binne ek dieden fan wielderigens, dêr‛t minsken troch rêden wurde; want in protte minsken dy‛t  goed dogge jouwe dêryn ta oan wielderigens, meisleept troch har eigen plesier dêryn, dy wielderigens is lykwols segenryk foar de tsjinners fan God, en wint it libben foar sa‛n man; mar de gefaarlike dieden fan wielderigens, dy‛t hjirfoar neamd waarden, dy bringe harren piniging en straffen en as hja dêrmei oanhâlde en har net bekeare, dan dogge hja har sels de dea oan."

DE SANDE LIKENIS

Hja, dy‛t har bekeare, moatte fruchten drage de bekearing wurdich

In pear dagen letter seach ik him wer yn itselde fjild der‛t ik ek de skepers sjoen hie, en hy sei tsjin my, "Wat wolsto fan my?"
Ik sei tsjin him: "Mynhear, dat jo dy skeper dy‛t piniget oarder jaan wolle dat er út myn hûs giet, want hy slacht my ferskriklik."
"It is nedich,"antwurde hy, " datsto slein wurdst, want sa hat de gloarjefolle ingel it opdroegen oer dy, hy wol datsto op‛e proef steld wurdst."
"Wat ha ik dien dat sa slim is mynhear,"antwurde ik, "dat ik oerlevere wurde soe oan dy ingel?"
"Harkje,"sei er," do hast hiel wat sûnden, mar net sa grut datst dêrfoar oan dy ingel oerlevere bist, mar dyn húshâlding hat in protte ûngerjochtichheden en sûnden begien, en de gloarjefolle ingel is oer dy dieden fergrime, en om dy reden hat hy opdracht jûn datsto in bepaalde tiid slein wurde moast, dat hja har ek bekeare mochten, en harsels suverje  fan elke wrâldske begearte. Dus, as hja har bekeare en suvere binne, dan sil de ingel fan de bestraffing dyn hûs ferlitte."
Ik sei tsjin him: "Mynhear, as hja sokke dingen dien hawwe, en dêrmei dy gloarjefolle ingel  fergrime hawwe, wat kin ik dêr oan dwaan?"
Hy antwurde: "Hja kinne alhiel net straft wurde, asto, it haad fan it hûs, net slein wurdst, want asto slein wurdst, dan lije hja fan need ek mei, mar asto it noflik hast, dan fiele hja ek gjin straf."
"Wol,mynhear,"sei ik,"hja hawwe har mei har hiele hert bekeard."
"Dat wit ik,"sei er, "dat hja har mei har hiele hert bekeard hawwe, mar tinksto dat de sûnden fan har dy‛t berou hawwe, al ferjûn binne? Net allegearre, want hy dy‛t berou hat, moat syn eigen siel pinigje en tige dimmen wêze yn al syn dwaan en litten, en mei allerhande  rampen slein wurde en as hy al dy tsinslaggen, dy‛t him oerkomme, trochstiet, dan sil de Skepper fan alle dingen, dy‛t him dêr ek de  krêft ta jûn hat, seker meilijen mei him hawwe, en him hielje, en dit sil Hy wis dwaan, as Hy it hert fan elke beroufolle, suvere sjocht fan alle kwea.  En it is foardielich foar dy en dyn hûs dat jim no tsjinslaggen krije. Mar wêrom soe ik safolle tsjin dy sizze? Do moast slein wurde, sa as de ingel fan de Hear opdroegen hat, dy‛t dy oan my oerlevere.  En tankje de Hear dêrfoar,
dat Hy dy weardich keurd hat dizze tsjinslaggen fan te foaren te sjen, sa datst, troch datst it witst foardat it komt, bysteat wêze meist it manmoedich te dragen."
Ik sei tsjin him: "Mynhear, as jo mei my binne, sil ik bysteat wêze eltse tsjinslach te fernearen."
"Ik sil mei dy wêze, "sei er, "en ik sil de ingel fan de bestraffing freegje dy lichter te straffen, lykwols silsto in skoftsje slein wurde en dan silst wer opnij befêstige wurde yn dyn hûs. Allinne, bliuw dimmen, en tsjinje de Hear mei in suver hert, do en dyn bern en dyn hiele hûs en wandelje yn myn geboaden dy‛t ik dy oplis, dan sil dyn bekearing djip en echt wêze; en asto dizze dingen mei dyn húshâlding ûnderhâldst, dan sil alle tsjinslach dy ferlitte. En tsjinslaggen sille ôfkeard wurde fan allegearre, dy‛ t wandelje yn dizze myn geboaden."

ACHTSTE LIKENIS

De sûnden, fan de útkarden en dy‛t berou hawwe, binne mannichfâldich, mar hja sille allegear beleanne wurde neffens de mjitte fan har berou en goede wurken

HAADSTIK 1

Hy toande my in grutte wylgenbeam, dy‛t de fjilden en de bergen oerskade; en yn it skaad fan dy beam wienen alle minsken gearkommen, dy‛t neamd wurde nei de namme fan de Hear.  En in strieljende ingel fan de Hear, tige grut, stie by dy beam mei in grut snoeimes yn‛e hân, en hy snie leaten fan de wylch en ferdielde dy ûnder de minsken yn it skaad fan de wylch, it wienen mar lytse leatsjes, sawat in foet lang; en doe‛t hy harren allegear fan leaten foarsjoen hie, lei hy syn snoeimes del, en de beam wie noch like sûn as doe‛t ik him earst seach. En ik stie fersteld en tocht by my sels: Hoe kin dy beam der noch sa goed útsjen wylst der safolle tûken ôfsnien binne?
En de Hoeder sei tsjin my: "Ferwûnderje dy dêr mar net oer, dat de beam fol bliuwt nei dat der safolle tûken ôftoppe binne, wachtsje mar, en asto alles sjoen haste, dan sil dy wol útlein wurde wat it betsjut." De ingel dy‛t de leatsjes omdield hie ûnder it folk, frege se no wêrom te bringen; en yn de selde foloarder as hja se krige hienen waarden se by him roppen en elk brocht syn leatsje wer werom en de ingel naam se oan en beseach se. Fan guon krige hy tûkjes dy‛t ferwile wienen en oanfretten, en dy‛t him sokken brochten sette de Ingel fan God apart.Oaren brochten guon dy‛t wol ferwile wienen mar net oanfretten en dy sette hy ek apart. En oaren brochten guon dy‛t heal ferwile wiene, en oaren guon dy‛t heal ferwile en brutsen wienen, en oaren guon heal ferwile heal grien, en oaren guon dy‛t mar foar in tredde part ferwile wienen en fierders grien, en oaren dy‛t mar foar in tredde part grien en twatredde ferwile, en oaren guon dy‛t hast alhiel grien wienen allinne
it topke ferwile mar wol kniest.; oaren hast alhiel ferwile mei mar in lyts bytsje grien mear; mar oaren brochten harren leatsjes krekt sa grien as hja se fan de ingel krigen hienen en dat wienen fierwei de measten. En de ingel wie dêr tige bliid mei. En guon brochten har leaten sels grien en mei útrinders,dat die de ingel tige goed; en guon brochten sels leaten werom, dy‛t útrûnen en fruchten droegen, der wienen hjasels en de ingel en ek de Hoeder tige bliid mei. En allegear waarden hja soart by soart apart set.

HAADSTIK 2

Doe joech de ingel oarder dat der krânsen brocht wurde soenen. En dy waarden brocht,  foarme fan palmblêden; en hy kroane dêrmei de minsken dy‛t tûken wêrombrocht hienen dy‛t útrûn wienen en frucht droegen en stjoerde se doe nei de toer. En de oaren, dy‛t tûken wêrombrocht hienen dy‛t grien en útrûn wienen, joech hy segels en stjoerde se ek nei de toer. En allegear dy‛t nei de toer gienen hienen de selde sniewite klaaiing. En allegearre dy‛t har leaten wêrombrocht hienen like grien as hja se krigen hienen, liet hy frij en joech harren klean en segels.

En doe‛t hy dat dien hie sei de ingel tsjin de Hoeder: "No gean ik fuort, en Jo moatte dizzen  hjir wei stjoere nei in plak binnen de muorren, neffens dat in elk fan harren wurdich is syn wente te hawwen. En beoardielje harren leaten soarchfâldich, en lit har dan gean, mar ûndersykje se mei soarch. Pasop dat net ien jo ûntkomt. Want as ien jo ûntkomt sil ik him ûndersykje op it alter." 
En doe‛t hy dat tsjin de Hoeder sein hie gie hy fuort.En doe sei de Hoeder tsjin my: "Lit ús al dy leatsjes nimme en se plantsje en sjen welke dêrfan yn libben bliuwe."
En ik sei tsjin him: "Mynhear, hoe kinne sokke wilige leatsjes no yn libben bliuwe?"
Hy antwurde: "Dit is in wylgebeam, in soarte mei in tige taai libben. Lit ús it besykje en jou se wetter en as der guon fan yn libben bliuwe sil ik bliid wêze, en as‛t se it net dogge  dan ha ik yn elts gefal myn bêst dien."  En de Hoeder frege my om se groep foar groep te roppen, sa as se yndield wienen. En hja kamen rige by rige en joegen har leaten oan de Hoeder.En de Hoeder naam se oan en plante se yn rigen; en doe‛t hy se allegear plante hie geat hy der in protte wetter op, sa dat se hast ûnder wetter stienen, en doe‛t de leaten it yndronken hienen sei hy tsjin my: "Lit ús hinne gean
en kom mei in pear dagen werom om alle leaten te besjen; want Hy dy‛t dizze beam skepen hat, wol dat allegearre dy‛t dêr leaten fan krigen hawwe libje sille. En ik hoopje ek, dat it grutste part fan dizze leaten dy‛t focht krigen hawwe en it wetter yndronken, libje sille.

HAADSTIK 3

Ik sei tsjin him: "Mynhear, ferklearje my de betsjutting fan dizze beam, want ik ferwûnderje my dêr oer, dat dy beam dêr‛t safolle tûken ôfsnien binne der noch like sûn en fris útsjocht  as wie der neat ôfsnien. No, dêr stean ik fersteld fan."
"Harkje,"sei hy,"dizze grutte beam, dy‛t syn skaad leit oer fjilden en bergen en de hiele wrâld, is de wet fan God dy‛t jûn is foar de hiele wrâld; en dy wet is de Soan fan God, ferkûndige oan‛t de einen fan it ierdryk; en de minsken dy‛t yn syn skaad libje, binne dyjingen dy‛t dat boadskip heard hawwe en yn Him leauwe. En dy grutte skitterjende ingel dat is Michaël,  dy‛t it gesach hat oer dit folk en it bestjoerd; want hy is it dy‛t de wet yn de herten fan de leauwigen jûn hat. En dêrom hâldt hy it tasicht op harren dy‛t hy dat jûn hat, om te sjen of‛t hja har dêr oan hâlden hawwe. En do seachst de tûkjes fan elk fan harren, want dy binne dy wet; en do seachst dat in protte fan dy tûkjes ûnbrûkber wurden binne, en dêr oan kenst no allegearre dy‛t de wet net hâlden hawwe en do silst ek dewente fan elk fan harren sjen."
Ik sei tsjin him: "Mynhear, wêrom liet hy guon nei de toer gean, en liet hy de oaren oan jo oer?"
Hy sei: "Allegearre dy‛t de wet, dy‛t hja fan him krigen hienen, net hâlde hawwe, hat hy ûnder myn gesach steld foar bekearing, mar allegear dy‛t oan de wet foldien en dy hâlden  hawwe, dy‛hâldt hy ûnder syn eigen gesach."
"Wa wienen dat,"frege ik,"dy‛t bekrânse binne en nei de toer gien?"
"Dat binne de minsken dy‛t slim lit ha fanwege de wet; en dy oaren dy‛t har leaten grien werombrocht hawwe mei útrinders mar sûnder frucht, dat binne minsken dy‛t wol slein binne om de wet, mar net slim lit hawwe en har wet net ferleagene hawwe . En dy‛t de leaten grien werombrochten sa as hja se krigen hienen, dat binne de earwurdigen, de rochtfeardigen, dy‛t soarchfâldich libbe hawwe, mei in suver hert en de geboaden fan de Hear hâlden hawwe.En de oaren silst kennen leare, as ik de leaten ûndersykje, dy‛t we plante en wetter jûn hawwe."

HAADSTIK 4

En nei in pear dagen kamen we wer op dat plak, en de Hoeder siet op it plak fan de ingel, en ik stie neist him. En hy sei tsjin my: "Klaai dysels mei skjin, ûnbewurke linnen dêr‛t se sekken fan meitsje." En doe‛t er seach dat ik dat oan hie en klear wie om him te tsjinjen, sei hy: "Rop de minsken dêr‛t de leaten fan binne dy‛t plante binne, neffens de oarder dêr‛t se yn ynlevere binne."
En ik gie it fjild yn en rôp de minsken op, en hja stienen wêr yn har rigen. En hy sei tsjin harren: "Lit no elk syn leatsje nimme en it hjir by my bringe."
De earsten dy‛t ynlevere waarden wienen de ferwylge en fersniene leaten, en omdat se noch wilich en stikken wienen,  joech hy harren opdracht apart te stean. Doe kamen dy‛t de  ferwylge leaten hân hienen, en guon dêrfan wienen no grien, en dy sette hy ek apart, mar oaren wienen ferwylge en as fan de mot tefretten, en dy moasten by de earsten steangean.Dêrnei kamen der guon dy‛t wilich en kniesd west wienen, en in protte dêrfan wienen no grien en hiel, en guon grien mei útrinders en fruchten, lykas dy hân hienen dy‛t kroane wienen en nei de toer gienen.En guon brochten wilige en tefretten leaten, oaren allinne wilige, en oaren heal wilige en brutsen. En hy hjitte harren elk apart te stean, guon by har eigen rige en oaren dêr apart fan.

HAADSTIK 5
 
En doe leveren hja de tûkjes yn dy‛t grien mar kniesd west wienen, dy wienen no allegear grien,  en hja mochten yn har eigen rige stean. En de Hoeder wie der bliid mei omdat hja allegear feroare wienen en de kniezen hiele. En hja brochten ek dy dy‛t heal grien en heal ferwylge west hienen, en fan guon wienen de leaten no alhiel grien, mar oaren noch heal wilich en oaren wilich en tefretten, mar ek guon grien mei útrinners, en dy waarden elk nei syn rige stjoerd. Doe kamen dyselden dy‛t twa parten grien en ien part wilich west wienen, in protte dêrfan wienen heal wilich, en oaren wilich en rotterich, en guon heal wilich en kniesd, en mar in pear grien. En dy kamen ek allegear yn har eigen rige. En doe leveren hja yn dy‛t hast alhiel grien en mar foar in lyts part wilich of kniesd west hienen, en dêrfan wienen guon grien, oaren grien mei útrinners. En ek dy gienen nei har eigen rige. Doe waarden ynlevere dy‛t mar in hiel lyts stikje grien mear hân hienen, en dy wienen no foar it grutste part grien en mei útrinners, en fruchten op de útrinners, en de oaren alhiel grien. En mei dy túkjes wie de Hoeder tige bliid, dat hja it sa goed dien hienen. En ek dy kamen yn har eigen rige.

HAADSTIK 6

Neidat de Hoeder de leaten fan har allegear neisjoen hie sei hy tsjin my: "Ik sei al dat it in beam wie mei in taai libben. Do sjochst hoe‛n protte har bekeard hawwe en rêden binne."
"Ik sjoch it, mynhear," antwurde ik.
 "Datsto sjen meist,"ferfetter er,"de grutte genede fan de Hear, dat dy útsûnderlik en gloarjefol is en dat Hy syn Geast jûn hat, oan dy‛t de bekearing wurdich wienen.
"Wêrom,mynhear," frege ik,"binne hja net allegear bekeard"?
Hy antwurde: "Oan harren, dêr‛t Hy fan seach dat har hert suver wurde soe en hearrich oan Him, joech Hy de krêft har te bekearen mei har hiele hert. Mar oan dyselden, dêr‛t Hy bedroch en ferkeardens fernaam, en seach dat hja fan plan wienen har sabeare te bekearen, skonk Hy gjin bekearing, dat se net op‛e nij Syn namme ûnthilligje soenen.
Ik sei tsjin Him: "Mynhear, lit my no sjen, it lot fan harren dy‛t har tûkjes ynlevere hawwe, fan wat soarte hja binne en wat har wente is, sadat hja dy‛t it hearre en dy‛t it leauwe en it segel ûnfongen hawwe, mar it brutsen en net hiel hâlden hawwe, dat dy as hja harren  wandieden ynsjogge,  spyt krije meie en fan Jo in nij segel krije en de Hear ferhearlikje meie, omdat Hy meilijen mei har hie en Jo stjoerd hat om har geast te fernijen."
"Harkris"sei Hy,"dizzen dêr‛t de tûkjes fan fersutere wienen en troch de mot ferfretten, dat binne de ôffalligen en ferrieders fan de tsjerke, dy‛t de Hear lastere hawwe mei har sûnden, en har boppedat skamme hawwe foar de namme fan de Hear, dêr‛t hja by neamd waarden.Dizzen binne op‛t lêst foar God ferlern. En do sjochst dat net ien fan harren him bekeard hat, hoewol‛t hja de
wurden heard hawwe dy‛t ik tsjin har sprutsen ha en dy‛t ik dy oplein hie. Ut sa‛n libben ferstoarn? En hja dy‛t de leaten ynlevere hawwe fersutere mar noch libben, dy wienen dêr ek net fier ôf, want dat wienen húchelers en dy‛t frjemde learingen bringe, en mislieders fan de tsjinners fan God, foaral fan har dy‛t sûndige hienen, dy‛t hja net tastienen har te bekearen,  mar har wat wiismakken mei falske learstellingen. Dochs  hawwe dy wis noch hoop op bekearing, en do sjochst dat in protte fan harren har bekeard hawwe, sûnt ik har tasprutsen ha. Mar allegearre dy‛t har net bekeare, dy hawwe har libben ferspile.  En dy‛t har wol bekeard hawwe waarden goed en der wie har in wente tawiisd binnen de earste muorre; en guon binne sels opklom oant yn‛e toer. Do sjochst dus, sei Hy, dat bekearing it libben betsjut foar de sûnders, en net bekearen de dea."

HAADSTIK 7

"En harkje sa ek nei har dy‛t de leaten heal ferwile en brutsen ynlevere hawwe. Hja waans leaten heal ferwile wiene, dy binne sels like fier, hja wifkje, want hja binne ek noch libben noch dea.
En dy‛t heal ferwile en brutsen wienen, binne wifkers en rabbers, kritysk op dy‛t der net by binne, hja hawwe nea frede ûnder inoar, en tsiere altyd. Mar ek foar dizzen, sei hy, is bekearing mooglik. Do hast sjoen dat guon har bekeard hawwe, en dêr bliuwt noch altyd in hoop op bekearing oer foar harren. Dy‛t fan harren har al bekeard hawwe, dy sille har wente hawwe yn de toer. En dy‛t der wat langer oer dogge, sille binnen de muorre wenje, mar dy‛t har net bekeare en bliuwe by sok dwaan, dy sille op‛t lêst omkomme. En dy‛t har leaten grien mar brutsen ynlevere hawwe, dy wienen altyd fol leauwen en goed,mar dochs oergeunstich op mekoar oer de foarste plakken en eare. No dat binne domme minsken, om ta te jaan oan sa‛n strideraasje. Mar, omdat hja fan aard goed wienen, hawwe hja, doe‛t hja myn geboaden hearden, en har libben bettere. Dus wie harren wente yn de toer. Mar as immen wêrom falt yn kreauwerij, sil hy út de toer smiten wurde en syn libben ferlieze.Libben is it eigendom fan allegearre dy‛t de geboaden fan de Hear hâlde; mar yn dy geboaden  giet it net oer wa‛t it wint yn foarste plakken of eare, mar yn ferdraachsumens en persoanlike dimmenens. Want yn sokke minsken is it libben fan de Hear, mar yn tsierders en dwersbongelers de dea."

HAADSTIK 8

"En hja dy‛t har leaten heal grien en heal ferwile ynleveren, dat binne dyselden dy‛t it te drok mei saken hawwe, en har net by de hilligen hâlde. Dêrom is de iene helte fan harren libben en de oare helte dea. In protte dy‛t myn geboaden heard hawwe, hawwe har bekeard, en te minsten dy‛t har bekeard hawwe, hawwe har wente yn de toer, mar guon falle op‛t lêst ôf en dy ha fansels gjin bekearing, want fanwege har drokke saken, ha hja de Hear misledige en Him ferleagene. Hja ha har libben ferspile troch de ûndogenens dy‛t hja bedreaunen. En in protte fan harren twifelen. Dy hawwe it noch altyd yn‛e macht om har te bekearen, as hja har hastich bekeare sille hja har wente yn de toer hawwe. En as hja dat stadiger dogge sille hja binnen de muorren wenje; mar as hja har net bekeare, hawwe ek hja har libben ferspile.En dy‛t har twigen ynleveren foar twatreddepart ferwile en foar in treddepart grien, dat binne hja dy‛t de Hear op ferskate manieren ferleagene hawwe. Lykwols in protte hawwe har bekeard, mar guon bleauwen dêrby en twifelen. Ek dy hawwe de bekearing ûnder har berik as hja har hastich bekeare en net plakken bliuwe by har plesierkes; want as hja by sok dwaan bliuwe, bewurkje hja harsels de dea.

HAADSTIK 9

 En hja dy‛t har tûken ynleveren foar twatredde fersutere en ientredde grien, dat binne guon dy‛t wol  leauwe hienen, mar dy‛t neidat hja ryk wurden en ta eare kaam binne tusken de heidenen, har klaaid hawwe mei grutskens en heechhertich de wierheid ferlitten en har net by de rjochtfeardigen hâlden hawwe, mar mei de heidenen in libben libben dat har better oanstie. Dy hawwe God wol net ferlitten, hja binne by it leauwen bleaun, hoewol‛t hja de wurken fan it leauwe net dienen. Ferskate fan harren bekearden har en harren wente wie yn‛e toer. Mar oaren hâlden oan‛e ein ta  oan te libjen by de heidens en binne bedoarn troch falske eare en ferlieten God troch de wurken en dieden fan de heidens te dwaan. Dyselden sille rekkene wurde heidens te wêzen. Mar oaren fan harren bleaunen stykjen, hja hienen gjin hoop om ferlost te wurden fanwege  de dingen dy‛t se dien hienen; wylst oaren twifelen en sa skuorringen ûnder harsels feroarsaken. Foar harren dy‛t twifelje fanwege harren dwaan is de wei ta bekearing noch iepen; mar dan moatte hja har hastich bekeare, en dan sil ek harren wente yn de toer wêze.Mar foar harren dy‛t har net bekeare, en bliuwe by harren plesierkes, is de dea neioan.

HAADSTIK 10

"En hja dy‛t griene twigen brochten mar  mei ferwile en brutsene tûkjes, dy wienen altyd goed en fol leauwe en treflik foar God; mar hja ha wol in lyts bytsje sûndige troch ta te  jaan oan lytse begearten en foutsjes te sykjen en te finen by mekoar. Mar doe‛t hja myn wurden hearden hat it grutste part har hastich bekeard, en in went krige yn‛e toer. Lykwols guon fan harren twifelen; en guon fan dy twifelers feroarsaken grutte ûnienigens. Foar harren is der noch altyd hoop op bekearing omdat hja altyd goed west hawwe, en fan harren sil ek net gau ien ferlern gean. En hja dy‛t har twigen alhiel ferwile mei mar mear in hiel lyts bytsje grien ynlevere hawwe, dat binne guon  dy‛t leauden, allinne, hja binne trochgien mei de ferkearde dingen te dwaan. Dochs hawwe hja God nea ferlitten, mar hawwe fleurich Syn namme droegen en Syn tsjinners bliermoedich ûnderdak jûn yn harren hûzen. En doe‛t hja hearden fan dizze bekearing, ha se har fuortdaliks bekeard en beoefenje no deugd en rjochtfeardigens; Ja, guon fan harren hawwe sels lit en binne frijwillich de dea yngien, bewust fan de dieden dy‛t hja dien hienen. Dy allegearre sille dêrom in wente hawwe yn‛e toer."

HAADSTIK 11

En doe‛t hy de útlis fan al dy tûken jûn hie, sei hy tsjin my, "Gean hinne en fertel dizze dingen oan in elk,  dat hja har bekeare meie en libje meie foar God. Want omdat de Hear meilijen hat mei alle minsken, hat Hy my stjoerd om harren te bekearen, hoewol guon fan harren it net wurdich binne fanwege har dwaan en litten, mar de Hear, dy‛t tige lankmoedich is, wol dat alle minsken, dy‛t troch syn Soan roppen binne, rêden wurde sille."
Ik sei tsjin him: "Mynhear, ik hoopje dat allegearre dy‛t dizze wurden heard hawwe har bekeare sille; want ik bin oertsjoege dat elk dy‛t de Hear frezet en syn eigen wurken ynsjocht, him bekeare sil."
Hy antwurde en sei: "Allegearre, dy‛t mei har hiele hert harsels suverje sille fan de sûnden, hjir foar opneamd, en net wer ta dy sûnden ferfalle sille, dy sille genêzing krije fan de Hear fan al har eardere oertrêdings, as hja net wachtsje mei it neikommen fan dizze geboaden en dan sille hja ta Gods eare libje. Mar do, wandelje nei myn geboaden en libje."
Doe‛t hy my al dizze dingen sjen litten hie, en al dizze wurden sprutsen, sei hy tsjin my:  "En it oare sil ik dy oer in dei as wat sjen litte."

NJOGGENDE LIKENIS

De grutte mystearjes yn it bouwen fan de stridende en oerwinnende tsjerke


Neidat ik al de geboaden en likenissen fan de Hoeder, de ingel fan bekearing, opskreaun hie, kaam hy by my en sei: "Ik wol dy útlizze wat de Hillige Geast, dy‛t mei dy sprutsen hat yn it stal fan de tsjerke, dy sjen litten hat, want dy Geast is de Soan fan God. Mar omdatsto doe noch wat swak yn it fleis wieste, is it dy net útlein troch de ingel, mar doesto wat oansterke wiest troch de Geast, en dyn krêft tanommen wie, sa datsto ek bysteat wiest de ingel te sjen, doe is it bouwen fan de toer dy toand troch de tsjerke. Op in eale en plechtige manier seachsto elk ding as of it dy toand waard troch in faam, mar no silsto se sjen troch de selde Geast, as oft se dy toand wurde troch in ingel. Op dy manier moast  alles fan my leare mei in gruttere krektens. Want mei dat doel bin ik stjoerd troch de gloarjerike ingel, om yn dyn hûs te wenjen, datsto alle dingen mei krêft sjen mochst sûnder bang te wurden lykas te foaren."

En hy brocht my nei Arcadië, nei in rûne heuvel en sette my dêr boppe op en toande my in grutte flakte, mei deromhinne tolve bergen mei allegear ferskate foarmen.De earste wie swart as roet; de twadde keal sûnder gers, de tredde wie fol toarnen en stikels, de fjirde mei heal fertoarre gêrs, fan boppe grien, mar ûnder ferkleure, en in part fan it gêrs ferwile as de sinne der op skynde, de fyfde berch hie grien gêrs en wie ûnsljocht, en de sechsde berch wie hast fol kleauwen, guon nau, oaren wiid en dy wienen wol gêrzich mar de planten wienen net botte geef, mar earder wat sútrich. Mar de sânde berch hie blomrike greiden en de hiele berch bloeide, en alle soarten fan vee en fûgels weiden dêr op dy berch en hoe mear as it vee en de fûgels ieten, hoe mear it gêrs op de berch groeide en bloeide. En de achtste berch wie fol fonteinen en alle soarte fan Gods skepsels dronk út de boarnen op dy berch. Mar de njoggende hie alhiel gjin wetter en wie alhiel woastyn en dêr wienen in hiele protte deadlike njirren, dy‛t de minsken fergiftigje. En de tsiende berch hie hiele grutte beammen en wie alhiel beskade en yn it skaad fan de beammen leinen skiep om te rêsten en te wjerkôgjen. En de alfte berch wie tige ticht beboske en al dy beammen droegen en wienen fol mei alle soarten fan fruchten, sa dat elk dy‛t se  seach der sin oan krige om der fan te iten. En de tolfde berch wie alhiel sniewyt, sadat it in lust wie om te sjen, en dy berch sels wie tige moai.

