Oantekens Berchkleaster

Twadde Printing!

OANTEKENS UT IT BERCHKLEASER, is de oersetting fan in hÔnskrift dat om 1460 hinne skreaun is yn it kleaster yn Burgum. It is yn 2006 ˙tjűn troch it Streekmuseum.
It wie ˙tferkocht!  Mar der wie gen˘ch belangstelling foar in twadde printing, dy is no dus al efkes beskikber.
Wa't noch ien hawwe wol, it is by de boekhandel en by it streekmuseum yn Burgum te keap foar 25 euro.

IT BOEK:
is in oersetting fan in hÔnskrift ˙t de stŕdsbybleteek fan Brugge, MS 558.

It hÔnskrift is ˘fkomstich ˙t de samling fan in biskop fan Brugge, dy’t op ‘e earste siden in beoardieling en koarte ynhÔld skreaun hat, tekene mei:
 J.B. eveque de Bruges.
Dat blykt nei in meidieling fan de Argifaris fan it bisdom Brugge, biskop Jan-Baptist Malou te wŕzen, berne yn Ieper yn 1809, bybletekaris fan de universiteit fan Leuven fan 1838 - 1848 en biskop fan Brugge fan 1848 oant syn dea yn 1864, in kundich man en in leafhawwer, kenner en samler fan boeken. Der is in oantekening yn de katalogus fan A. De Poorter ˙t 1934 dy’t dit befŕstiget en dŕr’t yn opmurken wurdt dat net bekend is hoe’t Malou oan dit hÔnskrift kaam wie.

 It is ˙s ek noch net slagge ˙t te finen hoe’t it yn ‘e midsieuwen of letter ˙t it kleaster yn Burgum wei yn BelgiŰ te lÔne kaam is.
De skriuwers fan de Monasticon Windeshemense űntdieken dat it yn it kleaster fan de reguliere kanunniken fan Augustinus yn Burgum skreaun wie, ˙t de tekst blykt om 1460 hinne.
Eibert 2
Om’t der hast neat ˙t it kleaster sels bekend wie, like it de muoite wurdich it hÔnskrift oer te skriuwen en oer te setten. Mei help fan Avero, foar de kosten fan de mikrofilm en fan de Gemeente Tytsjerksteradiel foar de kopiŰn, en in protte st˙dzje is dat no slagge. Der is in ˘fskrift foar it grutste part yn it latyn, dat op har Boarneside op it ynternet publisearre wurde sil troch de Fryske Akademy.

It hÔnskrift is in sammelbÔn fan allerhande oantekens dy’t men bewarje woe. Koerslisten, krűden foar de siken, materiaal foar in ferbouwing oan kleaster, tsjerke en műne, modelbrieven in kursus briefskriuwen, mar ek traktaten, kleasterregels, nije dekreten, preken en ferhanlingen oer it libben yn kleasters.
It is net allinne nijsgjirrich foar de pleatslike skiednis, mar foaral ek foar it tinken en de geastlike űntjouwing, sa krekt foar de reformaasje, yn in kleastermienskip fan de kongregaasje fan Windesheim, dat wol in 80 kleasters omfette, fan SwitserlÔn oant yn SkandinaviŰ.
Al foar dat it ˙tkomt hat bliken dien dat der dingen ynsteane dŕr’t bygelyks st˙dzjes oer de munten yn midsieusk FryslÔn mei ferbettere wurde koenen. Sjoch hjir

De skriuwer
Wenne op it Kleasterh˘f, oan’e Kleasterloane te Burgum, doe’t hy frege waard űndersyk te dwaan nei de skiednis fan it kleaster. Hy hie altyd nocht oan skiednis hÔn, mar hie gjin oplieding yn dy rjochting en moast him dus earst it latyn en it lŕzen fan Ôld skrift eigen meitsje, foardat hy der mei ˙tein sette koe.  It hat ek nei de űntdekking fan it hÔnskrift yn Brugge, noch in hiel wurk west foardat it ˘fskreaun, oerset en bestudearre wie. Ik hoopje dat it oan de ferwachting fan de lŕzers foldocht, ek as it faaks wat oars is as hja ferwachte hienen. 
THUSSIDE