Feanwâldsterwâl
Befolking foar 1830

Project Feanwâldsterwâl

Dit project is in ûndersyk nei de befolking fan Feanwâldsterwâl, Feanwâlden, Hurdegaryp en Burgum foar 1830. Doel is mear te witten te kommen oer it libben fan de minsken dy't yn de 18e en begjin 19e ieuw op de Wâl en omkriten wenje. Om dêrmei mear sicht te krijen op ús foarâlders, wêrfan in protte op de Wâl wenne hawwe, en wêrfan Pier Piers, berne omtrint 1700, de âldst bekende is.

Dit is in genealogy fan in doarp; it is de bedoeling om de folsleine befolking fan dy perioade yn kaart te bringen. De genealogy is baseard op ferskillende lysten fan folkstellingen en lidmaten fan de tsjerken. De lysten binne mei it menu lofts te besjen. Om fêst te stellen wa't op de Wâl wenne, en wa net, haw ik de hûsnûmers fan de folkstelling fan 1829 útsocht en op HisGis kaarten by de perselen noteard. De kaarten binne te besjen middels it menu, mar ek troch yn de lysten fan de folkstellingen fan 1829 op it nûmer fan in hûs te klikken. De nammen fan de bewenners yn de lysten binne koppele oan de database mei genealogyske gegevens.

Lysten, kaarten en gegevens binne noch net kompleet, oanfollings folgje.

Hûsnûmering

Foar dit project haw ik my baseard op de hûsnûmering fan 1829. Yn dat jier ferskilt de nûmering net of sawat net mei de foargeande desennia. Yn 1839 is de nûmering fan Feanwâlden en de Wâl fiks feroare, wylst dy fan Hurdegaryp sawat itselde bleaun is. De nûmering fan 1829 is frij presys nei te gean mei help fan de HisGis kaarten dy de sitewaasje fan 1832 wjerjouwe. Oan te nimmen is dat it tal mutaasjes as gefolch fan ferkeap en ferhûzing yn de tuskenlizzende jierren net grut west hat.

Yn 1829 begint de nûmering fan de hûzen yn en ûnder Feanwâlden west fan de Skierstins. Nûmer 1 is de pastorije fan dûmny Sibinga. De nûmering giet dan oer de Achterwei via de Prysterikker nei de Wâl. It lêste hûs op de Wâl is nûmer 62. Dêrnei komme de hûzen yn de omkriten fan it Âld Tsjerkhof. De hûzen oan de westkant fan Feanwâlden bûten de buorren binne dus earst nûmere. Dan giet de nûmering fierder fanôf de Skierstins rjochting it easten. Earst de hûzen yn de buorren oant de feart, dan de hûzen oan de feart sels, en dan fierder lâns de buorren en it Oastein. It lêste hûs is nûmer 147 dat as ienichste hûs ûnder Feanwâlden oan de noardkant fan de Swette stiet. De lyst eindigd mei in 11 tal skippen. It is net bekend wêr dy lein hawwe, as der al in fêst plak foar west hat, want dat is yn de folkstelling net oanjûn.

De posysjes fan de hûzen op de kadastrale kaarten fan 1832 binne oer it algemien net sa moeilik te finen. Foaral op de Wâl sels net, omdat dêr in protte minsken sels in hûs besitte. De buorren east fan de feart en it Âld Tsjerkhôf jouwe de measte probemen, omdat dêr in protte hierhûzen steane. Ik haw alle nûmers dêr net eksakt bepale kint, mar de kaarten jouwe wol in goede yndruk fan it plak wêr de nûmers ûngefear west hawwe.

Yn 1839 is de nûmering yn Feanwâlden frijwat feroare. De telling begjint dan yn it easten, by it earste hûs fan it Oastein. Telt dan troch de buorren oant de feart, de feart del, dan de rest fan de buorren, de achterwei, it Âld Tsjerkhôf, en as lêste de Wâl. Wat opfalt is dat der yn 1839 sawat like folle hûzen binne dan yn 1829, mar dat it tal bewenne skippen ôfnaam is fan 11 nei 2. Yn 1829 binne der mear wenienheden, dus hûzen mei in eigen nûmer, dan der wenningen op de kadastrale kaarten fan 1832 steane. Mogelik binne sommige gebouwen opdielt yn aparte wendielen mei in eigen nûmer.

Geart van der Veen

© 2016 VDVEEN.NET