HAADSTIK 2

En midden yn de flakte toande hy my in grutte wite rots, dy‛t út‛e flakte opriisde. En dy rots wie heger as de bergen, rjochthoekich fan foarm sa as om bysteat te wêzen de hiele wrâld te befetsjen; en it wie in âlde rots, dêr‛t sa‛t it my talike noch net salang ferlyn in poarte yn útsnien wie, en dy poarte glinstere sa  yn‛e sinne strielen, dat ik my ferwûndere oer de glâns fan de poarte; en der stienen tolve fammen by dy poarte om. De fjouwer dy‛t by de hoeken stienen liken my wat foarnamer as de oaren, hoewol ‛t hja allegear tige foarnaam wienen. En dy oaren stienen by de fjouwer dielen fan de poarte, hieltyd twa famme tusken elk part. Hja wienen klaaid yn wite linnen klean, tige kreas omgurde, mei it rjochter skouder bleat as of‛t hja klear
stienen om wat te dragen. Sa stienen hja dêr, tige fleurich en tsjinstree.Doe‛t ik dat sjoen hie ferwûndere ik my dat ik sokke grutte en hearlike dingen seach. En  ik stie fersteld oer
dy fammen, want hoewol sa kwetsber, stienen hja dêr sa moedich as bysteat om alle himels te dragen. En de Hoeder sei tsjin my: "Wat beredenearrest by dy sels en wer brekst dy de holle oer en makkest dy benaud?  Want de dingen dy‛sto net begripe kinst, moast ek net besykje te befetsjen as‛t ferstannich bist; mar freegje de Hear, datsto begryp krije meist om se te kennen. Do kinst net sjen wat achter dy is, sjoch dan  wat foar dy is. Lit gewurde watsto net sjen kinst en pleagje dy sels dêr net mei; mar watsto sjochste, meitsje dysels dêr master fan en fergriem dyn tiid net mei oare dingen, dan sil ik dy alle dingen dy‛t ik dy sjen lit útlizze. Sjoch dus nei de dingen dy‛t oerbliuwe.

HAADSTIK 3

En ik seach seis mannen oankommen, grut en foarnaam en gelykens yn foarkommen, en hja fierden in grutte mannichte manlju oan. En dy‛t der oankamen wienen ek grutte, kreaze en sterke keardels; en de seis mannen droegen harren op in toer te bouwen boppe op de rots. En grut wie it leven dat dy manlju makken as hja hinne en wer rûnen troch de poarte. En de fammen dy‛t dêr by de poarte stienen trunen dy mannen oan, dat hja oanmeitsje moasten mei it bouwen fan de toer. En hja stieken de hannen út as om wat fan de manlju oan te krijen. En dy seis mannen joegen stiennen befel om op te kommen út in put en nei it bouwen fan de toer te gean. En dêr kamen tsien glânzjende rjochthoekige stiennen út op, dy‛t net út in stiengroeve houd wienen.
En de seis mannen rôpen de fammen en fregen har om al de stiennen te dragen dy‛t ornearre wienen foar it bouwen en se troch de poarte te bringen en se oer te dragen oan de manlju dy‛t de toer bouwe soenen. En de fammen tilden meiinoar de earste tsien stiennen op, dy‛t út de put kaam wienen  en droegen se meiinoar,stien foar stien.

HAADSTIK 4

En sa‛t  hja dêr by de poarte stienen, tilden hja dy‛t it sterkst  liken se op en bûgden har ûnder de hoeken fan de stien en de oaren bûgden har ûnder de siden fan de stien. En op dy manier droegen se alle stiennen en brochten se troch de poarte, sa as har opdroegen wie, en hja droegen se oer oan de boulju foar de toer en dy namen de stiennen en setten útein mei de bou.
No waard dy toer boud boppe op de grutte rots boppe de poarte. Dy tsien stiennen wienen bedoeld foar it fondamint fan de toer. En de rots en de poarte droegen de hiele toer.
En nei dy tsien stiennen kamen der noch fiif en tweintich út de put en dy waarden ek brûkt yn it bouwen fan de toer, dêr hinne droegen troch de fammen as tefoaren. En doe kamen der noch fiif en tritich stiennen omheech en dy waarden op deselde manier yn de toer past. En doe kamen der noch fjirtich stiennen omheech en dy waarden ek allegear brûkt yn it bouwen fan de toer. Doe wienen der fjouwer rigen yn de fûndaasje fan de toer en kamen der gjin mear omheech út de put. En de bouwers hâlden ek efkes skoft. En doe droegen de seis mannen de mannichte fan it folk op om stiennen foar it bouwen fan de toer te heljen út de bergen. En sa waarden hja brocht út dy bergen fan allerhanne kleur en bekapt troch de manlju waarden hja oerdroegen oan de fammen en de fammen droegen se troch de poarte en joegen se oan de bouwers fan de toer. En as de stiennen yn de toer oanbrocht wienen ferlearen se har ferskate kleuren en waarden allegear blinkend wyt. Mar guon stiennen waarden troch manlju oanbrocht en dy waarden net wyt, mar bleaunen sa‛t se der ynset wienen, omdat hja net troch de fammen en net troch de poarte droegen wienen. Dizze stiennen pasten dus net by de oaren yn it gebou fan de toer.En doe‛t de seis mannen dy ôfwikende stiennen seagen, joegen hja opdracht se der út te heljen en werom te bringen nei it plak dêr‛t se wei kamen. En doe‛t se der ien foar ien wer út naam wienen waarden se oan kant lein. En hja seinen tsjin de manlju dy‛t se brocht hienen: " Jimme meie gjin stiennen yn it gebou bringe, mar liz se oan‛e kant fan de toer sadat de fammen se troch de poarte bringe kinne en oanfiere foar de bou. Want, as se net troch de hannen fan de fammen troch de poarte brocht binne, kinne se har kleur net oanpasse. Doch dus gjin muoite om‛e nocht."

HAADSTIK 5

En foar dy dei wie it bouwen dien, mar de toer wie noch net klear; der moast dus noch mear oan boud wurde, mar der wie in ûnderbrekking yn it bouwen. En de seis mannen joegen de manlju opdracht om har in eintsje tebek te lûken, en út te rêsten, mar hja lieten de fammen net ta har tebek te lûken; dat it like my ta dat se de fammen de toer beweitsje lieten. En doe‛t elk
en ien him tebeklutsen hie om út te rêsten, sei ik tsjin de Hoeder:" Om wat reden is it bouwen fan de toer net ôfmakke." Hy antwurde: "De toer kin no noch net ôfmakke wurde, foar‛t de Hear kaam is om it gebou te ûndersykjen, foar it gefal dat der stiennen oan sitte dy‛t net doge en dy‛t Hy feroarje wol, want de toer wurdt alhiel nei syn sin boud."
Ik sei: "Ik woe wol graach witte mynhear, wat de bedoeling is fan it bouwen fan dizze toer; en wat de rots en de poarte en de bergen en de fammen betsjutte; en de stiennen dy‛t omheech kamen út de put, dy‛t net bekapt wienen, mar sa as hja wienen yn it gebou pasten. En yn it foarste plak, wêrom der earst tsien stiennen yn de fundearring kamen, en doe fiif en twintich, en doe fiif en tritich, en doe fjirtich? En ik soe ek wat witte wolle oer de stiennen dy‛t oanbrocht wienen, mar der wer út helle en nei har plak werom brocht?  Wol op dizze punten
myn geast ta rêst bringe, mynhear, en se my útlizze."
Hy antwurde: "As net blykt datst nijsgjirrich bist nei dingen fan neat, dan sil dy alles útlein wurde. Want oer in dei of wat komme we hjir wer, en dan silst alle dingen sjen dy‛t der fierder barre mei de toer, en dan silst al dy gelikenissen sekuer te witten komme." En nei in pear dagen kamen we wêr op it plak dêr‛t we sitten hienen.
En hy sei: "Lit ús nei de toer ta gean; want de master fan de toer is kaam om dy te besjen." En wy kamen by de toer en dêr wie net ien, behalve de fammen.En de Hoeder frege de fammen of‛t de master fan de toer al kaam wie; en hja antwurden dat hy sa daliks komme soe om it gebou te besjen.

HAADSTIK 6

En sjoch: efkes letter seach ik in rige fan in mannichte minsken oankommen en dêr midden yn ien man fan sa‛n opmerklike grutte, dat er hast boppe de toer útstiek. En de seis mannen dy‛t oan de toer wurken wienen by him, en in protte oare earwurdige lju wienen om him hinne. En de fammen, dy‛t de wacht by de toer hienen, rûnen him temjitte en tuten him en rûnen mei him om de toer hinne. En dy man ûndersocht de toer mei soarch, fielde oan elke stien, en hy hie in stok yn‛e hân en joech dêrmei trije klappen op elke stien yn it gebou. En as hy se sloech waarden der guon swart as roet, guon skilferich, oaren barsten, guon brieken, guon ferkleuren, waarden rûch en pasten net mear by de oaren en guon hienen allegear plakken, dat wienen sa de fariaasjes fan de minne stiennen yn it gebou.Hy beoardere, dat dy stiennen der allegear út helle wurde soenen, oankant lein en oaren der foar yn it plak setten. En de bouwers fregen him, fan wat berch as‛t hy woe, dat de stiennen helle wurde soenen, dy‛t dêrfoar yn‛t plak set wurde moasten. Mar hy droech har net op stiennen fan de bergen te heljen, mar frege harren om se te heljen  út in fjild dêr fuort by.En hja groeven yn dat fjild en fûnen dêr skitterjende kantige stiennen en sommige rûne en al dy stiennen út dat fjild waarden brocht en troch de fammen troch de poarte droegen. En de kantige stiennen waarden bekapt en set yn it plak fan dy‛t der útnaam wienen. Mar de rûne waarden net yn it gebou set, want hja wienen te hurd om te bekappen,
hja lieten har min mei de beitel bewurkje, dy waarden njonken de toer bewarre, as of‛t se noch bekapt wurde soenen en brûkt yn it gebou, want it wienen bysûnder prachtige stiennen.

HAADSTIK 7

Doe‛t dy romrofte man, de hear fan de hiele toer, mei dy feroaringen klear wie, rôp hy de Hoeder by him, en droech oan him alle stiennen oer, dy‛t dêr om de toer hinne leinen,  dy‛t ôfkard wienen foar de bou, en sei tsjin him: " Meitsje dy stiennen allegear soarchfâldich skjin, en liz oan kant dy‛t dan passe by de toer, en dy‛t net passe wolle, smyt dy mar fuort, fier by de toer wei."En doe‛t hy dat sein hie ferliet hy de toer, mei al dejingen dy‛t mei him kaam wienen. Allinne de fammen stienen noch by de toer en hâlden de wacht.
Ik frege de Hoeder: "Kinne dizze stiennen noch brûkt wurde ta it bouwen fan de toer neidat se ôfkard binne?"
Hy sei: "Sjochsto dy stiennen?" 
"Ja mynhear, dy sjoch ik," sei ik.
Hy sei: "It grutste part dêrfan sil ik bekappe en se wer yn‛e toer sette, en dan sille se passe by de oare stiennen."
"Hoe mynhear,"sei ik, "kinne se as hja fan alle kanten bekapt binne it selde plak wêr opfulle."
Hy antwurde: "dy‛t te lyts binne brûke we midden yn it gebouw, en de grutten oan de bûtenkant, sadat dy se byinoar hâlde." Doe sei er: "Lit ús gean, oer twa dagen komme we wer, meitsje dy stiennen skjin en sette se yn‛e toer;  want alles om de toer hinne moat opromme wêze, foar it gefal dat de de Hear  ûnferwachts komme mocht en alles om de toer hinne noch yn dusoarder fine soe , en dizze stiennen noch net wer yn de toer; dan soe dat  Him min oanstean en ik soe my tekoartsketten fiele tsjinoer de Master. En twa dagen letter kamen we wer by de toer, en hy sei tsjin my: "Lit ús dy stiennen neisjen en fêststelle welke wêrom kinne yn‛e toer. En ik antwurde him: "Lit ús ris sjen, mynhear."

HAADSTIK 8

Om te begjinnen beseagen we earst de swarte stiennen. Dy leinen dêr noch sa ‛t hja út it gebou naam wienen; en de Hoeder beoardere dat hja bûten de toer brocht waarden en apart lein. Dêrnei beseach hy de skurve stiennen; en hy naam dêr in mannich fan en bekapte se en droech de fammen op om se op te nimmen en yn it gebou te bringen. En de fammen namen se op en brochten se midden yn it gebou fan de toer.Mar de oaren, sei hy, moasten neist de swarten lein wurde, want dy bliken ek swart te wêzen. En doe beseach hy dy dêr‛t barsten yn sieten, en dêr bekapte hy ferskate fan en droech de fammen op dy yn de toer te bringen en dy waarden oan‛e bûtenkant set, omdat hja gever wienen as de oaren, mar de lêsten koenen omreden fan tefolle barsten net bekapt wurde, en dy waarden dus ôfkard foar it bouwen fan de toer. Dêrnei beseach hy de stiennen dêr stikken ôfbrutsen wienen, in protte dêrfan bliken ek swart te wêzen, en guon hienen grutte gatten. En hy joech opdracht dy ek by de ôfkarde stiennen te lizzen. Mar dy‛t der oerbleaunen, nei dat se bekapt wienen, droech hy op om yn it gebou te bringen, en de fammen namen se op en pasten se oan‛e binnenkant yn de bou fan de toer, omdat se wat sacht wienen. En doe beseach hy de stiennen dy‛t heal wyt en heal swart wienen en ferskate dêrfan wienen swart, en hy joech opdracht dy fuort te bringen nei dyselden dy‛t ôfkard wienen. Mar dy‛t der oer wienen, waarden allegear opnaam troch de fammen, omdat se wyt wienen en waarden troch de fammen sels yn it gebouw past, en hja kamen oan de bûtenkant, omdat blykte dat se geef wienen en bysteat de oaren te stypjen, dy‛t yn‛e midden set wienen, want net in stikje derfan wie skulverich.  Dêrnei ûndersocht hy dyselden dy‛t rûch en hurd wienen; in pear dêrfan waarden ôfkard, want dy koenen net bekapt wurde omdat se te hurd wienen.
Mar de oaren waarden bekapt en troch de fammen opnaam, en past yn it midden fan it gebou fan de toer, want dy wienen wat sacht. En doe ûndersocht hy dyselden dy‛t plakken hienen, en inkele dêrfan wienen swart en waarden fuortsmiten by de oaren, mar fierwei it grutste part wienen ljocht en waarden troch de fammen yn it gebou past en omdat se sa geef wienen oan de bûtenkant set.

HAADSTIK 9

Dêrnei kaam hy om de wite rûne stiennen te besjen, en sei tsjin my: "Wat sil we mei dizze stiennen dwaan?"
"Hoe soe ik dat witte, mynhear?" antwurde ik." Hawwe jo dêr gjin plannen mei, Mynhear, Ik bin mei dit fak net bekend, en ik bin ek gjin stienhouwer, ik kin‛t jo net sizze."
"Sjochsto net,"sei hy,"dat se alhiel rûn binne? En as ik se rjochthoekich meitsje wol, dan moat der in hiel grut stik ôfslein wurde, want guon dêrfan moatte we fan need brûke yn it gebouw."
Ik sei: "No, as it dochs moat, wêrom pleagje jo dan josels, en kieze jo net fuort foar it gebou dy‛t jo foarkar hawwe, en pas dy der yn?" Hy socht de grutsten en ljochtsten der út, en bekapte se, en de fammen namen se op en pasten se yn de bûtenkant fan it gebou. En dy‛t der oerbleaunen waarden fuortbrocht en  op it fjild lein dêr‛t se weikamen. Hja wienen lykwols net ôfkard. "Want,"sei hy, ‛der moat noch in lytse oanbou oan de toer boud wurde. En de hear fan de toer wol dat al dy stiennen  yn it gebou brûkt wurde omdat se sa prachtich glânzjend binne."
En doe  waarden der tolve froulju roppen, prachtich fan lea, yn it swart klaaid, en mei loshingjend hier. En dy froulju liken my ta tige wreed te wêzen. Mar de Hoeder droech harren op om de stiennen dy‛t ôfkard om it gebou hinne leinen, op te nimmen en werom te bringen nei de bergen dêr‛t se weihelle wienen. En hja wienen fleurich en brochten de stiennen fuort nei it plak dêr‛t se weikamen. Doe‛t no de stiennen allegear fuortbrocht wienen en der net ien mear om de toer hinne lei, sei hy:  "Lit ús om de toer hinne gean en sjen of‛t er noch wat oan mankeart." Sa rûn ik mei him om de toer hinne. En doe‛t de Hoeder seach hoe prachtich de toer boud wie, waard hy tige bliid; want de toer wie sa moai boud, dat ik, doe‛t ik it seach, wol woe dat ik it boud hie; want it wie makke as oft it boud wie út ien stien, sûnder ek mar ien foechje. En it like oft dy stien út de rots houd wie, sadat it gehiel my foarkaam as ien inkele stien.

HAADSTIK 10

En doe‛t ik der mei him omhinne rûn, fielde ik my tige bliid, dat ik safolle prachtige dingen sjen mocht.
En de Hoeder sei tsjin my:  "Gean hinne en helje my ûnleske kalk en fine klaai om te bakken, sa dat ik de foarmen fan de stiennen, dy‛t binnen yn it gebou lizze, opfulle kin, want alles oan de toer moat sljocht wêze." Dat ik die sa as hy my opdroegen hie en brocht it him."Help my,"sei hy, dan sil it wurk gau klear wêze." En sa fulde hy de foarmen fan de stiennen,  dy‛t wer yn it
gebou brocht wienen op en droech op dat it plak om de toer hinne oanfage en oprêden wurde moast, en de fammen hellen biezums en fagen it plak oan, en brochten alle smoargens bûten de toer, en brochten wetter, en de grûn om de toer hinne fleure der hielendal fan op en waard moai skjin. Doe sei de Hoeder tsjin my: "Alles is oprêden, as de hear fan de toer komt om it te ynspektearjen,  falt ús neat mear te ferwiten.Doe‛t hy dat sein hie woe hy fuortgean; mar ik hâlde him by syn hoederstas tsjin en begûn him by de Hear te beswarren dat hy útlizze soe wat hy my toand hie.
Hy sei tsjin my: "Ik moar earst efkes útrêste en dan sil ik dy alles útlizze; wachtsje hjir op my oant ik werom kom."
Ik sei tsjin him; "Mynhear, wat kin ik hjir allinne?"
"Do bist hjir net allinne,"sei er," want dizze fammen binne hjir by dy."
"Draach my dan yn harren hoede oer." sei ik.
De Hoeder rôp harren by him en sei: "Ik fertrou him oan jimme ta oant ik werom kom," en doe gie er fuort. En doe wie ik allinne mei de fammen, dy wienen hiel aardich en tige freonlik foar my, foaral de fjouwer foarnaamsten.

HAADSTIK 11

De fammen seinen tsjin my: "De Hoeder komt hjoed net wer."
Ik sei: "Wat moat ik dan dwaan?"
Hja seinen: "Hjir op him wachtsje oant er komt, en as hy komt sil er mei dy prate, en as er net komt, bliuwst hjir by ús oant er wol komt."
Ik sei tsjin harren: "Ik sil hjir op him wachtsje oant yn‛e jûn, en as hy net komt sil ik nei hûs gean en moarnier werom komme."
Mar hja antwurden en seinen: "Do bist oan ús hoede tabetroud, do kinst net by ús wei gean."
"Wêr moat ik dan bliuwe?" Sei ik
"Do kinst hjir by ús sliepe," seinen hja, "as ús broer, net as ús man, want do bist ús broer,  en wy bin fan plan de kommende tiid by dy te bliuwen, want wy hâlde in protte fan dy."
Mar ik skamme my by harren te bliuwen. En hja dy‛t de earste fan har like te wêzen, begûn my te tútsjen, en doe‛t de oaren dat seagen tuten dy my ek, en laten my rûn yn de toer, en boarten mei my. En ik fielde my ek wer as in jongfeint en boarte mei harren, en guon foarmen in koar, en guon dûnsen en oaren songen, en ik, ik hâlde my stil en kuiere mei harren om de toer hinne en wie fleurich mei harren. En doe‛t it let waard woe ik nei hûs ta gean, mar hja woenen my net geanlitte en hâlden my tsjin. Sa bleau ik by harren, de hiele nacht bûtendoar en sliepte neist de toer.
En hja spraten har linnen klean út op‛e grûn en lieten my tusken har yn lizze, en hja dienen oars neat as bidde; en ik bea mei harren, sûnder ophâlden, net minder as harren. En de fammen wienen bliid mei my omdat ik sa bea. En ik bleau dêr by de fammen oan‛t de oare deis de twadde oere (de moarns 8 oere).
Doe kaam de Hoeder werom en sei tsjin de fammen; "Ha jim him misledige?"
Hja seinen, "freegje it himsels."
Ik sei tsjin him: "It hat my tige deugd dien dat ik by harren bliuwe mocht."
"Wat hast iten?"frege er.
"Ik ha de hiele nacht iten fan it wurd fan de Hear," antwurde ik.
"En ha se dy goed opfongen? Frege hy.
"Ja, mynhear."antwurde ik.
"No," sei er, "en wat wolst no it earst witte."
"Ik woe it graach hearre yn de folgoarder wêryn Jo it my toand ha fan it begjin ôf," sei ik,"en ik smeekje Jo mynhear dat Jo it my útlizze wolle sa as ik it Jo freegje sil."
Hy antwurde: "Sa asto wolste, sa sil ik it dy ek útlizze, en ik sil neat foar dy ferburgen hâlde.

HAADSTIK 12

Ik sei: "Om te begjinnen, wat betsjutte de rots en de poarte?"
"Dizze rots," sei hy, "en de poarte dat is de Soan fan God."
"Hoe kin dat, mynhear,"sei ik,"de rots is âld en de poarte is nij?"
"Harkje,"sei hy,"en begryp, o, ûnkundige man. De Soan fan God is âlder as al Syn skepsels, want hy wie de maat en de riedjouwer fan de Heit yn Syn skeppingswurk, om dy reden is Hy âld."
"En wêrom is de poarte dan nij?"frege ik.
"Omdat Hy iepenbierre is yn de lêste dagen fan dizze bedieling; dat is de reden dat de nije  poarte  makke waard, dat hja dy‛t rêden wurde sille, dêrtroch yngean meie yn it keninkryk fan God. Do hast sjoen dat de stiennen, dy‛t troch de poarte ynkamen ,brûkt waarden yn it bouen fan de toer, en dat dyselden dy‛t dêr net troch kaam wienen der wer útsmiten waarden."
"Dat seach ik, mynhear,"antwurde ik.
Hy gie fierder: "op dy selde manier kin net ien yn it keninkryk fan God komme, as hy net Syn hillige namme oannaam hat. Want asto yn in stêd komme wolst, en dy stêd har in muorre en mar ien poarte, dan kinsto net yn dy stêd komme, asto net troch dy poarte giest."
Hoe sa, dat kin dochs net oars, mynhear?" sei ik.
"Sasto dus dy stêd net yngean kinst behalve troch dy poarte, sa, op dyselde manier, kin in minske net oars yn it keninkryk fan God komme dan troch de namme fan Syn leave Soan. Do seachst de mannichte dy‛t de toer bouden?"
"Ik ha se sjoen, mynhear,"sei ik.
Hy sei: "Dat binne de gloarieuze ingels, en dermei is de Hear omjûn. En de poarte is de Soan fan God. Dat is de yngong ta de Hear. Troch gjin oare wei sil immen ta Him komme kinne as allinne troch de Soan.Do seachst de seis mannen en de grutte en gloarieuze man yn har midden, dy‛t om de toer hinne gie, en guon stiennen út it gebou ôfkarde?
"Ik seach him, mynhear,"sei ik.
"Dy gloarieuze man,"sei hy, "is de Soan fan God, en dy seis gloarieuze ingels binne dyselden dy‛t Him bysteane oan Syn rjochter en lofter hân. Net ien fan dy gloarieuze ingels kin ta God komme sûnder Him. Wa‛t dan ek mar Syn namme net oannimt, sil net yngean yn it keninkryk fan God.
 
HAADSTIK 13

"En de toer,"frege ik,"wat betsjut dy?"
"Dy toer,"antwurde hy,"dat is de tsjerke.
"En de fammen, wa binne dat?"
"Dat binne hillige geasten, en in minske kin op gjin oare manier fûn wurde yn it keninkryk fan God, as dizzen har klean net op him lein hawwe; want asto allinne de namme oannaam hast, en net ek harren klaaiing oannaam hast, bringt dy dat gjin inkel foardiel. Want dizze fammen binne de krêften fan de Soan fan God. Asto syn namme draachst, mar syn krêft net hast, is it om‛e nocht datsto syn namme draachst. De stiennen dysto seachst dat ôfkard waarden, droegen syn namme, mar lutsen net de klaaiing fan de fammen oan.
"Fan wat aard binne har klean,mynhear,"frege ik.
"Har eigen nammen,"sei hy,"binne harren klaaiing. Elk dy‛t de namme fan de Soan fan God draacht, heart ek de nammen fan dizze fammen te dragen, want ek de Soan sels draacht de nammen fan de fammen. Al de stiennen, dysto seachst dat yn it gebou fan de toer kamen troch de hannen fan dizze fammen en dêryn bleaunen, wienen klaaid mei harren krêft. En om dy reden seachsto dat de toer ien stien waard mei de rots. Sa ek hja dy‛t leauwe yn de Hear troch Syn Soan, en dy‛t klaaid binne mei dizze geasten,  dy sille ien geast wurde, ien lichem, en de kleur fan harren klean sil ien en deselde wêze. En de wente fan dyselden dy‛t de nammen fan de fammen drage is yn de toer."
Ik frege: "Dy stiennen dy‛t ôfkard waarden,mynhear, om wat reden waarden dy ôfkard?  Want hja wienen dochs troch de poarte gien, en troch de fammen te plak set yn it gebou fan de toer."
Hy sei: "Omdatsto yn alles sa ynteresearre bist en dat sekeur útsikest, harkje oer de stiennen dy‛t ôfkard waarden. Dy hienen allegear de namme fan God oannaam en ek de krêft fan de fammen krigen. Troch dat hja dy krêften krige hienen wienen hja sterk makke, en hearden by de tsjinners fan God; en hja wienen allegear ien fan geast, en ien lichem, en ien yn klaaiing. Want hja wienen fan deselde miening en dienen gerjochtichheid. Mar nei in skoftsje lykwols waarden hja ferlaat troch de froulju yn it swart dysto seachst, mei bleate skouders, loshingjend hier en kreas yn foarkommen. En doe‛t hja dy froulju seagen, woenen hja dy hawwe, en klaaiden har mei dy har krêften, en leinen de krêft fan de fammen ôf. Dêrom dus waarden dy ôfkard foar it hûs fan God, en waarden oan
dy froulju jûn. Mar dy‛t net bedroegen wienen troch de skientme fan dy froulju, dy bleaunen yn it hûs fan God. Sa hast no ek de útliz fan de ôfkarde stiennen."

HAADSTIK 14

"Wat dan, mynhear,"sei ik," as dy manlju, sa‛t se dan mar binne, har bekeare en har begearte nei dy froulju opjouwe, en wêrom geane nei de fammen en libje yn har krêft en yn har wurken,sille hja dan net yngean yn it hûs fan God?"
"Dy sille yngean,"sei hy,"as hja de wurken fan dy froulju opjouwe, en op‛e nij de krêft fan de fammen oanlûke, en neffens har wurken libje. Want om dy reden wie der in opûnthâld yn it bouwen, foar it gefal dat, as dizzen har bekeare woenen, hja yngean mochten yn it gebou fan de toer. Mar as hja har net bekeare, dan komme der oaren yn har plak, en wurde dizzen op‛tlêst fuortsmiten."
 Foar al dizze dingen jouw ik tank oan de Hear, omdat Hy meilijen hie mei allegear dy‛t Syn namme oanroppe, en de ingel fan de bekearing stjoerd hat, nei ús, dy‛t tsjin Him sûndigen, en ús geast fernijd hat; en doe‛t wy al hast fergien wienen, en gjin hoop op libben mear hienen, hat Hy ús werombrocht ta in nij libben.
"Wol my dan no sjen litte,mynhear,"sei ik," wêrom de toer net op‛e grûn boud is, mar op de rots en de poarte"
Hy sei; "Hasto no noch gjin besef en begrip?
Ik sei: " Ik moat Jo wol alle dingen freegje, mynhear, want ik bin alhiel net bysteat se te begripen; want al dy dingen binne sa grut en gloarjefol, en foar in minske  slim te begripen.
"Harkje,"sei hy,"de namme fan de Soan fan God is grut, en kin net befette wurde, en draacht de hiele wrâld. As dan de hiele skepping droegen wurdt troch de Soan fan God, wat tinkt dy dan fan harren dy‛t troch Him  roppen binne, en de namme fan de Soan fan God drage, en neffens Syn geboaden libje? Sjochst no wat soarte fan minsken Hy draacht? Hja dy‛t mei hiel har hert syn namme drage. Hysels waard dêrtroch it fûnemint foar harren, en draacht harren mei blydskip, omdat hja har net skamje Syn namme te dragen."

HAADSTIK 15

"Ferklearje my dan no,mynhear,"sei ik,"de nammen fan de fammen en fan de froulju dy‛t yn it swart klaaid wienen."
"Hear dan,"sei hy," de nammen fan de sterksten fan de fammen, dy‛t by de hoeken stienen. De earste hyt Trou, de twadde Unthâlding, de tredde Macht, de fjirde Geduld. En de oaren, dy‛t dêr tusken yn stienen, ha de folgjende nammen: Ienfâld, Unskuld, Suverens, Fleurigens, Wierheid, Begryp, Harmony, Leafde. Hy, dy‛t dizze nammen draacht en dy fan de Soan fan God, sil bysteat wêze yn te gean yn it keningkryk fan God. Hear sa ek de nammen fan de froulju yn de swarte klean, ek dêrfan binne fjouwer sterker as de oaren: De earste is Unleauwe, de twadde Untucht, de tredde Oerhearrigens, de fjirde Bedroch, en dy‛t har folgje binne: Fertriet, Undeugd, Lossinnigens, Lulkens, Falskens, Dommens, Rabberij, en Haat. De tsjinner fan God, dy‛t dy nammen
draacht, sil it keninkryk fan God wol sjen, mar hy sil der net ynkomme."
"En de stiennen, mynhear," sei ik," dy‛t út de put kamen en yn it gebou pasten, wat wienen dat?"
"De earste tsien," sei hy,"dy‛t lein waarden as fûnemint, dat is de earste generaasje, en de fiifentwintich, de twadde generaasje fan rjochtfeardige minsken; en de fiifentritich binne de profeten en  tsjinners fan God, en de  fjirtich binne de apostels en leararen fan de ferkondiging fan de Soan fan God.
Ik frege: "Wêrom, mynhear, droegen de fammen ek dy stiennen dan troch de poarte en droegen se oer foar it bouwen fan de toer?"
Hy antwurde: "Omdat dit de earsten wienen dy‛t dizze geasten droegen, en nea wer fan inoar skieden, de geasten net fan de minsken en de minsken net fan de geasten, mar dy geasten bleaunen by harren oant hja ynslepten. En as hja dy geasten net hân hienen soenen hja net brûkber west ha foar it bouwen fan de toer."

HAADSTIK 16

"Ferklearje my dat noch wat fierder, mynhear," frege ik.
"Wat is it datsto witte wolst?"frege hy.
"Wêrom, mynhear, kamen dizze stiennen op út in put en waarden hja yn it gebou fan de toer set, neidat hja dizze geasten droegen hienen."
Hy antwurde: "Hja moasten wol opkomme troch it wetter om ta libben brocht te wurden; as hja de deadens fan har libben net ôflein hienen, koenen hja gjin inkele oare wei lâns  yngean yn it keninkryk fan God. Op dy manier koenen ek hja dy‛t al ynslept wienen it segel fan de Soan fan God krije. Foardat in minske de namme fan de Soan fan God draacht is hy dea, mar as hy dat segel kriget, leit hy syn deadens ôf en komt ta libben. Dat segel is it wetter, hja geane ûnder yn it wetter as yn‛e dea en komme wêr boppe ta it libben. Oan harren is dit segel ferkûndige, en hja makken der gebrûk fan om  yn te gean yn it keninkryk fan God.
"Wêrom, mynhear," frege ik," kamen de 40 stiennen ek mei harren út de put, wylst dy dat segel al ûntfongen hienen?"
Hy sei: "Omdat dy apostels en learaars dy‛t de namme fan de Soan fan God ferkûndigen, neidat hja ynslept wienen yn de krêft en it leawen yn de Soan fan God, it net allinne preken oan dyjingen dy‛t ynslept wienen, mar harren ek sels it segel fan de ferkûndiging joegen. Derfoar gienen hja mei harren it wetter yn, en kamen dêrút op, mar hja gienen der libben yn, en stienen der ek libben út op. Wylst dy‛t earder ynslept wienen der dea ynsonken, mar der libben wer út kamen. Troch dizzen wienen hja ta libben brocht en bekend makke mei de namme fan de Soan fan God. Om dy reden kamen hja mei harren op en waarden  mei harren ynpast yn it gebou fan de toer, en sûnder troch in beitel oanrekke te wêzen, der neist harren ynboud. Want hja slepten yn, yn gerjochtichheid en grutte suverens, mar allinne hja hienen it segel noch net. Dêrmei hast ek de ferklearring hjir fan."

HAADSTIK 17

"Dat begryp ik, mynhear," antwurde ik, en gie fierder: "Mar, mynhear, lis my dan no út wêrom dy bergen sa ferskillend en ûngelyk fan foarm binne?"
"Harkris," sei hy," dizze bergen binne de tolve stammen dy‛t de hiele wrâld bewenje. De  Soan fan God wie harren ferkûndige troch de apostels."
"Mar wêrom binne dy bergen dan fan sa ferskate soarte? Lis my dat út, mynhear."
"Harkje," antwurde hy," dy tolve stammen, dy‛t de hiele wrâld bewenje, binne tolve folken. En hja ferskille yn wysheid en begrip. Like talryk as de ferskillen fan de bergen dysto seachst,  binne ek de ferskillen fan geast en ferstân tusken dizze folken. En ik sil dy de wurking fan elk dêrfan útlizze."
"Mynhear," sei ik, "ferklearje dan earst, wêrom, wylst de bergen sa ferskillend binne, de stiennen dêrút, as hja yn it gebou pleatst binne, deselde kleur en glâns krigen, as dy‛t ut de put opkaam wienen.
Hy sei: "Omdat alle folken, dy‛t ûnder de himel wenje, roppen binne troch it hearren en leauwen yn de namme an de Soan fan God. En as hja sa it segel ûntfongen hawwe, dan hawwe hja ien begryp en ien miening; en ek har leauwe wurdt ien, en hja hawwe inoar leaf, en mei de namme drage hja ek de geasten fan de fammen. En dêrtroch wurdt it gebou fan de toer ien fan kleur en strieljend as de sinne. Mar neidat hja yn itselde plak kaam wienen en ien lichem wurden wienen, misgienen guon fan harren harsels, en waarden ferdreaun út it folk fan de rjochtfeardigen, en waarden wer wat hja tefoaren west hienen, of noch slimmer."

HAADSTIK 18

Ik sei: "Mar, mynhear, hoe koenen hja wer ferkeard wurde, neidat hja God kend hienen?"
Hy antwurde: "Immen dy‛t God net kent, en ferkeard docht, dy kriget in sekere straf foar syn ferkeardens; mar immen dy‛t God kend hat, heard net langer kwea te dwaan, mar it goede. As hy dan, wylst hy it goede heard te dwaan, it ferkearde docht, liket hy dan net grutter kwea te dwaan as immen dy‛t God net kent? Om dy reden binne dy‛t God net kend hawwe en it kweade dogge feroardiele ta de dea; mar hja dy‛t God kend hawwe, en syn machtige wurken sjoen hawwe, en dan noch it kweade dogge, dy sille dûbel straft wurde en foar ivich stjerre. Op dy manier sil de tsjerke fan God ek suvere wurde. Want sa asto sjoen hast, dat de stiennen, dy‛t wegere waarden foar de toer, oerlevere waarden oan de kweageasten en fuortsmiten, sa sille ek hja fuortsmiten wurde, en der sil ien lichem fan suveren wêze, sa as ek de toer nei syn suvering as fan ien stien waard. Op dyselde manier sil it gean mei de tsjerke fan God, neidat dy suvere is en de ferkearden en de húchelders, en de godslesterers, en de twifelers en dy‛t alle soarten fan kwea bedriuwe der útsmiten binne.As dy der útsmiten binne sil de tsjerke fan God ien lichem wêze, ien yn begryp, yn leauwe en leafde. En de Soan fan God sil tige bliid wêze, en sil Him ferbliidzje oer harren, omdat Hy Syn folk suvere ûntfange mei."
"Al dy dingen, mynhear," sei ik, "binne sa grut en skitterjend."
"Boppedat, mynhear," sei ik, "ferklearje my de krêft en de wurking fan elk fan dy bergen, dat elke siel, dy‛t op de Hear fertroud, en dy‛t dit heart, Syn grutte en hearlike en gloarjerike namme ferhearlikje mei."
"Hear dan," sei hy, "it ferskaat fan de bergen en de tolve folken."

HAADSTIK 19

"De minsken dy‛t leauwe fan de earste berch, dy‛t swart is, binne ôffalligen en lesterers tsjin de Hear, en ferrieders fan de tsjinners fan God. Foar dizzen is bekearing net mooglik, mar de dea is har foarlân en dêrom binne hja swart, want it is in wetteleas folk. En fan de twadde berch, dy‛t keal is, dêrfan binne de leauwigen: skynhilligen, en learaars fan falskens. En dy binne krekt as de earsten en hawwe gjin inkele frucht fan gerjochtichheid; want sa as harren berch alhiel sûnder frucht is, sa hawwe dizzen allinne de namme, mar binne alhiel sûnder leauwe en dêr is gjin frucht fan wierheid
yn harren. Hja hawwe it yn‛e macht om har bekeare te kinnen, as hja har hastich bekeare; mar as hja dêr sleau yn binne, dan sille hja stjerre lykas de earsten.
"Wêrom, mynhear,"frege ik, "hawwe dizzen in bekearings kâns, mar dy earsten net?"
Hy sei: "Hjirom kinne hja har bekeare, omdat hja de Hear net lestere hawwe, en de tsjinners fan God net ferred hawwe; mar fanwege harren begearte nei besittingen binne hja skynhillich wurden, en elk fan har learde wat de sûndige minsken graach hearre woenen. Hja sille in sekere straf ûndergean, en kinne har dan bekeare, omdat hja gjin godslesterers of ferrieders wienen."

HAADSTIK 20

"En hja dy‛t leauwe fan de tredde berch, dy‛t toarnen en stikels hie, binne it folgjende: Guon fan harren binne ryk, en oaren fersûpe yn tefolle wurk. De stikels binne de riken, en de toarnen binne hja dy‛t yn it wurk fersûpe. Dizzen dy‛t betieze binne yn allerhanne soarte fan saken, hâlde har net by de tsjinners fan God, mar dwale ôf,  smoard as hja wurde troch hannels saken. Ek de riken hâlde har mar mei muoite by de tsjinners fan God, deabenaud dat dy wat fan har freegje sille. Sokke minsken sille dus muoite hawwe om yn te gean yn it keninkryk fan God. Want sa ûnoangenaam it is om op bleate fuotten troch de stikels te rinnen, sa pynlik is it ek foar sokken om yn te gean yn it keninkryk fan God. Mar foar al dizzen is bekearing, mar dan hastich, wol mooglik, sadat hja yn de kommende dagen dwaan meie, wat hja earder neilieten, wat goeds dwaan, dan sille hja libje ta God. Mar as hja by har dwaan bliuwe, dan sille hja oan dy froulju oerlevere wurde, dy‛t har ta de dea bringe."

HAADSTIK 21

"En dy‛t leauwe fan de fjirde berch, dy mei in protte gers, dêrt de boppe einen fan de planten grien binne, mar by de woartels om ferwile en guon ek ferskroeid troch de sinne, dy binne fol fan twifel, hja hawwe de Hear op‛e lippen, mar net yn it hert. En dêrom binne de ûndereinen sa ferwile en sûnder krêft, want allinne harren wurden libje,  wylst har wurken dea binne. Sokke minsken binne eins  libben noch dea. Hja fertsjintwurdigje dêrom de twifelers, want de twifelers binne ek wilich noch grien en libben noch dea. Want sa as har blêden as hja de sinne sjogge slap wurde, sa ek de twifelers, as hja hearre fan ferfolging, dan wurde hja slap fan benaudens, en tsjinje de ôfgoaden wer, en skamje har de namme fan harren Hear. Sokken dus binne libben noch dea. Mar ek hja meie noch libje, as hja har hastich bekeare, want as hja har net bekeare, dan binne hja al oerlevere oan de froulju dy‛t har it libben benimme."

HAADSTIK 22

"En dy‛t leauwe fan de fyfde berch, dy‛t grien gers hie en roech wie: Dat binne leauwigen, ja, mar sleau om te earen, dwarsbongelers, dy‛t dogge wat se sels graach wolle, alles witte wolle, en alhiel neat witte. Fanwege har dwarsens hat it ferstân har ferlitten, en domme sinleazens kaam derfoar yn it plak. En hja priizgje harsels as wienen hja wiis, en hja wolle learaars wurde, hoewol‛t hja gjin ferstân hawwe. En omdat se it sa heech yn‛e holle hawwe binne in protte eigenwiis wurden: want eigensinnigens en lege oermoedigens is in grutte duvel. Fan dizzen waarden in protte ferwurpen, mar guon ha har bekeard en leauden, en  joegen har del ûnder ferstannigen, en erkenden har dommens. En foar de oaren fan dit soarte is bekearing noch mooglik; want hja wienen net ferkeard, mar earder dom en ûnferstannich.As hja har dus bekeare, sille hja libje by God, mar as hja har net bekeare, dan sille hja wenje by dy froulju dy‛t har it ferkearde learden."

HAADSTIK 23

"En dy‛t leauwe fan de sechsde berch, dy‛t nauwe en wide kleauwen hie en ferrotte gers yn dy kleauwen, dêrfan binne hja dy‛t de nauwe kleauwen bewenje, guon dy‛t mekoar oer en wer beskuldigje en troch harren rabberij bedoarn binne yn it leauwen. Mar in protte fan harren lykwols bekearden har en ek de oaren sille har bekeare, as hja myn geboaden hearre, want har kletspraat stelt net folle foar, sille hja har hastich bekeare. Mar hja dy‛t de wide kleauwen bewenje, behurdzje yn har rabberij en binne wraaksuchtich yn har lulkens tsjin mekoar. Dêrom waarden dy by de toer weismiten, en wegere om diel te hawwen yn it gebouw.  Sokke minsken sille dêrtroch muoiten hawwe yn har libben.As ús God en Hear, dy‛t alle ding bestjoert, en macht hat oer Syn hiele skepping, net mear tinkt oan it kwea fan harren dy‛t har sûnden belide, mar barmhertich is; moat dan in minske, dy‛t fergonkelik is en fol fan sûnden, it kwea fan in meiminske yn omtinken hâlde, as soe hy bysteat wêze him te ferneatigjen of te rêden?  Ik, de ingel fan de bekearing, siz tsjin jimme allegearre, dy‛t op dizze manier tinke; oankant der mei en bekear jim, en de Hear sil jim eardere sûnden ferjaan, as jim jimsels suverje fan dizze kweageast, en sa net; dan wurde jim oan him oerlevere ta de dea."

HAADSTIK 24

"En hja dy‛t leauden op de sânde berch, dêr‛t it gers grien en groeisum wie en de hiele berch fruchtber en dêr‛t alle soarte fee en fûgels fan de himel har sêden oan it gers fan de berch, en dêr‛t it gers dêr‛t hja yn weiden almar oerfloediger waard, dy wienen altyd ienfâldich en ûnskuldich en segene, rabben net ûnderinoar, mar ferbliden har altyd tige fanwege de tsjinners fan God, en wienen klaaid mei de hillige geast fan de fammen, en altyd meilijend mei elk minske, en help jaand fan har eigen wurk oan in elk, fuortdaliks en sûnder protteljen. Dêrom dat de Hear, dy‛t har ienfâld en sêftmoedigens seach, harren fermannifâldige mids fan de wurken fan har hannen, en harren begeunstige yn al har dwaan. En ik, de ingel fan de bekearing, siz tjin jimme dy‛t sa binne: Gean sa troch en jim sied sil nea útwiske wurde; want de Hear hat jim hifke, en jim ynskreaun yn it tal fan ús, en al jim sied sil wenje mei de Soan fan God, want jim ha Syn Geast ûntfongen." 

HAADSTIK 25

"En hja dy‛t leauden op de achste berch, dêr‛t safolle fonteinen binne, en dêr‛t alle skepsels fan God út dy boarnen dronken, dat wienen de apostels en learaars, dy‛t preken op de hiele wrâld, en dy‛t plechtich en suver it wurd fan de Hear brochten, en net ferfoelen ta kweade begearten, mar libben yn gerjochtichheid en wierheid, neffens de Hillige Geast dy‛t hja ûntfongen hienen. Sokke minsken sille dus yngean mei de ingels."

HAADSTIK 26

"En hja dy‛t leauden fan de njoggende berch, dy‛t ferlitten wie, en dêr‛t krûpende dingen  en wylde bisten wienen dy‛t minsken deameitsje, dat wienen hja dy‛t in ferkearde namme hienen as tsjinners, dy‛t min har amtlike plicht dienen, dy‛t de widdowen en wezen har libbensûnderhâld ûntrôven en harsels besittingen wûnen fan it amt dat hja krigen  hienen. As hja sa ûnderwurpen bliuwe oan dyselde begearten, dan betsjut dat de dea en dan is der gjin hoop op libben foar harren; mar as hja har bekeare en harren amt op in hillige manier folbringe, dan sille hja libje kinne.
En hja dy‛t schurf binne, dat binne dyselden dy‛t de Heare ferleagene hawwe en net wer by Him werom kaam binne, mar fertoarren as de woestyn; en omdat hja net by de tsjinners fan God bleaunen, mar yn iensumens libben, ferneatigen hja har eigen sielen. Want lykas in wynstok  yn in tún dy‛t ferwaarleaze wurdt, te neate giet en yn it ûnkrûd omkomt en meidertiid ferwyldert en foar syn baas fan gjin nut mear is, sa binne ek sokke minsken, dy it opjûn hawwe, nutteleas wurden foar harren Hear troch dat se barbaarske gewoanten oanlutsen hawwe.Sokke minsken hawwe it noch yn‛e macht har te bekearen, as hja teminsten net fan herte de Hear ferleagene hawwe; want as der ien is dy‛t Him fan herte ferleagene hat, dan wit ik net of‛t dy noch libje mei. En ik sis dit net
foar de tsjintwurdige tiid, dat immen dy‛t ferleagene hat bekearing berikke mei;  want it is ûnmooglik, foar immen dy‛t no de Hear noch ferleagenet, om rêden te wurden, mar foar dy‛t Him lang ferlyn ferleagene hawwe liket bekearing mooglik te wêzen. As immen dus fan plan is him te bekearen, dy moat der fluch by wêze, foardat de toer klear is; want sa net, dan sil hy úteinlik ferneatige wurde troch dy froulju.En de ôfbrokkeljende stiennen, dat binne de ferrifelers en rabbers, en de wylde bisten dysto op de njoggende berch seachste binne deselden. Want sa as wylde bisten minsken deameitsje troch har fergif, sa rûinearje en ferneatigje ek de wurden fan sokken in minske.  Dizzen binne dus skeind yn har leauwe, troch de dingen dy‛t hja harsels oandien hawwe, mar guon hawwe har bekeard, en waarden rêden. En de oaren dy‛t sa‛n aard hawwe, kinne rêden wurde as hja har bekeare; mar as hja har net bekeare, sille hja omkomme mei de froulju waans krêft
hja oannaam hawwe."

HAADSTIK 27

"En dy‛t leauwe fan de tsiende berch, dêr‛t beammen wienen dy‛t skaad joegen foarde skiep,  dat binne de folgjenden: Biskoppen, dy‛t de herberchsumens leaf hawwe, dy‛t tsjinners fan God, sûnder ûnderskied, altyd bliid yn har hûs ûntfange. En de biskoppen dy‛t nea neilitte de widdowen en dy‛t brek lije yn har amtsgebiet te beskermjen; en dy‛t altyd in hillich petear ûnderhâlde. Dêr neffens sille al dizzen troch de Hear foar ivich beskerme wurde. Hja dy‛t soks dogge binne foar God earwurdich, en har plak is no al by de ingels, as hja oan‛e ein ta God tsjinje."

HAADSTIK 28

"En dy‛t leauwe fan de alfte berch, dêr‛t de beammen fol fruchten wienen, fersierd mei allerhande soarte fan fruchten, dat binne hja dy‛t lit hawwe foar de namme fan de Soan fan God en dy‛t mei har hiele hert mei bliidskip lit hawwe en har libben jûn hawwe."
"Werom, mynhear," sei ik, "drage dy beammen dan fruchten, de iene noch moaier as de oare?"
"Hark," sei hy," allegearre dy‛t lit hawwe foar de namme fan de Hear binne eare wurdich foar God; en fan al dyjingen binne de sûnden ferjûn, omdat hja lit hawwe foar de namme fan de Soan fan God. Mar har fruchten binne fan ferskate soarten, want guon binne dochs de bêsten, harkje:  Allegearre dy‛t foar de autoriteiten brocht binne en martele, en dy‛t Him net ferleagenen, mar mei bliidskip lit hawwe, dy wurde yn grutte eare hâlden by God, en fan dy binne de fruchten de bêsten; mar allegearre dy‛t lef wienen en twifelen en yn har hert oerleinen of‛t hja ferleagenje soenen of belide en dochs litten, fan dy is de frucht minder, omdat dy ynjouwing yn har hert kaam; want de gedachte dat in tsjinner syn Hear ferleagenje soe is ferkeard. Soargje der dus foar, dy‛t sokke dingen fan plan binne, dat dy gedachten net yn jim hert bliuwe en jimme foar God ferlern geane. Ja, jimme dy‛t lije foar Syn namme moatte God ferhearlikje, omdat Hy jim wurdich achtet Syn namme te dragen, dat al jimme sûnden hiele wurde meie. Achtsje jimme dêrom earder lokkich, en betink dat jim grutte dingen dien hawwe, as immen fan jim lit hat om Gods wol. De Hear beskikt jimme it libben en jimme begripe net, dat jim sûnden sa swier wienen; dat as jim net lit hienen foar de namme fan de Hear, jimme foar God dea wêze soenen fanwege jim sûnden. Dizze dingen siz ik tsjin jimme, dy‛t yn best:ân steane oft jim Him ferleagenje sille of betsjûgje, erken dat jim de Hear leaf hawwe, opdat jim net oerlevere wurde yn de finzenis, omdat jim Him ferleagenje. As de heidens har slaven straffe as ien dêrfan syn hear ferleagenet, wat tinkt jimme dat jim Hear dwaan sil, dy‛t macht hat oer alle minsken? Doch sokke oerlizzingen út jim hert wei, dat jim foar altyd by de Hear libje meie."

HAADSTIK 29

"En dy fan de tolfde berch, dy‛t wyt wie, dat binne de minsken dy‛t binne as de lytse bern yn waans hert gjin kwea opkomt; en dy‛t net iens witte wat kwea is, en dy‛t altyd as bern bleaun binne. Sokken sille sûnder mis wenje yn it keninkryk fan God, omdat hja net ien fan syn geboaden skeind hawwe, mar yn de geast  as lytse bern bleaun binne al de dagen fan harren libben. Allegearre fan jim dus, dy‛t stânfêst bliuwe, en binne as bern sûnder kwea, dy sille mear eare wurde as al dyjingen dy‛t hjir foar neamd waarden. Want alle lytse bern binne earber by God, en binne de earsten by Him. Segene binne jimme, dy‛t it kwea út jimsels útbant hawwe en mei ûnskuld beklaaid binne. As de earsten fan allegear sille jim by God libje."
Doe‛t hy de likenissen fan de bergen útlein hie, sei ik tsjin him: "Mynhear, ferklearje my no oer de stiennen dy‛t út de flakte helle wienen, en yn it gebou set waarden yn it plak fan de stiennen dy‛t út de toer naam wienen, en oer de rûne stiennen dy‛t yn it gebou set waarden en oer de stiennen dy‛t rûn bleaunen."

HAADSTIK 30

"Harkje dan," sei hy,"ek oer dy stiennen. De stiennen dy‛t út de flakte helle waarden en yn de toer set yn it plak fan de stiennen dy‛t ôfkard wienen, dat binne de woartels fan dizze wite berch. Dus, omdat de leauwigen fan de wite berch allegear ûnskuldich blykten te wêzen, gebea de Hear fan de toer, dy stiennen fan de woartels fan de berch, yn it gebou fan de toer te lizzen, want hy wist dat as dizze stiennen yn it gebou fan de toer gean soenen, hja wyt bliuwe soenen en dat net ien dêrfan swart wurde soe. Want as hy dat by de oare bergen ek sa besletten
hawwe soe, dan soe it needsaaklik west hawwe de toer wêr te besjen en nochris te suverjen. No, al dizze minsken, dy‛t sa leauden blieken wyt te wêzen, en ek hja dy‛t noch sa leauwe sille, want dy binne fan‛t selde soarte folk.  Dat is lokkich folk, want hja binne ûnskuldich. Hear no fierder oer de glânzjende rûne stiennen. Dy komme ek fan de wite berch, en hja binne rûn omdat de rykdom
har foar de wierheid in bytsje fertsjustere en ferdonkere hie, hoewol dat hja God nea ferlitten hawwe en der gjin ferkeard wurd út har mûle kaam, mar allinne rjocht en deugd en wierheid.
Doe‛t de Hear dus de geast fan dizze minsken seach, dat hja goed berne wienen en goed wêze koenen, joech Hy opdracht harren rykdom te besnoeien, mar net foargoed fan har ôf te nimmen, sa dat hja noch bysteat wêze soenen wat goeds te dwaan fan wat harren litten wie; en hja sille by God libje, omdat hja fan in goed soarte folk binne. Dêrom waarden hja wat bekapt mei de beitel, en yn it gebou fan de toer set."

HAADSTIK 31

"Mar de oare rûne stiennen, dy‛t noch net oannaam wienen ta it bouwen fan de toer en it segel noch net krigen hienen, waarden werombrocht nei har plak, omdat hja sa rûn wienen. No dit soarte moat alhiel besnoeid wurde yn sokke dingen, en yn de idelheden fan har rykdom, en dan sille hja passe yn it keninkryk fan God; want hja sille grif wol yn it keninkryk fan God komme, want de Hear hat dit ûnskuldige folk seinige. Fan dit folk sil dus net ien ferlern gean; want al soe ien fan harren troch de gemienste duvel fersocht wurde, en kwea dwaan, hy sil fuort werom gean nei syn Hear. Ik achtsje jimme lokkich, ik de boadskipper fan bekearing, jim allegearre dy‛t ûnskuldich binne as de bern, want jim diel is goed, en earber foar God. Boppedat siz ik tsjin jim allegearre dy‛t it segel fan de Soan fan God ûntfongen hawwe, wêz beklaaid mei ienfâldigens, en tink net te lang oer misledigingen, en bliuw net stykjen yn it kwea. Smyt oan kant dat wrokjen oer misledigingen en bitterens, en jim sille foarme wurde ta ien geast. En hielje en meitsje in ein oan dy rare skuorringen, dat as  de Hear fan de keppel komt, Hy Him ferbliidzje mei oer jimme. En it sil Him bliid meitsje as Hy alle dingen ynoarder fine sil en dan sil net ien fan jimme omkomme. Mar as hy sjocht dat ien fan de skiep ôfdwaald is, wee dan de hoeders! En as de hoeders sels op‛e doele binne, wat sille hja Him dan antwurdzje foar harren keppel. Wolle hja faaks beweare dat de keppels harren ôfmêde hawwe? Hja sille net leaud wurde, want it is net te leauwen dat in hoeder lije soe troch syn keppel; hy sil earder straft wurde foar syn falskens. En ik bin sels in Hoeder, en it is in twingende needsaak foar my om ferslach út te bringen oer jimme."

HAADSTIK 32

"Hielje dêrom jimme sels, salang‛t der noch oan de toer boud wurdt. De Hear wennet yn minsken dy‛t de frede leaf hawwe, want Hy hâldt fan frede; en Hy hâldt him fier fan tsierders en dogeneaten. Meitsje dêrom foar Him jim geast wer nij,  sa geef as jim him krigen hawwe. Want as jim in nij pak klean nei de stomer brocht hawwe, en ferwachtsje it hiel en skjin werom te krijen, as dan de stomer jim in sútrich ferskuord pak werom jout, soenen jim dat oannimme, soenen jim net earder lulk wurde, soenen jim him net beskrobje en sizze; ik ha jo in goed en hiel pak brocht, werom ha jo it skuord en ûnnut makke, sadat it net mear brûkt wurde kin fanwege de skuorren dy‛t jo der yn makke hawwe. Soenen jim soks net tsjin de stomer sizze fanwege in skuor yn jim klean? As jimme jim dus al lulk meitsje om klean, en kleie omdat jim it net hiel werom krigen, wat tinke jim dan dat de Hear dwaan sil mei jimme, want Hy joech jim in sûne geast, as jim dy alhiel ûnbrûkber werom jouwe,  sa dat er fan gjin nut mear is foar syn eigener? Want it gebrûk dêrfan waard nutteleas, sjoen it misbrûk dat jim dêrfan makken. Sil de Hear dêrom net, fanwege dit gedrach fan jimme ten oansjen fan Syn Geast, op de selde manier dwaan, en jim oerleverje oan de dea?  Foar wis, siz ik jimme, Hy sil krekt itselde dwaan mei allegearre dy‛t Hy fine sil, dy‛t fol
binne fan wrok oer misledegingen. Wâdzje net oer syn genede hinne, seit Hy, mar earje Him leaver, want Hy hat sa‛n geduld mei jim sûnden en is net lykas jimme binne. Bekear jimme, want dat is goed foar jim."

HAADSTIK 33

"Al de dingen dy‛t hjir boppe skreaun binne ha ik, de Hoeder, de boadskipper fan bekearing, toand en sprutsen ta de tsjinners fan God. As jim dus leauwe en harkje nei myn wurden, en dêrneffens libje, en jimme dwaan ferbetterje, dan sille jim de krêft hawwe om te libjen. Mar as jim yn it kwea bliuwe en yn it wrokjen oer misledigingen, gjin sûnder fan dat soarte sil libje by God. Alles wat ik te sizzen hie, is jimme no oansein."

 Doe sei de Hoeder tsjin my: "Hast my no alles frege?"
En ik antwurde: "Ja, mynhear."
"Werom hast my dan neat frege oer de foarm fan de stiennen dy‛t yn it gebou set binne. Dat ik dy útlizze koe werom wy de foarmen opfolle hawwe?" 
Ik sei: "O, dat ha ik fergetten , mynhear!"
Hy sei: "No, harkje dan ek dêroer: Dat binne hja dy‛t no myn geboaden heard hawwe en har mei hiel har hert bekeard hawwe. En doe‛t de Hear seach dat har berou echt wie en suver en dat hja bysteat wienen der by te bliuwen, hat Hy opdracht jûn har eardere sûnden út te wiskjen. Want dy foarmen wienen harren tekoartkommings en dy binne no útflakke dat hja net mear te sjen binne."

DE TSIENDE LIKENIS


OER BEKEARING EN IT JAAN FAN JEFTEN

HAADSTIK 1

Doe‛t ik dat hiele boek delskreaun hie, kaam de ingel dy‛t my tabetroud hie oan de Hoeder yn‛e hûs en siet op in bank, en de Hoeder stie oan syn rjochter hân.
En hy rôp my by him en sei tsjin my: "Ik ha dy en dyn hûs tabetroud oan de Hoeder, dat sto troch him beskermewurde mochst."
"Ja, mynhear,"sei ik.
" Dus asto beskerme wurde wolst tsjin alle ergernissen en alle wrede behanneling en sukses hawwe wolst  yn alle goede  wurken en wurden en alle deugden fan rjochtfeardigens hawwe wolst, libje dan neffens de geboaden dy‛t hy dy jûn hat, dan silsto bysteat wêze alle kwea te ûnderdrukken. Want asto dizze geboaden hâldst, dan sil alle begearte en genot fan de wrâld oan dy ûnderwurpen wêze. En sukses sil dy bystean yn alle goede wurken. Nim fan him de ûnderfining en lankmoedigens oer, en siz tsjin elkenien dat hy yn grutte eare en weardichheid is by God, en dat hy in lieder is mei grutte krêft en machtich yn syn amt. Oan him allinne yn de hiele wrâld is de macht ta de bekearing takend. Liket it dy ta dat hy machtich is? Mar achtesto  syn ûnderfining net en de lankmoedigens dy‛t hy mei dy hat?"

HAADSTIK 2

Ik sei tsjin him: "Freegje himsels, mynhear, oft ik fan de tiid ôf dat hy yn myn hûs kaam is, eat dien ha dat net paste, of him yn ienich opsicht misledige ha."
Hy antwurde:"Ik wit ek wol datsto neat dien hast of dwaan wolste dat net past, mar ik sei dit, datst dêryn trochsette meist. Want hy hat my in goed rapport oer dy útbrocht; en do moatst dizze wurden sizze tsjin de oaren, dat hja dy‛t har al bekeard hawwe, of har noch bekeare sille, dyselde gefoelens mei dy ûnderhâlde meie, dat hy ek fan harren my in goed rapport bringe mei en ik oan de Hear."
En ik sei, "Mynhear, Ik meitsje alle minsken bekend mei de grutte wurken fan God; en ik hoopje dat allegearre dy‛t Him leaf hawwe, en earder sûndige hawwe, as hja dizze wurden hearre, har bekeare meie, en it nije libben ûntfange."
"Hâld dan oan yn dizze tsjinst, en foleindigje it. En allegearre dy‛t syn geboaden folgje, sille libje en grutte eare hawwe by de Hear. Mar hja dy‛t dizze geboaden net hâlde, flechtsje fan syn libben en minachtsje him. Mar hy hat syn eigen eare by de Hear. Dêrom, allegearre dy‛t him minachtsje en syn geboaden net folgje, dy dogge harsels de dea oan en elk fan harren sil skuldich wêze oan syn eigen bloed. Mar ik draach dy op datsto hearrich bist oan syn geboaden, dan silsto in middel hawwe tsjin dyn eardere sûnden."

HAADSTIK 3

"Boppe dat, stjoer ik dy dizze fammen, dat hja by dy wenje meie. Want ik seach dat hja hoflik tsjin dy wienen. Dêrom silsto se as helpsters hawwe, om better bysteat te wêzen syn geboaden te hâlden; want it is ûnmooglik ,dat dy geboaden yn acht naam wurde, sûnder help fan dizze fammen. Fierders sjoch ik dat hja ek wol by dy bliuwe wolle, mar ik sil harren ek noch opdrage dyn hûs net te ferlitten; allinne, dan moast dyn hûs wol skjin hâlde, want it sil harren tige oanstean yn in skjinne wente te ferkearen. Want hja binne skjin en kein en ivirich en hawwe in protte ynfloed by de Hear. Dêrom, as hja dyn hûs skjin fine, sille hja altyd by dy bliuwe. Mar as dêr wat smoargens, ek mar in bytsje wêze soe, dan sille hja dyn hûs fuortdalik ferlitte. Want dizze fammen hâlde alhiel net fan smoargens."
Ik sei tsjin him: "Ik hoopje, mynhear, dat ik it harren nei it sin dwaan kin, sa dat hja altyd mei plesier yn myn hûs libje. En sa as hy, oan wa ‛t jo my tabetroud hawwe, gjin klachten oer my hie, sa sille hja dat ek net hawwe."
Doe sei hy tsjin de Hoeder, "Ik sjoch dat dizze tsjinner fan God winsket te libjen en dizze geboaden te ûnderhâlden, en dizze fammen in skjinne wente te bieden." Doe‛t hy dy wurden sein hie, droech hy my wer oer oan de Hoeder, en rôp de fammen, en sei tsjin harren: "Omdat ik sjoch dat jim wol yn syn hûs wenje wolle, befeel ik him en syn hûs by jim oan, en easkje dat jim jim dêr
alhiel net oan ûntlûke sille." En de fammen hearden dy wurden fernoege oan.

HAADSTIK 4

En de ingel sei tsjin my, "Gedraach dysels as in man yn dizze tsjinst en meitsje de grutte wurken fan God oan in elk bekend, dan silsto geunst ûnderfine yn dit amt.  In elk dêrom, dy ‛t libje sil neffens dizze geboaden, sil it libben hawwe en sil lokkich wêze yn syn libben; mar in elk dy‛t se negearret, sil gjin libben hawwe en ûngelokkich wêze yn dit libben. Gebied allegearre dy‛t it goed dwaan kinne, om sûnder ophâlden woldiedich te wêzen, want it is nuttich foar harren om goede wurken te beoefenjen. En ik siz dat elk minske behoede wurde moat foar ûngemakken en earmoed. Want sawol hy, dy‛t gebrekkich is, as dy‛t pleage wurdt troch ûngemakken yn it deistich libben, is yn pine en need. Dêrom, in elk dy‛t in siel ferlost út ditsoarte muoiten, sil foar himsels grutte freugde winne. Want immen dy‛t pleage wurdt troch sokke ûngemakken, lit like folle pine as ien dy‛t yn‛e boeien slein is. Dêr komt by, dat in protte, dy‛t sokke swierrichheden ûnderfine, en se net ferneare kinne, har eigen dea ferhaastje. In elk dus dy‛t wit dat in minske pleage wurdt troch sokke ûngemakken, en neat docht om him te rêden, dy docht in grut kwea, en wurdt skuldich oan syn bloed.
Doch dus goede wurken, jimme dy‛t besit fan de Hear ûntfongen hawwe, dat de toer net, wylst jimme it goeddwaan útstelle, ôfboud wurdt en jim ôfkard wurde foar it bouwurk; der is gjin oare toer yn oanbou! Want om jimme wie de bou fan de toer útsteld. As jimme gjin haast meitsje mei goed te dwaan, sil de toer ree komme, en jim sille bûten sletten wurde." Doe‛t hy dat sein hie, gie hy oerein fan de bank, naam de Hoeder en de fammen mei, en gie fuort, mar hy beloofde my de Hoeder en de fammen werom te stjoeren nei myn wente.
Amen.


De earste ieuwen      Thússide       tebek

IRENAEUS FAN LYON

125 nK -- 202 nK


IrenaeusIrenaeus wie ôfkomstich út lyts Asia, (no Turkije) en it is net krekt bekend yn wat jier as er berne is dus dy 125 nK is in skatting. Nei syn eigen sizzen wie hy in learling fan Polycarpus, biskop fan Smyrna, dy't sels noch in learling fan de apostels wie, en dy't folgens Irenaeus troch de apostels,  en neffens  Tertulianus  troch de apostel Johannes, ta biskop fan Smyrna wijd wie, en as marteler stoarn yn 155.
Yn'e tiid fan de ferfolging ûnder keizer Marcus Aurelius wie  Irenaeus pryster yn Lyon yn Gallia. En dêrwei waard hy yn 177 of 178 ôffurdige nei  Rome  mei in brief foar paus Eleutherius oer de ketterij fan it Montanisme. Doe 't hy yn Lyon werom kaam folge hy biskop Pothinus, dy't as marteler omkaam wie, op as biskop fan Lyon.  Yn de godstsjinstfrede, dy't folge op de ferfolgingen,  ivere hy  tige foar de eigen parochje en it bisdom Gallia, mei de bestriding fan ketterske learingen en bemoediging fan de leauwigen. Deroan tankje wy  twa noch besteand wurken fan him.

ADVERSUS HAERESES. TSJIN DE KETTERS
In ferhandeling yn fiif boeken ta it bestriden fan gnostike ketterijen yn it latyn bewarre, dat in byld jout fan de grutte ferskiedenheid fan ideen yn it  Kristlik leauwen yn dy tiid. En hoe't de tsjerke dêr op reagearre.

En in yn it Aramees bewarre bleaune teks fan in útiensetting fan it leauwen sa as it troch de apostels útdroegen wie. Foaral bedoeld om de gemeente te bemoedigjen, en har foar te hâlden dat hja it goede wiere leauwe krigen hawwe, oantoand mei teksten foaral út it âlde testamint. Mar ek út de evangeeljes, de handelingen en de brieven fan Paulus en út Iepenbieringen.
De kanon wie noch net fêststeld, dus hellet hy ek oan út no apokrive boeken as Baruch, de Himelfeart fan Jesaja, Henoch , it proto evangeelje  fan Jacobus en it ûnfolsleine Matteus evangeelje.
Ut kristlike skriuwers fan syn tiid,  foaral Justinus de marteler syn Dialogen, Polycarpus syn brief oan de Filippiers, en út de Hoeder fan Hermas,  de Oratio fan Athanasius,  en út Tertulianus en Papias en ek fan net kristenen sa as Plato en Philo-judeus.
Hy wie in tige belêzen man, troch sommigen as hillige fereare, mar letter ta ketter ferklearre, omdat hy de frije wil fan de minske learde , as de rjochtfeardiging fan Gods oardiel.
It is frij wis dat hy, net as marteler, ferstoarn is yn Lyon yn 202 nK

De Earste Ieuwen           Thússide


IN ÚTIENSETTING FAN DE LEAR FAN DE APOSTELS

NOATEN

1 Op 'e selde manier  wurde ek
Irenaeus boeken tsjin de ketters
 iepene.
2 Dit is dus de betsjutting fan
 de titel "ostensio"
3 In bettere ûnthâlder




1 Omdat ik wit myn beste Marcianus datsto graach libje wolst yn dy godfruchtigens, dy't allinne bysteat is in minske ta it ivige libben te lieden, bin ik bliid mei dy en bid datsto dyn leauwe folslein bewarje mochtst en sa yn 'e geunst komme by God dy't dy makke hat. Ik woe dat wy altyd byinoar wêze koenen, om mekoar te helpen en de muoiten fan ús ierdske libben te ferlichtsjen troch oanhâldende diskusje oer de dingen dy't fan belang binne.1
Mar hoewol we op dit stuit nei it lichem fier fan inoar binne, dochs sille wy net neilitte, safolle as it ús mooglik is, troch te skriuwen wat mei dy te redendielen en dy fierders yn it koart út ien te setten de ferkundiging fan de wierheid ta de fersterking fan dyn leauwe.2
Wy stjoere dy om samar te sizzen in handlieding fan de wichtichste dingen,3 datst troch dat bytsje folle berikke meist, troch yn in lyts skoftsje al de leden fan it lichem fan de wierheid kennen te learen en yn it koart in bewiis te krijen fan de dingen fan God. Dan sil it fan nut wêze foar dyn eigen rêding, en do silst al dyjingen beskamme meitsje dy't der falske dingen yn stampe wolle en silst mei fertrouwen ús sûne en suvere lear bringe oan allegearre dy't it graach oannimme wolle. Want der is mar ien wei dy't omheech laat foar allegearre dy't it ynsjogge, ferljochte troch it himelske ljocht; mar tsjuster en rjochtoarsom binne de wegen fan harren dy't it net sjogge. Dizze wei liedt ta it himelske ryk en ferienet de minske mei God, mar dy oare wegen rinne del yn de dea, troch de minske fan God te skieden. Dêrom is it needsaaklik foar dy en foar allegearre dy't noed hawwe om har eigen rêding om in rjochte koers te hâlden, wis en feilich troch it leauwe, dat jim net wifkje en net fersleaukje of omdoarmje en troch stoflike begearten en ôfwike en ôfdwale fan de rjochte wei.

4 It Armenyske wurd betsjut
sawol  adem, geast as siel
lykas it grykske pneuma.


5 Ps. 1:1
6 LII, Ex. 3:14&6:2
7 Ps 1:2
2 No, omdat de minske in libben wêzen is gearstald út siel en fleis, moat hy needsaaklik bestean yn dy beide en omdat fan dy beide oanfallen komme, is suverens fan it fleis, de ynbannige ûnthâlding fan alle beskamjende dingen en ûnrjochtfeardige dieden; en suverens fan de siel is, it leauwe ta God folslein te behâlden en dêr neat by en neat ôf te dwaan.
Want frommens wurdt fertsjustere en ferlamme troch besmoargjen en besmodzgjen fan it fleis, en is brutsen en fersmoarge en net mear folslein, as der falskens komt yn de siel;4 mar it sil syn skientme en mjitte behâlde as der aloan wierheid is yn de siel en suverens yn it fleis. Want wat jout it de wierheid yn wurden te witten, en it fleis te besmodzgjen troch it dwaan fan ferkearde wurken. Of, wat jout suverens fan it fleis, as der gjin oprjochtens is yn de siel? Dêrom binne dizzen beide bliid meiinoar en binne ien en mien om de minske antlit oan antlit mei God te bringen.
Dêrom seit de Hillige Geast troch David: Segene is de man dy't net gie yn de rie fan de goddeleazen:5  [dat is, de rie fan de folken dy't God net kenne: want dy't net de God tsjinje dy't wier Is, dat binne godleazen. En dêrom seit it Wurd tsjin Mozes : Ik bin Him dy't Is , mar hja dy't net dy God tsjinje dy't Is, dy binne goddeleas.6] En dy't net stie op 'e wei fan de sûnders. [ sûnders binne hja dy't kennis fan God hawwe en dochs Syn geboaden net hâlde, de eigenwize spotters.7]
En dy't net siet op 'e stoel fan de pest fersprieders. [no, dy pestlijers binne hja dy troch gefaarlike en ferkearde learstellings net allinne harsels mar ek oaren ferdjerre. Want de stoel is it symboal fan it ûnderwizen. Sokken binne dus allegear ketters: hja sitte op de stoel fan de pestfersprieders en al dyjingen dy't it fergif fan harren lear oannimme,wurde ferdoarn.]

8 Is út syn boeken tsjin de
    ketters.I,i.20
9 Jes. 7:9

10 De oersetter is bang dat de
    Armeense tekst hjir it gryks 
    net goed folget, mar ek by
    Hypolitus en Athanasius komt
    men it begrip tsjin dat wy minsken
    'dii facti sumus'
11 Bedoeld tsjin de ketters dy't
    miene dat de goede God fan it
    N.T in oaren is as de Skepper
   út it A.T
3 No, om net eat fan dat soarte te belijen moatte wy ús needsaaklik oan de regels fan it leauwe hâlde sûnder ôfwiking 8 en dwaan neffens de geboaden fan God en leauwe yn God en him earje as Hear en Him leafhawwe as Heit.  No, sok dwaan wurdt foarme troch it leauwen; want Jesaja seit: As jim net leauwe, sille jim ek net begripe.9
En leauwen wurdt foarme troch wierheid, want leauwe rêst op dingen dy't wier besteane. Want dingen dy't binne sa as hja binne, dy leauwe wy en troch te leauwen yn dingen dy't binne sa as hja altyd binne, ha wy dêr in stevich fertrouwen yn. En omdat it leauwen it trochgean fan ús ferlossing betsjut, moatte wy in protte muoite dwaan om it te ûnderhâlden, sa dat wy in wier begrip hawwe meie fan de dingen dy't wier fan belang binne. No, it leauwen biedt ús dêrta in gelegenheid, krekt sa as de Alden, de learlingen fan de Apostels, it oan ús oerlevere hawwe.
Foar alles easket it fan ús yn omtinken te hâlden, dat wy de doop ta de ferjouwing fan de sûnden ûntfongen hawwe, yn de namme fan God de Heit en yn 'e namme fan Jezus Kristus, de Soan fan God, dy't yn it fleis kommen is en stoarn en wer opstien, en yn de Hillige Geast fan God. En dat dizze doop it segel is fan it ivige libben en in nije berte ta God, sa dat wy net langer bern binne fan stjerlike minsken, mar fan de ivige en bliuwende God.
En dat wat altyd bliuwend is en ivich dat is God makke10 en giet oer alle dingen dy't makke binne en al dy dingen binne ûnder Him steld en binne sines wurden; want God is gjin bestoerder en Hear oer dingen fan in oar, mar oer Syn eigen; en alle dingen binne God sines; en dêrom is God Almachtich en alle dingen binne fan God.11



12 Ut de Hoeder fan Hermas,
 mand. 1, dat seach Irenaeus
 as  Hillige Skrift.
4 Want it is needsaaklik dat de dingen dy't makke binne it begjin fan har skepping hawwe moatte fan in grutte oarsaak; en dat begjin fan alle dingen is God. Want Hy sels is net makke troch immen, mar troch Him binne alle dingen makke. En dêrom is it foar alles nedich te leauwen dat der Ien God is, de Heit, dy't alle dingen makke en foarme hat, en dat wat net wie makke hat dat it wêze soe, en dy't omdat Hy alles omfettet, Sels net befette wurde kin.12 En ûnder al dy dingen is dizze wrâld fan ús, en yn dy wrâld de minske: sa is dan ek dizze wrâld skepen troch God.

13 Jes. 43:10
14 Ps. 33:6
15 Valentius Demiurg 1,1:9
16 Ef. 4:6
17 Gal. 4:6, dat wol net sizze dat
   Irenaeus  de brief oan 'e Galaten
   hie, it is ferlykber mar gjin
   oanhelling fan'e  tekst.
5 Sa is der dus oantoand dat der Ien God is, de Heit, net makke, ûnsichtber, skepper fan alle dingen; der't gjin oare god boppe is en der is gjin oare god nei Him.13 En omdat Hy rationeel (logikoi) is, dêrom makke Hy troch it Wurd (logos)alle dingen dy't skepen binne; en God is Geast, en troch de Geast sierde hy alle dingen sa as de profeet ek seit; Troch it Wurd fan de Hear binne de himels ta stân kaam, en troch Syn Geast al har macht.14 Want it Wurd bringt ta stân, dat wol sizze, jout in lichem 15 en skinkt it werkelik wêzen en de Geast jout oarder en foarm oan it ferskaat fan krêften; terjocht en passend wurdt dit Wurd de Soan neamd en de Geast de Wysheid fan God. Krekt sa seit Syn apostel Paulus: Ien God, de Heit, dy't is boppe alles, en troch alles en yn ús allegearre.16 Want boppe alles is de Heit en alles is troch de Soan, want middels Him binne alle dingen makke troch de Heit en yn ús allegear is de Geast, dy't ropt Abba, Heit 17, en dy't de minske foarmet nei de likenis fan God. Dy Geast foarseit it Wurd en dêrtroch ferkundigje de profeten de Soan fan God en dit Wurdt uteret de Geast, en is dêrtroch sels de oankundiger fan de profeten en liedt en lûkt de minsken ta de Heit.

18 De profeten as ledematen fan
Christus  ferkundigje elk syn
part fan de  profeetsy  en
meiinoar it gehiel.
19 Ef. 1:10


6 Dit is dan de oarder fan de regel fan ús leauwe, en de fundearring fan it gebou, en de festichheid fan ús diskusje: God, de Heit, net makke, net stoflik, ûnsichtber; ien God , de skepper fan alle dingen; dat is it haadpunt fan ús leauwe.
It twadde is: It Wurd fan God, Soan fan God, Kristus Jezus ús Hear, dy't oankundige is troch de profeten, neffens de foarm fan harren foarsizzing en neffens de metoade fan de tadieling fan de Heit 18 troch wa't alle dingen makke binne; dy't ek oan it ein fan de tiden, om alles te foleindigjen en gear te bringen,19 minske makke wie tusken de minsken, sichtber en taastber, om in ein te meitsjen oan de dea en it libben te skinken en in mienskip te foarmjen fan in ienheid fan God en minsken.
En it tredde punt is: De Hillige Geast, troch wa't de profeten profetearren, en de ôffaars de dingen fan God learden, en de rjochtfeardigen brocht waarden op de wei fan de gerjochtichheid; en dy't oan it ein fan de tiden op in nije wize útstoart waard op minsken oeral op ierde, om de minske wer nij te meitsjen foar God.

7 En om dy reden giet de doop fan ús herskepping fierder oer dizze trije punten: God de Heit dy't ús fernijing skinkt troch Syn Soan troch de Hillige Geast. Want allegearre dy't de Geast fan God yn har drage wurde brocht nei it Wurd, dat is nei de Soan; en de Soan bringt har by de Heit; en de Heit stelt harren bysteat de ûnferdjerlikens te besitten. Sûnder de Geast is it net mooglik it Wurd fan God te sjen, en sûnder de Soan kin nimmen ta de Heit komme; want ús kennis fan de Heit is troch de Soan, en de kennis fan de Soan fan God is troch de Hillige Geast; en yn oerienstimming mei it wollen fan de Heit tsjinnet de Soan en dielt de Hillige Geast dat ta oan elk dy't de Heit wol en sa't Hy wol.











20 Rom. 2:4-6
8 En troch de Geast wurdt de Heit de Allerheechste neamd, de Almachtige, en de Hear fan de legermachten, dat wy mei betrekking ta Him leare meie dat Hy it is dy't de Skepper is fan himel en ierde en de hiele kosmos, en dy't de ingels makke hat en de minsken; dy't Hear is fan alles, troch wa't alles bestiet, en troch wa't alle dingen ûnderhâlden wurde; genedich, barmhertich, tige sêftmoedich, goed, rjocht, de God fan alle minsken sawol fan Joaden as fan heidens en fan allegearre dy't leauwe.
Foar harren dy't leauwe is Hy as in Heit, want yn it ein fan de tiden iepenet Hy it ferbûn fan de oannimming; mar foar de Joaden is Hy Hear en Wetjouwer, want yn de ôfrûne ieuwen, doe't de minsken God fergeaten en ferlieten en tsjin Him yn opstân kamen, brocht Hy harren ta ûnderwerping troch de Wet, om harren te learen dat hja as Hear de makker en skepper hienen, dy't ek de libbensadem jout en dy't wy tsjinje moatte nachts en deis. En foar de heidenen is Hy de makker en skepper en Almachtige en foar allegearre gelyk, de ûnderhâlder, fersoarger en kening en rjochter; want nimmen sil ûnkomme en frijsteld wurde fan Syn oardiel, gjin Joad, gjin heiden, gjin leauwige dy't sûndige hat, en gjin ingel: mar hja dy't no Syn goedens fersmite, sille Syn macht kennen leare yn it oardiel, yn oerienstimming mei wat de seinige apostel seit: Net wittend dat de goedens fan God dy ta berou laat: mar neffens dyn hurd en ûnberoufol hert sammelsto dy de wrake op oant de dei fan de wrake en de iepenbiering fan it rjochtfeardich oardiel fan God, dy't elk minske leanje sil neffens syn wurken 20
Dit is Hy dy't yn de Wet neamd wurdt de God fan Abraham en de God fan Izaäk en de God fan Jacob, de God fan de libbenen, alhoewol't de hegens en gruttens fan dizze God ûnútspreklik binne.

21 Hellinistysk/Joadske mystike  foar- stelling, de folchoarders binne ûngelyk by Ir.is de 7e it firmament by Paulus de heechste himel, it libbe yn 'e midsieuwen noch troch yn de 7 haadsûnden.
22  Justinus Martyr Dial. 22
23 Sjoch 1Cor. 12:5
24 Jes. 11:2
25 De himels no oardere neffens de
wurden fan de profeet, sa past it!
26 Ex. 25:40
9 No, dizze wrâld is omjûn troch sân himels 21, dêr't de machten en ingels en aartsingels yn wenje, dy't God de Almachtige en makker fan alle dingen tsjinje, net as oft Hy dat nedich hie, mar opdat hja net liddich wêze soenen en sûnder profyt en effekt 22. Dêrom is ek de Geast fan God mannichfâldich yn syn ynwenning en troch de profeet Jesaja wurdt Hy rekkene yn sân foarmen fan tsjinst 23 te wêzen, as rêstend op de Soan fan God, dat is it Wurd yn syn kommen as minske. De Geast fan God, seit hy, sil op Him rêste, de Geast fan wysheid en begrip, de Geast fan ried en macht, de Geast fan kennis en godsfrucht,  Hy sil fol wêze fan de Geast fan ûntsach foar God.24
No, de earste himel fan boppe ôf, dy't alle oare omjout is dy fan de wysheid, en de twadde dy fan it begrip, en de tredde dy fan de ried, en de fjirde fan boppe ôf rekkene is dy fan de macht; en de fyfde dy fan de kennis; de de seisde dy fan de godfruchtigens en de sânde dat is ús blauwe loft, dy't fol is fan ûntsach fan dy Geast dy't ljocht jout oan de himels 25.
Want as in byld hjirfan krige Mozes de sânearmige kandler dy't oanhâldend ljocht joech yn it Hillige, want dêr tsjinne hy as byld fan de himels, want sa sei it Wurd tsjin him: Do silst it meitsje neffens al de foarbylden fan de dingen dysto sjoen hast op de berch.26

27 Neffens Origines en Philo.
28 Iepenb. 5:13
10 No, dizze God wurdt ferhearlike troch Syn Wurd, dat is Syn Soan fan ivichheid en troch de Hillige Geast, dy't  de Wysheid is fan de Heit fan alles. En de krêften fan it Wurd en de Wysheid, dy't Cherubim en Seraphim neamd wurde, 27 ferhearlikje God mei nea ôflittende stimmen, en elk skepsel dat yn de himels is bringt lof oan God de Heit fan alles 28.
Hy skoep troch Syn Wurd de hiele wrâld, en yn dy wrâld binne de ingels. En oan de hiele wrâld hat Hy wetten steld, dêr't elk apart ding him oan hâlde soe yn oerienstimming mei wat God bepaald hie, en dat hja harren grinzen net oerskriede soenen yn it ferfullen fan in elk syn opdroegen taak.

29 Dy hannen fan God binne by
Irenaeus gewoanlik de Soan en
de Geast.




30 Neffens Papias
11 Mar de minske makke Hy mei syn eigen hannen 29, Hy naam it suverste en fynste fan de ierde, en mong yn mjitte Syn eigen krêft mei dy ierde. En Hy kopiearde Syn foarm nei dy formaasje, dat it úterlik dat sjoen wurdt de godlike foarm hawwe soe, want as byld fan God wie de minske makke en op dizze ierde set. En om him it libben te jaan, blies hy de libbensadem yn syn antlit, sadat de minske en nei syn geast en nei syn foarm op God lykje soe. Boppedat wie hy troch God frij en selstandich makke, mei it doel dat hy hearskje soe oer alle dingen dy't op de ierde wienen.
En hiel dizze grutte skepene wrâld, dy't God reemakke hie foardat de minske skepen waard, waard de minske jûn as syn plak dat alle (nedige) dingen befettet.
En der wienen yn dy wrâld ek de tsjinners fan God dy't alles makke hat, in elk mei syn eigen taak en de saakfierder dy't oer al syn mei-tsjinners set wie, hie ek syn plak krigen. No dy tsjinners wienen de ingels, en de saakfierder wie de aartsingel. 30



31 In paradys bûten de ierde,
lykas ek yn ferskate apokriven

12 No, doe't Hy de minske makke hie ta hear oer de ierde en alles dat der yn wie, hie Hy him yn Syn hert ek bestemd as hear oer allegearre dy't dêryn tsjinnen. Dy lykwols wienen folslein, mar de 'hear', dat is de minske, wie noch lyts, want hy wie noch in bern, en hy moast noch groeie om ta folwoeksenens te kommen. En opdat hy iten hawwe soe en waaksje troch hearlik en smaaksum iten, makke Hy him in plak ree better as dizze wrâld, treflik yn klimaat, skjintme, ljocht, iten, planten, fruchten, wetter, en alle oare dingen dy't ta it libben nedich binne, en de namme is Paradys 31. En sa hearlik en goed wie dat paradys, dat it Wurd fan God der altyd wenne en wandele en prate mei de minske, him útbyldzjend de dingen sa't dy't yn de takomst wêze soenen; dat Hy by him wenje soe en mei him prate en by de minske wêze soe om him gerjochtichheid te learen. Mar de minske wie noch in bern en noch net by syn folle ferstân, en sadwaande wie hy maklik te ferlieden troch de mislieder.


32 Gen 2:19




33 LXX Gen. 2:18-25

13 En wylst de minske yn it paradys wenne, brocht God alle libbene wêzens nei him ta en droech him op se allegearre in namme te jaan; en de namme dy't Adam oan in libben wêzen joech, dat wie syn namme. 32 En Hy besleat ek in help foar de minske te meitsjen, want God sei: It is net goed foar de minske om allinne te wêzen; lit Us him in help meitsje dy't by him past. Want ûnder al de libbene wêzens wie der gjin help lykweardich en ferlykber en gelyk oan Adam. Dat Godsels makke him wei en yn 'e sliep; om sa it iene wurk ta stân te bringen út it oare, want der wie noch gjin sliep yn it Paradys, dêrom waard dit oan Adam skonken troch it wollen fan God. En God naam ien fan de ribben fan Adam en fulde it plak op mei fleis, en Hy naam de ribbe en makke dêr in frou fan, en Hy brocht har by Adam; en doe't dy har seach sei er: Dit is bonke fan myn bonken en fleis fan myn fleis; frou sil hja neamd wurde want út har man is hja naam.33
14 En Adam en Eva, want dat wie har namme, wienen neaken en skammen har net, want hja wienen en fielden noch as ûnskuldige bern en it wie foar harren noch net mooglik om eat te fielen of te begripen fan wat troch ûndogense lusten en beskamsume begearten yn de siel ûntstiet.Want hja wienen doe noch alhiel sûnder lek of brek yn har natuer, omdat hja de libbens geast hienen, dy't harren ynblaasd wie by de skepping. En salang dy geast yn syn plak en krêft bliuwt, hat er gjin idee of begrip fan minne dingen. En dêrom skammen se harren net en tuten en omearmen inoar yn ûnskuld as bern.







34 Gen 2:16

15 Mar om foar te kommen dat de minske te heech fan himsels tinke soe, en grutsk wurde en eigenwiis, as of hy gjin hear hie, fanwege it gesach en de frijheid dy't him skonken wie, en sa sûndigje soe tsjin God syn skepper, en oer syn grinzen gean soe , en der eigenwize ferbyldings fan grutskens opneihâlde soe tsjinoer God, dêrom hie God him in gebod jûn, dat hy fiele soe dat hy de Hear fan it hielal as hear hie. En Hy stelde him bepaalde grinzen, sa dat as hy it gebod fan God hâlde soe, dan soe hy foar altyd bliuwe sa as hy wie, dat wol sizze, ûnstjerlik; mar, as hy dat net hâlde soe, dan soe hy stjerlik wurde en fergean ta ierde dêr't hy út makke wie. Dat gebod wie dit: Fan elke beam yn it hôf meisto frij ite, mar allinne fan dy beam dêr't de kennis fan goed en kwea yn is, dêr meisto net fan ite, want asto dêr fan ytst silsto grif stjerre 34.

35 Wysheid 2:24



36 Justinus Martyr dial. 103

37 Gen. 3:24
16 De minske hâlde dit gebod net, mar wie oerhearrich oan God, yn ferlieding brocht troch de ingel, dy't troch de grutte jeften dy't God de minske skonken hie, oergeunstich en jaloersk op him wurden wie en sawol himsels ta de ûndergong brocht as de minske ta sûnde, troch him te ferlieden om net te harkjen nei it gebod fan God 35.
Sa waard de ingel, dy't troch syn falskens de feroarsaker en útfynder fan de sûnde waard, sels delslein omdat hy God misledige hie en sa feroarsake hy dat de minske út it paradys jage waard.
En omdat hy laat troch syn gemoed ôffallich waard en God ferliet, dêrom wurdt hy Satan neamd, neffens it Hebriuwske wurdt dat 'ôffallige' betsjut 36. Mar hy wurdt ek 'berabber' neamd. No God ferflokte de slang dy't de rabber droech en oerbrocht; en dy ferflokking kaam op it bist sels en op de ingel dy't yn him fermomd en ferburgen wie, dus op Satan; en de minske ferwidere Hy út syn oanwêzichheid en brocht him op dat stuit te wenjen oan de wei nei it paradys 37, want yn it paradys is gjin plak foar sûnders.









38 Gen. 4:1-25

17 En doe't hja út it paradys set wienen ferfoelen Adam en syn wiif Eva yn in protte muoite en eangstich fertriet, en se swalken rûn yn de wrâld yn spyt en lêst en kleien. Want ûnder de gleone strielen fan de sinne moast de minske de ierde bebouwe, en it brocht him neat op as toarnen en stikels as straf op 'e sûnde.
En doe waard ferfuld wat skreaun stiet: Adam hie mienskip mei syn frou en sy waard swier en berne Kain, en nei him krige se Abel.
No, de ôffallige ingel, dy't de minske ferlate ta oerhearrigens en him sundich makke en de oarsaak wie dat hy út it paradys ferdreaun waard, noch net tefreden mei dat earste kwea, smeide in twadde tsjin de bruorren; want troch Kain te ferfullen mei syn geast makke hy him ta in moardner fan syn broer. En sa stoar Abel, deaslein troch syn broer; dêrmei oantsjuttend dat in seker immen ferfolge en ferdrukt wurde soe en deamakke, de ûnrjochtfeardige dy't de rjochtfeardige ferfolget en deamakket. En dêrnei wie God noch mear fergrime, en ferflokte Kain; en sa barde it dat elk en ien fan syn neiteam yn alle folgjende generaasjes krekt sa waard as syn ferwekker. En God skonk Adam in oare soan yn it plak fan Abel dy't deaslein wie.38


39 Boek fan Henoch 7:1ff
18 En in hiel skoft naam it kwea ta en fersprate him en berikte it hiele minskeskaai en sette him dêryn fêst, oant der noch mar in hiel lyts bytje fan it rjochtfeardige skaai bestie. En der ûntstienen ûnwettige relaasjes op ierde omdat de (kweade) ingels har omgong hiene mei de dochters fan de minsken en dy bernen harren soannen, dy't fanwege har oeribele gruttens 'reuzen' neamd waarden, en dy ingels brochten as jeften oan har froulju, lessen yn it kwea mei 39, dat hja harren de krêften fan woartels en fan krûden learden, en it kleurjen fan klean en gesicht, it ûntdekken fan seldsume stoffen, leafdes dranken, ôfkearigens, troubrek, begearigens, oanranding, keunsten om te betsjoenen, en alle byleauwe en ôfgodstsjinst dat God hatet, en troch de komst fan dy dingen yn de wrâld, fermeardere en fersprate him it kwea, wylst de gerjochtichheid ferswakke en ferdwûn.

19 Oant der in oardiel fan God oer de wrâld kaam yn 'e foarm fan in floed, yn 'e tsiende generaasje fan de earste minske. Noach allinne blykte rjochtfeardich te wêzen en foar syn rjochtfeardigens waard hy sels rêden, en syn wiif en syn trije soannen en de froulju fan syn soannen, troch dat se opsletten waarden yn de Arke. En doe't de ferneatiging fan alle minsken en bisten dy't op 'e ierde wienen kaam, ûntkamen dyselden dy't yn de Arke wienen. No, dy trije soannen fan Noach wienen Sem, Cham en Japhet en fan harren waard it skaai wer útwreide, want hja wienen it begjin fan it minskdom nei de floed.
40 Der is noch al wat betiezing oft
no Cham of syn soan Kanaän
ferflokt waard.
41 Gen. 9:25

42 De oersetter tinkt dat Irenaeus
dy Libiërs út Hand. 2:9-11hat!
Mar Philo wist dat ek al.
20 No, ien fan harren foel ûnder de flok, en de beide oaren erfden in segening troch harren dieden. Want de jongste fan harren, dy't Cham neamd waard, dy't syn heit ta skande makke hie, en feroardiele wie fanwege dy sûnde fan gebrek oan earbied, omreden fan syn ûnfoech en ûnbehoarlik gedrach tsjinoer syn heit, dy waard ferflokt, en ek syn hiele neiteam betruts hy yn dy flok, mei as gefolch dat al syn neikommelingen ferflokt wienen, en har fermannichfâldigen en tanamen yn sûnden 40.
Mar Sem en Japhet, syn bruorren, fertsjinnen in segen fanwege har earbied foar harren heit.
No, de flok fan Cham, dêr't syn heit Noach him mei ferflokte, is sa: Ferflokt mei wêze it bern (fan)Cham, hy sil in slaaf wêze foar syn bruorren 41. En doe't dit oer syn neiteam kaam wie, hie hy al in protte neikommelingen op ierde wol fjirtsjin generaasjes, dy't yn it wyld opwoeksen , en doe waard syn neiteam troch God ôfsnien, oerlevere oan it oardiel. Want de Kanaäniten en de Hittiten en Peresiten en Hiviten en Amoriten en Jebusiten en Girgasiten en Sodomiten, de Arabieren en de bewenners fan Phoenicië en de Egyptners en bewenners fan Libië 42 binne neikommelingen fan Cham dy't falle ûnder de flok, en de flok oer de goddeleazen duorret lang.

43 Ek hjir hat de LXX Kanaän,
Gen. 9:26



44 Hjir hat de LXX ek Kanaän,
mar der binne ek hs.dy't Cham
hawwe. Gen.9:27
45 Ps. 19:5
46 Justinus Martyr Dial. 139

21 Mar sa as de flok dochs kaam wie, sa kaam ek de segen oer de neiteam fan harren dy't segene wienen, elk op syn eigen tiid. Want Sem wie earst segene mei de wurden: Segene is de Hear, de God fan Sem; en Cham sil syn slaaf wêze.43  De krêft fan dy segening lei dêryn dat God de Hear fan it hielal, foar Sem de persoanlike eigen God wêze soe om te ferearjen, en dy segen rikte oant Abraham, dy't rekkene waard as in ôfstammeling yn it tsiende geslacht fan Sem, en dêrom achte de Heit en God fan it hielal, it goed om de God fan Abraham, de God fan Isaäk en de God fan Jacob neamd te wurden; want de segen fan Sem rikte oant Abraham en hechte him oan Abraham.
En de segening fan Japhet wie sa: God sil Japhet tige útwreidzje, en hy sil wenje yn it hûs fan Sem, en Cham sil syn slaaf wêze 44. Dat wol sizze: Oan it ein fan de ieuwen bloeide hy op, troch de komst fan de Hear en de ropping fan út de heidenen, doe't God de ropping oan harren ta útwreide en it lûd dêrfan út gie oer de hiele wrâld en har wurden oan 'e ein fan de wrâld ta 45. Dy útwreiding is de ropping fan de tsjerke út de heidenen. En hy wennet no yn it hûs fan Sem, dat is, yn it erfskip fan de ôffaars, en ûntfangt yn Kristus Jezus it earstberterjocht. Sa, yn de folchoarder der't elk fan har yn seinige wie, yn dyselde folchoarder ûntfong elk yn syn neikommelingskip de frucht fan de segening 46.


47 Gen. 9:14f.






48 Gen. 9:1-5
49 Mooglik neffens Kol. 1:15

50 Gen. 11:1
22 En nei de floed makke God in ferbûn mei de hiele wrâld, ja mei alle libbene wêzens, bisten en minsken, dat Hy nea wer troch in floed alles dat libbe en groeide op 'e ierde ferdylgje soe. En Hy joech harren in teken mei de wurden: As de himel swart wurde sil fan wolken, dan sil Myn bôge sjoen wurde tsjin de wolk; en dan sil My dit ferbûn wer yn't sin komme, en dan sil ik net wer alles dat libbet op ierde ferdylgje troch in floed 47.
Ek feroare Hy it iten fan de minsken, en stie harren ta fleis te iten, want fan Adam ôf oant de floed wie harren it iten fan fleis ferbearn en ieten hja allinne sieden en fruchten fan de beammen. Mar no't de trije soannen fan Noach it begjin wienen fan in nij minskeskaai, segene God harren om har te fermannichfâldigjen en tanimme telitten en sei: Nim ta en fermannichfâldigje en meitsje de ierde fol en bestjoer dy; en frees en ûntsach foar jimme sil wêze op alle libbene bisten en fûgels yn 'e loft en sy sille jimme wêze ta fleis om te iten krekt sa as it griene krûd: mar fleis, mei it bloed fan it libben der yn, silsto net ite: want jimme bloed sil ik ek wêrom easkje fan de hân fan alle bisten en minsken. Wa't in minske syn bloed ferjit, dy syn bloed sil ek fergetten wurde 48. Want Hy makke de minske it byld fan God; en it byld fan God dat is de Soan, en nei dy Syn byld is de minske makke: En dêrom ferskynde Hy yn it ein fan de tiden om Him oan dat byld te toanen, opdat it lyk as Him wêze soe.49
En yn oerienstimming mei dit ferbûn fermannichfâldige it minskdom, opwaaksjende út it sied fan dy trije. En op ierde wie mar ien sprake, dat wol sizze ien taal 50.

23 En hja kamen út it lân fan it easten, en gienen it lân troch en kamen yn it lân Sinear, dat tige rom wie en dêr begûnen se in toer te bouwen. Hja tochten dêrmei in mooglikheid te hawwen om yn 'e himel te kommen en om dat wurk nei te litten as in oantinken foar de minsken dy't nei har komme soenen. En it hiele gebou waard makke fan bakte stiennen en tarre. En harren bretalens en drystmoedigens naam ta, want hja wienen allegearre ien fan sin en miening en dat hja allegear deselde taal hienen tsjinne ek it doel fan har begearen. Mar God betieze harren spraak, sa dat it wurk net fierder gean koe en hja net mear bysteat wienen inoar te begripen en sa waarden hja ferspraat en útinoar plante en namen besit fan de wrâld en wennen yn groepen en mienskippen elk neffens syn taal en sa kamen de ferskate folken en talen op de wrâld.
Sa namen dan de trije geslachten fan minsken besit fan de ierde en ien derfan lei ûnder de flok en twa ûnder de segen en foarst kaam de segen op Sem, dy syn geslacht wenne yn it easten, yn it lân fan de Chaldeën.

51 Letterlik 'waard Abraham fûn'



52 Gen. 12:1-4 dêr is Abraham 75
 jier,  ûndúdlik wêr't Irenaeus 70
wei hat, faaks in oerskriuwflater.
53 Gen. 17:8




54 Gen. 15:5
55 Gen. 15:6; Rom. 4:3
56 Rom. 4:11

24 Yn 'e rin fan'e tiid, dat wol sizze yn it tsjiende geslacht nei de floed, kaam  Abraham 51 en socht om de God, dy't troch de segen fan syn foarfaar, passend en eigen wie foar him. En doe't hy twongen troch it langstme fan syn geast, troch de wrâld swalke om te sykjen wêr't God is, mar der net yn slagge dat út te finen, dearde it God oan om him dy't Him allinne stilwei soch en Hy ferskynde oan Abraham, en makke Him bekend troch it Wurd, as troch in striel fan ljocht. Want Hy spriek mei him fan de himel en sei tsjin him: Gean út dyn lân en dyn folk en dyn heite hûs, en gean nei it lân dat IK dy wize sil, en wenje dêr52. En hy leaude de himelske stim , en omt hy al op leeftyd kaam wie, al 70 jier âld en in frou hie, ferliet hy Mesopotamië mei har en Lot, de soan fan syn ferstoarne broer, en doe't hy yn it lân kaam dat no Judea neamd wurdt, dêr't op dat stuit sân stammen wennen fan it geslacht fan Cham, ferskynde God him yn in fisioen en sei: Dit lân sil ik dy en dyn neiteam jaan as in bliuwend besit 53, en Hy sei ek dat syn neiteam as frjemdlingen wenje soenen yn it frjemd lân, en dêr min behannele wurde, slein en yn bannen fjouwer hûnderd jier lang, en dat hja yn de fjirde generaasje wêrom gean soenen nei it lân dat Abraham tasein wie; en dat God it folk dat syn neiteam as finzenen behannele hie straffe soe. En opdat Abraham weet hawwe soe fan de mannichte en de gloarje fan syn geslacht, brocht God him nei bûten by nacht en sei: Sjoch op nei de himel, en tel de stjerren fan de himel, asto bysteat bist se te tellen: sa sil dyn sied wêze 54. En doe't God de net twiveljende en net wifkjende wissens fan syn geast seach, joech Hy dêrfan tsjûgenis troch de Hillige Geast, en sei yn de Skrift: En Abraham leauwde, en it is him as rjochtfeardigens ta rekkene 55.
En hy wie noch net besnien doe't dit tsjûgenis jûn waard en opdat de útnimmendheid fan syn leauwe bekend makke wurde soe troch in teken, joech Hy him de besnijenis, as in segel fan oprjochtens fan it leauwe, dat hy hie, doe't hy noch net besnien wie 56.
En neitiid waard him in soan berne, Izaäk, fan Sara dy't ûnfruchtber wie, neffens de belofte fan God; en hy besnie him neffens it ferbûn dat God mei him makke hie. En Izaak krige Jacob. En op dy manier gie de oarspronklike seine fan Sem nei Abraham, en fan Abraham nei Izaak en fan Izaak nei Jacob, en waard it erfskip fan de Geast harren taparte: want Hy waard neamd de God fan Abraham en de God fan Izaak en de God fan Jacob. En Jacob krige tolve soannen, dêr't de tolve stammen fan Israël nei neamd binne.

57 Gen. 46:26 hat 66 man
de froulju net meirekkene.
75 liket út de rede fan  Stefanus
 te kommen Hand 7:14
25 En doe't er oer de hiele ierde honger kaam, barde it dat der allinne yn Egypte noch iten wie; en Jacob en syn hiele famylje reizgen ôf en wennen yn Egypte; en it tal dat ferhuze wie fiif en santich minsken 57, en yn fjouwerhûnderd jier, sa as de godspraak foarsein hie, waarden hja ta seishûnderd en sechstichtûzen. En omdat hja slim mishannele en beneare waarden yn slavernije, en suchten en kreunden ta God, de God fan harren foarfaars Abraham, Izaak en Jacob; brocht Hy harren út Egypte troch de hân fan Mozes en Aaron, troch de Egyptners mei pleagen te slaan en yn de lêste pleach in ferdjer ingel te stjoeren en harren earstbernen te deadzjen, beide fan minsken en fan bisten; dêr't Hy de bern fan Israel foar bewarre, sa it lijen fan Kristus iepenbierjend troch it mystearje fan it offer fan it ûnbeflekte laam, dat syn bloed joech om oan de hûzen fan de Hebreën te smarren as in wis ôfwarmiddel. En de namme fan dat mystearje is Peaske (foarbygong) de boarne fan de ferlossing.  En troch de Readesee te spjalten brocht Hy de bern fan Israel yn feiligens yn de wyldernis; mar de Egyptners dy't harren ferfolgen en har neikamen yn de see, hja waarden allegear ferswolge, it oardiel fan God dat kaam op dyjingen dy't it sied fan Abraham ûnrjochtmatich beneare hienen.

58 Ex. 31:18;Ex.34:28
59  Luk. 11:20; Mat. 12:28;
hawwe sawat itselde idee

26 En Mozes ûntfong yn de wyldernis de Wet fan God, de tsien wurden op stiennen tafels skreaun mei de finger fan God 58, (no, dy finger fan God is dat wat him útstrekt fan God yn de Hillige Geast) 59 en de geboaden en regels, dy't hy joech oan de bern fan Israel, om har dêr oan te hâlden. En hy makke de tinte fan it tsjûgenis neffens it gebod fan God, de sichtbere foarm op ierde fan de dingen yn de himels dy't geastlik en ûnsichtber binne, it figuurlik model fan de Tsjerke en in profesije fan de dingen dy't komme sille; en yn dy tinte de skûtels en de alters foar de offers en de ark dêr't hy de tafels fan de wet yn lei.
En hy wiisde Aaron en syn soannen oan as prysters en bestemde it prysterskip foar har hiele geslacht en dat wienen de neikommelingen fan Levi. Boppedat droech hy nei it wurd fan God dy hiele stam op it wurk foar de tsjinst fan God yn de timpel te dwaan, en hy joech harren de Levityske wet, om te toanen wat en wat soarte fan minsken it wêze moatte,  dy't altyd dwaande binne mei it folbringen fan de tsjinst yn de timpel fan God.


60 Num. 13:16;
Justinus M. Dial. 75,113















27 En doe't hja ticht by it lân wienen, dat God oan Abraham en syn sied tasein hie, keas Mozes ien man út elke stam en stjoerde harren om út te sykjen hoe't it lân en de stêden en de minsken yn dy stêden wienen. En yn dyselde tiid iepenbierre God him de Namme dy't allinne bysteat is dyjingen te rêden dy't dêryn leauwe; en Mozes feroare de namme fan Hosea de soan fan Nun, ien fan harren dy't útstjoerd wienen, en neamde him Jezus 60; en sa stjoerde hy harren fuort mei de krêft fan dy Namme, yn it leauwen dat hy harren feilich, sûn en wol wêrom krije soe, behoede troch dy Namme, en sa barde it ek.
No, doe't hja hinne gien wienen en it besjoen en ûndersocht hienen, kamen hja wêrom mei in strûs druven; en guon, fan de tolve dy't útstjoerd wienen, brochten de hiele mannichte yn eangst en ûnstjoer, troch te sizzen dat de stêden ferskriklik grut en bemuorre wienen, en dat dêr de soannen fan reuzen yn wennen en dat it foar harren ûnmooglik wie it lân te feroverjen. En doe skriemde de hiele mannichte, omdat hja net leauwden dat God harren dêrta de krêften skinke koe en alles oan har ûnderwerpe. En hja sprieken ek kwea fan it lân, dat it net goed wêze soe, en net de muoite wurdich om dêr sa'n gefaar foar te ûndergean. Mar twa fan de tolve, Jezus de soan fan Nun, en Kaleb de soan fan Jefunne, skuorden harren klean om it kwea dat bedreaun wie, en beswarden it folk net lefhertich te wêzen en de moed net te ferliezen; want God hie it allegear yn har hân jûn en it lân wie tige goed. En doe't hja it noch net leauden en it folk al mar yn it selde ûnleauwe bleau, feroare God en stjoerde har in oare wei lâns wêrom, dat hja treasteleas en pynlik slein, swalkje soenen yn de wyldernis. En neffens de dagen dat de spionnen it lân yngien wienen oant hja weromkamen (en dat wienen 40 dagen) foar elke dei in jier rekkenjend, hâlde Hy har 40 jier lang yn de wyldernis. En net ien fan de folwoeksenen, dy't by har ferstân wienen, achte hy wurdich it lân yn te gean fanwege harren ûnleauwe, behalve dan de twa dy't tsjûge hienen oer it erfskip, Jezus de soan fan Nun en Kaleb de soan fan Jefunne en dyselden dy't noch te jong wienen en it ferskil noch net wisten fan har rjochter en linker hân. Sa fergie de hiele ûnleauwige mannichte en rekke wei yn de wyldernis en sa fertsjinnen hja ien foar ien it lean fan harren gebrek oan fertrouwen. Mar de bern dy't op woeksen yn dy 40 jier fulden it tal fan de deaden wer oan.



61 Deut. 32:49f.
62 Deut. 34:5
28 Doe't dy 40 jier om wienen kaam it folk by de Jordaan en waarden dêr sammele en opsteld tsjinoer Jericho. Hjir rôp Mozes it folk byinoar, en werhelle de hiele wet, ferkûndigjend de grutte wurken fan God oant dy dei, om dyjingen dy't opgroeid wienen yn de woastyn te foarmjen en ree te meitsjen om ûntsach foar God te hawwen en Syn geboaden te hâlden, om sa mar te sizzen, in nije wet foar harren opstellend en tafoegjend, oan dy, dy't earder makke wie. En dy waard Deuteronomium neamd en dêryn wienen ferskate profetieën beskreaun mei betrekking ta ús Hear Jezus Kristus en oer it folk en ek oer de ropping fan de heidenen en oer it Keninkryk.

29 En doe't Mozes syn libben nei de ein rûn, waard him oansein troch God: Gean by dy berch op en stjer61, want do silst Myn folk net yn it lân bringe. Sa stoar hy neffens it wurd fan de Hear en Jezus de soan fan Nun folge him op.62 Hy lei de Jordaan droech en makke dat it folk dêr troch gean koe nei it lân. En doe't hy de sân folken dy't dêryn wennen ferslein en ferneatige hie, bestemde hy foar it folk it tydlike Jeruzalem , dêr't David kening wie en syn soan Salomo, dy't de timpel boude foar de namme fan God, neffens de likenis fan de tabernakel dy't troch Mozes makke wie, neffens it patroan fan de himelske en geastlike dingen.


63 Ef. 1:10
30 Dêr waarden troch de Hillige Geast de profeten hinne stjoerd; en hja learden it folk en bekearden har ta de God fan harren ôffaars, de Almachtige; en hja waarden herauten fan de iepenbierring fan us Hear Jezus Kristus de Soan fan God, ferklearjend, dat Syn fleis opbloeie soe út de neiteam fan David; sadat Hy nei it fleis de soan fan David wêze soe, dy't, yn in lange opfolging fan generaasjes, in soan wie fan Abraham, mar nei de geast Soan fan God, fan it begjin oan al besteand mei de Heit, ferwekt foar alle skepping fan de wrâld en op 'e ein fan de tiden yn de wrâld ferskinend as minske, it Wurd fan God dat yn Him ferienet alle dingen dy't yn 'e himel en op 'e ierde binne 63.


64 2 Tim. 1:10



65 Joh. 1:14


31 Sa feriene Hy de minske en God, en stifte in mienskip fan ienheid tusken God en minske; want wy koenen yn gjin inkele oare wei dielhawwe oan de ûnferdjerlikens, as dat Hy ien fan ús waard. Want salang as de ûnferdjerlikens ûnsichtber wie en net iepenbierre, holp it ús neat; dêrom waard it sichtber makke 64, dat wy yn alle opsichten diel hawwe mochten oan de ûntfangst fan de ûnferdjerlikens. En, omdat wy yn de oarspronklike skepping fan Adam, allegearre bûn wienen en oerlevere oan de dea troch syn oerhearrigens, wie it rjocht dat wy troch de hearricheid fan Him dy't minske makke waard foar ús, ferlost wurde soenen fan de dea: en omdat de dea hearsket oer it fleis, wie it rjocht, dat troch it fleis, de dea syn krêft ferlieze soe en de minske frij litte soe út syn ûnderdrukking. Sa waard it WURD fleis makke 65, dat, troch dat selde fleis, dat de sûnde regeard en oerhearske hie, de sûnde syn krêft ferlieze, en net langer yn ús bestean soe. En dêrom naam ús Hear dy selde oarspronklike foarm oan, as syn yntree yn it fleis, sa dat Hy neieroan komme mocht en stride yn it belang fan de ôffaars en oerwinne troch Adam, wat troch Adam ús dêlslein hie.

66 Dat idee komt ek foar by
Tertulianus 'de carne Christi 27'
en oaren.
67 Gen. 2:5
68 Gen 1:26
32 Wêr komt no it materiaal fan de earst foarme minske wei? Fan it Wollen en de Wysheid fan God en fan de maagdelike ierde 66. Want God hie it noch net reine litten op ierde, seit de Skrift, foar dat de minske makke waard, en der wie net ien om de ierde te bewurkjen 67. Dêrút wei dus, omdat it noch maagdelik wie, naam God stof fan de ierde en makke de minske, it begjin fan it minskdom. Sa naam de Hear, om dizze minske op 'e nij geartestallen, deselde folchoarder fan kommen yn it fleis, berne (as Hy is) út de Faam troch it Wollen en de Wysheid fan God; dat Hy de likenis fertoane soe fan de komst fan Adam yn it fleis, en dat (Hy) wer wêze soe, sa't skreaun wie yn it oanbegjin, minske, neffens it byld en de likenis fan God 68.


69 Justinus M. Dial. 100;
Tertulianus De carne 17



70 Ûngefear as 1Kor. 15:53
33 En krekt sa as troch de oerhearrige faam, de minske delslein wie en ferfoel oan 'e dea, sa waard troch de faam dy't harke nei it Wurd fan God, de minske op 'e nij besiele en ta libben brocht 69. Want de Hear kaam om it skiep te sykjen dat ferlern wie, en it wie de minske dy't ferlern wie; en om dy reden waard der net in oare skepping makke, mar yn dyselde foarm dy't syn ôfkomst hie fan Adam, bewarre Hy de likenis fan de earste skepping. Want it wie needsaaklik dat Adam opnommen waard yn Kristus, sa dat de stjerlikens ferswolgen wurde soe en fuortspield troch de ûnstjerlikens. Sa waard Eva opnommen yn Marije, sa dat in faam de bemiddelster wêze soe foar de faam en troch de hearrigens fan in faam, de oerhearrigens fan in faam te neate dien en út'e wei romme waard 70.



71 Jes. 1:5f
72 Fil. 2:8

73 Justinus M. Ap. 1:60; en
Plato Tim. 36



34. En dat de oertreding dy't begien wie troch de beam, te neate dien waard troch de beam fan hearrigens, doe't, hearrich oan God, de Minskesoan oan de beam slein waard, en dêrby de kennis fan it kwea fersmiet en de kennis fan it goede ta stân brocht. Want it kwea is: net nei God harkje, sa as harkje nei God it goede is. En dêrom spriek it Wurd troch de profeet Jesaja, en ferkundige yn it foar wat komme soe [ want dêr binne hja profeten foar, dat hja ferkundigje dat wat komme sil] troch him dus spriek it Wurd: Ik wegerje net en sprek net tsjin; ik kearde myn rêch nei giseljen en myn wangen ta slaan; en ik kearde myn gesicht net ôf foar de beskamsumens fan spuien 71. Sa dan, troch de hearrigens dêr't Hy hearrich mei wie oant de dea oan it krús ta 72, hingjend oan de beam, ferneatige Hy de âlde oerhearrigens, dy't bewurke wie yn de beam. No as wy ynsjogge dat Hy it Wurd fan de Almachtige God is, dat ûnsichtber yn ús midden is en him oer de hiele wrâld útwreidet en syn lingte en breedte, hichte en djipte omspant, [ want troch it Wurd fan God is de hiele kosmos oardere en opsteld] dêryn is de Soan fan God krusige, en dat set in krús op it hielal 73; want it is rjocht, dat Hy no't Hy sichtber makke is, op alle sichtbere dingen syn krús set, dat Hy syn wurk sjen litte mei troch sichtbere tekens op sichtbere dingen. Want Hy is it dy't de hichten, de himels, ferljochtet, dy't de ôfgrûn ûnder de ierde omfettet, en de lingte ûtstrekt en útspraat fan east nei west. En Hy noeget allegearre, dy't ferstruid binne oant alle úteinen fan de ierde, ta de kennis fan de Heit.





74 Fil 2:15; Gen 15:6; Rom.4:3,13
Gal 3:2; 1Tim. 1:9
35 Boppedat ferfult Hy de belofte oan Abraham , dy't God him tasein hie, dat Hy syn sied sa talryk meitsje soe as de stjerren oan de himel. Want dat hat Kristus dien, dy't berne waard út de Faam, dy't wie út it sied fan Abraham, en dy't harren dy't yn Him leauwe, steld hat as ljochten yn de wrâld, en de heidenfolken, troch it selde leauwe as Abraham, rjochtfeardige.
Want Abraham leaude yn God en it is him ta rjochtfeardigens rekkene. En op dyselde manier wurde ek wy rjochtfeardige troch it leauwen yn God: want de rjochtfeardige sil libje troch it leauwe. De belofte oan Abraham is net troch de wet, mar troch it leauwe; want Abraham wie rjochtfeardige troch it leauwe, en foar in rjochtfeardich minske is de wet net makke. Op 'e selde manier wurde wy, net rjochtfeardige troch de wet, mar troch it leauwe, dat ek betsjûge wurdt yn de wet en troch de profeten dy't it Wurd fan God ús biedt 74.

75 De útdrukking 'ivige kening'
hat iderkear te meitsjen mei dizze
belofte oan David







36. En Hy ferfulde de belofte oan David; want him hie God beloofd dat Hy út de frucht fan syn lichem in ivige kening75 opstean litte soe, en dat oan dy syn ryk gjin ein komme soe. En dy Kening is Kristus, de Soan fan God, dy't de Minskesoan waard; dat wol sizze, dy't de frucht waard fan de Faam, dy't ôfstamde fan David. En om dizze reden wie dy belofte "fan de frucht fan dyn lichem"---- dat Hy dermei sjen litte mocht de ûnferlykbere bysûnderens: sawol fan Him dy't de frucht wie fan it maagdelik lichem fan David, as fan Him dy't Kening wie oer it hûs fan David en oan waans keninkryk gjin ein komme sil.

37 Sa berikte Hy gloarjefol ús ferlossing en ferfulde de belofte oan de ôffaars, en wiske de âlde oerhearrigens út. De Soan fan God waard Soan fan David en Soan fan Abraham; en hy makke dat folslein en brocht dat gear yn Himsels, om te meitsjen dat wy it libben hawwe soenen. It Wurd wie fleis wurden, troch de reewilligens fan de Faam, om de dea út te wiskjen en de minske libben te meitsjen. Want wy wienen finzenen fan de sûnde, berne yn sundigens en libjend ûnder de dea.




76 Iepen. 1:5

77 Amos 9:2






38 Mar God de Heit wie tige barmhertich; Hy stjoerde Syn skeppend Wurd, Dy kaam om ús te verlossen op it selde plak dêr't wy it libben ferlern hienen en ferbruts de bannen fan ús boeiens. En Syn ljocht ferskynde en liet de tsjusternis fan de finzenis ferdwine, hillige de berte en ferneatige de dea, troch de keaten dêr't wy yn klonken wienen los te meitsjen. En Hy kundige de opstanding oan, troch sels De Earstberne út de dea te wurden76, en yn Himsels rjochte Hy de minske wer op dy't fallen wie, en tilde him op fier boppe de himel oant de rjochterhân fan de gloarje fan de Heit; sa as God tasein hie troch de profeet dy't sei: En Ik sil de ynsakke tabernakel fan David wêr oprjochtsje 77, dat is it fleis dat fan David wie.
En dit hat ús Hear Jezus Kristus allegear wier ferfuld, doe't Hy gloarjefol ús ferlossing berikte, om ús wier oerein te helpen, en ús frij te setten foar de Heit. En as in minske Syn berte út in faam net oannimme wol, hoe sil hy dan Syn weropstanding út de dea oannimme? Want der is neat wunderliks of ferbazends of bûtengewoans oan, as immen dy't net berne is opstiet út de dea; nee yn wierheid kinne wy net sprekke fan in opstanding fan immen dy't yn wêzen kaam sûnder berte. Want ien dy't net berne is is ûnstjerlik, hat nea de berte ûndergien en sil dus ek nea de dea ûndergean. Want immen dy't net begûn as in minske, hoe soe hy dy syn ein oannimme kinne.







78 Iepenb. 1:5
39 No, as Hy net berne wie, dan is Hy ek net stoarn; en as Hy net stoarn is, is Hy ek net opstien út de dea: en as Hy net út de dea opstien is, dan hat Hy de dea net ferslein en de macht dêrfan net ferneatige; en as de dea net ferslein is, hoe kinne wy dan opstean ta it libben, wy dy't fan it begjin ôf oan ûnder de macht fan de dea foelen? Dus, dy't sa de ferlossing fan de minske wei nimt, en net leaut dat God harren út de dea opwekke sil, dy ferachtet ek de berte fan ús Hear, dy't Hy om ús ûndergie, dat it Wurd fan God fleis wurde soe, om de opstanding út de dea oan te kundigjen, en sa boppe alles yn de himel ferheven wurde soe, as de earstberne en âldste bern fan de Tinzen fan de Heit, it Wurd dat alle dingen ferfult en Sels liedt en bestjoert op ierde. Want Hy wie de earstberne fan de Faam, in oprjocht en hillich man, mei respekt foar God, goed, dy't God tige oanstie, folslein yn alle opsichten, en dy't al dyjingen dy't Him folgje ferlost fan de hel. Want Hysels wie de earstberne út de dea 78, de Foarst en Skepper fan in libben foar God.

79 Kol. 1:18; Jes. 9:6


40 Sa is dan it Wurd fan God boppe alle dingen ferheven, want Hy is wier minske en Wûnderlike Riedjouwer en machtige God 79, dy't de minske ropt ta freonskip mei God, dat wy troch freonskip mei Him diel hawwe meie oan de ûnferdjerlikens.
Sa dus, Hy dy't oankundige wie yn de wet, troch Mozes en de profeten fan de Allerheechste en Almachtige God, as Soan fan de Heit fan it hielal; Hy fan wa't alle dingen binne, Hy dy't spriek troch Mozes, Dy kaam yn Judea, ferwekt troch God troch de Hillige Geast en is berne út de Faam Marije, ja, út har dy't wie út it sied fan David en Abraham.  Jezus, Salve troch God en Hy liet sjen, dat Hy it wie, dy't de profeten oankundige hienen.

41 Syn heraut wie Johannes de Doper, dy't it folk geskikt en ree makke foar de ûntfangst fan it Wurd fan libben; dy't ferklearre dat Hy de Kristus wie, dêr't de Geast fan God op rêste, ferbûn mei Syn fleis. Syn learlingen, de tsjûgen fan al Syn goede dieden en fan Syn lessen en Syn lijen en dea en opstanding en fan Syn himelfeart nei Syn lichaamlike opstanding — dat wienen de apostels, dy't, neidat hja de krêft fan de Hillige Geast ûntfongen hienen, troch Him de wrâld yn stjoerd waarden en de ropping fan de heidenfolken ta stân brochten, troch it minskdom de wei fan it libben te toanen, om harren te bekearen fan de ôfgoaden en hoerkerij en misdieden, troch harren sielen en lichems te waskjen troch de doop mei wetter en mei de Hillige Geast; want hja hienen de Hillige Geast ûntfongen fan de Hear, en hja dielden Dy mei en parten Dy ta oan harren dy't leauden; en sa beoarderen en fêstigen hja de tsjerken.
Troch leauwe, leafde en hope fêstigen hja dat, dat foarsein wie troch de profeten, de ropping fan de heidenfolken, yn oerienstimming mei de genede fan God, dy't ta harren útstutsen wie; oan it ljocht brocht mei help fan harren tsjinst, en dy't de heidenen taliet ta de belofte fan de ôffaars: te witten, dat oan al harren dy't sa leauden yn de Hear en Him leaf hienen en folhâlden yn hilligens en rjochtfeardigens en ferduldich úthâlden, de God fan it All de jêfte fan it ivige libben en de opstanding út de dea tasein hie; troch Him dy't stoar en wer opstie, Jezus Kristus, dy't Hy it keningskip jûn hat oer alle besteande dingen, en it bestjoer en it oardiel oer libbenen en deaden. En hja (de apostels) retten harren oan, troch it wurd fan de wierheid, om harren fleis ûnbedoarn en harren siel ûnbesmet te bewarjen oant de opstanding .

42 Want dat is de steat fan dyjingen dy't leaud hawwe, omdat de Hillige Geast altyd yn harren bliuwt, dy't harren skonken wie troch Him by de doop, en ûnderhâlden wurdt troch de ûntfanger, as hy libbet yn wierheid en hilligens en rjochtfeardigens en ferduldich úthâlden.
Want sa'n siel belibbet in opwekking yn harren dy't leauwe. It lichem ûntfangt de siel op 'e nij, en tagelyk dêrmei wurdt it, troch de krêft fan de Hillige Geast, ta nij libben brocht en giet yn yn it keninkryk fan God. Dit is de frucht fan de segen fan Japhet, yn de ropping fan de heidenfolken, dy't iepenbier makke is troch de tsjerke en ree stiet om syn wente te nimmen yn it hûs fan Sem, neffens de belofte fan God. Dat al dizze dingen barre soenen hat de Hillige Geast fan te foaren ferkundige troch de profeten; dat mei it each op harren, it leauwen fan harren dy't God yn wierheid ferearje, fersterke wurde soe. Want dat dat foar ús natoer ûnmooglik wie, en dêrtroch ûnleauwe feroarsaakje koe by de minsken, dat hat God soarge dat fan te foaren bekend makke wie troch de profeten; sa dat, troch dat it al fan âlde tiden ôf foarsein wie, en dan optlêst op dizze wize ta stân kaam krekt sa as it foarsein wie, wy witte soenen, dat it God wie, dy't ús ús ferlossing fan te foaren oankundige.

80 Justinus M. Ap. 1:32
81 Yn it Armeensk



82 Spreuken 8:22, oer de Wysheid



83 Joh. 1:1ff
43 Sa moatte wy dan God yn alles leauwe, want God is yn alles wier. No, dat der in Soan fan God wie en dat Hy net allinne bestie foardat Hy te wrâld kaam, mar ek al foardat de wrâld der kaam, Mozes, de earste dy't profetearre 80 sei yn it Hebriuwsk: Baresith bara Elowin basan benuam samenthares. En dat is oerset yn ús taal 81: De Soan (wie)yn it oanbegjin, God skoep doe de himel en de ierde. En Jeremia betsjûge dit ek mei te sizzen: Foar de moarnstjer wûn ik dy, en earder as de sinne wie dyn namme; dat wol sizze, foar de skepping fan de wrâld; want tagelyk mei de wrâld waarden de stjerren makke. En nochris sei deselde: Seinige is Hy dy't bestie ear't Hy minske waard. Want foar God bestie de Soan as it begjin fan de skepping fan de wrâld 82; mar foar ús bestie Hy earst doe't Hy ferskynde; en der foar, bestie Hy foar ús dy't Him net koenen, net. En dêrom ek sei syn learling Johannes, om ús te learen wa't de Soan fan God is, en wa't by de Heit wie foar dat de wrâld makke wie, en dat alle dingen dy't makke binne troch Him makke wienen, it sa: Yn it oanbegjin wie it Wurd, en it Wurd wie by God, en it Wurd wie God, datselde wie yn it begjin by God. Alle dingen waarden troch Him makke, en der is neat dat sûnder Him makke is 83: dêrmei foar wis oantoanend, dat it Wurd dat yn it begjin by de Heit wie, en troch wa't alle dingen makke binne, Syn Soan is.

84 Gen. 18:1ff




85 Gen 19:24



44 En nochris fertelt Mozes hoe't de Soan fan God nei Abraham ta kaam om mei him te oerlizzen: Want God ferskynde oan him by de iik fan Mamre midden op 'e dei. En hy sloech syn eagen op en seach en sjoch dêr stienen trije mannen by him. En hy bûgde him oant de ierde ta en sei: Hear as ik genede fûn ha yn Jo eagen 84. En alles dat der op folget dat beprate hy mei de Hear en de Hear spriek mei him. No, twa fan dy trije wienen ingels; mar dy iene wie de Soan fan God, en Abraham spriek mei Him, pleitsjend foar de minsken fan Sodom, dat hja net omkomme soenen as dêr teminsten noch tsjien rjochtfeardigen fûn wurde mochten. En wylst hja noch sprieken kamen de ingels yn Sodom, en Lot ûntfong harren, en dan seit de Skrift: En God liet it op Sodom en Gomorra swevel en fjoer reine fan God út de himel 85; dat wol sizze, de Soan dy't mei Abraham spriek, as Hear, krige de macht om de minsken fan Sodom te straffen fan de Hear út de himel, dus fan de Heit dy't it al bestjoerd. Sa wie Abraham in profeet en seach de dingen dy't komme soenen, dy't barre soenen yn in minsklike foarm, ja sels de Soan fan God, dat Hy mei de minsken prate soe en mei harren ite, en harren dan bringe soe yn it oardiel fan de Heit, omdat Hy, fan Him dy't it al bestjoerd, de macht krige hie om de minsken fan Sodom te straffen.

86 Gen. 28:12; dat de ljedder fan
Jacop it krús oantsjutte is fan
 Justinus Dial. 86
87 Hand. 7:49;Jes. 66:1
88 Jes. 40:12
45 En doe't Jacob nei Mesopotamië gie, seach hy Him yn in dream stean op in ljedder, dat is de beam dy't opset wie fan de ierde oant de himel, want dy't yn Him leauwe sille dêr by opgean nei de himels 86. Want Syn pinen binne ús trimen nei boppe. En al dy fisioenen wize nei de Soan fan God, dy't praat mei minsken en dy't by harren is. Want it is net de Heit fan it Al, Dy wurdt net sjoen troch de wrâld, de Skepper fan alles dy't seit: De himel is myn troan en de ierde is myn fuotbank; wat hûs soesto my bouwe, of op wat plak soe ik my deljaan 87? En dy't de ierde mei syn hân omfettet en de himel mei syn span 88. Dy wie it net dy't kaam en op in hiel lyts plakje spriek mei Abraham; mar it Wurd fan God, dat altyd by de minsken wie, en yn it foar ferkundige, wat yn 'e takomst komme soe, en dy't de minsken de dingen fan God learde.

89 Ex. 3:7






90 Just. M Dial 91,112,131;
Ex. 15;27;Ex 17.:9; 1Kor 10:4,14:20

46 Hy wie it dy't spriek mei Mozes yn it toarnbeibosk en sei: Ik ha de ferdrukking fan dyn folk yn Egypte sjoen 89; en Ik kom del om har te ferlossen. Hy is it dy't kaam en delkaam foar de ferlossing fan de ferdrukten, dy't ús útlaat út de macht fan de Egyptners, dat wol sizze, fan de ôfgodstsjinst en de goddeleazens, en ús rêd út de Reade See, dat is, dy't ús ferlost fan de deadlike betiezing fan de heidens en de swiere mislediging fan harren godslestering. Want dêryn makke it Wurd fan God de dingen dy't ús betreffe ree en herhelle se. Letter gie Hy fierder en tsjutte Hy fan te foaren yn types de dingen oan dy't komme soenen; en no hat Hy ús yn wierheid brocht út de wrede tsjinst fan de heidens, en yn dy woastyn hat Hy in grutte stream fan wetter rinne litten út de rots, en dy Rots is Hysels; en Hy joech dêr tolve fonteinen, dat is de lear fan de tolve apostels. En de dwarsbongeljende ûnleauwigen liet Hy omkomme en fergean yn de wyldernis; mar dy't yn Him leauden en bern wienen yn it kwea, dy liet Hy yngean yn it erfskip fan de ôffaars, dy't net Mozes, mar Jezus yn it besit stelde fan dat erfskip; dy't ús ek ferloste fan Amalek troch it omheechstekken fan Syn hannen en ús bringt yn it keninkrijk fan de Heit 90.

91 Athanasius Oratio 1,64

92 Ps. 45:7,8;Hebr. 1: 8f
47 Dus, de Heit is Hear en de Soan is Hear, en de Heit is God en de Soan is God; want wat troch God ferwekt is is God. En sa is der yn de matearje en de macht fan Syn wêzen mar ien God; mar is der ek neffens de bewurking fan ús ferlossing sawol de Soan as de Heit. Want foar de skepene dingen is de Heit fan alles ûnsichtber en net nei te kommen 91, dêrom moatte dyselden dy't tichter by God komme wolle, har wei ta de Heit nimme troch de Soan.
En noch klearder en dúdliker sprekt David oer de Heit en de Soan sa as folget: Jo troan o God is foar ivich, Jo hawwe de gerjochtichheid leaf en haatsje ûngerjochtichheid; dêrom hat God Jo salve mei freugdeoalje boppe Jo freonen 92. Want de Soan, dy't God is, ûntfangt fan de Heit, dat is fan God, de troan fan it ivige keninkryk en de salfoalje boppe syn freonen. De salfoalje is de Geast dêr't Hy mei salve is; en syn freonen binne de profeten en de rjochtfeardige minsken en de apostels, en allegearre dy't it boargerskip fan Syn keningskip oannimme, dat wol sizze, Syn learlingen.










93 Just. M. Dial 33
48 En David seit nochris: De Hear sei tsjin myn Hear: Sit oan myn rjochterhân, oant ik dyn fijannen makke ha ta dyn fuotbank. De septer fan dyn macht sil de Hear útgean litte fan Sion; en do silst hearskje yn it midden fan dyn fijannen. Mei dy yn it begjin, yn de dei fan dyn krêft, yn de strieling fan de hilligen: foar de moarnstjer ûntfong ik dy út de memmeskerte.
De Hear hat sward, en it sil him net rouwje: Do bist pryster foar ivich neffens de oarder fan Melchisedek. De Hear oan dyn rjochterhân hat de keningen oan stikken brutsen op 'e dei fan de wrake: hy sil rjochtsje tusken de heidenen, hy sil de ruines op folje, en sil de koppen fan in bulte op de ierde ferbrizelje. Hy sil op de wei út de beek drinke en dêrom sil hy de holle optille. No, deryn ferkundiget Hy dat Hy yn wêzen kaam foar al it oare en dat Hy hearsket oer de heidenen en alle minsken rjochtet, ek de keningen dy't Him no haatsje en Syn namme
ferfolgje; want dat binne Syn fijannen. En troch Him Gods pryster foar ivich te neamen, ferklearret hy Syn ûnstjerlikens. En dêrom seit hy: Hy sil ûnderweis út de beek drinke dêrtroch sil Hy de holle optille; dermei oankundigjend de ferheffing mei gloarje dy't folget op Syn minske wêzen en op de fernedering en ûntearing 93.

94 Jes. 45:1



95 Ps 2:7,8



96 Ps 110:1; Jes. 45:1; By Jesaja
     is dy 'messias'de Perzyske
 kening Kores of Cyrus.

97 Neffens Justinus Ap. 1, 36ff
49 En de profeet Jesaja seit ek noch: Sa seit de Heare God tsin myn Salvling de Hear, waans rjochter hân ik hâlden ha, dat de heidenen nei him harkje soenen 94.
En hoe't Kristus de Soan fan God neamd wurdt en de Kening fan de heidenfolken dat is fan alle minsken; en dat Hy net allinne sa neamd wurdt, mar ek de Soan fan God is en Kening oer alles, dat ferklearret David sa: De Hear sei tsjin my: Do bist myn Soan, hjoed haw ik dy ferwekt. Freegje my en Ik sil dy de heidens ta in erfskip jaan en de úteinen fan de ierde yn erflik besit 95. Dizze dingen waarden net sein fan David; want dy hat noch oer de heidenen, noch oer de einen fan de ierde regearre, mar allinne oer de Joaden. Sa is it dus dúdlik dat de belofte oan de Salvling om te regearen oer de úteinen fan de ierde, dien is oan de Soan fan God, dy't David sels erkent as syn Hear troch te sizzen: De Hear sei tsjin myn Hear, sit oan myn rjochterhân en sa fierder, sa as we hjir boppe seinen 96. Want hy bedoeld dat de Heit sprekt mei de Soan; sa as wy krekt earder oantoanden by Jesaja dêr't hy it sa seit: God sei tsjin myn Salvling de Hear, dat de heidens nei him harkje soenen. Want de belofte is by beide profeten de selde, dat Hy de Kening wêze soe: sadat dus de Godsspraak rjochte is ta ien en deselde, ik bedoel, ta Kristus de Soan fan God. Want foar safolle as David seit: De Hear sei tsjin my, is it needsaaklik te sizzen dat it net David is dy't dêr sprekt, of ien fan de profeten yn eigen persoan; want it is net in minske dy't de profesijen útsprekt, mar de Geast fan God, Himsels belichemjend en ferlykjend mei de foarstelde persoan, sprekt dy yn de profeten, en sprek soms wurden fan Kristus en soms fan de Heit 97.




98 Just.M Dial. 121; Jes. 49:5,6;
 Hand 13:47
50 Sa, op dy manier seit Kristus troch David dat Hy praat as de Heit, en Hy seit wurdelik troch de profeten de oare dingen dy't Himsels betreffe; en yn oare gefallen, sa as ek op dizze manier by Jesaja: En no, sa seit de Hear, dy't my as syn tsjinner foarme fan de memmeskerte ôf oan, om Jacob en om Israel ta Him te sammeljen en ik sil ferhearlike wurde foar de Hear en myn God sil my ta sterkte wêze. En hy sei: it sil in grut ding foar dy wêze om myn tsjinner neamd te wurden, om de stam fan Jacob op te rjochtsjen en te befestigjen en de ferstruiing fan Israel werom te kearen: en ik ha dy steld ta in ljocht foar de heidenen, datsto der wêze soest foar de ferlossing oant de ein fan de ierde.98

99 Just. M. Dial. 62






51. Hjir sjocht men allerearst, dat de Soan fan God al bestie, út it feit dat de Heit mei Him praat, en Him, ear't Hy berne wie, al iepenbierre oan minsken 99: en dernei, dat Hy needsaaklik berne wurde moast as minske tusken de minsken; en dat de selde God Him foarmet fan ôf de memmeskurte, dat wol sizze dat Hy berne wurde soe fan de Geast fan God, en dat Hy de Hear is fan alle minsken, en de ferlosser fan dy't yn Him leauwe, sawol Joaden as oaren. Want it folk fan de Joaden wurdt Israel neamd yn it Hebriuwsk, nei harren stamheit Jacob, dy't de earste wie dy't Israel neamd waard, en alle oare folken neamd Hy de heidens. En dat de Soan fan de Heit Himsels in slaaf (tsjinner) neamd, dat is fanwege syn ûndergeskiktens oan de Heit; want ek ûnder de minsken is elke soan in tsjinner fan syn heit.
52. Dat Christus by de Heit is, wylst Hy de Soan fan God is foar de hiele wrâld; en hoewol Hy by de Heit is, ek tichtby en nau ferbûn is mei de minsken en de Kening is fan alles, omdat de Heit alle dingen oan Him ûnderwurpen hat; en de Ferlosser is fan dy't yn Him leauwe, dat binne de dingen dy't de Skriften ferklearje.
Want it past net en is ûnmooglik, om alle skriftplakken hjir op 'e rige op te neamen; en fan dizzen meisto de oaren ek begripe, dy't op in selde manier útsprutsen binne, leauwend yn Kristus, en sykjend om ferstân en wysheid fan God, om te begripen wat sein is troch de profeten.


100 Jes. 7:14,15



101 Jes.61:1

53. En dat dizze Kristus, dy't by de Heit wie, omdat Hy it Wurd fan de Heit wie, dêrnei fleis wurde soe en minske en it preses fan de berte ûndergean soe en út in faam berne wurde en by de minsken wenje soe, dat ferkundige de Heit fan it Al oer Syn fleiswurding ---- Jesaja sei it sa: Dêrom sil God sels jim in teken jaan; sjoch, in faam sil swier wurde en in soan krije, en jim sille him Emanuel neame: bûter en hunig sil er ite; foar dat hy it kwea kent of kiest, kiest hy it goede: want foardat it bern wist fan goed of kwea, fersmiet it it kwea en keas it goede 100. Sa ferkundige hy Syn berte út in faam; en dat Hy in echt minske wie ferklearre Hy fan te foaren troch te iten; en ek omdat Hy Him it bern neamd; en fierder troch Him in namme te jaan, want dat is it gebrûk foar ien dy't berne is. En dy namme is twaliddich, yn it Hebrieuwsk Messias Jezus, en yn uzes (latyn) Kristus Ferlosser. En dy twa nammen binne nammen foar wurken dy't werkelik dien binne. Want Hy waard Kristus (salfling) neamd omdat de Heit troch Him alle dingen salve en fersierde; en omdat Hy by Syn kommen as minske salve wie mei de Geast fan God, Syn Heit. Want troch Jesaja seit Hy ek fan Himsels: de Geast fan God rêst op my; dêrom hat Hy my salve om goed nijs te ferkundigjen oan de earmen 101.
En Hy waard Ferlosser neamd, omdat Hy de boarne fan ferlossing waard foar al dyjingen dy't by syn libbenstiid troch Him ferlost waarden fan sykte en dea, en foar dyselden dy't nei dy tiid yn Him leauden as de bewurker fan de kommende en ivige ferlossing.
102 Mat. 1:23; mooglik is it as  in beswarrende útrop bedoeld
103 Jes. 7:14
104 Just.M. Ap. 1,47;Dial. 118
105 Jes. 66:7
106 It feroarjen soan yn bern liket in fersin,mar Just.M Ap. 1,35;sj.§ 56; Jes. 9:6
54. Om dy reden dus is Hy de ferlosser. No, Emanuel dat wurdt oerset as 'God is mei jimme'; of as in bemoedigjende útrop fan de profeet lykas:'God sil mei ús wêze'!102, yn oerienstimming dêrmei is it de útlis en it dúdlik meitjen fan de oankundige goede berjochten. Want sjoch Hy seit, de faam sil swier wurde en in soan krije103; en dy sil, hoewol Hy God is, by ús wêze. En, as al mei al wol fernuvere oer dizze dingen 104, ferkundiget hy yn ferbân mei dizze takomstige dingen: God sil by ús wêze. En nochris seit dyselde profeet ek yn ferbân mei Syn berte op in oar plak: Foardat hja weeën krige hat hja berne, foardat de fleagen kamen, is sy ûntkaam en ferlost fan in soan 105. Dêrmei toant hy oan dat Syn berte fan in faam ûnfoarsjoens en ûnferwachte wie. En nochris seit deselde profeet: In soan is ús berne, in bern is ús jûn; en syn namme is Wûnderlike Riedsman, Machtige God.106
107 Gen. 1:26


55 Hy neamt Him Wûnderlike Riedsman, en bedoeld fan de Heit: dêr't mei ferklearre wurdt dat de Heit alle dingen tegearre mei Him docht, sa as it stiet yn it earste boek fan Mozes dat as titel Genesis hat: En God sei: Lit ús minsken meitsje nei ús byld en likenis107. Want dêr op dat plak sjocht men dat de Heit sprekt tsjin de Soan, de Wûnderlike Riedsman fan de Heit. Boppedat is Hy ek ús Riedsman dy't ús ried jout, net twingend as God, hoewol't Hy de Machtige God is, as Hy oanriedend seit dat wy de ûnkunde ferjitte en wysheid winne soenen, en de dwaling ferlitte en ta de wierheid komme soenen, en de ferdjerlikens fuort dwaan om de ûnferdjerlikens te krijen.


108 Jes. 9: 5,6




109 Bedoeld is faaks fan de
      'ferriisde', de opstiene Kristus



56 En nochris seit Jesaja: En hja soenen wolle dat hja troch it fjoer fertard wienen; want in bern is ús berne, en in soan is ús jûn, en de hearskippij is op syn skouders, en syn namme is Ingel fan grutte rie. Want Ik sil frede bringe oer de riders, en frede en sûnens foar him. Grut is syn hearskippij, en der sil gjin ein wêze oan syn frede, op de troan fan David en op syn keningskip, om te befoarderjen en te folmeitsjen, te helpen en te ûndernimmen, yn rjochtfeardigens en oardiel, fan no ôf en foar ivich108. Want dêrmei wurdt de Soan fan God oankundige sawol as krekt berne of as ivige Kening. Mar, "hja soenen wolle dat hja troch it fjoer fertard wienen", dat wurdt sein fan dyselden dy't net yn Him leauwe, en dy't Him alles oandien hawwe dat hja Him oandienen; want hja sille yn it oardiel sizze: Hoefolle better hie it net west dat wy mei fjoer ferbaarnd wienen ear't de Soan fan God berne wie, as dat wy doe't Hy berne wie net yn Him leaud hawwe. Want foar dyselden dy't stoarn binne ear't Kristus ferskynde is der hoop, dat hja yn it oardiel fan de opstiene frijspraak krije sille 109, krekt as sokken dy't God eare hawwe en yn rjochtfeardigens stoarn binne en dy't de Geast fan God yn har hienen, lykas de patriargen en de profeten en de rjochtfeardige minsken, want foar dy't nei Kristus ferskining net yn Him leauden, is der yn it oardiel wraak sûnder meilijen. No en yn dit: 'Waans heerskippij is op syn skouder" dêryn wurdt figuerlik it krús bedoeld dêr't Hy oan spikere waard. Want dat wat in mislediging wie en is foar Him, en om Syn saak ek foar ús, ja datselde krús neamd hy, Syn heerskippij, omdat it it teken is fan Syn Keninskip. En 'Ingel fan grutte rie' dat is Hy fan de Heit dy't Hy ús iepenbierre hat.




110 Gen. 49:10,11







111 Ps. 104:15; Jes. 7:14;
       11:10; 35:10;Num. 24:7
57. Dat de Soan fan God berne wurde soe, en hoe dat Hy berne waard, en dat Hy blike soe de Kristus te wêzen, dat is, troch dat wat hjir foar sein is, no wol dúdlik dat dat fan te foaren troch de profeten bekend makke is. En dêr komt noch by, yn wat lân en tusken wat minsken Hy berne wurde soe en ferskine, dat wie ek al fan te foaren oankundige mei wurden lykas dizze: Mozes seit it yn Genesis sa: It sil Juda nea oan in foarst ûntbrekke, noch oan in lieder út syn ljiske, oant Hy komt foar wa't it weilein is en Hy sil de ferwachting wêze fan de heidens; Hy sil syn klean waskje yn wyn, en syn klaaiing yn it bloed fan de drúf 110.
No, Juda dat wie de foarfaar fan de Joaden, de soan fan Jacob; dêr't sy ek de namme fan krige hawwe. En it ûntbriek har net oan in foarst en in lieder, oant it kommen fan de Kristus.
Mar fan de tiid fan Syn kommen ôf, wie de macht fan de pylkkoker brutsen en it lan fan de Joaden wie ûnderwurpen oan de Romeinen en hja hienen net langer in foarst of in kening fan harsels. Want Hy wie kaam foar wa't in keninkryk yn de himel weilein is; dy't ek syn klean wosk yn wyn en syn klaaiing yn it bloed fan de drúf. Syn klean en Syn klaaiing, dat binne dyjingen dy't yn Him leauwe, dy't hy ek wosken hat en ferlost troch Syn bloed. En Syn bloed wurdt sein is it bloed fan de drúf; want sa as it bloed fan de drúf net troch de minske makke wurdt mar troch God, en dyselden dy't it drinke bliid makket, sa is ek Syn fleis en bloed net troch minsken makke mar troch God. God sels joech it teken fan de faam, lykas ek Emanuel fan in faam wie, dy't ek bliid makket dy't fan Him drinke, dat wol sizze, dy't Syn Geast ûntfange, ja sels mei ivich duorjende bliidskip. Dêrom is Hy ek de ferwachting fan de heidenen, fan dy't op Him hoopje, want wy ferwachtsje fan Him dat Hy it keninkryk wer oprjochtsje sil 111.

112 Just. M. Dial. 106
13 Mat. 2: 1-9
114 Protoevan. f. Jacobus;
       ûnfolsl. evang.f. Matteus
      side 30 [de stjer kaam en stie
      boppe de holle fan it bern]
58 En nochris seit Mozes: Der sil in stjer opkomme út Jacob en in lieder sil opkomme út Israel 112; en dat lit noch dúdliker sjen dat de ferfulling fan syn kommen yn it fleis by de Joaden wêze sil. En Hy waard berne út Jacob en yn de stam fan Juda, en kommend út de himel, naam Hy de fersoarging fan de ferfulling op him, want de stjer ferskynde oan de himel.
En mei lieder bedoelt hy in kening, want Hy is de Kening fan alle ferlosten. En by syn berte ferskynde de stjer oan de Magiers, dy't yn it easten wennen 113 en dêrút makken dy op dat de Kristus berne wie; en laat troch de stjer kamen hja yn Judea, oant de stjer yn Betlehem kaam, dêr't de Kristus berne wie en it hûs yn gie, dêr't it bern yn doeken bewuolle lei en stie boppe Syn holle 114, dêrmei ferklearjend oan de Magiers dat dit de Soan fan God wie, de Kristus.






115 Jes 11:1-10





59 Boppedat seit Jesaja sels wat fierder: En der sil in leat opsjitte út de woartels fan Isai, en in blom sil út syn woartel te foarskyn komme. En de Geast fan God sil op him rêste, de geast fan wysheid en ferstân, de geast fan ried en macht, de geast fan kennis en godsfrucht, de geast fan freze foar God sil him ferfulle. Hy sil net oardielje neffens publike miening en net bestraffe neffens hearren en sizzen, mar hy sil de dimmene neffens rjocht oardielje en de dimmenen fan de ierde genedich wêze. En hy sil de ierde slaan mei it wurd fan syn mûle, en mei de adem fan syn lippen sil hy de goddeleaze ferslaan. En om syn mul sil hy gurde wêze mei gerjochtichheid en om syn nieren mei wierheid. En de wolf sil weidzje mei it laam, en de panter mei it bern, en it keal en de liuw sille tegearre weidzje, en in tatebern sil de hân stekke yn in njirre hoale, en yn in nêst jonge njirren, en hja sille him neat dwaan. En dy deis sil der in woartel fan Isai wêze en dy sil fan wegen komme om de heidens te bestjoeren, op him sille de heidenen hoopje, en syn opkommen sil mei eare wêze 115.
Mei deze wurden jout hy dus oan dat Hy berne wurde soe fan har dy't út it geslacht fan David en fan Abraham wie. Want Isai wie in neikommeling fan Abraham en de heit fan David en de Faam dy't swier wie fan de Kristus stamde ôf fan David. No en dan oer de leat of roede, dat is hjirom, ek Mozes toande mei in stôk de machtige tekens oan Pharao en ek by oare minsken is in stôk (in septer) in teken fan hearskippij.En mei blom bedoeld hy Syn fleis dat opbloeide út de Geast, sa as we al earder sein hawwe.

60. No, hy sil net oardielje neffens de publike miening, en net neffens hearren en sizzen sil hy bestraffe, mar hy sil de dimmene neffens rjocht oardielje, en sil de ienfâldigen fan de ierde barmhertigens betoane. Dêrmei stelt en ferklearret hy safolleste mear syn godheid. Want te oardieljen sûnder oansjen fan persoan of partij, en net om de hegerein te begeunstigjen, mar de dimmenen in weardige en lykweardige behandeling te bieden, dat komt oerien mei de hichte, ja de top fan de rjochtfeardigens fan God: Want God wurdt net beynfloede of oandien as allinne troch de rjochtfeardige. Ek om barmhertigens te toanen is yn it bysûndere in eigenskip fan God, dy't troch genede rêde kin.  En Hy sil de ierde slaan mei it Wurd, en ferslacht de godeleaze mei it Wurd allinne. Dat heard ek by God dy't alle dingen wurket troch it Wurd. En mei it sizzen: Hy sil gurde wêze om syn mul mei rjochtfeardigens en mei wierheid om syn lea; ferklearret Hy syn minslike foarm en oansjen en Syn alles te boppe geande rjochtfeardigens.

61. No dan, oer de ienheid, de ienriedigens en frede fan de bisten fan ferskate soarte, dy't fan natoer fijannich tsjininoar oer steane, sizze de Alden dat dat yn wierheid sa wêze sil by de komst fan Kristus as Hy oer alles hearskje sil. Want Hy kundiget mei dit symbool yn it foar al oan, it gearkommen yn frede en ienriedigens yn de namme fan Kristus, fan minsken fan ferskillend soart en ras mar fan likense ynstelling. Want as hja sa ferienige binne, sille hja de rjochtfeardigen, dy't ferlike wurde mei keallen en lamkes en bern en tatebern, gjin kwea mear dwaan. Hja dy't yn earder tiden, troch harren rôfsucht, yn har dwaan en litten wienen as wylde bisten, sawol manlju as froulju, sa bot, dat guon fan har wienen as wolven en liuwen, dy't de swakken ferskuorden en fochten mei har gelikens, en de froulju as panters en njirren, dy't faaks har leafsten fermoarden mei deadlik fergif, omreden fan hertstochtlike begearte; mar no gearkaam yn ien namme, hawwe hja rjochtfeardige manieren oannaam, en troch de genede fan God harren wylde ûnbedimme natoer feroare. En soks bart no al, want guon dy't fan tefoaren úterst ûndogens wienen, sa dat hja foar gjin inkel godleas bedriuw tebek skrokken, en dy't fan Kristus heard hawwe en yn Him leauden, binne sa gau as hja leauden omkeard. Dy dogge no harren bêst yn alles útnimmend rjochtfeardich te wêzen; sa grut is de feroaring dy't it leauwen yn Kristus as de Soan fan God bewurket yn dy't yn Him leauwe.
En hy seit: Hy komt oerein om de heidenen te regearen, want Hy moat stjerre en wer opstean en beliden en leaud wurde as Soan fan God en Kening. En dêrom seit hy: En Syn opstanding sil eare wêze, dat wol sizze 'oerwinning', want Hy sil as God ferhearlike wurde as Hy opstien is.

116 Amos 9:11
117 Wysheid 9: 15;2Kor.5:1-7


62. Dêrom seit de profeet nochris: Dy deis sil ik de ferfallen tabernakel fan David wer oprjochtsje 116. Dat is it lichem fan Kristus, dat, sa as we al earder sein hawwe, berne is út David, en dat hy dúdlik ferklearret, dat nei syn dea út de dea ferrize sil, want it lichem wurdt in tabernakel neamd 117 en mei dizze wurden wol hy sizze dat Hy, dy't neffens it fleis fan it geslacht fan David is, de Kristus de Soan fan God wêze sil, en dat Hy stjerre sil en dan wer opstean, en dat Hy fan oansjen in minske is, mar nei Syn krêft God; en dat Hysels as de ienige wurker fan gerjochtichheid, de Rjochter foar de wrâld  wêze sil en de Ferlosser. Al dizze dingen ferklearret de Skrift.

118 Micha 5:1; Mat. 2:6;
      Irenaeus liket hjir wurden út
      Mateus te brûken! Lykas
     Justin. Ap.1,34,Dial. 78
63. En ek de profeet Micha sprekt fan it plak der't de Kristus berne wurde soe, dat dat barre soe yn Bethlehem yn Judea, mei te sizzen: En do Bethlehem yn Judea, bisto de lytste ûnder de foarsten fan Juda? Want út dy sil in foarst opstean dy't myn folk Israel liede sil 118.
En Bethlehem is it berteplak fan David; dus net allinne mei it each op de Faam dy't him berne, mar ek mei it each op syn berte yn Bethlehem it berteplak fan David, is Hy fan Davids neiteam.


119 Ps 132:10-12


64 En nochris seit David dat de Kristus út syn neiteam berne wurde sil, mei dizze wurden: Kear it antlit fan dyn  Kristus net ôf om David myn tsjinstfeints wil: De Hear hat oan David swart en Hy sil him net teloarstelle:  Fan de frucht fan dyn lichem sil ik op dyn troan sette, as dyn bern har hâlde sille oan Myn ferbûn en Myn tsjûgenissen,  dy't Ik mei harren oerienkaam bin en mei har soannen foar ivich 119.
Mar net ien fan Davids soannen regearre foar ivich, en syn keninkryk wie ek net ivich, want it gie ferlern. Mar de kening dy't oan David berne wurde soe, dat is de Kristus. Al dizze tsjûgenissen ferklearje yn dúdlike taal syn ôfkomst neffens it fleis, en it folk en it plak dêr't hy berne wurde soe; sa dat net ien sykje hoecht by de heidens of oars earne om it berteplak fan de Soan fan God, as yn Bethlehem yn Judea, út de neiteam fan Abraham en fan David.


120 Jes. 62:11;Sach. 9:9;
      Mat. 21:5; en wer brûkt hy
     de wurden fan Mateus.
65. En de manier fan syn kommen yn Jeruzalim, dat de haadstêd fan Judea wie, dêr't ek syn troan wie en de timpel fan God, dat foarseit de profeet Jesaja: Siz tsjin de Dochter fan Sion: Sjoch dyn kening komt nei dy ta, myld en hy ryd op in ezel, op in ezels fôle 120. Want sa kaam Hy yn Jeruzalim, sittend op in jonge ezel en de kloften folk bestruiden de wei en spraten dêr har klean op út. En mei de Dochter fan Sion bedoelt hy Jeruzalim.

66. Dus dat de Soan fan God berne wurde soe, en op hokker manier, en wer't hy berne wurde soe, en dat de Kristus de ienige en ivige Kening is, dat hawwe de profeten al oankundige.
En nochris, hja ha fan te foaren oer Him ferteld, hoe Hy as minske, de minsken better meitsje soe dy't Hy better makke,  en de deaden wer libben meitsje, dy't hy wer opwekke, en dat Hy hate wurde soe en minachte en lijen ûnderfine soe en deamakke en krusige wurde, krekt sa as Hy hate, ferachte en deamakke is.

121 Jes 53:4;Mat. 8:17; mar
       hjir is Jesaja brûkt


122 Jes 29:18


123 Jes. 35:3-6
124 Jes 26:19

67. Lit ús it hjir no ris hawwe oer Syn genêzings. Jesaja sei it sa: Hy naam ús swakheden op Him en droech ús sykten121. Dat wol sizze: Hy sil nimme en drage. Want der binne stikken dêr't de Geast fan God troch de profeten sprekt oer dingen dy't noch komme moatte as oft hja al bard wienen. Want dat wat troch God útsprutsen en begrepen is as fêsteld om barre te sillen, wurdt rekkene as wie it al bard; en de Geast dy de tiid achtslacht en sjocht wêryn't de dingen fan de professije ferfuld binne, brûkt wurden der neffens.
En oer de soarte fan genêzing sil hy dus sa opmerke, en sizze: dy deis sil de dôve de wurden fan it boek hearre, en yn tsjuster en damp sille de eagen fan de bline sjen 122. En dyselde seit nochris: Wês sterk jimme slappe hannen en triljende knibbels, ha moed jimme dy't bang binne. Wês sterk, wês net bang. Sjoch ús God sil it oardiel útsprekke; Hy sil komme en ús rêde. Dan sille de eagen fan de blinen iepene wurde, en de earen fan de dôven sille hearre, dan sil de lamme man springe as in hart, en de tonge fan de stammerders sil feardich makke wurde 123. En oer dat de deaden opwekke wurde sille seit hy: De deaden sille ferrize, en hja dy't yn de grêven binne sille opstean 124. En der sil leaud wurde dat Hy de Soan fan God is, omdat Hy al dizze dingen docht.








125 Jes. 53:1-5; en mooglik
         Ps 38:8,9
126 Jes 1:5?
127 Kleilieten 3:30
68. En Hy sil ferachte wurde en martele en as lêste deamakke. Jesaja foarseit it sa: Sjoch, myn soan sil begrepen wurde en ferhege wurde en tige ferhearlike. En in protte sille fersteld stean oer dy, omdat dyn stal as minske wêze sil sûnder hearlikheid. En folle folken sille ferwûndere wêze en keningen sille har stil hâlde, want hja, oan wa't neat ferkundige wie, sille Him sjen en hja, dy't neat heard hienen, sille oandachtich harkje. Hear, wa hat ús sizzen leaud? En oan wa is de macht fan de Hear iepenbierre? Want wy seagen Him as in bern; en as in stekje yn in toarre grûn; en der is oan Him noch foarm noch gloarje en wy seagen dat der oan Him gjin stal of skjintme wie en dat syn persoan sûnder eare wie, minder as dat fan oare minsken, in man yn piniging en wend om pine te fernearen; want syn gesicht wie ôfkeard, hy wie ûnteare en in man fan neat makke. Mar hy droech ús sûnden en troch ús skuld litte Hy pine; en wy rekkenen dat it Syn pine en lijen en marteling wie. Mar Hy wie ferwûne om ús ûngerjochtichheden, en waard martele foar ús sûnden. De lêst foar ús frede wie op Him, en troch syn strimen binne wy wêr better wurden 125. Mei dizze wurden waard ferklearre dat Hy martele wurde soe; sa as David ek sei: En ik waard martele. No, David is nea martele, mar Kristus wol, doe't it befel jûn wie dat er krusige wurde soe. En nochris seit Syn Wurd troch Jesaja: Ik bea myn rêch om te giseljen, en myn wangen om te slaan; en ik kearde myn gesicht net ôf út skamte foar bespuiing 126. En de profeet Jeremia seit itselde sa: Hy sil syn wang keare nei dy't him slacht, en sil oerladen wurde mei ferwiten 127. En al dy dingen hat de Kristus ûndergien.



128 Jes. 53:5,6,7






69. En dan folget yn Jesaja dit: Troch syn slaggen binne wy wer better wurden. En wy dwaalden as skiep; in minske dwaalt fan Syn wei ôf: en de Hear offere Him op foar ús dwalings. Dêr blykt dúdlik út, dat dy dingen troch it wollen fan de Heit Him oerkamen, foar ús ferlossing. En dan seit hy: En yn syn lijen die hy de mûle net iepen; hy waard as in skiep nei de slachtbank brocht , as in laam dat stom is foar de skearder 128. Sjoch hjir hoe Hy ferklearret út eigen frije wil te kommen ta de dea. En as de profeet seit: yn syn fernedering is him it oardiel ûntnommen, tsjut hy hjirmei it soarte fan syn fernedering oan, it ûntnimmen fan it oardiel paste by de djippens fan de fernedering. En dat weinimmen fan it oardiel is foar guon ta ferlossing en foar oaren ta piniging en ferneatiging. Want men kin eat foar immen weinimme en eat fan immen ôfnimme. Sa ek mei it oardiel: foar dyselde foar wa't it weinommen is, dy hawwe dat ta piniging en ferneatiging, mar dyjingen fan wa't it ôfnommen is, dy wurde dêrtroch rêden. No, hja dy't Him krusigen namen dat oardiel op harsels, en doe't hja dat dienen leauden hja net yn Him, want troch dat oardiel dat hja op harsels naam hawwe, sille hja ferneatige wurde mei pinigingen. En fan dyjingen dy't yn Him leauwe is it oardiel weinommen, hja binne net langer ûnder it oardiel. En dat oardiel is it, dat troch fjoer de ûndergong wêze sil fan de ûnleauwigen en de ein fan de wrâld.

129 Jes 53:8



70. En wa sil syn ôfstamming útlizze?129 Dit waard sein om ús te warskôgjen, dat wy net út benaudens foar syn fijannen en de smaad fan syn lijen, Him minachtsje soenen as in sljocht en ferachtelik minske. Want Hy dy't dit alles ûndergie hat in ûnferklearbere ôfstamming; want mei 'geslacht' bedoeld Hy hjir ôfkomst; want it is ûnferklearber en ûnútspreklik wa't Syn Heit is. Wit dêrom dat dit de ôfstamming is fan Him dy't al dizze dingen ûndergie; en minachtsje Him net om dat lijen dat Hy doelbewust foar dyn saak ûndergie, mar ha ûntsach foar Him om Syn heech komôf.

130 Kleilieten 4:20






131 Hand. 5:15, dêr wurdt dit sein
      fan Petrus.
71 En op in oar plak seit Jesaja: De adem fan ús mûle, Christus de Hear 130, en hoe't Hy yn har strikken fallen is, hy dêr't wy fan tochten dat wy yn syn skaad libjen soenen tusken de folken. Omdat de Skrift út de Geast fan God is ferkundige hja, dat de Kristus in man fan lijen wurde soe, en hja is, om sa mar te sizzen, ferheard en fersteld fan Syn lijen, dat Hy op sa'n manier lijen ûndergean soe, yn waans skaad wy tochten libje te sillen. En mei dat skaad bedoeld hy syn lichem. Want sa as in skaad foarme wurdt troch in lichem, sa waard ek Kristus lichem foarme troch Syn Geast. En fierder jout hy mei dat skaad de fernedering en ferachtlikens fan Syn lichem oan. Want sa as it skaad fan in lichem, dat rjochtop stiet, op 'e grûn leit en fertrape wurdt, sa lei ek it lichem fan Kristus by Syn lijen op 'e grûn en waard yndie fertrape. En hy neamd ek it lichem fan Kristus in skaad, omdat de Geast it oerskade en it om samar te sizzen mei hearlikheid bediek. Boppedat, fakentiden as de Hear foarby kaam leinen hja de minsken dy't siik wienen by de wei lâns, en op wa't ek mar Syn skaad foel, dy waard better makke 131.

132 Jes. 57:1,2
133 Justin. Ap. 48; Dial. 110







134 Ps. 21:4,5


72. En wer seit dyselde profeet sa oer it lijen fan de Kristus: Sjoch hoe't de rjochtfeardige ferneatige wurdt en gjin minske lûkt it him oan; en de rjochtfeardigen wurde weinaam, en net ien dy't it begriep. Want de rjochtfeardige sil foar it antlit fan de ûngerjochtichheid weinaam wurde; syn begraffenis sil yn frede wêze, want hy sil weinaam wurde út harren fermidden 132.
En wa oars is werkelik rjochtfeardich as de Soan fan God, dy't rjochtfeardiget en folslein makket dy't yn Him leauwe en dy't, lyk as Hy, ferfolge wurde en deamakke 133?
En mei it sizzen: Syn begraffenis sil yn Frede wêze, ferkundiget hy hoe Hy stoar foar ús ferlossing, want it is de frede fan de ferlossing; en hy ferkundiget ek, dat troch Syn dea, dyselden dy't foar dy tiid fijannen en tsjinstanders fan inoar wienen, ferienige yn it leauwen yn Him, frede hawwe sille mei mekoar, en freonen en beminden wurde sille fanwege harren mienskiplik leauwe yn Him; sa as hja ek wier wurden binne.
En mei it sizzen: Hy is út har fermidden weinommen, ferkundiget hy Syn opstean út de dea. Boppedat, omdat Hy net mear ferskynde nei Syn dea en begraffenis, ferklearre de profeet dat Hy nei Syn dea en opstanding ûnstjerlik bliuwe soe, mei te sizzen: Hy frege it libben, en Do joechst it him en lingte fan dagen fan ivichheid oant yn ivichheid 134. No, wat wol dat sizze dat hy seit: Hy frege libben, wylst Hy dochs stjerre moast? Wol, hy foarseit Syn opstanding út de dea, en dat Hy as Hy opstien is ûnstjerlik wêze sil. Want Hy kriich sawol it libben, dat Hy ferrize soe, as lingte fan dagen, dat Hy foar ivich en altyd ûnfergonklik wêze soe.

135 Ps. 3:6


73. En David seit ek noch oer de dea en opstanding fan Kristus: Ik joech my del en slepte; ik waard wekker want de Hear stie my by 135. David sei dat net fan himsels, want hy is net opstien út de dea; mar de Geast fan Kristus, dy't ek troch de profeten oer him spriek, dy seit hjir troch David: Ik joech my del en slepte, ik waard wekker want de Hear stie my by. Mei sliepe bedoelt hy hjir dea wêze, want Hy is wer opstien.

136 Ps 2:1
137 Pilatus wie procurator fan 27-37, Claudius waard keizer yn 42, dit kloppet dus histoarysk net? Mar Justinus en Irenaeus wienen fan miening dat Jezus    tusken de 40 en 50 jier wurden wie! sjoch Joh. 8:57; Hand 4:25
74 En nochris seit David dit oer it lijen fan Kristus: Wer meitsje de heidens har drok om en betinke de folken dingen fan neat? De keningen op ierde meitsje har op en de foarsten spanne gear, tsjin de Heare en syn Salfling 136.Want Herodus de kening fan de Joaden en Pontius Pilatus de procurator fan Claudius Ceasar, spanden gear en feroardielen him om krúsige te wurden 137. Want Herodus wie bang, dat Hy as in ierdske kening him mooglik út syn keninkryk ferdriuwe soe. En Pilatus waard tsjin syn wollen troch Herodus en de Joaden ûnder druk set om Him oer te leverjen ta de dea:( want Hja drigen him) dat as hy dat net die, hy hannelje soe tsjin it belang fan de keizer troch immen los te litten dy't kening neamd waard.

138 Ps. 89:39-41




75. En fierder seit dyselde profeet oer it lijen fan Kristus: Do hast ús ferdreaun en ferachte en Do hast dyn salfling fersmiten. Do hast it ferbûn mei dyn tsjinstfeint ferbrutsen, syn hillichdom tsjin de grûn smiten. Do hast syn fredingen omsmiten en syn stinzen skodzje litten138. De foarby gongers hawwe him plondere, hy waard ta spot foar syn buorlju. Do hast de rjochterhân fan syn ferdrukkers sterk makke, do hast makke dat syn fijannen de gek mei him hienen. Do hast de help fan syn swurd weinommen en hast him net bystien yn de striid. Do hast de suverens fan him weinommen en him tsjin'e grûn smiten, Do hast syn troan omsmiten. Do hast syn libbens dagen ferkoarte en hast skamte oer him útstoart. Dat Hy dizze dingen ûndergean soe en dat ek noch troch it wollen fan de Heit, dat ferklearre hy hjir iepenlik, want troch it wollen fan de Heit moast Hy dit lijen trochmeitsje.

139 Sach. 13:7
76. En Sacharja sei it sa: Swurd, oerein tsjin myn hoeder, en tsjin de man dy't myn maat is. Slach de hoeder dea en de skiep sille ferstruid wurde139. En dat barde doe't Hy troch de Joaden finzen naam waard, want alle learlingen lieten Him yn 'e steek, bang dat hja mei Him stjerre soenen. Want hja leauden noch net fêst yn Him, oant hja seagen dat Hy opstien wie út de dea.

140 Dy tolve profeten binne
      de lytse profeten fan Hosea
      oant  Maleachy.Hos.10:6
     oer it keal fan Bet-Awen.
77. En yn de Tolve Profeten seit hy 140: En hja bûnen him en brochten him as in geskink nei de kening. Want Pontius Pilatus wie de bestjoerder fan Judea en hie oant doe ta spul mei Herodus de kening fan de Joaden. Mar doe't Kristus bûn foar Pilatus brocht waard, stjoerde dy him nei Herodus en joech opdracht him te freegjen, om wissichheid te krijen, wat dy syn winsk wie oangeande Him, en makke sa fan Kristus in geskikte gelegenheid om him mei de kening te fermoedsoenjen.

141 Neffens Justinus Dial. 72
       in tekst dy't de joaden út
     Jeremia skrabbe hienen.
78. En Jeremia ferkundiget Syn dea en ôfdaling yn it deaderyk, mei te sizzen: En de Hear, de Hillige fan Israel, tocht oan Syn deaden, dy't tefoaren slepten yn it stof fan de ierde, en hy kaam del ta harren om it boatskip fan de rêding te bringen en harren te ferlossen 141.
Op dat plak jout hy ek de reden fan syn dea, want syn ôfdaling yn it deaderyk wie de ferlossing fan dy't ferstoarn wienen.

142 Jes. 65:2; Barn. 12,4.
      Justin. Ap. 1,35
143 Ps. 22:6
144 Ps 22:14,16,17,20;
      Ps 119:120
145 Deut. 28:66
79. En nochris seit Jesaja oer syn krús: Ik ha de hiele dei myn hannen útstutsen nei in oerhearrich en dwars folk. Want dat is in oantsjutting fan it krús 142.
En noch dúdliker seit David: Hûnen hawwe my omsingele, in binde dogenieten kaam oer my gear. Hja trochboarren myn hannen en myn fuotten 143. En nochris seit hy: Myn hert raande as waaks yn myn lichem, en hja skuorden myn bonken útinoar. En nochris seit hy: Sparje myn siel foar it swurd en myn fleis foar de spikers, want in binde dogenieten is tsjin my opstien 144. Yn dizze wurden tsjut hy dúdlik en klear oan dat hy krúsige wurde soe.  En Mozes seit itselde tsjin it folk sa: En dyn libben sil dy foar eagen hingje, en do silst foar dyn libben eangje by nacht en by dei 145.

146 Ps 22:17
147 Joh. 19:23,24
80. En David seit ek noch: Hja sjogge op my del, hja ferdiele myn klean ûnder inoar, en smite it lot oer myn klaaiing 146. Want by de krúsiging ha de soldaten syn klean ferparte troch it te ferskuorren, mar syn mantel, dy't út ienstik weefd wie, dêr lotten se om en dy't it won soe him krije147.

148 Mat. 27:9 ; Sach. 11:13;


149 Mat. 16:15

81 En nochris seit de profeet Jeremia: En hja namen de tritich sulverstikken, de priis dêr't hy foar ferkocht wie, dy't hja kocht hienen fan de bern fan Israel, en hja joegen dy foar it fjild fan de pottebakker, sa as de Hear tsjin my sein hie 148. Want Judas, ien fan Kristus learlingen, hie oerlein mei de Joaden, doe't hy seach dat se Him dea hawwe woenen, omdat Hy him beskrobbe hie, en hy wie it mei har iens wurden en hy naam tritich provinsjale stoaters fan harren oan en ferrette Kristus oan harren 149, en doe't hy spyt krige fan wat hy dien hie, joech hy it jild wêrom oan de bestjoerders fan de Joaden en ferhong himsels. Mar hja doarsten it net yn de skatkiste te dwaan omdat it bloedjild wie. En dêrom kochten hja der in stik lân foar fan in pottebakker, foar in begraafplak foar frjemdlingen.

150 Mat 27:34;Joh. 19:29;
Ps 69:21
82. En by Syn krusiging, doe't Hy frege om drinken, joegen hja Him jittik mongen mei galle. En dat wie foarsein troch David: Hja joegen galle ta myn fleis en foar myn toarst joegen hja my jittik te drinken 150.

151 Ps 68:17
152 Ef. 4:8

83. En dat Hy opstien út de dea, opfarre soe nei de himel, dat seit David sa: Tsientûzenen binne de striidweinen fan God, en tûzenen de ruters, de Hear is yn har fermidden yn Sinai yn Syn hillichdom 151. Hy is opfearn, kriichsfinzenen fierde Hy mei. Jeften ûntfong Hy en joech Hy oan de minsken 152. En mei de finzenen bedoeld hy de ferneatiging fan de hearskippij fan de fallen ingels. Want de Hear, seit hy, stiichde op út Sion. Want op de Oliveberch, tsjinoer Jeruzalim, sammele Hy Syn leerlingen, neidat Hy út de dea opstien wie, en lei harren de dingen oangeande it Himelryk út, en doe seagen hja hoe't Hy opfear en hja seagen dat de himels iepengienen en Him ûntfongen.

153 Ps 24:7

154 Ps 24:8; Justin Dial 36;
de útlis fan Irenaeus liket op
de "Himelfeart fan Jesaja"

84. En datselde seit David nochris: Heevje jimme poarten op jimme foarsten; ferhef jimme, jimme ivige doarren en de Kening fan hearlikheid sil dêrtroch ynkomme 153. Want dy ivige doarren binne de himels. Mar omdat it Wurd ûnsichtber delkaam wie ta de skepene dingen, wie Hy net bekend makke yn Syn delkommen ta harren. Mar omdat it Wurd fleis wurden wie, wie Hy sichtber by Syn himelfeart; en doe't de Machten Him seagen, rôpen de legere ingels tsjin dy't op it útspansel wienen: Heevje op jimme poarten en ferhef jimme, jimme ivige doarren, dat de Kening fan de hearlikheid ynkomme mei. En doe't hja harren ferwûnderen en seinen: Wa is dit? betsjûgen hja dy't Him al earder sjoen hienen foar de twadde kear: De Hear sterk en machtich, hy is de Kening fan de hearlikheid 154.



155 Ps 110:1

156 Ps 19:6

85. En opstien út de dea, en ferhege oan de rjochterhân fan de Heit, wachtet Hy de tiid ôf dy't de Heit bestimd hat foar it oardiel, as alle fijannen oan Him ûnderwurpen wêze sille. No, dy fijannen dat binne al dyjingen dy't ôffallich wurden binne, ingels en aartsingels en machten en troanen, dy't de wierheid minachte hawwe. En de profeet David sels seit it sa: De Hear sei tsjim myn Hear, sit oan myn rjochterhân oant ik dyn fijannen dy ta in fuotbank makke ha 155. En dat Hy dêrhinne opfear dêr't Hy weikommen wie; David seit: Fan de ein fan de himel is syn opgong en oan de oare ein fan de himel syn ûndergong. En dan tsjut hy it oardiel oan: En der is neat dat ferburgen is foar syn gleonens 156.






157 Jes. 52:7; Rom. 10:15,
158 Jes 2:3
159 Ps 19:4

86. As dan de profeten profetearren dat de Soan fan God ferskine soe op ierde, en ek foarseinen wêre op ierde en hoe en op wat manier Hy Syn ferskining bekend meitsje soe, en as dan de Hear al dy professijen op Himsels betriek, dan is ús leauwe goed fundearre, en dan is de trochjefte fan de ferkundiging wier: dat wol sizze, it tsjûgenis fan de apostels, dy't troch de Hear útstjoerd, yn de hiele wrâld de Soan fan God ferkundigen, dy't kaam om te lijen, en de ferneatiging en de dea trochstie, en de opstanding fan it fleis. En dat wy troch de fijanskip tsjin God, dat is de ûngerjochtichheid, fuort te dwaan, frede hawwe sille mei Him, troch te dwaan wat Him oanstiet. Dat is ferklearre troch de profeten mei de wurden: Hoe leaflik binne de fuotten fan harren dy't it boatskip fan frede bringe en dy't goede tiden foarsizze 157. En dat dy út Judea en út Jeruzalim weikomme soenen, dat ferklearret ús it wurd fan God, dat foar ús de wet is, Jesaja seit it sa: Want út Sion sil de wet komme, en it wurd fan de Hear út Jeruzalim158. En dat hja oer de hiele ierde preekje soenen, David seit: Oer hiel de ierde giet harren spraak, en harren wurden oant de einen fan de wrâld 159.

160 Mat 6:7

161 Jes. 10: 25; Rom. 9:28
162 Rom 13: 10
163 Mat. 22:37; Mark. 12:30;
Just. Dial 93


87. En dat net troch de breedsprakichheid fan de wet, mar troch it koart kriemen fan it leauwe en de leafde160 de minsken rêden wurde soenen seit Jesaja sa: In wurd beheind en koart yn gerjochtichheid; want God sil in koart wurd meitsje yn de hiele wrâld 161. En dêrom seit de apostel Paulus: Leafde is de ferfulling fan de wet; want hy dy't God leafhat hat de wet folbrocht 162. Boppedat sei de Hear, doe't Him frege waard wat it earste gebod wie: Do silst de Heare dyn God leafhawwe mei dyn hiele hert, mei al dyn krêft. En it twadde dêroan gelyk is: Do silst dyn neiste leafhawwe as dysels. Oan dy beide geboaden, sei Hy, hinget de hiele wet en de profeten 163. Sa dan, troch ús leauwe yn Him hat Hy makke dat ús leafde ta God en ta de neiste groeide, en hat Hy ús from en rjochtfeardich en goed makke. En dêrom hat God in koart wurd makke op 'e ierde yn de wrâld.




164 Jes. 1:8;2:17

165 Jes 65:15;

166 Jes 63:9


88. En dat Hy nei Syn himelfeart boppe alles ferheven wurde soe, en dat der nimmen wêze sil dy't by Him ferlike of Him gelyk wêze soe, seit Jesaja sa: Wa is it dy't mei my yn it oardiel komt? Lit him oerein komme en foar my stean. En wa is it dy't rjochtfeardige is? Lit him stean neist de Soan fan de Hear. Wee oer jimme, want jim sille ferslite as âlde klean, en de mot sil jimme ferfrette. En alle fleis sil fernedere en ta neat wurde, en de Hear allinne sil ferhege wurde yn de heechste himel 164.
En dat yn it lêst dyselden dy't God tsjinje yn Syn namme rêden wurde sille, seit Jesaja: En dyselden dy't My tsjinje sille mei in nije namme neamd wurde, dy't segene wêze sil op ierde; en hja sille de wiere God heil  winskje 165. En dat Hy dy segen troch Himsels ta stân bringe soe, en ús sels ferlosse soe troch Syn eigen bloed, ferklearret Jesaja mei de wurden: Gjin middeler, gjin ingel, mar de Hear sels redde harren, omdat Hy harren leaf hie en harren sparre, hat Hysels harren ferlost 166.



167 Jes 43:18ff



89. Dat Hy de ferlosten net werom stjoere soe nei de wet fan Mozes, (want de wet is troch Kristus ferfuld) mar har libje litte woe yn de nijens fan it Wurd, troch it leauwe yn de Soan fan God en de leafde, ferklearret Jesaja en seit: Tink net wêrom oan de dingen fan alear, en lit de dingen dy't der yn it begjin wienen net yn jim opkomme. Want sjoch, Ik meitsje alle dingen nij, dy sille no útsprute en jim sille se kenne. En Ik sil in wei meitsje yn de wyldernis, en streamen wetter yn de toarre plakken, en sil myn útkarden drinke litte, en oan myn folk dat ik útsocht ha myn krêften sjen litte 167.
No, in wyldernis en in toarplak wie yn it begjin de ropping fan de heidens, want it Wurd hie harren net berikt en de Hillige Geast, dy't nije wegen makket fan frommens en rjochtfeardigens, wie harren net te drinken jûn, en dy makket dat rike streamen ûntspringe, dy't de Hillige Geast oer de hiele ierde siedzje, krekt sa't it troch de profeten foarsein wie, dat Hy yn it lêst fan de dagen Syn Geast útstoarte soe oer it antlit fan de ierde.

168 Rom 7:6




169 Jer. 31:31; Heb. 8:8-10
90. Dêrom is ús ropping troch nijens fan de geast, en net yn de âldens fan de letter 168; sa as Jeremia foarsei: Sjoch de dei komt seit de Hear, dat ik foar Israel en foar it hûs fan Juda it ferbûn fan it testamint folslein meitsje sil dat ik oerienkaam mei harren ôffaars, de deis dat Ik harren by de hân krige en harren útlate út it lân fan Egypte; want hja bleauwen net by dat ferbûn, en Ik seach net nei harren om, seit de Hear. Want dit is it ferbûn fan it testamint dat ik slute wol mei it hûs fan Israel nei dizze dagen, seit de Hear: Ik sil myn wet yn harren geast lizze en it yn harren hert skriuwe; en ik sil harren ta in God wêze en hja sille my ta in folk wêze; en net langer sil elke man syn buorman ûnderwize en elke man tsjin syn broer sizze: Ken de Heare. Want hja sille allegearre my kenne fan de lytste ta de grutste. Want ik sil ferjaan en genedich wêze oer de sûnden fan harren ûngerjochtichheden, en harren sûnde sil ik net mear oan tinke.169


170 Jes. 17:7f



91. En dat dizze beloften de ropping fan de heidens ynhâlde, foar wa't in Nij Testamint iepene wie, seit Jesaja sa: Sa seit de God fan Israel: Yn dy dagen sil in minske hoopje op syn Skepper, en syn eagen sille de Hillige fan Israel sjen, en hja sille har hoop net mear stelle op alters, of op wat hja sels mei eigen hannen makke hawwe.170 Want dit waard sûnder mis sein fan sokken dy't de ôfgoaden ferlitten hawwe en leauwe yn God ús Skepper troch de Hillige fan Israel. En dy Hillige fan Israel is Kristus; Hy waard sichtber foar minsken, wy seagen mei langstme nei Him út en no sjogge wy Him; en wy fertrouwe net op alters, en net op it wurk fan ús hannen.
171 Jes. 65:1
92. En dat Hy yn ús midden sichtber wurde soe ( want de Soan fan God waard Minskesoan) en troch ús fûn wurde soe, dy't foarhinne net fan Him wisten, dat seit it Wurd Sels sa yn Jesaja: Ik waard iepenbierre oan harren  dy't my net sochten; Ik waard fûn troch harren dy't net om my fregen. Ik sei, Sjoch hjir bin ik, tsjin in folk dat myn namme net oanrôp 171.

172 Hos. 2:23,1:10; Rom.9:25f;
        Mat. 3:9



173 Ezechiël 11:19f
93. En dat dat folk in hillich folk wurde soe wie oankundige yn de Tolve Profeten troch Hosea, sa: Ik sil wat net myn folk wie myn folk neame; en har dy't net leave wie, leafste. En it sil barre dat yn in plak dêr't it net myn folk neamd waard, dêr sille se bern fan de Libbene God neamd wurde 172. En dit is ek wat sein waard troch Johannes de Doper: Dat God wol bysteat is fan dizze stiennen bern fan Abraham te meitsjen. Want doe't ús herten ôflutsen waarden en ophâlden mei de ferearing fan stiennen, en God seagen troch it leauwen, doe waarden wy soannen fan Abraham, dy't rjochtfeardige wie troch it leauwe. En dêrom seit God troch de profeet Ezechiel: En ik sil har in nij hert jaan, en in nije geast yn harren jaan, en Ik sil it stiennen hert der útlûke en weinimme út har fleis, en Ik sil harren in oar hert fan fleis jaan, sa dat hja yn myn geboaden wandelje sille en myn wetten ûnderhâlde en dwaan. En hja sille my ta in folk wêze, en ik sil harren ta in God wêze 173.


174 Joh. 1:14


175 Jes. 54:1; Gal. 4:27
94. Sa dus, troch in nije ropping barde der in feroaring fan herten by de heidens, troch it Wurd fan God doe't Hy fleis wurden wie en wenne by de minsken, sa as ek Syn learling Johannes seit: En Syn Wurd is fleis wurden en hat by ús wenne 174. Dêrom draacht de Tsjerke in protte frucht fan ferlosten; want net langer Mozes as middeler, of Elia as boadskipper, mar de Hear sels hat ús ferlost, en dat skinkt mear bern oan de Tsjerke, as earder oan de Synagoge; sa as Jesaja ferklearre mei te sizzen: Wês bliid do ûnfruchtbere, dy't gjin bern droegen hat 175, (dy ûnfruchtbere is de Tsjerke, dy't yn eardertiden nea bern oan God jûn hat), raaz it út en rop, do dy't nea de fleagen hân hast, want de bern fan de ferlittene binne talriker as fan har dy't in man hie. No, de earste, de Synagoge, hie de Wet as man.


176 Deut.28:44;32:21;
      Rom.10:9
177 Jer. 2:8


178 Polycarpus brief oan de
       Filippiërs; Rom.13:10


95. Boppedat seit Mozes yn Deuteronomium, dat de heidens de holle wêze soenen en it ûnleauwige folk de sturt. En nochris seit hy: Jim meitsje my oergeunstich mei dy't gjin goaden binne, en makken my lulk mei jimme ôfgoaden, en ik sil jim oergeunstich meitsje mei wat gjin folk is, en mei in ûnnoazel folk sil ik jim lulk meitsje 176. Omdat hja de God dy't IS fersochten, en goaden earen en tsjinnen dy't net besteane, en de profeten fan God deasloegen, en profetearren foar Baal 177, dy't de ôfgod fan de Kanaäniten wie. En de Soan fan God dy't IS ferachten en feroardielden hja, mar hja keazen Barabas de rôver, dy't oppakt wie foar in moard, en de ivige Kening wiisden hja ôf, en hja erkenden as harren kening de tydlike caesar. Sa tocht it God better harren erfskip oan de domme heidens te jaan, ja oan harren dy't net fan de partij fan God wienen en net wisten wat God is. Omdat dus troch dizze ropping ús libben jûn is, en God foar Himsels yn ús it leauwen fan Abraham wer opwekt hat, hearre wy net mear kweawillich werom te gean nei de earste wetjouwing. Want wy hawwe de Hear fan de Wet oannaam, de Soan fan God, en troch it leauwe yn Him leare wy God leaf te hawwen mei ús hiele hert en ús neiste as ússels. No, de leafde foar God is fier fan alle sûnde, en de leafde foar de neiste docht de neiste gjin kwea 178.

179 1 Kor. 14:20;


180 Ex. 20:13ff; Deut. 5:17ff
181 Ex. 21:24

182 Just. M. Dial. 12



183 Hos. 6:6; Jes. 66:3; Joel 2:32;
       Hand. 4:12;
96. Derom binne wy de wet as learmaster net mear nedich. Sjoch wy prate mei de Heit, en wy steane yn Syn tsjintwurdichheid, hoewol wy bern fan it kwea wienen, no sterk wurden yn gerjochtichheid en soberens 179. Want de wet sil net langer sizze: Do silst net troubrekke, tsjin ien dy't alhiel gjin ferlet hat fan in oar syn wiif; en do silst net deaslaan, tsjin ien dy't elke lulkens en fijanskip ôflein hat; en do silst net begeare dyn neiste syn lân, okse of ezel 180, tsjin sokken dy't alhiel gjin ferlet ha fan ierdske dingen, mar de himelske fruchten sammelje; en gjin each om each en tosk om tosk181, tsjin ien dy't gjin minske as fijân rekkenet, mar alle minsken as neisten en dêrom nea syn hân útstekke kin om wraak te nimmen. It sil gjin tsienden easkje fan immen dy't al syn besit opofferet foar God, dy't syn heit en syn mem ferlit en al syn kunde en it Wurd fan God folget. En der sil ek gjin gebod wêze om in dei neat te dwaan foar in rêstdei, foar immen dy't altyd sabbath hâldt 182, dat wol sizze, dy't yn de timpel fan God, dat is it minske lichem, God tsjinnet en elk oere gerjochtichheid docht.
Want Ik easkje barmhertigens, seit Hy, en gjin offers; en de kennis fan God, mear as brânoffers. Mar de dogeniet, dy't My in keal offeret, is as ien dy't in hûn deamakket, en dy't fyn moal offert, as offere hy barge bloed. Mar in elk dy't de namme fan de Hear oanropt sil behâlden wurde. En der is gjin oare namme ûnder de himel jûn, dêr't men troch behâlden wurde kin 183, as dy fan God, dat is Jezus Kristus de Soan fan God, oan wa't ek alle demoanen ûnderwurpen binne en de kweageasten en de ôffallige ingels, troch it oanroppen fan de namme fan Jezus Kristus, dy't krusige is ûnder Pontius Pilatus.


184 Luk. 18:27
185 Bar. 3:29-4:1







97. Hy is dus fourtgien is en net mear ûnder de minsken, en no is der in skieding en ferdieldens tusken de minsken; en wer ek mar ien fan dy't yn Him leauwe Him oanroppe sil en ta Him roppe en Syn wollen dwaan, dêr is Hy tichteby en oanwêzich, en sil de bea fan dy't mei in suver hert Him oanropt ferhearre. Dêr komt noch by, omdat wy ferlossing krije, jouwe wy oanhâldend tank oan God, dy't troch Syn grutte ûnneigeanbere en ûnneispeurbere Wysheid ús ferloste en fan de himel redding oankundige, te witten, de sichtbere komst fan ús Hear, dat wol sizze, Syn libben as minske, eat dat wy út ússels nea berikke koenen, mar de dingen dy't by minsken net mooglik binne, binne mooglik by God 184.
Dêrom seit Jesaja dit oer dy Wysheid 185: Wa is opklom nei de himel, en hat har krigen en har delbrocht troch de wolken? Wa is de see oerstutsen en hat har fûn en har meibrocht ynpleats fan goud? Der is net ien dy't har wei fûn hat, noch ien dy't har paed neigean kin. Mar Hy dy't alle dingen wit kent har troch Syn begrip, Hy dy't de ierde reemakke foar altyd, en har fol makke mei fjouwer fuottige bisten, Hy dy't it ljoch útstjoerde en it gie, Hy rôp it, en it harke earbiedich nei him. En de stjerren betrutsen har wacht, en wienen bliid, Hy rôp harren en hja seinen: Hjir binne we en hja strielen mei bliidskip nei Him dy't harren makke. Dat is ús God, der sil nea inoaren wêze ferlykber mei Him. Hy hat elke wei útfûn troch Wysheid, en hat it jûn oan syn tsjinner Jacob, en oan Israel dat hy leaf hat. Neitiid ferskynde Hy op ierde, en gie om mei de minsken. Dit is it boek fan de geboaden fan God en fan de wet dy't foar ivich jild. En hja dy't dêr oan fêsthâlde binne bestimd foar it libben. Mar dy't it ferlitte sille stjerre. No, mei Jacob en Israel bedoelt hy de Soan fan God, dy't fan de Heit de macht krige oer ús libben, en doe't Hy dat krigen hie, brocht Hy dat del nei ús, dy't fier fan Him wienen, doe't Hy op ierde ferskynde en omgong mei de minsken, de Geast fan God de Heit mingend en fermingend mei it skepsel dat God foarme hie, dat de minske wêze soe nei it byld en de likenis fan God.
98. Dit leave minsken is de ferkundiging fan de wierheid en de manier wêrop wy ferlost binne; dit is de wei nei it libben, dy't de profeten foarsein hawwe, en dy't Kristus ta stân brocht, en de apostels oerleveren, en dy't de tsjerke yn de hiele wrâld oan har bern trochjout. Dit moatte wy foarwis ûnderhâlde, mei in stânfêst wollen en mei goede wurken en mei in oprjocht hert, sa as God it wol.







186 Jes 1:30
99. Sa dat net ien him ynbyldet dat God de Heit in oaren wêze soe as ús Skepper, sa as de ketters har ferbylde, want dy ferachtsje de God dy't Is, en meitsje goaden fan wat dat neat is. En hja meitsje har sels in Heit boppe ús Skepper, en ferbyldzje harsels dat hja wat útfûn hawwe grutter as de wierheid. Want it binne allegear goddeleazen en kweasprekkers tsjin harren Skepper en tsjin de Heit, sa as wy oantoand hawwe mei it bleatlizzen en bestriden fan harren saneamde Kennis. En wer oaren fersmite it kommen fan de Soan fan God en de tadieling fan Syn fleiswurding, dy't de apostels  oerlevere hawwe en de profeten fan te foaren oankundige, en sels soks as wat it einoardiel fan it minskdom wêze soe, sa as wy yn it koart oantoand hawwe en sokken wurde ek rekkene ûnder dyjingen dy't te koartsjitte yn it leauwe.
En oaren nimme de jeften fan de Hillige Geast net oan, en fersmite foar harsels de profetyske genede, wertroch, as hy dêrmei begetten is, de minske de frucht fan it libben draacht foar God; dat binne dyselden dêr't Jesaja fan seit : want dy sille wêze, seit hy, as in iik berôve fan bledden, en as in tún sunder wetter 186. En sokken binne op gjin inkele wize tsjinstber oan God, want men sjocht dat se gjin frucht drage kinne.

100. Sa dan, mei it each op dy trije punten fan ús diskusje is de dwaling fier ôfwykt fan de wierheid. Want, of hja fersmite de Heit, of se nimme de Soan net oan en sprekke de tadieling fan syn fleiswurding tsjin; en oars nimme hja de Geast net oan, dat wol sizze, hja fersmite de professije. En foar al sokken moatte wy op ús hoede wêze en har wegen meie, as wy wier wier God oanstean wolle, en de ferlossing berikke dy't fan Him komt.